‘Hast dat dan roppen?’ frege Sanne.
‘Nee! Dêr giet it net om! It giet om 't prinsipe! Do bist hjir op priveegebiet!’
‘Wat dochste? Bist soms wer mei dyn boek oan 'e gong?’
Hy kaam op my ta en besocht oer myn skouder te lêzen, wat ik skreaun hie.
‘Ksst!’ sei ik machteleas fan lilkens. Ik moast myn hannen brûke, oars hie ik him in reis ferkocht!
Ik lei de hannen beskermjend om dit rútsjeskrift hinne, lykas Anneke en ik yn 'e lêste klasse fan de legere skoalle diene, doe't wy fan elkoar net fan elkoar ôfsjen mochten.
‘Wêr giet it oer? Skriuwst ek oer my?’
‘Do bist sa brutaal as de beul, hè!’
‘Och...,’ die er sabeare beskieden.
‘Ja, dat ìs sa! In echte Aries! Dûbeld fel foar de kop!’
‘In wat?’
‘In Aries! In Raam! Do witst dyn grinzen net!’
Ik begûn alle ferkearde eigenskippen fan Aries-minsken op te leppeljen en struide der noch wat bitend sâlt fan oare stjerrebylden oerhinne, dat hie er dochs net yn 'e gaten.
Doe't ik einlings útpraat wie, stie it sa fêst as in hûs, dat Sanne in poerminnen-ien wie, dy't himsels it bêste mar opknoopje koe.
‘Witst datst moai bist, asto lilk wurdst?’
‘Grutte seksist!’
‘Dat ek noch,’ sei Sanne.
Ik gie oerein, klapte it skrift ticht, troppe it ûnder myn T-shirt, heal en heal by de bân fan de spikerbroek yn en seach gau even yn 'e spegel oft er gelyk hie.
Wie ik moai as ik lilk waard? Soe Rens der ek sa oer tinke?
‘Leo-minsken binne idel,’ sei Sanne. ‘En ferskriklik eigenwiis.’
Hy plofte yn myn iennichste luie stoel ûnder de poster