Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende 't Jonge libben moat ris ruze 't Jonge libben moat ris rûze, Brûze, skolperje yn ús om. Sjoch de wrâld, sa wiid en rom, Lit ús net mear sitte en sûze. Lit my sile oer Fryslâns marren, As de stoere hjerstwyn rûst; As 't oer alles hinne brûst, Wat in wille, dan te farren! Lit my mei de fammen djoeie, Boartsje, frije sûnder ein; Lit my leavje, goed en rein, Foar it moaie en wiere gloeie! O, de moaiste tiid fljocht hinne; Al myn dreamen lykje skom. [pagina 117] [p. 117] Hast is libbens moarntiid om - Heger, heger kliuwt de sinne. Lit my laitsje, lit my minne, Lit my sjonge, froed en from! Vorige Volgende