| |
Hetsjemuoi
Hetsjemuoi wie sechstich jier,
- 't Jongste wie der ôf! -
Ronflich 't fel en griis it hier,
Doe't hja faam wie, jong en derten,
Hien' de frijers har fergetten.
't Kin al mâl, sei jamk ús heit,
Hetsjemuoi waard jit de breid:
Breid fan sechstich jier,
En hja boaske, kin 'k fertelle,
Mei in âlde widner, Jelle.
Bodzjend strample er oer it paad,
Doe't er sa krebintich waard,
Want hy koe him net mear warre;
En in faam - dat mocht net barre!
't Wie in moaie simmerjûn;
Lykme allinnich; op 'e grûn
Oer de griene fjilden trille
't Lêste sinneljocht fol wille.
Hetsjemuoi, de hannen gear,
En de tank oan God de Hear
| |
| |
En de strielen fan de sinne
Dûnsen, boartene om har hinne.
Dêr kaam Jelle-om oan 'e doar;
Heal ferbjustre kaam hja foar;
Gau wien' kopke en pantsje helle,
En dêr siet ús âlde Jelle.
Deales wurk; syn mûledoar
Siet mar fêst op 't slot;
't Hege wurd dat siet der foar;
Doe't er op syn dree wer rekke,
Sei er: ‘'k Woe jo efkes sprekke.
Jo en ik, wy wurde al âld,
't Rint nei 't alderlêst;
Ja, sa giet it yn de wrâld,
Mar, foar't wy oan d' ein ta reitsje,
Kinn' wy 't ús jit nochlik meitsje.
'k Heukerje sa'n tweintich jier
Mar dat wurdt my no te swier,
'k Ha 't soms neat te rom.
Gau bin 'k wurch en ôf; want wrammels,
'k Stean net fêst mear op myn skammels.
Dêrom - 't liket mâl - mar ja,
't Moat my no fan 't hert:
Lit ús, foar't w' alhiel ferslite,
Jit de fodden by ‘noar smite!’
Doe wie 't stil in amerij;
| |
| |
Sonk de sinne yn 't westen wei,
Hetsjemuoi, waans eagen blonken,
Like yn al dy pracht fersonken.
No, dat duorre dêr sa wat;
‘'t Komt sa hommels my oer 't mad;
‘Dat is bêst’, sei Jelle-omme,
‘Sil 'k dan moarn mar wer ris komme?’
Dat wie goed; en Jelle fuort:
't Waard him dêr te near;
Want in hammerke yn syn hert
‘Moat dat sloof’, klonk 't yn syn herte,
‘Diel habbe oan dyn soarch en smerte?’
Hetsje slacht de bibel op,
Dat de bêste minske ús earen
Neiliet om der út te learen.
Hin, 't âld minske blêdet om
En hja lêst, en 't wurdt har rom,
't Tsjuster wurdt teskuord;
‘Leafde’, lêst se, ‘is 't heechste en bêste,
Leafde is 't earste en 't alderlêste!’
- Wippe 'r ingels yn 'e flecht
Pronkje s' âlde Hetsjen op
Strielen struie s' om har hinne,
Ljocht, sa suver as de sinne! -
| |
| |
‘Tank, o Hear!’, seit hja op 't lêst,
‘'k Sil myn bêst wol dwaan,
Om him by syn soarch en lêst
Leafde en treast te jaan;
'k Sil yn 't goeddwaan nea net rêste:
Leafde is ommers 't heechste en bêste!’
D' oare jûns: ‘Dêr wie 'k al wer’,
'k Soe my goed betinke, hear!
Woll' jo mei my oer de planke?
Mannichien hie daalk betanke.’
Glimkjend sei hja: ‘'k Nim it oan;
Op my sels; wy kinne 't skoan
‘“Wy kinn' 't wol tegearre fine,”
Sei de kreuple jin de bline.’
Doe't dit nijs bekend waard, sjoch,
Fleach it tel de buorren troch,
En de wyfkes, jonge en âlde,
Koen' de mûle 'r net fan hâlde.
No, hja trouden yn 't lêst fan 't jier,
't Fjild wie wyt en kâld,
Mar de sinne ljochte blier
Sa barnde ek yn Hetsje' siele
'n Hearlik ljocht mei súvre strielen.
Hetsje' húske kamen s' yn,
Earst gyng 't wakker foar de wyn,
| |
| |
En, wie Jelle-om soms seurich,
Hetsje makke 'm wol wer fleurich.
Mar de simmer wie yn d' ein,
Hjerstwyn skuorde oer 't lân.
Unwaarsbuoien, stoarm en rein
Jelle siik; de minsken seien:
‘No begjint foar Hetsje 't lijen.’
Sûnt dy tiid hat d' âlde man
D' ein wie fan syn lijen wei,
Mar al mocht hja skrippe en skuorre
Jelle-om grynde en graude en gnoarre.
D' âlde bodder waard sa koart
Stymsk en noartich; 't wie in lot
Mar hja bleau der fleurich ûnder,
Sûn en sterk; it wie in wûnder!
't Waard al minder: tweintich kear
‘Hetsje, 'k lis my wer sa sear!
Tweintich kear kaam 't âlde minske,
En ferlei him, sa't er winske.
Drankjes koed er net mear ha;
't Holp dochs ek nin bean.
Hetsje, dat getsjirm al ba,
En hja sei: ‘Foar jo is 't bêste
Drankje: in steech geduld en rêste.
Jo ha dochs net om 'e nocht
| |
| |
't Hat jo dochs wat fierder brocht? -
O, dan kin er wol tefreden
Wêze yn ûnk en swierrichheden.
't Skipke sylt yn 't earst sa blier
Alles liket fleur en tier,
Komme 'r letter swiere buoien,
O, dat 's earst in hopen lijen.
Njonkelytsen wurdt dat oars:
Dy't it roer fan 't skipke hâldt;
Hurder mei' de stoarmen wurde,
Stjurman kin 't no hiel wol hurde.
Freonlik gloarjen sjocht,
En syn reize oer libbens see
Soed er dan jit grine en kleie
Omt sa wyld de weagen jeie?’
De earme bodder seach har oan:
Hetsje, wiif, wy habbe 't skoan
Do fersoargest my yn 't lijen,
Sûnder ea dy sels te mijen.
Freonlik sintsje fan myn jûn,
'k Hab yn dy in herte fûn,
Bêste siel, do heste wakker
Skript en wrot foar d' earme stakker!
| |
| |
'k Wie yn 't lêst wat al te hurd,
'k Sei sa mannich noartich wurd...
Hetsje, dy't oan 't kriten rekke,
Sei: ‘Dêr moatsto net fan sprekke.’
Neier kaam de dea, en song
Alles, wêr syn herte oan hong,
Stjerrend drôge er fan in libben
Sûnder leed, mei al syn sibben.
Sels yn 't kampjen mei de dea
Moat hja dizze wrâld ferlitte,
Oer it grêf, dêr bloeit hja jitte.
O, in dream is 't libben dôch,
Dreamend is me hjir in tôch,
Alde dreamen mei' ferstowe,
't Is wer simmer, 't is wer jûn.
Hetsjemuoi; 't is stil yn 't rûn;
Dauwe dampet fan de greiden,
Fûgels tsjotterje yn de reiden.
Fier oer 't fjild sjocht, waarm en rea,
't Kleed fan dauwe om 'e lea,
't Slûge sintsje bûcht it holke, en
Winkt har ta út gouden wolken.
| |
| |
‘'k Bin sa slieprich, 'k jou my del
'k Bin sa wurch fan 't deiske wurk,
Swiete slomme sil ik smeitsje,
Dreamen sille my fermeitsje!
Hasto ek nin sin oan rêst?
Libben is it selde as lêst,
Soesto, âlde, jitte weitsje?
Sliep, wy wolle wille smeitsje!’
Hetsje glimket, o sa blier;
Ljochtet sinneskyn fol tier...
D' eagen ta foar d' iivge slomme...
Súntsjes-súntsjes... ‘Ja, 'k sil komme!’...
Hiel natoere leit yn free
Golle frede is ek te lêzen
Yn de loaits fan Hetsje' wêzen.
Doe't me kaam de oare dei
‘Hearink, Hetsjemuoi is wei!’
Nei't hja har nei 't hôf ta brochten,
Wien' der gjin, dy't oan har tochten...
Mar do libbest yn myn liet,
Oaren stypje yn leed en striid,
| |
| |
Om dy selme tochtst it lêste...
Leafde wie dy 't heechste en bêste!
Mannichien poft op syn jild,
Oaren siikje in hege steat,
Wêr binn', dy't oan Hetsje lykje?...
Riken, learden, grutten - SYKJE!
|
|