| |
| |
| |
VI
Japik-om wie in widner, fan in stiif sechstich jier âld. Folle arbeidzjen yn syn jonge jierren, tige oerlizzen en praktisearjen, hie him lykwol in oansjen jûn as in man fan santich, tachtich. Dêr wie by komd, 't ferstjerren fan syn wiif. Hoewol 't syn gefoel eare oan die, dat er de leave deade jimmer yn syn herte hie, benaam him 't tinken oan har net in bytsje fan dy fêstens en krassens, dy mannichien yn syn bedriuw en op syn dagen noch faak hawwe kin. Mar Japik-om wie ek in man mei godstsjinst. Hy beoefene syn kristendom. ‘Neat hie 'k, en neat begear ik mei te nimmen’, sei er faken en hy tochte 't ek, wat er sei. - Tsjep en kras en oarderlik wie hy yn al syn dingen, ja, in eksimpel foar 'e boeren fan 'e gânske krite. Men hoefde syn sleatten en greppels mar lâns te sjen, hoe rjucht en hoe kant de snijseine dêr bylâns gien wie, hoe himmel en krekt dat de modderbulten opleike wiene! Syn hikken en dampeallen, syn hiem en syn bûthús en skuorre, om hûs en yn 'e hûs, oeral blonk 't je temjitte fan oarder en krektens: 't wie in buorkerij as in skilderij!
Syn boaden behan'le er as syn bern. Hja fertsjinnen skoan jild en hoefden net te lijen, mar hja moasten goed wurk meitse en har ta deugd oanstelle.
De earmen wiene by him, om sa te sizzen, thús.
Apart foar harren hie er in ôftekjen oan 't lyts bûthús meitse litten fan Tsjebbe, apart foar harren in kop mei sinten yn 't milhûs op 'e skoarstienmantel stean, as se net bleauwen, ekspres foar harren in pear hiele breaen mear yn 'e wike, en der skeat meastentiids foar 'e bliuwers ek jit al wat warems oer.
Nin kollekten waarden 'er dien of earst kaam men by Japikom: dy moast foargean, om oaren goed folgje te litten.
| |
| |
Syn soan en snoar namen de buorkerij wol waar foar sa'n stik jild en bestjoerden al wat er om hâns hie, (men moat wite, Japik-om wie ek adm. tsjerkfoud) mar as 't 'er op oan kaam, dan wie hy baas en stie 't keal wêr hy 't bûn. Mei ien wurd: Japik Tsjebbes wie de freechbeaken fan 't hiele gea.
Dizze jûn harke men ek meast nei syn praat, en wy wolle dêrop allinne mar ja en amen sizze.
Rouke wie hastich oan syn ein komd. Hy hie oan 't heasplitten sillen of wêst, en wie samar staf-oer-naf by de golle del sakke, hy hie wat klage oer pyn yn 't liif en nin heal etmel dêrnei wie Rouke in lyk; en ‘eigentlik as eigentlik wie er ek mar sa maatlik behan'le en net, as in minske takomt, mei eare te hôf brocht.’
Mei't er yn Legemar lizze woe, dêr syn âlden ek beide leine, hie men net ienders te harres de tsjerkgong dien en ‘dat wie nin wizânsje! Dat roaide nearne noch nearne net nei!’
‘Ja, wol raar,’ sei Japik-om by de algemiene ferwûndering oer't ûnk fan dizze dagen. ‘It wiene beide myn omkesizzers, mar Gatske hat nea net heech by my te boek stien: ik mocht prefoarst (par force) net oer har wezen. Tsjipke hat altiid in kwea skevel wêst, mar hy is prinsepeal mei Ingeltsje op 'e kluten komd. No, Rouke lit ik bliuwe foar 't jinge er wie: 't wie by my in bêsten arbeider, hy makke knap wurk. Hy die sims net tefolle, mar dat er dien hie, dat wie dien, nin oaren hoefde dêr wer by te kommen. Mar hy is raar oan syn ein komd, raar... Ik sil net sizze dat se him fan kant makke hawwe, beliven net, mar ik tink 'er mines oer.’
‘Ho wie 't mei dy feint op 'e Wylde Hoarne,’ sei de útfanhûzer, ‘foar in jier mannich? Dat wie hast presys gelyk sa'n gefal. Dy gong mei de splitte by 't hea op en hja fûnen him in healoere dêrnei yn 't fed. En hja koene neat oan him sjen, as dat er in blau plakjen oan 't wang hie en in leaf
| |
| |
lyts steedsje yn 'e nekke. Dy, woene se wol sizze, dat de kweade te pakken nomd hie.’
‘Ja,’ sei de grutfeint, ‘wy ha meiinoar yn ien hier tsjinne, mar dy feint hie men no suver nin ferstân fan. It wie in earste losbol. En hy hie fan syn leven nin jild brek. Hja seine wol, dat er krije koe, safolle as er ha woe. Hy koe sims yn 'e hurdste rein en yn 'e neare nacht thús komme, dat er je dochs suver droech wie. En nea woe er sizze, hoe't er 't hân hie en wêr't er west hie. Mar kaartspylje, flokke en oangean, swiere en sûpe, dat hâlde benei net op. Hja woene wol hawwe, dat er yn 'e Swarte Keunst lies en alle dagen “Safolle” lêze moast, om't er oan 'e divel ferkoft wie. Ik haw him ek wolris hjir en dêr nei frege, mar altiid makke er him sa wat fan jin ôf. Nin minske hie eigentlik rjucht ferstân fan him. Dêr siet oars in snoade kop op. Ik ha doe ek wol heard, dat er raar oan syn ein rakke is’.
‘Dêr wol ik net tsjin sprekke,’ sei Japik-om, ‘mar ik sis dit mar: as immen nei in oarmans dea ferlanget, dan docht er yn wêzen in moard. Ik wol net graach sizze, dat se dat dien hawwe, dôch...’
‘It liket allegearre nuver,’ sei ien fan 'e froulju. ‘Earst siet Tsjipke bykâns altiid by Rouke-en-har's; as Rouke thús wie of net, Tsjipke wie dêr meast te finen, en siet dêr, tocht my, krekt oft er dêr thúshearde. Doe't Ingeltsje stoar, hat er him ek mar sa maatlik hâlden. Wat hoefde er dat fanke foart in breed earizer op te setten! En by 't ferskieden, moast de man doe om sliepen tocht hawwe? Doe 't minske mei de dea op 'e lippen lei, sa't men oere oan oere tochte, dat se 'er útgean soe?’ (Japik-om skodholle).
‘Tsjipke hat de driuwer fen 't hiele spul wêst,’ sei Marchje. ‘Sa dra as Ingeltsje wei wie, moasten de foarbern 'er út te tsjinjen en Gatske-muoi moast de hiele buorkerij bestjoere. Hja gong oer alles en alles. Wiene my dat ek oarders? De buorren ha 't 'er wol raar oer sein. Deselde wyks, dat Ingel- | |
| |
tsje te hôf komd is, moatte se 'er oangien hawwe meiinoar as wylden... en...’
‘Stil wat! Stil wat!’ sei Japik-om, ‘lytse poatten hawwe ek earen.’
‘En ja, doe moasten Rouke en Gatske beide by him ynwenje. Ik wyt wol, hja krigen grou jild foar har húske; - men kin 't net goed gewaar wurde -, mar in hûndert gûne sân, acht teminsten. Ik haw wol heard, dat se 'er hast fergees of foar 'e rinte wenne hiene, dy jier tsien, alve. Mar wa brekt syn eigen húshâldinge op om in oar sines te berêden? Dy hâld ik net foar felle wiis, mar dat wiene de boer syn gânzen net...’
‘No, dêr wol ik noch safolle net fan sizze,’ sei Tsjebbe, ‘“foar jild ferlit de keizer syn ryk.” En as Rouke dochs altiid by him arbeide en Gatske foar húsfrou stean soe, dan wie dat net ienders sa slim úttocht. It wie yn alle gefallen hânsumer.’
Marchje: Dan koe Tsjipke har teminsten safolle te faker op 'e bûse sitte. Ik mei 'er nin praat fan hearre. Hja mei har wat skamje! Rouke wie tûzen parten better as hja! Oarre-heit moast 'er Eb-muoi mar ris oer hearre, as de helte 'er fan wier is, dan is 't al slimmernôch...!
Japik-om: Eb-muoi jout, nei myn ynsjen, de mûle wat al tefolle wille.
‘Gatske moat teminsten raar oan har snúfdoaske komd weze,’ liet de lytsfeint him ûntfalle.
‘En hat se ek net in bêd en bulster yn rekwisysje hâlden, fan in skippersfeint, dy dêr in winterhealjier tahâlden hat?’ foege de faam fan Eb-muoi 'er by.
‘En dat Tsjipke dêr op in moarntiid om in oere twa, trije weikomd is, moat wol yn wierheid bestean. Us folk hiene krekt by in ko opsitten... en Eb-muoi hat it him ek wolris op syn brea jûn, dat se ris meiinoar bûter folden...’
‘No, as 't dan sa dochs stie, as dêr jimme allegearre op
| |
| |
út wolle, dan haw we se rom baan,’ sei Japik-om wer, ‘en hja sille Rouke nin holle mear sear dwaan. Elk moat mar wite, wat him te dwaan stiet. Iderenien hat syn geheime gebreken en elk moat mei syn eigen hûdsje nei de loaier, plichte ús oarreheit te sizzen. De saak is net oars, en 't is folle slimmer foar 'e doochnetten, dy triomfearje as foar 'e goeden, dy 't ûntjildzje moatte...’
‘Ei wat! Hja jouwe 'er neat om. Hja binne sa fleurich as bijen,’ sei Marchje. ‘Men kin 'er neat fan oan har sjen. Krekt as mei de dea fan Ingeltsje. Ik leau 't se 'er ynwindich bliid om wiene, dat se stoar. Dat sloof! Ik haw 'er Gatske wolris oer heard. Wat koe se fan 't minske ôfjaan! Dat se sa rûngear siet, dat se sa benaud pipe, dat se sa smoarch wie, dat se mei de tange hast net oan te taasten wie, dat har 't iten en drinken 'er oangriisde, folle en net genôch. En hoe koe se oer har eigen man sims útgean! Hja hat him nea de rjuchte achting ta droegen, dat hâld ik út. Hy is fergees net ûnder tsjinst gien! Dan joech se him dy namme en dan dy: (en as er 'er by wie, dan wie 't Rouke-om foar en Rouke-om nei) myn âldman, myn swankebast, myn âlde swabberkaptein en al sa foart hinne. Mei dat al. Doe't er mar ta 't hûs útbrocht waard! Mar doe't dy smoarch hûn stoar, “ús leave taks,” dêr koe se om gûle, dy gekke tutte! En hja makke master út, oft er nin turf heech wie, omdat hy 'er har om útlake. Dy flarde! Ik hoopje, 't sil er har nei gean...!’
‘Dat 't net goed meiinoar stie, dat koe men altiid wol merke, en ienige dingen wezen dat ek wol út,’ sei Japikom. ‘Gats hat altiid in boaze fekke wêst. Dy Ychtener soarte is net mak en wat oars ynlein, as de froulju oan ús kant, dat sille de feinten op 'e Brette Hoanne winterdei oer iis wol gewaar wurde.’ (It jongfolk boarste út fan laitsen). ‘It binne party heale keardels en dêrby tige leidich. Dan binne sokken lykas Marchje, sa te sizzen, mar siden himdkes. It is oer 't algemien ek in los folk. Hja wite fan 'e wei en de spraak.
| |
| |
De mûle sit har trochgeans op 't rjuchte stee: party hawwe bekken as skjirren. Ik hie 't er yn myn jonkheid nea net grien op!’
‘Oarreheit hat 'er, leau 'k de gek ek noch mei,’ sei Tsjebbe.
Japik-om: Nee, nee! Alhielendal net. Mar ik woe Marchje mar fan dit praat ôfbringe. It wurdt ek njunkelytsen bêdtiid. Lit ús 'er jûn mar in spjeldsje by stekke. Elk moat syn eigen dingen wite. Wy binne nin hertekenners, wy wolle mar hoopje, dat Rouke Speul goed oanlâne is. Minenthalven stoar ik, op 't aventoer ôf, leaver mei him as mei syn wiif. Mar de Skrift seit: ‘Oordeelt niet, opdat gij niet geoordeeld wordet’. En: ‘Die staat zie toe, dat hij niet en valle’. -
Dêrmei wie dizze byienkomste ôfrûn. Wy twivelje net, as de lêzer sil no safolle wol fiele, dat er hast wol riede kin, wêr't it op útdraait.
Wy wolle him dêrom allinne noch nei de Kaartlizzer loadse, om de hiele stoarje syn beslach te jaan.
|
|