De kaertlizzer
(1994)–H.G. van der Veen– Auteursrechtelijk beschermdStaveringIk ha besocht om allinnich de stavering oan te passen en de taal yn syn wêzen te litten. Alle gefallen dy't ik twivelich fûn haw ik trochpraat mei Piter Boersma, lid fan 'e Wurdboekstêf fan 'e Fryske Akademy en it omstavere typoskript is troch him hifke. Van der Veen is gelokkich oer 't generaal in konsekwinte staverder, dat jout gâns hâldfêst by it omstaverjen. De foarnaamste omsettingen binne:
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 79]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 80]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
TaalDe taal is as sadanich net oantaast, mar der is wol mear ienheid yn brocht. Der komme nammentlik nochal wat dûbeldfoarmen foar: hiene/hienen; hiene, diene, wiene, koene, soene, woene, seine en leine komme 58 kear sûnder en 10 kear mei slot-n foar; ik ha de n by dy 10 weilitten; twiske/twisken; twisken komt mar ienkear foar, dat is feroare; heare/hearre; neist heare(n) (3x) komt hearre (3x) foar en fierder behearende en hearing (= hjerring); der is keazen foar hearre; drait/draait; neist drait (3x) ek draait (1x), fierder naid, draide, klaid en waye, beklaye, maye en klagge, offagge; der is keazen foar de lange foarm; pealen/peallen; neist dykpealen komt dampeälen foar (dat trema jout de brekking oan); der is keazen foar peallen; ward/waard; neist ward (6x) komt waard (2x) foar; der is keazen foar de lange foarm; ron/roan/rûn; ron komt 1x foar, roan 2x en rûn 4x; der is keazen foar rûn; on/ûn; on(t) komt 13x foar, ûn(t) 9 kear, dat in kar is slim; de saak wurdt noch mear komplisearre troch on/ûn yn oare wurden: hondert (2x)/hûndert (11x), onder (0x)/ûnder (44x), bysonder (1x)/bysûnder (0x), ferwondering (1x)/ferwûndering (0x), sonder (0x)/sûnder (6x); der is keazen foar ûn; folkje/folkjen; in lêstige boel! In folslein oersjuch:
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 81]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Dit ferskaat is yn wêzen litten; egen/eigen; komme beide 6x foar; egenlik nea en eigenlik 2x; dêrneist noch egentlik (3x)/eigentlik (6x); de foarmen mei ei en mei t winne it; dêrom is keazen foar eigen en eigentlik; mannich/manich; neist mannich (5x) komt manich (8x) foar; der is keazen foar mannich; doch/dochs; doch wint it mei 15x fan dochs (14x); it ferskil is lykwols minimaal; keazen foar dochs; witte/wite; wit (14x)/wyt (17x), witte (0x)/wite (15x); der is keazen foar wyt en wite; merken/marken; merk(e) (1x)/merkeldei (1x)/mark(e) (5x); keazen foar marke en markeldei; divel/duvel; duvel komt ienris foar, yn 'e gearstalling duvelbanner; dat is feroare; tabak/tobak; beide 1x; der is keazen foar de earste foarm; nin/gin/gjin; nin (53x)/gin (4x)/gjin (5x); fan gin en gjin - dy't allinnich yn it begjin foarkomme - is nin makke; dus/dos; dos (4x)/dus (2x); fan dy 2x ienris yn it gedicht dat yn it Súdhoeks skreaun is; dos is neffens Waling Dykstra allinnich in staveringstradysje, dêrom feroare yn dus; hon/hûn; hon komt ienris foar, yn honnebyljen; fan dy hon is in hûn makke. selde/selfde; (dy/de)selfde (4x)/(de)selde (2x); noch ienkear selver, oars altyd sels (sels: 15x, harsels: 2x, fansels: 1x, himsels: 1x); fan (de)selfde is (de)selde makke, mar selver is bleaun; allerhilligen/allerhelligen; allebeide 1x, der is keazen foar de i-fariant; | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 82]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Oare twivelgefallen: oareheit, hieren, sleaten en mealen hawwe oan 'e stavering te sjen gjin brekking, wylst se dat no wol hawwe. Der is keazen foar de brutsen foarm. Plaanút komt twaris foar, en allinnich mar lang. Dat is sa bleaun. Kreftige, befestige en mesten hawwe gjin dakje, likemin as flesk nammers. De earste trije hawwe in dakje krigen. De útspraak fan donsjen komt no noch hast sa foar as doansjen, ek yn 'e Súdwesthoeke. Om dy reden is it steanbleaun. Mei mounle kin men yn prinsipe twa kanten út: mole en mûne, der is keazen foar mûne. Tsjustere gefallen binne: sloarich en opmasken. Sloarich is grif in byfoarm fan sloadrich (mei brekking), it is wizige yn sloarrich. Opmasken heart yn 'e stavering in stomme r te hawwen: opmarsken. By einsluten, it brûken fan 't yn doe't, hoe't ensfh. komt yn 'e 19e ieu op en it set him troch; ynearsten binne de skriuwers noch wolris ynkonsekwint en dat soks yn dizze tekst ek it gefal is, leit foar de hân; it is net korrisearre. In lyts oersjuchje:
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 83]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
|