It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 33] [p. 33] Ús âlde Toer. fen W.G. Hoeneveld. Hwa kin dy net, o âlde toer? Hwa scoe dy slite wolle? Hwa seach noait by dyn mûrren op Nei d' âlde skiere holle? Hofolle scoestou, stoere reus, Us net fortelle kinne, Fen alles, hwet sint dyn bistean Al bard is om dy hinne? Ho faek hat net dyn klokkeslach Oer greide en wetter klonken? Ho mannich is mei dyn gebrom Net yn de kûle sonken? O siz, ho faek is net de krêft Fen stoarmen troch dy britsen? Ho folle winters habbe net Dyn kop mei snie oerditsen? [pagina 34] [p. 34] Hwet houden wy as bern fen dy! Ho boarten w' om dy hinne! Sa blij, sa fleurich koene wy Oer gêrs en grêwen rinne! Mar as dyn sombre toanen den Wer for in deade klonken, Den wier 't faek mei ús wille dien; It moed wier ús ûntsonken. Ek ienkear scil dat deadsk bombam Us nei de rêstpleats bringe; Hwent och, ho goed me 't hjir ek hat, De tiid kin nimmen twinge, Dy rint, né fljucht mar iwich troch; Al mei me suchtsje of grine, De Seineman forjit ús net; Syn each kin elk hjir fine. Sa, âlde toer, komt ek in tiid, Detstou dyn plak mast' romje; Dyn mûrren falle ek ienkear wei; Dyn lûd scil ek forstomje. En komt in freamde den yn 't doarp, Den scil de neiteam sizze: Dêr stoe alear ús âlde toer, Hwêr 't nou dy gruzels lizze. Grou, Foarmoanne, 1881. Vorige Volgende