De kaertlizzer
(1994)–H.G. van der Veen– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 56]
| |
Syn libbensgongHjerre Gjerrits van der Veen wurdt berne 15 maart 1816 te Grou. Syn folk oan heitekant komt nei alle gedachten út 'e Wâlden, it binne skippers. Hjerre syn heit is dat ynearsten ek, mar wurdt letter arbeider en timmerman. It wie gjin florisante tiid, mar by Hjerre-en-dy liket de earmoede bûten de doarren bleaun te wêzen. Hy sil ynearsten, mei jildlike stipe fan syn memme sibben, ta dûmny leare, mar dat giet oer, it draait út op skoalmaster. Hy hellet de fjirde rang yn 1833, santjin jier âld, de tredde yn 1835, de twadde yn 1838. It slagget net sa maklik om oan in baantsje te kommen. Neffens syn eigen sizzen hat er al fyftjin kear sollestearre foar't er yn 1842 beneamd wurdt oan it skoaltsje te Dunegea. Hy is dan noch net troud, dat syn suster Durkje folget him om de húshâlding te berêden. As Durkje trout yn 1844, komt syn suster Tryntsje oer. Dunegea hie mar in hûndert ynwenners, folle ferdivedaasje wie der net en minsken fan syn eigen nivo sil er dêr likemin moete hawwe. It moat in frij iensum bestean foar him west hawwe. Yn 1847 slagget er nei Driesum, nei't er al ytlike kearen sollestearre hat. Yn 'e Dokkumer Wâlden hat er him thús field en hy is dêr al syn libben bleaun. Hy trout yn Driesum yn 1854 mei Aechje Jakobs Fokkema. Wol men foarútkomme yn 'e wrâld, dan moat men in kroade ha, hat Van der Veen al gauris útlitten. Dy kroade krige er yn 1847 yn 'e persoan fan baron Van Sytzama, boargemaster fan Dantumadiel. De irony fan 'e skiednis wol, dat de baron letter syn grutste fijân wurden is, dêr't er al syn libben strideraasjes mei hân hat. De baron wie in ûngemaklik man, en dat wie Van der Veen ek mei syn hast maniakaal | |
[pagina 57]
| |
gefoel foar rjochtfeardichheid, syn striidber aard en syn gelyk hawwe wollen. Boppedat wie der fansels it stânsferskil. De ynset fan 'e striid wienen it salaris fan Van der Veen, dat gjin sprekken lije koe, de earmesoarch en it kristlik ûnderwiis. Wêr't de baron koe, hat er it masterke knoeid en dwarssitten, mei as hichtepunt in skoarsing fan trije moanne sûnder behâld fan besoldiging. Van der Veen hat de baron en boargemaster bestriden mei stikken yn 'e krante. As Van der Veen 65 is, freget er ûntslach as skoalmaster. Hy krijt dan noch in nij baantsje, hy wurdt húswarder fan it gemeentehûs te Moarmwâld. Dêr stjert er 13 septimber 1887 oan in hertferlamming. | |
Syn wurkYn syn Grouster tiid begjint Van der Veen mei gelegenheidsdichten en Fryske lieten. Syn earste publikaasjes ferskine yn 'e Dunegeaster tiid: Rymkes foär Friesen, Frijsce Fjouwerstim (1844), Clipsrymkes (1846), De Schoäll'forsjongerij (1847). De Frijsce Fjouwerstim is in boekje mei mearstimmige sangen en as sadanich wat nijs yn 'e Fryske literatuer. Ek mei de Clipsrymkes, koartdichten, yntrodusearret Van der Veen in nij sjânre. Van der Veen liket in orizjinele bydrage ta de Fryske literatuer leverje te sillen. Dat ûnthyt wurdt yn de jierren dêrnei net echt wiermakke. Al sil er syn hele libben wol trochgean mei it skriuwen fan literatuer, op it foarste plak komt tsien jier nei syn literêr debutearjen de sjoernalistyk. As korrespondint en as ynstjoerde stikkeskriuwer hat er in ûnbidige produksje op syn namme. Hy is dêryn gauris de subjektive kânt neist. Oer fan alles hat er skreaun, foar in part grif út syn ynderlik ferlet wei om syn miening te jaan oer allerhande tastannen en | |
[pagina 58]
| |
misstannen, en foar in part ek om syn skriel traktemint wat oan te foljen. Syn literêr wurk leit yn it ferlingde fan syn kranteskriuwerij, te sizzen, it belearjende en opfiedende stiet foarop. De misstannen dy't er yn syn sjoernalistike bydragen hikkelt, dûke ek wer op yn syn fersewurk. Dêrby ûntbriek him neffens Wadman syn oardiel alle lyryske oanlis. Syn lange dichtstikken binne toar en smakeleas troch in tefolle oan moraal en in temin oan útbylding fan 'e realiteit. Inkeld yn syn puntdichten komt er gauris ta akseptabele risseltaten: de foarm twingt him ta koart kriemen. Syn krêft leit yn it waarnimmen fan details, ornearret Wadman. Men kin dat opmeitsje út De kaartlizzer en út in inkelde oare tekst. Hy kin de minsken klear en dúdlik delsette. Spitich dat er grif net yn 'e rekken hân hat wêr't syn literêre krêft lei. |
|