| |
| |
| |
III
Oan 'e sûdwest ein fan 'e Tsjûkemar is in útwettering, dy nei de Lemmer rint, bekend ûnder 'e namme fan Lemster Rien. Tichte by dat wetter, deun oan 'e mar, stie yn 183* in arbeidershúske, foarsafier it dy namme drage koe, mei in foech ôftekje foar in ko of in pear skiep. In blokje hea, berekkene foar sa'n beslach fee, wie 'er frij sloarrich opinoar loege en befêstige mei in stik twa dykpeallen fan ûnderen en oan 'e siden troch in mannich klinkerts dy oan in reapnet hingen. De went, mei twa ramten, sûnder gerdinen 'er foar en yn in pear ruten in tropke hea, ferrêde doarren en in skeinde skoarstien, mei in koer 'er op, wezen genôch út, dat 'er nin treflike húshâlding yn banke.
Sûnder húshâlding is dizze klinze. De bewenner is in troud man, sûnder wiif en bern. Hy hat ramplesant wêst, hja hiene in berntsje hân en wer ferlern en doe hiene hy en syn wiif njunkelytsen sa'n hekel oan elkoar krige, dat se de skieding, frijwillich, foar wizer en better hâlden, as de plicht te folbringen, dêr eed en trou harren ta twinge moasten. Hy hie syn tiid áttsjinne. Earremoed lijt er net. Syn ko en twa skiep jouwe him wol nin tarikkend bestean, mar hja stypje him safolle wol, dat er syn ramplesantsjild frij wat sunich oan hoefde te sprekken, as er it dêr altiid op talein hie en jit op talizze woe. Lykwol leit er it altiid net op it kloekst oer, want hie er him trou oan 't wurk jûn, dan hie er bêst safolle yn 'e simmer oerfertsjinje kind, dat syn ien, twa bisten him winterdei de kost wol opbrochten foar 't wurk. Mar 't soldatelibben siet 'er noch tefolle yn; - dat leart wol pielen, mar nin arbeidzjen. Dêrby maalde de húsbaas bywilen de plasse net in bytsje oer syn wiif. Selskip-swiet dêrby, rakke er no en dan wolris fan 't spoar. En, lykas dat giet, dêr in bytsje
| |
| |
jild en in skynseltsje fan goederjouskens is, dêr binne troch 'n bank nin freonen brek. Wy wolle dêrom net sizze, dat sokke freonen allegearre falske freonen binne. Fier fan dat! Dan soe it meilijen net mei in minske berne wurde.
Lit ús dêrom frij ien fan dizze freonen efternei gean. Hy mei in helper, helper fan Sake-boer, wêze of net, syn petear mei frij beharke wurde. 't Is tiisdeitejûn, de dei foar 'e Lemster wykmarke.
‘Hoe is 't maat!’ seit Obbe, nei't er by de hurd skikt is, ‘moarn ek nei de Lemmer? Hja sil 'er moarn ek wol komme, 't is moai hjerstwaar. Wo't dyn eagen net ris ferklearje?’
Húsbaas: 't Kin my neat skele. Lit se opspringe, mei dy hiele bucheljoen!
Obbe: Hoe no? Si't dy sels no alhielendal weismite? En dat in feint fan Willem Frearks? In held fan 'e 10-deiske fjildtocht? Nee, dan hast nin kûraazje yn 'e hûd. Dan meist dyn krúske wol yn 'e Rien bruie. Soe 'k my 't wiif ôfsette litte fan sa'n prop fan in keardel? Dat soe te lyts wêze! Net om dy buchel. As 't dêroan stie - dêr koe er wol ôfkomme. Dat haste ommers lêsten wol heard fan dy Akkrumer kowedriuwer, hoe't ús maat dêr by harres mei han'le, yn dat hûs, dêr 't sa yn spoke. Dy keardel - wie 't nin skuonmakkerke? -fertsjinne 'er noch twahûndert gûne mei en hy rekke syn buchel kwyt, mar de skroar krige twa buchels yn pleats fan ien.
Húsbaas: Wrachtich! Dat sei dy fint. De divel flapte baas Fiterklap mei't kastke troch 'e skoarstienmantel en doe't er dêr ôf foel, wie er mei de lege rêch, dat sei er.
Obbe: Ja, foar twahûndert gûne. Hy soe ommers fjouwerhûndert fertsjinje foar't er in nacht yn dat hûs siet. Dat wist ûs Maat ommers en dêrom frege er de helte fan 'e fertsjinst. - Mar wiste ek wol dat baas Krotnaald 'er minder ôf kaam? Dy hie 'er ommers ek sin oan, om fan syn buchel ôf te kommen...? Dêrom woe er 100 gûne jaan, om ek in nacht
| |
| |
yn dat hûs te sitten. Akkoart wie 't. Baas siet mar just, dêr kaam ús Maat wer oan, naam 't skroarke by kop en gat en wypsdy! Mei 't boarst tsjin 'e skoarstienmantel oan. En hoe kaam er wer del? Mei in buchel foar en in buchel efter. Doe wie dat ommers alhielendal in skuld?
Húsbaas: No, Sjerp hat wol en oars syn heit wol.
Obbe: Sa... mar asto dan syn buchel ris wer krigeste? Dan wiest ongeschikt voor de dienst, man! Dan wiest ommers alhiel ridderslein. Do wytst dochs noch wol, wat dy kowedriuwer 'er by foege? ‘Elk hat syn eigen Skepper net wêst, sei er ommers? - En 'er moasten fan elke soarte altiid sàfolle wêze, dus ek safolle buchels.’ Do biste oars in kant jongkeardel en dêr past alhielendal nin buchel by. Ik soe wrychtich bang wêze, dat Sjerp 'er dan mei opstriken gong.
Húsbaas: Och, elkenien smeart 'er ommers mei om.
Obbe: No, wat hasto dien? Do haste ommers Jouster mar-ke ek al in slytsje hân... Wie 't net ien fan 'e 33?
Húsbaas: Mallichheid! Dat wie mar sa'n loopke.
Obbe: Ja, dat sei de jonge ek en hy hie syn mem oan 't tou. Mei dat al! Praat is mar neat, hear! Dyn frouminsk rydt noch fatsoenlik mei de chais en by ljechtskyndei nei de wykmarke.
Húsbaas: En, wat er meer volgt, seit Domeny.
Obbe: Hoe wat er mear folget?
Húsbaas: Ja, wa wyt, hoe folle frijers dat se oars foar en nei al hân hat en noch hat? Praat my net fan dy grutten: ik haw se ûnder tsjinst wol sketten. Teakesyl wyt ek wol, hoe't de Hearen de kontribûsje behanthavenje as se dêr ris gasterearje op kosten fan 'e Zeven Grietenijen en de stad Sloten. Ik ha 't wol heard, hoe se 'er yn lâns geane. Jonge! Jild en froulju, man, twinge de hiele wrâld! Praat 'er my n't fan!
Obbe: Kom, kom! Do wurdste jaloersk, leau 'k. Hast ek wat ûnder 'e stoppe?
| |
| |
Húsbaas: Kom, ja! Lit ús de soargen mar ris fan 't hert spiele en oer 'e negoasje redenearje, dat sil, leau 'k, al sa sûn wêze.
(In griene langhals wurdt ûnder 'e tafel wei, neist in kopke 'er op set. Hja priuwe).
Obbe: ‘A fijn!’ (Enfin) seist dan; mar a fijn! negoasje seiste. Alles is negoasje, ju! - Mar hoe stiest 'er ûnder mei de lammen? Simon Smouske hat my juster mar ris tige jild bean foar myn touke, mar ik stean dy jeuden net rjucht. Hja slaan my tefolle op har boarst as se swarre: ‘Hik magh hier stokkeplind wurde’ by dit en dat. Ik soe it him noch wol dien hawwe, mar hy woe my moarn jild jaan, en sa woe 'k net.
Húsbaas: Hja binne party al by 't rêd om ôf. Mar as se de slach om 'e earmtakke hawwe, de jeuden, dan binne se tûzen parten better as de poepen. As dy 'er wat op ferkomme, dan binne se sa min te brûken, as se har skoan brûke litte, as se neat hawwe. Wytste, wat ús sersjant sei?
Obbe: No?
Húsbaas: Een jeud is dankbaar as 't hem goed gaat, maar een mof of poep nooit:
Wen de poep hier komt in 't land
Dan is hij zo'n nobele kwant;
Hij licht zijn hoed, hij strijkt zijn voet,
Hij doet aan alle mensen goed:
Maar wen hij komt tot hoger staat,
Hij doet aan alle mensen kwaad:
Hij licht geen hoed, hij strijkt geen voet,
En dan gûlde er 't út:
De duvel doe den poepen goed!
Obbe: Dy hie 't ek omreitsen op 'e poepen fersjoen soe 'k sizze. No, ik mei se ek net graach luchte... Mar mei de
| |
| |
jeuden moat men dochs altiid mar op jins iepenst wêze. Skien, ik haw oer Simon net te kleien. Hy is risnabel.
Húsbaas: Wat koest krije? In rider?
Obbe: Sok slach. As de mark wat mei rûn, soe 'k jit in healgûne mear hawwe.
Húsbaas: De dinder, Obbe! dat is skoan jild. Dan moatt' myn lammen ek mar oan jild. Do tsjuchst moarn hinne?
Obbe: Ja, dat wiene de foarnimmens. Mar giest net mei, ju? Lykas ik dy sei: hja komt 'er moarn hiel wierskynlik ek.
Húsbaas: Dat ha 'k dy niis al sein: dat kin my neat skele. Mar om myn lammen woe 'k wol heal en heal hinne. En as de marken sa oprûn binne yn alles, dan woe 'k myn rierke ek wol oan jild meitse. Om har kom ik 'er net.
Obbe: Hoe om har net? Hoar 'es: gekheid is gekheid, mar 't liket my dochs sa'n slim frouminske net ta. De minsken wolle graach rabje, moatst tinke, en nea mear as yn frijerij en trouwerij. Wa trouwe 'er tsjinwurdich, as 't is hast altiid: ‘Hja moasten ek’ of: ‘Hja sille wol moatte’ of: ‘Moatten sil 'er wol efter sitte,’ Mar tink om myn reden: men wurdt mear fan strontkarren oerriden as fan knappe reauwen. Steur dy net oan 't laffe praat fan in oar, dan hast nea dien wurk. As se sa'n minne flarde wie, dan wie se by Sake-boers sa net gesien, dêr kinste wol op oan. En bûtendat: hja spilet dy dochs altiid yn 'e kop om.
Húsbaas: Dat lychste net, Obbe! En hoe't 'er in ein oan komme sil, dat mei de divel wite - ik wyt it net. Men moast jin eigentlik sels mar foar 'e kop sjitte, dan wie 't dien, ferd...
Obbe: Dien? Hoe dinder soe 't dan dien wêze? Do sitst hjir, bygelyks, op Mokerheide, as 't waar ris omslacht, - wrytste wol dat it nei de hjerst begint te lûken? - en de mar ris lont jout, as de eastewyn begint op te pûsten, dan koeste hjir wolris lang oan 'e Rien lizzen bliuwe, aste dat no teminsten bakke woeste, sûnder dat immen wiste, datste libben of dea wieste...
| |
| |
Húsbaas: No, lit my dan mei de hiele santepetyk weispiele, de Rien del en 't seegat mar út foar den bl...
Obbe: Heite! Heite! Do gieste 'er wat al te licht oerhinne, soe 'k sizze. Mar sa wolle wy jûn net beginne. Wytste noch wol fan dy fyndoekspoepen út Sintniklasgea, dy ek wakker opmarsken, doe't men har ferhelle, fan dy wite juffer yn 't bosk op 'e Langwarder singel? Dy binne ommers dy nachts alle fjouwer op ûnderskieden wegen, de iene nei de oare thús komd, sûnder dat se 't sels wisten, hoe just? Mar hja bakten neierhân lytse broadsjes. Hja diene fan tefoaren in steil wurd, mar no binne se altiid al mei dei by honk, hear!
Húsbaas: O, dy poepen! Dy snaken hawwe 't altiid slim hân, en dan ‘bei uns in 't Land,’ sizze se. Dêr is wat te fangen, en hjir komme se om ús de sinten út 'e bûsen te fimeljen. Dy poepen...!
Obbe: No, lit dat dan mar bliuwe foar 't jinge 't is, mar hoe ha wy 't lêsten sels hân op Follegea-brêge? Doe hiene wy ek oer sokke dingen praat. En doe dyselde nachts, wat hat dat in benaudheid jûn. Wytst noch wol, hoe't de brêge skodde en kreake, krekt oft er fan boppen del yn 'e feart bruie soe?
Húsbaas: Ja, dat is allegearre wier. Ik wie doe ek al in bytsje yn 't gat benaaid, mar wa doar noch sizze, hoe 't yn 'e grûn wêst hat? Der binne mear bysfeinten as spoken! Wytste dat wol?
Obbe: No, dat is ta der oan ta. Wy koene dochs mar net in stap fierder komme, al hoe ljecht dat it op 'e brêge, foar en efter en om ús hinne skynde. En it wie je dochs sa tsjuster oars, as roet: de iene koe de oare te nauwerneed sjen. Dat wytst ek wol?
Húsbaas: Ja, de ferbylding is slimmer as de tredd'-deis koarts. En wy hiene allegear in moaie pandoer yn. En dat mitert my ek allegearre neat mear. Do praatste fan 't frouminsk en om moarn mei nei de Lemmer. Wytste grif, dat se 'er komt, moarn?
| |
| |
Obbe: Al moai wis. Ulbe hat 'er fan praat.
Húsbaas: No, lk wol 't dy mar sizze, Obbe! Ik wie al fan plan om har yn 't koart ris op te siikjen.
Obbe: Ik soe 't mar fêst stelle. Ik wol de muoite wol dwaan en jou har moarn de wink, asto sels net mei gieste...
Húsbaas: Hoe de wink jaan...? Biste ek al mei har yn alliânsje?
Obbe: Nee...! ik woe 't har efkes ferknippe, wyl't Sjerp en hja byinoar wiene. - Do falste my eigentlik danich ôf, foar in âlde gediende. Wy hawwe safolle meiinoar op en út wêst - datste my no noch sa wantrouste...!
Húsbaas: Dat is sa net. Mar wat hoeve sokke babbelegûchjes, fan wink jaan en ferknippen...? Rjuchtut! Oars kin 't dochs nea goed komme. Wat dogge dy knopedraaiers en makelaars twiske beiden! Ik gean sneintejûn, as myn sinnen net feroarje, hinne en sjuch hoe of de foarke yn 'e stâle sit. Is se beret, goed; net, ek goed.
Obbe: En allerhilligen mar wer byinoar.
Húsbaas: Hui wat! Net earder as takomme maaie. Lit har earst dat fol jier lean noch meinimme.
Obbe: Net te fier fan hûs stelle, útstel is faak ôfstel.
Húsbaas: Ik wol 'er fan 'e winter myn wille noch fan nimme. En dan kinne wy ek ris sjen hoe't hja har hâldt...!
Obbe: Dat sil hiel wol goed komme. Bedaard oanlizze, maat! Dat foarby is, is foarby ‘Quitte is quitte’ sei master Doeke. Der moatte nin âlde kij út 'e sleat helle wurde.
Húsbaas: Ik wol nin gesanik om 'e earen ha. Twa kibje, beide skuld, mar de kop is my nin jelne lang.
Obbe: No, ik moat wol foart. Hoe biste beret?
Húsbaas: Ik gean mar mei.
Obbe: Ja, der moat no mar jild makke wurde.
Húsbaas: Do praatst wat.
Obbe: Goenacht.
Húsbaas: Nacht, Obbe!
|
|