De kaertlizzer
(1994)–H.G. van der Veen– Auteursrechtelijk beschermdLettertypenYn 'e earste printing wurde alle persoansnammen yn lyts kaptaal set. Ik ha dat allinnich oanhâlden foar de sprekkersnammen yn 'e toanielstikeftige passaazjes. Kursivearre wurdt der in heel soad: 1. ierdrykskundige nammen, 2. wurden dy't klam krije, 3. twa rymkes, 4. byen skelnammen, 5. wurden fan frjemd komôf en 6. in rezjyoanwizing. De twa rymkes en in melodijoanwizing haw ik kursyf litten en fierder in tal wurden en wurdgroepen fan Hollânsk komôf Oars is alle kursyf oprûme. By de kategoaryen 1, 4 en 6 wie dat gjin probleem. By de wurden dy't klam krije, giet it om twa soarten, te witten guodden dy't mei klam útsprutsen wurde en guodden dy't, tink ik, neffens de ferteller bysûnder wichtich binne. It soe in te ûnrêstich lêsbyld jûn ha as men al dy wurden in aksintteken jaan woe, dat dy aksintuearringen binne weiwurden. De frjemde wurden haw ik gewoan romein set, en foarsafier nedich haw ik it staveringsjaske noch wat mear ferfryske. By ‘extra onare occasie's’ seach ik gjin mooglikheid ta oanpassing oan 'e Fryske stavering. Dêr haw ik dan inkele skrapkes om set. Dat is by noch in stikmannich wurden bard. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 84]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
OanhellingstekensVan der Veen brûkt de oanhellingstekens foar de direkte rede, útsein as er syn ferhaal yn toanieldialoochfoarm jit. Dat op himsels is wol konsekwint dien. Hy brûkt lykwols de oanhellingstekens (soms) ek foar de yndirekte rede en foar sitaten út in oare tekst yn 'e persoans- of fertellerstekst. In komplikaasje is dat soms in yndirekte rede oergiet yn in direkten - fansels, dat is tige yn ienklang mei ús praattrant, mar it is wat lêstich om it goed foarinoar te bringen op papier, benammen as ien it net al te konsekwint dien hat. Ik ha my der sa útret, dêr't ik tocht dat dochs dúdlik makke wurde moast dat der in tekst oanhelle waard, haw ik inkelde skrapkes brûkt. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
YnterpunksjeDe ynterpunksje fan Van der Veen wykt tige ôf fan wat no gebrûklik is. Hy brûkt de dûbele punt soms en de puntkomma heel faak, dêr't wy in komma sette soenen. Ik ha dêr rigûreus yn feroare. Nei in útropteken giet Van der Veen gauris mei in lytse letter fierder, dat komt, hy brûkt it útropteken nei appellearjende wurden as Gatske! of hear! dy't part fan 'e sin útmeitsje. Ik ha fan gefal ta gefal dien wat my it bêste talike. Of nei it útropteken in haadletter, of it útropteken nei de ein fan 'e sin skowe, of it ferfâle litte. Kombinaasjes fan fraachteken en útropteken haw ik ferfongen troch ien fan beiden. Van der Veen brûkt in soad stippeltsjes. Ik ha se stean litten, mar sa feroare dat no it útropteken, it fraachteken en de lêstekens oan 'e ein fan 'e sin nèi de stippeltsjes steane. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 85]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Alinea 'sYn 'e fertellerstekst haw ik de alineayndeling yn wêzen litten. Yn 'e persoanstekst haw ik gauris yngrepen, om't al dat ynspringen it byld ûnrêstich makket. Allinnich as in persoan langer oan it wurd is en echt fan ûnderwerp feroaret, haw ik de alineayndeling oernommen. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
WurdferklearringenDer komme nochal wat wurden foar dy't foar tsjintwurdige lêzers tsjuster binne. De slimsten folget hjirûnder in ferklearring fan. Foar fierwei it grutste part binne dy oernommen út 'e útjefte-Stienstra:
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 86]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 87]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 88]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 89]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Der binne in pear sinnen dy't net sa dúdlik binne, foarst: ‘Doe wie dat ommers alhielendal in skuld’ (yn it petear fan húsbaas en Obbe). It orizjineel hat ‘ien skuld’. Is ‘ien’ in printflater foar ‘ein’ (= eigen)? Mar ‘ein’ yn dizze betsjutting komt fierder net foar. Yn datselde petear: ‘En it wie je dochs sa tsjuster oars.’ Inselde konstruksje yn hdst. VI: ‘dat er je dochs suver droech wie.’ ‘Je’ sil hjir persoanlik foarnamwurd wêze mei deselde funksje as ‘my’ yn bygelyks: Dy hûn hat my alles stikken fretten. Yn hdst. V de sin: ‘... om't skoalmaster 'er ek in aparte sang foar op dichte hie.’ Yn ús spraakgebrûk soe der ‘de skoalmaster’ stean moatte, of inkeld ‘master’. Grif is dat doe oars oanfield. By einsluten de sin; ‘Wat ornearje’ yn it petear fan Gatske en Wytske. Dat ‘ornearje’ is grif ûntstien út ‘ornearje je’; de beide je's binne gearfallen.
Tr. Riemersma |
|