| |
| |
| |
Sneon, 20 augustus
De wûnders binne de wrâld noch net út! R.R. hat him nammentlik yn 't hol fan de Liuw weage en is boppedat sels ek in Liuw! Op it nipperke, mar dochs! Hoe bestiet it! Ik wist fan 'e moarn nèt wat ik hearde!
Ik wie noch mar krekt fan 't bêd, doe't Beppestyn ynienen achter my yn myn keammerke stie. Ik fyn it ferfelend, dat se der altyd samar yn brûst, sûnder fan te foaren op 'e doar te klop jen. Ik haw der al sa faak wat fan sein! Dat it net fatsoenlik is en sa en dat elk mins rjocht hat op in stik je privacy, mar Beppestyn har fatsoensnoarmen binne beheind, dy hâlde foar de doar fan myn gerjochtichheid op.
Fan 'e moarn fûn ik it ekstra ferfelend, want se kaam my oer 't mad. Ik stie foar de spegel nei mysels te sjen en ik fiel my de lêste tiid in bytsje skuldich as ien my by sa'n yntime oangelegenheid betrapet.
Ik wie krekt ta de konklúzje kommen, dat ik der min útseach. Ik hie kwabben ûnder de eagen, fetlik hier en in feale hûd. Myn hûd hat sa syn ups en syn downs. Fan 'e moarn wie myn hûd sa down as wat. Boppedat hat de pûst op myn kin de ôfrûne nacht astronomyske ôfmjittings oannommen.
Ik stie dus foar de spegel en ik wie net sa wiis mei mysels. Ik hie earlik sein in poermin sin. Dat lêste kaam fan dit boek. Ik haw juster oant djip yn 'e nacht oan it skriuwen
| |
| |
west en doe't ik my einlings hiel tefreden en foldien del joech, koe 'k earst net yn 'e sliep komme en letter moast ik oan ien wei fan pake Jelle - yn 'e kiste - dreame. It wie wer ris sa'n benaude en benear jende dream oer de Dea en de Duvel. It wie wer ris sa'n nachtmerje en ik waard beswit en wurch wekker.
Om mysels in bytsje op te peppen, helle ik dit rútsjeskrift ûnder it bêd wei. Dêr ha 'k myn boek lizzen as ik der net yn skriuw. It is it iennichste plakje hjir yn 'e hûs, dêr't it feilich is foar ûnbeskamsume, nijsgjirrige eagen. Ik haw myn romantyske ferhalen-skrift ek altyd op dat plak bewarre, foar't ik it ferskuorde.
Miskien moat ik dit boek ek wol ferskuorre, want ik wie hielendal net mear sa tefreden en foldien, doe't ik oerlies wat ik juster en fannacht allegear swart-op-wyt setten ha.
Hoe komt it dochs, dat alles moarns minder moai liket as jûns? Kin de Wierheid mei in grutte W it deiljocht net ferneare?
Ik lies en ik lies en ik waard wat langer wat mismoediger. En no noch!
Ik leau, dat ik net by machte bin de Wierheid en neat oars as dat te skriuwen. Ik gean by Dokkum om nei Ljouwert en draai om de kearn hinne as in kat om 'e hite brij. Ik helje der allerhande Ditten en Datten by, dy't der yn wêzen neat ta dogge.
Ik wol de Wierheid oer mysels skriuwe. Ik wol útfine wa't ik bin en wêrom.
Ik twivele oan alles, doe't ik fan 'e moarn myn boek wer ûnder it bêd lein hie. Ik stie foar de spegel en stuts de tonge út nei mysels.
‘Wa bin ik?’ tocht ik. ‘Bin ik wol wat? Wêr kom ik wei en wêr gean ik hinne? Wat is de sin fan myn bestean?’
Ik twivele sels oan Beppestyn har ferstân, doe't se ynienen achter my stie, mei sa'n ûnnoazel boadskip.
‘Der sit in jonge yn 'e keuken,’ sei se.
| |
| |
‘Moai sitte litte,’ sei ik lilk.
‘Hy hat dyn tas thús brocht en hy wol dy wat freegje.’
‘Wat tas!’ snaude ik.
‘Dyn skoaltas. Dy hast juster yn 't wiskundelokaal stean litten, sei dy jonge.’
‘O ja, 't is ek sa.’
‘Moatst even komme, oars is 't sa sneu.’
‘Ik bin noch net oanklaaid.’
‘No, doch dat dan!’
Se gie op it fuottenein fan myn bêd sitten en snúfde ferachtlik. ‘Hoe hast dat yn 'e goedichheid hân?’
‘Wat?’
‘Mei dy tas!’
‘O. Gewoan fergetten.’
‘Do ferjitst dysèls nochris, ast sa troch giest! Hoe koest no sa sleau?’
Ik luts oan de skouders en dêrnei gappe ik lang en lûd, sûnder de hân foar de mûle te hâlden. Myn skoaltas en de skoalle koene my op dat stuit in hiel lyts bytsje skele. Der wiene wichtiger dingen om my drok om te meitsjen.
Ik pluze oan de pûst op myn kin en die de doar fan de kleankast iepen. Wat soe ik ris oan dwaan? Wat gewoans of wat bysûnders? Wie it belangryk hokker klean ik oan hie? Wat wie belangryk yn it libben en wat net?
‘No, ik wit it wol!’ rôp Beppestyn. ‘Do krigest op 't heden fierste min sliep! Ik hear dy nachts wol om spanen! Ik haw wol fernommen, datst fannacht om twa oere it ljocht noch op hiest! Wêr liket dat op! It komt sa net goed mei dy! Do sjochst der út as in geast! Do moatst om dyn sunens tinke! Do bist yn 'e groei en do hast dyn sliep nedich!’
Ik liet har moai beare en eamelje en socht wylst in grize broek en in selde kleur trui út 'e kast. As ik dan klean oan ha moast, dan mar yn 't griis.
Wat wie ik oars as in ûnbetsjuttende grize mûs? Behalve
| |
| |
Beppestyn, soe it ommers net ien wat skele kinne, as ik op datselde momint dea del foel.
Der stoaren deis tûzenen minsken. Oeral. Rûnom.
Se stoaren oan in sykte, troch de oarloch, fan 'e honger, by in ûngelok of gewoan fan âlderdom. Mar dea giene se allegear, stik foar stik, ier of let.
Soe Ida my misse, as ik der net mear wie? Dy hie Menno ommers. Dy hie it berntsje yn har búk, dêr't se bliid mei wie, dêr't se fan hâlde koe. Ida hold net fan my en se soe my net misse.
Soene Theo en Jehannes en Sanne my misse? It libben soe gewoan troch gean.
Anneke? Dy hie genôch oan harsels en oan dy nuvere sykte fan har.
Oarepake?
Oarepake! Dỳ soe my misse, ek al hie 'k dan noch mar ien kear by him west. En ik hie beloofd, dat ik wer komme soe. ‘Seide tiid, selde plak,’ hie ik him ferline wike beloofd.
‘Ik kin net deagean,’ tocht ik. ‘Noch net.’
‘Ik moat fan 'e middei nei Oarepake ta,’ ûnderbruts ik Beppestyn har wurdestream en myn eigen gedachten.
Dat brocht Beppestyn net fan 't stik.
‘Sûnens is 't grutste besit, dat in minske ha kin,’ hold se my foar.
Se sei noch folle mear. Se helle alle sprekwurden en siswizen fan 'e stâl, dy't op it ûnderwerp ‘sûnens’ sloegen. Ik koe der net nei hearre.
Ik klaaide my oan en seach stikem yn 'e spegel. Wie ik dat? Dy grize mûs? Tryst!
Alles wie like tryst. Myn boek, de pûst op myn kin, myn hier, myn hûd, myn klean, myn sin en it waar. It waar wie sa tryst as it mar wêze koe. De reindrippen tikken
| |
| |
tsjin it dakrút oan. De wyn boarte mei it papier fan it romantyske ferhalen-skrift út 'e goate. De loft wie fol mei wolkens en mei hjerst en de sinne wie mei fakânsje nei 't bûtenlân.
It wie in grize dei. In dei om oer te slaan. Om gau wer op bêd te krûpen, mei de holle djip ûnder de tekkens en sliepe. sliepe! En nèt fan pake Jelle dreame. Foaral net fan pake Jelle dreame.
‘Dea-wêze is itselde as hiel lang sliepe,’ sei Beppestyn doe't ik acht jier wie. Se hie de gerdinen ticht skood en pake Jelle lei op bêd yn it sydkeammerke, mei de eagen ticht.
‘Wannear wurdt er dan wer wekker?’ frege ik ûngerêst.
‘Hy wurdt noait wer wekker. Dea-wêze is ivich.’
‘Is ivich itselde as: foar altyd?’
‘Ja.’
‘Noait’ en ‘Altyd’ en ‘Ivich’, wiene wurden, dy't ik net begripe koe.
Ik wòe se ek net begripe. Oeràl kaam ommers in ein oan. De dei gie foarby en dan waard it nacht en as it nacht west hie, dan waard it wer ljocht. Nei de maitiid kaam de simmer en dan de hjerst en dan de winter. De tiid bleau net stil stean, dy gie troch. ‘De tiid hâldt gjin skoft,’ hie Beppestyn sein.
Altyd mar sliepe, dat kòe gewoan net. Ivich dea-wêze, dat bestie net. Ik leaude net, wat Beppestyn sei. Pake Jelle waard wol wer wekker. Hy moast wer wekker wurde.
Beweegde dêr net in spierke by syn noas? Trillen syn eachlidden net? En syn mûle, gie syn mûle net in bytsje fierder iepen?
Ik moast even de oare kant út sjen en dan hiel hurd de tafel fan trije op sizze en dan ... Nee, ik moast op ien foet stean gean en dat tweintich tellen fol hâlde ... Nee, ik moast...
| |
| |
Ik seach nei pake Jelly syn gesicht, dat sa blau wie en sa stiifen sa kâld.
Ik wist ynienen, wat ik dwaan moast. Ik soe pake Jelle in tútsje jaan moatte, as Beppestyn even net nei my seach. Krekt as in prins út in mearke.
Ik moast pake Jelle wekker tútsje, sadat er de eagen iepen die en nei my lake en fan 't bêd ôf kaam. Sadat alles einlings wer ris in bytsje gewoan wurde soe.
Beppestyn soe de gerdinen iepen skowe en nei Ida skilje, dat se wol op it eilân bliuwe koe ...
Ik sei de tafel fan trije twa kear sûnder flaters te meitsjen op. Ik stie twa kear tweintich tellen ûnbeweeglik op ien foet, mar der feroare neat. Pake Jelle syn gesicht bleau like blau en stufen kâld. Pake Jelle sliepte net, hy wie dea. Foar't ik mei myn mûle syn wang oanrekke, wist ik al, dat it om 'e nocht wêze soe ...
‘Wat no! Gûlste?’ frege Beppestyn.
‘Ik haw wat yn 't each,’ sei ik.
‘O. No, bist klear?’
‘Hast.’
Beppestyn kaam muoisum oerein. Se hie it oer myn sûnens hân, mar se hie likegoed of noch better in preek tsjin harsels ôfstekke kinnen.
As Beppestyn fernommen hie, dat ik nachts om twa oere it ljocht noch op hie, wie dat it bewiis, dat se doe sèls ek noch net sliepte.
Wêr moast Beppestyn nachts oan tinke, as se net sliepe koe? Oan pake Jelle, mei de redens ûnder de fuotten?
Of oan Ida, dy't mear as sechtjin jier lang in muorre om harsels en om har fertriet hinne boude, sûnder iepening en sûnder doar?
Soe Beppestyn wolris oan de dea en de duvel tinke moatte? Of oan dy heit fan my, dy't myn heit net wurde woe en himsels fan kant makke? Achttjin jier, fierste jong om dea te wollen ...
| |
| |
Of soe se miskien oan Jehannes tinke moatte? Jehannes, dy't noait gjin rêst fine koe en midden yn 'e nacht Sanne syn brommer út it hok wei helle. Dy't mei wite ferve Jezus leeft! op 'e muorre fan de Roomske tsjerke sette. Dy't tocht, dat er op ierde de himel fertsjinje moast.
Ik stie mar yn 'e eagen te wriuwen, want ik woe net, dat Beppestyn seach, dat ik gûlde. Dan soe se witte wolle wêrom.
Ik wist sèls net iens krekt wêrom. Om neat. Om alles. Om mysels. Om oaren.
Om al it lytse en it grutte fertriet. Om wat minsken elkoar en harren sels oandiene. Om wat se woene en niet wier meitsje koene. Omdat se aardich wêze koene en fan elkoar hâlde, mar elkoar tagelyk it ljocht yn 'e eagen fergunden.
Ik gûlde om al dy tsjinstridichheden. Om it ferskil tusken ryk en earm, leafde en haat, oarloch en frede, himel en hel.
Ik gûlde universeel. Om't alle libben einige mei de dea.
Ik spjelde myn anty-atoombom-button op 't boarst om wat posityfs foar al dy ellinde oer te setten.
gjin bommen maar banen! tocht ik en ik seach nei mysels yn 'e spegel. ‘It libben ìs de muoite wurdich,’ hold ik mysels foar.
‘Bist no hast ris klear?’ frege Beppestyn ûngeduldich.
‘Noch toskpoetse,’ sei ik.
‘No, avensearje wat! Dy jonge sit mar te wachtsjen.’
‘Hokker jonge?’
Beppestyn suchte djip. ‘De-jonge-dy't-dyn-skoaltas-thúsbrocht-hat!’
‘Wa is dat dan?’ frege ik mei de mûle fol prodent.
‘Ien by dy út 'e klasse. Hy hat syn namme al sein, mar dy bin 'k even kwyt. It is de soan fan de konsjerzje fan jim skoalle.’
| |
| |
Ik spuide in mûlfol wetter yn 'e wasbak.
‘Watte? Rens Roazema?’
‘Kin wol wêze.’
‘Harrejakkes!’
Beppestyn wie op wei nei de doar, mar draaide har om, doe't ik fan harrejakkes sei.
Ik koe der neat oan dwaan, dat ik in fjoerreade kleur krige, dy't noch mear op foel, om't alles fierder griis oan my wie wat de klok sloech.
‘Doch net sa nuver! It like my in hiel fatsoenlike jonge ta.’
‘Sis mar, dat ik net thús bin,’ sei ik.
‘Ik liich net. En ik ha trouwens al sein, datst noch op bêd leist.’
‘Hè, bah!’
‘Wêrom: Hè, bah? Wat mankearret der oan dy jonge?’
‘Kwitnet. Neat. Alles.’
Ik luts sa ûnferskillich mooglik oan de skouders. ‘Se moast it allegear ris witte,’ tocht ik.
Ik wie even hiel bliid, dat ik sa ferstannich west hie om myn romantyske ferhalen-skrift te ferskuorren. Ik wie bliid, dat Beppestyn en iksels noait mear lêze koene, wat ik dêr, behalve oer Magnum, oer Rens Roazema yn skreaun hie. Fan 't maitiid, nei dy disko-jûn, doe't ik mei deselde jonge frijd hie, dêr't ik no harrejakkes tsjin sei.
‘It is in suertsje,’ sei ik.
Beppestyn taaste wat ferheard nei it sipeltsje yn har nekke en naam my skerp op. Ik telde hastich de blomkes op har mouskelk en ik kaam oan twaëntritich ta. ‘Ferblikke read wurdt rôse,’ tocht ik.
‘In suertsje? Do bist in suertsje!’ rôp se. ‘It is dochs hiel aardich, dat er dy de tas thúsbrocht hat! Hy is op 'e fyts en it waait hurd en it reint en it is hjoed syn jierdei...’ ‘Watte!’
| |
| |
‘Syn jierdei.’
‘Nee!’
‘Ja! Hy wurdt hjoed santjin jier.’
Ik koe it hast net leauwe, mar as Beppestyn wat seit, dan is it altyd de wierheid. Beppestyn liicht noait.
‘Dan is it in Leo!’ rôp ik lûd.
‘In wat?’
‘In Leo! In Liuw! Syn stjerrebyld!’
‘Do altyd, mei dy stjerrebyldeboel,’ fûtere Beppestyn.
‘No brekt my de klomp,’ sei ik ferheard tsjin myn spegelbyld.
Ik haw mysels ferline jier yn in rojale bui op in semiwittenskiplik hânboek foar de astrology traktearre, dat foar ƒ9,75 by de boekhannel yn de opromming lei.
It measte dat dêr yn stiet begryp ik neat fan. Dat is Bargedútsk foar my en liket wol op Wiskunde, mar der steane ek dingen yn, dêr't ik út en troch wat oan ha.
Sa haw ik niis de karaktereigenskippen van de manlike Leo's bestudearre en werklik wier, dat kin net better! Rens kin mar tefreden wêze mei himsels.
‘De mannelijke Leo (21 juli t/m 20 augustus) is weliswaar trots en hoogmoedig, maar tevens edel, standvastig, sterk en betrouwbaar. Degene, die een mannelijke Leo als vriend heeft, is verzekerd van een vriend voor het leven! Zo zal de mannelijke Leo zich zelden aan meer dan één vrouw tegelijk binden.’
Dat lêste fyn 'k wol belangryk om te witten. As it sa is, ik sis: as - it - sa - is, dat Rens Roazema fereale op my is, dêr't ik sa'n ûnmooglik wurd om sis - en it begjint der op te lykjen, dàt er fereale is - dan wol ik yn gjin gefal lid fan in harem wêze.
Wêr ha 'k it no dochs oer???
| |
| |
Lit ús foar de wissichheid en foar alle dúdlikens fêststelle, dat hy miskien wol, mar dat ik net fereale bin, al moat ik tajaan, dat ik sûnt fan 'e moarn wat geunstiger oer him tink en wat positiver foar him oer stean, as earder wol it gefal west hat.
Beppestyn hat wer ris gelyk. Rens ìs in aardige jonge. In leave jonge. En hy is ek wol kreas, ast teminsten hâldst fan it lange, atletyske, sportive type. Rens liket wol wat op Magnum, fyn 'k. En ek wol wat op Sanne.
It wie fan 'e moarn in brike sitewaasje, dêr by Beppestyn yn 'e keuken. Ik wit net, wêr't it fan kaam of wêr't it krekt oan lei, mar se diene allegear sa frjemd!
Theo bygelyks. En Sanne fansels, mar dy docht hast altyd nuver. En Jehannes ek.
Ik die sels leau 'k noch it alderfrjemdst. Ik sei dingen, dy't ik hielendal net sizze woe en dat hearde dan sa eigenaardich. Ik hearde mysels praten en ik seach my dêr by de tafel sitten, hiel nuver!
Rens die trouwens ek oars as op skoalle.
It wie krekt as diene wy meielkoar in toanielstikje!
In skets foar twa dames en fjouwer hearen. Sokssawat!
Beppestyn: (skoot my mei in gesicht as wie 'k in jierdeipresintsje troch de doar) No, hèhè, dêr is se dan.
Sanne: 't Sil tiid wurde!
Theo: Bonjour!
Rens: (yn in ferblinend giel-oranje wetterpak) Hoi!
Ik: (tsjin elkenien) Hoi. (tsjin Rens) Eh ... Lokwinske!
Rens: Danke.
Sanne: Lokwinske? Wêrmei? (sjocht Rens ferheard oan)
Ik: (tsjin Rens) En noch betanke foar it thúsbringen fan myn skoaltas.
Beppestyn: (tsjin Sanne) It is syn jierdei hjoed.
Theo: (tsjin it rút) De loft klearret wat op.
Rens: (tsjin my) Graach dien. En ... Ik woe dy freegje...
| |
| |
Sanne: (tsjin Rens) Is 't dyn jierdei? Hoe âld wurdst?
Rens (tsjin Sanne) Eh... Santjin.
Theo: En de sinne komt der by.
Ik: (tsjin Rens, wit oars neat te sizzen) Bist hjir op 'e fyts?
Beppestyn: (tsjin my) Dat hà 'k ommers al tsjin dy sein!
Sanne: (stekt Rens gol de hân ta) No, dan noch mar in soad jierren yn sûnens tawinske.
Ik: (tsjin Beppestyn) Hy koe hjir dochs ek mei de bus kommen wêze!
Rens: (tsjin Sanne) Danke, (tsjin my) Nee, op 'e fyts ja.
Beppestyn: (tsjin my) Sa'n sûne jongkeardel?
Sanne: (tsjin my) Hast him al in jierdeis-tút jûn?
Beppestyn: (tsjin my) Hy is net f an sâlt!
Theo: (tsjin Beppestyn) It reint net mear, it is droech.
Ik: (tsjin Sanne) Bemuoi dy mei dysels, pake Prûm!
Beppestyn: (tsjin Theo) Moai! Dan kin de wask aanst oan 'e line. (tsjin my) Femke! Wy skelle hjir net!
Sanne: (tsjin my) Wêrom krigesto sa'n kleur?
Ik: (hastich, tsjin Rens, wit oars neat te sizzen) Do bist in Leo. no?
Beppestyn: (tsjin harsels) Earst kofjedrinke. (tsjin Sanne) Rop do jehannes even.
Rens: (ferheard, tsjin my) Hoe bedoelste?
Sanne: (tsjin Beppestyn) Wêrom ik altyd?
Theo: (komt heal oerein) Ik sil wol.
Ik: (tsjin Rens) In eleejo, in Leo, in Liuw.
Beppestyn: Theo! Bliuw sitten! Ik ha 't Sanne hiten!
Rens: In liuw, eh... hoe bedoelste...
Theo: (giet wer sitten) O, pardon!
Beppestyn: Avensearje ris wat Sanne!
Ik: (tsjin Rens) Dyn stjerrebyld.
Sanne (tsjin Beppestyn) Stil mar Leave, ik draaf al.
Rens: (tsjin my) O.Ja, dat sil 't wol. Hoesa?
Beppestyn: (tsjin Rens) Wolst ek in bakje kofje?
Ik: (tsjin Rens) Dat is it geunstichste teken fan de diereriem.
Sanne: (yn 'e gong, ûnder oan de trep)Jehannes! Kofje!
| |
| |
Theo: (wapperet mei ien fan syn gouden hannen )Eh... Wat ik sizze woe... eh...
Ik: (tsjin Rens) Ik bin ek in Leo. In july-liuw.
Beppestyn: (tsjin Theo) Dat konsert? Sit der mar net oer yn, wy komme allegear.
Sanne: (giet wer sitten) Of wolst ús der leaver net by ha, Theo?
Theo: Nee... eh, nee, dêr... eh...
Sanne: (tsjin Theo) Hast ús sels útnoege!
Theo: Giet it net om... eh...
Ik: (tsjin Rens) Theo is fiolist. By 't Frysk Orkest.
Beppestyn: (komt oerein en jit kofje yn de boerebonten kopkes) Wêr giet it dàn om Theo? (tsjin Sanne) Hâld de fuotten by dy, ik stroffele der hast oer!
Ik (tsjin Rens) En moandeitejûn is der in konsert.
Rens: (sjocht bewûnderjend nei Theo) Fiolist! Gòh!
Theo: (tsjin Beppestyn) Nee, wat ik sizze woe... eh...
Jehannes: (komt der yn mei in tas fol bibels) Moarn! (sjocht op 'e klok) Is 't al sa let?
Ik: (tsjin Jehannes) In kertier betider.
Jehannes: (set de tas mei in plof neist de stoel) Dan moat ik avensearje.
Sanne: (tsjin Beppestyn) Wêrom giet dy klok noait lyk?
Jehannes: Ik moat nei 't sikehûs ta.
Theo: Nee, myn frou... eh...
Beppestyn: Wy ha in gast, Jehannes! (tsjin Sanne) Dan falt de tiid ús altyd in kertier ta. (tsjin Theo) Wat seist?
Jehannes: O heden ja, dat hie 'k noch net iens sjoen! (tsjin Rens) En wa is dit, as ik freegje mei?
Theo: (tsjin Beppestyn) Ik haw fan 'e moarn in brief fan har krigen.
Ik: (tsjin Jehannes) Rens Roazema.
Beppestyn: (tsjin Jehannes) Sit by Femke yn 'e klasse.
Sanne: (tsjin Jehannes) Wurdt hjoed santjin jier.
Ik: (tsjin mysels) Op it nipperke in Leo.
Beppestyn: (tsjin Jehannes) En hat har skoaltas thúsbrocht.
Rens: (giet stean, it giel-oranje docht sear oan 'e eagen, stekt
| |
| |
Jehannes de hân ta) Rens Roazema.
Beppestyn (tsjin Jehannes) Syn heit is konsjerzje op Femke har skoalle. (tsjin Rens)Jonge, wat switste! Doch dy reinklean even út!
Theo: It is droech en de sinne skynt.
Jehannes: (fûstket mei Rens) No lokwinske. Mei Alles. Ik bin Jehannes.
Sanne: De Doper.
Beppestyn: Sanne! (tsjin Theo) Wat seisto niis?
Ik: (tsjin Rens) Jehannes is evangelist.
Sanne: (kriget twa stikken koeke fan de skaal) Wat doch ik no wer ferkeard?
Theo: (tsjin Beppestyn) Ik ha in brief fan myn frou krigen.
Rens: (sjocht nei Theo) In fiolist. (sjocht nei Jehannes) In evangelist...
Ik: (sjoch nei Sanne) En in egoïst. Beppestyn hat in kosthûs.
Beppestyn: (tsjin Sanne) Wy skelle hjir net! (tsjin Theo) In brief? Fan dyn frou?
Rens: (docht wetterpak út en reaget hast syn kopke om) Gòh! O. nim my net kwea-ôf.
Sanne: De Doper is gjin skèlnamme!
Jehannes: (hellet bibel út 'e tas, tsjin Rens) Kensto ‘Het Boek Der Boeken?’
Beppestyn: Jehannes! Wy binne oan it kofjedrinken!
Rens: (tsjin Jehannes) Eh... (ferslokt him yn 'e kofje)
Sanne: (tsjin my) Klopje him op 'e rêch, hy smoart hast! (kriget noch in stik koeke fan de skaal)
Rens: Hoecht net, it is al wer oer. (tsjin Jehannes) Wat seine jo?
Ik: (tsjin Sanne) Da's dyn tredde stik koeke! Niis twa stikken tagelyk en no noch ien, da's trije.
Sanne: (tsjin my) Tsjong! Kinst aardich rekkenje!
Beppestyn: Sanne! Lis del!
Jehannes: (tsjin Rens) Kensto jezus?
Sanne: (tsjin Beppestyn) Ik fergean fan 'e honger.
Rens: (tsjin Jehannes) Jezus? Eh... nee, net persoanlik.
Theo: (tsjin Beppestyn) Se wol skiede!
| |
| |
Jehannes: (tsjin Rens) No jonge, dan krigest fan my in bibel op 'e jierdei. Asjeblyft!
Beppestyn: (tsjin Theo) Skiede? Wa?
Rens: (sjocht ferbjustere) Wat aardich. Dankewol!
Jehannes: (tsjin Rens) En datst 'm mar yn sunens ferslite meist.
Theo: (tsjin Beppestyn) Myn frou! Ik haw fan 'e moarn in brief fan har krigen en dêr stie yn, dat se sa gau mooglik fan my skiede Wol!
Sanne: (mei de mûle fol koeke) Dat sekreet!
Beppestyn: Sanne! Wy skelle hjir net! (tsjin Theo) Wêrom dat sa ynienen?
Theo: In oare man! Dy wol mei har trouwe!
Beppestyn: Hoe is 't mooglik!
Theo: (komt oerein, klapt as in lyts bern yn 'e hannen en sjocht as hat er de hûnderttûzen wûn) Se wol skiede! (ropt optein) Ik bin sa bliid! Sà bliid!
Der foel nei Theo syn blide wurden in lytse stilte, dêr't wy allegear leau 'k like ferstuivere yn wiene. Rens, om't er samar fergees in bibel yn 'e hannen treaun krigen hie en wy, om't Theo sa nuver die. Wy hiene him noch noait sa fleurich sjoen. Hy wie gewoanwei út 'e skroeven!
Wy koenen Theo as in wat bleue, beskiedene, stille man, dy't ûnder it kofjedrinken en it iten de mûle eins allinne mar iepen die om der wat yn te dwaan. Der kaam noait net safolle út.
‘Der sit gjin praat by,’ sei Beppestyn fan Theo, doe't er by har yn 'e kost kaam. Dat wie gjin krityk, dat wie in konstatearring. Beppestyn nimt de minsken sa't se binne, gek of knettergek, dat makket har neat út.
Beppestyn wie dan ek as ears te fan de skok bekommen. Se dronk har kopke leech, skode de stoel achterút en kaam oerein om Theo in tút te jaan.
| |
| |
‘No bist frij, jonge! Gjin mot mear om 'e teannen!’
‘Theo! Traktearje!’ brulde Sanne, dy't altyd it earst oan syn mage tinkt.
Behalve Rens stiene wy doe allegear om Theo hinne, huften him op 't skouder, joegen him de hân en diene it ús oan tiid om him ús hiele en heale wiisheden ta te roppen.
Under Jehannes syn lange preek kaam de koekoek út 'e klok. Alve oere min in kertier.
‘Ik stap mar wer ris op,’ sei Rens tsjin himsels.
Ik seach him dêr iensum en ferlitten by de tafel sitten. Hy fielde him dúdlik oer en tefolle en hold de bibel sa houterich yn 'e hannen, dat ik doe foar 't earst fan myn libben: ‘Wat in leave jonge’ fan him tocht. Gjin suertsje en ek gjin swetser, mar dêr wat tuskenyn. Gewoan. In leave jonge.
Jehannes moast nei 't sikehûs en de oaren moasten ynienen ek allegear wat. Rens en ik bleauwen allinne oer. Hy hise himsels wer yn 't giel-oranje, hoewol't it gjin drip mear reinde en de sinne troch de wolkens kaam. Hy die de bibel yn 'e kapúsjon. Dat fûn ik net sa'n logysk plak foar in bibel, mar ik lake der gelokkich net om.
‘Wat ik sizze woe...’ sei Rens, doe't ik him oan 'e fyts ta brocht hie. ‘Hast it jûn ek drok?’
‘Eh... nee, húswurk meitsje,’ sei ik.
‘O dàt hast yn in lyts oere besjoen. Wy ha net folle op.’
‘Ja do! Ik net! Der is ek wiskunde by!’
Ik fûn mysels in húchelder. Ik wie hielendal net fan plan om de tiid oan wiskunde te fergriemen. Ik woe skriuwe. En oars net.
‘Ik jou in feest,’ sei Rens tsjin it stjoer fan syn fyts. ‘Yn 'e kelder fan ús skoalle.’
‘In feest? Wêrom?’
Hy helle wat ferlegen de skouders op. ‘Fanwege myn
| |
| |
jierdei. Us hiele klasse komt. Teminsten, de measten.’
‘Anneke net,’ sei ik.
‘Dy is dochs siik? Us heit sei...’
‘Ja.’
‘Ik wol har bêst freegje, mar ik wit net oft...’
‘nee.’
‘It oare jier miskien. Dan is se wol wer better.’
‘Ja.’
Wy stiene in skoftke te swijen. Rens stoarre nei de anty-atoombom-button op myn boarst en ik pluze oan myn pûst.
‘En do?’ frege er.
‘Wat?’
‘Komst jûn op myn feest?’
‘Och... ik eh...’
Syn eagen giene nei boppen en moeten dy fan my.
‘Sûnder dy is der neat oan,’ sei er.
‘Dàn kom ik,’ sei ik.
It is no sneontemiddei trije oere. Ik moat ophâlde fan skriuwen, want ik moat nei Oarepake ta. Mar ik kin hast net ophâlde. Ik begryp ynienen neat mear fan mysels. Fan 'e moarn noch in sin as in baarch en djip yn 'e problemen en no ... Ik koe wol manysk-depressyf wurde! Krekt as Anneke. Fan 't iene uterste yn't oare.
Ik bin der net wis fan. Fan R.R. bedoel ik. En ek net fan mysels. As ik wat foar him fiel, ik sis: as - ik - wat - foar - him - fiel, dan fielt it yn alle gefallen hiel oars as doe't ik noch fan Magnum hold.
It is fiif minuten oer trijen! Ik moat fuort!
P.S. Minsken, dy't om horoskopen en om stjerrebylden laitsje, moatte harren mar ris goed betinke! Want wat stiet der hjoed yn 'e sneinsbylage fan de krante ûnder it teken leo?
| |
| |
‘U krijgt zéér binnenkort een uitnodiging voor een feestje!’
Der stie noch folle mear. Oer de leafde en sa, mar dàt set ik moarn wol swart-op-wyt.
|
|