De kaertlizzer
(1994)–H.G. van der Veen– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 76]
| |
De earste printing fan 1856De earste printing fan De kaartlizzer is útkommen te Ljouwert by D. Meindersma Wzn. yn 1856 en printe foar it Selskip foar Fryske taal en skriftekennisse. It is mar in behindich boekje fan 10 1/2 by 17 sintimeter en 60 siden tekst, yn in blau omslach mei in sierrântsje. Foar de titelpagina hat de setter, sa't doe wênst wie, alle letterbakken oer de kop skuord om der in ‘moai’ geheel fan te meitsjen. Wy fine soks no gauris wat te goedkeap, te ropperich, mar it hat syn sjarme. | |
De twadde printing fan 1965Komt de earste printing net út as ‘gewoane’ útjefte fan in útjouwer, mar fan in organisaasje, dat is noch sterker it gefal mei de twadde printing. Dy wurdt útjûn as nr. 2 yn 'e Idunarige, in searje ‘Teksten út de Fryske skriftekennisse fan de njoggentjinde ieu’. It is ien fan 'e rigen fan 'e Fryske Akademy Yn 1965 stie dy rige ûnder redaksje fan K.S. Katsma, Y. Poortinga en G. van der Woude. De printer wie Laverman te Drachten. It seit himsels dat útjefte yn in wittenskiplike rige it net stelle kin sûnder in ‘besoarger’, dat wie yn dit gefal Jan Stienstra. Hy hat in ynlieding skreaun en in ferklearring jûn fan in lytse twahûndert wurden en útdrukkingen. Hoewol't dat nearne mei safolle wurden sein wurdt, liket dizze útjefte typysk foar it ûnderwiis ornearre te wêzen. Dêr wiist yn 't foarste plak de fantasyleaze wize fan uterlike en ynderlike fersoarging op, it boekje lokket net ta keapjen en lêzen út. Dêr wiist ek it annotearjen en benammen de manier dêr't | |
[pagina 77]
| |
dat op dien is op: yn 'e marzje wurdt mei in stjerke oanjûn dat in slim wurd yn dy rigel efteryn ferklearre wurdt. Soks makket de blêdspegel knap ûnrêstich en foar ‘gewoane lêzers’ steurend. Dêr wiist fierder op dat de taal fan it wurk yn wêzen litten is, der is inkeld omstavere. Yn it kader fan in wittenskiplike útjefte hie oer dat omstaverjen nammers wol wat mèàr sein wurde kinnen yn it foarwurd. Stienstra hat dat grif nei ear en gewisse dien, mar men hie wollen, hy soe yn alle gefallen de twivelpunten neamd hawwe, lykas wæst, dyselfde, bihearende, twiske. Ik haw in lytse stekproef nommen en it foel my op dat ‘gin’ soms sa bliuwt, mar ek wol ‘gjin’ wurdt; ‘mealen’ bliuwt sa, mar ‘pealen’ is feroare yn ‘peallen’, ‘poattsje’ is feroare yn ‘potsje’, mar ‘poatten’ is net wizige, der binne foarmen neistinoar as ‘rjucht/rjocht’. It kin hjir om fersinnen gean fansels, mar men hie dan doch graach witte wollen wat it prinsipe wie. De ynlieding is wat meager, it wichtichste dat meideeld wurdt is dat De kaartlizzer werom giet op wier barde foarfallen en besteande persoanen. | |
De tredde printing fan 1995De kaartlizzer ferskynt no foar de tredde kear. Diskear as ‘klassyk’ Frysk boek dêr't by de lêzers noch altiten fraach nei is. Lit ús hoopje dat it Fryske lêzerspublyk dy ûnderstelling net beskamme makket. It boek heart yn alle gefallen sûnder foarbehâld ta de klassiken. Utjefte yn 'e rige klassiken hâldt yn dat de tekst útjûn wurdt neffens de ôfsprutsen prinsipes. Dat betsjut oansluting by de tsjintwurdich gongbere stavering en oansluting by de dialektfariant dy't op it stuit ta it standen rekkene wurdt - dat lêste foarsafier mooglik en winsklik. Teffens wurdt, alwer foarsafier't dat moat en kin, ienheid brocht | |
[pagina 78]
| |
yn 'e farianten. It doel is koartsein: mei sa min mooglik ‘bedjerren’ fan 'e orizjinele tekst it wurk tagonklik meitsje foar in breed publyk. Ik haw yn 'e tekst heel wat wizigingen oanbrocht. Hie it hjir om in frij resint wurk gien, dan soe ik dat foar in grut part stilswijend dien hawwe. No't it om in âlder wurk giet en in wurk boppedat dat alris op in wittenskiplike manier útjûn is, fiel ik my twongen om my wiidweidich te ferantwurdzjen. Ik doch dat yn in aparte paragraaf. |
|