It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 142] [p. 142] Minne en Mintsje fen J. Jouwersma. It wier in moaije en stille, In alderlieafste joun, Do 't Minne, ús koaiboers soantsje, Lâns d'ich fen 't wetter roun. Hy seach de fiskjes djoijen En boartsjen fol fen nocht; Hy seach... mar ek det húske, Dêr jinsen yn de bocht. Hwa is 't, dy dêr sa hastich Foarby de finsters teach? Hwa is 't, dy dêr sa glûpsk dôch En skean it paed oer seach? 't Is 't mûtle famke Mintsje, Just tûzen wiken âld; Fen binnen en fen bûten In pronkstik fen de wrâld. [pagina 143] [p. 143] Hja seach him wol wer kommen, En set syn stoel al klear; En gau sit hy to kâltsjen Mei 't froede âlderpear. Dy habbe op Minne komste Alhielendal net jin, Lyk as út 't ien en oare Hy wol fornimme kin. Hja geane sokke jounen Ornaris gau nei bêd, En pleagje, lyk as mannich, It jonge pearke net. Den sitte Minne en Mintsje Togearre yn in hoek, En kâltsje dêr sa aerdich, Sa nuver smout en smûk. Dêr bowve hja den húskes Mei túntsjes der om ta, En roppe, yn lok forsonken: ‘Hwet scil w' in wille ha!’ De hearst fleach tel dêr hinne, De winter gyng him nei; De bliere Ijurkjes kamen En namen 't foarjier mei. [pagina 144] [p. 144] En yn dy selde Maitiid Waerd ek in húske boud, En yn dy selde Maitiid Is 'i jonge pearke troud. It is in himmel húske Mei 'n túntsje der om ta, Mei blommen swiid bisiedde; En o, dy blone sa! Mar folle moaijer plantsje As yn it tútsje stean, Fyn jimm' dêr binnen bloijen... Wol mar is fierder gean. Ien blomke draecht it nou al, En nie 't ik er fen hear, Den krijt it al wer knopkes; Des komme 'r licht gan mear. Vorige Volgende