| |
| |
| |
't Lân moat ik it weardichste taskriuwe,
Dêr wol ik libje, wenjen bliuwe
Salang my God dit libben skinkt.
Ik hâld dan fêst
Yn 't fjild is 't bêst.
GYSBERT JAPIKS
| |
| |
| |
De lêzer komt yn 'e kunde mei de singuliere húshâlding tan Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad
DURK HAT him oanwend om it spul earst even troch it gat to sjen. In murd of in foks docht ek altiten in pear slaggen om de hoale hinne eart hy der yn giet. En in ljip sil net gau deun by 't nêst del strike, mar rint earst in ein troch in greppel of in sleatswâl. Durk giet dêrom noait de reed lâns. Hy komt fan achteren yn en as er yn it biskûl fan de droege sleat stiet, kin er it hiem oereagje oan de doar ta. As der minsken op him wachtsje, dy't er leaver net ûnder eagen komt, hat Foekje dy almeast op de reinwetterbak sitten. Durk jowt him dan del yn 'e rûchte fan 'e beamwâl en wachtet oant it folkje syn nocht hat en ôf set. By min waer moat Foekje se der fansels wol ynlitte, mar de doar stiet dan heal iepen en dan wit hy wol hoe let it is. Hy makket noch in loop troch de bosk en om healwe seizen bisiket hy it wer. As it amtners fan sociale saken binne dan duorret it noait lang. Tsjin fiven wurdt dat folk ynienen gleon hastich? deabinaud dat der in kertier fan har eigen tiid yn sitten giet.
Durk hâldt it knyntsje, dat Bijke ûnderweis snipt hat, ûnder it mansjester jaske. Der is gjin frjemd folk op it hiem, mar Feike Dam mei graech yn 'e bosk op 'e side fan 't hûs tahâlde, achter in grouwe beam en soms mei de kiker foar de eagen. Durk stiet dy boskwachter wol, dêr giet it net om, mar as it net hoecht moat men gjin spul
| |
| |
ha. En it hoecht net as hy dat stikje wyld even mei it kopke ûnder de linkerearm triuwt, sadat der neat to sjen is en hy beide hannen frij hat om syn dingen to dwaen.
Hy stapt de bou oer, dêr't de geit yn 'e kjitten om slacht. It túnkjen is fan 't jier net folle wurden. Hy hie der fan 't maitiid net rjocht aerdichheit oan, dat der binne allinne jirpels yn kommen. Foekje hat noch hwat beantsjeguod boud, mar dy binne wei woarn yn 't túch. Hawar, de geit hat der goed fretten oan en de beide skiep hawwe har part der ek fan hawn. Dochs hie it oars moatten, mei dy strange winter foar de doar.
Op healwe sjocht er twa fan syn jonges út de âld linebeam wei rûgeljen. Se hawwe him net yn 'e gaten, hwant lyk as altiten binne se yn 'e slach. Se tuge inoar of, dat it in lust is en Durk bliuwt der foar stean. Hindrik, neffens syn roai nou tolve, is de jongste en de lytste, mar fierwei it feninichst. Hy huft der sa fûleindich yn, dat Berend it lang net hâlde kin. Dat jonkje krûpt optlêst fan binaudens oer de groun en siket om in kneppel. Mar Hindrik is as in kat de beam yn klattere. Lêsten kaem dat baeske thús mei in knyn, dy't er eigenhandich pakt hie. Hy seach him yn 't leger lizzen, slûpte der hinne en plofte der op. Dan moatte jo goed handich wêze. En streupe as in great keardel; as hy in strik set, mist it net. Der sit jacht yn dat jonkje, dat jowt neat.
Durk stapt op 'e pomp ta en tapet himsels in mûlfol kâld wetter.
- Hui heit, ropt Hindrik út 'e beam wei.
Hy sit op ien fan de ûnderste tûken út to pûsten. Berend stiet der ûnder to hymjen.
- Ik krij dy noch wol rotsak, ropt er omheech. - Ik slaen dy hartstikkene kroandea.
Ut 'e hûs wei komme de lûden fan de froulju; allegear tagelyk oan 't wurd fansels en de lytsen der troch hinne raze.
| |
| |
Durk hat yn 't hok de knyn ûnder de jas weihelle en hinget it bistje oan in spiker. Dan nimt er de hoarn fan 'e planke en stapt nei bûten. Hy dikert it fjild oer nei de heide; der hinget in mûzebiter yn 'e loft en Durk wachtet oant de rôffûgel nei ûnderen saeit. Dan dangelt er it hiem oer nei de kninetsjelpen. Hy hellet Bijke even oan, dy't tsjin him opspringt en yn it foarby gean seit er tsjin Berend: - Kinstou Hindrik net ha?
- Hy is gemien, beart Berend. - Wy ha togearre in útkykpost yn 'e beam makke, mar nou wol dy rotfint der hyltiten yn.
- Kinne jim der togearre net yn?
Durk sjocht omheech en nimt tusken it gieljende blêdsel in protsje planken en balken waer.
- Der kin mar ien tagelyk yn.
- Ik soe sizze, dan makkestou ien foar dysels. Der leit hjir en dêr noch wol in stikje hout.
- Dy rotsak hat alles ynpikt.
- Dan giest hinne en hellest hwat gaedlike peallen út 'e bosk. Forduld, dou kinst dy dochs wol rêdde net?
Berend sil daliks mar yn 't hok om de bile, mar Durk seit: - Wachtsje mar oant nei iten? ik sil nou earst appèl blaze. It is tiid.
Hy giet nei de midden fan it hiem en set de hoarn oan 'e mûle. De reveille skattert troch de bosk. It is sa'n moaije, blakstille septimberdei en dan klinkt it sa fier.
It is suver hwat to waerm foar de tiid fan 't jier. Oer it lân wurdt it al dizenich en yn 'e bosk oan de oare kant fan 't hûs wurdt it dampich. It komt fan de waerme middeissinne, dat it sa gau bilûkt..
Durk blaest de taptoe der noch achter oan, omdat it sa goed wol hjoed. Dêrmei hat er fuort it hiele repertoire ôfwurke. Mear kriget er net út de âld hoarn; twa fan de trije fentilen sitte fêst en de bern hawwe der mei de hammer op om timmere, dat der is ek net folle mear oan
| |
| |
to forhelpen. It ding is ek al tweintich jier âld en it koper skynt út in grienens.
Durk wachtet even en dan blaest er noch ris. Dat is in waskôging foar Bouwe, dy't op 'e side fan it hûs mei syn brommer dwaende is. Altiten lit er it ding raze as Durk appèl blaest.
De froulju komme der út, de lytsen der achter oan. Foekje is de lêste, mei lytse Durk oan 'e hân en Pytsje op 'e earm. Durk strykt de lytskes yn 't foarby gean oer de holle.
- Goeije heit, roppe de bern en Foekje seit: - Hast bloed op dyn bûsgroen.
Se skout mei de frije hân syn jaske fansiden. - En hjir noch folle mear, it is allegear bloed.
Se tilt syn earm op en wiist it oan.
- Bijke hat dat knyntsje justjes to bot biten, seit er. - Hy wie nochal fûl, fornaem ik wol.
Hy jowt syn folkje even de tiid, dan stiet elk kreas yn 'e rige foar de pomp. Durk jowt noch in stjit op 'e hoarn en dan komt Bouwe om 'e hoeke.
- Dou bist altiten to let, Bouwe, seit Durk. - Elk moat op dy wachtsje.
- As ik mei myn brommer dwaende bin, kin 'k de boel der sa net hinne smite.
- Dou bist altiten mei dat ding dwaende, mar dou hast dy oan de regels to hâlden. Ik jow elk de tiid om dien to meitsjen.
- Hwat wit heit fan moters ôf? Ik kin dy fine skroefkes en moerkes sa mar net op 'e reed lizze. As der sân oan komt en ik krij dat yn 'e karburateur dan draei ik de moter stikken.
- Ho mar, ik leau dy wol, mar likegoed hast der by to wêzen.
Durk stelt him foar it front fan syn húshâlding op en sjocht nei Foekje. - Elkenien present, mem?
- Tsjerk en Willem binne der net, Durk.
| |
| |
- Dat is de earste kear net.
- It binne greate jonges, Durk, seit Foekje.
- Ik mei der min oer, seit Durk. - Elk dy't hjir yn 'e kost leit, moat der om seis ûre wêze. Tensij it noadsaken binne.
Hy sjocht Foekje oan.
- Ik wit net hwat se by de ein ha.
- Moai, dus gjin forlof frege. Welr dan hoechstou gjin iten foar harren waerm to hâlden. Hwa't net op 'e tiid oan 'e krêbbe is, giet foarby.
- Nou ja....
- Gjin gepraet, regel en oarder moatte der wêze. Rapport mem.
- Neat bysûnders Durk.
- Nimmen oan 'e doar west hjoed?
- Net ien.
Durk sjocht by de rige lâns. - Klaske?
- Né, ik ha ek neat to melden.
- Hwer is dyn poppe, leave?
- Yn 'e hûs, hy slept krekt, heit.
- Dan moat ik dy aens mar even oersjen. Hoastet er ek noch?
- It is hast wer oer, it wie net slim.
- Moai sa, bern. Gryt?
Syn eagen geane der by del. It fanke hat al wer in oare jurk oan, liket him sa ta. En slim opmakke, oan de teannen fan de fuotten ta. Hy wol der hwat fan sizze, mar bidimmet him. It bern hat de jierren; se moat it sels witte.
- Ik woe fan 't winter mar yn Drachten bliuwe, heit. Wy wolle meiinoar in fietsje hiere en meiinoar kostet it net safolle. Dat sparret my fan 't winter reiskosten út en ik fyn it folle geselliger.
Der is Durk hwat opfallen. Hy wiist nei de feint, dy't achter Gryt nuveraerdich stiet to gysgobjen. - Hé, dou
| |
| |
bist aerdich foroare, seit Durk. - Hoe is de namme ek al wer?
- Dit is Johan heit, seit Gryt ienfâldich, - en hy hat hjir noch net earder west.
Durk sjocht forheard.
- It is ommers út mei Peter, forklearret Gryt, - dat ha ik heit fan 'e wike al sein. En doe ha 'k ek sein, dat Johan nou myn freon is.
- It is ek sa, stint Durk en hy prakkeseart der op om.
- Ik bin optheden tofolle fan hûs. Heule dagen oan 't wurk, in soad oan 'e kop. Hawar, it sil wol oerbetterje. Hoe hjit de jongkeardel?
- Ik bin Johan de Vries, seit de jonge.
- Bêst Johan, wel dou skikst aens mar mei oan ast der nocht oan haste, mar wy hawwe hjir op 'e pôlle ús eigen regels en dêr hast dy oan to hâlden.
- Ik fyn it hjir hartstikke leuk, seit Johan.
- Forsjoch dy der net op, jonge. It libben stelt hjir syn easken ek. En hwat ik sizze woe: dou fynst it miskien hwat in frjemd spul, dizze fortoaning, mar as ik gjin appèl hâld dan ûntkomt der my to folle. Sa machtich as wy binne....
- Jawis, dit is de manier, seit Johan fol bigryp.
- Moai sa, dan geane wy nou fierder. Bouwe? Ho wacht even, hwer hiestou it niis oer Gryt?
- Ik wol fan 't winter yn Drachten bliuwe, mei syn fjouweren op in fletsje en dan....
- Dêr sille mem en ik oer prate.
- As heit it net goed fynt, doch ik it dochs. Ik bin optlêst mearderjierrich.
- Toe mar, mar dochs sille wy der oer prate. Dou wiest oan bar, Bouwe.
- Ik leau, dat ik oare wike opsiz, rapporteart Bouwe noartsk. - Ik kin mei foegjen maklik hûndert daelders wyks fortsjinje.
- Dou kinst wol miene, datst ek al by de greate minsken
| |
| |
hearst, mar sa is it net. As der opsein wurde moat, dan sille wy dat earst goed biprate.
- Hy moat by Visser bliuwe, bringt Foekje der tusken.
- Hy kin dêr in soad leare.
- Leare, leare, hunet Bouwe. - Ik doch oars net as tsien sjouwe, spesy minge en hout oanbringe.
- Kinstou foegje? freget Durk.
- Ik ha it yn 'e slach. Nou ja, ik kin fansels noch net sa hurd as de oaren, mar as ik it fjirtjin dagen dien ha dan sille jim ris hwat sjen. Jan Sloothaak wol my graech ha en hûndertfyftich goune helje ik altiten. Kin 'k tominsten in nije brommer keapje.
Durk seit: - Wy sille der joun oer prate, mem en ik. Wy moatte dit goed ûnder eagen sjen. Hoe âld bistou optheden?
- Hy moat noch njoggentjin wurde, Durk, seit Foekje.
- Hy hat noch in soad to learen.
- De bihanneling fan dit forsyk wurdt oanholden, is Durk syn biskied. - Folgjende.
- Willem is der net, Durk?
- Dat is ek sa, ik sil it him joun sizze. Jantsje?
- Ik wol joun graech fuort, heit. Ik ha mei in pear famkes op 'e Sweach ôfpraet.
Durk sjocht Foekje oan.
- It is gjin bern mear, Durk. Se wurdt aens sechtjin.
Hy sjocht nei dat fanke en stint. - Bliksem, hwat giet it hurd, seit er. - Hoe let moat se thús wêze, mem?
- Net letter as tsien ûre hie 'k tocht.
- Verzoek toegestaan, nachtpermisje oan tsien ûre ta. Berend?
Berend skodhollet. De lytse Durk hat memme' hân loslitten en stelt him parmantich neist heit op.
- Hindrik?
- Gjin bysûnderheden.
- Gjin bysûnderheden, kraeit de lytse Durk.
De nije feint fan Klaske skattert it út. - Dat wurdt in
| |
| |
goede husaer, smyt hy der sa mar tusken.
- Hwat witstou fan de husaren? freget Durk.
- Ik ha ek by de husaren tsjinne, seit de jongkeardel.
- Dat is aerdich, sa'n ien ha wy hjir noch net hawn.
- Ik bin der pas oardeljier út, forklearret Johan him neijer. - Yn jou tiid wienen der noch hynders, hen? Klas hat my forteld, dat jo by 't hynstefolk west hawwe.
- Dei en nacht tusken de hynders, hwat tochtstou.
- Ik ha noait in hynder sjoen, allinne mar tanks.
- Der binne gjin hynders mear, hen? Dat ha'k ek heard, de hynders binne nei de oarloch ôfskaft. Mar hoe kinst husaer wêze sûnder hynder?
- Tradysje man, oars net as tradysje.
- Oars wol aerdich, seit Durk. - Wy moatte der al ris oer prate. Och hearken, hwat ha ik hwat bilibbe by de husaren. Hast wol ris fan de ritmeester Van Schaick heard.
- Né, dy namme ha 'k noait heard.
- Ik sprek nou fansels fan tritich jier herwaerts, mar....
- Sille wy earst net even dien meitsje, Durk?, freget Foekje.
Se pakt mei dat lytse bern om en de oaren wolle der ek wol ôf wêze.
- Hast al wer gelyk, leave. Wy geane fierder.
Hy sjocht freegjend nei de lytse Foekje, dy't allang net lyts mear is, mar altiten wol sa neamd wurde sil, salang hja alteast ûnder it selde dak forkeart as mem Foekje. De âldste bern hawwe bisocht har Femmy to neamen, mar dy namme hat Durk forbean. Durk sil him trouwens noait forsinne, hwant greate Foekje is by him altiten mem.
Foekje, de lytse, hat al hwat. - Ik moat in stretsbroek ha, heit. Alle bern op skoalle ha in stretsbroek.
Durk sjocht syn frou freegjend oan. Gryt seit: - Dat is in lange broek, mar dan in nauwen-ien mei bantsjes ûnder de fuotten lâns.
| |
| |
- Is dat it selde as in penty? freget Durk, hwant dat wurd hat er ûntholden fan in earder petear oer frouljusklean.
- Né, dat is gjin penty, seit Jantsje, - in penty is heul hwat oars.
- Binne dy miskien al wer út 'e moade?
- In penty is heul hwat oars heit, dat is in broekje mei hoazzen der oan.
- Mem moat dit mar ris bisjen, makket Durk him der ôf.
- Ik wit ek net hoe't it mei de sinteraesje liket fan 'e wike. Is sa'n ding djûr?
- In pear tsientsjes.
- As it mem fan 'e wike net past dan krigest ien fan my, bilooft Gryt gol. - Ik ha fan 'e wike opslach krigen en as dat bern graech in stretsbroek ha wol...
- Sa mei 'k it hearre, seit Durk, - de iene komt foar de oare op. Dat docht my deugd. It is ek wol ris oars, mar as it der op oan komt dan binne wy ien.
Hy sjocht greatsk nei Gryt har feint. - Sa giet dat by ús, jongkeardel.
Durk beart der wakker fan en Foekje seit ek, dat it in merakel is.
- Hoe fier binne wy, mem?
Durk sjocht it hear oer. De lytse Durk hat sines der al ta dien. Pytsje slept op memme' earm en der wurdt fierders troch nimmen mear hwat nei foaren brocht.
- Moai, dan mar even de tsjinstlist, tink. Mem, hwa binne oan bar?
Foekje sjocht de rige by lâns. - Klaske, soestou net...., hifket se.
- Sa kinne wy net, mem, ûnderbrekt Durk har. - Strikte rechtvaardigheid, sei de ritmeester altiten, en dêr hâlde wy ús oan.
- Nou, as jo de husaren bidoele, ik ha 't wol oars meimakke, seit de jongkeardel fan Gryt.
| |
| |
- Hwat seistou my dêr? Kin men by de Husaren fan Boreel net mear op inoar oan?
De jonge bynt gau ynr hwant Durk sjocht goed gleon.
- Der binne wol in pear minnen by, seit er, - ûnder de offisieren bidoel ik.
Durk heart der nij fan op.
- Smearlappen, seit de jonge manmoedich, - greate smearlappen en sa is 't.
Durk sil bigjinne út to pakken.
- Durk, seit Foekje, - it is ommers tritich jier lyn datstou yn tsjinst wieste. It kin wol foroare wêze.
- It is ek sa, mem, seit er birêstend. - Ik wol it gjin ligen hjitte; it is nou ien kear in rare wrâld. Mar ûnder ritmeester Van Schaick haw ik it noait meimakke, dat der immen forkeard bijegene waerd. Us ritmeester wie dêr fûl op. Fan findeldrager oant faendrich, allegear poer la patry. Sa sei er dat en it bitsjut safolle as meiinoar ien.
- Foar it faderlân, seit de jonge eigenwiis.
- Sa 'k sei, soksahwat, antwurdet Durk ûnforsteurber, mar hy kriget syn nocht al fan dy jonge syn greate mûle.
Foekje hat yn 'e hûs west en langet Durk in stik papier oer. It is de tsjinstlist, dêr 't fan elk op stiet hwat er to dwaen hat en hwannear.
- Ik wol hjir al mei dy oer prate, seit er tsjin Johan.
- It is my suver yn 'e wei, dat it optheden sa mâl giet by de husaren.
- Och, sa mâl giet it ek wer net, mar der binne nou ien kear smearlappen by en dêr dogge jo neat oan.
- Hwat let my en skriuw myn ritmeester in brief. Ik doar to wedzjen, dat hy der wurk fan makket.
- Durk, dy man kin ommers wol dea wêze, moannet Foekje.
- Sa âld kin er oars noch net wêze, biprakkeseart Durk, - mar ja, it is fansels wol tritich jier lyn, dat is sa.
| |
| |
Hy hat de list krigen en giet mei de finger by de nammen lâns. - Klaske hat moarn korvé, liketmy sa ta en Tsjerk en Jantsje moatte joun jirpelskile.
- Ik soe joun frij ha, ropt Jantsje.
- Dat is ek sa. Dan skoustou op en is it Berend syn dei.
- Ik soe....
- Gjin protest of it moatte noadsaken wêze.
- Ik soe joun to fiskjen.
- Dy fisken bliuwe der wol.
- De iel wol optheden goed bite.
- Moarn ek wol. Dit binne gjin noadsaken. Wel, ha wy it sa hawn, mem?
- Ik moat nei myn jirpels ta, Durk. Se steane to sieden.
- Hast gelyk, mem.
Hy set de hoarn oan 'e mûle en blaest de ôfmars.
- Oer in kertier oan 'e krêbbe, ropt er der achter oan.
- En nou wol ik mei dy prate, jongkeardel.
Hy wiist nei Johan.
- Kin dat letter net, heit? freget Gryt. - Wy soenen even mei de lytsen boartsje.
- Dat is goed, bern.
Durk bringt de hoarn yn 't hok en forset de kninetsjelp. En de geit en de skiep moatte ek forstutsen wurde. Berend freget oft heit him helpe kin om noch in útkykpost to bouwen yn 'e linebeam.
- Nei 't iten miskien, seit Durk - mar dan moat heit earst in knyn strûpe.
- Wol drok, seit Johan, dy't it oanheart, wylst Klaske de lytse bern by inoar fandelt, - wol drok, sa'n greate húshâlding.
- Hjir op 'e pôlle hat elk wol hwat to dwaen, jongkeardel, seit Durk. - Nimmen forfeelt him hjir.
|
|