Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 116]
| |
En hie 'k gjin begryp oer de ballen,
Lyk as Bonnema en Van der Wal,
By de fammen, dy't ik dêr sjoen ha,
Wiene moaie, sa wiis wie 'k al.
Ien wie dêr mei wite fearren,
Dy waaiden har op 'e hoed.
Dy wie dêr de aldermoaiste,
Dat seach ik tige goed.
Mar ek fan it keatsen hab ik
In bytsje sjoen en heard;
Ik wit, hoe't de ballen hjitte,
En no ha 'k der dit fan leard:
Dat famke mei wite fearren,
Mei har glimkes, yn al har dwaan,
Dat is foar my in pripper:
Dy binne net út te slaan.
|
|