Oer skriuwer, boek en útjeften
Ta oanrin
Mei it skriuwen fan dit neiwurd komt men suver yn in opmakke bêd, ommers, Anne Wadman hat in dissertaasje skreaun oer de figuer fan Van der Veen, ik haw sels De kaartlizzer fergelike mei oar 19e-ieusk proaza, Tony Feitsma hat útpluze hoe't de sjuery ta syn beslissing kommen is om De kaartlizzer in twadde priis te jaan, Ron Postma hat - yn 'e fuotleasten fan P. Swart - nochris krekt neisneupt wat der ‘wier’ is fan it ferhaal dat yn it romantsje ferteld wurdt en Hindrik Miedema hat de beswieren dy't de lêzer tsjin dit romantsje hawwe kin, treflik ûnder wurden brocht.
De kaartlizzer nimt kwa resepsje in bysûnder plak yn 'e Fryske literatuerhistoarje yn. Wurde de measte wurken troch lêzers lêzen, troch resinsinten beoardeeld, troch literatuer-histoarisy en -didaktisy yn 'e rige skikt en komt der dan miskien nochris in wittenskipper oer gear, dit boekje hat hûndert jier ûnder it stof rêst foar't in wittenskipper it ûntdiek en sûnt hat de wittenskip him deropstoart - yn Fryske ferhâldingen dan altyd. It boekje funksionearret mear as objekt fan stúdzje en ûndersyk as as objekt fan lêsgeniet foar de ‘gewoane lêzer’.
Dat hat ta gefolch dat der oer De kaartlizzer in heel soad bekend is, mar it hâldt ek yn dat der winliken neat nijs mear te fertellen is. Ik sil dat ek net besykje, àl sil ik besykje om in sa dúdlik mooglik oersjuch te jaan fan de ûndersikingen, it sneupwurk en de mieningen en wurdearringen.