| |
| |
| |
Foar in amtner in trjemde tiid om op bisite to gean. Dêr kin dan ek neat gjin goeds fan komme.
- GOEJOUN, seit de man sljochtwei mar net ûnfreonlik wylst hy de fyts tsjin 'e muorre set. - Moai dat ik jo thús tref.
It komt Durk nuver oer 't mad. It miel is bihimmele, de alderlytsten binne oan 'e kant en hy is dwaende it knyntsje, dat Bijke fan 'e middei snipt hat, út 'e jas to helpen. Hy hat it bistje oan 'e dakgoate hingjen en docht der krekt de lêste hantaesten oan. Tsjerk, dy't noch krekt op 'e tiid wie foar it iten, is mei Berend oan it jirpelskilen. Se sitte plat op it gat yn 'e blikke en fuorje de skilen oan 'e geit en de skiep. Yn de achterein ûnder it skeane dak binne de froulju oan it ôfwaskjen.
In fredige joun en Durk hat niis noch tsjin Foekje sein:
- Ast aens dien haste, kinne wy wol in eintsje to rinnen, de Sânleane út of in loopke oer de heide. It kin nou noch.
- Ik tink, dat jo Durk Snoad binne, seit de man.
Durk nimt it hearskip op, mar kin him net thús bringe.
It sil wol in amtner wêze.
- Hwa binne jo? freget er.
- Ik bin De Vries fan sociale soarch.
De man stekt de hân út en wachtet oant it Durk haget om to fûstkjen. Hy faget syn hân ôf oan 'e broek, mar it
| |
| |
bloed wol der min ôf. De man hat it dan al sjoen en lûkt syn hân gau werom.
- Letter mar ris fûstkje, soe 'k sizze, seit Durk, - en ik moat even dit knyntsje klear meitsje foar de panne. De jonge hat him ûnder de brommer hawn. Bigreatlik fansels, mar jo dogge der net folle oan. En it is iten, dat ik slachtsje it dierke mar.
- Jo ha gelyk, it it is goed iten, sa'n wylde knyn.
- As wy der hwat oan ha sille, dan moatte wy eins fiif tagelyk yn 'e panne ha, antwurdet Durk.
Hy giet mei de knyn nei de pomp en spielt him ôf, wylst ien fan de bern foar him pompt. Bijke hat it yngewant bút makke en draeft der mei nei in feilich plak.
- Jo sjogge wol, der giet hjir neat forlern, seit Durk.
- Elk kriget der sines fan en it feltsje is ek noch in pear kwartsjes wurdich.
Hy wasket de hannen, jowt de kninebout om 'e hoeke fan 'e doar oan 'e froulju en as er de hannen droech fage hat, draeit er earst in sjekje.
- Ik ha jo hjir net earder sjoen, seit er tsjin 'e man.
- Dat is sa, seis wike lyn bin 'k hjir bineamd. Ik bin my noch oan it ynwurkjen en sadwaende gean 'k jouns hwat op forkenning út.
- En moat dat yn jou eigen tiid?
- Och, it is moai waer to fytsen. Ik sjoch hwat om my hinne.
- Just, seit Durk, - wel, ik bin Durk en myn fan is Lugtigheid, mar op 'e Sweach sille se jo wol sein ha, dat ik Durk Snoad wie.
- Oh, nim my net kwea ôf, wie dat jou bynamme?
- Dat silt wol. Woenen jo mei my prate?
- Dat sa sear net, it is mear om even yn 'e kunde to kommen. Wy wille inoar wol faker sjen, hwant ik ha it rayon fan Anema oer krigen. Anema hat promoasje makke, dat witte jo miskien wol.
| |
| |
- Ik ha der fan heard en it muoit my neat, dat ik net mear mei dy man to krijen ha. Ik mocht net oer him, dat sil ik jo fuort mar sizze.
- Died er it jo net nei 't sin?
- Ik haw heul hwat mei him to stellen hawn, mear wol ik der net fan sizze.
Durk is op de reinwetterbak sitten gien en sjocht om him hinne. Foekje komt mei de skûteldoek yn 'e hân út 'e hûs wei.
- Mem, dit is De Vries, de nije man fan de gemeente, stelt Durk foar. - Hy wol it spul by ús even troch it gat sjen. Ik soe sizze dou moatst om him mar in bakje kofje sette.
- Dach mefrou, groetet de amtner en hy jowt Foekje in hân. - Om my oars gjin drokte, hear. Ik kom letter wol ris om kofje.
Mar Foekje is der al wer yn. - Mem, it hoecht net, ropt Durk har nei. - Hy komt letter to kofjedrinken.
En tsjin De Vries: - Wy drinke allinne op saterdagen en sneins kofje, sjoch. Kofje is djûr en in minske kin der sûnder. In mûlfol kâld wetter is miskien sa soun noch wol. Net dat ik net graech in bak kofje mei. As it ús barre mocht, dronken wy alle dagen kofje. Mar de húshâlding giet foar, sa stean ik der ûnder.
- Just, seit De Vries en hy wol him neist Durk deljaen op de bak.
Durk sjocht nei de bern, dy't om har hinne strune.
- As jo my to wurd wolle, kinne wy miskien better in eintsje rinne, seit er.
- Dat is my ek goed. Skoander waer, is 't net wier.
Se kuijerje togearre nei de leane en De Vries nimt it hûs op. -In âld keet, as ik it sa sizze mei, mar in moaijer sté as dit ha 'k yn dizze omkriten noch net sjoen. Oan de iene kant bosk, greide neist it hûs, fierderop de heide, in âld rivierke neist de doar. It kin hast net moaijer.
| |
| |
- Simmerdeis is 't hjir moai, antwurdet Durk. - Hwat út de minsken, mar wy hawwe ornaris ek genôch oan ússels en net sa slim forlet fan oaren. Winterdeis is 't in lijen, foaral foar de bern. De âldsten rêdde har der wol mei, mar de lytsen, hen. Se moatte seis kilometer rinne om by skoalle to kommen. En ik wol se nei skoalle ha; se moatte hwat mear leare as wy. It is sa bilangryk hen, dat de bern hwat ûnderrjocht krije. As jo hwat leard ha, stiet de wrâld foar jo iepen. Ja, it skoalgean dêr bin 'k fûl op. It moat al rûch waer wêze as ik de bern net nei skoalle stjûr. Mar it biroerde is, dat ik se net allegear in fyts jaen kin. Soms ha 'k sels twa op 'e fyts en dêr moat ik dan in ûre om stean litte. Dat is it my wol wurdich, al is 't soms biswierlik.
- Jawis, it ûnderwiis is bilangryk, dêr ha jo great gelyk oan.
Se steane op de Alddjipsbrêge, fier genôch om gjin lêst to hawwen fan 'e bern. De Vries sjocht it hear oer. - In forduld moai plakje, seit er. - Ik kin my wol bigripe, dat jo hjir net wei wolle. Ik soe der sels ek tsjin oan grize.
- Net wolle, net wolle....
- Hwat ik sizze woe, jo ha dochs twa kear foar de kantonrjochter west foar skoalforsom. Nim my net kwea, mar ik seach it yn 'e stikken stean.
Durk suchtet. Hy giet tsjin de brêgeleuning stean en flypket yn it wetter, dat stadich ûnder harren foarby giet. - Ik ha der hinne west, seit er. - Ik tocht, dat ik it de hearen wol útlizze koe, mar se ha my de kâns net jown. Tweintich goune boete en it moast net wer barre. Ik sei: edelachtbare, mar hy hammere en dy plysjeman sette my der út. En nou freegje ik jo: is dat rjocht? Ik ha de prins der in brief oer skreaun. Jawis, ik ha prins Bernhard skreaun. Ik ha ús koaningshûs heech. Doe't ik noch by de husaren wie, ha 'k in hân hawn fan de âld koaninginne. Sa'n man as de prins hat it fansels drok, dat wit ik wol.
| |
| |
Ik ha al birjocht werom hawn, mar hy hie it sels net skreaun en ik wit net krekt hwat der yn stie. It hie neat om 'e hakken, sa folle ha 'k der wol fan bigrepen. Letter ha 'k Marcus Bakker der noch foar spand, mar dy man docht ek neat mear foar in arbeider. Dy kantonrjochter, dy foel my goed ôf. S joch, jo witte dat miskien net sa krekt, mar eartiids wie it op 'e Sweach sa, dat de adel, de Harinxma's en sa, dy wienen ek kantonrjochter. It wie skandalich sa't dy hearen mei in streuper om sprongen; as jo yn har fjild in knyntsje snipt hienen, dan waerd it altiten Crackstate. Greate rakkerts wienen it en yn 'e oarloch, doe't wy yn 'e illegaliteit sieten, doe is ús altiten sein woarn: dy tiid komt net werom. Wel, de Harinxma's binne gjin kantonrjochter mear wurden, dat is sa, mar foar in arbeider is der neat foroare.
- Hoe kaem it dat jo de bern thús holden? Wolle jo in sigret?
- Dat slach ik net ôf. Ik rook sjek en dan is sa'n kleare sigret wol ris lekker. Ik ha ien pakje sjek wyks, oars wurdt it my to djûr. Mei sa'n húshâlding as mines moatte jo it oer lizze, oars rêdde jo it net. Nou is it roken it slimste net, oh heden né. It skynt ek noch goed forkeard to wêzen, sizze de gelearden. Dat ik doch mysels net to koart, sil 'k mar sizze. Né, as dat roken it slimste wie..... Sjoch, as de snie wit hoe heech leit, sadat de lytse bern der oan 'e knibbels ta yn geane, hwat moat ik dan? Kinne jo sokke lytse bern de bare winter yn stjûre? En as se goed klean om 'e lea hienen, dan soe 'k it noch wol oandoarre.
- Mar dat iene jonkje fan jo, dat ha se doe pakt foar streuperij. Sa heuch lei de snie blykber net, dat er net achter de kninen oan koe.
Durk laket myld. - Jo bigripe der net folle fan, seit er, - mar dat nim ik jo net kwea. Sjoch, dy jonge wie doe in jier as alve, tolve. As sa'n mantsje in heule dei thús sitten hat dan wol er der út, in eintsje de bosk yn of oer
| |
| |
it fjild swalkje, dêr't de snie ôfwaeid is. As sa'n jonge dan in stikje wyld binei komme kin dan snipt er it. Jawis, it mei fansels net. Dat wyld is net fan ús. Wy ha der ôf to bliuwen en dat siz ik har ek geregeld. Mar nou moatte jo goed bigripe, sa'n jonge waekst yn it fjild op, yn 'e frije natuer. Sokke bern sit automatys jacht yn, dat kin net oars en jo krije soks der net maklik út. En dan tinkt sa'n bern ek noch oan syn heit en mem en oan syn broerkes en suskes, dy't winterdeis lang net altiten it measte yn 'e roppert krije. Ik wol net kleije, hear, och hearken né. Hwat ha ús bern it goed as ik neigean hoe't wy der yndertiid troch hinne skarrele binne. Dan is 't optheden allegear lúkse. Mar likegoed moat der foar in húshâlding as mines heul hwat komme. Sa'n jonkje wit dat en hy is sa greatsk as hwat as er mei in knyntsje thús komt. Moat ik him dan bistraffe? Jawis, ik moat der him oer ûnderstean en dat doch ik ek. Mar ik soe gjin goede heit wêze as ik him der hurd om foel. Miskien doch ik it wol forkeard hear, mar sa fiel ik dat oan.
- Dy jonges fan jo sille dochs wol graech streupe meije.
- Dat siz ik, der sit jacht yn en dat kin al min oars. Sjoch, dit hontsje....
Hy hellet Bijke oan, dy't neist de baes sit en gjin each fan him ôf hat. - Dit hontsje is in fûl dier. Hoefolle murden as dizze houn net pakt hat.... En foar in foks giet er net op 'e loop. Hy pakt se en hy docht se dea lyk as wienen it kninen. Mar gesechlik is er ek. Hy sil gjin stap dwaen as ik it him siz. Is 't net sa, Bijke? Likegoed giet er geregeld achter de kninen oan, dat krije jo der net út. Fan 'e wike snipte er ek noch ien. Ik wie der krekt op 'e tiid by om dat bistje to rêdden. Hy pakt sa'n knyn yn 'e rêch en skoddet in kear. Dan binne se dea, mar hy wit dat it net mei, dat hy wachtet oant ik by him bin. Ik ha him even bistraft en op sa'n stuit lit er it ek wol. Mar heulendal ôfleare, né dat kin net.
| |
| |
- De twadde kear dat jo foar komme moasteii wie 't gjin winter, seit de amtner.
Durk sûget oan it peukje. - Ik hear, dat jo goed op 'e hichte binne. Anema sil wol net folle goeds fan my sein ha. Wy koenen net, dat ha 'k jo al forteld.
- It stiet allegear yn 't dossier, dêr kin ik ek neat oan dwaen.
- De twadde kear, dat sil fan 't maitiid west ha. Foekje wie doe swier fan Pytsje.
- De hoefolste wie dat ek al wer?
- De tolfde, ja is 't net moai? Krekt tolve, al hie 'k it der om dien. Ik hie it sels net yn 'e rekken, hear. Lytse Foekje - dat is nou tsien jier lyn - hie nei alle gedachten de lêste wêze kind. In jier as fjouwer lyn doe kaem lytse Durk ek noch. Hwat sei? Dat ha wy mei opset sin dien. Doe't wy njoggen hienen, doe ha 'k tsjin Foekje sein: nou is elkenien forneamd, nou is 't oan ússels ta. As der nou noch in famke komt dan wurdt it in Foekje en as 't in jonkje is dan moat dat in Durk wurde. 't Waerd in famke, in heule aerdichheit. Foekje sei: nou is 't dien, de âldste froulju moatte mar foar in Durk soargje. Nou, ik hie ek tocht dat de lech der út wie. En forduld, seis jier letter dochs noch in Durk. Is 't net in aerdichheit? En doe fan 't maitiid lytse Pytsje der noch oer hinne. Dat is in muoike fan Foekje, frijfaem, altiten húshâldster west en der in hûske fan oerholden. Mar Foekje hat in pak ruften fan har krigen, oars neat. Dêr hie it dus net om hoegd. Oars in forduld leaf berntsje. Hwer hienen wy it oer?
- Dat skoalforsom fan fan 't maitiid.
- It is ek sa. Wel, ik leau dat it Jantsje en Berend wienen. Dy ha 'k doe thúsholden en yn 'e húshâlding set.
- Jo ha dochs wol âldere dochters, dy't net mear learplichtich binne?
- Dy sille har eigen wurk wol hawn ha. Us Gryt is by Philips yn Drachten en jo witte hoe't it giet by it
| |
| |
greatkaptael. In kertier to let op 't wurk dan is 't al malheur en in frije dei leafst fjirtjin dagen fan to foaren oanfreegje. Klaske wie der doe ek net; ik wit net krekt hwert it bern op dat stuit siet. Der bart by ús sa'n soad, moatte jo rekkenje. Ik kin dat allegear net by hâlde, al doch ik myn bêst. Oars wie 'k sels thús bleaun, mar ik stie doe krekt by Miedema yn 't wurk. Ik leau, dat wy oan it kuiljen wienen; ik koe dy man yn elk gefal net sitte litte.
Op 'e side fan 't hûs is 't ynienen great trelit. Hindrik en Berend binne wer yn 'e slach en it giet Klaske nei alle gedachten to rûch, hwant se reaget der yn om. It jowt har oars net folle. Berend sit boppe op Hindrik en beart, dat er syn broerke smoare sil. Hy knypt ek goed ta, dat is skoan to hearren, hwant Hindrik raest as in baerch. Dan komt Bouwe mei in amer wetter om fe hoeke en kwakt de heule bats oer de beide mantsjes hinne. It is ynienen dien, mar dan sille se togearre oer Bouwe gear. Op dat stuit komt Foekje der tusken. Om der boppe út to kommen, moat se omraek raze, mar dat kin se, as 't wêze moat. De kloft fordwynt om 'e hoeke fan 't hûs, dêr't it skellen en rachen noch in moai skoft oanhâldt.
Durk glimket. - It binne sokke ychels, seit er, - mar jo sjogge it wol, Foekje is se treast. En as it nypt en wedernypt binne se oh sa ienriedich. As jo Berend hwat dwaen soenen, dan krigen jo fuortdaliks Hindrik op 'e hûd. Wy ha dat okkerjiers hawn mei Feike Dam; dy is hjir boskwachter. Eartiids in earsten streuper en in minne hont, oars hienen se him dat baentsje net jown. Yn 'e oarloch, doe't wy as ûnderdûkers wol streupe moasten om hwat yn 'e panne to krijen, doe gyng hy mei de Dútse offisieren to jeijen. En nachts siet er ús achter de broek. It sil nou twa jier lyn wêze doe pakte er hjir op 'e heide ús Bouwe. Dat jonkje hie in nust einaeijen opkrigen. Hy boun de jonge mei in tou oan 'e fyts en sa soe hy der mei nei it plysjeburo op 'e Sweach. Wakker bliid fansels, dat
| |
| |
er ien fan ús hie. Bouwe sil doe sechtjin west ha. It wie in bihindich fintsje, suver skrael en Feike Dam is in boal fan in keardel. Ik wie der net en dat hat Feike Dam fansels witten, dat hy doarste hjir wol lâns mei de jonge. Se wienen hjir op 'e brêge doe bigoun Bouwe to âljen. It moat op in woansdeitomiddei west ha, hwant de measte bern wienen thús. Foekje heart de jonge om mem roppen en stout fansels it hûs út en de trije bern der achter oan, Jantsje, Berend en Hindrik. Goed om tinke, dy beide mantsjes sille doe alve en tsien west ha en Jantsje trettjin. Doe't se Bouwe achter de fyts oanbongeljen seagen, doe hie Feike Dam it by harren goed bidoarn. Foekje hat my de jouns forteld hoe't dat syn bislach krigen hat. Se sei: Durk, it hie neat skild of ús bern hienen Feike Dam dea dien. Jantsje klaude him mei har fine fingerkes suver de eagen út 'e kop, Berend hinge him fan achteren yn 't hier en Hindrik, dy poask, hie him fêstbiten yn ien fan Feike Dam syn grouwe kûten, krekt in jonge houn. Se hienen him optlêst op 'e rêch yn it sân lizzen en rekken him hwert se him reitsje koenen. Foekje sei: ik ha se der ôfskuorre moatten, sa fûl wienen se. Feike Dam hat net wer nei Bouwe taeld, noait in kear. Is 't net in lust, sa't dy bern foar inoar opkomme? De fûlens ha se fan Foekje? oh sa evenredich, mar as se ûnrjochtfeardich bihannele wurdt, dan binne jo fuort net mei har klear.
- Dat ha 'k wol sjoen, seit De Vries. - Ik woe freegje....
Berend en Hindrik komme troch de blikke, springe oer it sleatsje en drave nei de brêge. Beide ûnder de swarte moude troch dat amerfol wetter fan Bouwe. - Mem seit, dat wy ús yn 't Djip ôfspiele moatte, seit Hindrik - Ik spring fan 'e leuning, hear.
Hy lit him by de brêge del rûgelje en Berend springt der achter oan.
- Dat folkje fan jo liket aerdich soun, seit De Vries.
| |
| |
- Sykte ha wy aldergeloks in heul lyts bytsje, dat is in segen. It soe ús trouwens ek oer de meuch gean as dat der noch by kaem.
- Hoe is 't mei jou kwael?
Durk leit de hannen op it izer fan de brêgeleuning. - Fan 't selde, seit er birêstend, - altiten it selde en ik mei gjin hope ha, hat de dokter sein. In rêch is in nuver ding, foaral as it yn de ûnderein sit. Ik reitsje hjir net wer ôf. Ik ha mysels yn de goede jierren net mijd en dat moat ik nou bilije. Hat Anema jo forteld hoe't it der mei my foar stiet?
- Ik seach it yn 'e stikken. Foar sawntich persint ôfkeurd, is 't net?
Durk laket forbittere. - Foar sawntich persint. Ik hear it Anema noch sizzen: ik moast bliid wêze, dat se my net oan 't wurk setten. Foekje makke har der luik om. Se woe him de doar wize, mar ik bleau kalm. Ik sei tsjin Anema: nou wol ik der gjin praet mear oer hearre. Op dit stuit sille wy akkoartsje en dat dogge wy sa: ik byn moandei de lep oan 'e fyts en gean nei 't wurk. As ik moarn in oannimmer belje dan is dat sa mar klear. De Boltsjes wolle my graech ha, hwant ik ha in soad ûnderfining yn it grounwurk. Ik stean foar 't folle wurk, krekt lyk as froeger en dan sille wy ris sjen hoe lang it duorret. Mar as se my mei de stikkene rêch thús bringe, dan soargje jo foar myn húshâlding. En tink der om: it folle lean. It is op jou forantwurding. Jawis, mar dat woed er fansels net. Ik sei: man, hwat kin it skille. Ik bin goed fyftich, ik ha it measte hawn en as se my dea út 'e put helje, dan hat myn wiif in bêste útkearing. Widdoupensjoen en taslach foar de bern en gean sa mar troch. Ik bin dea aerdich mear wurdich as libben, as ik mar op it wurk stjer. Foekje gûlde it optlêst út.
- Jo binne optheden al oan it wurk, ha 'k bigrepen.
- Jo kinne it gjin arbeidzjen neame, it is mear pielen. Ik bin oan 't hekkeljen.
| |
| |
- Mar it wurdt bitelle.
- Ik bar in bûssint, mear net.
- Dêrom ha jo it mar net opjown.
- It hat neat om 'e hakken. Ik wol net liddich rinne, dêr kin 'k net oer. Al docht my de bealch sear, ik moat hwat om hannen ha. Dat is myn aerd. Doe kaem Bouma by my en dy sei, dat er by de heide noch in ein sleat lizzen hie en oft ik dy ek hekkelje koe. Hy koe der mei de hekkelmasine net by, sadwaende. Wel, en dêr griem ik nou hwat om. Hekkelje kinne jo it net neame, dat kin 'k om 'e rêch net dwaen. Ik helje it der op in rûchsten út. Se komme der mei 't skouwen noait oan ta, dat sadwaende kin it hwat lije.
- Mar jo dogge it dochs net forgees?
- Ik krij der gjin jild foar. Ik ha fuort tsjin Bouma sein: gjin jild of it soe in bûssint wêze moatte. Ik wol gjin gedonder mei de syktewet, dêr ha 'k in goede ôflear fan hawn. Mar as ik fan 't winter by jo kom om in pear mingel molke en hwat jirpels dan rekkenje ik al op jo.
- Dus, sa skarrelje jo sa'n bytsje troch de tiid.
- Skarrelje, siz dat wol, mar hwat kin ik der fierder oan dwaen? Ik ha it net mear yn 'e macht. Soms tink ik wol ris: wie 'k hjir mar wei. Mar sa meije wy net. Ik moat by myn húshâlding wêze.
Foekje komt om 'e hoeke fan 't hûs en ropt: - Moat ik nou noch kofje sette, Durk?
Durk sjocht de amtner oan.
- Duvekater, hwat is 't al let, seit De Vries wylst hy op syn horloazje sjocht. - Ik ha myn tiid fordien. Ik hie de frou sein, dat ik mar in heal ûre fuort bliuwe soe.
Hja rinne togearre werom nei de fyts.
- Wy sille jo wol ris wer sjen, seit Durk.
- Dêr moatte jo op rekkenje.
De Vries stapt op syn fyts, seit freonlik dach en set ôf. Durk sjocht him nei.
| |
| |
- Dit liket min, seit er tsjin Foekje.
- Soe 't in minnen-ien wêze, Durk?
- In rakkert, tink om myn sizzen, in greate rakkert. Dizze kin wol tsien kear om Anema hinne, dat ha 'k him al ôfloerd. Wy moatte op ús iepenst wêze, mem.
Foekje tapet kofje en docht der in grou stik koeke by.
Durk sit yn tinzen en seit: - Ik leau, dat wy in swiere winter tomjitte geane, mem. It wurdt ús wer forgund.
|
|