breed tsjok op 'e stuollen en yn 'e finsterbanken en op 'e tafel, de dôve koalen op bêd, de itenspannen oan diggels de flier oer struid, de tange troch 'e spegel, de fjoerpoat oan 'e klokswichten, de doarren út 'e knieren, ja, ik doar 't hast net sizze, hoe mâl dat it wol wie!
Hy: Och, men kin alle praatsjes net telle. Men kin de minsken de mûle net stopje. Kwealaster is 'er altiid. Jimme moatte wer byinoar, oars komt it net goed. En hy sil him hiel wol goed hâlde. Ik ha 't lêsten wol field. It skriemen stie him neier as 't laitsen. It moed wie him glêd fol. Ik haw him inkelde dingen oerslein ûnder fjouwer eagen, mar doe fernaam ik wol, wêr't er hinne woe. Hy is beret, hear!
Sy: Och, ja, hy is oars sa goed as er lang is. Mar de drank, de drank! En dan ha je ek altiid noch ferkearde riedslju.
Hy: Dêr ha je 't...! En de soldaterij hat him ek in bytsje fan 't spoar brocht, hâld ik 'er foar. Alteast fan tefoaren wie 't sa slim net mei him, net heal!
Sy: Ik kin 't my noch net begripe, hoe't it sa mâl wêst hat. Wy hiene oars ek sa folle ferskeel net hân, mar it wie presys, dat wy mar fan inoar ôf moasten, dat is sa.
Hy: Jimme rûnen wat te stiif tsjininoar op De iene moat de oare wat tajaan. Der rydt nin wein sa licht as hy stiet wolris. En ik sis altiid: lilk te wurden is minskelik, mar lilk te bliuwen is divelsk.
Sy: Dat is wol wier... Sake-boer sei hokkerdeis ek: ‘dy lilk waard, wie altiid mar op healwei, want hy moast dochs altiid wer safier tebek, om wer goed te wurden.’ Dochs it lit him allegear better beprate as dwaan. En jonge, jonge! Fan efteren sjucht men in ding bêst yn. Wat seit it wiif 'er fan?
Hy: No, 't wiif seit ek: ‘hoe gauwer wer byinoar, hoe better, 't Is in hiele skandflek foar 'e famylje, seit se. Jimme moasten, sa dra as er syn pasboerd hie, wer byinoar gien wêze’... en 't wurdt no gau in jier...!
Sy: Ja, krysttiid is 't op 'e kop ôf in jier, mar as hy net