| |
| |
| |
Diel 3
Augustus 1396 oant oktober 1399
| |
| |
| |
11 Degalge
Voor dese ende andere quade wercken heeft heer Rienick hem (Jeppe) vaeck gestraft ende scherpelick gecorrigeert; maar als hy daer gheenen beteringe in fonde, heeft hy hem ouer syde laeten brengen, op dat hy andere kynderen niet solde verleiden.
Boppe de beammen, dy't de terp yn it flakke lân noch heger makken, stiek de skerpe toer fan it Oldekleaster as in warskôgjende finger nei de himel. Tusken de stammen skimere it donkergiel fan de kleastermoppen en ljochten finsters op yn de sakjende augustussinne.
Op it lân om Hartwert hinne skrepten de boerehúshaldings om it hea byinoar te swyljen en foar de jûn noch ûnder it tek te krijen. Sa út en troch rjochten de manlju de rêch, seagen nei it suden, dêr't in skiere wale oer it blau hinne skode, en fiteren frou en bern oan. Nei in wiete maitiid en foarsimmer hiene se yn de droege rite fan in pear wiken, fan it moarns- oant it jûnsread, mei seine, harke en foarke wrotten foar in nije winterfoarrie.
Fernuvere hiene se de lêste dagen opsjoen, as der wer in ploechje ruters op Boalsert tasette en nei't ien fan de bretaalsten frege wat it doel fan harren reis wie, heinden se op dat op 'e nij in Hollânske greve yn it Oldekleaster syn grêf fine soe.
De boeren draaiden it gesicht nei de kapel, loeken oan de skouders en wrotten noch hurder, want hoewol't se de betsjutting fan de wurden net befetsje koene, fielden se de driging wol oan.
Twa haadlingen, Rienk Bockema en Juw Juwinga, rieden fan Boalsert nei it noardeasten. It hie Juw west dy't, nei de rûzige gearkomste yn syn eigen stinshal, mei it útstel kaam om syn freon in ein te beselskipjen, net streekrjocht op Snits oan, mar oer Hartwert. Sa koene se, mei it sicht op it stee dêr't greve Willem IV syn lêste rêstplak fûn hie, tegearre beprate wat Frys- | |
| |
lân de kommende tiid te wachtsjen stie.
‘As it allinnich om it stoflik omskot fan de greve te rêden wie, koene wy it faaks sûnder striid ôf,’ woe Juw ha.
‘Soa,’ sei Rienk inkeld.
‘Witst noch dat wy op jim brulloft praat ha oer rjocht en ûnrjocht? Wy wiene by Ysbrechtum fijannen en elk miende dat er foar in rjochtfeardige saak stried. Do foar it rjocht fan Walle Galama fan Aldegea en ik om de rjochten fan myn âlden te ferdigenjen. Wa hie gelyk?’
‘Wat hat soks te krijen mei it lyk fan dy Hollanner?’ skampere Rienk.
‘Efkes wachtsje, safier binne wy noch net. Doe't wy as freonen tsjin de Turken fochten, wiene wy it iens oer wat rjocht en ûnrjocht wie. En op ús krúsfeart tsjin Witold strieden wy tegearre ek foar it rjocht fan Kristus, sa tochten wy, hoewol't ik no noch twivelje oft wy yn Gaarde gjin kristenbloed fergetten ha...’
‘Fansels net,’ spatte Rienk op, ‘it wiene dêr allegearre heidenen!’
‘Goed, lit ús dêr mar fan útgean,’ bêde Juw him del, ‘mar hoe sjochsto tsjin de Hollanners oan dy't yn 1345 manmachtich opsetten kamen om de Friezen har frijheid te ûntnimmen?’
‘Dat hoechst net te freegjen, ús foarfaars ha der goed oan dien om har de see, wat sis ik, de dea yn te driuwen.’
‘De dea, seist, jawis, mar soe it ek rjocht hjitte kinne dat Albrecht fan Beieren it omskot fan syn foargonger hjoed of moarn opeasket?’
Nei't Rienk oan de skouders lutsen hie, wiisde Juw nei it Oldekleaster en sei: ‘As de âlde greve gjin oare bedoelings hie as it opeaskjen fan dat rjocht, dan gongen wy no noch nei de abt om te freegjen oft se it lyk fan Willem IV opgrave woene.’
‘Wy?’ frege Rienk. ‘Der wiene hjoed oars genôch haadlingen yn Boalsert dy't it oer Hollânske liken hiene. Wêrom hast dy net frege?’
| |
| |
Juw draaide it gesicht nei de kloft roeken, dy't tsierend út 'e kleasterbeammen opfleagen, delsaaiden op 'e keale greide en sûnder fierdere kreauwerij mei de snaffels yn de grûn omhakken, op syk nei ynsekten.
‘Dêr woe ik it krekt oer ha,’ begûn Juw wer. ‘Hast sjoen hoe't Skier en Fet, dy't inoar sûnt minskewitten op libben en dea bestriden hawwe, hjoed as bruorren yn de stinshal ieten, dronken en praten? Elkenien wie fan betinken dat de Friezen har frijheid ferdigenje moasten tsjin de Hollanners. Rjocht tsjin ûnrjocht, mar ek kristen tsjin kristen. De Hollanners knibbelje foar deselde Kristus en Marije as wy Friezen, begrypste Rienk?’
De Snitser haadling grommele wat ûnfersteanbers werom.
‘Goed,’ ferfette Juw, ‘de Ftyske haadlingen hawwe my hjoed oanwiisd as har oanfierder. De measten wolle, krekt as yn 1345, mei man en macht op 'e fijân ôf, mar do hast hjoed út myn mûle hearre kinnen dat ik leaver ôfwachtsje. Fansels wit ik dat oan de oare kant fan de Sudersee in grutte float klear leit om oer te stekken en ik bin net sa ûnnoazel om te tinken dat de Hollanners hjirhinne komme om te dobbeljen. It is lykwols better om earst de bedoelings fan Albrecht fan Beieren te fernimmen, foar't wy ús as bline bargen ôfslachtsje litte. As de âlde greve net inkeld komt om it lyk fan syn foargonger op te dollen, mar ek om ús Fryske grûn op te easkjen, sille wy syn leger efter de sompen, marren en puollen lokje en it dêrnei it wetter yn driuwe.’
Hy seach noch in kear oer it skouder nei it kleaster, dat no efter harren lei. Doe stiek er de rjochterearm rjocht foar him út, dêr't Snits yn de fierte boppe de kym skimere en sei: ‘Yn dyn kontreien sil dan it ûnrjocht ferkeare yn rjocht.’
Hoewol't de lêste wurden Rienk oansprieken en de haat tsjin de Hollanners noch altyd broeide fanwegen it weiwurden byld fan de Leave Frouwe út it Sint Odulfuskleaster, wâlen der oare gefoelens oerhinne, dy't yn de stinshal fan Juw as in floed opkom- | |
| |
men wiene. Hoe soe hy, dy't troch de Ingelske kening ta ridder slein wie, ûnder oanfiering fan de haadling fan Boalsert tsjin de Hollanners stride? As se de oerwinning behellen, kaam de eare ta oan Juw Juwinga en syn eigen keningskip oer Fryslân soe nea werklikheid wurde.
Hy fernaam de hân fan Juw op it skouder.
‘Wy binne de takomst treast, as do en ik de oare haadlingen oertsjûgje kinne om ôf te wachtsjen,’ hearde er tichtby syn ear. ‘Soest my dy freonetsjinst bewize wolle?’
‘Ik ha wol wat oars te dwaan,’ sei er grimmitich, ‘hast sels net sein dat in stêd allinnich bloeie kin, as der rêst en oarder hearsket? Wolno, Juw Juwinga, dêr freget Snits hjoed de dei om. It is better dat wy hjir ôfskie nimme.’
Hy stiek de rjochterhân omheech en joech it hynder de spoaren. Juw rôp noch wat, mar syn wurden waarden wei yn it daverjen fan de hoeven.
De hiele wei tusken Hartwert en Snits mealden de tinzen him troch de holle. It rjocht ferbûn er mei syn striid tsjin de Turken en Litouwers, syn bewâld oer Snits dêr't al jierren frede hearske, syn heit-wêzen fan twa folwoeksen dochters en fan Mauritius, dy't him ûntwikkele ta in fromme kristen en net allinnich it Frysk en Latyn behearske, mar ek ferstân hie fan de rekkenkeunst. Noch in pear jier en hy soe him ta syn rintmaster beneame.
It ûnrjocht heakke er fêst oan it skyltsje moanne yn de donkerblauwe seilen fan de Turkske galeiskippen, de bargeflagge fan de Litouwers en de bretale joadske kop fan Jeppe, dy't nei festeljûn om gjin sizzen en swipe mear joech.
Wer seach er him mei de sâltsek yn it roekenêst fan de skipswein stean, wylst er de spot sloech mei de geastlikheid, noch slimmer, mei God sels, dy't de ferdoarne stêd ûnder it sâlt weiwurde litten hie. Sodom en Snits, it wie foar de Joad itselde.
| |
| |
Wol deale, wylst hysels as haadling de stêd ta bloei brocht hie en de rêst hanthavenje woe yn in tiid dat de Hollanners kommendeweis wiene, besocht in joadske snotnoas de oarder te fersteuren. Klagen de Snitser ambachtslju net stien en bien oer stellerij? En waard der net grute dat de âldste soan fan de haadling faak ris yn it selskip fan it steechjesfolk ferkearde? Ferline wike hie op in nacht it âljen fan in baarch oer de sliepende stêd klonken. De oare moarns wie op guon plakken de modder fan it Achterom donker fan it farske bloed. De stikken fan in stiennen skaal, dy't nei alle gedachten ien út 'e hannen fallen wie, siet ek in opdroege read flues op.
Ynienen skeat Rienk it ferhaal fan de Dútske kastlein yn it sin, dy't in joadske jildsjitter út 'e herberch ramaaid hie. Joaden mongen neffens him op sulveren skalen skealike stoffen om de kristenen te fergiftigjen. Wêr wie de stiennen skaal, dy't yn stikken op it Achterom lei, eins foar brûkt? De lêste tiid hie it swiere roulûd fan de Martinus trije kear oer de stêd klonken... Doe't Rienk Bockema by de bosk fan Ysbrechtum lâns ried, waard de koloanje roeken opskrille troch it lieden fan de klok. Se kamen út 'e beammen omheech, in leger fan swarte ridders, trawanten fan Lúsjefer, dwarreljende roetflokken boppe it hellefjoer. Soe de foarsizzing fan Lipkje oer de reboelje yn de stêd dan dochs útkomme? Faaks wie de skipswein ek al in teken fan it kommende ferdjer. Boppedat kaam de dei tichterby dat de Hollanners manmachtich op 'e Fryske kust delsaaie soene. Mar hy, ridder fan Snits, soe soargje foar rêst en oarder, dat Albrecht fan Beieren him útrôp ta syn steedhâlder, kening fan Fryslân.
Foar de twadde kear treau er de spoaren yn de flanken fan it hynder en wylst de skomflokken it bist fan de bek waaiden, fjouwere it op 'e Noarderpoarte ta. Underwilens liet er, sykjend om in geunstich teken foar syn ûnrêstich moed, de eagen oer it lânskip glide. Mar yn it easten riisde in driigjende seame út 'e sompen fan Goaiïngasweagen op en tichterby wjerspegelen de
| |
| |
finsters fan de Johanniter kapel it fjoer fan de ûndergeande sinne. Ut 'e stêd wei stjitten rauwe lûden fier yn de hoare jûn op.
Doe't er by de poarte kaam, wie der gjin wachter te bekennen, hoewol't it tiid waard om de doarren te sluten. Wol deale, de stêd lei foar rôver en fijân noegjend iepen om de oarder te fersteuren. Hoe koed er sa de rêst yn Snits hanthavenje?
Wylst de lûden fan de kant fan de Merkstrjitte wer oanboazen, ried er op it Nauwe Noard ta, dêr't ynienen in hymjende Lamme Wisses út opdûkte.
‘Wat sil dat?’ biet er it lid fan syn liiftroep ta.
‘De poarte slute.’
Rienk bûgde foaroer en griep de poartewachter by it skouder. No earst seach er dat der opdroege bloed op 'e rjochterhân fan de jongfeint siet.
‘It steechjesfolk ken syn plicht dus net,’ grommele er, ‘sis op, is der frjemd folk yn de stêd, dêrst tsjin fochten hast?’
‘Noch net,’ sei Lamme, ‘mar wat net is, kin komme.’
Hy hime net mear en seach syn hear frijmoedich yn de eagen.
‘Wat bedoelst, skobbejak?’
‘Ik tocht, de ridder fan Snits sil wol grutsk wêze dat wy al fêst oan it oefenjen binne, foar't de Hollanners hjir komme.’
‘Grutsk op in ûngeregeld soadsje? Jim ellindelingen! Nei de poarte, sis ik dy!’
Rienk stjitte Lamme fan him ôf, sette it hynder oan en draafde troch it Nauwe Noard. Doe't er om de hoeke kaam, seach er dat de Merkstrjitte feroare wie yn in soarte fan toernoaifjild, dêr't twa ruters, it gesicht ferburgen efter in learen masker, mei foarútstutsen stokken opinoar ta draafden. De iene beried in jonge swarte hynst, dy't út 'e stâl fan Rodenboarch komme moast, syn tsjinstanner siet op in fealbrún hynder, dêr't it measte fjoer al út wie. Foar de gevels stiene lju yn ploechjes byinoar, it steechjesfolk lûd roppend as oanmoediging foar de striders, de ambachtslju mei fernuvere gesichten, drok yn petear oer de
| |
| |
tanimmende frijpostigens fan de jongerein.
Rienk Bockema bleau in amerij op 'e hoeke fan it Nauwe Noard en de Merkstrjitte stean, seach hoe't de ruter op 'e swarte hynst syn tsjinstanner fan de âld brune stjitte, rjochte doe de rêch en ried mei in noartsk gesicht oer de midden fan de strjitte tusken it folk troch. Syn grime waard noch grutter, doe't er gewaar waard dat de winner it findel mei de earn fan Durk Bouwes tarikt krige en it triomfantlik omheech stiek. It jûchhei fan it folk rekke Rienk as in rein fan fljanlike pylken. Sa'n snotnoas, dy't mei in stôk in meager fintsje fan in âld knol ôfreage, krige mear eare fan de eigen befolking as de ridder fan Snits, dy't yn de frjemdte op libben en dea tsjin de heidenen striden hie. Wie dit it begjin fan de reboelje?
Rienk Bockema loek wyld oan de leie, dat it hynder wrinzgjend stegere. Earst foelen de rauwe gjalpen wei, doe stoar ek it rûzjen fan stimmen fuort.
Tusken twa hagen fan stilte troch liet er it eigen hynder op 'e swarte hynst ta stappe. De earn boppe de holle fan de jonge ruter waaide út op it jûnskoeltsje, dat oer de langte fan de Merkstrjitte striek. It wie as sloech de rôffûgel de wjukken út om syn nije hear te ferdigenjen tsjin de âlde, dy't sa't it like ôfdien hie. Hy griep nei it swurd en snaude: ‘Lit it masker sakje, reboeljemakker, dan kin ik teminsten sjen wa't it swurd troch it hert krije sil!’
Wylst ûnderdrukte gjalpen boppe de wer oanboazjende stimmen út klonken, skode de winner it lear foar it gesicht wei. It fermoeden fan de heit kaam út: hy seach yn de donkere eagen fan Jeppe, dy't bretaalwei op him rjochte bleauwen.
‘Hjir dat fmdel!’ biet er him ta.
Nei't de earn stadich nei ûnderen kommen wie, syn kant út, hoarte er de jonge de stôk út 'e hân. Mei it findel yn de iene en it swurd yn de oare fûst, kaam er tichterby oant de punt fan it wapen it masker foar it boarst rekke.
| |
| |
‘It lear sil dy net beskermje,’ systere er, ‘sels dyn joadehûd net.’
It lêste sei er suver flústerjend, wie allinnich bedoeld foar harren beide. De jonge skrille net tebek, bleau deastil yn it seal Sitten, allinnich de eagen waarden lytser.
‘Hear, hy die it út goederbêst,’ klonk in stim út it folk.
‘As de Hollanners al komme, is it jongfolk der klear foar.’
Rienk liet de eagen oer de hollen glide. It wie it steechjesfolk dat it foar Jeppe opnaam, de boargers seagen ûnferskillich ta.
‘It wurdt ien fan jo bêste soldaten!’ waard der roppen.
‘Bek hâlde!’ hiet er.
Hy fielde him fan alle kanten ynsletten, tusken steechjesfolk en boargers, Hollanners en liiftroep, heit en rjochter. De stilte like op him ôf te stoarmjen en om him te ferdigenjen, rôp er: ‘In soan dy't it yn de kant set tsjin syn heit, sûnder tastimming de bêste hynst út 'e stâl hellet en it findel fan de earn misbrûkt, hat straf fertsjinne!’
Doe't syn each op Durk Bouwes foel, wist er ynienen hoe't er oanfalle moast om him as rjochter fan Snits jilde te litten. Hie de soan fan de learmakker it findel net tarikt oan de winner? Jawis, dan soed er it no weromkrije.
Op syn winken kaam Durk Bouwes by de kop fan it hynder en naam it findel oan.
‘Ofstappe!’ hiet er Jeppe.
Doe't de jonge op strjitte stie, sei er lûd: ‘No't de earn foar in ferkeard doel brûkt is, sil er sa faak de reboeljemakker reitsje dat de stôk brekt.’
Durk Bouwes stoarre him mei iepen mûle oan, mar nei't er foar de twadde kear in wink krigen hie, helle er de stôk omheech en liet dy op 'e rêch fan Jeppe delkomme, hieltyd hurder, oant er by de sânde slach kreakjend briek.
‘Sa soarget de rjochter fan Snits foar oarder en rêst yn de stêd,’ rôp Rienk Bockema, ‘soks is wol sa goed as tsjin de Hollanners
| |
| |
fjochtsje mei in ûngeregelde troep reboeljeskoppers.’
It tsjuster ware al troch de strjitten en stegen, doe't er Jeppe foar him út dreau, troch de Luifstege, op Rodenboarch ta.
De oare moarns ier en betiid sakke Rienk by de stiennen treppen del nei it hûnegat. De hiele nacht hied er omwuolle, gleon fan eangstige spoekbylden, as betsjoend troch Lúsjefer sels: it steechjesfolk rôp Jeppe út ta haadling fan Snits, ferdreau de ridder sels út 'e stêd en jage him yn it foarútstutsen swurd fan Albrecht fan Beieren. Soms wied er weisonken yn in wiffe sliep en daliks, as waard er troch alle duvels tagelyk besprongen, skokten bylden lâns dy't like grouwélich wêze moasten as de hel sels: hy wrotte yn de kapel fan it Oldekleaster as in mol nei it omskot fan greve Willem IV en doe't er dêr wie, waard er troch it bonkerak omsletten oant hy en de Hollânske greve ien wiene; nei't de Fryske haadlingen it dûbele omskot opgroeven hiene, huilen se him út foar ferrieder en hongen him oan de galge, in eintsje bûten de Noarderpoarte.
Rienk skode de skoattels fansiden en loek de doar iepen. Yn it feale ljocht, dat troch de smelle skreef foel en amper yn de hoeken komme koe, seach er Jeppe as foar dea op it strie lizzen. It kaam by him op dat de jonge him tekoart dien hie. Mei in dûbel gefoel rûn er fierder, ferromme dat de bedriging fan syn macht as in tongerloft sûnder fjoer om him hinne dreau, tagelyk teloarsteld dat er net efter de wierheid komme koe. Mei in skop yn de side brocht er Jeppe ta libben; kreunend loek dy oan de rjochterskonk.
‘Sa leit de winner as in deade yn it strie,’ spotte er en om't er gjin antwurd krige, drige er: ‘Ast swijst, sille de rotten oer in goed wike sêd wurde fan dyn úthongere lea.’
Hy wachte in telmannich, mar doe't Jeppe op 'e flier lizzen bleau, skopte er krekt salang dat syn slachtoffer rjochtop yn de hoeke siet.
| |
| |
‘Wat hie dat justerjûn te betsjutten?’ frege er.
De jonge seach him ferwezen oan, wylst er hoartend sykhelle. ‘Soest it steechjesfolk tsjin my opsette?’
De holle beweegde, mar hy koe dy reaksje net tsjutte. Doe makke er de swipe los fan syn gurle, seach dernei, sykhelle djip en swypke de iene sin nei de oare oer Jeppe hinne. Wat er de lêste jierren opheind hie, mong er mei syn prakkesaasjes en dreamen fan dy nacht.
‘Hoe lang jout de ferwurden soan fan de haadling him al ôf mei it steechjesfolk? Nachts as dieven troch de strjitten doarmje, bargen de hals útsnije en it bloed opheine op in stiennen skaal. Sis op, hasto miskien dy heiden fan in Witold holpen om yn Grodno de bargeflagge mei bloed te kleurjen? In heiden bist, in Joad dy't bloed en oare stoffen mingt om fromme kristenen te fergiftigjen. Beken mar datst dyn eigen folk op Rodenboarch ombringe woest. Is it soms net genôch dat se Wamme Alderts as in baarch de hals útsnien ha?’
Hy waard kjel fan syn eigen wurden en taaste yn it tsjuster fan syn inerlik om út te finen hoe't er oan dy beskuldigjende útspraak kaam. Doe't er seach dat Jeppe, slop nei in lange nacht fan pine, de hannen op 'e flier sette en weromsakke op it strie, waard er in glim gewaar fan syn eigen dronken tastân op festeljûn. Hy wie nei Rodenboarch ta bongele tusken twa fan it steechjesfolk yn. Fan harren moast er opheind ha hoe't Wamme Alderts oan syn ein kommen wie.
Hy klamme de swipe yn de fûst en sloech it lear op 'e flier, flak foar de fuotten fan Jeppe. De jonge skeat oerein en stoarre him mei grutte eagen oan.
‘Sis op, wa hat Wamme Alderts fermoarde?’
Jeppe loek oan de skouders, in gebeart dat oerkaam as ferset, tagelyk tsjin de heit dy't de wierheid fan de soan witte woe en tsjin de rjochter dy't stie foar rêst en oarder yn de stêd. It waarden twa streamen fan argewaasje, dy't de grime fan Rienk
| |
| |
Bockema opswypken. Hy liet de swipe tsjin de muorre ketse, hieltyd wer, tichter en tichter by de holle fan Jeppe dy't, mei de earms beskermjend foar it gesicht, hinne en wer beweegde om oan de slaggen te ûntkommen.
‘Wa wie it?’ raasde er. ‘Oars...’
Hy swaaide de swipe heech boppe de holle om diskear raak te slaan. Op dat stuit klonk fan de kant fan de doar in sêfte, triljende stim: ‘In swipe komt hurder oan as in bôge, tinkt dy ek net, Rienk?’
Mei in hoart draaide er him om. Yn de doariepening stie Reynke Donia, wylst se swier op har beide stokken leunde.
‘Of bist fergetten datst my, doe'tst noch in snotjonge wiest, de bôge út 'e hân hoarte hast?’
Wylst de bylden út it fiere ferline, skerp as de kimen by noardewyn, him foar eagen kamen, waard er him bewust fan de oerienkomst. De haat tusken mem en soan kaam nei in minskelibben wer ta utering yn syn eigen ferhâlding mei de oannommen soan út Litouwen. Reynke Donia dy't hate, om't hysels har skurte sa skeind hawwe soe dat syn suske flak nei de berte stoarn wie. En syn eigen haat foar Jeppe fanwegen it skeinen fan syn macht.
‘It is in heidenske Joad, dy't yn Snits de oarder fersteurt,’ grommele er.
Reynke Donia hompele tichterby en frege freonlik: ‘Is dat wier, jonge?’
Jeppe seach har tankber oan en foar it earst dy dei die er de mûle iepen: ‘Ik bin allinnich in Joad, oars net.’
Se skodholle as begriep se it net en frege: ‘In Joad, seit er, mar do bist dochs doopt... hoe kinst dan de oarder dy't jim heit yn de stêd hanthavenje moat, fersteure?’
‘It gong allinnich mar tsjin de Hollanners,’ sei Jeppe.
‘Wat is dêr ferkeard oan?’ frege se oan Rienk.
‘Lit de Hollanners derbûten!’
| |
| |
Hy fernaam dat er op 'e nij ynsletten waard tusken de ferwachting fan de Snitsers om Albrecht fan Beieren te bestriden en syn eigen doel: it steedhâlderskip oer Fryslân út 'e hannen fan de Hollânske greve.
‘Wat hat er dan ferkeard dien datst him deaslaan woest?’ hold Reynke oan.
Rienk kaam, noch altyd mei de swipe boppe it rjochterskouder, op syn mem ta, bleau deun foar har stean en rôp: ‘Hy hat de spot dreaun mei syn eigen doop en op festeljûn mei de geastlikheid, noch slimmer, mei God sels!’
‘Hat er dat al opbychte?’ frege se rêstich.
‘Dat wit er sels it bêst.’
Se draaide har nei Jeppe, dy't skodholle en sei dat in Joad nea bychtsje soe. Breinroer bûgde Rienk Bockema him oer de jonge en systere: ‘Do krigest noch ien kâns foar't ik dy stjerrendewier deadoch mei de swipe, ellindige heiden! Bychtsje silst, alles opbychtsje oan de Leave Frouwe, dêrst dyn libben oan te tankjen hast.’
Doe't er út 'e eachhoeken wei seach dat syn mem knikte, waard er rêstiger.
‘It sil net tafalle om wer boppe te kommen,’ sei se glimkjend. Hy pakte har ûnder de earm en wylst se nêstinoar by de treppen oprûnen, murk se fyntsjes op: ‘Jim heit en ik stjoerden dy nei it Johanniter kleaster om te bychtsjen, witst noch wol?’
Hy snúfde en hoarte har by de lêste treeën op. Boppe leunde se swier op syn earm en sei hymjend: ‘De jonge hat yn ien ding gelyk, it giet om de striid tsjin de Hollanners.’
Hy skuorde him los en stampte by de treppen del om syn plan út te fieren.
Dyselde moarn noch dreau Rienk Bockema, heech op it hynder, de drafkjende Jeppe troch de stêd. Syn swurd, dat er yn de rjochterfûst hie, en de bûne hannen op 'e rêch fan de jonge
| |
| |
brûkte er as tekens fan syn macht. Hy lies op 'e gesichten fan de ambachtslju de foldwaning dat har, nei alle stellerij fan de lêste tiid, einlings rjochtdien waard.
Doe't er efter him leven hearde, seach er oer it skouder. In kliber steechjesfolk folge him mei in hâlding fan machteleaze grime, dy't him sa út en troch ûntlade yn in flokken en roppen: wêrom't Jeppe, dy't it bêste mei Snits foar hie, as in boef opbrocht waard en hoe't it by Marije har Hillige Namme mooglik wie dat in ridder wol yn de frjemdte focht, mar syn eigen stêd net tsjin de Hollanners ferdigenje woe. Mei in hoart kearde er it hynder.
‘Wa rôp dat?’ frege er, it swurd driigjend rjochte op it folk, dat as in keppel skiep gearklofte en him swijend oanstoarre. Efteroan waard er de bretale troanje fan Lamme Wisses gewaar.
‘Noch altyd freget de moard op Wamme Alderts ferjilding!’ rôp er. ‘Dêrby komme dan no út 'e goarste bekken fan Snits swiere misledigings. Foar't de sinne ûndergiet, sil ien fan jim foar altyd swije.’
Hy draaide him om, joech Jeppe in wink en dreau him troch de Tsjerkestrjitte nei it kleaster fan Sint Antonius.
Mei in pear hurde klappen liet Rienk Bockema de klopper op 'e doar fan it kleaster delkomme. Yn de tiid dat er stie te wachtsjen, seach er in pear kear oer it skouder. De strjitte wie leech. ‘Ast like moedich bist as dyn maten, dochst it grif yn de broek as de Hollanners komme,’ grommele er spotsk.
Jeppe, dy't tusken him en de doar yn stie, sei neat werom. No't it steechjesfolk har oanfierder yn de steek litten hie, soe de wil fan de jonge brutsen wêze, wied er fan betinken. Nei de bycht woed er de muontsen freegje oft se in sel oer hiene om it Joadwêzen fan syn âldste soan foargoed ôf te strûpen en him it suvere kleed fan it kristendom om te hingjen. Wa wit, koed er yn de takomst de muontsepij om de skouders krije.
| |
| |
Yn it fjouwerkant fan it lûkje kaam itselde gesicht as dy kears doe't er mei it Litouske Marijebyld foar de doar stie.
‘Hear Bockema,’ mompele de muonts, ‘mar no mei... hoe hjit er hast ek al wer...’
‘In reboeljeskopper dy't bychtsje sil,’ bromde Rienk.
‘Krekt,’ sei de muonts.
Hy die de doar iepen en ferfette: ‘As jo hjir efkes wachtsje wolle, dan sil ik de bychtheit warskôgje.’
‘Ik rêd der sels mei!’
Rienk reage de muonts fansiden en treau Jeppe de lange gong yn, dy't útkaam by de kapel.
‘Jawis,’ hearde er efter him, ‘jo witte de wei.’
De oergong fan de skimerige gong nei it kleare ljocht fan de kapel trof him lykas dy earste kear. De wijing dy't útgong fan de hillige romte, fersêfte syn grime dy't oanboaze wie yn it dompige hûnegat. Syn eagen fûnen daliks it byld fan de Leave Frouwe, dat no op in pylder stie, tusken har Soan en de kluzener Antonius.
Wylst er stadich mei Jeppe nei it alter rûn, seagen trije pear eagen fol ûntferming op heit en soan del. In heit dy't boete dien hie foar syn eigen ferline troch te striden tsjin de heidenen, brocht no syn soan foar it antlit fan Kristus, Marije en Antonius. Foargoed soed er opnommen wurde yn de stilte fan it kleaster om inkeld de mûle iepen te dwaan yn de tiden dat er mei de muontsen de lof fan God song.
Rienk brocht Jeppe foar it krús en sei: ‘Sjedêr, Kristus dy't foar dyn sûnden stoarn is.’ Doe fierde er de jonge nei it Marijebyld: ‘Foar't ik mei it swurd tastekke soe, hat de Hillige Frouwe dyn broer en dy yn de kapel fan Gaarde yn beskerming nommen. Nea hat men út dyn mûle fernommen datst dêr tankber foar bist. No krigest de gelegenheid. Bychtsje op watst útfretten hast by it steechjesfolk, watst dêr heardest oer de moard op Wamme Alderts en hoest de moardners opset hast tsjin dyn eigen heit.’
| |
| |
Stadich draaide er de eagen, dy't er lykas yn it ferline foldronken hie mei de mingeling fan Marije har leafde en fertriet, nei Jeppe. Dy hie de holle foardel en om't de heit dat útlei as in teken fan deemoed, sei er sêft, suver freonlik: ‘Knibbelje foar de Leave Frouwe, Jeppe.’
De holle fan de jonge skokte omheech en mei in gesicht dêr't de earnst fan de folwoeksenheid al út spriek, sei er: ‘Neam my net langer Jeppe, de namme dy't ik fan myn âlden krigen ha, is Jakob.’
Jakob, it wie as kaam de namme as in slach op Rienk del. It wie de weromslach fan syn eigen stêf, dêr't er it krûkje fan de joadske pylger mei yn barrels slein hie, wylst se by de rivier de Piave, noard fan Fenetië, sieten te iten. Dat wie krekt nei't de sabeare kristen Friedrich him bekend makke hie as Jakob, de Joad. Sei de namme net genôch? It wie in bedrager, dy't de kristenen jierrenlang útrûpele en foar de gek holden hie.
‘Knibbelje, do!’ rôp er tsjin Jeppe. ‘En bychtsje oan de Leave Frouwe datst de kristenen mei dyn gif stadichoan útrûpelje woest.’
Om't Jeppe ferheftich skodholle, treau er him op 'e knibbels mei it gesicht op 'e flier.
‘Bychtsje!’
Wylst syn lûd troch de kapel galme, sloech er de holle ûnder syn ferkrampte fûst op 'e stiennen.
‘Jim hawwe myn âlden fermoarde,’ kreunde de jonge.
Doe't in klok begûn te lieden, sleepte er Jeppe nei it byld fan Antonius, skuorde syn beblette holle omheech en rôp: ‘Se hawwe de kluzener ûnskuldich oan it krús fermoarde, hoe soesto dan mei sa'n grutte skuld fierder libje kinne, ellindeling?’
In dei letter, nei't Durk Bouwes de holle fan Lamme Wisses út 'e strop helle hie, syn lyk op 'e grûn nêst de galge sakje liet en der in hynstetek oerhinne goaide, draaide it folk it gesicht nei
| |
| |
de Noarderpoarte. De brêge dreunde en rattele ûnder de hoeven en tsjillen. De ridder fan Snits ried foarop, op deselde hynst dy't twa dagen lyn syn âldste soan op 'e Merkstrjitte nei de oerwinning droegen hie. Op 'e karre dêrefter wist it folk de soan sels, ûnder in swarte doek, dy't him oer de skouders hong. Oan wjerskanten rieden de leden fan de liiftroep. Noch foar't de staasje de swijende mannichte berikt hie, ûntstie der in paad dat streekrjocht nei de galge fierde. Op in wink fan de rjochter klom Durk Bouwes op 'e karre. De boal wifele, meat mei de eagen de ôfstân tusken de strop en it slachtoffer, woe him oerein helpe, mar foar't er Jeppe beet hie, kaam dy út himsels omheech. Hy bûgde him, skodde de doek fan de holle en knikte syn beul ta. Dy skode mei triljende hannen de strop by it skeinde antlit lâns, loek him strak, sprong fan de karre en sette it hynder oan. Jeppe rûn mei oant syn fuotten by de planken delglieden en syn lea tusken himel en ierde skommele.
| |
| |
| |
12 Kening fan Wagenbrugge
Hier nae, int jaer ons Heeren duisent drie hondert ende acht ende tnegentich, heeft hertoch Albert van Beyer en, graue van Hollandt, Frieslandt inghenomen, ende baelyuuen, nae den Hollantsche wys ende costume, gesedt in Frieslandt, die schuiten ofte grietmans onder hem hadden. Doe maeckte ende ordonneerde hartoch Albert heer Rienick Bockema baelyw van Wagenbruggerdeel, Geesterlandt ende Doedingewerffstal.
It wie sawat twa jier letter, doe't Albrecht fan Beieren, greve fan Hollân, Seelân en Henegouwen, op 'e nij Fryslân binnenfoel, no by De Lemmer. De earste kear wied er op 27 augustus 1396 mei in ûnbidich grutte float út Inkhuzen wei de Sudersee oerfearn om by De Kúnder oan lân te kommen. Dêr hiene syn ridders en fuotfolk de Fryske troepen, ûnder lieding fan Juw Juwinga, ferpletterjend ferslein.
Let yn de middei fan dyselde dei kaam de foarhoede fan it Hollânske leger yn Eastersee oan. Dêr bûgde de âlde greve yn in tinte syn stive, kreakjende knibbels foar de legergeastlike, dy't in kroan op it grize hier sette en him útrôp ta kening fan Fryslân.
De oare deis wiene de soldaten plonderjend fan súd nei noard troch Fryslân set. Se lieten in swart spoar nei fan wat it fjoer fan de doarpen en útbuorrens oerlitten hie. Doe tochten de Fryske haadlingen, dy't de striid by De Kúnder oerlibbe hiene, werom oan de wize wurden fan Juw Juwinga dat allinnich lytse kloften moedige fjochters de fijân tusken lân en wetter ferslaan koene. En al nei in pear wiken stiek Albrecht fan Beieren, sûnder it lyk fan syn foargonger, greve Willem IV, de Sudersee wer oer.
Dizze twadde kear, lyts oardel jier foar de ieuwikseling, slagge it Hollânske leger by De Lemmer oan wâl, jage sûnder tsjinstân troch de bosken fan Gaasterlân en kaam triomfearjend troch de
| |
| |
poarte fan Stamm. Mei rjochte rêch siet de kening fan Fryslân op it hynder en beäntwurde mei in glimk it earbetoan fan syn Fryske meirinners.
Rienk Bockema ried, nei't er heard hie fan de komst fan Albrecht fan Beieren, mei syn liiftroep fan Snits nei it súdwesten. Om't it harnas him te swier wie foar de reis, droech er inkeld de maliënkolder as teken fan striidberens. Mar nammerste mear soene de beide findels, dy't no noch oan it seal fan Durk Bouwes' hynder bûn sieten, yn Stamm tsjûgje fan syn ridder-wêzen.
Glimkjend wiisde Rienk nei dat seal en frege oft Durk noch wist fan dy earste kear, doe't de liiftroep op 'e keale hynsterêch hjir lâns riden wie om te hurdzjen foar de striid. Oer it gesicht fan Durk foel in skaad, hy knikte swijend.
Sûnt de dei fan de galge, doe't er de soan fan de learmakker hjitten hie om boal te wêzen, wie dy net botte praatsk mear. Mar dat er gjin stom wurd sei, no't syn hear it begjin fan har gloarjetiid op it aljemint brocht, steurde him.
‘Oan 'e holle te sjen, sit der noch libben yn dy,’ sei er, ‘mar fleurich is oars.’
Durk skrille op fan de bitende toan.
‘Doe wiene wy noch mei ús fiven,’ mompele er.
‘Dyn gloarjetiid,’ sei Rienk spotsk.
Durk Bouwes, de earste fan de fiif dy't er yn tsjinst nommen hie, wie yn de rin fan de jierren allinnich oerbleaun. Sierd Rinkes en Binne Koops wiene net weromkommen fan de krústocht nei it easten, it galgetou hie Lamme Wisses de siken ûntnommen en de oare skarlún fan it steechjesfolk, Simme Gerrits, wie dyselde dei noch de stêd útflechte.
‘Sa is it libben,’ sei er bot.
Hy fielde him rekke troch syn eigen útspraak. Liet er, no't er âlder waard, it libben de baas of hied er it heft noch yn hannen,
| |
| |
lykas eartiids doe't er op krústocht gong? Wol deale, hy hie dochs twa jier lyn de striid tsjin it opstannige libben as rjochter en ridder fierd? De galge as teken fan syn macht! Net it libben sa't it him yn Snits foardie, wie de baas, mar hysels skreau foar hoe't de Snitsers libje soene. Sûnt it oprjochtsjen fan de galge wie der foargoed wat feroare. It lûd yn de strjitten en stegen ebbe fuort, as de ridder fan Snits troch de stêd ried. It steechjesfolk, dat faak yn liddigens de dagen trochbrocht, waard wei yn de skimer fan de gloppen, de ambachtslju bûgden djipper oer it wurk dat se ûnder hannen hiene en de hannelers folgen him út 'e eachhoeken wei. Yn it earstoan geniete er fan de rêst en oarder dy't inkeld syn ferskining al brocht. It wie as by it lemieren, wannear't it ljocht fan de sinne de rûzige tsjustere nacht ferdreau. Al gau fernaam er lykwols dat it moaie waar net foar altyd oanhâlde soe, want yn de stille stêd hong de spanning fan in opkommende tongerbui. Foaral nei't de gesanten fan Albrecht fan Beieren op Rodenboarch west hiene mei it boadskip dat de greve de Fryske foaroanmannen dy't yn frede woene, beleanje soe mei de macht oer in grut gebiet, waard er út 'e fierte it ljochtsjen en rommeljen gewaar. Men koe it waar net stjoere, mar de minsken wol, sa wied er fan betinken. Syn macht, dy't mei gauwens noch grutter waard, soe de bui ferdriuwe en striele dan oer hiel Fryslân.
Hy hie der goed oan dien om Juw Juwinga de rêch ta te kearen, doe't dy him frege om in freonetsjinst. It hie in misrekken west fan de haadling fan Boalsert dat sy nêstinoar tsjin de Hollanners stride soene. Wat wied er fan him wurden, as...
Ynienen hold Rienk it hynder yn. Tusken de beammen seach er in man stean yn in lange, skurve mantel fan dierefellen. Fan syn ynfallen wangen hong in feal burd, dat fier oer de skouders foel. De grutte eagen, dy't djip yn de eachkassen leine, wiene de iennige tekens fan libben yn de deadsholle. Doe't Rienk sawat op deselde hichte wie, stiek de man syn stêf driigjend om- | |
| |
heech en rôp: ‘No't de ein fan de tiid tichteby is, leit de wolf yn skiepsklean op 'e loer. Wês wach, want hy sil de lieders fan it folk ferliede om syn kant te kiezen, mar...’
Ynienen stûke syn útrop en wylst Rienk oer it skouder kipe, seach er dat de man him mei iepen mûle efternei stoarre. Yn dy pear tellen waard er op it ynfallen antlit wat bekends gewaar dat er net thúsbringe koe.
‘Kensto dy keardel?’ frege er.
Durk Bouwes skodholle en sei: ‘It sil grif in kluzener wêze.’
‘Kluzener,’ mompele Rienk, wylst er it gesicht nei rjochts draaide, dêr't de ikkers mei hjouwer stadichoan nei de bedelte weagen en oergongen yn greiden, dy't yn de fierte útkamen by De Fluezen. Dêr hie de kluzener fan Noardwâlde langer as tritich jier lyn syn klinte hân. Alle dagen kloete er syn boat by de reiden fan de mar lâns om de ielkuorren te leegjen en in pear einen út 'e loft te sjitten. Op 'e hichte fan de Aldegeasterfeart wiene se inoar tsjinkommen doe't hy, noch mar krekt yn tsjinst fan Walle Galama, in fracht reid helje moast. De fisker hie him warskôge foar de bolle fan Aldegea, om't er noch te jong wie om troch pylk of swurd te stjerren, sa't er sei.
Hjoed, in minskelibben letter, kaam wer in kluzener op syn paad, dy't it hie oer in wolf yn skiepsklean. Bedoelde er dêr Albrecht fan Beieren mei?
Rienk fernaam dat, nettsjinsteande de waarmte fan de sinne, de rille fan de deadskjeld him oer de rêch rûn. Dat duorre lykwols mar efkes, doe betocht er glimkjend dat de dea oan him foarbygongen wie, mar de kluzener fan Noardwâlde en Juw Juwinga meinommen hie. De kluzener wie yn syn eigen klinte yn de flammen omkommen, om't er gjin partij kieze woe foar Walle Galama. En Juw Juwinga, dy't keazen hie tsjin Albrecht fan Beieren, wie op it slachfjild fan De Kúnder bleaun. Mar de ridder fan Snits soe libje, om't er de goede kar dien hie. Dy kar ferbûn him net allinnich mei de Hollânske greve, mar beskôge
| |
| |
er tagelyk as in ferbûn tusken macht, rêst en oarder. Wa soe ander syn hearskippij de rêst en oarder yn Snits en omkriten noch fersteure? Hy soe Rodenboarch like heech meitsje as de tuorren fan de Sint Martinustsjerke en in muorre mei hege poarten om de stêd hinne lizze, dat Snits meunsterje koe tsjin Lübeck. Dat hied er himsels ûnthjitten, doe't er yn dy stêd wie, op trochreis nei Litouwen.
Rienk draaide him op 'e nij om yn it seal en winske, it bonkerak soe sels troch de wolven opfretten wurde. Tusken de stammen wie lykwols gjin kluzener mear te sjen.
‘Hie hear Bockema it tsjin my?’ frege Durk Bouwes ûnderdienich.
It die him goed dat de âldste fan syn liiftroep de holle bûgd hie.
‘Hast net heard dat wy wolven binne, Durk Bouwes?’ rôp er.
‘Wolno, wy sille it folk beevje litte, ús gloarjetiid komt noch!’ Hy joech him in klap op it skouder, sette de hynst oan en fjouwere fuort. Efter him hearde er it daverjen fan in mannichte hoeven.
Earst doe't it silhûet fan Starum mei oan wjerskanten de seedyk boppe de kym kaam, hold er yn. Wylst it hynder hymjend de kop sakje liet en it stapfoets fierder gong, glieden syn eagen nei rjochts. Hy socht wat der net mear wie: de toer fan de kapel fan it Sint Odulfuskleaster.
It wie no acht jier lyn dat er mei syn liiftroep nei it plak jage dêr't allinnich de resten fan de kapel noch neismeulden. Hy hie te let west om de Leave Frouwe te rêden. It fisioen fan muonts Simeon, dat de Hollanners as rôffûgels delsaaie soene om har te skeinen, wie útkommen. De ferfolling fan de foarsizzing kaam lykwols te ier om te foldwaan oan de opdracht dy't er fan de muonts krigen hie: yn de eintiid, krekt foar it jier 1400, as der oarloggen wiene en geroften fan oarloggen, de Hillige Frouwe te beskermjen tsjin har skeiners.
Fergees hied er yn de jiske nei har socht en doe't er sels gjin
| |
| |
stikje fan har lea fûn, kaam it by him op dat se meifierd wie nei de oare kant fan de see.
Ynienen skrille er op út syn prakkesaasjes. Sûnder dat er it fernommen hie, wie it hynder nei de sleat rûn om te drinken. Oan de oare kant fan it wetter seach er, boppe it hege gers út, de earen fan in hazze. En yn in flits ferbûn er it byld fan de sleat en it weidûkte bist mei wat him te dwaan stie. Hy lake lûdop, doe't er yn de fierte de liiftroep oankommen hearde, dy't er fier foarút fjouwere wie. Hy draaide it hynder by it wetter wei, sette de spoaren yn de flanken foar de oanrin, sprong en jage efter de hazze oan.
Fansels woed er de Leave Frouwe net mei in hazze ferlykje, mar it koe net misse dat de Hollanners it rôve byld oan de oare kant fan de see foar de Friezen ferburgen holden. No't er him ferbûn hie mei de greve, soed er meikoarten it brede wetter oer om har op te sykjen en werom te bringen nei Fryslân. Dat moast de ferfolling wurde fan syn lêste en moaiste opdracht foar it jier 1400.
De hazze wiske sigesaagjend foar him út en doe't it bist de kant útsette dêr't it Sint Odulfuskleaster stien hie, wie it him sa klear as de dei dat er noch foar de ieuwiksel de knibbels wer bûge soe foar it byld.
Hoewol't Rienk troch de greiden mei in ombocht op Starum oan ried, bleau er syn liiftroep foar. Hy wie de earste dy't buten de wâlen, tusken poarte en seedyk, de galge gewaar waard. In donkere skym bongele oan in tsjok tou. Doe't er tichterby kaam, foel him de foarnamens fan de swarte mantel op, dy't sa no en dan as in flagge útwaaide op 'e wyn.
It slachtoffer eage gâns oars as wa't er sels ta de galge feroardiele hie. Jeppe en Lamme Wisses wiene jonge snotnoazen ferlike by dizze misdiediger. Doe't er him omdraaide, stie de liiftroep, mei gapjende mûle fan fernuvering, op distânsje efter him. Durk Bouwes siet as in byld yn it seal, de holle justjes
| |
| |
foaroer, it skaad fan de dea op it gesicht.
‘De boal dy't noch nea in deade sjoen hat,’ rôp Rienk spotsk, ‘kom op, Durk Bouwes, de findels!’
De tsjinner waard wekker út syn betizing, liet him fan it hynder sakje, bûn de beide findels los en woe se oan syn hear jaan.
‘Hast him net iens opknope en dan no al wurge hannen,’ snúfde Rienk, ‘wa tinkt dy dat it findel fan de earn drage moat?’
Durk Bouwes klom mei in fjoerread gesicht wer op it hynder en stiek de earn omheech. Rienk Bockema kipe nei it wapperjende findel boppe syn eigen holle en doe't er himsels seach yn Sint Joris, dy't tsjin de draak focht om de Leave Frouwe te befrijen, fierde er mei rjochte rêch syn liiftroep nei de poarte.
In pear foet foar de wachter liet er it hynder hohâlde en rôp: ‘Rienk Bockema, ridder fan Snits, fersiket om talitten te wurden yn dizze stêd en ta it stee dêr't greve Albrecht fan Beieren ferkeart.’
De wachter bûgde en wonk ien fan syn helpers dy't ferfeeld mei de rêch tsjin de swiere doar hong.
‘Hy sil jo nei de greve bringe, hear,’ sei er.
Rienk knikte koart, bûgde wat fansiden en frege: ‘Wa hinget dêr oan de galge, maat?’
De wachter draaide skrutel de eagen fan de iene nei de oare kant en sei suver flústerjend:
‘De man yn waans hûs de greve syn yntrek nommen hat, hear. Hy wie ien fan de rykste keaplju fan Starum en hat it yn de kant set tsjin de Hollanners.’
Hoewol't de haven fol koggen lei, wie der amper beweech op 'e kaai. It skipsfolk stie yn ploechjes te praten, flybke mei in bôge yn it wetter en gluorke út 'e eachhoeken wei nei de Hollânske soldaten, dy't sa út en troch lâns panderen.
‘Wêrom farre de skippers net út?’ frege Rienk Bockema oan syn begelieder.
| |
| |
De man, dy't skean foar it hynder rûn, hold yn, seach skrutel om him hinne en sei doe sêft en rêd: ‘As se útfarre, rinne se kâns dat se troch de Fryske float op see intere wurde, om't ús eigen lânslju har oansjogge foar meirinners fan de greve.’
‘En as se net útfarre?’ frege Rienk.
‘Soks duorret krekt salang oant de grève har twingt, om't er sels belang hat by in bloeiende hannel.’
‘En dan?’
‘Dan sille se foargoed út Starum weibliuwe...’
De man draaide rimpen de holle rjocht, doe't in soldaat mei ûnwisse stappen op him ta kaam en mei in slach yn de tonge útkreamme dat er gjin frjemd folk by syn Doet hawwe woe. De man makke wat geile meneuvels, wankele nei in steechje, helle it spul út 'e broek en pisse as in rún.
‘Wat woed er dêrmei sizze?’ frege Rienk.
‘Dat er beslach lein hat op ien fan de hoeren fan Starum.’
It wurd kitele Rienk ûnder de gurle. Hoe lang wie it lyn dat er sels syn driften yn de frjemdte útlibbe hie? Gjin frou koe de macht fan de oerwinner wjerstean. Hy soe hjoed ek winner wurde en hoewol't er dûbel safolle jierren telde as de dronken soldaat, koed er it swurd noch rjocht foar it lichem krije.
Se rieden no by de Delft lâns, dy't stadichoan smeller waard. Yn de fierte skimere de boppekant fan in fertutearze kogge, dy't skean ûnder wetter lei. Wie it deselde dêr't skipper Gosse Doedes sawat tritich jier lyn, foar't se útfoeren op krústocht, in pear planken fan ferfongen hie? De sonken kogge, tagelyk byld fan fergongen gloarje en de skipper syn dea, makke him mankelyk. Mar doe't har begelieder foar in heech stiennen hûs stean bleau en him by de wachter oankundige as ridder fan Snits, wist er dat foar him in nije gloarjetiid komme soe.
Op swiere stuollen, dy't op in ferheging stiene foar in read kleed mei yn de midden in gouden kroan, sieten in âlde man en
| |
| |
in folle jongere frou. Yn de rûnte by de oare muorren lâns, dêr't ek kleurige kleden foar hongen, wiene de banken beset mei foarnaam folk, dat drok redendielde en noch drokker oan it drinken wie.
Doe't Rienk, mei it findel yn de hân, by de doar stean bleau en it hear oer seach, foel it leven fuort. Guon gesichten kamen him bekend foar, mar hy koe se net ferbine mei in namme. Hy hie der argewaasje fan dat dizze Fryske haadlingen, dy't twa jier lyn yn de stinshal fan Juw Juwinga sieten te swetsen, hjir earder wiene as hy. Watfoar foarrjochten wiene har troch de greve al takend? Gebiet miskien, dat de ridder fan Snits ûntholden waard, om't er te let wie.
In tsjinner kaam op him ta, bûgde, makke in delgeand gebeart nei it findel en noege him nei de ferheging. Mei rjochte rêch, it findel skean foar him, stapte er tusken de nijsgjirrige rigen troch.
‘Rienk Bockema makket syn opwachting by grève Albrecht fan Beieren, kening fan Fryslân!’ rôp de tsjinner.
De grize holle fan Albrecht fan Beieren kaam wat heger en wylst it gesicht ronfele ta in glimk, sei er: ‘Rienk Bockema, rjochter fan Snits, as ik it goed ha ta ridder slein troch kening Edward III fan Ingelân.’
De eagen fan Rienk ljochten op. Hjir siet in kening dy't bekend wie mei syn heldedieden en him foar it hiele selskip yn de hichte stiek. Mocht er noch twivele ha oan syn kar foar de greve, dan wiene syn prakkesaasjes no foargoed foarby.
‘Om't ik yn tsjinst fan de Ingelske kening de Turken bestriden ha,’ sei er mei in bûging.
Hy seach de grize holle knikken en tagelyk de blierkjende glimk op it gesicht fan de frou dêrnêst. Op har ljochte hals lei in gouden keatting mei in hinger dy't útkaam by de skreef tusken de boarsten.
Dizze frou moast hiel oars wêze as Alice Perrers, de ealfrouwe
| |
| |
dy't kening Edward III yn de macht hie, skeat it troch Rienk hinne. Yn syn ferbylding seach er himsels nêst har, net op ôfstân lykas by de hoaske leafde, ek net yn it wylde beweech fan syn hjitte driften, mar dêr earne tuskenyn.
‘Tsjinner fan de kening,’ hearde er ynienen.
De man dy't him nei de ferheging brocht hie, naam him by de earm, fierde him oant flak foar de greve en sei: ‘De ridder fan Snits sil knibbelje en syn hannen oan de kening fan Fryslân jaan.’
Hy pakte Rienk it findel út 'e hân en knikte. En wylst Albrecht fan Beieren nei foaren bûgde, liet Rienk him op 'e knibbels sakje en rikte de greve de hannen ta. Dy naam se tusken syn eigen fingers en sei mei útset lûd: ‘Om't de ridder fan Snits it gebeart fan trou oan syn hear makket, sil er út namme fan my it bewâld fiere oer hiel Wagenbrugge.’
Rienk Bockema seach, wylst er oerein holpen waard, as troch in flues Sint Joris, de draak en Marije op him ta weagjen. Om't it findel rjocht fan foaren kaam, koe it net oars as in befestiging wêze fan wat er dyselde middei yn him omgean litten hie: troch syn ferbûn mei de greve soed er de Leave Frouwe weromfine en wer nei Fryslân bringe.
Fan dy oere ôf fierde Rienk oant djip yn de nacht syn oerwinning mei de oare haadlingen. Se dronken op har kar foar de kening fan Fryslân en wiene it meiinoar iens dat Juw Juwinga ferkeard keazen hie, net foar it libben, mar foar de dea. Dêrnei stieken se de bekers omheech foar de kening fan Wagenbrugge, dy't wankeljend oereinkaam en de findelstôk brûkte om op fuotten te bliuwen.
De oare moarns wist de ridder-kening net mear oft er syn driften útlibbe hie by in Starumse hoer of yn in dream.
| |
| |
| |
13 De ôfrekken
Maer nae, doe die Friesen niet worde geholden, dat hem vanden hartoch was belooft, maer bouen zyn brieuen ende seegelen besuaert, doe worde heer Rienick met den hartoch wten lande verdreuen, anno duisent drie hondert negen ende tnegentich, ende Roedenburch, zyn huys toe Sneeck, verduruen.
Doe't de hjerst fan it jier 1399 mei in hurde noardwestewyn Fryslân binnenboldere, sylde troch de Noarderpoarte in mantel fan geitefellen, dêr't in meagere man him yn bewuolle hie. Om himsels oerein te hâlden, sette er by elke stap syn stêf, yn de foarm fan in antoniuskrús, op 'e bultige grûn. Sûnder ek mar ien tel te twiveljen pandere er streekrjocht troch it Nauwe Noard en makke in slach om de Sint Martinustsjerke hinne. Doe't er seach dat op it tsjerkhôf inkeld in pear jonges omspoeken mei in bargebongel, dy't se op 'e wyn fuortsile lieten, bleau er in amerij stean en mompele dat by de bern de eintiid al te sjen wie, mar dat er it boadskip oan har net kwyt koe. Hy rûn troch nei de Merkstrjitte, stiek foar elke foarbygonger syn stêf yn de hichte en ferkundige, it soe net lang mear duorje dat in stoarm it yngewant fan de stêd fuortblaze soe, earst dan briek it tûzenjierrige ryk fan frede en rjocht oan.
De lju gappen him mei iepen mûle oan, kloften gear as protters, oanfallen troch in hauk, en besprieken de betsjutting fan de ûnheilstiding. De wurden weagen de frjemdling foarút, spielden oer de drompels fan it kleaster oant se útkamen by it byld fan Sint Antonius, dy't as kluzener yn de woestyn libbe hie. Dêr seagen de muontsen in ferbân tusken de frjemdling, dy't mei syn boadskip as in stoarmwyn de stêd ynkommen wie, en har eigen hillige. Noch dyselde oere swaaide de swiere kleasterdoar gastfrij foar him iepen.
| |
| |
Rienk Bockema siet op 'e hege stoel yn de hearekeamer en seach glimkjend nei de munten, dy't Mauritius op 'e tafel, soarte by soarte, oan it útstallen wie. Der ûntstie in lânskip fan ferskillende fjilden mei likefolle ferskaat as Wagenbrugge, it gebiet dat sawat de hiele Súdwesthoeke fan Fryslân besloech en dêr't de ridder fan Snits as machthawwer troch greve Albrecht fan Beieren oer oansteld wie.
Noch nea earder wie de rintmaster mei safolle swiere pongen oer de drompel fan Rodenboarch kommen. Soks lei net allinnich oan de útwreiding fan it gebiet, dêr't Snits it fûl klopjende hert fan wie, mar mear noch oan de ferheging fan de lêsten. Om it Hollânske leger yn Fryslân op sterkte te hâlden, boaze út Starum wei de rop om jild oan ta in súdwesterstoarm. Mar ek de eigen plannen fan Rienk Bockema, de fersterking fan Rodenboarch en de bou fan stedsmuorren en nije poarten, fregen in slompe jild.
‘It is mar goed dat Magister Alvinus dy net allinnich Latyn leard hat,’ sei Rienk.
Mauritius seach, noch betize yn it tellen en mei in fraach yn de eagen, nei him op.
‘Do kinst goed rekkenje,’ heakke er deroan ta.
De jongfeint knikte, telde heallûd fierder en skreau sa út en troch in getal op it perkamint.
Mauritius hie nea rij mei wurden west, mar sûnt Jeppe, dy't ûnder de jonges altyd it heechste wurd fierde, foargoed it swijen oplein wie, sei er inkeld noch it heechnedige. It wie as hied er alle wurden opbrûkt yn it pleit foar syn broer: Jeppe koe syn âlden net ferjitte, har dea net ferkropje, dêrom hold er syn rêch rjocht en woed er syn knibbels net bûge; as it moast, soe hy, Mauritius, foar him bychtsje oan de Hillige Frouwe.
Rienk hie de jonge oan de kant ramaaid, om't er in gefoelich plak rekke hie: foar himsels wie yn it ferline ek bychte. Mar dat Wike fanwegen de oantaasting fan Lipkje fan Goaiïngasweagen
| |
| |
foar him by Marije pleite hie, wie hiel oars. De Joad hie gjin gewoan famke oantaast, mar de Leave Frouwe sels. Op sa'n misdie stie de deastraf
Rienk gong oerein, pandere by de tafel lâns, kipe oer it skouder fan Mauritius nei de sifers op it perkamint en mompele dat er gjin dei spyt hân hie fan it beslút om syn twadde soan mei nei Snits te nimmen, mar mei dy joaderôt fan in Jeppe... Hy hearde de jongfeint djip sykheljen as in oanrin om wat werom te sizzen, mar der kaam neat. Doe pakte er Mauritius by de kraach en draaide him mei in hoart om. Munten foelen rinkeljend op 'e stiennen flier.
‘Of spyt it dy wol?’
Hy seach de deadseangst yn de blauwe eagen, swit glânze tusken de tearen yn de foarholle.
‘Kom op,’ trune er oan, ‘wy ha dyn stim de lêste jierren suver net heard.’
‘Ik bin oars as Jeppe,’ hime er.
‘Dat is dyn gelok.’
‘Jeppe wie moedich, mar...’
‘Neamst it moedich om it steechjesfolk op te setten tsjin syn hear?’ ûnderbriek Rienk noartsk.
Hy seach dat Mauritius stadich by him weiskode, de kant út nei de doar.
‘Wat silst?’ frege er driigjend.
‘It is net moedich fan my om te ferswijen wat ik heard ha...,’ flústere er.
‘Sis op, wat hast heard?’
‘It folk nimt de hege lêsten net langer, heit!’
It lêste wurd klonk as in needgjalp, in rop om help foar himsels en it folk fan Snits.
‘Of setsto, krekt as dyn stokeljende broer, it folk tsjin my op?’
Wylst er driigjend om de tafel hinne rûn, bleau Mauritius skodholjend by de doar stean, en om it opkommende geweld te kea- | |
| |
ren, stammere er: ‘Wier net, heit... dat hat Jeppe net wollen... en dat soe ik ek nea dwaan.’
‘Swij oer him!’ rôp er. ‘Om't er de spot dreaun hat mei de hillige doop sûnder letter noch te bychtsjen, stie in leger duvels by de galge al klear om syn siele nei de hel te slepen.’
Foar't er úthelje koe, wie Mauritius weiwurden yn de skimerige gong. Doe seach er in skym op him takommen en ynienen stoarre er yn in pear wetterige eagen, dy't djip weisakke wiene yn de eachkassen. Troch it trelit mei Mauritius hied er de klop op 'e doar net heard. De frjemdling stiek syn stêf omheech en mompele dat er kaam mei it boadskip fan rjocht en frede.
Rienk liet de fûst sakje en taaste yn syn ûnthâld, wêr't er de man earder sjoen hie. Mei eagen dy't, sa't it like, dwers troch him hinne boarren, joech syn ûnferwachte gast sels it antwurd: ‘Hear Bockema, de lêste kear dat wy elkoar seagen, wie oan de boskrâne by Harich.’
‘De kluzener,’ mompele Rienk.
‘En de kears dêrfoar,’ ferfette de man, ‘wie by Jaffa, doe't wy ûnderweis wiene nei de Hillige Stêd. In ridder fertrout him better op in striidber hynder as op in sêftmoedige ezel, as ik it goed ha. Dêrom daverje yn de eintiid hynders oer de ierde, want der sille oarloggen wêze en geroften fan oarloggen.’
Rienk stoarre him mei iepen mûle oan en stammere: ‘Wa binne jo dan dat wy elkoar op 'e pylgerreis sjoen ha?’
‘In kluzener hat mear frijmoedigens as in skyldfeint. As ik sa frij wêze mei...’
Hy pakte it bekling fan in stoel en suchte: ‘Fan de swiere reis en it lange festjen stean ik slop op 'e skonken, dat sadwaande.’
Rienk knikte en gong sels oan it haad fan de tafel sitten.
‘Ik frege wa't jo binne,’ sei er ûngeduldich.
‘Ygo Jongema, jo eardere skyldfeint.’
It duorre in hoart foar't Rienk de stilte yn de keamer ferbriek:
‘In skyldfeint dy't syn burd stean lit en kluzener wurdt, nei't in
| |
| |
Joad him de holle gek praat hat.’
Yn syn toan klonk tagelyk fernuvering en spot troch. Ygo striek oer it lange burd, dat skier wie fan it kluzenerslibben, knikte glimkjend en sei: ‘Dat is yndie it ferhaal, hear Bockema, mar it is te koart om it boadskip te begripen dat ik meinommen ha út 'e Hillige Stêd. Om dat hjir aansen suver klinke te litten, is it nedich dat it hiele ferhaal by jo bekend is.’
It fernuvere Rienk hoe't de stille skyldfeint yn goed tsien jier feroare wie yn in man mei in geastlike krêft dy't him ûntwapene. Syn stim klonk rêstich, doe't er fertelde dat de Joad Jakob, harren reisgenoat op 'e pylgertocht, him troch it Hillige Lân fierd hie. De ferhalen fan syn folk, fan Abraham, Izaäk, Jakob, Joazef, Mozes en David, fertelde er op dy plakken dêr't, sa't er sei, de grutte heilsdieden bard wiene. En doe't se nei ferrin fan tiid tegearre weromkamen yn Jeruzalem, de âlde Joad stroffeljend fan ynspanning, lei er de holle del, mompele dat er it heil sjoen hie en dat de Skepper ienris alle folken nei Jeruzalem bringe soe. Doe die er de eagen foargoed ticht.
‘Soa,’ grommele Rienk, ‘in Joad dy't it heil seach, nei't er safolle kristenen mei syn hege rinte it fel oer de nekke strûpt hie.’ ‘In minske kin feroarje,’ sei Ygo en glimkjend heakke er deroan ta: ‘Dyselde Joad hat ek my feroare mei de ferhalen fan syn fiere foarfaars. Se hawwe allegearre ûnderweis west, guon as iensume swalkers yn de woestyn, dêr't se út 'e himel wei in boadskip krigen. De oprop oan Abraham om nei it lân fan belofte te reizgjen, de dream fan Jakob dy't in ljedder seach mei ingels dy't op en del gongen en de petearen tusken de Almachtige en Mozes op 'e berch Horeb. En hawwe ek Joazef en David net yn iensumens ferkeard?’
Rienk andere mei skokskouderjen, mar doe't er de namme fan David ferbûn mei syn eigen Snitser keninkryk, sa't pastoar Jehannes him dat jierrenlyn ynjûn hie, sei er: ‘David wenne as kening yn in grut paleis.’
| |
| |
Ygo gong der net op yn, neamde alle nammen wer en sei dat er nei de dea fan de Joad Jakob stadichoan ta it beslút kommen wie om har foarbyld te folgjen. Hy woe ek yn iensumens libje, mar de oprop dy't Abraham streekrjocht út 'e himel krigen hie, wie noch net ta him kommen. Nei't er dagenlang troch Jeruzalem doarme hie, op 't lêst siik en mei sloppe skonken fan de honger, naam in muonts him mei nei it Fransiskaner kleaster. It wie troch him dat de Almachtige it boadskip bekend makke. Rienk skeat oerein en stjitte út: ‘Hoe hiet dy muonts?’
‘Gottlieb.’
‘It koe net misse!’
Ygo skodholle en werhelle: ‘Nee, it koe net misse. Gottlieb fertelde my dat de ridder fan Snits yn datselde kleaster ek in opdracht meikrigen hie. Lykwols it ferskil tusken him en my wie de tiid fan tarieding. In ridder hat it swurd ta syn foldwaan om de bekearing ôf te twingen, in kluzener allinnich syn eigen libben en it wurd. Dêrom moast ik as lekebroer in jiermannich yn it kleaster bliuwe om my ta te rieden op in libben yn iensumens. Want ien dy't kluzener wurdt, moat mei hiel oare wapens de duvel wjerstean as mei it swurd.’
Rienk hie foaroerbûgd sitten te harkjen. Oan de iene kant fielde er him besibbe oan syn âld-skyldfeint, om't se beide fan Gottlieb in opdracht meikrigen hiene. Oan de oare kant fernaam er de spanning fan de tsjinstelling tusken harren, in spanning dy't Ygo mei syn wurden oprôp.
‘En wat is dat dan foar boadskip dat de muonts dy meijûn hat?’ frege er, wylst er wer efteroer leunde.
‘Safier bin ik noch net.’
De kluzener skode syn stêf hoeden tusken de fjilden mei munten op 'e tafel en striek de hân oer it hout, fan de ûnderkant nei boppen ta. Doe stiek er de fingers omheech, dêr't allegearre splinters yn sieten.
‘Hoe faak ha 'k de stêf wol net tsjin in beamstam klapt om de
| |
| |
duvel te ferjeien. Hy hat my mannich kear ynflústere dat in rêstich libben yn de bosk fan Harich goed wie yn de eagen fan de Almachtige en dat ik fierder swije koe oer de eintiid. Sels in pear dagen lyn hat Lúsjefer my noch ynjûn dat ik net nei Snits ta hoegde, want Rienk Bockema hie ommers foldien oan de opdracht dy't Gottlieb him jûn hie: heidenen bekeare ta it kristendom.’
‘Sa is 't,’ knikte de haadling, ‘foar it jier 1400 moasten se it krús fan Kristus oannommen ha, oars soene se op freeslike wize om it libben komme.’
‘En wat is bard?’
‘De Litouwers hawwe har net bekeard!’
‘Oarloggen en geroften fan oarloggen, moard en deaslach,’ mompele de kluzener.
Hy skodholle, bûgde foaroer en ferfette op heimsinnige toan: ‘Is net mei de dea fan jo frou, no sawat trettjin jier lyn, de eintiid yn Snits begûn? Of miskien wie it al folle earder. It skaad fan de Anty-Krist foel hjir al fier fan tefoaren op it paad dat útkomt by it jier 1400. Sân jier letter lieten se nachts it lyk fan Wamme Alderts yn in wek sakje, ha se my ferteld. En fjouwer jier dêrnei hongen Lamme Wisses en jo oannommen soan Jeppe oan de galge...’
‘Wat woest dêrmei sizze?’ ûnderbriek Rienk him noartlich.
‘Ik ha fannacht op Abwert west,’ gong Ygo ûnfersteurber fierder. ‘Us heit skaait al jierren allinnich op 'e terp om en iksels libje iensum yn myn boskhut, mar der is tusken ús in grut ferskil.’
Hy wiisde nei de antoniusstêf.
‘Om't ik kluzener wurden bin, kin de duvel gjin fet op my krije, mar yn Snits en omkriten lit er al jierren syn spoaren nei...’
Hy striek wer mei de hân oer it splinterige hout. Rienk seach dat er wifele. Wêr woed er op ta?
| |
| |
Wist er fan wat foarfallen wie yn de sompen by de Hookslinke? Doe't er krekt skyldfeint wie, hie Rienk him yn fertrouwen nommen en ferteld dat er op jacht west hie yn it ûnlân fan Goaiingasweagen, lykwols sûnder har namme te neamen. Mar as immen de kluzener ynljochte hie oer de moard op Wamme Alderts, koed er hjoed likegoed heard ha fan de oantaasting fan Lipkje.
‘Lit de duvel derbûten!’ rôp er, wylst er de rêch fan de hân oer de foarholle helle.
‘Goed,’ sei de kluzener rêstich, ‘dy hat syn wurk dien. No is de Anty-Krist oan bar, yn de persoan fan Albrecht fan Beieren, dy't yn de eintiid mei syn leger de Friezen tamtearre hat en oaren ferlieden om syn kant te kiezen. It folk wurdt útrûpele en it jild, dat it mei bodzjen byinoar skarrele hat, brûkt de Anty- Krist om syn keninkryk te festigjen. Sa hat ek dizze stêd yn de rin fan de jierren it paad foar him sljochte en de poarten iepen set.’
Rienk stoarre him in telmannich mei iepen mûle oan, riisde oerein en systere: ‘Bedoelst dêr miskien my mei, Ygo Jongema?’ ‘Net allinnich hear Bockema, mar allegearre dy't mandélich binne oan moard en deaslach, ek ús...’
Doe't Rienk de stoel efterút skode, kaam de kluzener oerein en sei mei útset lûd: ‘De Anty-Krist komt mei noch grutter rampen. De stoarm sil it yngewant fan Snits as in bargebongel fuortblaze en de ridder fan Snits...’
Hy wiisde mei de rjochterhân, draaide doe it gesicht nei it finster en ferfette: ‘... sjoch ik mei in lytse keppel nei it súdwesten flechtsjen oant se wei wurde efter de seekym.’
Rienk Bockema hearde it bloed yn de earen sûzjen, it wie as de wyn dy't stadichoan oanboaze ta in stoarm fan grimmitige dwylsinnigens. De rjochterearm swaaide oer de tafel, de hân klamme om de antoniusstêf en wylst in fjild munten rinkeljend op 'e flier telâne kaam, sylde de ridder fan Snits op 'e kluzener
| |
| |
ôf. Troch de fûle bui, dêr't er yn ferkearde, seach er de wrâld as troch in skiere wale. Allinnich de djiplizzende eagen fan de kluzener ljochten yn de doariepening as by wjerljocht op. It bonken fan de stêf op 'e útrûpele lea klonk as tongerklappen.
Doe't de bui oerdreaun wie, stie Rienk Bockema mei lege hannen tusken de munten, dy't oer de hiele flier ferspraat leine. Mei de eagen folge er it bloedspoar, dat yn de skimer fan de gong wei waard.
It wie al yn de lette middei dat de ridder fan Snits it seal op 'e hynsterêch gaspe en it bist oer de hals streake. De hynst stiek de kop omheech en wrinzge, wat er beäntwurde mei in like dierlike gjalp fan ynstimming: ‘Sa is 't!’
Hy liet him net troch froulju foarskriuwe wat er dwaan moast. Syn dochters Hisse en Hylck hiene de driging yn stêd en stins opheind en woene ha, hy soe meikoarten bekend meitsje dat de lêsten ferlichte waarden. En doe't er wegere om noch langer nei har ôfwaaid praat te harkjen, wie Reynke Donia fanwegen kommen: Jeppe hie nea oan de galge hingje mochten, want de jonge woe ommers tsjin de Hollanners stride! Hisse wie tusken har heit en beppe yn skood en seach him strak oan. De wurden, dy't se suver flústerjend útspriek, skuorden him noch troch de earen: ‘As it op geweld útrint, heit, sil ik de stins foargoed ferlitte.’
Syn âldste dochter, dy't de besittings fan Rodenboarch trou beheard hie, wannear't er op krústocht en pylgerreis wie, stie dus net mear sûnder betingst oan syn kant.
Rienk Bockema fierde it hynder út 'e stâl nei it Achterom. Hy fielde dat de argewaasje syn net mear al te linige lea krêftich makke en swaaide himsels yn it seal.
‘De froulju sille yn Snits net de baas!’ grommele er boppe de earen fan de hynst.
Wylst er it Kante Plein opried en it gesicht nei de hege gevel fan Rodenboarch kearde, ferbûn er syn gefoelens fan no mei it
| |
| |
fiere ferline. Doe hied er, nei't syn mem mei de bôge op him takommen wie, de doar tichtslein en waarden syn driften opjage troch lilkens.
‘Tsjinstân makket ús sterk, wat do!’ prate er fierder tsjin de hynst.
Yn de Merkstrjitte seach er it folk út 'e wurkpleatsen kommen. It waard al skimerich, de dei siet derop. Guon lju bleauwen stean, draaiden him de rêch ta en rûnen werom.
‘Se flechtsje as rotten yn de hoalen!’ snúfde er.
Mei rjochte rêch ried er troch, efter oar folk oan, dat opboksele tsjin de tsjerketerp en de noch altyd stive wyn. Hy gnyske doe't se oer it skouder gluorken, oansetten en wei waarden yn stegen en gloppen.
‘Bange rotten binne it, oars net as bange rotten!’ bromde er yn de earen fan de hynst.
Foar it Nauwe Noard hold er yn. De doar fan ‘De folle baarch’ stie yn it kier. Om de râne bûgden de fingers fan in frouljushân en tyspelen ûngeduldich oer it hout. In skrille stim en in swier lûd wikselen inoar ôf, skeaten omheech en stjitten as knetterjende en rôljende tonger tsjininoar. Mei kaam de hjitte holle fan Dukke foar it ljocht, daliks folge troch in biezem, dêr't Bocke Libbes de hoer de strjitte mei opreage. Doe't se Rienk Bockema seagen, stûken de bewegings.
‘My wol brûke en der neat foar oer ha,’ jammere Dukke.
‘Se hoecht allinnich de gasten mar oer de gulp te striken,’ balte Bocke, ‘en dêr kriget se de hiele jûn frij drinken foar.’
Hy kipe skrillich omheech nei de haadling en sei folle rêstiger, as rôp er it oardiel fan de rjochter yn: ‘Tinkt jo ek net, hear Bockema, dat wy dêrmei goed ôfrekkene ha?’
Rienk sprong fan it hynder en rikte de kastlein de leie ta.
‘Soargje salang foar de hynst oant ik him wer ophelje,’ sei er, ‘ik rekkenje mei har ôf.’
Dukke glimke de haadling gol ta, yn de ferwachting dat har
| |
| |
wurk yn ‘De folle baarch’ rynsk fergoede wurde soe.
‘Sil ik mei jo oprinne?’ frege se.
‘Ik rin mei dy op,’ sei er, ‘of bin ik net wolkom?’
Dukke stoarre him in telmannich oan, knikte ferwezen en stammere: ‘As jo it by my thús... net te min fine...’
Doe't Rienk har in triuw joech, seach se skrillich om har hinne, begûn te rinnen en dûkte in stege yn.
Efter de doar fan Dukke har klinte hong in kleed, dat se foar har gast omheech hold. Rienk bûgde de holle, sette in pear stappen en bleau doe foar in tsjustere romte stean. Hy fernaam dat Dukke by him lâns wyndere, hearde har omskarreljen oant har mûtel stal ferljochte waard troch de flakkerjende flam fan in kears. Se wiisde skrutel nei in bank en bleau sels oan de oare kant fan de tafel stean. Doe't er siet, frege se: ‘Kin ik wat foar jo ynjitte?’
Hy skodholle en liet de eagen, dy't stadichoan wend rekken oan it bewegende skimerljocht, by de kleden lâns doarmje, dy't de earmoede fan de klinte bedieken. Se bleauwen hingjen by twa bûnte gerdinen, dêr't in donkere skreef fan in foet breed tusken siet.
It noegjende gat, gong it as in gleone weach troch him hinne.
‘Ik hoopje dat it jo net ôffalt,’ sei se.
‘Ik woe mar begjinne mei de ôfrekken,’ sei er.
‘Dy smjunt fan in kastlein hat my al jierren ynhierd foar neat,’ woe se ha.
‘Wêrom hasto dy sabeare soan fan my in jiermannich lyn op festeljûn jild en drank taskikt?’ frege er.
It gat fan har mûle waard grut en wylst it ljocht yn de eagen like út te dôvjen, stammere se: ‘Oars hiene se... myn klinte yn de brân stutsen.’
‘Do hast sels mei dyn geilens it fjurke opstokele, dêrom moatst no de jûpe mar oer de holle strûpe.’
| |
| |
Se stoarre him mei skrille eagen oan en werhelle: ‘De jûpe útstrûpe, seine jo.’
‘Dat hjit ik dy!’
Se bûgde har hastich en wylst it rûne gesicht wei waard yn de rôk, wyndere de flam fan de kears hinne en wer en dûnse har skaad wyld op 'e kleden. De jûpe glied op 'e grûn; as in pylder stie se yn it himd tusken tafel en bedstee.
‘Ik hie hjir net op rekkene,’ sei se sêft.
‘Wy binne noch net klear mei de ôfrekken,’ woed er ha. ‘Miskien kinst dy ek noch yn it sin bringe datst mei dyn geile meneuvels Wamme Alderts de kop gek makke hast. Wie dat net op Marije-Ljochtmis?’
Se loek oan de skouders.
‘Wa wit kaam it dêrtroch dat er in nacht letter syn driften ôfkuolje liet tusken de skossen fan de grêft.’
Se skodholle ferheftich.
‘Ik ha it mis, sjoch ik,’ sei er.
‘Se ha him fermoarde,’ flústere se.
‘Soa en wa binne de moardners?’
Hy seach dat se de eagen ticht hie, har swiere boarsten weagen op it ritme fan it hymjen.
‘Do witst it,’ sei er, ‘komt it der sa út of is der twang by nedich?’
‘Hy hat al oan de galge hongen...’
‘Lamme Wisses, hie 'k tocht.’
Se knikte.
‘Wa mear?’
‘Dy is net mear yn de stêd.’
‘Simme Gerrits dus!’
Hy seach dat se de holle tusken de skouders loek, de earms krúslings op it boarst lei en riboske.
‘Omdatst de rjochter fan Snits de nammen fan de moardners jierrenlang ûntholden hast, strûpst no it himd út!’ hiet er.
| |
| |
Se aksele net mear tsjin en doe't de blanke hûd opljochte tsjin de donkere eftergrûn, dreauwen syn driften him oerein. Se skrille op, skoffele noch fierder by de tafel wei en bleau in eintsje foar it bedstee stean. Hy hie de broek al del, doe't er har troch de skreef fan de gerdinen treau. Kreunend liet se har oerweldigje, wat syn driften opswypke ta de hichten fan eartiids. Mei't er de hoer fan Snits derûnder krige, fielde er him de baas oer alle froulju dy't yn de rin fan de jierren syn macht wjerstien hiene.
De iene stoarm jage de oare. Yn de lette nacht wie de wyn nei it súdwesten krompen en de hiele dei lei de stêd ûnder in skier gerdyn fan reinwetter. De strjitten wiene leech, allinnich de kluzener rûn mei in skeind antlit as in libben teken fan it kommende lijen oer de slikerige grûn. It folk, dat syn roppen oer it geweld fan de Anty-Krist opheinde, kniep de hannen grimmitich ta fûsten en wachte ûngeduldich op better waar. Dat kaam earst yn de moarntiid fan de oare dei, doe't in stive noardwester de loft nei it easten ta skjin fage en de sinne rom paad joech.
It lûd fan ark, dat oars al ier opklonk yn de wurkpleatsen, bleau wei. Yn de doariepenings kamen strakke gesichten foar it ljocht; de lippen leine stiif opinoar, de eagen loeken ta spjaltsjes. Hannen klammen om langwerpige foarmen, dy't ûnder mantel of wambuis ferburgen wiene. Fan de kant fan de tsjerke klonk in gjalp, ûnfersteanber, mar klear as de roppende klokken foar de mis. Op it Martinusplein begûn de beweging, swijend noch, mei inkeld it driigjende dompe lûd fan fuotstappen. It waard in stream dy't troch de Merkstrjitte weage, rûzjend fan ynholden grime. Foar de smelle Luifstege kolke de kliber byinoar, skellend en flokkend, oant de wylde floed breed útstreamde oer it Kante Plein.
Rienk Bockema stie foar it rút yn de hearekeamer en seach
| |
| |
hoe't it plein, dat yn it skaad fan Rodenboarch lei, stadichoan bûnt kleure. Hy kniep de hannen ta fûsten, draaide him om en biet Fekke Sickinga ta: ‘Dat komt derfan, as de hear fan Snits as in wezeling yn syn hoale bliuwt.’
Syn skoanheit kaam oerein, skodde de grize holle stadich hinne en wer en andere kalm: ‘Ik bin hjir kommen om dy rie te jaan, Rienk. Do dochst der ferstannich oan it folk ferlichting fan lêsten te jaan en as teken fan dyn goedwilligens soest in feestmiel tasizze kinne.’
Rienk seach yn de ferbylding lange tafels op it plein, lykas doe mei harren brulloft; it spul mei de dwerch fan amper trije foet, dy't se as in bargebongel hinne en wer smieten, flitste him skril troch de holle.
‘En dan mei op dat feest de ridder fan Snits foar pias spylje,’ snúfde er, ‘mar sa sil it net!’
Hy draaide him wer nei it finster en knikte grimmitich.
‘As ik daliks oan it haad fan myn liiftroep ryd, witte se wa't de baas is!’
Op datselde stuit spatte ien fan de glêzen rinkeljend út 'e sponning en krong it lûd fan it jûchheiende folk fersterke de hearekeamer yn. De binnen- en bûtenwrâld wiene yn minder as in tel yninoar oerrûn. Yn it ûntstiene gat kamen de gesichten skerp foar it ljocht. Yn de foarste rige stie Durk Bouwes mei de fûst omheech. Skean efter him waard Rienk syn âlden gewaar, Bouwe Durks en Wike Lolles.
‘Wike,’ mompele er.
‘Hearde dy jongfeint, dêr foaroan, net by de liiftroep?’ frege Fekke Sickinga.
Rienk knikte.
It wie noch gjin oere letter, doe't in lytse keppel foarname lju, neffens de foarsizzing fan de kluzener fan Harich, nei it súdwesten flechte. Doe't Rienk Bockema efterom seach, waard er
| |
| |
op it dak fan Rodenboarch donkere skimen gewaar. Hieltyd wer rûgele der wat nei ûnderen. It fermoeden dat dit it begjin fan de ôfbraak wie, waard stadichoan wissichheid. Dat freeslike gefoel waard amper fersêfte troch de twa foarmen dy't er ûnder syn mantel fielde: de rôle perkamint mei it boek fan de libbenen fan Born Luckens en it krûkje mei de triennedoek fan de Leave Frouwe.
|
|