weihelje! In dûbeltsje kin raar rôlje...! Earst sa arich meiinoar op 'e stap, behoarlikjes ús stikjen brea, in leaf berntsje hawwe, en dat wer nei 't tsjerkhôf bringe... hûs en hôf ferlitte... ik ûnder 'e soldaterij yn 'e frjemdte, ûnder poerfrjemde minsken omswerve... en...’
Mar foar't er har namme útsprekt, moatte wy ek ris by 't frouminsk sjen.
Net ûnbekend mei wat har dizze jûn te wachtsjen stiet, sjucht se dan ris stiif foardel, mei de beide earmen oerinoar op 'e skurte, of draait de holle oer 'e side, as wol se 't iene ear foar 'e doar yn 't kier sette, om better de fuotstappen oer 'e planke te hearren; dan tripkjende mei de fingers fan 'e lofterhân op 'e iene knibbel en de rjuchter-hâns-foarste ûnder 't kin, en bywilen ris yn 'e mûle, har blyn sjende oan 't lampeljecht of har benaud tinkende dat it ris ferkeard ôfrinne kinne soe.
No en dan wurdt de nuvere stilte ferbrutsen troch in djip, djip ophelle en tige swiere sucht, of it praat fan 'e âldboer - oars sizze se meiinoar sa wat neat, want allegearre binne har gedachten beuzich mei deselde skiednis. Mar hoe mannich 'er ek oer tinke en 'er tûzenerlei stille opmerkingen oer makke wurde, mar twa, dy 'er de lytste en fynste puntsjes fan oanroerden en fielden, twa, dy 'er oer suchten en dat wiene de jongeman, dy sa om 'e hikke draaide, de planke oer gong en 't hiem op stoep, en dizze húsfrousfaam.
Wie 't in gewoane meidslach, wy soene allikemin de muoite dwaan wolle as wy 't no kinne, om te beskriuwen hoe't dy earste gearkomste ôfrûn. Dit litte wy oan 'e ferbylding fan 'e lêzer sels oer, yn 'e hope, dat er 't skilderij dêrfan sa wier makket as mûlk is, mar jimmer foar 'e treurige ûnderfininge dêrfan bewarre bliuwe mei, behalven as er yn 't plak stiet fan dizze jonge lju.
Sille wy 'er eat oer sizze, dan wêze 't dit:
Wolkom wie de komste by alle húslju, út 'er miete wol-