| |
| |
| |
Durk makket risselwaesje foar in lange, kâlde winter en op 'e Sweach ornearje se dat der trochpakt wurde moat
HY HAT oerdei wylst hy by Lútzen Bouma oan it sleathekkeljen wie, syn bistek makke. De jouns seit er nei it appèl: - Bern, nou noch even wachtsje. Wy moatte meiinoar in pear dingen biprate. Ik stean dy nije amtner fan sociale saken net. Dy man sil it grif bisykje en it sil my gjin nij dwaen as ik aens wer foar de keuring moat. Dêr sit heit net oer yn noed, mar ik doar to wedzjen dat er ek by Lútzen Bouma west hat om út to fiskjen hwat ik dêr fortsjinje. En dan sille se de útkearing wol wer leger sette.
- Ik foun it in rare man, heit, seit lytse Foekje.
- In mislike fint, is Hindrik fan bitinken en Berend is 't diz' kear mei him iens.
- Yn it earste oankommen like it dochs net sa'n minnen-ien, bringt Gryt der tsjin yn.
- In múske, seit Bouwe, - dat hie 'k daliks yn 'e gaten.
- Wy moatte it ôfwachtsje, seit Durk. - It kin tafalle, mar ik moat him in slach foar wêze. It komt goed út, dat wy der joun allegear binne, dan kinne wy fuort ôfprate.
Nei it jounsmiel jowt Durk syn oarders. It liket der op, dat Gryt har fan 't winter yn Drachten del jowt. Der is al faker oer praet woarn. Se hat de leeftyd en by Philips yn
| |
| |
Drachten hat se it tige nei 't sin. Eins fielt se har oan de Sânleane net mear sa bot thús. Forline winter hat se ek wiken yn Drachten forkeard. It bern bigjint easken to stellen. Se wol allinne sliepe, se wol har net mear yn 'e tobbe waskje, mar bliuwt der in bus foar oer en giet dan yn Drachten nei de douche-ynrjochting. En se hat ek al ris tsjin Foekje sein, dat mem en heit eins in oar hûs ha moasten, mei hwat geriif, en dan leafst ek noch yn it doarp. Doe hat Foekje planút tsjin har sein: - Bern, astou dy foar ús skammest, dan sikest mar in oar kosthûs.
Dochs hat se fan 't simmer hin' en wer reizge tusken Drachten en de Sânleane. Mooglik docht se it om it jild. Thús hoecht se it measte net to jaen en yn Drachten kostet it fansels in soad. Gryt sparret, al jierren, en se skynt aerdich op it boekje to hawwen. Trouwen hat se lykwols net yn 't sin. It binne freonen, seit se, en se foroaret gauris. Foekje hat har der oer ûnderstien, mar se laket mem út en se seit, dat se skoan op harsels passe kin. Yn elk gefal better as mem yndertiid. Dat is brutael fansels, mar sa is de jeugd fan tsjintwurdich.
Dy Johan sil him ek wol net wurde. Hy hat der ien kear west en omdat de nije man fan sociale saken doe krekt kaem, hat Durk net wer mei him praet. Se soenen it oars noch ha oer de husaren.
- Ik wit net oft er wer komt, sei Gryt, doe 't Durk der nei frege.
Nou, dan witte jo it wol. Gryt wol alsa yn Drachten oerwinterje. It is net oars, al griist it Foekje oan. Se sil it bern earst al geweken nimme; se moat better oppasse as Klaske.
Nei Gryt komt Tsjerk, njoggentjin jier, chauffeur op in sânauto. In wylde bruijer, dy't soms nuvere oanslaggen hat. Mar hy komt dochs hast alle nachten thús to sliepen. Soms davert er mei syn kypauto de Sânleane del en lit der Willem yn ride, dy't by Dalstra wurket. Dalstra hat
| |
| |
yn Lippenhuzen in leanbidriuw en Willem sit almeast op in trekker. In kâld kerwei, mar hy skynt dat net slim to finen.
Bouwe is ien jier âlder as Willem. Hy sit yn 'e bou en der is útmakke, dat hy it mar as foeger bisykje moat, as er dat nou graech wol. De trije jonges moatte fan 't winter in binlik kostjild jaen, ornearret Durk. It hat al jierren 25 goune west, mar dêr kin 't net mear foar. Durk stelt it op 35 goune foar Tsjerk en trije tsientsjes foar Bouwe en Willem. Tsjerk grânzget der hwat tsjin oan. Hy ropt: - Hoe sit dat, moat ik jim troch de winter hinne bringe.
Durk is koart yn dy dingen. - Astou hjir fan 't winter yn 'e kost lizze wolst, dan jowst 35 goune en ast foar dat jild in better plak krije kinste, dan dochtstou dat mar.
En dêr is 't praet mei út.
Bouwe freget: - As ik der mei de froast útreitsje, moat ik dan ek trije tsientsjes jaen?
- Dan sjogge wy wer. Ast tachtich persint barste, kinst it noch wol jaen.
Dat is dan regele. Jantsje is fan 't simmer krekt fan skoalle kommen. Dochs kriget it bern as faem by Bolhús op 'e Sweach al fjouwer tsientsjes wyks. In grou stik jild, mar se wol ek nei Drachten, dêr't se yn de fabryk mear fortsjinje kin. Foekje hat it tonearsten opkeard; se moat earst mar ris sechtjin wêze, en by bakker Bolhús kin se it húshâlden leare, dat is ek hwat wurdich. Jantsje hat noch gjin kostjild jown, mar it sil nou wêze. Fyftjin goune, seit Durk en mem moat der it each op hâlde dat se it oare jild net forgriemt.
- Klean keapje, seit Jantsje, - ik ha suver gjin klean.
- Dou hoechst dochs alle wiken net foar 25 goune klean? freget Durk forheard.
- Durk, it is hwat oars as yn ús tiid, seit Foekje.
| |
| |
Durk hâldt him mar stil.
De oare bern binne noch net oan fortsjinjen taf mar sokke groujonges as Berend en Hindrik kinne skoan in hantaest dwaen.
- Jimme slepe ús it hok fol hout, hjit Durk harren, - en gjin prikkeboel, mar goed dreech hout, dat in skoft leit. Dat sparret ús fan 't winter in moai soad swarte brant út. Ik sil jim in pear deade iken en in stikmennich spjirren wize en dy slane jim der ôf.
Foekje is it dêr folslein mei iens. - Wy ha to rij libbe, Durk, seit se. - It hie wol oars kind. As wy fan 't maitiid de bou ynoarder makke hienen, dan koenen wy nou de kelder fol jirpels ha en dan hienen wy griente út eigen tún ite kind. Jantsje moat it my nou meinimme fan 'e Sweach en in krop slaet jildt optheden al in kwarstje. It griist my bytiden oan, safolle jild giet der my by 't húshâlden troch de fingers.
Durk bûgt skuldbiwust de holle. - Bern, dou hast gelyk, wy ha to weeldrich west. It sil oars, wy moatte ússels wer rêdde. Ik sil sjen, dat ik dy foar net to folle jild de kelder fol jirpels krij.
- Ik ha trije lege wekpotten to stean, seit Foekje. - Eartiids hienen wy dy fol sâlte beantjes en ik ha ek noch in nust wekflessen. En ús bou leit foar fûgelweide en....
Foekje wurdt der fûl ûnder. Se hat it sa faek sein, mar Durk liet it sloere.
- Ik wit it bern, ik wit it, it hie oars moatten. Mar myn rêch hat it fan 't simmer nuver sitte litten. Dat ha 'k dy ek mear as ien kear sein.
- Né Durk, dou hast de heule maitiid to aeisykjen west en fan 't simmer oars net dien as fiskje en omhingje.
- Jawis, omhingje. Hwat moat ik oars as my de rêch pleaget.
- Aeisykje koest wol, seit Foekje bitter.
Durk hâldt him stil. Foekje moat har út en troch útprate en dêr kin men dan better net tsjin yn gean,
| |
| |
hwant dan wurdt it minder. Se docht it nammers net as de bern der by binne.
- Dy wekflessen kin 'k noch fol krije, seit er as hja klear is. - Dêr sil ik it aens even mei de jonges oer ha. Griente is 't to let foar, mar foar fleis net, en dat is helte djûrder as griente. As wy de slachter in skoft foarby stjûre kinne, skilt ús dat in stik.
- Dat wol ik net, Durk, it is to nuodlik, seit Foekje.
- Stil mar bern, ik ha it goed foar 't forstân.
Dan komt Klaske der by. - De lammen ha de heule simmer de molke fan de skiep opsûpt, seit se. - Hwerom makket mem der gjin skieppetsiis fan? Ik foun it altiten sa lekker.
- Mar ikke net, ropt Gryt, - skieppetsiis, bah.
- Keapje dou yn Drachten mar djûre tsiis, seit Klaske.
Durk seit: - Klaske hat gelyk. Lytse Foekje moat it melken leare en mem makket wer skieppetsiis. It is skoander iten, helte better as dy megere tsyskes fan de fabryk.
- Ik sil se wol melke, slacht Klaske foar. - Ik ha froeger ek wol molken, en as mem my it tsiismeitsjen leare wol, dan doch ik dat der ek by.
Lytse Foekje wol ek hwat dwaen. - Heit, ik gean to toarnbeisykjen. Ik wit in heule soad to sitten en dan moat mem der toarnbeisop fan meitsje.
- Leave, dêr seist hwat, ropt Durk. - Der is neat lekkerder as toarnbeisop mei grôt en krinten en it is oh sok soun iten, waerd der eartiids sein.
Durk kriget der suver aerdichheit oan.
- As men dat sa nei giet, seit er jouns op bêd tsjin Foekje, - dan kin men jinsels skoan rêdde. Dat ha wy yn 'e oarloch ommers ek moatten? Mar it libben is optheden to lúks en dan wurdt in minske maklik, dat is 't him.
| |
| |
- Dou yn elk gefal wol, seit Foekje koart, en se jowt Durk noch ris it leksum.
- Och hearken, seit Durk, - dit falt my ôf. Ik hie tocht: sa'n bêste dei en wy wiene it sa iens, wy soenen it joun noch ris bisykje.
En hy strykt har even oer 't gat, mar Foekje stuitet nei de oare kant ta.
- Ik ha der heulendal gjin nocht oan, Durk. De kop stiet my der net nei.
- Dat merk ik, seit er. - Nou, dan moat ik dat mar to goede hâlde.
- En ik wol net ha, datst wer to streupen giest.
Dêr hat hy lykwols syn eigen gedachten oer. - Ik wol ien hael dwaen, seit er, - en dan hastou fuort alle wekflessen fol. Ik ha in grouwe rébok op it each; it dier rint my de heule simmer al yn 'e wei. Fan 'e middei seach ik him noch mei in stik as fiif geiten, sa mak as in laem. Hy is oan my wend, wy kenne inoar al. Hy hat dêr fan 't simmer weide en salang ik der nou oan it sleathekkeljen bin, is hy der yn 'e neimiddei ek. Dat mist noait. Hy is sa fet as in slak. Eart er bigjint to jachtsjen wol ik dy rébok yn 't hok ha.
- Dou moatst it net dwaen, seit Foekje mei klam. - Feike Dam hâldt dy yn 'e gaten en it is him hwat wurdich as er dy pakke kin.
- Feike Dam wol my graech pakke, dat is sa, mar hy leit hjir net alle jounen mear foar de doar. Hy wit wol, dat ik út en troch in knyntsje snip, mar hy wit ek wol dat ik der net mear op út bin om in soad wyld to fangen. Né, dit komt altiten goed. Hy mei hjir trouwens alle jounen foar de doar lizze, dat hindert neat. Ik wol dat ré by ljochtskyndei pakke, gewoan ûnder it wurk, bigrypst wol.
Durk hat it oerdei yn him om gean litten en der jouns mei de jonges oer praet. Net dat er it net sûnder de jonges ôf kin, mar se moatte him nachts even hantlangje.
| |
| |
Hy hat trouwens al folle mear bioardere.
Hy is moarns earst nei Lútzen Bouma ta gien mei it boadskip, dat de rêch him bigoun to pleagjen. - Ik meitsje it dien, sei er, - mar rekkenje dan mar net mear op my. Jo sille trouwens de mannen fan de gemeente hjir ek wol krije. Se forgunne my dizze lytse fortsjinst wer en as se my likefolle koarte op myn útkearing as okkerjiers, dan ha 'k der neat oan hawn. De rêch heal stikken en der gjin stûr better fan wurde.
- Ik moat it wol opjaen, sei Bouma.
- Dat bigryp ik skoan.
- Ik hie oars fan 't winter al in bytsje op dy rekkene mei 't melken. As it sa ris útkomt, op in saterdei of snein. De jonge dy't ik optheden ha, kin it allinne net oan en ik doar him der trouwens ek net allinne foar to setten. In hampelman, moatst rekkenje. Hy hat der heulendal gjin aerdichheit oan. In ûnforskillige bongel en ik trape him leaver hjoed as moarn it hûs út. Mar moatst fansels bliid wêze, dat der noch in gek is dy't by de boer wol. It binne wol allegear knukkelhouwers fansels; hwa't hwat mear kin giet net mear by de boer. En dan siz ik wol ris: se hawwe great gelyk, it soe foar my ek it lêste wêze.
Sa stinde dy Bouma dêr om oant Durk sei: - Dat haw ik altiten al sein. Dêrom ha ik noait foar fêst by in boer wold. Boerearbeider, dat is it lêste, sei ús heit altiten en dêr ha 'k my oan holden. Us heit kaem op in dei thús, hy hong de seine yn 't hok en hy sei tsjin ús mem: sa, nou ha 'k mei de boeren ôfdien. Dat stie der by fansels, ús mem gûlde der oer, mar ús heit hat noait wer in stik ark yn 'e hannen hawn. Altiten yn 'e hannel sitten. Mar likegoed hied er syn rêch mei dat bealgjen by de boer al sa knoeid, dat er noait wer sûnder pine west hat.
- Noch twa jier dan kin 'k yn 'e sanearing, sei Lútzen Bouma. - Salang moat ik it folhâlde. Hoe liket it, kin 'k út en troch op dy rekkenje?
| |
| |
- As ik dy pear sinten net forantwurdzje hoech, dan bin 'k net ûngenegen.
- Dat rêdde wy altiten, 25 goune kin 'k wol út de boeken hâlde.
Durk hat oars in hekel oan kij en it melken hat er noait goed yn 'e slach krije kind. Mar Lútzen Bouma hat in masine en dêr kin er him aerdich mei rêdde. Bouma hat ek mar in stik as tweintich bisten.
Fan Lútzen Bouma is er nei de Lege Ein ûnder Koartehimmen fytst. Hy hie Ids Bergsma yn tiden net sjoen. Oan 'e taep yn ‘De gouden klok’ woenen se okkerjouns al ha, dat Ids dea wie. Dat Durk hie dochs nei him ta moatten en nou koed er fuort syn boadskip kwyt.
- Ik kom de hûs hast net mear út, sei Ids. - Myn skonken litte it sitte, mar ik bin oars noch sa soun as in fisk.
- Bist oars knap grou, stelde Durk fêst.
- Dat komt fan it sitten, hoe sil it oars?
- Komst it fjild net mear yn?
- De lêste tiid net en ik wit net oft it fan 't winter hwat wurdt. Fordomd Durk, ik leau dat ik it hawn ha en ik woe oars stomme graech noch hwat streupe.
Hy hie suver hwat bigreatsjen mei Ids en dat hoegde net. In bêste keardel foar syn maten, mar oars in hont fan in fint, wreed as tou, ek foar eigen. En hy hat fiersten to folle drank brûkt, dêr't er sels ek noch greatsk op is. Ik ha yn myn libben safolle drank hawn, placht er to sizzen, ik ha safolle drank hawn, dou kinst der wol in húshâlding mei greate bern yn forsûpe.
Durk en hy hawwe togearre wol ris op stap west, dat Durk syn maet in gewear ôfkrije moast, omdat hy der net mear fortroud mei wie. Né, Ids hat it him allegear sels oandien, mar as jo sa'n man dêr sitten sjogge, dan deart it jin fansels wol oan. De frou dea, de bern de doar
| |
| |
út en dan allinne achterbliuwe mei in pear skonken, dy't net wolle.
- Ik krij alle wiken in mingel skjinne, dat nimt de jonge foar my mei, sei Ids. - En de froulju hâlde de boel in bytsje skjin. Se wolle my hjir wei ha, mar dat doch ik fansels noait.
Sa sieten dy mannen inoar hwat to biselskipjen, mar by einbislút moast Durk fansels wol fanwegen komme en dat hie Ids skoan yn 'e gaten.
- Ik woe graech hwat fan dy brûke, sei Durk.
- Dat hie 'k wol tocht, oars wiest hjir net kommen.
- Ik ha faek fan doel west om nei dy ta, mar myn húshâlding, hen. Dou witst dat ik der hwat oars ûnder stean as dy. Ik kin der net sa faek by wei.
- Siz it mar.
Durk die syn forhael, oer dy grouwe rébok, dy't alle dagen by it Alddjip stiet to weidzjen.
- Mar ik wit net hoelang it noch duorret. Se kinne aens wol ris op reis gean.
- As de jacht bigjint, hoechst it fansels net mear to bisykjen. Dan wurde se sa wyld as hwat.
- Hast it yn 'e gaten? It is nou noch moai rêstich yn 't fjild. Dat bistje is sa nuet, ik kin him hast mei in grouwe stien bismite.
Ids luts oan syn skonken. - Dat wie oars al hwat, gnoarre er. - Bliksem Durk, as dy poat....
Hy knypte himsels yn 'e knibbels en tilde ien fan syn skonken op. - As ik al mei gean, moatte de bern it net witte. Ik ha koart lyn noch in pear kninen sketten, mei de wynbuks, hjir deun by. Mar sa'n reis nei it Alddjip, dat wurdt my to machtich bin 'k bang. Dou soest my helje kinne fansels.
Dat wie Durk alhiel net fan doel, om Ids der yn to biheljen, net heal. Hy sei: - Dit wurdt dy to biswierlik, Ids. Ik woe dy graech mei ha, mar ik kin it better allinne bioarderje. En de jonges helpe my by 't slachtsjen.
| |
| |
Hy hat it Ids noch ris omstandich útlein. - Ik wit syn loop wol en mei de strûp soe 'k him krije kinne. Mar dou witst hoe nuodlik soks is. Dy strûp moat der nei alle gedachten in pear ûren hingje en Feike Dam komt der withoefaek lâns. En dan it kabael, dat sa'n dier makket as ik him der yn ha. As it op in razen giet en it is hwat in hoare joun, dan is 't fier to hearren. En ik kin der net deun by lizzen gean, dou witst hoe skerp in rébok rûkt. Hy hat Feike Dam al út bêd bâlt eart ik der by bin.
- Hast dyn jachtgewear net mear? frege Ids.
It jachtgewear leit yn in grou pak fette lapen al twa jier achter de skoarstien op 'e souder en Durk is net fan doel om it der wei to heljen. - Ik ha der gjin patroanen mear by, Ids. Der is fansels wol oan to kommen, mar mei hagel krij ik him yn ien kear net dea. De grouste hagel krij 'k him net daliks dea mei.
- It kin wol, sei Ids, - ast him mar goed yn 'e kop rekkest.
- Ik moat him mei ien skot ha, Ids. Hy moat net mear in ein de bosk yn stouwe en him dêr deljaen. Dan is de heule boel forballe en al soe Bijke him wol fine, ik doar ik net to aventûrjen. Ik bin sa rûch net mear as eartiids; it kostet my op syn minst trije moanne as se my snippe.
- Dou fortroust dysels ek net sa bot mear, sei Ids spytgnyskjend.
- Ik woe dyn fjûrbuks graech mei ha, mei de lûddemper der by.
- Dat hie 'k al tocht.
- Dou hast him dochs noch wol?
- Hy sit ek yn 'e lapen.
- Mei sa'n njoggen millimeter hoech ik der net to ticht op, hat Durk mei ynmoed syn saek bepleite.
- Ik sjit him wylst ik dêr oan it sleathekkeljen bin, om healwe fiven hinne. Ik doch it gewear oan 'e kant en lûk moai kalm myn jas oan. Mei de breatromp ûnder de earm
| |
| |
gean ik nei de reed. Underweis snij ik him even de hals út, bistopje him in bytsje en dan set ik lykas altiten op hûs oan, bigrypst wol? De jouns rêdde wy der dan wol mei. Tsjonge Ids, dit kin net misse en mei sa'n lûddemper der op komt net ien my oer 't mad. Ik kin it my oan tiid dwaen. Ik ha der oer tocht myn âld sten ûnder de flier wei to hel jen. Ik ha der noch sa'n hâlder mei patroanen by. Mar it binne dingen fan neat, dat witstou ek wol. Ast hwat reitsje wolste, moatst der boppe op stean en dy kringen meitsje in soad lawaei. Ik wit net iens oft de patroanen it noch wol dogge; se lizze der al hast tweinich jier.
- Dat ding kinst wol weismite, dat ha 'k dy daliks sein.
- Ik ha him nei dy earste kear ek net wer brûkt.
Ids is sunich op syn jachtark, mar Durk hat de fjûrbuks dochs mei krigen. Yn twa stikken yn 'e fytstas en fiif patroanen der by. De lûddemper yn in apart pakje yn 'e binnebûse fan 'e jas.
- Oare wike hast him wer, Ids, en ik nim dy in pear poun réfleis mei.
- En in mingel skjinne, sei Ids doe't Durk al yn 'e doar stie. - De bern hâlde my koart.
- Dat mingel krigest ek.
It is min nei to gean hoe't dat sit mei Durk. Slooft er him sa út foar de húshâlding of bigjint it streupersbloed fannijs to sprekken? Hwa sil 't sizze. Soms rint it troch inoar. Durk hat yn elk gefal in bêst sin. Hy hie de moarns al oanstriid om dy bok noch de selde deis to sjitten. Mar sokke dingen moatte mei fordrach dien wurde.
Sa leit de saek der hinne en de oare deis stapt er wer op 'e fyts. Earst nei Beets, dêr't er by Kees Jeensma foar net to folle in mud as tsien jirpels keapet. Net fan de bêsten, mar de priis is der neffens en mei in stik réfleis der by wurde de minste jirpels lekker.
| |
| |
- Set se mar klear, seit er tsjin Kees, - ús Tsjerk komt fan 'e wike even mei de kypauto, dan krij ik se op in makliksten thús.
Op 'e Sweach stekt er oan by ‘De gouden klok’ en keapet in mingel Beerenburch. Hy is gjin greate drinker, mar winterdeis moat men wol hwat yn 'e hûs ha en binammen as men nachts it fjild yn sil. Hy docht it him oan tiid en drinkt in pear slokjes by de taep, wylst er mei de geande en kommende man in pypfol praet.
Mar om healwe tolven hinne is er wer thús. Yn 't hok klaut er in steal âlde fûken fan it souderke. Willem en Berend ha se fan 't simmer in pear nachten yn it Djip hawn en der sitte frij hwat gatten yn. Hy siket de knapsten der út en hellet de gatten ticht. Hy hjit Klaske, dy't aerdich mei de boetnuddel wurde kin, om de lêste kubbe goed nei to sjen, hwant in iel hat oan ien stikkene mesk genôch. Hy fynt ek noch in stik kearnet, dat aerdich ticht liket.
- Hwat silst nou? freget Foekje forheard. - It hat dy goed to pakken, net?
- Fanke, it is in gouden tiid, seit Durk fleurich. - Der stout hjir nachts wol tûzen poun skiere iel it Djip lâns en dêr wol ik in protsje fan fange. Ik sil de beun opknappe en as it heal kin moat der oare wike hûndert poun yn sitte. De beun set ik op 'e midden fan it Djip fêst, mei in pear stiennen der yn foar 't sinken, sadat der gjin eagen oer geane. En as wy it dan in bytsje oer lizze en de winter komt net to gau dan ha wy oant nijjier ta iel yn 'e panne. Ien kear wyks bakte of stoofde iel dat forfeelt net en in skilt dy by de slachter al gau in pear ryksdaelders.
- Moat dit nou allegear, Durk? Dou koest wol miene, dat it wer oarloch wurdt.
- Oft it oarloch wurdt, wit ik net, mar in strange winter krije wy yn elk gefal en as dy mannen fan 'e Sweach miene, dat dit har kâns is dan hawwe se har mâl forsind.
| |
| |
As it wêze moat, kinne wy ús rêdde. Hwat let my en set ek noch in baerchje oan; dan ha wy spek yn 'e skoarstien. Der is fretten genôch foar sa'n dier. De bosk leit fol ikels en bûkels. Ut en troch in hantsjefol moal der by en sa'n barchje wurdt út himsels fet.
Foekje jowt har ôf en Durk mimert op 'e winter om, wylst hy yn 'e fûken omslacht. As der safolle ikels en bûkels binne - en der is gjin gelde bûkel by - dan moat it in winter mei fûle froast wurde. Dat hat noait oars west en hy hat ek wol waernommen hoe beuzich de iekhoarntsjes binne. Dy dierkes tôgje de heule neisimmer al en dat moat in mins genôch wêze.
Nei it middeismiel - de húshâlding is hwat fan 'e regel, mar dat kin hast net oars - giet er it fjild yn om syn putsje sleathekkeljen dien to meitsjen. Dat is to sizzen, hy wol der noch op syn minst trije dagen pielen oan ha. Hy meant de reiden der út, stekt de kant ôf en kriget de hekkel. Wylst er yn in evenredich tempo de pôllen op 'e wâl lûkt, eaget er it fjild oer nei de boskrânne. Om goed fjouwer ûre komt de bok troch de droege sleat, sjocht it fjild oer en bliuwt stean to snuven. Dan docht er in pear stappen de greide yn. De geiten skarrelje achter him oan. De bok hat Durk allang fornommen, mar hy is net ûnrêstich. Dat mantsje heart der by. Hy hâldt him fansels wol yn 'e gaten, mar al dy wiken dat se hjir weide ha, is der neat bard. De bok hat al in pear aerdige hoarnen en Durk roait, dat er fiif jier is. Net to jong en net to âld en goed yn 't fleis. In skoander stik wyld.
Durk nimt even lins en makket syn bistek. As er opnij bigjint, merkt er earst net iens, dat der in mûdhountsje op de hekkel leit. Oars is dat altiten sa'n aerdige fordivedaesje. It mûdhountsje ûntkomt him ek noch; hy hat to folle omtinken foar de bok. Underweis nei hûs fluitet er en hy lit Bijke in raem op in knyn dwaen. De houn rêdt it dizze loop net. It knyntsje fynt in hoale en al
| |
| |
bigjint Bijke forwoest to dollen, hy moat bilies jaen as der him in grouwe woartel fan in spjirrebeam yn 't paed sit.
- Let neat, Bijke, seit Durk. - Dy knyn bliuwt der wol, dy hâldst to goede.
It appèl wurdt suver in fleurige boel. Durk is yn alle silen mak en fynt in soad goed. Foekje is swijsum en sjocht bytiden soarchlik.
- Mem, dou koest wol hwat fleuriger wêze, bistraft Durk har. - It is moai waer en wy hawwe it meiinoar o sa goed. Dat is in segen en wy moatte op 'e tiid ús tankberens bitoane.
Foekje snúft en sjocht de oare kant út. Joun sil Durk it bilije moatte, mar it kin him diz' kear neat skille.
It soe grif in moaije joun wurden wêze as De Vries, de nije man fan de gemeente, net om 'e hoeke kommen wie.
- Ik ha boadskip, seit er sûnder omballingen. - Kin 'k jo even ûnder fjouwer eagen sprekke?
Durk hie it wol forwachte, mar dat de man der sa'n faesje achter sette soe, dêr hied er net op rekkene. Dit is in warbere amtner, dizze sil it noch fier bringe.
- Op dit stuit bin 'k net to sprekken, seit Durk koart.
- Dat jo yn jou eigen tiid foar de baes op stap geane, dat is myn saek net. Mar as jo de regel en oarder yn oarmans húshâlding forsteure dan haw ik it rjocht om né to sizzen.
- Kom ik ûngelegen?
- Dat soe 'k sizze; ik hâld appèl en dêrnei moatte wy it wurk noch fordiele.
- Ik wachtsje op 'e brêge, seit De Vries.
- Dat soe 'k mar dwaen; miskien ha 'k it aens wol even oan tiid.
As de man fan 'e gemeente it net mear hearre kin, seit Foekje: - Moast dat sa, Durk?
- Sa moat dat, antwurdet Durk. - Yn goedens is der
| |
| |
mei dizze man neat to birikken. Dat ha 'k allang sjoen en hy hat syn dingen dochs al dien.
- Wy kinne der skea fan ha. Kinst him better hwat tomjitte komme.
- Sa 'k siz, dat hoecht by dizze net mear.
It appèl forrint nuver en wylst de oaren binnendoar om 'e tafel skouwe, pandert Durk nei de brêge, dêr't De Vries stiet to wachtsjen.
- It is in forfelend boadskip, seit De Vries.
- Foar jo of foar my?
- It is foar my ek forfelend. Ik moat it jo oansizze.
- Binne jo it der net mei iens?
- Ik moat it der wol mei iens wêze.
- Jo hawwe it sels klear makke, bigryp ik wol. Hwat prate jo dan?
Fuort mar oanpakke, dat liket Durk it bêste ta, al sil der net folle mear mei to winnen wêze. De Vries is sa'n bihanneling net wend, dat is de man oan to sjen. Hy is even stil, klaut him yn 't jier en docht in pear stappen achterút, lyk as waerd er in bytsje bang. Durk kin bytiden ek goed gleon sjen.
- Jo ha goed fjouwer wike foar Bouma sleathekkele en dat hawwe jo net om 'e nocht dien.
- Dat ha jo goed sein; de rêch leit my hast yn twaën. Ik ha Bouma fan 'e moarn krekt opsein; it koe net langer. Ik hie der folle earder mei ophâlde moatten.
- Ik woe sizze....
- Ik sei: it koe net langer, mar ik woe sa stomme graech dien wurk meitsje. Ik hoopje noch altiten, dat it oerbetterje sil. En ik kin sa min oer stil sitten.
- Jo hawwe, bisiket De Vries it noch ris, mar Durk wol earst syn sechje dwaen.
- Nou hie ik fansels op 'e Sweach sizze kind: minsken, ik hoech gjin oanfoljende útkearing fan sociale saken mear, hwant ik bin wer oan 'e slach. Ik hie dat dwaen kind, mar as myn rêch it de oare deis witte wold hie,
| |
| |
hwat dan? Dan hie 'k wer nei jim ta moatten mei it boadskip, dat it net troch gong. Wel, dan steane jo foar skut, wier of net? En op it kantoar soenen se der in soad ekstra wurk fan ha; earst út 'e boeken wei, dan der wer yn.
- Foar in bytsje wurk binne wy oars net binaud, smyt De Vries der tusken. - Om ús hoege jo it wier net to dwaen, of to litten, dat is miskien yn dit gefal better.
- Oars hienen jim der noch in amtner by oanhelle, seit Durk haetlik. - Dat skynt dêr o sa maklik to gean. Sa faek as ik der kom, sjoch ik nije gesichten.
Hy wol noch it ien en oar nei foaren bringe, mar der wol him sa gau neat mear yn 't sin komme en hy sjocht ek wol, dat De Vries yn alle rêst syn kans ôfwachtet. Dat hy jowt de man it wurd mar.
- Jo sille it tonei mei de ynvaliditeitsrinte dwaen moatte, seit De Vries. - Sociale soarch kin jo der neat mear by jaen.
- Dat hie 'k al bigrepen, seit Durk. - Wel, as jim miene, dat ik myn húshâlding mei njoggen tsientsjes troch de tiid krije kin, dat sil dat wol sa wêze. Jimme witte dat allegear sa goed. Jimme froulju moatte in pear sinten mear ha fansels, mar Durk kin it op 'e pôlle wol mei njoggen tsientsjes dwaen.
Hy nimt even skoft, mar as De Vries antwurdzje sil, hat Durk op slach it wurd. - Jimme dogge mar hwat jim net litte kinne. As wy hjir fan 't winter deafrieze dan fine jim ús oare maitiid wol. Ik wit noch net hwat ik dwaen sil, mar ik tink wol, dat jim mei gauwens hwat fan my hearre sille. Jo bigripe wol, dat ik myn rjocht sykje.
- Hwat jo by Bouma fortsjinnen dat hienen jo opjaen moatten, seit De Vries. - Jo ha to'n ûnrjochte fan ús in oanfoljende útkearing hawn. Ik ha it neigien en sa't it nou liket, sille wy goed hûndert goune fan jo werom foarderje moatte.
- Ik sil myn rjocht sykje, seit Durk yn tinzen, lyk as
| |
| |
hied er net heard hwat De Vries sei. - Moarnier sil ik earst nei de boargemaster en joun daliks sil ik in pear brieven skriuwe. Prins Bernhard hat my al ris faker holpen en Marcus Bakker is ek fûl op sokke saekjes. En ik span de ritmeester Van Schaick der foar. Ik ha syn oppasser west by de husaren. Doe't ik mei great forlof gong, hat er it tsjin my sein: als je hulp nodig hebt, Lugtigheid, dan schrijf je me maar. Hy hat wurd holden. Dy man hat heul hwat foar my dien. Hy hat in soad kunde by de hegerein. Miskien telefonear ik him ek wol op, dan kin er even nei my ta komme. Dat docht er sa mar. In kearel út ien stik, ús ritmeester.
- Wy moatte dan mar in regeling treffe foar it werom biteljen fan it jild, dat jo tofolle bard ha, dreunt De Vries ûnforsteurber troch. - En as jo net goedskiks wolle, dan kinne wy bislach lizze op jou ynvaliditeitsútkearing. Mar dat dogge wy fansels....
Nou is it Durk folslein oer. - Man, gean út myn eagen, raest er ynienen. - Oars forgryp ik my oan jo. Donderje op, stik ûngelok.
Bijke docht in raem op de boksen fan De Vries syn broek.
Dy De Vries is in hurden-ien, dat jowt neat. Hy skoddet Bijke bidaerd fan 'e broek, nimt syn fyts en stapt kalm it paed del.
- Dizze ha 'k wol oan, moat Durk syn Foekje bikenne.
|
|