Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Nei de stoarm Utboldre binn' de byljende stoarmen; Weifage binn' de wramende wolken, Dy niis yn neare nacht it swurk, Yn swarte rouklean 't loftrom klaaiden. En heech oan de heldere himel laket It maaisinke, en klaait no de loft yn breidsklean, En spegelt him yn de dampjende dripkes, Dy blinkende hingje oan it bûgende gers, Allyk rju triljende triennen blinke Oan d' eachteisters fan in jongfaam, waans leed It boarst ûntteach, teraand yn pearels. [pagina 114] [p. 114] Moaier bloeie rûnom de blommen; Hja stekke betroufol de kopkes omhegens, As 't bern, dat op memme skurte krûpt, En oan it trouwe boarst him flijt, En yn har golle laits ferjouwing, En yn har eagen leafde lêst. In wazem fan fleur, fan frede en fan tank Driuwt as wiereek de himel no yn. De fûgels krûpe út de smûksmoute herntsjes, En slobberje en slabberje 't wiet út de goatte, En wjukkelje en boartsje yn de wetterdobbe om, En dûkelje en tripkje, en hja skodzje de plom út. Dan riist er ringen in lofliet Fan túzen tankbere tongen, En d' ierde ropt, yn in hearlike koarsang, De sinne 't wolkom ta. Ek do myn hert, Och stúnje net, Lit troch dy fleur dy liede; Ut neare nacht Kaam leaflik ljocht - In paradiis is d' ierde. Al is dyn leed Ek wyld en wreed, Al wol dyn sinne n't skine; Al toarkest stom Yn tsjuster om, En kinst gjin útwei fine; Al stoarmet fel De heil ek del, En wurdst teknoeid, teplett're; Al hat de blits Mei flits op flits Dyn moaiste dream teknett're - [pagina 115] [p. 115] O, stúnje net! Fertwiivlje net, Wol net yn 't leed fersinke; Al beart it mâl, In see, sa hôl, Lit net troch 't kwea dy winke! Al broeit no ek It wolknetek Dy driigjend oer de holle - Dêr boppe stiet De sinne jit, Dy mylde, libbensfolle! Is earst de rein It swurk ûnttein, Dan sil dy 't hert optille: Dan struit oer dy Wer myld en rij De sinne in see fol wille. It fûgelkoar Sjongt dy tefoar: Wês man; do silste winne! Hark dat gerop, En stean wer op! Kom, sjoch ris om dy hinne! Boppe yn it swurk, Gods moaiste wurk, Stiet ivich ljochte sinne; En njonken dy Blinkt d' ierde blij - Kreas as in Keninginne! Vorige Volgende