It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 35] [p. 35] Kjeld yn Maeije. fen O.H. Sytstra. Maeije wier 't wirden, 't waer wier lang tsjuster; Unlijich waer hie de winter jamk brocht. Nou kaem de sinne troch 't wolkneswart kypjen; Hiel de natûr blonk fen 't himmelske ljocht. 't Wachtsjende grien, lang yn 't knopke bisletten, Weage 't nou ek him der bûten to jaen; 't Briek út syn tsjerker; hwet smakke 't in wille! 't Tocht nou oan 't sintsje to goed him to dwaen. Waermte en ljocht, it foun nou hwet it winske; Nou scoe it groije; it foarjier wier komd; Klear wier de himmel en sjongende fûgels Hiene 't ûntweitsjende foarjier al romd. Dôchs - der draeit de wyn nei 't noarden. 't Sintsje woe syn bêst wol dwaen, Mar dy kalde, wreede amme Woe oan 't grien nin waechsdom jaen. [pagina 36] [p. 36] Eangstich skrilden do de blêdsjes Wer tobek, hja stien forstomd; Hwent dêr skynde ommers 't sintsje, Nou wier ommers 't foarjier komd! Brocht dy sinne nou nin waermte? Wiern' syn strielen nou den kâld? Né, det golle sintsje die 't net; It wier de amme fen 'e wrâld. Det wier wreed; it earme bledsje Kwynde, as it dêroan tocht, Det de wrâld, dy 't hy woe siere Him nou neat as lijen brocht. Vorige Volgende