De kaertlizzer
(1994)–H.G. van der Veen– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 33]
| |
VNearne mear nijs as yn 'e iensumste kriten. Yn 'e oarde, dy wy op 't each en yn 'e oanfang beskreaun hawwe, brochten yn 'e lêste jierren twa bakkers - Oege Wytzes en Halbe Breimer - brea, Rommert rûn 'er ien dei yn 'e wike mei de marse, Fetsje om 'e fjirtsjin dagen mei de bûntkuorren, kofjebeane en tee en foar 'e fêste klanten tabak fan 'e Os, Sjouk kaam twaris, Jetsk-muoi en Maaike Bylâns kamen elkmis ien dei yn 'e wike mei de bolkuorren, de skearder freeds of sneons, Buwe mei kokyntsjes, Walter mei pikelhjerring, Tonnigje mei moster, alle moandagen steefêst makke in healhûndert út 'e Haske en SintJansgea, mei in libbenslang oktroai yn leverânsje fan hanskrobbers of kuorkes, in bepaalde rûte om 'e Tsjûkemar; no en dan kaam Jakle mei bêste iken knipers, om 'e wikemannich Beint mei blomsûkerei, - yn 'e rjuchte fisktiid bokkendragers en spjirringrinders by de rûs, ek net misdield wie men 'er fan lappe-, nappe- en krúk- en kannedragers; dêrby waarden de wyken jiermarkeldagen yn 'e Lemmer en op 'e Jouwer trou besocht; - 't swalkjen fan 'e feedokter by nacht en by dei en wech ende wear hinne brocht sines ek by, en fan 't geafolk sels wiene de húshâldingen fan de iene by de oare, om sa te sizzen, fan stikje ta bytsje bekend. Fan 't kealjen fan 'e kij, fan 't smiten fan 'e skiep, fan 't bigjen fan 'e sûch ôf oan in trek út 'e lotterij of in erfpoarsje ta - neat, neat, hoegenamt neat, bliuwt 'er bedutsen! En sjedêr dan ek safolle bûten ‘extra onare occasie's’ om stoffe te jaan foar 't ienlik wenjende geafolk. Ien húsgesin liket de hiele streek. Nin lytse komt 'er te wrâld, of elk hûs wurdt oansein en noege om gau ris oer te kommen; nin deade wurdt 'er te hôf brocht, of alleman | |
[pagina 34]
| |
komt 'er by te pas, en elk dielt sines mei om 't jinge 'er nedich is by de begraffenisse, fan stuollen, tafels, teeguod, smokerij ensfh. Nin nijeling komt 'er yn, of hy wurdt ynhelle; nin geafreon ferfart of hy wurdt útkonvoaid en weibrocht. Nin meidslach wurdt 'er dien, of lyts en grut wyt 'er fan. Nin gearjefte wurdt 'er jûn en nin brulloft fierd, of jong en âld wurdt oansein en bean op 'e breidstriennen. Sa giet 't by drôfheid, sa giet 't by blydskip, yn dingen fan gewicht en fan minder oanbelang: ûnferskillige dingen binne 'er net of, - bûtenlânsk steatsnijs - dat binne ‘de oanslaggen fan frjemde hânzen!’ Fan alle kanten besjoen, bepraat en beoardield, wurdt fan in neatichheid in hieleboel makke. Stille, ienfâldige kriten! Hoe effen rinne jimme de baan der wrâld, by it drokke stedsgewoel. Hoe krêftich printsje jimme de lotgefallen der minsken yn al har bysûnderheden, yn 't herte der gealju, sa nau feriene mei de wiere en reine natoer. By jimme moat men hûnderten jierren âlde stoarjes fan mûle ta mûle yn wêzen hâlden sjen, om in tinsbyld te krijen fan 'e skiednis der earste minsken en de aldste slachten, ieuwen nei har bestean troch Mozes' pinne boeke. Yn jimme wrâld moat men ferkeare, om de natoerlikheid der dingen teneistenby wer te jaan, sa't se foarfalle. By jimme moat men it libbensbyld oanskôgje fan alles te neamen by de rjuchte namme, alles te neamen mei wurden yn 'e styl der Hillige Skrift! Mei ien wurd: dêr is it hiele libben ien beskriuwende poësije, dy troch 'e fal fan Adam en Eva yn gehalte safolle ferlern hat, as se yn omfang grutter wurden is. Mar ek de ûnferfalske wierheid leare jimme ús by bûtenspoarichheden. Dan wurde ek de dingen, dy kwea binne, kwea neamd, de skande útsprutsen oer skandlike dieden. Ienfâldige lânsdouwen, noch sa farsk út 'e hân fan 'e | |
[pagina 35]
| |
Grutte Makker formeard, jimme brakken en puollen en wielen, jimme blomte en griente, jimme fûgels en beamte, jimme fee en jimme minsken ha wat oan har, dêr 't swiet der falske beskaving nin rook oan hat.
Men kin tinke, dat 'er by en oer in brulloft lykas 'er dy maaies hâlden wurde soe en hâlden is, net in bytsje te ferhan'ljen foel. Folle brulloften hie men foar en nei bywenne, mar sa'n brulloft hie 'er nea net earder wêst. Wy sille it net weagje him te beskriuwen. Dy dochs in bytsje mei wêst hat, wyt wol, wat 'er sawat de haadsaaklike pret fan útmakket. Wêrom't dizze 'er him sa útkipte en just sa yn oantinken bleau, wie om de persoanen, dy 'er de fernaamsten fan wiene en dy wy al sawat kennen learden. Allinne moat men wite, dat âlde ljutsjes fan sechstich, santich jier sawol as feintsjes en famkes fan sechstjin, santsjin, mar pardoes ‘los’ wêst hiene. De fioele, de tange en 't fûlensblikje woe 'k sizze, hie 'er gien, ûnder 't donsjen en govertsjen, ta de iere moarn út. Mei ien wurd: dat wie doe in brulloft, dêr men nei jierren en jierren noch fan prate soe, te mear om't skoalmaster 'er ek in aparte sangGa naar voetnoot* foar ‘op dichte hie’, krekt lykas hja dêr praten, op 'e wize fan:
Gij komt, o stille avond!
1.
Wa sal 't ús kwalik nimme
Dat wy, op dizze jun,
Ris hertlik meiinoar sjonge
Ter ear fan 't trouferbûn.
| |
[pagina 36]
| |
2.
De lyfde is 't wûrch te priizjen
Wannear, de knotte lein,
Nei 't swiet en nochlik frijen,
Het jawurd ta wurdt sein.
3.
Gen bân ken fêster bine
Gen bân is ek sa tear,
En, mut er ienders brekke,
Gen breuke docht sa sear.
4.
Faak skynt het sa yn 't libben
Dat lyfde minder wurdt.
‘Dat âlde lyfde n't rustet’,
Dat is in rein wier wurd.
5.
De dea allinne skaat har
Dy lyfde oan lyfde bûn,
Dit woll' wy winskje en sjonge
Altiid en dizze jûn.
6.
Ferjûn is 't en fergetten,
Wat earder is geskied.
De krinkels binn' ferlutsen
Genezen 't âld fertriet.
7.
Lit frij kwealaster spoekje,
En hjitfalgje as de nyd -
Us dûbeld brulloftsfreugde
Beskamje lasters spyt.
| |
[pagina 37]
| |
8.
Gen minskemacht sal skiede
Wat God feriene het:
Faak is m' yn 't eech ferwid're,
Mar hert fan herte net.
9.
Hâld fêst oan dizze leare
By 's libbens swiere kamp;
't Ferdûbelt jimme freugde:
't Ferlicht de helt der ramp.
10.
Neat is er hjir beneden
As 't het syn soer en swiet;
Mar 't goede komt fan boppen
Ek faak yn bang fertriet.
11.
De brugg'man swalke om utens,
Wie steeds yn deadsgefaar;
De breid moast lykwol swerve,
Har lot wie even naar.
12.
Hâld dus dat soer ferleden
Ek foar in gift fan God:
Farr' wol jimm' hele libben!
En smeitsje in lokkich lot!
13.
Fergetten, oars, 't ferleden:
Foarút! is no de wei:
Dat God jimm' lang bewarje
En tige seeg'nje mei!
| |
[pagina 38]
| |
14.
Sa sall' wy lang noch sjonge,
Ter ear fan dizze jûn
En 't lok, dat jimme hewwe
Yn 't âld-nij trouferbûn.
15.
De segen fan 'e Heare,
De geunst fan elkenien -
Mei dy en hús geniete,
't Is steeds nei winsk dêr gien.
16.
Us geunst sall jimme hewwe,
Gods segen bidd' wy ou:
'n Sa hoopje wy het bêste
Fan jimme houlikstrou.
En - ‘hoe't se húshâlden...?’ Dat opsettelik te beskriuwen is ús wyt net. Har kostwinning ha wy earder beskreaun. Wy nimme har no mar op ûnder de grut hûndert sielen, dy de ienfâldichheid, de tsjinstfurdichheid, de gastfrijheid en it algemiene dielnimmen by in driigjend ûnk, beoefenje as deugden, wêrút in nju foartfloeit, dêr de oerdwealskens fan grutter befolkingen fier, fier by benefter stiet. 't Is hjerst. De eastewinen sette 't Tsjûkemar yn beweging. De weagen gean al heger en heger, it wetter set op. De polders rinne fol, troch it sypjen troch 'e diken. De mûnen binne nachts en deis ûnder 'e seilen. De diken driigje hjir en dêr har te bejaan. Nin oanskriuwing fan Deputearden, nin ‘missive’ fan Grytman en Assessoaren, nin needklachte fan dy en dy, nee, algemiene behertiging fan 'e belangen fan 't hiele gea driuwt it manfolk, lyts en grut, waap'ne mei | |
[pagina 39]
| |
syn ark, nei de balstjurrige mar. - De winterjûnen komme oan. Nin aparte útnoegingen wurde 'er ôfwachte om yn in selskip te kommen. Nee: ‘wy komme jûn’ of: ‘dan en dan’ of: ‘ek ris komme’ is genôch om in ienfâldich, golle en oprjuchte gearkomste te krijen, dêr de ûnkosten har allinne ta in ekstra klontsje yn 'e kofje bepale. Kom, lit ús ris efkes by sa'n byienkomste ‘kykje’. Wy binne 'er tige wolkom. Jûn hawwe se in kofjedrinkerij yn 'e ‘lange leane’, nei gedachten op 'e selde grûn, dêr lenders Sieuke en Marchje buorken. Dêr wennet no Japik Tsjebbes. Hy sit yn 'e hurdsherne. Bijke leit ûnder syn stoel. De jonge boer, Tsjebbe, Japik-omme soan, sit neist de âldman oan 'e tafel en de boerinne Marchjen, Tsjebbe' wiif, oan har man, foar 'e tafel. In útfanhûzer sit yn 'e oerherne, dêroan de gealju en de boaden, 't manfolk by de hurd, dêr in ferm turffjoer op stiet te brommen, de froulju oan 'e tafel mei in fikse jannewaris yn 'e stoven en in kanne fol kofje mei in kopfol tsjokke rjême foar 'e noas. Hja seamje in doek, naaie oan in himd of breidzje. De manlju paffe as om kriich, sa dat bywilen de keamersdoar wolris opset wurde mei, om de ‘riik’ 'er wat út te litten. 't Is sân oere, healwei achten. Allegearre hawwe se 't miel berêden en binne goed foarbereid om de kofjeskinker eare oan te dwaan. De lytse bern binne fan kant. De hiele buorkerij wurdt fan foaren oant efteren ta ôfhan'le. De iene hat dit en in oaren dat wer oars as syn buorman. - Dy syn sûch hat safolle wiken, dy sines safolle. Dizze hat de kij ier, dy let. 't Gemaak, 't hea, de koeken, 't einefuorjen, alles, alles wurdt by 't ein nomd. Nin nijs, oeren fier yn 't rûn, as men wyt 'er wat oer te sizzen. De krante wurdt ‘er jitris by helle, om de boelguodden, ferkeapingen, ferhieringen, deaden, bertmen, ûngelukken, prizen fan 'e bûter en tsiis wer ris op te ikkerjen of't ferskeel dêrfan presys te witen en te beslissen. It lânwurk fan no en foarhinne, 't bûtermeitsen fan hjoed- | |
[pagina 40]
| |
deis en foar in diel jierren, de tiid fan meanen fan alear en no, 't reidsnijen, 't ynhieren fan feinten en fammen, alles en alles wurdt oer en wer oertocht en bepraat. Salang't men sit, stoppet men mei de boer, mar by 't einsluten wurdt it bûthús jitris lâns trape, om de bisten jitris, nei sa mannich kearen, te skôgjen, te befielen, te wurdearjen en meiien ôf te ljechtsjen, in foartgeande, nimt men fan jins eigen tabak. Hynstermiddei (12 oere) wurdt net jamk oersitten, de klompen wurde trochgeans al earder thúsbrocht en opsteande is 't: ‘Nacht, folk! Ek ris komme!’ En: ‘Ek genacht! Jimme moatte sa mar ris wer dwaan!’ Sjedêr 't rûge, natoerlike en ienfâldige omskot fan alle kâlterijen dizzer golle gealju. No en dan wikselt men dat ôf, mei nijs om utens wei, mar meastentiids hâldt men jin by 't jinge 'er yn 't gea sels, mei en ûnder 'e buorren omgiet. Wa't de âldboer is, sille jimme no mûlk wol wite. Sa net, wy wolle him neier ôfprintsje en him en syn folkjen ris prate litte oer in stoarje, dy in jier of tsien nei de grutte brulloft foarfoel en net minder as dizze de tongen losmakke. Wy sille 'er ta ús leedwêzen út sjen, dat't kwea syn part fenyn hjir ek al útspei ûnder 'e neiteam fan Adam. |
|