| |
| |
| |
Twa blautsjes en bruijen ta.
fen
W.G. Hoeneveld.
Net fier fen Snits fen dinne,
Oan 'e mar by Gerben Jans,
Dêr het in lytsfeint wenne,
Gjin ien koe better meltsje
En hwêr mar hwet to dwaen wie,
De lytsfeint wier der by.
Klaes dos, lyk as er hiette,
Mar fen ien ding - it frijen -
Oer hynzers, keallen, krj;
Mar nimmen hearde 'm praten
| |
| |
De boer scoe noait him pleagje,
Dêr houd' de man net fen;
Mar oars wier 't mei de greatfeint,
Jouns, as min nei it, meltsjen
Den moast Klaes iwich hearre,
Ho'n bloarre as hy wol wie.
Op 't lêst tocht Klaes: sok pleagjen
Wirdt my nou dôchs to min;
Kom, lit my hjar 'ris toane,
Do sei er tsjin de greatfeint:
Fen frouljue en frijery?’
‘Hwet seiston dêr?’ sei Pieter;
‘Don frije, jonge? Och kom,
Der hast dôch gjin forstân fen;
Lit dy fen my doch riede,
Bleau dou stil by de kil.’
Do andre Klaes: ‘Né, Pieter,
Sok praet forstean ik net.
| |
| |
Mar wost' my nou net helpe?
Dêr hie 'k my sa nei set.
To, siz my, hwêr scil 'k hinne?
Hwent ik wol nei de frouljue,
Det stiet nou fêst by my.’
‘Wel nou,’ sei do de greatfeint,
'k Scil dy in famke wize,
Dou moaste gean nei Tryntsje
Fen Sape Sjoerds to Gauw;
Astou der komste, feintsje,
Den krijst forfêst gjin blau.’
‘De deale,’ wier it andert,
Mar siz my nou 'is, Pieter,
“Welnou,” sei disse unnoazel,
Siz den: ik kom om Tryn.’
De Sneintojoun wier kommen;
Klaes stiek fol fjûr fen wâl;
Hy hie syn bêste jas oan,
| |
| |
Yn 't fesjebûse droech er
In fless' ‘parfait amour.’
Hy tochte: ‘Sa'n swiet slokje
As Tryn det sjocht, den scil hja
My grif gjin blautsje jaen.’
Nei det er 'n urke roun hie,
Stie 'r foar it hûs fen Tryn,
En, nei de rie fen Pieter,
De foardoar die er iepen,
Hy tochte: nou koeraezje!
En sette 'm flink to skoar.
It folk wie krekt oan 't iten,
Do 't Klaes dêr binnen kaem.
Hy sei: ‘Joun allegearre.
Ik kaem hjir om de faem.’
Mar och, do wie 't in herrie,
Klaes seach, de kâns op frijen
Wier nou for him forflein.
Hwent hwa siet oan de tafel
Neist Tryn, dy tsjeppe faem?
| |
| |
De greatfeint Pieter wier it,
En Klaes? - Hwet scoed er sizze?
De feinten, Tryn en Pieter,
Om Klaes-man út to laeitsjen.
Op 't lêst sei Tryn: ‘Nou feintsje,
Dou sjochste, ho 't hjir stiet;
Ik kin dy joun net brûke,
Mar, wiste, gean nei Griet,
De dochter fen de nijboer;
En 't is in aerdich famke;
Ik leau wol, hja is frij.’
Klaes wier nou hwet bikommen,
En sei: ‘Ik leau dy, Tryn;
Ik sjoch 't wol oan dyn eagen,
Ik bin hjir lilk forryfle,
En gean nou mar nei Griet.
Ik hoopje, dêr fyn 'k oars hwet
| |
| |
Klaes die, lyk as er sein hie;
Hy winske 't folk goêjoun,
Hy stapte troch de hikke,
Hy hie net lang yet wachte,
Ef Griet kaem selme foar.
Klaes sei: ‘Ho stiet it, fanke,
Mei 'k bliuwe joun by dy?
De greatfaem Tryn fen Sape
Sei my, dou wierste frij.’
Dêr kaem de boer oanstouwen,
En rôp: ‘Hwet scoestou, dief?
Myn stôk scil dy wol leare,
En Klaes? Hy fleach de dyk op,
De fless' ‘parfait amour.’
De boer kriich him to pakken,
En fiertsien dagen letter
Wie Klaes de rêch nôch blau.
Hy teach nou mar nei hûs ta,
| |
| |
Dêr lei er nou to kreunjen
Fen pine en swier fortriet,
En 't hiele keassen rekke
Fen Klaes syn triennen wiet.
Hy tochte: ‘Det is ienris;
Noait wol 'k er wer om tinke,
En 'k leau, it is mar bêst,
Forgoed âld feint to bliuwen.
Nou, feinten, mei 'k jimm' riede,
Wês net as Klaes sa'n blei;
Woll' jimme nei de frouljue,
Ik leau wol, det it frijen
Scil den mear wille jaen.
Wol noait oan nimmen freegje:
Och, siz my, ho mat 'k dwaen?’
|
|