| |
| |
| |
Diel 4
Augustus 1400 oant febrewaris 1402
| |
| |
| |
14 Marije-Himelfeart
Nettsjinsteande de gleonhjitte augustusdei like Starum te libjen as in hert. Troch de strjitten klonk it roppen en razen fan Hollânske soldaten en it klappen fan swipen oer hynsterêgen. De dieren, glânzjend fan it swit, skuorden karren, ôfladen mei kisten en fetten, oer de mei beamstammen en planken befluorre kaai. Yn de haven lei in float fan in goed tritich koggen te skroeien ûnder de gleie sinne. De skipslju heinden de glidende kisten en rôljende fetten op, lieten dy yn it rom sakje en fagen har flokkend it swit fan de foarholle.
De Starumers dy't net yn it wurk behelle wiene, stiene op ôfstân yn it skaad fan de huzen it hear oer te sjen. Op 'e gesichten lei in spotsk glimke om de skreppende Hollanners, dy't har klear makken foar de ôffeart. Mar tagelyk klonk yn de petearen, dy't ynholden fierd waarden, de twivel troch. It wie al faker foarkommen dat de besetters wer nei de oare kant fan de Sudersee fearn wiene, mar nea hie it ôfskie foargoed west. Boppedat wie de fraach wat Starum foar de Hollanners yn it plak krige. Fjouwer jier lang hie de stêd as de swurdpunt fan Albrecht fan Beieren yn it Fryske fleis stutsen. Wa fan de Starumers hie syn hannen net smoarch makke troch mei wurk en leverânsjes de fijân op 'e lije side te kommen?
Rienk Bockema stie op in heech punt oan de seekant, krekt tusken de Starumers en it drokke beweech fan de Hollanners. Hy leunde mei de earms op in rige troch waar en wyn oanfretten peallen. De neilen wiene him swart fan it ûnrêstich skraabjen oer it ferware hout. Wylst er de eagen oer stêd, haven en see doarmje liet, wist er dat der op 'e nij in kear komme soe yn syn libben.
Sûnt de flecht fielde er him as ridder fan Snits yn syn eare oanfretten. Mei it ferrinnewearjen fan Rodenboarch en de kar fan
| |
| |
syn âldste dochter Hisse tsjin har heit, hied er de slach as Fryske haadling ferlern.
Krekt op 'e tiid wiene se yn Starum oankommen, want al gau waard de stêd ynsletten troch grimmitige Friezen dy't, fanwegen de eardere nederlagen en swiere lêsten, wraak swarden op 'e Hollanners. Mei lijen slagge it de soldaten fan Albrecht fan Beieren de oanfallers werom te driuwen en in pear plakken oan de súdwestlike kust beset te hâlden.
Hoewol't Rienk en oare Fryske flechtlingen net yn de slach west hiene, dronken se de hiele nacht mei de Hollanners op 'e oerwinning. De greve, oansangere troch de wyn, wie oandien om't safolle haadlingen him trou bleaun wiene. Hy liet in skriuwer komme en diktearre de bedraggen dy't syn Fryske folgelingen en har famyljes as jierjild krije soene. De ridder fan Snits mocht mei twahûndert gûne net ûntefreden wêze.
Doe't Rienk flugge fuotstappen hearde, draaide er him om. It wie wier. Oan it lûd hied er fernommen, it moast in frou wêze. ‘Wat dochsto hjir?’ frege er noartsker as er woe.
Tusken syn jongste dochter en him wie de ôfstân op syn minst fiif foet. Sels har eagen, weisakke yn de kassen, liken ôfstannelik. Sûnt de flecht út Snits wie har stal ynklonken as fan in hynder dat by in frjemde baas net aardzje kin.
‘Pake is út Goaiïngea kommen,’ sei Hylck.
‘Fekke Sickinga,’ grommele er tagelyk ferheard en nitelich, ‘wol de âlde no wol út it Hollânske rip frette?’
Doe't se neat werom sei, draaide er har de rêch ta, lei de earms op 'e peallen en stoareage oer de see, dêr't op 'e hichte fan Hylpen in pear koggen op it spegeljende wetter dreauwen.
Sa stil hie it ek like, doe't se de hynders tusken Ysbrechtum en Goaiïngea ynholden. De lûden fan de reboelje yn Snits wiene stadichoan weisakke, mar de frede fan it fjild kaam ûnwêzentlik oer en joech gjin rêst. Fekke Sickinga stelde út, se soene it ferrin fan de opstân yn Goaiïngea ôfwachtsje. Fierder flechtsje
| |
| |
koe, as de Snitser grime net belune, altyd noch wol. Nei't Rienk wegere hie om him foar de twadde kear as in hazze opjeie te litten, woe de âldman de froulju ûnderdak biede, mar gjinien doarst it oan. Doe wie Fekke Sickinga allinnich de kant fan syn state útset.
‘Heit...’
Rienk skrille op. Hylck stie nêst him en leunde mei ien earm op 'e peallen.
‘Pake seit dat it kin.’
‘Watte?’
‘Om't Hisse by him op 'e state is, kinne wy...’
De namme skrynde him yn de earen.
‘Dyn âldste suster hat ús ferret,’ systere er.
‘As wy yn Goaiïngea wenje, sille de Snitsers ús gewurde litte.’
‘De Snitsers ha de stins delhelle!’
‘Mar heit, beppe Reynke wol graach werom en ik ek. Hoe lang is it al lyn dat ik foar it lêst op in hynder riden ha?’
Op 'e needgjalp fan Hylck draaiden in pear hollen by de huzen har kant op.
‘Do oerrinder,’ grommele er, ‘silsto, lykas dyn suster yn Snits dien hat, my hjir yn Starum ferriede?’
Doe't er úthelje woe, wie de ôfstân al te grut om har te reitsjen.
De glinstering op it wetter, dy't stadichoan nei it westen skood wie, waard ynienen wei. In laaiblauwe dize like út 'e see te kommen en dêr boppe-út wâlen tongerkoppen as meunsters omheech. De dei moast al oerrûn wêze yn de jûn. En al dy tiid, tusken syn tongerjen tsjin Hylck en de driging fan de bui, wied er hinne en wer slingere tusken see en lân, de greve en skoanheit. Wat koed er ferwachtsje yn de frjemdte, behalven it jierjild? Wis, as Albrecht fan Beieren syn swiermoedigens fan de lêste tiid fuortspield hie mei de bêste Frânske winen, stiek er de ridder fan Snits as trouwe fazal de hichte yn, mar yn de dize fan
| |
| |
de ûntnochtering seach er gjin minske en koed er, foaral tsjin de Friezen, samar útfalle. Allinnich syn jongere frou hie op dy dagen in grutte ynfloed en koe him wer yn lykwicht bringe.
Rienk fielde him foar de twadde kear ôfhinklik fan in man dy't ôftakele en in frou dy't him yn de stringen hold. Op Windsor Castle hie Alice Perrers, de slangeftige freondinne fan kening Edward III, it feest fan syn ridderskip bedoarn. Om't se him it skyld fan Sint Joris ûntholden hie, sûnder in krêftige yngreep fan de kening sels, fielde er him noch altyd yn syn eare oantaast. Hie Sierk Ekinga, de Fryske opsichter fan de Ingelske kening, doe net sein dat men guon froulju net wjerstean koe, om't se de macht hiene? Wat soed er allegearre noch meimeitsje, as er mei de âlde greve de Sudersee oerstiek en him deljaan moast ûnder de macht fan froulju?
Wat wie der op tsjin, as er harke nei de âldman fan it lân dêr't er bodde en jage hie? Dat wie yn de tiid, doe't er as jongfeint ferwûne weromkaam út 'e tsjinst fan Walle Galama. Fekke Sickinga heinde him op mei wize wurden en goede rie. Grif wied er dat ek fan doel, no't syn skoansoan hinne en wer swalke tusken see en lân. Fekke Sickinga soe harren it lân wize dêr't er thús wie, tusken de bosk fan Ysbrechtum en de sompen oan de oare kant fan de Grienedyk. Dêr hied er op 'e terp Abwert noch in pleats, dy't er útbouwe soe ta in sterke stins, grutter en heger as Rodenboarch. Op Abwert woed er middenmank syn húshâlding ferkeare en as in wiere heit Hylck en Hisse, jawis ek syn âldste dochter, úthoulikje oan moedige jonge haadlingen. Sa soe syn ynfloed en macht nei de omkriten ta útstrielje, ek oer de wâlen fan Snits hinne. Uteinlik kaam de dei dat er wer as hear fan de stêd troch de Noarderpoarte ried.
Rienk Bockema sette mei grutte stappen by de hichte del en folge de kaai nei de poarte. Mei it opkommen fan de tongerbui like de gaos ta te nimmen. It hie der in protte fan dat de greve jûn
| |
| |
noch of oars yn de iere moarntiid ôffarre woe.
Rienk slingere tusken soldaten en skipsfolk troch, skold doe't in hynder flak by him begûn te stegerjen. Wie it ien fan syn eigen hynders, dy't Albrecht fan Beieren yn de lette maitiid nadere hie foar in fjildtocht tsjin de Friezen? It wie der net fan kommen, mar de greve hie de Fryske hynders priizge as de bêste yn syn leger, wat ynhold dat se no yn syn stâlen stiene. Hylck hie gelyk, se miste al salang de sit op in hynsterêch. Mar dat soe meikoarten oars! Noch foar't de koggen de haven út foeren, hie de ridder fan Snits syn famylje troch de Starumer poarte fierd en wiene se op 'en paad nei Snitser oarden.
Doe't er by de poarte kaam, wiene de doarren ticht. It foel him op dat in tsjokke balke oer de hiele bridte op 'e izers hong. De wachter rûn rimpen hinne en wer, seach skrillich nei de loft, dy't boppe de see al opljochte fan de opkommende bui, wiisde nei de doarren en sei dat it fan twa kanten swier waar wurde soe.
‘Wat moat it kostje as dy balke der jûn noch efkes foarwei giet?’ frege Rienk.
De wachter skodholle heftich, bûgde nei Rienk oer en flústere:
‘It soe my it libben kostje.’
‘Toe mar,’ grommele Rienk, ‘bist grif bang dat de wjerljocht dy it himd fan it gat skroeie sil. Sis op, hoe let komt de poarte moarnier iepen?’
De wachter die in stap tebek, seach de haadling hifkjend oan en sei stadich: ‘De doarren bliuwe ticht oant de Hollanners ôffearn binne.’
Tagelyk mei de skok dy't troch Rienk hinne gong, rommele it by it swurk lâns.
‘Wêr is dat goed foar?’
Wylst er mei de hân nei de gurle taaste, rôlen de eagen fan de wachter hinne en wer as socht er in útwei om oan de driigjende gefaren te ûntkommen.
| |
| |
‘Ik kin it útlizze,’ sei er, ‘as jo efkes meikomme.’
Hy rûn hastich nei de doar, waard wei yn in tsjuster gat en rôp in telmannich letter út 'e hichte wei dat de haadling derom tinke moast dat de tredde treed net safolle steun mear joech. Rienk fûn it paad nei boppen op 'e taast en doe't er omheech kipe, seach er it gesicht fan de wachter foar in skreef yn de muorre.
‘It is te tsjuster om se noch te sjen,’ sei dy rimpen.
‘Wa?’ frege Rienk.
Hy ramaaide de man foar de skreef wei en digere oer it fjild, dat fertsjustere ûnder in roetswarte himel lei.
‘De Fryske troepen, tusken Molkwar en Warns, en der foeren ek Fryske koggen op see, dêr bin ik wis fan.’
De wjerljocht skode it tsjuster fansiden, mar see en lân wiene leech.
‘Gjin soldaat en kogge te sjen,’ bromde Rienk.
‘Mar se wiene der noch, foar't de poarte op befel fan de greve ticht moast, stjerrende wier,’ hime de wachter.
‘It soe dy it libben kostje, seist niis,’ systere Rienk, ‘sis mar hoe'tst stjerre wolst, oan de galge of troch de dolk. As de doarren foar it lemieren net foar ús iepen geane, dan...’
In felle flits, útraffeljend yn slangen, sette de omkriten in pear tellen yn in skril ljocht, daliks folge troch in klap, dy't yn muorre en lea trochdreunde. Rienk wie tebek skrille, safier mooglik by de skreef wei. De eintiid, dy't foarsein wie troch muonts en kluzener by de ieuwiksel, mar dy't net kommen wie, soe ek yn it jier 1400 noch oanbrekke kinne, skeat it troch him hinne. Yn 1399 wied er Rodenboarch kwyt rekke, wa wit wie de Anty- Krist kommendeweis om syn libben op te easkjen en fierde Lúsjefer syn siel dêrnei mei nei it ivige fjoer.
Op 'e nij skeat de wjerljocht by it swurk lâns. Yn it blaueftige skynsel like it gesicht fan de wachter al troch it deaderyk te sweven. Wylst de laits fan Lúsjefer oer har hinne knettere, klonk syn eangstich kjirmjen.
| |
| |
‘Bek hâlde!’ snaude Rienk.
De wachter sakke foar him op 'e knibbels en hime: ‘Ridder fan Snits, ferjou my dat ik net harke ha nei jo befel. As ik sparre bliuw foar it fjoer fan de himel, sil de poarte moarnier foar it lemieren foar jo iepen gean.’
Rienk pakte de beevjende man by it skouder en loek him oerein.
‘Wy moatte inoar bystean, foar't it te let is,’ sei er freonliker, ‘do silst der gjin spyt fan krije.’ De hiele nacht siet Rienk Bockema nêst de wachter op in bankje yn de poarte, yninoar dûkt, wylst it floer net fan de loft wie. De freeslikste bylden ljochten foar syn eagen op en om oan de ferskrikkingen fan de eintiid te ûntkommen, bychte er yn stilte syn sûnden út it ferline op en ûnthiet er de Leave Frouwe alles te dwaan wat se fan him freegje soe.
Earst yn de neinacht, it wie noch tsjuster, waard it wer rêstich boppe Starum. Rienk fearre oerein en sei dat se foar't it dage by de poarte wêze soene. De wachter knikte inkeld.
Boppe it fiere neirommeljen út klonken yn de strjitten fan Starum de lûden fan folk, dat fan alle kanten opsetten kaam. It waard in ungewoane staasje fan tsjustere skimen, dy't by de Delft lâns nei it easten sette, de kant op dêr't it nije ljocht ferrize soe.
Rienk Bockema fielde in hân op it skouder, dy't him meiloek. Doe't er tsjinaksele, fernaam er mear hannen en in stim twong: ‘Hoe kin ien nei sa'n nacht de rop fan de himel en it befel fan de greve wjerstean?’
De staasje weage troch de tsjerkedoar, streamde út yn it skip, dêr't it ljocht fan de kearsen bekend makke dat sawol de Starumers as de Hollanners harke hiene nei de himel en de greve. Se waarden opnommen yn de harmony fan muontsestimmen, dy't it Ave Marije klinke lieten. Op itselde stuit kleuren de
| |
| |
earste sinnestrielen it byld fan de Leave Frouwe, dat foar dizze dei fan plak feroare wie, tichter nei it alter ta. It folk seach it mei iepen mûle oan en in deemoedich rûzjen klonk op. Dêr ebbe de spanning fan de nacht yn fuort en kaam de ferwachting fan de nije dei op.
‘Hillige Marije, seinige binne jo ûnder de froulju! Sjoch, no giet de himel iepen om jo op te nimmen.’
Doe wist Rienk Bockema dat de wurden, útsprutsen troch in âld wyfke nêst him, de dei fan Marije-Himelfeart oankundigen. It wie de fyftjinde augustus fan it jier 1400.
Yn ekstaze seach er op nei it byld as ferwachte er dat it losreitsje soe fan de ierde. Doe't dat net barde, foel syn eachopslach del en waard er de âlde greve en syn gefolch gewaar foar it alter. It gebeart fan de pastoar spriek fan de help fan de Almachtige by de oerstek dy't hjoed heve soe. Ynienen kaam de twivel op. As de himel de greve bystean soe oer de see, koe dan tagelyk syn eigen reis oer it lân seinige wêze?
Doe't in skaad oer de hollen foel, seach Rienk wer op nei it byld. De kleuren wiene fertsjustere en de Leave Frouwe like te treurjen ûnder in tichte himel. Doe kaam by de ridder fan Snits wer boppe wat er earder ûnthjitten hie: hy soe de Hillige Frouwe fan Sint Odulfus, dy't de Hollanners jierren lyn meifierd hiene nei de oare kant fan de Sudersee, weromhelje en in plak jaan yn in nije kapel fan syn Abwerter stins.
Nei de tongernacht swypke in stive wyn út it súdwesten it wetter fan de Sudersee op. De float koggen, dy't krekt út 'e lijte fan de haven kommen wie, slingere klappend en kreakjend oer de weagen. It wetter spatte heger op as de boarden, kaam by elke klap as storein oer en trochweakke op it lêst de heukerjende flechtlingen.
Rienk Bockema stie as ridder en fertrouling fan de greve wiidskonkich op it efterkastiel, fier boppe it Hollânske soldatefolk
| |
| |
en syn eigen húshâlding. Reynke Donia en Fekke Sickinga, rûngear yn de lijte fan in grutte kiste, hiene him sûnt de betide moarn al skoudere. Hylck lei op 'e knibbels by Mauritius en gluorke út en troch gemien nei boppen as wie it syn skuld dat de jongkeardel seesiik wie. Mar it soe allegearre oars wurde as er syn opdracht oan de oare kant fan de see útfierd hie. Op 'e weromreis soene se grutsk by him opsjen as de rêder fan de Fryske Leaffrouwe, teken fan de frijheid.
Hy draaide it gesicht nei it noarden en doe't er boppe de skomjende weagen de heap stiennen fan it Sint Odulfuskleaster gewaar waard, mompele er glimkjend: ‘Ik sil har rêde en foar har bouwe, sa wier as it hjoed Marije-Himelfeart is.’
| |
| |
| |
15 It paradys
Op it plak dêr't de dyk dy't It Gravesân mei Leien ferbûn, it paad tusken Delft en Skeveningen krúste, wie De Haach ûntstien, op in stik grûn, ôfbeakene troch in wylde hage. Dêr hie greve Willem II, tagelyk kening fan it Dútske Ryk, yn de midden fan de tolfte ieu in begjin makke mei de bou fan in paleis. As foarbyld hied er de keningspalts yn Aken foar eagen, mei grêften, poarten, brêgen, in sterke toer en in hofseal.
Der stie lykwols allinnich noch mar in bakstiennen seal, doe't der hommels in ein kaam oan de bou. De kening rekke yn de striid tsjin de West-Friezen mei it hynder yn in wek en waard troch syn tsjinstanners mei spearen deastutsen.
Jierren letter sette syn soan Floris V troch wat de wrede dea tsjinholden hie. Der ferriisde in nije ridderseal, sa grut as in tsjerke, mei twa ranke tuorren, dêr't sels de Bourgondiërs as oer in wûnder fan sprieken. De fiver, dy't njonken de gebouwen útgroeven waard, levere de grûn foar de fiverberch. De iepen hôven foar de bebouwing waarden yn lykwicht holden troch grutte blomme- en grientetunen oan de efterkant.
Yn de wenten, oan de râne fan it mânske hôf, mar noch binnen de muorren, hie greve Albrecht fan Beieren syn Fryske tsjinners in ferbliuw taskikt. Rienk Bockema en syn húshâlding krigen ien fan de grutste, tichtby de stâlen. It wie by elkenien bekend dat de greve net allinnich de hynders mei in gerêst hert tabetroude oan de ridder fan Snits en syn jongste dochter, mar himsels ek fertroud fielde yn de buert fan de Fryske haadling. En nei't Rienk him ferteld hie fan syn aventoerlike reizen nei Rhodos, Jeruzalem en Grodno, priizge er syn heldemoed. It soe nochris safier komme, woed er ha, dat se nêstinoar stride soene om de ferlerne grûn op 'e Friezen werom te feroverjen. De ridder fan Snits wie de garânsje dat himsels besparre bliuwe soe
| |
| |
wat syn foargongers Willem II en Willem IV oerkommen wie, de skandlike dea troch fijanlike wapens. Dy striidlustige útspraken kamen de greve út 'e mûle op 'e dagen dat de sinne skynde en de waarmte de pine yn syn âlde, stive bonken ferdreau. Yn tiden dat de lea him witte lieten dat de dea tichterby sloep, spuide er syn galle út oer elkenien dy't op syn paad kaam, krekt salang oant er fernaam dat it bloed wer suvere wie en flugger begûn te streamen. Dan woed er himsels bewize, rôp om hynder, swurd en pilebôge en gong mei syn fertroulingen op jacht yn de tichte bosken oan de binnenkant fan de dunen.
Op in rûzige hjerstdei, nei't swiere buien de hiele moarn gebouwen en grûn teistere hiene en Albrecht fan Beieren útraasd wie, rieden de greve en Rienk Bockema tegearre oer it brede sânpaad dat fan De Haach nei de bosk rûn. Mear folk soe it wyld mar ferbalje, wie de âldman fan betinken. Boppedat soe de jacht útwize oft se meikoarten wer op Fryslân ta koene en der wie gjinien dêr't er soks better mei beprate koe as mei de man dy't tsjin Turk en Litouwer striden hie.
Doe't it paad by de boskrâne smeller waard, hold Rienk it hynder yn en liet him efter de greve sakje. No earst foel it him op hoe't de machthawwer fan Hollân, Seelân en Henegouwen yninoar skronfele wie: rûngear en mei hingjende skouders skokte er mei op it rinnen fan it hynder, wylst er sa út en troch út it lykwicht drige te reitsjen. Soe dizze man noch by steat wêze om de Fryske haadlingen werom te bringen nei harren stinzen?
Rienk kearde it gesicht nei de beammen, doe't er in tûke kreakjen hearde, folge troch de flugge trêd fan in flechtsjend dier. Samar hied er de pylk op 'e bôge, dy't er meidraaie liet op 'e weagjende bewegings fan in brune skym. Krekt doe't er loslitte soe, kaam it hart út 'e rûchte wei en wifele in telmannich foar it paad. Wylst Albrecht fan Beieren, dy't ûndertusken de bôge ek
| |
| |
yn de oanslach hie, foar it dier skode, betocht Rienk dat de himel him wjerholden hie: net syn eigen skot, mar dat fan de greve soe útwize oft de wei nei Fryslân ta iepen lei. Mar doe't er seach dat de hoarten en stjitten fan de jager foar him gjin doel treffe soene, sûze suver tagelyk mei de pylk fan de greve syn eigen troch de loft. Hy seach it resultaat earst, nei't er de út it lykwicht rekke âldman opheind hie: it hart foel fansiden en bleau oan de oare kant fan it paad lizzen.
Rienk Bockema lei de sloppe lea mei de pylk noch efter it lofterskouder oer de omfallen beamstam, deun nêst Albrecht fan Beieren, dy't er dêrhinne brocht hie.
‘It is in teken út 'e himel,’ rôp de greve optein, ‘earst myn treffer en dêrnei de heinende hân fan de ridder fan Snits. Ha 'k lêstendeis net sein datsto de garânsje bist dat my neat oerkomme sil, myn freon? Wat soe ús noch tsjinhâlde om takom simmer op 'e nij oer te stekken nei Starum?’
Hy wifele efkes foar't er grimmitich ferfette: ‘Of it moasten de skuldeaskers wêze, dy't my net earder yn de mjitte komme wolle, as nei't ik alle skulden ôflost ha... skulden, ja, skuld, altyd wer dy skuld...’
Wylst er it wurd ferskate kearen efterinoar útspriek, loek in skaad oer it gesicht en waarden de eagen sa tsjuster as de nacht. Syn rjochterhân taaste nei it deade hart, mar ynienen stûke de beweging. Hy stoarre mei iepen mûle nei de kop, dêr't in brún each tusken de teisters glinstere. Nei in amerij mompele er: ‘Skuld, jawis, wa wie skuldich oan har dea? It is om gek fan te wurden!’
Ynienen fearre er op, seach Rienk strak oan en sei: ‘Mar tink net dat ik gek wurde wol, lykas myn broer Willem, dy't foar my greve west hat. Miskien hat er syn ferstân wol ferlern troch al dy partijskippen, it geweld tusken Hoeken en Kabeljauwen. Earst ha se him, spikergek as er wie, yn in kelder ûnder it paleis
| |
| |
opsletten en dêrnei hat er noch tritich jier libbe yn Henegouwen as in wyld bist yn in koai. Nei't ik yn syn plak keazen wie, naam ik my foar om it lykwicht te finen tusken Hoeken en Kabeljauwen, Frânsen en Ingelsen, dat der frede wêze soe yn dizze gewesten. It gong goed oant... of ha 'k dy it ferhaal al ris ferteld?’
Doe't er seach dat Rienk skodholle, grommele er: ‘It ûnthâld kin noch sprekken lije, fynst net? Gjinien kriget my yn de kelder... of oansketten op 'e grûn en hielendal der net ûnder.’
‘Wis net,’ sei Rienk glimkjend, ‘de greve kin se ommers sels noch reitsje, sa suver dat se daliks fansiden falle.’
Hy pakte de pylk en wylst er besocht om dy út 'e hertstreek te hoarten, krige er in dúst.
‘Ofbliuwe!’ hearde er nêst him. ‘It brune each fan it bist hat de wûne al iepen makke, dêr hoecht net noch ien by. Ik hie it oer it lykwicht en de frede dy't fersteurd waarden. Wolno, se hie brune eagen en doe't ik nei it ferstjerren fan myn frou op har fereale rekke, wie se noch sa jong as... heit en dochter, jawis it hie kinnen. Mar hoe koe ik de leafde foar Aleid fan Poelgeest wjerstean, it fjoer dat myn âlde lea inkeld mei in suver hillige gloede ferwaarme, sûnder te skroeien of te ferbaarnen. Kenst dy gloede, Rienk Bockema?’
De bylden út it ferline kamen him net allinnich foar eagen, mar rôpen ek syn gefoelens wer wekker. Op hoefolle fammen en froulju hied er syn driften wol net útlibbe? Mar inkeld foar de Leave Frouwe fielde er de hillige gloede dêr't de greve it oer hie.
‘Soms,’ sei er ûntwikend, ‘mar dy gloede heart earder by de himel as by de ierde.’
Hy seach de ûndogense laits yn de eagen fan de greve, doe't dy sei: ‘As ik dy sa hear, hast it ûnhillige fjoer fan de driften faker field as de himelske waarmte. Mar tink net dat ik gjin wille belibbe ha oan it skoandere lichem fan Aleid. Wy kuieren troch
| |
| |
de blommetunen, seagen de sinne ûndergean, wylst wy tegearre op 'e hoffiver dobberen en glieden yn it tsjuster fan de nacht neiinoar ta. Mar spitigernôch hat dy gloede my blyn makke foar de opflamjende haat yn de rûnte fan de Hoeken. Aleid wie fan Kabeljausk komôf en de tsjinpartij koe de sinne net yn de hoffiver skinen sjen, dat sadwaande. Op in kâlde desimberjûn, doe't Aleid oer it Bûtenhôf rûn, hawwe dy Hoekske swinen har fermoarde.’
Hy aaide mei de rjochterhân oer de hals fan it deade hart as utere er yn dat gebeart de noch altyd baarnende leafde foar Aleid. Rienk siet foaroerbûgd, hie him troch it ferhaal meifiere litten nei it Bûtenhôf en waard yn de stilte dy't folge, meinommen nei de reiden fan de Frjentsjerterfeart, dêr't de boatebouwer syn eigen frou fermoarde hie. In boatebouwer en Hoekske eallju, in ferskil fan nacht en dei. Hy draaide it gesicht nei Albrecht fan Beieren en mompele as treast: ‘It is ealer dat in frou stjert yn de striid tusken twa partijen as... as...’
‘Wat bedoelst dêrmei?’ ûnderbriek de greve him.
‘Myn frou is fermoarde troch in ambachtsman.’
Se sieten wer op it hynder en rieden oer in paad dat stadich omheech rûn. Tusken de tûken fan de beammen skimeren de dunen, dêr't de seewyn mei it lûd fan in gromjend bist oerhinne kaam en op 'e beide jagers oanfoel.
‘It wurdt kâlder,’ sei Rienk, mar de greve joech gjin beskie.
Nei de dea fan it hart, tagelyk teken fan de moard op Aleid fan Poelgeest en de skuld dy't as fjoer yn him skroeide, hie Albrecht fan Beieren hjitten om de jacht fuort te setten. Se soene noch in swyn sjitte as wraak op 'e moardners. Wis, hy hie ferskate Hoeken de dea ynjage, har kastielen yn fjoer en flam set, mar nei safolle jier woed er dy wraak op tinkbyldige wize nochris belibje.
Nei't se in skoft omdoarme hiene, sûnder noch wyld te sjen,
| |
| |
waard de greve mankelyk. Hy begûn wer te praten oer skuld, dat er blyn west hie foar de gefaren dy't Aleid, syn ûnskuldich doke, bedrigen. Geweld en skuld hiene alles út it lykwicht slein, in lykwicht dat earder syn libbensdoel wie. Sels syn soan, Willem fan Oostervant, dy't foar syn Hoekske freonen om ferjouwing frege, hied er sawat fermoarde.
En op 'e nij rekken de libbens fan de greve en Rienk Bockema inoar: hoewol't Jeppe gjin bloedeigen soan fan him wie, hied er him, fanwegen de kar fan de jonge foar it steechjesfolk, oan de galge brocht.
Noch foar't er mei dat ferhaal de swiersettigens fan de greve opheine koe, kaam de dea op it aljemint. It troch djippe tearen tekene gesicht draaide hinne en wer as seagen de eagen oeral it bonkerak mei de seine. Hy fernaam oan syn eigen pynlike bonken dat it net lang mear duorje soe. Kaam it troch de skuld dy't him swier op 'e lea lei? Skuld sûnder boete soe him meislepe nei in wrâld dêr't er net hinne woe. Noch nea hied er as boete in pylgerreis makke, om't er fan betinken wie dat er op syn kriichstochten it libben wer yn lykwicht bringe koe mei it swurd. De hynders gongen stadiger by it dún op as seagen se der tsjinoan om de beslettenens fan de bosk te ferlitten. Sa no en dan stiek Rienk de hân út nei de greve, dy't efteroer hong en út it seal drige te reitsjen.
‘Ik sil it ljocht noch sjen, foar't de sinne ûnder giet!’ rôp er boppe it rûzjen fan de weagen út.
‘En de see?’ frege Rienk.
‘Do tinkst allinnich oan de see om oan de oare kant te kommen... lûkt Snits, myn freon?’
De glimk op syn antlit waard wei, doe't se oer it dún hinne sjen koene. It reade skimerljocht dat fan de seekant kaam, lei in tsjustere djipte yn eachholten en iepen mûle as wie de dea der al ynkrongen.
‘It fjoer,’ mompele er.
| |
| |
Syn hân trille, doe't er nei de loft wiisde, dêr't de ûndergeande sinne de wynfearren feroare yn flammen en de swiere wolken yn wâljende, readeftige reek.
‘Der is gjin wider himel as boppe de see,’ sei Rienk.
Hy seach dat Albrecht fan Beieren skodholle en heinde út syn mûle op dat sa de hel wêze moast. Rienk gong der net op yn, mar prate troch oer de útdagings fan de see, de weagen dy't er trije kear yn syn libben behearske hie en de iepen himel, dy't de berch Thabor yn in godlik ljocht sette.
‘Do hast teminsten noch nei Jeruzalem west om boete te dwaan,’ mompele de greve.
Ynienen fearre er op: ‘Wat soe my tsjinhâlde om ek nei de Hillige Stêd te reizgjen? De skuld net, want dy driuwt de pylger dêrhinne! Takom maitiid sil ik nei it ljocht reizgje, dêrsto it niis oer hiest, Rienk...’
Doe't er fansiden seach, wifele er; nei alle gedachten kaam him syn earste plan yn it sin.
‘Fansels net earder asto wer yn Snits bist,’ heakke er deroan ta, ‘en as ik al net mear reizgje kin, sil ik my as muonts yn in kleaster weromlûke om boete te dwaan.’
Wylst Rienk nei de loft seach, dêr't it read út weilutsen wie en de wolken foar syn eagen feroaren yn de stille wrâld fan in hôf, kaam it byld boppe fan it Johanniter kleaster en de grutte tún mei beammen derom hinne. Dêr hied er stien, tegearre mei de âlde, bline muonts Martinus. En wer hearde er wat syn âld-lear- master doe sei, dat se yn de geast ferbûn wiene en: ‘De tiid komt, myn soan, datst hjir net fier wei yn myn geast fierder libje silst, út leafde bouwend oan de hillige tsjerke.’
Nei't Rienk de wurden fan de greve ferbûn hie mei de útspraak fan de muonts, sei er mear yn himsels, as bedoeld foar de greve:
‘De himel liket no op in kleasterhôf mei beammen en fûgels en in do dy't delsaait op in tûke.’
Hy hearde Albrecht mompeljen oer it paradys, ek fol mei beam- | |
| |
men en fûgels, mar wiene dy ek net yn de hôven efter it paleis?
Se moasten no nei it ljocht fan de ridderseal, syn eigen berch Thabor, dêr't er in godlik boadskip ferwachte. Mar foar't er muonts waard, woed er noch ien kear it feest fiere fan de Oarder fan de Hollânske Tún. Dêr soe de ridder fan Snits gjin spyt fan krije.
In goed wike letter rûze de ridderseal, fersierd mei blommen en fruchten, fan útlitten stimmen. De strielen fan de sinne, dy't troch it grutte roasfinster yn de westlike muorre foelen, ferlearen it stadichoan fan it ljocht fan de toartsen. It wiene safolle dat it tsjuster him weromlutsen hie yn de hege, ikehouten kap, dy't sûnder balken op 'e sydmuorren rêste. Sels de hollen en koppen, dy't oan de ein fan de bynten yn it hurde hout beitele wiene, lieten it ûnderskied noch sjen tusken minsken en ingels, liuwen en bearen.
By de muorren lâns, yn it ljocht en de waarmte fan de toartsen, stie it foarname folk fan De Haach, de measten mei in wynglês, guon manlju mei in bierkanne oan de mûle of yn de hân. De lêsten fergrutten mei brede gebearten de aventoeren fan striid en jacht, wylst de froulju de eagen nei de hoeken draaiden en inoar spotsk wiisden op 'e útwrydske klean fan harren konkurrinten yn de nijste moade.
De Fryske flechtlingen stiene yn in pear ploechjes byinoar, ûnwennich yn de oerweldigjende romte en beskamme tusken de foarnamens fan de Hollânske eallju.
Allinnich Rienk Bockema spriek lûd fan syn ferbliuw yn Windsor Castle en de boarch Gaarde yn Grodno, dêr't dit paleis net by yn it skaad stean koe. Hylck en Mauritius harken swijend ta en doe't der in stilte foel, frege syn jongste dochter hoe't it kaam as se werom wiene yn Snits. Daliks hied er it andert klear: der soe in nije stins boud wurde, grutter en heger as it âlde Rodenboarch. Nei alle gedachten makke de greve jûn al bekend
| |
| |
wannear't se oerstekke soene. Hy draaide it gesicht nei it fjouwerkant fan tafels, foaroan yn de seal, mei oan de eastlike side in ferheging. As in kening op syn troan siet Albrecht fan Beieren oan it haad fan de ridders dy't er opnommen hie yn de Oarder fan de Hollânske Tún. Op 'e tafels stiene ierdewurken Skalen mei apels, parren, prommen, framboazen en toarnbeien, dy't mei har frisse rook de skroeilucht fan de toartsen weromkrong.
Doe't it lûd fan snaarynstruminten opklonk, draaiden de hollen nei de yngong, dêr't twa minstreels, yn wite klean, út 'e skimer kamen. Se kearden inoar de rêch ta en dûnsen elk in kant út, al spyljend op 'e lút en bûgend nei de ealfrouwen. By de tafels snúfden se mei in ferhearlike útdrukking op it antlit de rook fan de rispinge op en liken as ingels boppe it paradys te sweven. Nei't de muzyk klommen wie nei in hichtepunt, foel de stilte. De beide muzikanten foelen ek en kamen foar de greve op 'e knibbels telâne. Der briek in jûchhei los, dy't earst ferstomme mei de dronk dy't útbrocht waard op it libben fan de greve, dat yn langte fan dagen duorje soe. De waarmte fan toartsen, wyn en leafde hiene alle kjeld út syn stive lea ferdreaun. Linich fearre er op, dronk yn ien kear it glês leech en naam it wurd: ‘Jûn fiere wy it feest fan de Oarder fan de Hollânske Tún as libben wy yn it paradys. Doe't ik ferline wike mei myn freon Rienk Bockema, ridder fan Snits, út te jeien wie, hat de hân fan de Almachtige in hôf oan de jûnshimel tekene as oankundiging fan dit paradys. Ik miende fjoer te sjen, mar Rienk iepene my de eagen foar in hôf mei beammen: in kleasterhôf, de hôven efter it paleis, it paradys...’
Wylst de greve djip sykhelle as moast er op siken komme, fielde Rienk de waarmte fan wurden en eagen op 'e hûd baarnen. It wie in woldiedige gloede, om't er foar it earst sûnt de flecht út Snits troch in machthawwer foar in grutte mannichte yn de hichte stutsen waard. Mar tagelyk frege er him ôf wat der noch komme soe. Wie by de jacht it fleurige moed fan de greve net
| |
| |
ynienen omslein? Dêrom koe it paradys, dêr't er it niis oer hie, samar feroarje yn in fjurrige hel.
‘Ik fersykje Rienk Bockema om nei de ferheging te kommen!’
Tusken twa hagen fan rûzjende stimmen rûn Rienk troch de seal. Itselde swevende gefoel as yn Windsor Castle, doe't er oproppen waard nei de troan fan kening Edward III, fierde him fierder, in werhelling fan doe, oant er foar de greve op 'e knibbels lei. Wylst er de holle bûgde, waard er in glinstering gewaar. Hy fernaam op it rjochterskouder de slach fan it swurd en hearde dat de ridder fan Snits opnommen wie yn de Oarder fan de Hollânske Tún.
Earst doe't de lûden fan de luten boppe de minskelûden útklommen, kaam Rienk Bockema út 'e hichte fan syn gefoelens wer del. Hy siet oan it fjouwerkant nêst de greve, dy't it folle wynglês omheech hold en rôp dat se noch yn langte fan jierren yn it paradys libje soene.
De minstreels dûnsen by it folk lâns, songen by de lute in liet oer in rike rispinge en ferbeane fruchten, pakten in apel, holden dy foar it boarst en dûnsen ûnder lûde byfal fierder. Albrecht fan Beieren, dy't earst wille belibbe hie oan de dûbelsinnige fertoaning, skodholle ynienen mei in strak gesicht en wiisde nei in ploechje froulju om de grevinne hinne.
‘Men moat harren yn de gaten hâlde,’ sei er, ‘hat Eva ek net yn de ferbeane apel biten?’
‘Dat ha se my as jonkje al yn it kleaster ferteld,’ sei Rienk.
‘Wolno dan,’ ferfette de greve, ‘soene froulju net ûnderinoar beprate wat wy net hearre meie? Se bite yn de apel en knipe de kat yn it tsjuster. As wy net oppasse, Rienk, komt it noch safier dat se de baas binne yn it paradys. Mar sa sil it net!’
Wylst er triljend fan argewaasje in pear swolgen naam, rûn de wyn him by it kin del.
‘Wy binne net sa stom as Adam! Nea sille do en ik in apel fan in frou oannimme. Lit se harsels der mar oan ferfrette. Wy sille
| |
| |
oant yn langte fan jierren yn dit paradys libje.’
‘Fansels is dit feest skitterend,’ sei Rienk, ‘mar ik hoopje net dat it noch jierren duorret foar't wy werom binne yn Snits.’
‘Fansels net!’ rôp Albrecht. ‘Lit ús drinke op 'e reis nei Medemblik en de oerstek nei Starum!’
Doe't se it glês leech hiene, brocht de greve de mûle nei it ear fan Rienk en flústere heimsinnich: ‘Dit hjir is myn paradys, dat fan dy leit oan de oare kant fan de see.’
Dy nacht stiek Rienk Bockema, yn de earm fan syn dochter Hylck, wankeljend en sjongend it Bûtenhôf oer.
| |
| |
| |
16 De lêste reis
Daer nae, int jaer ons Heeren duisent vier hondert ende een, worde een bestandt gemaeckt tusschen den hartoch ende den Friesen, op welcke bestandt die ballingen weder int landt zyn gecomen, elcx op zyn eigen. Ende heer Rienick quam toe Staeueren, ende worde daer van daen gehaelt toe Sneeck, op Lichtmisse dach, anno duisent vier hondert ende twee.
Nei it hjerstfeest yn de Haachse ridderseal duorre it noch in jier foar't de Fryske flechtlingen yn Medemblik oankamen. De skeamele ploech dy't troch de poarte skommele, eage hiel oars as de grutte mannichte ridders dy't fiif jier lyn, heech op it hynder, troch de strjitten ried. Dat geweldige leger sette op 'e haven ta, dêr't hûnderten koggen leine te wachtsjen. Under lieding fan Albrecht fan Beieren kaam de krústocht tsjin de heidenske Friezen mei de wyn yn de seilen op gong.
Mar doe't de rige Fryske flechtlingen op de tsiende oktober fan it jier 1401, de âldsten mear dea as libben, yn Medemblik oankamen, efterfolge troch de wantrouwige eachopslach fan de ynwenners, wie de greve der net by. Dy wie ek net op pylgertocht gongen, lykas Rienk Bockema yn 1387, hie him likemin weromlutsen yn in kleaster om it sûndige libben te ûntflechtsjen om sa syn siel te rêden fan de helske flammen.
Nee, Albrecht fan Beieren fierde yn syn Haachs paleis, sittend oan it haad fan de ridders, it feest fan de Oarder fan de Hollânske Tún. Hy stiek it glês yn de hichte en brocht in dronk út op it slagjen fan de ûnderhannelings mei de Friezen. Hy wist al lang dat er it lân oan de oare kant fan de Sudersee der net ûnder krije koe, ek al om't de Friezen in ferbûn sletten hiene mei de likedielers, rûge seerôvers út noardlike kontreien. Mar úteinlik wie it de greve sels ek slagge om in binde fan dy rûchhouwers foar him te winnen. Mei't der doe lykwicht kaam yn de striid op
| |
| |
see, waard de tiid ryp foar ûnderhannelings.
Wylst de hofkers yn de hôven efter it Haachse paleis de apels en parren fan de beammen plôken en dy mei kuorfollen yn de ridderseal tôgen foar it hjerstfeest, preau Albrecht fan Beieren op 1 oktober de fruchten fan de ûnderhannelings: de seerôverij op 'e Sudersee soe foargoed oer wêze en de flechtlingen mochten weromkomme.
‘As it hjerstige waar de oerstek foarearst ûnmooglik makket, sille jim in gastfrij ûnthaal fine yn it kastiel,’ hie de greve by it ôfskie tsjin Rienk Bockema sein. En hy heakke deroan ta dat syn foargonger Floris V in goed hûndert jier lyn dy twangboarch yn Medemblik boud hie om de opstannige Friezen, dy't oan de Hollânske kant fan de see wennen, derûnder te hâlden.
De gastfrijens fan it keppeltsje soldate- en tsjinstfolk, dat it mânske kastiel bewenne, foel yn it begjin lykwols ôf. Se seagen de flechtlingen mei skeane eagen oan, wiisden nei de bygebouwen efter de boarch en skikten earst yn, doe't de gesant fan de greve der op stie dat de foarnaamste Friezen plak krigen binnen de muorren. En dêr hearde Rienk Bockema mei syn húshâlding ek by.
It kastiel wie der grut genôch foar. De beide rûne tuorren, de iene twa kear sa heech as de oare, stiene as wachters oan wjerskanten fan de tsjokke muorre. Yn de midden dêrfan riisde de fjouwerkante toer heech boppe de grêft út. Dêrefter leine twa romme gebouwen, dwers opinoar, dêr't de bewenners har ferbliuw hiene. Twa lytsere tuorren holden de wacht op 'e beide oare hoeken.
Net it hjerstige waar mei geregeld út it súdwesten wei in stoarmige wyn, dy't it wetter fan de Sudersee yn ûnstjoer brocht, makke de oerstek ûnmooglik, sa't de greve syn sizzen west hie. Want in hânfol dukaten hie guon skippers, tusken de stoarmige riten troch, grif oerhelle om mei har koggen op Starum ta te
| |
| |
setten. Mar wat harren wjerhold, wiene noch altyd de likedielers, dy't har net steurden oan de datum fan 1 oktober. Hiene se earst rôve yn opdracht fan Friezen en Hollanners, no't dy yn frede fierder woene, wiene se har eigen baas. Mei eagen as fan rôffûgels sochten se de see ôf en har klauwen griepen ta, as in kogge him te fier út 'e kust weage.
De beide manlju rûnen nêstinoar oer de dyk, de holle weidûkt yn de kraach fan de mantel fanwegen de stive, kâlde wyn. De bewegings fan de jongste wiene rimpen en ûngeduldich, tsjûgen fan argewaasje, om't er hieltyd de stap ynhâlde moast. De âldste pandere evenredich troch en seach geregeld nei de see, dêr't fiskers flak ûnder de wâl de ielkuorren legen yn har slingerjende kobboat.
‘In wûnder dat se yn sa'n boatsje it lykwicht hâlde kinne,’ sei Fekke Sickinga glimkjend.
‘It soe wat!’ spatte Rienk Bockema tsjin syn skoanheit op. ‘Ik ha wol op heger seeën fearn; as de kâns der wie, soe ik hjoed noch de oerstek meitsje.’
De âldman rûn swijend fierder, as moast er neitinke oer in andert, draaide him in amerij letter stadich om en wiisde nei de boarch, dy't as in heit oer syn bern, de lytse ûnderkommens fan Medemblik, wekke.
‘Dêr wenje dyn neisten, Rienk, dyn âlde mem, dochter Hylck en Mauritius. It kastiel jout har mear beskerming as in kogge op wylde see, dêr't ek noch seerôvers omswalkje.’
‘Doe't wy ferline jier noch yn Starum wennen, wie jo rie om sa gau mooglik op Goaiïngea oan,’ sei er nitelich.
‘Dy rie kaam spitigernôch te let, mar benammen foar de froulju hie in rêstich ferbliuw op myn state wol sa goed west. In paradys ferlike by al dat swalkjen as flechtling.’
‘Froulju,’ spuide er ferachtlik út.
Hy hearde wer de wurden fan Albrecht fan Beieren oer it para- | |
| |
dys, dêr't froulju de baas net wurde mochten. Wat hiene se eins foar? Sûnt de dei dat se út Snits ferballe wiene, hie Hylck de kant fan Reynke Donia keazen en him, har heit, suver skoudere. Allinnich doe't er nei de ein fan it hjerstfeest oer it Bûtenhôf rûn, wie se nêst him kommen, om't se miende dat er dronken wie. Sa hie de dochter de heit ta skande makke.
‘Froulju dy't altyd byinoar binne, doge net,’ grommele er.
‘Jim mem wurdt minder, Rienk, it is mar goed dat Hylck der is,’ bêde Fekke Sickinga syn argewaasje del.
Doe't it út in donkergrize loft begûn te spatten, draaide er him om en woe ha, se moasten mar wer op hûs oan. Mei de wyn yn de rêch sylden se op 'e haven ta. Se seagen dat de kobboat oer de lêste skomjende weagen hinne skommele en tusken de peallen troch yn rêstiger farwetter kaam.
‘In feilige haven jout lykwicht,’ sei de âldman glimkjend.
Rienk snúfde inkeld. Kaam it troch de wyn of wie it in teken fan fertroulikens dat Fekke Sickinga him oanrekke? De toan wie gefoeliger, mei in kromke mankelikens, doe't er ferfette: ‘As wy yn de takomst wer yn de kontreien fan Snits komme, sille wy in nij lykwicht fine moatte. Witst noch datst as jongfeint by ús op 'e state kaamst, alhiel út it lykwicht slein troch it rûge libben by Walle Galama? Wêr't wy tegearre ek wiene, by it lytsfee yn de stâl, tusken de kij op it lân of yn it ûnlân efter de Grienedyk om te jeien, ik prate allegeduerigen en do harkest. En stadichoan rekkest fol fan in nij libben, in libben tusken ierde en himel. Fan beide hast tusken doe en no preaun, mar mear fan de ierde as fan de himel. Soe it net tiid wurde, bêste freon, om it libben datst hooplik noch foar dy hast, in stik op te skowen nei de himel?’
‘Ik ha de Hillige Frouwe en de tsjerke trou tsjinne,’ antwurde er, ‘boppedat ha 'k op pylgerreis west nei Jeruzalem.’
‘Wis, it binne de hichtepunten dy't fier útstekke boppe de ierdske sompen, dêr't in minske faak ris yn weisakket. Dat ûn- | |
| |
lân moat feroarje yn fêste grûn, dat Gods skeppingswurk úteinlik foltôge wurdt.’
‘Dêrom wol ik sa gau mooglik werom nei Snits,’ grommele er.
‘En dan?’
Rienk wiisde nei it kastiel, dat út it swarte wetter fan de grêft opriisde en mei syn tuorren like te stribjen nei in hichte dy't de tsjerken net benei komme koene. Mei útset lûd sei er: ‘Dizze boarch is net yn it foarste plak boud om beskerming te bieden, mar om macht út te oefenjen. Sa sil Rodenboarch yn Snits wer opboud wurde, heger as earst...’
Hy wifele as fûnen syn tinzen sa gau de wurden net. Doe sei er spotsk: ‘Want wie it sizzen niis net dat it libben in stik opskowe moast nei de himel?’
Doe't in fûle twirre, dy't de mantels klapperje liet, him oandreau, beskôge er dy triuw yn de rêch as in teken dat syn wurden troch de himel ynjûn wiene. Hy fielde him sterk en sette de stap deryn.
‘De wyn kin in minske ek út it lykwicht bringe,’ hearde er efter him, ‘wy moatte geduld ha, myn soan.’
It rûn tsjin de krystdagen dat Rienk Bockema út 'e fmzenis fan it kastiel briek, op it hynder stapte en oer de trochweakke dyk ried. De puozzen spatten útinoar en kamen as reindrippen, dêr't de sinne kleurich yn opljochte, efter him del.
It hie oan de koartste dei ta duorre foar't de grauwe wolken leech rekken, nei it noardeasten ta weisetten en it swurk frij joegen foar in skier sintsje.
Mar doe't it safier wie, hong de ridder fan Snits boppe it gat yn de muorre, spuide him it hert út it lichem en rûn fan ûnderen ek leech. Hy hie it te pakken krigen fan de oanfallen fan it waar, dat mei sigen en wietens trochkrong yn de romten fan it kastiel. Mar ek de tiid fan wachtsjen, dy't wat langer wat benearjender waard mei it koartsjen fan de dagen, hiene syn wjerstân
| |
| |
oantaast. Boppedat swalke de dea troch de boarch, noch wifeljend oft er de oanfal op Reynke Donia ynsette soe of wachtsje oant se werom wie yn har eigen stêd. Hylck wie net by it bêd fan har beppe wei te slaan, lei geregeld in wiete doek op 'e gleone foarholle en liet har, as se kreunde fan de toarst, drinke. Sels doe't har heit, slingerjend fan sloppens, by it gat weikaam, sloech se him amper acht. Allinnich Mauritius, dy't by de hurd de tiid deade boppe in gebedeboek fan de iene of oare geastlike út Medemblik, kaam wifeljend oerein en frege oft er wat foar him dwaan koe.
‘Bidde,’ sei er, heal spotsk, heal yn earnst, ‘oars net as bidde dat de pest hjir net útbrekt.’
Rienk Bockema sykhelle djip, as woed er mei de lucht dy't út it noardeasten wei oer de Sudersee striek, de longen suverje fan de ûnreinens dy't er yn de boarch ynazeme hie.
Hoewol't er de moarnsbrogge deryn hâlde koe, fielde er him noch sa slop as it klapperjende seil fan de kogge, dy't ticht ûnder de kust troch de wyn gong. It moast ien fan de lêste skippen wêze dy't yn dit winterskoft foar in koarte reis ôfstutsen wie, nei alle gedachten tusken twa havens oan de westwâl. Fierder wie de see leech, hielendal oan Starum ta, yn syn eagen in suver hillige stêd, dy't mei dit heldere waar boppe de kym like te sweven. Hy begûn nei de skipper te razen dat er mei woe, mar de kogge stiek oer stjoerboerd de see yn en waard wei efter in bocht fan de dyk.
Ynienen hold er yn, skodholle en sei lûdop dat er net allinnich oerstekke soe. Wat er ûnthjitten hie, moast er neikomme: de Leaffrouwe fan it Sint Odulfuskleaster werombringe nei Fryslân. Yn Medemblik hied er har net fûn, dêrom moast er no yn de omkriten fan de stêd sykje. Hy draaide it gesicht nei de lânkant en doe't er in pear doarpstsjerkjes gewaar waard, stjoerde er it hynder by de dyk del en ried oer in smel en slikerich paad
| |
| |
by in brede sleat lâns. Glimkjend liet er de rjochterhân oer de rûne foarm ûnder syn mantel glide.
De doar fan de measte doarpstsjerken wie los; guon stiene nei de lange rite fan rein en stoarmich waar iepen, as soe de ezel mei de Hillige Frouwe, dy't swier wie fan it Kristusbern, sa de stâl ynstappe kinne. De baarnende kearsen, op standers by it alter, en de sinnestrielen dy't troch de lytse, rûne finsters krongen en de donkere flier op guon plakken opljochtsje lieten, wiisden it paad nei it foar Rienk Bockema hillige stee. Sûnder acht te slaan op it bûgde stal fan de âlde froulju dy't foar it koar op 'e knibbels leine en mei deemoed de nammen fan Kristus en Marije útsprieken, rûn er streekrjocht nei it byld ta. Mei de Leaffrouwe fan Starum foar eagen hifke er al út 'e fierte wei de gelikenis. Hoewol't er teloarsteld wie, as it byld yn tsjerke ferskilde fan dat yn syn eigen ferbylding, doarst er him net daliks om te draaien. Dat die er earst nei't er de holle bûgd hie as groet oan de mem fan Kristus, dy't yn safolle ferskillende foarmen oan de minsken ferskynde.
Mar as de foarmen, grutte en kleuren treffend wiene, begûn it hert him te jeien.
Mei in triljende hân taaste er nei de rûne foarm ûnder syn mantel, helle it krûkje foar it ljocht, hold it omheech en flústere: ‘Leave Frouwe, yn Jeruzalem hat de doek yn dit krûkje wiet west fan jo triennen. Jo gûlden fan fertriet om myn lijen, dat troch jo leafde feroare waard yn lok. Mar safolle jier letter fiel ik my wer ûngelokkich, om't ik bang bin yn de finzenis fan de boarch, dêr't de dea al omwaret. Yn it Sint Odulfuskleaster stie ik noch foar it libben en wachte fol langstme op it wûnder fan de ljochte stream, de molke dy't it Kristusbern dronken hat. As jo deselde binne as de Leaffrouwe fan Starum, jou my dan it teken fan dat hillige focht. Ik sil it opheine yn de doek dy't earder wiet wie fan jo triennen.’
| |
| |
Hy helle in tippe út it krûkje, rikte sa heech mooglik en seach fol spanning nei it boarst.
‘Leave Frouwe, asjeblyft,’ mompele er, ‘dan wit ik dat jo deselde binne dy't út Sint Odulfus ûntfierd is en, lykas ik, as balling yn in frjemd lân libbet.’
Mar it teken dêr't er om smeke, kaam net.
‘As it net kin, lit dan, krekt as yn Starum, jo antlit wiet wurde... en wy sille tegearre oerstekke nei it lân dêr't wy thús hearre.’
Mar bûten skynde de sinne en it wetter fan de see spatte net op it dak, lykas yn dy stoarmige nacht foar de Starumer kust. Teloarsteld treau er dy deis yn trije tsjerken de droege doek werom yn de krûk.
Yn de middei, doe't it al skimerich waard, doarme er, dwilerich fan wurgens en honger, troch de strjitten en gloppen fan in stêd dêr't er noch nea earder west hie. Hy hie noch ien langstme, de waarmte fan in sêft lichem, mem, frou of hoer, bylden út in skier ferline.
It wie krekt op Marije Ljochtmis, de twadde febrewaris fan it jier 1402, dat in lange staasje troch de Starumer poarte ried en it paad nei it noarden ta ynsloech. De hynders snúfden de rook fan de maitiid op, dy't troch in súdlik koeltsje oanfierd waard, en setten daliks fûl oan om de frijheid fan de romte te priuwen. Mar de foarste ruters loeken de leie strak en ien fan harren grommele dat ek de âldsten sûnder ûngemakken wer thúskomme woene. Syn maat heakke deroan ta dat sels de deade in kalme reis fertsjinne.
Reynke Donia hobbele mei yn in rûge kiste, dy't in Starumer timmerman hastich yninoar slein hie. Rienk Bockema ried deun efter de trijetsjillige karre, lutsen troch in âld brún hynder, dat de driuw nei de frijheid al lang ferleard wie. It wie de garânsje dat de âld-frouwe fan Rodenboarch op har lêste reis net fan it rjochte paad ôfwike soe.
| |
| |
Yn Medemblik hiene se it útlibbe minske op in draachberje fan de boarch nei de haven brocht en hoeden yn de kogge sakje litten. Hoewol't se stiif yn tsjokke tekkens bewuolle wie en yn de lijte fan de fracht lei, kokhalze se troch it skommeljen allegeduerigen. Krekt foar de haven fan Starum ferliet mei it bluodderige slym, dat har by it kin delrûn, ek de siel it lichem.
Rienk seach hoe't de kiste, wannear't ien fan de tsjillen yn in djippe kûle sakke, skean rekke. As yn in fisioen, sa klear, kaam it byld fan it skowende en hompende lyk him foar eagen. Syn ferbylding foarme it kriezen fan de karre om yn it kreakjen fan de âlde bonken. Bylden en lûden rôpen by de soan dûbele gefoelens op. Wis, it wie syn mem dy't yn de kiste lei, de frou dy't de dea fan har twadde bern, in dochterke dêr't se sa nei útsjoen hie, net ferwurkje koe; dy't nei it ferstjerren fan har man yn de leechte fan Rodenboarch libbe; dy't nei't har soan fan de krúsfeart weromkommen wie, opsletten waard yn de finzenis fan har eigen keamer en dy't oan de ein fan har libben flechtsje moast foar de grime fan de Snitsers.
Hy kipe oer it skouder en waard de earnst en it fertriet op 'e gesichten fan Fekke Sickinga, Hylck en Mauritius gewaar. It wie in wjerspegeling fan de wurden dy't sy earder al útsprutsen hiene, as neitins oan it lange libben fan Reynke Donia: it hie dreech west, mar foar God en minsken goed.
Rienk snúfde, doe't dat sizzen wer by him boppe kaam. Lang wol, mar goed?
Wiene it net de wurden fan syn bloedeigen mem dy't him beskuldigen fan it skeinen fan har skurte; har hannen dy't him sloegen; en wie it net har earm dy't de bôge omheech brocht om him ôf te seamjen? Har kweade geast hie syn hiele jonge libben behearske. Dêrom fielde er gjin fertriet om har dea, joegen de stjitten dy't sy nei har libben noch krige, him de foldwaning fan in lette wraak.
| |
| |
Mar dochs fielde er him swiermoedich. Kaam it fanwegen de dea dy't foar him ried en syn paad nei de takomst wiisde? Dat gefoel waard noch sterker, doe't de rige by de boskrâne fan Harich lâns kaam, dêr't de ferfallen klinte fan Boate syn mem stie, dy't beide al lang lyn ferstoarn wiene. De deadshollen griisden him oan út it tsjuster efter de stikkene doar wei.
Ynienen hoarte er oan de lofterleie. It hynder skrille op en draafde by de hichte del, de kant út fan Noardwâlde, dêr't it wetter fan de Fluezen as in smelle streek opljochte. En wylst er sa oer it fjild jage, belibbe er op 'e nij syn jonge jierren by Walle Galama, de krêft fan it lichem, de striid tsjin de fijân en de ûntsnapping út 'e kloeren fan de dea.
Noch foar Wâldsein hied er de rige, dy't folle lytser wurden wie, al wer ynhelle.
‘Wêr binne de oaren?’ frege er.
‘Nei Gaasterlân en de kontreien om De Jouwer hinne,’ andere Fekke Sickinga, ‘ik moast dy de groetnis dwaan.’
Der klonk ferwyt troch yn syn stim.
‘Ik gean nei foaren,’ sei Rienk.
Hy stjoerde it hynder om de karre hinne oant er kaam by de fertsjintwurdigers fan it Snitser stedsbestjoer, dy't harren yn Starum begroete hiene. It wiene twa jonge manlju, dêr't er allinnich de gesichten fan koe. Nei alle gedachten hiene se nei de reboelje fan 1399 de âlderein fan har sitten ferdreaun en woene se no in bêste beurt meitsje troch harren hear op te heljen, sa woe Rienk ha. Doe't er nêst har ried, seagen se him út 'e eachhoeken wei oan, mar seine neat.
‘It is in kostlike dei,’ rôp er suver optein, ‘de maitiid hinget al yn de loft!’
‘Febrewaris hat syn útfallen,’ sei de man dy't troch it donkere burd âlder like as syn maat, ‘it kin noch wolris glûpende kâld wurde.’
Hy wiisde nei in kloft guozzen boppe de Sleattemermar.
| |
| |
‘Is it net bysûnder,’ sei de oare, ‘doe't wy nei Starum rieden, fleagen de guozzen it noarden yn en no sette se nei it suden ta.’
‘Se komme werom,’ sei Rienk, ‘dêr bin ik wis fan.’
‘It hie moai west as de guozzen ús komst yn de stêd oankundige hiene,’ lake de âldste, ‘dan wie it folk al fêst begûn mei it skjinmeitsjen fan de strjitten.’
Hoewol't de spot yn de toan him net ûntgong, wie de ridder fan Snits wis fan in nije takomst. De smoargens fan it ferline fage er yn ien haal fuort en op slach blonk de suverens fan de stêd him op Marije Ljochtmis yn de mjitte.
Wie it net in wûnder dat er krekt op dizze dei weromkaam? De dei dat de Hillige Frouwe, nei de berte fan it Kristusbern, wer suvere wie fan it bloed dat floeid hie en wer iepengong foar in nije frucht? Hjoed wie ek it Snitser ferline suvere fan alle ûnreinens en hy, Rienk Bockema, haadling en ridder, soe der yn de kommende jierren foar soargje dat de stêd wer bloeide as nea tefoaren.
Hy draaide it gesicht nei de sinne dy't al oer it heechste punt hinne wie. As it trof soene se de mis, dy't op fespertiid yn de Sint Martinustsjerke opdroegen waard, noch bywenje kinne.
Doe't it lytse ploechje ruters en de trijetsjillige karre by de Noarderpoarte oankamen, waard it boppe de westlike kym al read. Hoewol't de beide leden fan it stedsbestjoer útsteld hiene, de famylje soe de nacht trochbringe yn it Johanniter kleaster, dêr't de deade ek fuort teplak wie, woe Rienk perfoarst noch nei de stêd ta foar de mis. Boppedat soe Reynke Donia de lêste reis oan de ein ta meimeitsje.
It Nauwe Noard wie útstoarn. Allinnich Bocke Libbes, kastlein fan ‘De folle baarch’, hong oer de ûnderdoar, mar skokte werom doe't er de kiste gewaar waard.
Efter de glêzen fan de Martinustsjerke beweegde it ljocht fan de kearsen. Of wiene it de toartsen al dêr't it folk aansen mei
| |
| |
swaaie soe om de geasten fan de deaden geunstich te stimmen en de demoanen te ferjeien?
‘Wy binne te let foar de mis,’ sei de âldste begelieder.
‘It is better dat wy ûnderdak sykje foar't it folk hjir is,’ woe Fekke Sickinga ha, ‘faaks yn it kleaster fan Sint Antonius of as it moat, kinne wy noch foar de nacht yn Goaiïngea wêze.’
‘Earst nei it Kante Plein!’
It klonk as in befel, dat gjin tsjinspraak ferneare. De ridder fan Snits ried al foarop, oer de Merkstrjitte, op it tsjustere gat fan de Luifstege ta. Krekt foar it Kante Plein hold er mei in hoart it hynder yn. Foar him gappe de lege romte dêr't earder de stins stien hie.
Doe't de fjouwer oerbleaune ballingen troch de Easterpoarte op Goaiïngea tasetten, seagen se boppe de wâl de lange rige baarnende toartsen. Yn it flakkerjende ljocht skimere de kiste op 'e trijetsjillige karre, dy't krekt út 'e Noarderpoarte kaam en op it Johanniter kleaster ta ried.
|
|