| |
| |
| |
In wurdmennich oan de lêzer, miskien tsjinjend ta in better bigryp
EARTIIDS stie ûnder in koart forhael gauris, dat it wier bard wie. Nou wurdt it forhael fan sa'n meidieling net better of minder en eins docht it der dus neat ta. Dochs hat it my altiten oansprutsen. Duvekater, wier bard, dat makket it nijsgjirrich. Hwer soe it bard wêze? Soks waerd der meastal net by sein en dat wie my min nei 't sin. Ta dy sûnde sil ik dan yn dit forhael ek net forfalle. Ik fiel der folle mear foar om yn it ramt fan de demokratisearring de lêzer fuortdaliks witte to litten yn hoefier hy forlakt wurdt. Twad is der alles foar to sizzen om net mear fia flashbacks en oare kunstgrepen it forline fan de haedfiguren op to ikkerjen. As it foar in better bigryp fan it forhael noadich is, jow dan fuort ynienen alle ynformaesje, dy't foarhannen is. Dan wit elk hwert er oan ta is.
Dêrom by wize fan eksplikaesje de folgjende back ground-information. Dit forhael is fiktyf, mar soks wol net sizze dat it net wier bard is. It soe alteast skoan wier bard wêze kinne.
Oer hwat der west hat mei Durk-en-dy fierders noch dit. Hy en syn Foekje binne yn '46 troud. Yn 'e oarloch siet Durk yn 'e hannel en dêr wie hy sa drok mei bisteld, dat er pas ein '44 oan de bifrijing fan it heitelân takommen is. Och, elk hie sa syn drokten en yn it lêst hat
| |
| |
Durk dochs noch aerdich hwat dwaen kind. Hy hat bygelyks noch in pear doalende Dútse soldaten mei oppakt. Letter woenen se himsels pakke, omdat syn hannel yn 'e oarloch net alhiel legael west hie, mar as illegael hie hy de foarspraek fan guon, dy't er wol ris geriifd hie mei in stikje spek en sa, dat it is der net fan kommen.
Foekje wie achttjin doe't er har troude. Aeltsje, nou al jierren troud, wie der al mei goed fiif moanne, mar woech likegoed krapoan njoggen poun. Noadsaken fansels, dy trouwerij, mar doedestiids waerd soks stil holden. Doe't Aeltsje sels trouwe moast - se wennet yn Drachten yn in kreas wenningwethûs, mei har man en twa bern - woe Foekje der hwat fan sizze. Sa fan: hie dat net hwat oars kind, mar Aeltsje sei: dêr hie mem sels om tinke moatten. Durk brocht der doe tsjin yn, dat de jongelju fan fuort nei de oarloch oars net folle hienen, wylst it nou allegear fordivedaesje is, mar by einbislút sei er: Mem, hâld der mar oer op, wy hawwe it sels ek altiten graech dwaen mocht. En dan moat men net to bot krimmeneare as it forkeard útpakt; dat ha wy ek net dien.
Foekje sei doe noch, dat it optheden gjin noadsaken mear wêze hoege. Der wie ommers genôch oan to dwaen, mei al dy automaten by de dyk en sa. Yn it fierdere forrin fan dit forhael komt dizze problematyk noch heechút ien kear oan 'e oarder. Soks is noadich - funksioneel soe men sizze kinne - omdat Durk in stikmennich pearripe froulju hat. Mar de lêzer moat him hjir net op forgapje. Hwat de seks oanbilanget wurdt it yn dit forhael soberearjen. Elk fan ús hat him der ommers wol mei rêd, dat hwerom soe men der wiidweidich oer skriuwe. Boppedat binne der rounom aerdige boekjes to keap, dy't yn wurd en byld fleurich op yn alle bihoeften forsjogge.
Durk en Foekje hawwe har nei wenjen set yn de fierste helte fan hwat eartiids in kreaze dûbele arbeiders- | |
| |
wente west hat, op healwe de Sânleane by it brechje oer it Alddjip. Kadastrael bikend gemeente Lippenhuzen, mar it wurdt altiten ta it gebiet fan Beetstersweach rekkene. De Sweach is in delsetting tan amtners, in pear healbizen jonkhearen en baronnen en in stikmennich rinteniers. De lêste jierren strike der ek hwat Drachtster forenzen del, dy't miene dat it tusken dat nearzige strewelleguod to heljen is. Se hawwe der almeast ûnsjogge bungalows boud, dy't se nei forrin fan jierren forlitte, omdat it dochs net tafalt yn sa'n gat. Lêzers mei histoarise ynteresse wurde forwiisd nei in nijsgjirrige stúdzje, dy't yndertiid Sjoerd van der Schaaf oan de Sweach wijd hat. Fierders kin de Wâldenkommisje fan de Fryske Akademy, fêstige oan de Uterburd, wol ynformaesje forstrekke. De Sweach fungeart yn dit forhael allinne mar as leveransier fan amtners, dy't Duik en syn soarte hjitfolgje en dat is al slim genôch.
Hwa't Durk syn wensté s jen wol, moat by Harinxmastate, dêr't eartiids in eibert nustele, de Sânleane yn nei Lippenhuzen. It is in smûk skaedzjende leane mei oan wjerskanten iken, ek wol Ald Hearrewei neamd. It is de histoarise forbining fan noord- en east-Fryslân, nei alle gedachten yn de Romeinse tiid oanlein. Bonifatius moat hjir lâns kommen wêze krekt foardat wy ús yn Dokkum kollektyf oan him forgrypt ha.
Hwer't de bosk ophâldt, stiet lofts de wenning, dêr't Durk Snoad en syn húshâlding ta hâlde. As dit in autenthyk forhael wie, hienen se hjir alteast wenje kind. It hûs sil om 1800 hinne boud wêze. Eartiids moatte der boskarbeiders fan Bieruma Oosting wenne ha. De eallju binne lykwols fierhinne útstoarn en harren arbeiders hast allegear yn it kapitalistise produksjeproses opnommen. Sadwaende is der plak kommen foar Durk.
De earste jierren wenne yn de oare helte âlde Jaep Leegsma, dy't sa'n bytsje ûnbisoldige boskwachtere. Nei it forstjerren fan Jaep is syn Froukje nei in bijaerden- | |
| |
tohûs fan de Van Teijens rekke. Har keamer hat in pear moanne leech stien oant Durk ûntdiek, dat de tuskenmuorre aerdich weak wie en net botte tsjok. Doe't hy de kalk der ôfpluze en in stik izer yn in greate foech sette, foelen der sa mar in pear stiennen út. Allinken is dat gat greater wurden, sadat de bern der al gau troch hinne strûpten. Doe hat Durk der in pear balken yn set mei in âld doar. Eart hy der erch yn hie, hie Foekje fan de keamer al in boartersromte foar de bern makke en stadich oan ha se doe it hiele hûs yn gebrûk nommen. Hwerom sil men sa'n hûs ek net brûke as it dochs leech stiet en nimmen oars der sa't like yn wol? Dat sei Durk ek noch doe't se der hwat fan seinen. Hy sei: - Sa'n leech hûs giet fan jin ôf. Wês bliid dat wy it biwenje, sa kriget it syn ûnderhâld.
Forstânnich praet en it kaem ek moai út, omdat Durk foar syn oanwinnende húshâlding hyltiten mear forlet fan romte krige. It boaze mar oan mei Durk en Foekje; yn de earste jierren suver mei elk skot in einfûgel: Aeltsje, Klaske, Gryt, Tsjerk, Bouwe, Willem, Jantsje, Berend, Hindrik, even skoft en dêrnei Foekje. Doe de greate pauze, mar neitiid like fleurich op nei de alfte en tolfde.
Yn dy earste neioarlochse jierren wie likernôch alles krap en sadwaende hienen Durk-en-dy it aerdich rom. Durk wie bitûft yn de bonnehannel, mar yn geiten en kninen siet doe ek noch aventuer. Boppedat tilde it doedestiids yn de Sweachster bosken op fan it wyld. De boeren hienen der slim lêst fan en Durk geriifde harren troch gâns kninen op to romjen. Goed bisjoen hat er doe nuttich wurk dien foar de ‘voedselvoorziening’. Hwant alle kninen en réen, dy't hy snipte koenen net mear ta de rogge, de weet en de rapen en dat iten wie doe slim forlet fan. It wie ek moai mei nommen, dat in knyn twa ryksdaelders gou, in faisant al gau in tsientsje
| |
| |
en foar in ré telde de poelier yn Drachten sa mar twa bankjes del.
It waerd minder doe't de hearen jagers wer patroanen krije koenen en sels yn it wyld om bigounen to reagjen. De klap kaem lykwols doe't de myxomatose útbriek, dy bismettelike sykte, en suver alle kninen útroege. Jierren letter, doe't it wyld dy slach to boppe wie, rounen de prizen tobek. De minsken hienen sa't like leaver sa'n bleke, bloedearme pyk út de djipfries as in krûdige knyn. It leanne eins net iens mear. En de boskwachters waerden sa fûl; se leinen jouns by Durk foar de doar, dat hy koe gjin stap oerdwais dwaen.
De frije hannel rekke yn dy snuorje de fleur ek út. Durk hie wol yn 'e féhannel wold en hy hat ek in pear kear in skiep, in pinke en ien kear sels in kedde kocht, mar de rjochte aerdichheit hie hy der net oan. Hy soe it lykwols rêd ha, seit hy der sels fan, as er mar jild hawn hie. In keapman moat in dofke jild ha om it útsjonge to kinnen. Mar hwa wol in arbeider mei in stik as tsien bern gerive? Sa is dizze maetskippij; kaptael siket kaptael en in arbeider stiet der altiten neist.
Durk is yn it grounwurk gien, earst foar in oannimmer, doe yn de DUW en letter yn de DACW en hoe't it fierder mar hjitte mei. Grouwe stikken waerden der net fortsjinne, mar it joech fêstichheit en de bernetaslach smiet aerdich oan. Hy hie stomme graech yn 'e ploech bliuwe wold, hat er mear as ien kear tsjin de hearen sein, as syn rêch it mar net sitte litten hie.
Hwat moat men fan dy minne rêch fan Durk sizze? Hwa kin der oer oardielje oft men mei sa'n krupsje oan 'e lep stean kin? Hwa kin sa'n man yn it moarch fan de rêchbonke sjen? Nimmen, dat wy moatte it sa mar litte. Durk is der út rekke. Yn it earstoan wie der wol ris in rite, dat it saksearre en dat de dokter sei hy moast it mar bisykje. Dat like Durk skoan ta en hy hold it yndied twa wike út. Mar doe wie it dan ek goed yn 'e war
| |
| |
mei dy rêch. Letter stied er noch ris in wike yn 't wurk en de lêste kear - mar dat is nou al wer jierren lyn - ha it krekt ien dei duorre. Se hawwe him doe yn 'e auto thús brocht en Durk ornearre, dat de rêchbonke der nou wol los yn lizze soe. Dat gefoel hied er alteast. Net dat soks to sjen wie, mar it sit fansels fan binnen. Al hoe't it Durk ek muoit - en it brânt him noch alle dagen yn - hy hat sûnt dy kear gjin slach wer dien. Noch in gelok, dat se him in útkearing taskikten, dy't linkende wei lytser waerd, mar noait heulendal opholden is. Hy hie der sels net op rekkene, sei er tsjin Anema. Hy sei: - Dat jowt neat, mar it is nei de oarloch foar in arbeider al better wurden. As ik neigean hoe't ús heit troch de tiid moast as dy in skoftsje út stel wie, dan is it in stik better wurden.
By dy gelegenheit hat er de hearen ek útlein, dat er dy minne rêch net fan frjemd hat. Heit siet der mei tangele en as it him goed heugde pake ek. Net ien fan beiden is dan ek âld wurden. Se fergje der Durk de lêste jierren wol geregeld op, dat er it noch ris bisykje sil. Dat is to sizzen, se wolle dat er oar en lichter wurk siket.
- Ik wol alles bisykje, hat Durk sein, - en der handicht my ek in soad. Hwat hienen de hearen tocht?
Wel, de hearen woenen dat er him ‘omschole’ liet. Hy koe nei in rykswurkpleats en dêr in fak leare; timmerjen, mitseljen, bankwurkjen, ynstrumintmeitsjen en folle gjin genôch. Hy soe der earst foar test wurde. It like Durk mar wakker en hy hat ek foar dy test west. It wie gjin slim eksamen, bytiden suver ûnnoazel, sei Durk letter en dochs pakte dy test alhiel forkeard út. Anema sei letter: - As wy op dy test ôfgeane dan binne jo foar likernôch alles ûngeskikt.
Durk wie der suver forstuivere fan. - Dêr leau ik neat fan, sei er, - ha se har net forsind?
Se hienen har net forsind. Durk sei, dat it him slim
| |
| |
muoide. Hy hie him der eins al op forgappe en dan ynienen sa.
- Ik leau net sa bot oan dy test, sei Anema.
- De gelearden sille it wol witte, antwurde Durk birêstend.
- Dy witte it ek wol, mar guon minsken witte noch mear. Hoe is dat yndertiid gien doe't jo yn '46 nei Indië moasten? Binne jo doe ek net ôfkeurd?
Nuver praet fan sa'n man, mar Durk hat altiten ynskiklik west, dat hy lei it Anema geduldich út. Goed, it soe nei de oarloch earst wêze. Allegear meiinoar nei Indië om dat to bifrijen en sa't al bliken dien hat, forstiet Durk syn heitelânse plichten. Hy hâldt it koaningshûs heech en hy hat fan ritmeester Van Schaick wol sa folle meikrigen, dat er dêrom allinne al de reis ûndernimme wold hie. Mar doe't hy der noch ris goed oer neitocht, is hy ta oare gedachten kommen. Net ien woe him op dat stuit leauwe, mar hy hat altiten al sein: dy minsken moatte der sels mei rêdde. As se perfoarst op harsels wêze wolle, dan moatte wy dêr net yn omreagje. De tiid hat him yn it gelyk steld, wier of net? Hy is doe trouwens ek ôfkeurd, dat oan in prinsipiéle stellingname is it net takommen. Mar sa faek as it to praet komt, seit er dat hy der foar stien hie..
Goed, dat lei er Anema noch ris út, mar by einbislút sei dy, dat Durk in bipaeld soart wurk altiten aerdich neikomme kind hat. Lyk as doe noch hast alle jierren bliken die, en hy lake der fluensk by. - Ik bidoel it lizzende wurk, sei er der folslein oerstallich noch by.
Durk is doe knap luik wurden en hat it oanbrocht by de direktem. - Dit ûnhuere praet wol ik net wer hearre, sei er planút. - Ik wit wol, dat in arbeider him in soad sizze litte moat, mar der binne grinzen. As jo dit gewurde litte, bisykje ik it hegerop. Ik ha by de husaren west, ik wit hwer't ik myn rjocht sykje moat.
De brief foar de prins hied er al yn 'e bûse en hy woe
| |
| |
der Koekoek of Gerrit Roorda ek noch foar spanne. De direktem foel him net ôf, dat moat sein wurde. Hy hat Anema der daliks oer ûnderstien, dêr't Durk by wie en de man woe doe wol om lyk.
It kaem iansels ek fan Klaske, dat Anema sa frijmoedich waerd. Hy tocht, dat it by Durk alles lije koe, omdat Durk krekt om bystân foar it fanke frege hie.
- As der ien byspringe moat, dan binne jo dat, sei Anema.
Praet fan neat fansels. Hwat moat in heit dwaen as syn fanke mei de brut thús komt? Moat er sizze: né bern, it past my net. Wy kinne der gjin kostgongers by ha? Dat soe ôfgryslik wêze. Trouwens, yn sokke sitewaesjes spilet Foekje ek net swak by. Dy hie it bern der al ynhelle eart Durk der hwat fan sizze koe.
Sjoch, Klaske is de doar útgien doe't se njoggentjin wie. Earst yn in winkel to Drachten, letter yn Ljouwert. Doe woe se op harsels wêze en dat moatte jo as âlder ynskikke. In fletsje yn Ljouwert mei in stikmennich oare froulju, net sa faek mear thús, al gau forloofd, even to foarlik yn it frijen, yn forwachting, forloving út.
- Ik wiis myn bern de doar net, hat Durk mei triljend lûd sein.
- Ik soe sels ek graech wolle, dat it trouwen waerd, mar it bern hat 21 west en wit sels it bêste hwat der dien wurde moat.
Wel, Klaske woe alhiel neat. Dat jonkje fan har bilibje se oars alle dagen heugde oan. In helder baeske en it waekst mei syn omke en tante Durk en Pytsje op. Klaske woe him John neame, nei pake Jehannes, mar dat is it iennichste hwat Durk net ynskikke woe.
Anema hat noch bisocht hwat foar Klaske to dwaen, mar it is op neat útdraeid. Och, it giet der wol om troch. Oft der nou sechtjin of achtjin man om 'e tafel sitte, in soad makket it net út. En romte is der genôch yn de âld keet. Yn 'e keamer dêr't Jaep en syn frou eartiids
| |
| |
wennen, steane in stik as trije ledikanten en as it moat kin der noch ien by. Klaske en de lytse jonge, Giyt, Jantsje, lytse Foekje en lytse Durk hawwe der meiinoar in skoander plak. Durk en Foekje hawwe it alkoof ta har foldwaen en dêr stiet ek it ledikantsje fan lytse Pytsje. Nou, en de gieate jonges sykje sels har plak wol Op 'e souder en yn it achterhûs fan Japik syn helte binne legerstéen by de rûs. Yn 'e regel is 't sa, dat hwa't it eaist op bêd giet de fierste bêdden yn bislach nimt, sadat de ooien der net oer hinne hoege. Sa rêdt him dat allegear o sa noflik.
Durk ha it der gauris mei de minsken fan de gemeente oer hawn. Jierren lyn kamen se al om buordtsjes mei ‘Onbewoonbaar verklaarde woning’ op 'e muorre to spikerjen.
- As jim in oar en better sté foar my ha en dan leafst in bytsje op 'e romte, dan wol ik it wol yn my omgean litte. Mar wy moatte dei fansels wol allegear yn kinne.
Hy wist fansels skoan, dat se gjin oai plak foar him hienen. De buordtsjes ha der in aerdich skoft op sitten, hwant se sieten net ien yn 'e wei. Mai op in stuit koe Durk krekt mei ien fan dy stikken blik in gat yn it kninehok ticht krije. En it oare paste sa moai op in wiak sté yn de flier fan it gonkje. Oars hie der in nije planke yn moatten, nou koe dat plaetsje blik ûnder de matte it krekt dwaen.
Der is ek noch in kwestje mei dat hûs fan Durk en dat moat wol even forteld wurde, omdat it fierderop yn dit forhael in pear kear to praet komt. De dûbele wenning Zandlaan nr 6 hat lang fan de Bieruma Oostings west. Doe't de lêste of op ien nei de lêste út dat laech syn bosken en buorkerijen forkocht, die bliken dat it hûs fan Ale de Haan wie, in hearachtige frijfeint fan 'e Sweach. In nuver hearskip, in swankebast mei jild, dy't oan it Alddjip in moai great fjild sines neame koe. Hoe't hy oan dat hûs kommen is, moat wol út to finen wêze.
| |
| |
Der geane trouwens moaije forhalen oer, mar sa folle kin dat net skille. Ale de Haan gong in soad mei de hearen to jeijen. Miskien ha se der nei ôfrin gewoan om kaertspile of dat hûs as ynset brûkt foar in weddenskip hwa't de measte kninen sjitte koe of de measte slokjes tille. Soks koe by de hegerein op 'e Sweach yndertiid allegear, as men de forhalen leauwe mei.
Goed, dat hûs wie op in stuit fan Ale de Haan en dy hat Durk noait hier ôffrege. Durk die faek it sleathekkeljen foar him en as Ale allinne to jeijen gong, wie Durk gauris mei as driuwer en oantôger fan it wyld. De mannen koenen goed. Ale hie wakker nocht oan Durk syn greate húshâlding en hy naem hast altiten hwat mei foar de bern, snobberij, appels en parren en in dûbeltsje foar elk as it Sweachster merke wie. Foar Foekje hie hy in swak. In pear kear hat er har klean brocht, dy't syn húshâldster net mear pasten, omdat se alle jierren grouwer waerd. Eartiids slepte er by har, lei er Durk omstandich út as hja togearre yn it fjild wienen, mar se waerd him letter fiersten to swierlivich en hy doarst ek net in farsken-ien mear oan to heljen. Hy wie doe ek al sa âld, dat it forlet net sa great mear wie.
Ale hie wakker wille as it Durk slagge om in grouwe rébok to streupen, binammen as dy út 'e bosken fan de baron kaem. Hy hie in greate hekel oan de adel, sei er. Dêrom gong er ek mei harren to jeijen, om har merkbite to litten dat se minne skutters wienen en om har jouns yn har dronkenskip bispotte to kinnen. Jawis, it soe heul skoan kinne dat er by sa'n gelegenheit oan dat hûs oan 'e Sânleane slagge is.
Ale de Haan is der in jier as fiif, seis lyn hommels útpykt. De iene deis noch mei Durk to jeijen en nei ôfrin togearre aerdich opnommen. Durk de jouns lyk as wenst de húshâldster even helpe om dat lange lichem op bêd to krijen. De oare deis sa soun as in fisk by de tafel en mei Durk prate oer in foks, dêr't se togearre in
| |
| |
wraem op dwaem soenen. En de jouns dea yn 'e stoel. Hy wie 69 en dan hat men it measte hawn, mar likegoed kaem it Durk raer oer 't mad. Se hienen noch in soad oan inoar ha kind, Durk fanwegen de deihier en de oare emoluminten as driuwer en Ale, omdat dy oars net folle oanhâld mear hie. Dat er wol ris oanstriid hie om Foekje de lange megere hân op it gat to lizzen en dat er binammen de âldste fammen graech oer it hier striek, wie alhiel net slim.
Se hawwe him dan earst ek wol mist oan 'e Sânleane en hy hie Durk ek noch yn safier to fiter, dat der yn it testamint neat stie oer it hûs, wylst hy dat Durk withoefaek mei greate klam tasein hie. Durk soe it hûs ha, dat wie goed ôfpraet. Foekje wie der by en de húshâldster hie der ek weet fan. Ale de Haan hat it grif ek fan doel west, mar is der deagewoan net oan ta kommen. De hûshâldster krige alles en dat wie al likemin in geheim. ‘Voor bewezen diensten’ moat der yn it testamint stien ha, hwant Ale hie in frjemd gefoel foar humor. It groufrommis hat der in moaije hael mei dien en dochs woe se Durk noch bitelje litte foar dat hûs. Foar fiiftûzen goune koe hy it krije.
- Yn gjin fiiftûzen jier, hat Durk sein en hy is nei dat frommis ta gien en hat har goed sein hwer't it op stie.
- Dat hûs is mines, dat witte jo krekt likegoed as ik. Letter kaem der in saekwaernimmer, dy't it him ûntstride woe, mar dy hawwe se de doar wiisd. De húshâldster hat de saek fierder sitte litten.
Sa, de lêzer wit nou it measte. Wy moatte mar gau fierder mei it forhael, hwant der is gâns to fortellen.
Mar earst noch even dit. Guon sille nou al in forhoalen sympathy foar Durk en syn húshâlding fiele. It wurdt ek sa gau idéaliseard. Sa'n ploechje noch fierhinne ûnbidoarne minsken yn in âld hûske middenmank de frije natuer, net oantaest troch NVSH, Opbou-orgaen, tsjerke, yndustrialisaesje, polityk en alle oare kwalen fan dizze
| |
| |
tiid. Mar iorsjoch jimme der net op. Sa'n libben is wreed en sokke minsken misse in soad, al binne se it har net altiten biwust. It moat dochs in swier bistean wêze sûnder bankstel, pil, gas en elektra en meastentiids ek noch sûnder televisy, omdat it âlde ding op batterijen rint, dy't almeast leech binne. Peyton Place giet al nei in kertier de mist yn en High Chaperel hat de ein ek noch noait helje kind. Né, lit ús soks bileaven net to moai meitsje.
Der sil dan ek alle war dien wurde om it a-sociale gedrachspatroan fan dizze húshâlding yn positive sin om to bûgen, en wol sadanich dat se har by einbislút ynpasse litte yn ús tsjintwurdige maetskippij-struktuer, hwerby in team fan doch-helpers foar adekwate bystân soargje sil tidens de perioade fan oanpassingsswierrichheden, al sil dy help wer net sa fier gean moatte, dat se net troch selswurksumens har eigen ynbring yn it proses hawwe, mar har alhiel liede litte troch biynfloeding fan bûten ôf. Soks moat perfoarst net, hwant it soe ta gefolg ha kinne, dat se letter wer yn har âlde milieu werom falle, omdat se har sitewaesje net foldwaende trochtocht hawwe.
Mei oare wurden: oan 'e ein fan dit forhaei moat eins elk syn draei foun ha. Durk yn in skjin en passend baentsje en mei in hobby, bigelyks nifeljen. Foekje achter de automatise waskmasine, de bern op 'e klub of kreas forklaeid by de televisy. It soe ek moai wêze as de jonge, dy't Klaske sa raer sitte litten hat, op in stuit del komt en forjeffenis freget. En dat Klaske him dan yn 'e earms falt en dat dy jonge foar de earste kear syn soan sjocht en mei triennen yn 'e eagen forklearret: hoe koe ik sa lang wachtsje, hoe koe ik sa tsjin mysels stean.
Dit soe in heule moaije scène wêze foar ûnder de krystbeam of âldjiersdei. De skriuwers fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek moatte har de fingers der by ôfslikje, sa oangripend moat it wurde.
It sil bisocht wurde.
|
|