De kaertlizzer
(1994)–H.G. van der Veen– Auteursrechtelijk beschermdAndwird op de priisfrage‘Disse 11 fon Winmoane 1854’ skreau it ‘Selscip foar Frysce tael in Scriftenkennisse’ in priisfraach út foar in folksboekje, yn 'e Fryske taal skreaun, dat in oarspronklik ferhaal befette. It boekje moast op 'en minsten 32 siden grut wurde mei op elke side sawat 30 rigels. Oare en wichtiger easken: in goede strekking en út ynhâld, styl en stavering moast in goede kennis fan 'e Fryske sprake bliken dwaan. Der wie in ‘earepriis’ fan ƒ50,- mei te fertsjinjen. Der kamen fjouwer ynstjoeringen yn dy't beoardeeld waarden troch in sjuery, besteande út J.D. Ankringa, M. de Haan Hettema, J.G. Ottema, R. Posthumus en A. Telting. | |
[pagina 59]
| |
De twa ynstjoeringen dêr't by einsluten de kar tusken gyng, wiene Uwnk in lok en De kaartlizzer. Ankringa en De Haan Hettema woenen De kaartlizzer bekroane, de oare trije keazen foar Uwnk in lok. Dat moat jin eigentlik noch tafalle, ommers, De kaartlizzer foldocht net oan 'e stelde easken. It is, mei syn slimme komposysje en syn tsjustere petearen gjin ‘folksboek’, it hat ek gjin ‘goede strekking’, de dogenjitten wurde net straft, en ek op it stik fan it ‘goede Frysk’ doocht it net, der sitte in heel soad Hollanismen yn. Priizge wurde de libbenens fan 'e petearen, de goede útbylding fan seden en gewoanten, de beskriuwing fan 'e natuer, mar... it is wol wat tige realistysk mei syn ‘plompe’ útdrukkingen en fierder, dat is Ottema fan betinken, in frommis fan fyftich jier dat mei oare manlju omslacht is om fan te koarjen. En sa krige it nuete boekje Uwnk in lok, dat bliken die fan D. Hansma te wêzen, de earepriis. Mar de sjuery hat grif doch safolle wurdearring foar De kaartlizzer utere, dat it selskipsbestjoer besletten hat dat hanskrift in bypriis fan ƒ15,- te jaan. It Selskip beslút om beide manuskripten út te jaan en dat bart ek. Van der Veen ferwart him tsjin 'e sjuerykrityk yn in brief fan 11.08.1856 oan T.R. Dykstra, de Selskipsfoarsitter. Hy leit der klam op dat dat mansike frommis fan fyftich jier nei de werklikheid tekene is. Mar hy is ree om har om reden fan it fatsoen tsien jier jonger te meitsjen. Oer de slimme komposysje skriuwt er: in romantsje moat oan 'e ein ta tsjuster bliuwe, as men daliks fiele kin wêr't it hinne giet, dan is der in bytsje oan. Oan 'e ein fan it brief blykt syn skriuwersgrutskens: Myn Kaartlizzer sil lêzen wurde en 't publyk sil 't fonnis felle, n't wier? | |
[pagina 60]
| |
Karakter fan it boekYn myn proefskrift haw ik in tal gruttere proazaferhalen meiinoar fergelike op útienrinnende formele en ynhâldlike punten. Gauris docht bliken, dat De kaartlizzer fan it gewoane stramyn ôfwykt en mei in wikseljend tal oare ferhalen yn in restgroep telâne komt. De kaartlizzer wykt ôf op de punten fan it type aventoer, fan 'e kar fan 'e fertelde episoaden, fan 'e beskriuwing fan uterlik en ynderlik fan 'e personaazjes (benammen fan Gatske) dy't hjir net-stereotyp is, fan 'e eksplisite wurdearring fan it plattelân, fan 'e fertelsituaasje, fan it net-bestraffen fan it kwea, en troch it bysûndere ferskynsel fan 'e stylopposysje. Yn syn meast markante ôfwikingen giet De kaartlizzer lykop mei Ut 'e modder fan 'e maatskippij fan S.K. Feitsma. Myn proefskrift is sa opset, dat ûnderskate aspekten fan 'e behandele wurken yn ferskillende paragrafen te praat komme en it dêrom wat lestich is om sicht te krijen op it ôfsûnderlike wurk as geheel. Sa'n gearhingjende fyzje wol ik hjir presintearje. It meast bysûndere fan De kaartlizzer is, dat it boek tsjinstridich is yn syn útdroegen fyzje op de wrâld. Yn syn lofsang op it plattelân - dy't men yn gjin inkeld oar 19e-ieusk ferhaal sa sterk oanset fynt - liket it ferhaal oan te sluten by it wênstige Fryske proaza dat in harmoanyske, lokkige plattelânsmienskip skilderet mei no en dan in wanklank. Mar dat flokt mei it dwaan en litten fan 'e personaazjes dy't helendal net harmonieus meiinoar ferkeare. ‘Ien húsgesin liket de hiele streek!’ wol de skriuwer ús leauwe litte, mar hy wit wol better. Yn itselde gea wurde twa wrâlden stâljûn, de realistyske wrâld mei ûntrou, yntrigearjen en rabjen, in benearjende wrâld bytiden, en de ydillyske wrâld dêr't alle minsken bruorren yn binne. Dy twa ferneare inoar net en se binne | |
[pagina 61]
| |
net meiinoar te fermoedsoenjen. Mar om doch ienklang te krijen, wol de ferteller, sa liket it, mei syn útskroeven lofsang op it plattelân syn eigen rou en rûch ferhaal oerroppe. Dy twa wrâldfyzjes wurde utere troch - sa komt it jin oan alteast - twa ferskillende fertellers. De dúdlikst merkbere ferteller is de auktoriale ferteller dy't oersjuch hat oer de hele histoarje, dy't fan alle personaazjes alles wit en dy't it hele ferhaal oan syn lêzers oanbiedt. Hy fertelt de ferbinende parten, hy fiert de lêzer oan 'e hân by de ferskillende foarfallen lâns en stjoert de lêzer syn ferwachtingen en wurdearringen. It is dizze ferteller dy't it ‘offisjele stânpunt’ ynnimt, dat it plattelân in oarde fan bruorskip, mienskipssin, tsjinstreeëns en gastfrijheid is. It ferkearde dêr't er ta syn leedwezen doch fan berjochtsje moat, dêr sil de Almachtige en Alwittende him wol mei rêde. Mar der is ek in oare ferteller dy't fierhinne of helendal weiwurdt efter de personaazjes. It is de (personale) ferteller dy't de lêzer trochdocht wat Rouke beprakkesearret as er ûnderweis is nei syn wiif. De ferteller fertelt, mar it binne Rouke syn tinzen. Dyselde ferteller jout ús in byld fan Gatske, as se sit te wachtsjen op har frijer, dat tagelyk har man is. Hjir neat gjin opsmuk, gjin ferheven praat, mar werklikheid. Dy ferteller ferdwynt noch mear efter de personaazjes as er suver allinnich it praat fan 'e personaazjes werjout en syn fertellen beheint ta ‘rezjyoanwizingen’: hja harket mei sân earen; der wurdt in flesse jenever op tafel set. Hy is dan de neutrale ferteller, dy't him yn syn fertellen beheint ta wat er hearre en sjen kin, en noch eigen noch oarmans tinken yn syn ferslach behellet. It is yn dizze neutraal fertelde parten dat de realiteit sa fel op ús taspringt. Gatske mei har raffinearre dommens, dy't from jeuzelet mar har eigen begearen dúdlik trochskimerje lit, Rouke as rouwe gast mei syn gebolder en geblaf. Der is krityk levere op dy dialoochfragminten, se soenen | |
[pagina 62]
| |
te tsjuster wêze en de lêzer temin hâldfêst jaan. Mar wat mooglikheden hie de ferteller oars om de realiteit trochklinke te litten? It is fansels absurd om te ûnderstellen dat Van der Veen syn romantsje ek skriuwe kinnen hie yn 'e trant fan bygelyks De oerwinning fan Bjinse Houtsma. It geastlik klimaat dêr't Wadman syn roman yn skreau, makke dat dy fierhinne lak ha koe oan 'e segeningen fan it plattelân - mar dat koe Van der Veen net. En dat net om't er it lêzerspublyk net tsjin de skinen traapje woe - yn sokke simpele ferklearringen leau ik net -, mar om't er sels net los wie en stie fan 'e ideologyske foarstellingen oangeande it paradys Fryslân. Dy ideologyske foarstellingen hawwe grif benammen ‘literêre’ foarstellingen west, want út 'e libbensbeskriuwing fan Wadman witte wy dat Van der Veen om 'e deale de wrâld net foar in jerappel oanseach. Mar sadree't men wat literêrs op papier sette, fergeat men de rouwe wrâld en stâlde de ydille. Men sjucht dat jierren letter ek oan 'e literêre produkten fan sosjalisten. Men soe krityk en oanklacht fan sokken ferwachtsje, mar de ferhaaltsjes binne ornaris sa swiet as hunich. Yngean tsjin hearskjende (literêre) foarstellingen mei allinnich de aldergrutsten barre. De oaren moatte ‘it bloed krûpe litte dêr't it net gean kin’, moatte, minofmear sûnder opsetsin, de realiteit de kâns jaan om troch te brekken. De oplossing fan Van der Veen is deselde dêr't Feitsma letter foar kieze sil, hy spjaltet syn ferteller yn twaen, of oarssein: hy fertelt sels, en hy lit ta dat der ferteld wurdt. It gefolch is dat der in net-koherinte fyzje presintearre wurdt: de wrâld sit goed yninoar want it kwea straft himsels en oars docht God dat wol, en de wrâld sit ferkeard yninoar want de dogenjitten genietsje yn fleur en frede har âlde dei. It gefolch is ek in ferhaal dat kwa komposysje rattelt en rammelt, dat tsjuster is, dat lykas Van der Ploeg seit, ‘in skets, in plot, in ûntwerp foar in roman [liket] wêryn de | |
[pagina 63]
| |
skriuwer de lêzer aktyf ynskeakelt om somlike parten fan it ferhaal sels mar te skriuwen.’ Mar hoe soe De kaartlizzer derút sjoen ha as it in geef wurkstik west hie, mei in heldere komposysje en in koherinte wrâldfyzje? Net as De oerwinning fan Bjinse Houtsma. As men soks ferwachtet, hat men gjin each foar de histoaryske literêre situaasje dêr't Van der Veen yn ferkearde, mar earder as Uwnk in lok, in braaf en grynderich ferhaal. Troch it fernielen fan of alteast it him ôfsetten tsjin de literêre foarm fan syn tiid koe Van der Veen de realiteit in kâns jaan. Nammers, literatuer is net allinnich learing, mar ek fermeits, en dy twa net skaat, mar opinoar betrutsen. In part fan it literêre geniet fan dit romantsje skûlet yn it ‘brekken’ fan 'e koade, it ûntriedseljen fan it geheim, yn it opbouwen fan in geheel dat liket en jinsels befrediget. Van der Ploeg hat grif gelyk: mei dit romantsje moat de lêzer sels te set, as wie it in doch-it-sels-pakket dêr't men yn 't foar net fan wit hoe't it iene yn it oare past en wat der by einsluten te foarskyn komme moat. Soks is net lêzerke-pesten, it is part fan it spul - en dat spul moat men fan hâlde. Wadman seit, dat Van der Veen in oanhâldend misbegryp fan 'e literatuer hie. Dat sil sa wêze, mar dat belytset de wearde fan De kaartlizzer net. Yn it œuvre fan Van der Veen is dit ferhaal grif in boppeslach, in folslein ûnferwachte boppeslach fan in kneukelhouwer om myn part, in by ûngelok skreaun masterwurkje. Lit it dat wêze, it is lykwols in boek dat fier útstekt boppe it proaza fan syn tiid en hûndert jier letter noch modern is. | |
De werklikheid neimieldVan der Veen hat foar syn figueren besteande persoanen as model nommen. Dat jildt fan 'e haadfigueren en fan 'e wich- | |
[pagina 64]
| |
tichste byfigueren as Wytske en Japik-om. Yn Wadman syn dissertaasje is as bylage 7 in persoanerekonstruksje opnommen dy't P. Swart makke hat fan 'e foarnaamste personaazjes, en Ron Postma hat it ûndersyk fan Swart nochris oer dien en noch wer mear feiten oan it ljocht brocht. Op himsels liket it my net sa wichtich ta dat in skriuwer syn stof, of alteast syn personaazjes, sa direkt oanwiisber oan 'e werklikheid ûntlient. De besoarger fan 'e twadde printing fan De kaartlizzer, Jan Stienstra, skriuwt yn syn ynlieding: ‘Dat de figueren fan Van der Veen syn “story” werkliker binne [as dy fan Hansma syn Uwnk in lok], koe ek gau. De skriuwer hat in situaasje tekene, lyk as dy in jiermannich foartiid yn 'e omkriten fan Dunegea him foardie. De persoanen yn syn forhaal bestiene.’ Dat seit my net folle. Earstens leau ik net, dat de skriuwer gjin ferwar hat tsjin 'e feitlikheid, dat er, as er in ‘gefal’ út 'e realiteit as ûnderwerp nimt, net oars kìn as eksakt beskriuwe wat him wier ôfspile hat. Hy kin ferdraaie, fermoaikje, ferfalskje, romantisearje en folle net genôch. Twaddens tink ik dat as in skriuwer goed yn syn ferhaal sit, de persoanen foar him ek echt besteane, allinnich yn syn kop, mar likegoed. Treddens moat it ús net ûntkomme dat it bonkerak fan it ferhaal dan wol oan 'e werklikheid ûntliend is, mar dat alles wat dit ferhaal sa realistysk makket yn syn psychology, troch de skriuwer wurd foar wurd optocht is: dy petearen binne fiksje. Nammers: hoe ‘wier’ ìs De kaarlizzer? Oft de persoanen dy't model stien hawwe foar Rouke en Gatske wier in min houlik hienen, in skoft útinoar west hawwe, in berntsje ferlern ha, de man ramplesant west hat, wy witte der neat fan. Dat sy fan har man ôf woe en leaver har jongere sweager hie, dat is net oerlevere. De mooglikheid bestiet ek dat de beide bruorren in goed houlik hienen, en dat de oerbleaune partners meiinoar troud binne om de iensumheid op te lossen en tegearre noch wat fan it libben te meitsjen, sa't | |
[pagina 65]
| |
dan yn houliksadvertinsjes stiet. Neat gjin yntriges en stikum gedoch. Dat kin Van der Veen allegearre wol sels betocht ha. Postma skriuwt yn syn stúdzje oer Dunegea: ‘Us konklúzje is dan ek dat foarsafier it nei te gean is kin De kaartlizzer hiel goed as in sekuere kopy fan de werklikheid beskôge wurde, útsein in pear ûnderhearrige punten’ (117). De suggestje is: en foarsafier't it net nei te gean is, sil it dan ek wol strike mei de feiten. Mar dat hoecht net... Myn beswier tsjin Postma is, dat er de roman oanfollet mei feiten út it libben fan de histoaryske persoanen dy't model stien hawwe en de lakunes yn dy har libbensbeskriuwing mei materiaal út 'e roman. Hy makket yn 'e praktyk gjin ûnderskied tusken feit en fiksje. Nijsgjirrich bliuwt fansels de fraach wêrom't Van der Veen in stikmannich minsken út Dunegea yn syn romantsje oan 'e skandepeal slein hat, en dat op sa'n wize dat de Dunegeasters de wiere persoanen dúdlik weromkenne koenen. Der meie oan 'e ein fan it ferhaal in pear jier te siik reitsje, mar oars komt it allegearre mei de bleate feiten oerien: Ingeltsje en Rouke stjerre, Gatske en Tsjipke trouwe, ferkeapje de pleats en ferhúzje nei de Lemmer. Hy hie foar 't selde wat mear ferhulle kinnen, sûnderdat it syn ferhaal skea dien hie. Hat er der sels sa emosjoneel yn meilibbe dat er gjin distânsje nimme koe, faaks trochdat syn suster Durkje -Wytske yn it ferhaal - yn 1844 in oantroude omkesizzer waard fan ‘Rouke’ en ‘Tsjipke’? It ‘etyske aspekt’ fan sok direkt neimieljen fan de feitlikheid, lykas yn De kaartlizzer it gefal is, is ek nijsgjirrich. Mei in skriuwer hinnegean en beskriuw yn in lytse mienskip dêr't elk elkenien ken in pear minsken sa werkenber en op sa'n negative manier? Neffens my kin dat gjin wegen út. De figueren dy't model stien ha foar Gatske en Tsjipke meie noch sokke smjunten west ha, men moat se net oanfâle op in manier dat se har net ferwarre kinne. Dat is yn | |
[pagina 66]
| |
myn eagen misbrûk meitsjen fan 'e literêre ûnskeinberens: de skriuwer kin nammentlik altiten sizze, dat er it ferhaal optocht hat. Mar foar sokke etyske kwestjes is it hjir it plak net. De werklikheid achter it boek ynteressearret my net om himsels mar om in bysûndere reden: wy witte dat Van der Veen it frommis Gatske ‘fatsoenshalven’ tsien jier jonger makke hat. Dêrmei hat er syn boek in bytsje bedoarn. It kontroversiële fan dit boek wie ommers, dat in ‘âld wiif’ om it planút te sezen geil wie op har jongere sweager en wol fan har eigen kearel ôf woe. Dat moast Van der Veen wat ferhimmelje; dat in jongfrommis sa wie en die, alla, mar ien fan oer de fjirtich... Ik wol fergelykje mei de werklikheid om Van der Veen syn romantsje te ‘restaurearjen’. Ik basearje my dêrby op 'e feitlikheden sa't dy troch Swart en Postma oan it ljocht brocht binne. De echte personaazjes dy't model stien hawwe foar de boekfigueren tsjut ik oan mei har boekenamme tusken skrapkes, dus: ‘Rouke’ ensfh. ‘Rouke’ en ‘Tsjipke’ wiene bruorren, berne yn resp. 1795 en 1802. ‘Tsjipke’ trout yn 1821 - noch mar in feintsje - mei in Frankje. Se krije trije bern, dy't like hurd ek wer stjerre, te witten yn 1822, 1824 en 1825. Dy berntsjes ha mar amper libbe, liket it. Dan stjert Frankje yn 1826. ‘Tsjipke’ is dan 24 jier - ôfgryslik wat dy dan al meimakke hat. Hy is om dy roai boerefeint yn Ousterhaule. Yn hdst. VII fan 'e roman wurdt sein dat Tsjipke nei in jier syn frou al ferlern hat, de berntsjes wurde helendal net neamd. Postma nimt oan, dat Van der Veen dit net better witten hat, om't it him yn 'e twintiger jierren ôfspile. Dat kin, mar it is ek mooglik dat Van der Veen Tsjipke net foarstelle woe as in man dy't in bulte leed meimakke hie en dêr't it begrutsjen fan 'e lêzer him om dy reden op rjochtsje soe. Tsjipke moast de smjunt wêze. | |
[pagina 67]
| |
‘Ingeltsje’, berne yn 1793, wie troud mei in Andrys. Andrys is boer. Se hawwe trije bern krigen, yn '21, '23 en '26, mar de âldste stjert yn '26. Yn 1826 ferstjert Andrys ek. ‘Ingeltsje’ is 33 jier dan. Fan Ingeltsje wurdt ferteld dat har man stoarn is en dat se mei twa bern sitten bleaun is. Dat komt dus út. ‘Tsjipke’ krijt gedoente mei ‘Ingeltsje’ en se trouwe yn 1827. Yn 1828 keapet ‘Tsjipke’ in pleats yn Dunegea foar ƒ6000,-. Dat sil grif mei ‘Ingeltsje’ har jild bard wêze. ‘Ingeltsje’ en ‘Tsjipke’ krije tegearre noch trije bern. Dat is yn it ferhaal ek sa. ‘Ingeltsje’ stjert yn 1844. Yn it boek wurdt yn 1843 neamd dat se slim siik is en it nei gedachten net sa lang mear meitsje sil. ‘Rouke’ is yn 1819 troud mei ‘Gatske’. Hy is dan 24 en sy 22 (of dat wurde se yn dat jier). Wat se de earste tsien jier fan har libben meimeitsje, is net dúdlik. Net oft se in bern hân en ferlern hawwe, net dat ‘Rouke’ ûnder tsjinst west hat. Pas yn 1832 dûkt ‘Rouke’ wer op yn 'e histoarje, hy komt dan yn it besit fan in stikje grûn dat destiids hearde ta de pleats fan ‘Tsjipke’. ‘Rouke’ lit dêr in hûs mei winkel en tapperij op sette. Dy herberch ferkeapje ‘se’ yn 1845 foar ƒ425,-. En wêr bedarje ‘se’? Grif by broer ‘Tsjipke’ yn. Yn 1847 stjert ‘Rouke’ en hy wurdt begroeven yn Legemar. ‘Tsjipke’ ferkeapet de pleats yn des. 1848 foar ƒ11.000,-, dat is omtrint it dûbele fan wat er sels jûn hat. Oft ‘Tsjipke’ dan daliks fan 'e pleats ôf giet, is net dúdlik. Yn april 1849 trouwe ‘Tsjipke’ en ‘Gatske’. Yn des. 1849 keapet ‘Tsjipke’ dy't dan yn Follegea wennet, in hûs op 'e Lemmer. Krekt in jier letter ferhúzje ‘Tsjipke’ en ‘Gatske’ nei de Lemmer. As wy no besykje de parten fan it ferhaal te datearjen, benammen mei it each op Gatske har âldens, docht it neikommende bliken: It earst haadstik spilet yn 1843; Wytske seit dat: ‘wy | |
[pagina 68]
| |
skriuwe no 43.’ Gatske neamt harsels in ‘âlde skûtel.’ Neffens it tuskenstik tusken it petear fan Gatske en Wytske yn is ‘hja [Gatske] in stiif tritich, hy [Rouke] om ende by fyftich jier âld’... en mei tritich al in ‘âlde skûtel’? Van der Veen hat grif net mèàr korrisearre as perfoarst needsaaklik wie. De âldens fan Rouke strykt mei dy fan ‘Rouke’ (te witten: 47 jier), mar Gatske en ‘Gatske’ skele ynienen wol tsien jier! De haadstikken II, III en IV spylje yn oktober 183*. It moat - as de stoarje mei de realiteit oerienkomt -1831 wêze. Gatske hyt yn hdst. II ‘in stiif tweintich’ en Tsjipke hyt ‘net folle âlder as hja’, Ingeltsje is ‘sa'n fjirtich jier’. Dat lêste kloppet, ‘Ingeltsje’ is yn 1831 38 jier (of se wurdt dat). Tsjipke syn âldens komt ek wol sawat út, de echte ‘Tsjipke’ is 29. Mar ‘Gatske’ is gjin stiif twintich op dat stuit, se is 34 jier, en se ‘draait as in luftige fotse op 'e hakken om foar in jongkeardel...’ Hdst. V spilet yn 1832. Hdst. VI sil yn 1847 spylje, as ‘Rouke’ stoarn is. Neffens it slot fan hdst. V spilet it petear yn VI him ‘in jier of tsien nei de grutte brulloft’ ôf, mar dat doocht net. Der moat fyftjin jier tusken leze. Marchje har sizzen yn hdst. VI dat Rouke-en-dy ‘tsien, alve’ jier yn har húske wenne ha, komt better út. As Rouke en Gatske daliks nei Ingeltsje' ferstjerren by Tsjipke ynlutsen binne, ha se tolve jier yn dat húske wenne. Hdst. VII spilet neffens de earste sin yn 184*, mar it moat neffens de realiteit 1851 wêze. Yn it petear dat folget wurde noch wat tydstippen neamd: Gatske seit tsjin Lys, dat se te maaie twa jier troud west hawwe, en yn it echt binne ‘se’ troud yn '49. Fierder: ‘'t Wurdt no te winter al trije jier, dat Rouke stoarn is.’ Dat komt net út, ‘Rouke’ is yn '51 al fjouwer jier dea. ‘Sawat in healjier likernôch, hat ús 't spul tegearre oangien. Mar wy hiene earste okkaazje, om ús pleatske tige djoer te ferkeapjen...’ Men soe seze, dat slacht op it tydrek tusken | |
[pagina 69]
| |
it ferstjerren fan Rouke en it ferkeapjen fan 'e pleats, yn 'e werklikheid is dat tiidrek wat langer as in healjier, earder in jier, mar goed. Men soe út Gatske har wurden ôfliede, dat se daliks nei it ferkeapjen fan 'e pleats opkrast binne. Mar dan ha se net in jier ‘oan 'e strjitwei’ wenne, mar twa jier. Want yn 't echt geane ‘se’ des. '50 nei de Lemmer. Of ha se in jier yn Follegea sitten en noch earne oars in jier? Oer de âldens wurde wy ek nochris ynljochte. Lys Flamke is ‘in goed sechstich’. Fan Gatske wurdt sein dat se ‘in jiermannich jonger is.’ Lit ús seze: 55 - en dat strykt mei de realiteit, want ‘Gatske’ is yn 1851 54 jier. Hjir hat Van der Veen Gatske dus har orizjinele âldens hâlde litten. Net by ûngelok nammers. Yn it brief fan 11.08.1856 skriuwt er oan T.R. Dykstra: ‘Yn haedstik VII komt Gatske neist de kaertlizzer as: ‘gans en bîtke jonger (n.l. as 60) foar: dat ken sa wol bliwe, o'net?’ Dykstra hat dêr grif gjin beswier tsjin hân. Faaks om't der yn dit haadstik gjin amûreuze saken oan 'e oarder kamen? Fan 'e besoargers fan 'e Selskipsrige moast Van der Veen syn boekje wat oanpasse oan 'e noarmen fan it fatsoen. Dat hat er gelokkich net al te konsekwint dien, en yn alle gefallen kin men syn earste opset maklik rekonstruearje. | |
WurdearringYn syn kollum ‘Sa sydlings’ fan 19.06.87 skriuwt Freark Dam: ‘Wat soe, minsklikerwize sprutsen, it lot west hawwe fan it boekje De kaartlizzer fan de skoalmaster-skriuwer Hjerre Gerrits van der Veen (1816-1887) as Anne Wadman it, sa'n hûndert jier nei it ferskinen derfan, net op 'e nij ûntdutsen hie? Faaks is it krekter en lit dy tafoeging op 'e nij mar wei. Want de kwaliteiten fan De kaartlizzer, útkomd | |
[pagina 70]
| |
yn 1856, binne as sadanich pas signalearre en wurdearre troch Wadman yn syn dissertaasje oer libben en wurk fan H.G. van der Veen, útkomd yn 1955. Dêrfoàr wie De kaartlizzer troch de kritisi amper achtslein - dêrneì konformearret elkenien him oan Wadman syn oardiel. In oardiel dat hjir op delkomt: Van der Veen hat mei it skriuwen fan De kaartlizzer syn tiid fier foarút west èn wat de “eksperimintele” komposysje èn wat de “seldsum knappe” karaktertekening oanbelanget.’ Hjir moat ien lytse oanmerking op makke wurde: de kwaliteiten fan it boekje binne wòl synjalearre troch (guon fan) de sjueryleden, dy't de ynkommen manuskripten beoardeeld hawwe. Fierder hat Dam gelyk, by de Fryske lêzers is it boekje yn it ferjit rekke en de skriuwers fan 'e literêre histoarje lykas Wumkes en Piebenga hawwe de wearde derfan net werkend. Wumkes skriuwt yn syn Bodders-ôflevering yn It Heitelân: ‘Hoe leaflik en gemoedlik wist er mids alderlei ilinde te skriuwen oer it Fryske geafolk yn De kaartlizzer, in story der 19e ieu, troch it Selskip bekroane en útjûn (Ljouwert, 1856)’ En dan folget it lang sitaat út haadstik V, begjinnend mei ‘Ien húsgesin liket de hiele streek...’ Gjin wurd oer de rouwe werklikheid dy't yn it boekje beskreaun wurdt. Piebenga nèàmt it romantsje allinnich mar yn 'e earste printing fan syn literatuerhistoarje. Yn 'e twadde printinge fan 1957 is in (posityf) oardiel te finen: ‘Fan syn proaza mei De kaartlizzer foaroan neamd wurde, in roman-yn-miniatuer en yn folle opsichten de treflike werjefte fan in trageedzje dy't de skriuwer yn syn earder wenplak Dunegea spylje lit’ (129). Mar dat is nèi Wadman syn dissertaasje. It is yndied Wadman dy't it boekje optild hat nei it nivo fan 'e ‘Fryske klassiken’. Yn syn proefskrift besteget Wadman trije siden oan De kaartlizzer Hy skriuwt û.m. (hjir en tenei omstavere): ‘Benammen kompositoarysk is it wurkje tige nijsgjirrich, om't hjir it moderne, út de film bekende, middel fan it anachronis- | |
[pagina 71]
| |
tysk weromspringen tapast wurdt. Parten fan it ferhaal binne yn toanieldialooch skreaun. Krekt om syn foar dy tiid ‘eksperimintele’ komposysje, kin men dit boekje de earste Fryske roman neame, namste opfallender om't yn dy tiden dochs de histoaryske roman suver de iennichst tinkbere romanfoarm wie. Dêr komt by, dat hjir in sintraal barren is, fan ûnderskate kanten beljochte, yn flash backs oan syn oarsprong ta. In dramatysk barren, dat alle bliken fan autentisiteit draacht, mei in sterk byldzjende dialooch en in foar dy tiid seldsum knappe karaktertekening. In ferhaal sûnder de smoute, komyske en anekdoatyske skaaimerken fan it tradisjonele folksferhaal, dat, by alle breklikheden yn guon opsichten: wiidweidichheid fan styl, fier dreaun Ciceronisme, op suggestive wize in stik eigentiidske sfear beskriuwt.’ (105). Nei't er eardere skôgers fan it wurk koart behandele hat, giet er fierder: ‘Oer it skuld-en-boete-tema, oer de ferrifeljend moderne, filmyske komposysje, oer de treflike psychology nearne in wurd. En dochs hat Van der Veen hjir, los fan it abstrakte, mei in konkreet minsklik gefal foar eagen, benammen op dat lêste punt himsels oertroffen. Sa stiet dêr foar ús Rouke, de ateïst, de man dy't mei it byleauwe, dêr't de froulju sa yn omtyskje, ôfrekkene en him bûten de tradysjes om in libbensskôging wûn hat, mar dêrom ek bûten de mienskip rekket, de rûge swabberkaptein, ûnferskillich en rou, mar in poerbêste arbeider, dy't sa oangean kin mei bern. Dêrfoaroer de sloppe en tagelyk slûchslimme Tsjipke; en Gatske: liep, sensueel en egoïstysk yn har erotysk gearspannen mei Tsjipke, mar bang foar har man en syn ideeën; byleauwich en rabberich, mar raak yn har typearringen fan minsken en dingen. En op it oare plan de nommele, heechsteande figuer fan de âld boer-tsjerkfoud Japik Tsjebbes, dy't skrommet oer syn meiminsken in oardiel út te sprekken, om't ús minsken gjin oardiel foeget.’ (106). Hindrik Miedema giet yn syn besprek fan Wadman syn | |
[pagina 72]
| |
dissertaasje ek wiidweidich yn op De kaartlizzer. Miedema beargumintearret syn negatyf oardeel oer it romantsje sa goed, dat ik syn stik yn hele hear en fear sitearje: ‘Hy [Wadman] wiist der mei rjocht en reden op hoe nijsgjirrich de komposysje is troch it filmyske weromspringen yn de tiid, de flottens fan de dialoochfoarm en de seldsum knappe karaktertekening, wylst er al yn it begjin fan syn boek inkelde treflike stikjes beskriuwingskeunst sitearret. Yndied komt dat jin tige modern oan./ Hy wiist ek op in beswier: dat it sa gearstald yn elkoar sit dat de story pas nei in kearmennich lêzen trochsichtich wurdt. Dat is hjir lykwols wol sa slim dat it my in elemintêr beswier liket om it in roman neame te meien. Wa't it ferhaal net ken en ek gjin gearfetting lêzen hat, stroffelet al op de earste side: in toanieldialooch tusken in Wytske en in Gatske, dy't oer harsels praat, doe't se op De Lemmer wie mei Beeuw Fet, oer Rouke ûnder de soldaterij, oer harsels op De Jouwer by Man Haits, oer Auke en syn gemienskip mei Wytske, oer in “hja”, dy't dêroer praat hat. Dit wurdt sein binnen it bestek fan in goede tsien rigels, wylst efkes letter noch sprake is fan ús Tryn, dy't har de kaart ek lizze litten hat by Tsjipke-en-har's fan Man Haits. Sa'n opneaming fan persoanen mei inkelde plaknammen jout gjin spanning of niget, mar krekt oarsom in begryplike argewaasje oer dy ûnbegryplikens. Der wurdt sein dat it dan 1843 is en in pear siden wurdt de dialooch ûnderbrutsen fan in treflik stikje ferbinend proaza: Rouke Speul en Gatske Flut wenje oan de noardwestlike igge fan de Tsjûkemar. Gatske praat mei har kameraatske, dy't húshâldster is by de skoalmaster. As “hja” foarby is - de kaartlizzer moat bedoeld wêze - hawwe hja it oer Rouke syn ûnleauwigens en yn dizze fuortsette dialooch wurde noch in stik as seis nije nammen neamd, dy't it gefal net dúdliker meitsje./ Yn it begjin is ek sein, Rouke soe ûnferwachts komme te stjerren en Gatske soe boerinne wurde, mar it is tige de fraach oft de lêzer dat | |
[pagina 73]
| |
fuort wol allegear neikomme koe en kombinearret mei it feit dat oan de ein fan it earste haadstik nei foaren komt, t.w. dat Gatske grut is mei Tsjipke, dy't in slim sike frou hat. De oare seis haadstikjes - inkelde hawwe mar fiif siden - spylje earder en letter as it earste en meast op oare plakken. Guon fan de neamde persoanen komme der noch yn foar, gauris sûnder namme, mar op oare wize dizich oantsjut, de measten net. De grutste helte fan it boekje is yn toanieldialooch skreaun. Hie der ek in list fan de dramatis personae foarop stien, dan wie it boekje faaks in sukses wurden. No is it in faken sinister ferhaal, lykwols yn haadsaak tsjuster troch de nuvere opset fan de skriuwer. Oan Tiede Dykstra skreau er: it moast oan de ein ta tsjuster bliuwe. Sadwaande wurdt it noch ris lêzen. Hy hat tefolle easke fan de lêzers en dat is spitich foar de nijsgjirrige yntrige dy't er alhiel út de folksmûle opheind hat. Wadman hat alle haadpersoanen identifisearre. Mei't it boekje praktysk ûnlêsber wurden is, kin men al min fan de earste Fryske roman prate. Dat is tefolle sein. Ik soe my leaver hâlde oan “romantsje”, sa't Hjerre Gjerrits sels skreau, in roman yn oanlis. Foar in novelle is it net ienfâldigernôch./ De kaartlizzer bliuwt lykwols syn bêste wurk’ (250-251). In hurd oardeel, dat earlik ûnder wurden brocht wurdt en dat men respektearje moat. Men hoecht it der net mei iens te wêzen. Miedema stelt it sa foar, dat de lêzer fersûpt yn al dy persoans- en plaknammen dy't er noait allegearre ûnthâlde en útinoar hâlde kin. Ik tink dat de lêzer bysteat is om de wichtige persoanen, plakken en foarfallen te selektearjen en de net-wichtige fuortdaliks te ferjitten. Miedema skat de lêzer syn fermogen om de relevante ynformaasje út in tekst op te pikken wat leger yn as ik doch. Oars, ik fyn it net slim dat men in boek twaris lêze moat - wat men daliks begrypt is gauris de muoite fan it begripen net wurdich. Resinsjes binne der earst fan 'e yn 1965 útkommen twadde | |
[pagina 74]
| |
printing. Se binne net botte yngeand. Miskien leit dat ek wol wat yn 'e reden, it boekje wie al hûndert jier âld en tige behindich. Boppedat, mei de pleitredes ‘pro’ en ‘kontra’ De kaartlizzer fan Wadman en Miedema, wie it measte ek wol sein. Durk van der Ploeg wol it ferhaal noch in novelle, noch in roman neame: ‘it is earder in skets, in plot, in ûntwerp foar in roman wêryn de skriuwer de lêzer aktyf ynskeakelt om somlike parten fan it ferhaal sels mar te skriuwen. Hat Hjerre Gjerryts dit hânskrift te hastich fan him ôfsmiten? Opfallend is yn De kaartlizzer de treflike typearring fan somlike figueren, mar dat binne dan ek de sterkste kwaliteiten. Kompositoarysk hâldt it net oer. Grutte stikken fan it ferhaal binne yn dialoochfoarm skreaun, en al binne dy hjir en dêr wat lang útspûn, Van der Veen wit der wol kleur oan te jaan’ (Frysk en Frij, 11.06.65). De besprekker yn 'e Friese Koerier hat soartgelikense lof en krityk: ‘Wadman seit earne: “de stoarje wurdt yndied pas nei in kearmannich trochsichtich.” Dat is winlik ek ús beswier. Milieu-tekening en karakterútbylding binne treflik en der sit echt kleur oan it ferhaal. Van der Veen springt neffens ús smaak wat te wyld mei syn stoffe om. Nijsgjirrich is dy stoffe wol, dat net. In pear houlikstrageedzjes wurde útinoar raffele mei wat byleauwe-sjeu der oer’ (Friese Koerier, 07.05.65). Meerburg is wat sunich yn syn lof, tinkt my: ‘De al dadelijk tegen dit verhaal geuite klacht, dat het voor de lezer niet gemakkelijk te volgen is, is eigenlijk volkomen begrijpelijk. Wel ontleende Van der Veen de gegevens aan de werkelijkheid, dergelijke gebeurtenissen hebben zich inderdaad afgespeeld, maar de bouw is zodanig en de gegevens die men tot goed begrip nodig heeft zijn zo verdekt opgesteld, dat men inderdaad, zoals Van der Veen wilde, het verhaal vaker dan één keer moet lezen om het volkomen te begrijpen. | |
[pagina 75]
| |
Wie hier echter de tijd voor over heeft, zal niet teleurgesteld worden’ (Literair kwartier, RONO, 31.08.65). De besprekker fan 'e Drachtster Courant, d.i. Freark Dam - persoanlike meideling -, is it meast posityf: ‘Hy hat, op modern oandwaande wize (mei flash-back en sa, al wie dat wurd doe noch net útfûn) dizze “stoarje” fan houliksûntrou en misdied (“crime and sex...”), fan tsjoenderij en rabberij makke ta in relaas dat jin net wer ferjit. Opfallendst dêrby is dat de skriuwer sels net mei in ûntknoping komt, mar de konklúzje oan de lêzer fan dit benearjend boekje oerlit. It is nammers net allinnich benearjend, mar ek ûnderhâldend en nijsgjirrich. Van der Veen hat syn ferhaal foar in part yn dialoochfoarm skreaun en brûkt it Frysk op seldsum libbene wize’ (Drachtster Courant, 11.06.65). Nijs stiet hjir eigentlik net yn. It ‘benearjende’ fan it ferhaal, dêr't Dam op wiist, hat Wadman feitlik al oantsjut as er seit dat it lêste haadstik him ôfspilet yn in ‘fan skuld en sûnde laden atmosfear’ (105). Dam komt dêr letter nochris op werom yn syn al earder oanhelle LC-rubryk ‘Sa sydlings’; hy praat fan ‘de suver morbide sfear dêr't in plattelânske trijehoeksferhâlding har yn ôfspilet yn in setting dy't men jin earder yn it Frankryk by De Maupassant-en-dy as yn de froede Fryske lettertún fan de njoggentjinde ieu foarstelle kin.’ Der is hjirboppe al op wiisd dat De kaartlizzer yn 'e twadde printing fan Piebenga syn literatuerhistoarje syn rjochtlik plak krigen hat. Dat krijt it romantsje neityd ek yn dy fan Klaas Dykstra; hy neamt De kaartlizzer in boek dat ‘mei syn filmyske kwaliteiten syn tiid suver in ieu foarút wêze soe, sa modern dogge “clair-obskuer” en “flashbacks” jin yn dizze miniatuer roman no noch oan’ (49). |
|