út 'e Brabantske ûnlusten.
Lys-Flamke: Soa? - Dy goede strider, net?
Húsfrou: Ja, mar... wa hat him ea kind, as ik? Jonge, Lys! Hy wie sa koppich. Yn 't earst fan ús trouwen koe er flokke, kin 'k sizze, om't de griene earten te hjit wiene, of dat de ierdappels net goed skyld wiene, om mâlens. Under tsjinst wien' him de earen al gâns bekôge, mar...
Lys-Flamke: Hy hie, leau 'k, langernôch ûnder tsjinst wêst...
Húsfrou: Dat koe wol wêze. Hoe mâl 't er oars mei bern wie, dat soene je net leauwe kinne! Wy hawwe ien hân tegearre en dat naam de Heare ús wer ôf, mar wy koene 't oars sa need misse. Wat koe Rouke mei Tsjipkes oangean, doe't dy yn 't opgroeien wiene!
Lys-Flamke: Dat giet sa, ju! Dy mei syn eigen net omboartsje kin, dy docht 't mei in oar sines. En dochs, as 't 'er op oankomt, hawwe de minsken, op 'e gis wei allegear, leaver in oar sines as neat. Ha je 't begrepen...?
Húsfrou: Lys! Lys! Jimme hawwe safolle fiven en seizen, men kin jimme net nei komme. Jimme binne by 't rêd ôf.
Lys-Flamke: Mar is 't wrachtich sa net? Gean je hiele libbensrin mar ris lâns.
Húsfrou: 't Is my al frjemd gien. Men soe sizze, hoe komt 't sa nuver noch terjuchte, as 't komt. Hie 'k ea tocht, dat jo hjir noch ris by my komme soene te sitten, op 'e havenswâl yn 'e Lemmer?
Lys-Flamke: Dat just net, mar dat je ienders boerinne wurde soene, hie 'k altiid wol tocht. Ik hie 't je al folle earder ta lein. Mar Rouke? Nee... dat kaam my oer as in tongerslach. Mar wie er yn 't lêst oan, altiid al net sa'n bytsje lûklam?
Húsfrou: De dokters seine, hy hie spatten. Wat koe him sims dy iene skonk pinigje...!
Lys-Flamke: Mar hoe is dat mei Tsjipke? Syn pûsten binne him no frij wat fan 'e noas ôffage, hat my talike, mar tipt