Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Jun It moantsje driuwt oan de himel Yn sulveren wolkjes om; De beammen steane te dreamen, As reuzen, stoer, swart en stom. It fjild, dat dampet fan dauwe, Leit del yn djippe slom; Ek de minsken, dead-ou fan it bodzjen, Siikje rêst yn de fredige plom; De flaaksblom, sa slûch, slút syn eachjes, En syn bledsjes teare har om; Mar bloeiend, myn faam, brekt no iepen De leafde, dy hearlikste blom! Vorige Volgende