| |
| |
| |
Diel 2
Oktober 1393 oant febrewaris 1396
| |
| |
| |
7 Broers
Dit beeide (van Maria) heeft heer Rienick met hem in Frieslandt gebrocht, doen hy thuys quam, ende sette dat toe Sneeck in S. Anthonis kercke, dat nw die Crucebroeders kercke is, ende staet daer noch op deesen tyt. Oeck brochte hy wt Letouuen twuee jonge knechten...
Ut it easten wei kaam in kloft guozzen oer, twa strakke streken dy't inoar rekken by de paadwizer. De foarste fûgel wraksele yn de stive westewyn op en like krekt te witten wêr't de bestimming lei. It waar die hjerstich oan mei út en troch buien út grauwe wolken dy't leech oer it flakke lânskip sylden. Oer it werter, dat nêst it modderige paad lei, tekenen de fûle twirren yn in omsjoch in fjild fan swarte streken. Dan briek de loft wer en op in blau kleed kaam de sinne foar it ljocht, strieljend as om de glâns fan de simmer noch efkes fêst te hâlden.
Rienk Bockema ried oan it haad fan de troep nei it westen, twa rigen ruters oan wjerskanten fan it bultige paad. Syn eagen gongen mei yn de flecht fan de guozzen oant se wei waarden krekt op it plak dêr't de tuorren fan Snits boppe de kym skimeren.
Paadwizer hied er sels ek west, oanfierder fan syn eigen leger, strak yn de wyn op, fan Snits oer de Dútske flakte nei Lübeck, oer de Eastsee nei Dantzig en fierder nei Mariënboarch om úteinlik út te kommen yn de stêd Grodno. De ferovering fan de boarch Gaarde krige noch mear glâns troch it byld fan de Hillige Frouwe, dy't er út 'e kloeren fan Witold befrijd hie. Nei in drege weromreis fan in fearnsjier mei stoarmwaar en in protte reinwetter, wiene se sawat wer yn de stêd fan har foarfaars. Hoewol't de jongkeardels har yn it aventoer folslein útlibbe hiene, fernaam er dochs dat it langstme nei de woartels groeide. Foar harren lei de stêd dêr't se hikke en tein wiene en dêr't se,
| |
| |
nei't se as helden ynhelle wiene, foar de kommende winter wer in feilich ûnderdak fine soene.
Op 'e nij sette de loft ticht en fuort dêrnei snjitte in kâlde storein him yn it gesicht. Oft it kaam troch dit hjerstige waar wist er net, mar der wie in gefoel dat him ferûntrêste. Hy seach efterom nei de twa hynders, dy't de wein mei it byld en de beide Litouske jonges troch de djippe spoaren loeken. Nei't de Hillige Frouwe al in kear yn in fûle bui omfallen wie, hied er syn sealtas losmakke en op 'e wein goaid. Dy soe har antlit beskermje tsjin de feninige drippen en de jonges moasten de houten sokkel fêsthâlde oant se binnen de poarte fan Snits wiene. Mauritius, de jongste, hold noch altyd mei beide hannen it hout fêst, mar Jeppe lei mei de rêch tsjin de sydkant fan de wein te sliepen.
Benammen de donkere eagen fan Jeppe hiene fjoer sketten, doe't har hynders by it Sint Nikolaas Konvint te Aldskoat foar de kleasterwein spand waarden. Fan Lübeck ôf wiene se as grutske ruters yn de troep opnommen, om't har rêder net woe dat it leger opholden waard troch stadich ridende weinen, dêr't ek noch geregeld in tsjil ôfrûn. De abt fan it kleaster te Aldskoat wie fan betinken dat de Snitsers yn leauwen tanimme soene, as de Hillige Frouwe en de beide Litouske knapen yn prosesje troch de stêd rieden. Mar dan moast de stêd fansels wol witte dat it leger fan de Snitser ridder kommendeweis wie. Doe krige Durk Bouwes de opdracht om de bringer fan it goede boadskip te wurden.
Op 'e nij kaam in kloft guozzen oer, dy't in telmannich boppe de troep wifele, doe klom en ôfbûgde nei it noarden ta, dêr't it tuorke fan Goaiïngasweagen as in brede plom boppe de reiden útstiek.
It fernuvere Rienk dat by de Easterpoarte gjin beweech fan folk wie, lykas de kears doe't er fan syn pylgerreis weromkaam. Op
| |
| |
dy oktoberdei wiene geastlikheid en stedsbestjoer him yn de mjitte rûn, pastoar Jehannes mei it krús fan Kristus foarop. Hie Durk Bouwes it boadskip noch net oerbrocht? Of wie der wat oars?
It lûd fan klokken, dat mei dizze wyn al lang oer de troep hinne galmje moast, wie der ek net. Wol deale, as pastoar Jehannes net troch de poarte kaam om de Leave Frouwe wolkom te hjitten en ek de findels net seinigje woe, lykas er seis jier lyn dien hie mei skerpe en palster, soene se der sels mei rêde.
Rienk draaide him om nei de wein en hiet Jeppe de findels oan te rikken. De jonge die de eagen iepen, gappe, skokskoudere en bleau sitten. Mauritius, dy't it befel wol begrepen hie, liet de sokkel los en woe de opdracht útfiere.
‘Fêsthâlde do,’ grommele de haadling, ‘ik frege dyn maat!’
Hy hold it hynder yn, kaam nêst de wein, pakte Jeppe yn de kraach en treau him mei de noas op 'e findels.
‘Sjedêr!’ sei er.
Nei't er de findels ûnder de earm stutsen hie, meneuvele er krekt salang dat de beide jonges oan wjerskanten fan it byld op 'e knibbels leine en Mauritius de Hillige Frouwe de sealtas fan de holle naam.
‘Sa sitten bliuwe oant wy by de Martinus binne,’ sei er, ‘en dan...’
Doe't er it roffeljen fan hoeven op 'e brêge hearde, draaide er it gesicht nei de poarte. It hynder fan Durk Bouwes kaam oanfjouwerjen en spatte it wetter út 'e puozzen heech op.
‘Hast it boadskip net oerbrocht?’ rôp Rienk, noch foar't de boade by him wie.
De jongfeint knikte heftich en andere grimmitich: ‘Ik moast earst yn it Johanniter kleaster te bycht, om't wy de heidenen net bekeard hawwe.’
‘En wat hast sein?’
| |
| |
‘Dat se har efter de muorren fan Gaarde ferskûlen en doe moasten wy wol...’
Durk wifele en striek mei de rêch fan de hân oer de foarholle.
‘Sa te sjen hat de abt dy it floer neier oan de skinen lein as Witold,’ spotte de haadling, ‘kom op, Durk Bouwes, wat hat er sein?’
‘Dat it fergetten bloed krekt salang oan de hannen kleeft... oant de sûnden yn de bychtstoel ferjûn binne.’
Rienk snúfde fan grimmitigens. Hy treau Durk it findel mei de earn yn de hân, draaide him om en rôp: ‘Folgje my as rieden wy nei de boarch Gaarde om dy yn te nimmen en wa't ûnderweis op of om sjocht foar't wy by de Martinus binne, giet in raar gat yn.’
De oanfierder draaide it hynder by de Easterpoarte wei, stiek it findel heech boppe de holle en ried oan de bûtenkant fan de grêft it noardwesten yn. Ut 'e eachhoeken wei seach er dat in lange rige folk oer de lege wâl tusken de beide poarten de troep folge. Ut 'e drokke gebearten spriek fernuvering dat it triomfearjende leger de stêd lofts lizze liet.
Streekrjocht fierde de ridder fan Snits de staasje nei it Johanniter kleaster. Hoewol't in koarte, mar fûle bui syn gleon gesicht ôfkuolle hie, lôge yn him de grime noch heger op. Wiene de muontsen fan it kleaster net bruorren fan de Johanniter Ridders op Rhodos, dêr't er yn de striid tsjin de Turken syn libben foar weage hie? Koene de Snitser Johanniters it no net ha dat er mei de Dútske Oarder nei Litouwen gongen wie om dêr de heidenen te ferslaan? Wat deale, bloed oan de hannen? Hy hie mei syn eigen hannen de Hillige Frouwe út Gaarde weihelle!
Rienk Bockema seach omheech nei it findel, dat strak stie yn de stive wyn. Dat wie hy, Sint Joris, dy't it opnaam tsjin de draak fan in Witold om de Mem fan Kristus foargoed út syn goare klauwen te befrijen. En dan woe de abt dat er it fergetten bloed opbychte as sûnde? Dat soe nea barre, likemin as er de oan- | |
| |
taasting yn de sompen fan Goaiïngasweagen opbychte hie oan broer Martinus, doe't er yn ditselde kleaster foar straf oernachtsje moast. Doe hied er op 'e knibbels foar de Leave Frouwe lein en krekt foar't er oan har syn sûnden opbychtsje soe, wie it him swart foar de eagen wurden. Soe it net sa wêze dat Lúsjefer yn de rin fan de tiid de macht oer dit kleaster krigen hie? Doe't Martinus him as jonge de les lies, hiene de twa fjochtsjende swarte klysters faaks al in foarteken west.
Foar de kleasterpoarte hold Rienk ho. Hy draaide it hynder dwers, dat er sawol it eigen folk as it kleaster yn it each hie, stiek it findel noch heger en sei mei útset lûd: ‘De Johanniters binne it net langer wurdich om de Hillige Frouwe ûnder harren dak te hawwen. By har blau kleed swar ik dat it byld dat de lange reis fan Grodno nei Snits makke hat, nea binnen dizze muorren stean sil!’
Hy draaide de holle fan syn troep nei it kleaster, sûge de mûle fol en flybke de kant fan de poarte út. It wie it teken fan syn oerwinning op 'e geastlikheid. Dêrnei fierde er de staasje yn de rjochting fan de Noarderpoarte.
Doe't de troep healwei it kleaster en de poarte wie, seach Rienk ta syn fernuvering dat in tal manlju oer de brêge kaam. De wyn krige fet op har lange donkere mantels, dy't beweegden as swarte wjukken. Sjouwermannen, skeat it troch Rienk hinne. It wiene de fûgels dy't, foar it minne waar út, oer de koggen flein wiene, as machten fan it kwea. Wat moast er ferwachtsje fan de leden fan it stedsbestjoer, dy't oan diskant fan de brêge stean bleaun wiene? Hy wie net fan doel om har oan te hearren. Wat er syn liiftroep hjitten hie, soed er sels ek dwaan, streekrjocht foar him útsjen.
Foaroan waard er Aylof de Gruyter gewaar, keapman yn bierkrûden, dy't in stins hie oan de noardkant fan de Merkstrjitte. It wiene dizze Aylof en syn frou dy't fan it hynder ôf spotsk op
| |
| |
him delseagen, nei't er syn straf yn it kleaster hân hie en mei in skeind gesicht weromrûn nei de stêd. No siet er sels op it hynder en kaam de krûdekeapman as in sjouwerman op him ta wjukjen. Wiene geastlikheid en stedsbestjoer by syn ôfwêzigens betsjoend troch kweade machten en spanden se tegearre tsjin him gear?
Aylof de Gruyter hie him no hielendal losmakke fan de kloft, stie midden op it paad as woed er it leger tsjinhâlde. Doe't er seach dat de beweging foar him trochsette, begûn er mei kreakjend lûd te roppen dat it stedsbestjoer heard hie fan de romrofte dieden fan de ridder en de soannen fan Snits, dy't net...
‘Rom baan!’
De lêste beide wurden wiene in gjalp, dy't yn it plak kaam fan wat Aylof de Gruyter noch mear sizze woe. Krekt op 'e tiid koed er fansiden springe, oars wied er ûnder de hoeven rekke. Wylst Rienk út 'e eachhoeken wei de fernedering fan it fjoerreade gesicht fan de keapman ôflies, belibbe er dy deis syn twadde triomf. Mar hy joech gjin inkeld teken fan emoasje, mei in strak gesicht ried er by it stedsbestjoer lâns.
Efter de poarte stie it swijende folk, noch fernuvere oer de frjemde omwei dy't de ridder fan Snits keazen hie, in fernuvering dy't fersterke waard troch de wein mei de beide donkereagjende knapen, dy't oan wjerskanten fan it Marije-byld op 'e knibbels leine. Guon seagen de jonges amper, waarden allinnich mar oanlutsen troch de Hillige Frouwe en rekken yn djippe devoasje. It wiene de memmen dy't it earst it swijen ferbrieken en de nammen fan har soannen rôpen. Rienk seach hoe't Wike Lolles nei foaren krong, de hannen útstiek nei Durk Bouwes en gûlde fan blidens en langstme nei in teken fan tagedienens. Mar de soan swei en hold de eagen strak op 'e strjitte.
Ynienen kamen Rienk de wurden fan Wike Lolles yn it sin, dy jûns yn de wente fan de learmakker doe't er Durk as earste oan him bûn: ‘Leave Frouwe, haw tank dat de rjochter fan Snits ús
| |
| |
soan op it goede paad bringe sil.’
Hy glimke, want behalven dat er as paadwizer de soannen fan Snits nei de oerwinning fierd hie, wieken se yn de eigen stêd ek net ôf fan de wei dy't er har wiisde.
Ynienen fernaam er dat immen him by de tunyk griep en smeekjend rôp oft er soms wist wêr't har soan, Sierd Rinkes, keard wie. Bylden fan donkere weagen kamen by him boppe, dêr't it neakene lichem fan de slachterssoan yn wei waard. Hy draaide him om, heinde op dat út it hiele wêzen fan de mem de wanhoop fan in ûnbewust witten spriek en hoarte him los.
‘Binne Koops, hear Bockema, Binne Koops,’ âle in oare frouljusstim efter him.
De lûden stoaren wei, doe't it folk de steechjes oan wjerskanten fan it Nauwe Noard yn flechte, om't hynders en wein alle romte yn beslach namen. Allinnich it dompe lûd fan de hoeven en it kreakjende rôljen fan de weintsjillen wjerkeatsten noch tusken de gevels.
Rienk Bockema fierde de troep om de Sint Martinustsjerke hinne oant er foar de westkant stie. Boppe him riisden de trije tuorren op en foar it earst sûnt er it byld yn Gaarde yn de earms nommen hie, wied er oandien. Mei dit godshûs hiene syn foarfaars ferbûn west, ûnder dit dak wied er sels doopt en troud, hied er bychte en de seine foar de pylgerreis meikrigen. Sint Martinus soe no ek ûnderdak biede oan de Hillige Frouwe, dat er har geregeld sjen koe en sa syn hiele libben mei har ferbûn bleau.
Ynienen gong de doar yn de middelste toer iepen en stie pastoar Jehannes op 'e drompel, swijend en sûnder dat er risselwaasje makke om tichterby te kommen. Rienk stjoerde it hynder nêst de wein, wiisde nei it byld en krige it oanrikt fan Mauritius. Mei de Mem en it Bern hoeden op beide hannen ried er op 'e geastlike ta.
| |
| |
‘De Leave Frouwe, dy't ik befrijd ha út 'e goare hannen fan Witold, freget om ûnderdak yn dit godshûs,’ sei er.
Hy rikte it byld oan, mar pastoar Jehannes kaam net yn beweging.
‘En dyn eigen hannen, myn soan, binne dy skjin?’ frege dy.
Rienk loek de eagen ta spjaltsjes, mar joech gjin andert.
‘Of hat it fergetten bloed, dat jim oan de hannen kleeft, it byld ûntwijd? As dat it gefal is, sil de befrijing dêrst it oer hast, de skuld om safolle bloed net lykstrike.’
‘Wat wol dat sizze?’ frege Rienk noartsk.
‘Dat it byld yn de Sint Martinustsjerke gjin plak krije sil.’
De wyn dy't om de tsjerke twirre, fierde in stream deade blêden mei en bolle de swarte pij fan de geastlike op. It bloed jage Rienk nei de holle. No wied er der wis fan dat kweade machten yn de stêd fearn wiene en tsjin him gearspanden. Foar de twadde kear dy deis kwitste er syn ferachting út.
Rienk Bockema sette it hynder oan. Mei noch altyd it byld yn de hannen, draafde er troch de Merk- en Tsjerkestrjitte en stapte foar it kleaster fan Sint Antonius ôf. Nei't er de klopper trije kear dreunend op 'e doar slein hie, kaam it wifeljende gesicht fan in muonts foar it ljocht.
‘Hear Bockema...,’ mompele er, ‘wy hawwe heard fan jo komst... mar dat jo hjir foar de doar steane...’
‘... mei de Hillige Frouwe,’ folle de haadling oan.
‘De Hillige... Frouwe?’ stammere de muonts.
‘Jim bruorren op it Noardeast ha my as jonge ferteld dat de Mem ûnder it krús fan har Soan stie. Wêr soe se dan better teplak wêze as yn de Sint Antoniuskapel?’
‘Bedoele jo dat it byld...?’
‘Dat bedoel ik,’ sei Rienk ûngeduldich.
De muonts sette de doar yn it kier en stiek de hân om de hoeke, mar de haadling hoarte him fierder iepen en grommele: ‘Kom
| |
| |
op, nei de kapel, sis ik dy!’ Hy treau syn begelieder foar him út, in lange gong yn, mei oan de rjochterkant doarren.
‘Jawis, jo hawwe gelyk,’ sei de muonts ûnderdienich en om syn sizzen noch te fersterkjen, heakke er deroan ta: ‘De Leave Frouwe hat in goed plak yn ús kapel, want ek Antonius, de kluzener, is oan it krús slein.’
Doe't de klok begûn te lieden, bleau er stean en sei: ‘De fespers, hear Bockema, dit treft min... as jo my de Leave Frouwe jouwe, rêd ik der fierder mei.’
‘It koe folle minder,’ grommele Rienk, ‘dyn kleastermaten kinne har daliks mei in Ave Marije ynhelje.’
De muonts sykhelle djip, knikte en die in doar iepen. In fel ljocht streamde yn de skimerige gong, foel oer de Leave Frouwe en lei op har blau kleed in himelske glâns as brieken de wolken. It wie krekt as by de loft dy't ûnderweis tusken de buien troch opljochte wie. Noch wûnderliker, it wie de himel boppe de berch Thabor, dy't er op syn pylgerreis yn in godlike gloede sjoen hie.
‘De kapel,’ flústere syn begelieder.
Wylst de muontsen efterinoar yn de koarbanken skoden, de holle bûgden en yn stil gebed fersonken, rûn Rienk as yn ekstaze nei it alter. Syn eagen sochten inkeld noch de hilligen: de Mem yn syn hannen, de Soan oan it krús boppe it alter en it byld fan Antonius, dêr't dizze kapel nei neamd wie. Tagelyk seach er himsels rinnen yn de Hillige Grêftsjerke te Jeruzalem, nei de kapel dêr't de Leave Frouwe mei in antlit fol fan fertriet en leafde opseach nei in leech krús.
Doe't er mei it byld fan Marije tusken Kristus en Antonius yn stie, rûnen it ferline en it no yninoar oer. Hy waard wer opnommen yn it mystearje fan lijen en leafde, dat him úttilde boppe de teloarstellings fan dy dei. Lykas yn Jeruzalem belibbe er in amerij it suvere lok.
Sûnder nei te tinken sette er it byld op 'e sydkant fan it alter,
| |
| |
tusken de krusige Kristus en Antonius. Doe draaide er him om en sei lûdop: ‘Ave Marije.’
Tusken de ferhearde gesichten en it mompeljen fan de muontsen rûn er de kapel út.
Durk Bouwes spande krekt de hynders út, doe't Rienk Bockema it Kante Plein opried. Jeppe en Mauritius stiene skrutel efter de wein en seagen fan harren rêder nei de doar fan de stins Rodenboarch, dêr't Reynke Donia op 'e earms fan Hisse en Hylck leunde.
Rienk stapte fan it hynder, treau de beide knapen nei foaren en rôp: ‘Soe mem har nije beppesizzers net ris goeie sizze?’
De trije froulju kamen stadich yn beweging. Sa te sjen wie Reynke Donia yn in healjier gâns minder op 'e gong wurden. Noch foar't se by de wein wie, bleau se stean.
‘Beppesizzers, seiste?’ frege se.
Rienk draaide it gesicht fan Hisse nei Hylck en sei glimkjend:
‘Ik ha twa broers foar jim meinommen.’
Se lieten de âld frou los en sloegen de earms om him hinne.
‘Heit,’ seine se suver tagelyk.
| |
| |
| |
8 Ferbining mei it ferline
Oeck brochte hy wt Litouuen tuee jonge knechten, dien hy toe Sneeck liet doepen ende setse ter schoeien.
Foar't it skimerich waard, wapperen op 'e toer fan Rodenboarch de beide findels as feestlike oerwinningstekens. De earn mei it swurd yn de klau wie it byld fan de wrâldske triomf, de ferovering fan de boarch Gaarde yn Grodno. Sint Joris ferbylde yn syn oanfal op 'e draak de striid tsjin de kweade machten, de heidenske yn Litouwen en de tsjustere leagen fan de Johanniters en it stedsbestjoer yn Snits. Mar Marije wie befrijd út 'e klauwen fan de draak en op it plak dêr't se no stie, yn de Sint Antoniuskapel, soe se soargje foar de úteinlike oerwinning: de rjochtfeardige hearskippij fan de ridder fan Snits oer stêd en lân.
Doe't Rienk Bockema dy jûns by it ljocht fan fakkels oan it haad fan de tafel yn de stinshal siet, geniete er noch nei fan de wapperjende findels dy't Durk Bouwes en Lamme Wisses út it daklûk stutsen hiene. Oan wjerskanten fan him stiene Jeppe en Mauritius dy't, noch skrutel fan al it frjemde stinsfolk, by him bleaun wiene.
‘Sjoch,’ hied er sein, ‘de earn en Sint Joris.’
De jonges stiene mei de holle yn de nekke, twa smelle gesichten, de donkere eagen djip weisakke fan it lijen yn Gaarde en fan de lange reis nei in foar harren ûnwisse takomst. Deselde wyn dy't de findels wapperje liet, waaide ek it lange hier fansiden, by Jeppe like donker as de kleur fan de earn, dat fan Mauritius as de ljochtere tûfen fan Sint Joris.
‘As jim like moedich wurde, sil ik jim heit wêze,’ sei er.
Hy sei it mear foar himsels as foar har, want op 'e gesichten kaam gjin inkeld teken fan begryp. Syn eigen wurden taasten
| |
| |
him djipper yn it moed as doe mei Ygo Jongema en Durk Bouwes. Dy hied er ek in skoft as syn soannen beskôge, mar om't der noch in bân wie tusken de beide Snitser knapen en har âlden, wie dat dochs oars. Jeppe en Mauritius, dy't er op 'e drompel fan de dea weromhelle hie nei it libben, wiene lykwols allinnich op 'e wrâld.
‘Kom,’ sei er, ‘jim sille wol honger ha nei sa'n lange dei.’
Ut 'e binnenhurd kamen de tsjinners mei skalen fol hompen bargefleis, eine-, hazze- en sels reeëbout, dy't se tusken de krûken mei bier en wyn op 'e lange tafel setten. Rienk draaide it gesicht nei Hylck, dy't oan syn lofterhân siet en frege: ‘Hat myn jongste dochter de lêste tiid sa faak it fjild yn west dat wy no genietsje kinne fan dit feestmiel?’
Se knikte en sei dat der by har witten noch nea safolle wyld west hie.
‘En hoe is it mei it folk fan Snits?’ frege er Hisse oan syn rjochterhân. ‘In protte nije oanwaaks?’
De âldste dochter andere dat de pastoar mear doopt as begroeven hie. Har stim klonk fleurich, mar de eagen ferretten ek oare gefoelens.
‘Oan de libbenskant wie it dus in drokke tiid foar hear pastoar,’ sei Rienk spotsk, ‘mar hawar, wy hawwe syn help net nedich, lit ús no sels, oan it begjin fan dit bysûndere miel, it Ave Marije útsprekke.’
Hy sloech mei de kanne op 'e tafel, wachte oant de stimmen weisakke wiene en de hollen bûgden. Doe joech er de oanrin ta it mienskiplike mompeljen, dêr't allinnich de Almachtige wiis út wurde koe. Wylst gluorke er by de rûnte lâns, grutsk dat er net inkeld yn de striid foargong, mar it eigen folk ek fierde ta hillige deemoed. Gjin geastlike hoegde him yn te litten mei it libben yn syn stins, de Leave Frouwe sels soe him de wei wize.
Ynienen bleau syn eachopslach hingjen op Jeppe, dy't it kin
| |
| |
omheech hie en ûnferskillich om him hinne seach. Sels doe't de knaap him yn de gaten krige, sloech er de eagen net del. Wol deale, as ien de himel tankje mocht dat er noch net yn de hel baarnde, dan wie it dizze soan fan heidenske âlden. Wer sloech er mei de kanne op 'e tafel, no út grimmitigens, mar it hie fan gefolgen dat it gebed yn ien klap oan de ein wie. It folk foel mei messen op 'e bouten oan as wie it úthongere. Nei't se der in brok ôffike hiene en it op in hompe bôle lein, diene de tosken en kiezzen it finere wurk. Foar wa't gjin of amper mear in tosk yn de mûle hie, brocht it mes útkomst, mar it wie inkeld in helpmiddel dat it skuorren en kôgjen net byhâlde koe.
Hisse snie it fleis foar har beppe, Reynke Donia, dy't mei har ynfallen mûle stikje foar stikje kôge. Ut en troch seach se fan de beide frjemde jonges nei har soan, as ferwachte se fan him in neiere ferklearring. Rienk Bockema iet mei, earst swijend fanwegen de argewaasje om Jeppe. Nei't er bôle en fleis mongen hie mei in pear kannen wyn, waard syn geast fleuriger en kamen de bylden fan Grodno wer boppe.
‘Sels op Rodenboarch freegje se net nei ús aventoeren, wat do Durk?’ rôp er.
De soan fan de learmakker skodholle laitsjend. Hy, Lamme Wisses en Simme Gerrits, de trije dy't oerbleaun wiene fan de oarspronklike liiftroep, wiene de iennigen dy't mei oan it miel sieten, de oare jongkeardels hiene it eigen honk opsocht.
‘Mar jim moatte al witte dat it de heidenen fan Litouwen fergongen is as de ynwenners fan Sodom en Gomorra,’ rôp Rienk, ‘it ferdoarne folk fan Sodom woe de ingels fan God sels oantaaste, mar waard mei blinens slein...’
Hy seach de rûnte bylâns en lies de ferheardens op 'e gesichten. ‘Men hoecht gjin geastlike te wêzen om soks te witten!’ woed er ha. ‘Sels ûnderweis nei de fijân ha 'k de earen goed iepen hân. Net foar it goare praat yn Lübeck, mar foar it Wurd dat troch in muonts fan de Dútske Oarder ta my kaam. Mar hawar,
| |
| |
sa't it folk fan Sodom de ingels oantaaste woe, sa hawwe de heidenen de bylden fan ús Leave Frouwe ûntwijd...’
Hy seach dat syn wurden yndruk makken en mei útset lûd ferfette er: ‘Binne de ynwenners fan Sodom en Gomorra bekeard? It soe wat! God hat se fan de ierdboaiem ferdylge. Soene wy dan de heidenen fan Witold bekeare? De Almachtige rôp ús troch it ferhaal fan Sodom en Gomorra op om har foargoed út te roegjen, oan de lêste ta.’
Wer glieden syn eagen by it omsittend laach lâns oant se útkamen by de beide Litouske jonges. Se moasten wat opheind ha fan de betsjutting fan it ferhaal. Mauritius siet mei bûgde holle, Jeppe hie de lippen stiif opinoar.
‘Op trije nei,’ sei er, ‘om't de Hillige Frouwe de Litouske knapen dy't no oan dizze tafel sitte, beskerme hat, binne se meikommen nei Snits ta en...’
Hy wifele, seach de kant fan syn liiftroep út en frege: ‘Hawwe jim Witold de deastek jûn of syn lyk miskien fûn?’
Se sloegen de eagen del en skodhollen tagelyk.
‘En nei alle gedachten op 'e grutste baarch fan Litouwen nei,’ sei er.
Doe't er swei, wiene allinnich de lûden fan it behimmele miel te hearren: swier sykheljen en opbrekken. Sels liet er in skeet, om't it liif him opset wie fan de wyn. Mei't de stilte oanhold, waard er mankelyk.
‘En dan te betinken dat oan ús kant ek deaden fallen binne,’ sei er. ‘De slachterssoan, dy't de ferlieding fan it fleis net wjerstean koe, is weiwurden yn de djipte fan de see.’
Hy seach de kant fan de liiftroep út en frege ynienen: ‘Wa hat my ferteld dat jim yn Lübeck alle jûnen fan syn jild sieten te sûpen en dat de hoeren as miggen oan him kleefden?’
Se loeken oan de skouders.
‘Sis ris, Durk Bouwes, hat de soan fan de slachter earder yn Snits de dief úthongen?’
| |
| |
‘Dat hat er my net ferteld...’
Rienk fernaam de wifeling yn de stim, seach dat de soannen fan it steechjesfolk in kleur as fjoer hiene. Hy wist dat se bang fan him waarden as er fragen stelde dy't skerper wiene as in swurd. ‘Fertel dan mar ris hoe't it koe dat de muorre fan Gaarde ûnferwachts nei ûnderen kaam...’
Durk begûn te praten, sêfter en stadiger as oars: ‘Wy hiene safier ûnder de muorre trochgroeven as de opdracht wie. Om't it hiele leger op ús stie te wachtsjen, fûnen wy it de eare fan de Snitser ridder tenei dat oaren it wurk dien makken. Binne Koops woe ha, wy soene oan de ein ta trochgean. Sels wrotte er foaroan, it fierst yn de ierde op.
Doe begûn it te rommeljen en ynienen wiene tusken ús en Binne stofwolken en doe stiennen, de ynfallen muorre fan Gaarde...’
De eare fan de Snitser ridder, sei er. Sa wie it, want hy hie mei syn liiftroep derfoar soarge dat de wei nei Gaarde iepen kaam te lizzen.
‘En fierder?’ frege er.
Hy wist wat der komme soe, om't er ûnderweis sawat alle leden fan de liiftroep oer it foarfal ûnderfrege hie. Wie it fanwegen de mem fan Binne Koops, dy't by de Noarderpoarte om har soan roppen hie, dat er it ferhaal op 'e nij hearre woe?
‘Binne hat syn grêf ûnder de muorre fûn,’ sei Durk.
Yn de stilte fan de hal krongen de lûden fan de nacht troch: it gnoarjen fan bargen dy't by de foarkant fan de stins lâns skarrelen, de skreau fan in fûgel en de skrille rop fan in frou.
‘Wat hearde ik niis, hie Binne Koops der sels foar keazen om oan de ein ta troch te gean?’ frege Rienk.
Durk knikte.
‘Binne is in held,’ sei de haadling.
Hisse wie de earste dy't oerein gong, mar doe't se Reynke Do- | |
| |
nia yn de earm naam om har op bêd te bringen, pakte Rienk har by it skouder.
‘Dat docht Hylck jûn,’ sei er, ‘wy moatte efkes prate...’
Hy wist net wêrom't er it sei, it ferlet moast út 'e djipte fan syn fol moed weikomme, in djipte dy't ferbûn wie mei it ferline... ja, no kaam it him wer yn it sin... de dei nei syn pylgerreis hied er ek mei syn âldste dochter praat, oer de bloei fan Snits en de dea fan har mem...
Hy pakte in fakkel fan de muorre, rôp dat de tsjinners sa gau mooglik de hal opromje en de knapen in sliepplak wize moasten.
‘Ik ha ferlet om de bûtenlucht op te snuven,’ sei er, ‘mar it kin net sûnder mantel.’
Doe't se in amerij letter ûnder in kleare stjerrehimel stiene, mei de rêch tsjin de doar fan de stâl, frege er: ‘Kinst my itselde oer Snits fertelle as nei de pylgerreis?’
It ljocht fan de moanne beweegde oer it smelle gesicht, doe't se knikte.
‘It folk hat net te kleien hân.’
‘En de saken op Rodenboarch?’
‘Bedoelt heit de ynkomsten?’
Sa wie Hisse, se wist dat er har net mei nei bûten nommen hie om oer jild te praten en liet dit mei in fraach witte. Mar wêrom soed er him daliks bleat jaan?
‘Ja,’ sei er, ‘... earst de saken.’
‘As de stêd net te kleien hat, kin Rodenboarch ek tefreden wêze.’
‘De stêd, ja... mar hoe sit it mei it lân?’
Doe't er seach dat se wifele, kaam er sels fanwegen: ‘Is de boer fan Abwert benefterbleaun?’
‘Sjoerd Jongema wurdt âlder, heit...’
‘Wol deale, de duvel en syn moer binne âld!’
Doe't er út grimmitigens tsjin it hout fan de stâl trape, waarden
| |
| |
de hynders ûnrêstich. Hy fernaam de hân fan Hisse op syn earm.
‘Praat net sa, heit,’ flústere se, ‘Hylck hat in goed moanne lyn Boate Kammen dea yn de stâl fûn...’
Boate Kammen, de soldaat fan Walle Galama... Hy wie út eangst foar it swurd flechte en letter op Rodenboarch hynstefeint wurden. En de dea, dêr't er sa bang foar wie, hie him tusken de hynders, it plak dêr't er miende feilich te wêzen, weihelle.
‘Hoe is er stoarn?’ frege er.
‘Boate hie de ôfdruk fan in hoef fan Hylck har hynder op it gesicht.’
‘Hoe is it mooglik...’
Hy fielde him ûnwis. It wie as seach er de dea om de stins waarjen op syk nei syn folgjende slachtoffer en gysten sei er: ‘Hisse, it libben moat trochgean, ek op Rodenboarch. Nei de striid tsjin de heidenen sil it hjir oars wurde, hiel oars! Troch Jeppe en Mauritius, begrypste? Ik ha se net om 'e nocht meinommen út Litouwen. Se sille hjir opgroeie as myn soannen, twa soannen... nêst twa dochters. Dat moatsto begripe, Hisse, want sa hie jim mem it ek ha wollen...’
Hy wachte en seach út 'e eachhoeken wei dat har eagen wiet glinsteren yn it ljocht fan de moanne. Hy woe him goed hâlde, sykhelle djip en sei heas: ‘Mar dat is net genôch... wy moatte foar dy en Hylck manlju fine dy't foar neiteam soargje...’
Se joech gjin beskie, draaide it gesicht nei it Efterom, doe't immen om Wamme Alderts rôp.
‘Wa is dat?’ frege er.
‘Lipkje,’ flústere se.
It wie yn de betide middei doe't Rienk Bockema út it Nauwe Noard op 'e poarte ta ried. Hy wie ûnderweis nei Sjoerd Jongema, de boer fan Abwert. Hoewol't it folk op strjitte by him op- | |
| |
seach fanwegen syn oerwinning yn in fier lân en him mei earbied de tiid fan de dei sei, koe de achting fan de Snitsers net troch syn tsjustere gefoelens hinnebrekke.
Sûnt justerjûn hied er mei de dea wraksele en de koarte skoften fan sliep wiene fol mei dreamen oer tsjustere weagen, swiere muorren en traapjende hynders. It libben wie weiwurden yn de djipte fan it deaderyk: de see, Gaarde en Snits... Wat him noch nea oerkommen wie, hy hie niis yn de stâl om him hinne sjoen en hoeden it hynder de leie oanlein, bang foar de hoeven. Wannear wie de dea oan him ta?
Ynienen skrille er op fan it feroarjende lûd fan de hoeven en tagelyk in gjalp. Hy wie al troch de poarte, ried no op 'e brêge, dêr't pastoar Jehannes stiif mei de rêch tsjin de leuning stie, de eagen skril yn it rûne gesicht. Rienk hoarte sa fûl oan de leie dat it hynder stegere en mei de foarpoaten de leuning rekke. It hout briek kreakjend midstwa en bûgde fansiden. De pastoar koe noch krekt op 'e tiid by de kant weikomme en foel op 'e knibbels. Rienk wie fan it hynder gliden en holp de geastlike wer op 'e fuotten.
‘Earst de ferachting fan de flibe en no in oanslach op it libben,’ sei er ferwitend, ‘it is mar goed dat dit my op 'e weromreis oerkomt, oars hie 'k de abt in noch slimmer boadskip bringe moatten.’
‘Ik wie yn tinzen,’ mompele Rienk ferûntskuldigjend.
‘Dat fernuveret my neat, de stim fan it gewisse, nim ik oan...’ hoe lang is it lyn datst bychte hast, myn soan?’
Rienk loek oan de skouders.
‘Soe it net wer ris tiid wurde, nei wat ik oer dy heard ha en wat der juster foarfallen is?’
‘Ik soe nei de boer fan Abwert...’
‘Jawis, de âlde Sjoerd Jongema it fjoer oan de skinen lizze, tink. Witst dan net dat de lea him sa breklik wurde dat er amper mear op it hynder komme kin? Soed er dan by de boeren lâns
| |
| |
moatte om foar syn hear de lêsten op te heljen? Wachtsje mar, myn soan, sels in haadling ûntkomt net oan de rin fan de tiid.’ Hy kearde him de rêch ta en rûn fuort. Rienk stie yn bestân. Foarby de brêge lei it lân ûnder in driigjende hjerstloft, mei in him fijannich kleaster en de terp Abwert, dêr't er noch mear skuld op him lade soe. Mei in hoart draaide er him om, skuorde de leie strak en rûn mei grutte stappen efter de geastlike oan. Doe't er de pastoar ynhelle hie, wiisde dy nei de felle kleuren fan in ikebeam.
‘Sjoch, myn soan, de blêden wiene fan 't simmer grien, ljochtsje foar de ein in deimannich fel op en wurde dan foargoed wei yn it slyk fan de grêft.’
It waard in frjemde bycht, yn de iepen romte fan de Sint Martinustsjerke, tichtby de súdmuorre, skean ûnder de skildering fan de Hillige Frouwe, dy't op 'e troan siet middenmank ingels yn wite klean. Pastoar Jehannes hie de tsjerkedoar op slot draaid mei te sizzen dat de Almachtige hjoed mear as genôch hie oan ien sûnder.
De geastlike siet op syn troan tusken it alter en de koarbank, Rienk hie in sit tawiisd krigen yn de bank sels. Hy liet de eagen troch de bekende romte glide, dy't no minder fertroud wie as er him juster foarsteld hie. Sels de eagen fan Marije seagen strang op him del.
‘Ik freegje dy net dyn sûnden op te bychtsjen, dat hast wol troch, no't wy de bychtstoel mije. Ik ha mar ien fraach, myn soan: fertel hjir as haadling fan Snits en man fan de wrâld, hoe't it libben trochgean kin, wylst de dea yn ús midden waret.’ Hoewol't de pastoar sêfter prate as gewoanlik, folle syn lûd de hiele tsjerke.
‘Man fan de wrâld?’ frege Rienk.
‘Sels wy as geastliken begripe it net mear, dêrom freegje ik de ridder fan Snits, dy't op Rhodos, yn Jeruzalem en Litouwen
| |
| |
west hat: hoe kin in minske libje middenmank de dea?’
It bleau in amerij stil, doe sei er nitelich: ‘Libje ik dan net?’
‘Jawis, Rienk Bockema libbet it grutste part fan it jier bûten Snits, ferlit de stêd mei in iiskâld hert, komt mei bloed oan de hannen werom, kwitst syn flibe foar de fuotten fan de geastlikheid en keart de tsjerke fan syn foarfaars de rêch ta... De tsjerke fan dyn foarfaars, ja, want sy hawwe mei skinkingen soarge foar de fuortgong fan it heil. En hat de ridder fan Snits har foarbyld folge, doe't ik him frege om in bydrage foar de Latynske skoalle? Wolnee, mei in iiskâld hert stie er by it wek dêr't Wamme Alderts yn ferdronk, nei't er de boatebouwer de deis dêrfoar twongen hie om oan de ein fan dit jier in grut kaptaal op it kleed te bringen. Witst dat noch, myn soan?’
Rienk sloech de eagen del, fernaam dat it hert begûn op te spyljen en by de sliepen bonkte. It wie as sloech pastoar Jehannes op 'e doar fan syn gewisse, dy't er sûnt dy kâlde winterdei sletten holden hie.
‘It jild wie net foar mysels,’ flústere er.
‘Foar wa dan?’
‘Foar de Latynske skoalle...’
‘Witst wa't wol in bydrage foar de skoalle jûn hat?’
Rienk skodholle.
‘Sjoerd Jongema hat in tal fan syn bargen slachte. Op deselde dei, doe'tsto oan it haad fan dyn liiftroep mei wapperjende findels en it lûd fan tromme en trompet troch de Easterpoarte riedst, brocht de boer fan Abwert my it jild.’
Der kamen bylden by Rienk boppe fan dy winterdei yn de hearekeamer, doe't er mei Wamme Alderts praten hie. Hy stie foar it finster en seach Sjoerd Jongema mei noch ien út 'e slachterij kommen. Dêrnei hiene dy twa dus op Abwert de bargen slachte.
‘Ik wist net dat Sjoerd Jongema...’
‘Do witst noch mear net,’ ûnderbriek de geastlike him, ‘ek net
| |
| |
dat de frou fan Wamme Alderts troch de strjitten fan Snits rint en it ferline mei de takomst ferbynt. Se hie it oer soannen dy't mar net kamen, mar dy't wol komme sille... binne dat miskien dyn beide Litouske knapen, Rienk Bockema?’
Hy knikte mei iepen mûle.
‘Asto se oannommen hast as dyn soannen, soest har it heil net ûnthâlde meie.’
‘Heil,’ mompele er, ‘ik ha se yn de kapel fan Gaarde fan en de Hillige Frouwe hat se sels beskerme... as in memme-earm it Kristusbern.’
‘En de heit hat se mei bluodderige hannen oannommen as syn eigen bern...’
De pastoar wiisde nei it stiennen doopfet en prate sêft fierder:
‘Se hawwe it wetter fan de doop nedich om oannommen te wurden troch de Himelske Heit, myn soan... want do hiest it dochs oer heidenen dy't har net bekeare lieten?’
‘Se witte fan God noch gebod,’ mompele Rienk, ‘foaral by de âldste kin it gjin sprekken lije.’
Pastoar Jehannes gong oerein en rûn op 'e skildering fan Marije en de ingels ta.
‘Ik sjoch jim hjir noch tegearre stean,’ sei er, ‘do en Wike Lolles, hoe âld wiene jim doe, in jier of fyftjin?’
Rienk knikte; op 'e nij begûn it hert him by de sliepen te slaan.
‘Jim hiene bychte, sei Wike... in sûnde fan it útrinnende libben?’
‘It koe wol... it is al salang lyn.’
Mar wylst er it sei, wiene de bylden fan it ûnlân fan Goaiïngasweagen sa klear as op dy maitiidsdei sels: de flecht fan Lipkje, syn sprong, har slangeftige bewegings om ûnder him wei te kommen, syn skokkend lichem.
‘Doe wie it noch boarterij,’ sei pastoar Jehannes, ‘mar no is it bittere earnst, oars net as lijen. It binne meastal de froulju dy't lije om har soannen: de Hillige Frouwe ûnder it krús, de froulju
| |
| |
fan Litouwen gûlend om har bern, de memmen fan Snits dy't in soan yn de striid ferlearen en Lipkje... sy hat de himel smeekt om in soan en stiet no, nei de dea fan har man, lykme allinnich yn it libben.’
Hy lei de hân op 'e rêch fan Rienk en fierde him mei troch it middenskip. Underweis nei it westportaal sei er: ‘As kristen hast de plicht om de frou fan de boatebouwer te helpen, Rienk Bockema, harkje goed nei har, want sy kin it ferline mei de takomst ferbine.’
Doe't se bûten stiene, ûnder de trije tuorren, kaam in tal jonges út ien fan de wenten, tusken it tsjerkhôf en de westlike grêft. Yn de doariepening stie in rizige man mei griis hier, dat de swarte hoed mei de donkere mantel ferbûn.
‘Magister Alvinus,’ sei pastoar Jehannes, ‘de rektor fan de Latynske skoalle. Hy moat de learlingen no noch yn syn eigen wente lesjaan, mar mei dyn beide soannen derby wurdt de romte te krap... o ja, dat wie ik noch fergetten... Lipkje hat it geregeld oer twa folle pongen. Wat tinkst, soe dat ek in foarsizzing wêze kinne?’
Rienk wist wat er bedoelde: wat er oan Wamme Alderts op dy kâlde winterdei útsteld hie, soed er no allinnich opbringe moatte.
| |
| |
| |
9 Swier waar
Deene van dese twee jongen en wolde niet doogen: want als hy met andere kynderen speelde, soe nam hy den coot in zyn handt, ende worpe die int water, seggende: lck doope dy, als ick gedoopt ben.
It wie in jier lyn dat it machtige leger fan Siegfried Eckhardt foar de wâlen fan Grodno kaam. De hjitte fan de Litouske heechsimmer wie yn de julymoanne fan 1394 mei in stive eastlike striker trochkrongen yn it Fryske lân. Nei fjirtjin dagen foel de wyn fuort en droege de ierde fierder út ûnder in gleone sinne.
It folk fan Snits hie doarren en lûken iepen set om elk sigentsje op te heinen yn de benaude klinten. Mar it wie de stank fan de heapen ôffal mei de tûzenen miggen dy't as in ferstikkend kleed oer de stêd lei. De iennige plakken dêr't it noch draachlik wie, leine efter de huzen: de rûnten skaad ûnder in apel- of parrebeam mei donkere blêden, dy't oerdei slop fan de droechte hongen.
Sels Rienk Bockema, dy't wol wat wend wie op Rhodos, yn it Hillige Lân en Litouwen, koe it net langer úthâlde en wie by de stiennen treppen delsakke nei it hûnegat ûnder de grûn. It moast net allinnich de hjitte wêze dy't him dêrhinne dreau, betocht er ûnderweis, ek Lipkje har wurden wiene fan ynfloed: ‘Wêrom ha se him noch net yn it kasjot set?’
‘Wa?’ hied er frege.
Mar se joech gjin beskie, stoarre inkeld noch mar foar har út as wie se betsjoend troch bylden.
Ien kear yn de moanne gong er nei de helling by de eastlike wetterpiip om de saak te skôgjen. Hy hie de âldste feint oansteld ta master-boatebouwer ûnder betingst dat de frou fan
| |
| |
Wamme Alderts in jierjild krige út it bedriuw. Doe't se wegere om te ferfarren nei in klinte tichtby de Sint Martinustsjerke, dêr't pastoar Jehannes as in hoeder oer har wekje koe, stelde Rienk as twadde betingst dat se yn it hûs by de piip wenjen bleau.
Nei elke skôging kaam de haadling troch de doar, gong foar har oer sitten en frege nei de sûnens. Alle kearen gong it ynfallen gesicht mei it slûke grize hier stadich hinne en wer. Nei ferrin fan tiid hied er troch dat it gjin antwurd op syn fraach wie, mar in utering fan har eigen fragen dêr't se gjin antwurd op krige. Se wist fan de soannen, mar koe net begripe dat se dy sels net hie. Se hie heard fan de twa pongen, mar it wie in riedsel dat Wamme Alderts dyselde nacht ferdronken wie. Se hie immen foarbykommen sjoen en wist net wêrom't dy noch net yn it kasjot siet.
Wannear't Rienk Bockema trochfrege, waarden har eagen glêzich en sakken op 't lêst ticht. Sa siet se foar him oer, mei itselde deadske gesicht as doe yn it ûnlân by de Hookslinke. Nei de oantaasting hied er fan har wearzge en dat die er no wer.
De skoattels skoden piipjend foar de doar wei en doe't dy iepen kreake, fielde er de fochtige waarmte as foar in driigjende tongerbui. Hy bleau yn de doariepening stean, lykas dy kear doe't Durk Bouwes rûngear op it strie siet, mei de earms om de oplutsen knibbels. Doe gong it om straf fanwegen in gefjocht tusken opslûpen jonges, mar wat moast er him foarstelle by Lipkje har fraach oer it kasjot? Hie se in misdie sjoen, begongen troch in man dy't noch frij yn de stêd omrûn?
Yn de hoeke, tichtby de skreef, rissele it strie en in lange sturt skaaide by de muorre lâns. Yn in omsjoch hied er de dolk yn de hân en út machtleaze grimmitigens lei er al syn krêft yn de woarp. De rôt pipe, mar waard wei yn in gat.
| |
| |
It koarte ferbliuw op 'e drompel fan it kasjot fierde Rienk troch de Noarderpoarte nei it plak dêr't de Ie yn de Frjentsjerterfeart útkaam. Dêr hie Durk Bouwes syn beide maten it wetter priuwe litten. No koed er derom glimkje, want de kriich dy't de soan fan de learmakker doe sjen litten hie, wie letter mongen mei moed en trouwe tsjinst oan de haadling. Durk wie de bêste fan de hiele liiftroep wurden.
Nei't Rienk oer de poartebrêge riden wie, stoden de hynstehoe ven de moude heech op. Yn de fierte hong in trochsichtige wale deun boppe it fjild, dy't as tsjok finsterglês it beweech dêrefter heal ferburgen hold.
Doe't er tichterby kaam, seach er dat it muontsen wiene, drok yn de skrep om it skeamele hea byinoar te swyljen. Deunby de feart stie in karre mei dêroan fêstbûn in brún hynder, dat de kop loom hingje liet en sa út en troch mei de sturt swypke om de miggen te ferjeien.
In frjemd gefoel, dat er earst net beneame koe, kaam by him boppe. Nei't it stadichoan oergongen wie yn in witten, brûkte er de namme fan de Almachtige om de muontsen te ferflokken.
Hy joech it hynder de spoaren en davere oer de droege ierde. De muontsen seagen kjel op, fagen it swit fan de foarholle en leunden ôfwachtsjend op 'e harke.
‘Wat moat dat op myn lân?’ rôp er, noch foar't it hynder stil stie.
De âldste die in stap nei foaren, knikte freonlik en frege: ‘Jo lân, seine jo?’
‘Wat oars?’
Hy rjochte de rêch en seach út 'e hichte op syn tsjinstanner del. Dy bûgde de holle, as hied er de striid yn 't foar al opjûn, mar syn wurden brochten in oar boadskip: ‘It leit justjes oars, tinkt my, want doe't jo heit noch libbe, hat dy der by de abt op oanstien om de lape grûn tusken de Ie, de Frjentsjerterfeart en Abwert yn pacht te jaan oan Sjoerd Jongema. Jawis, jo heit hie in
| |
| |
rom hert, want hy wie fan betinken dat de boer te min lân hie om de holle boppe wetter te hâlden. Doe't josels it spul fan Sjoerd Jongema oernamen, wie dizze miede noch altyd pachtgrûn. Ferline jier waard it mei de sûnens fan de Abwerter boer minder en frege er oft de Johanniters de haaiïnge wer op har nimme woene. En om earlik te wêzen kinne wy it hea goed brûke, want de kleasterkij ha fan 't maitiid omraak kealle, dat sadwaande.’
‘Earlik wêze en dat út 'e mûle fan in muonts,’ grommele Rienk, ‘it Marijebyld wegerje en lân stelle.’
De Johanniter seach nei de loft, loek tearen yn de foarholle en mompele: ‘It is broeierich, wy koene wol ris swier waar krije.’ Rienk utere syn argewaasje yn in hoart oan de leie en wylst it hynder stegere, rôp er: ‘In haadling lit him net samar fan syn lân sette!’
Foar't er fuortried besocht er te flybkjen, mar de mûle wie him droech.
De terp like te slomjen Onder in himel dy't skier wurden wie fan de hjitte. Under in grouwe ikebeam lei in tal skiep te hymjen, in pear wiene skeard, de oare hiene de tsjokke wollen jas noch oan. Yn it skaad fan de eastlike muorre siet de boer sels, de holle efteroer, de eagen ticht en de mûle heal iepen. Troch de trije tsjustere gatten hie it bonkerige gesicht wat wei fan in deadskop. Sels fan it lûd fan de hynstehoeven waard Sjoerd Jongema net wekker.
Rienk bûgde oer him hinne en rôp by syn ear: ‘De boer fan Abwert ferkwânselet myn lân en fersliept syn dagen!’
De âldman skrille wekker, knipere mei de eagen en sykhelle stjittend.
‘Ja, ik moat efkes weisûze wêze,’ sei er nei in amerij.
‘Ik hie it oer myn lân, wêrom hast dat oan de Johanniters ôfstien?’
| |
| |
De boer skodholle, skode in eintsje op en noege syn hear op 'e brede planke nêst him. It gebeart wie sa freonlik dat Rienk, nettsjinsteande syn argewaasje, sitten gong.
‘It spyt my,’ sei Sjoerd Jongema, ‘ik wist net dat jo heit eigner wie, it stie my sa by dat er it lân foar my pachte hie fan de abt. Mar as men âlder wurdt, slite net allinnich de skonken, mar ek it ûnthâld. As jo wolle, sil ik der wurk fan meitsje om it lân...’
‘Dêr rêd ik wol mei,’ grommele Rienk.
It wie as krige er in skok. Hy brûkte deselde wurden dy't hjir earder klonken hiene, mar doe út 'e mûle fan Sjoerd Jongema. Sân jier lyn wie it de ein fan dy syn ferhaal oer Wamme Alderts, dy't tagelyk mei Bot op it plak fan de moard west hie. Mear woe de boer doe net sizze, mar syn wurden wiisden wol yn de rjochting fan de moardner.
‘Wurk fan meitsje, seit er! Jawis, slûge soe ek. Witst noch fan de boatebouwer, Sjoerd Jongema, dêr soest ek mei rêde... of hasto him miskien dochs ûnder it iis treaun?’
De boer skodholle stadich en mompele dat er wol tocht hie dat de haadling soks ris sizze soe.
Hy lei de holle yn de nekke en folge in kloft oerfleanende protters. Syn eagen wiene folrûn en glinsteren frjemd. Doe't er begûn te praten, klonk syn lûd rêstich: ‘Wat tinkt, myn hear, dat ik op 'e drompel fan de dea de siele oerleverje soe oan de duvel? Dizze ienfâldige boer hat fan it libben leard dat de Almachtige rjochtfeardich straft. Doe't jo heit noch libbe, wie ik heechmoedich en seach del op it gewoane folk. Mar nei syn dea kaam de soan, ridder fan Snits, en naam as tsjinner fan de Almachtige my Abwert ôf. By dy straf kaam letter noch it ferlies fan myn frou en soan. It boadskip oer Ygo, dat er yn de frjemdte in Joad as baas keazen hie, brochten josels. It hat myn straf west, jawis, de straf fan God.’
Hy bûgde safier foaroer dat de lea, dy't sa sterk west hiene, ferfoelen ta in earmoedich protsje minske. Hjir siet in man dy't
| |
| |
alles yn it libben ferlern hie, earst de buorkerij, doe syn frou en op 't lêst de iennige soan, dy't er it hynsteriden leard hie, yn de ferwachting dat er him as heareboer opfolgje soe.
Rienk fielde meilijen opkommen, woe út alle macht dy swakte yn himsels ferbalje, mar sei sêft: ‘ik bin hjir net kommen om jo hjoed fan it spul te setten.’
It wie as hie Sjoerd Jongema it net heard, want hy gong op deselde toan fierder: ‘Begripe jo no dat ik der net mei rêden ha? De hân fan de Almachtige hat ek tsjin Wamme Alderts west, mei't er ferdronken is yn it iiskâlde wetter fan de grêft.’
De wurden troffen Rienk, skoden alle stikjes út it ferline op it plak dêr't er se hawwe woe: de moardner fan Bot Sickinga hie net in ein oan syn libben makke fanwegen de folle ponge foar de Latynske skoalle, mar wie troch God op in rjochtfeardige manier straft, ferdronken lykas syn slachtoffer.
‘Ik ha derfoar soarge dat de frou fan de boatebouwer yn har hûs bliuwe kin oant har dea,’ sei er suver fleurich, ‘wêrom soe itselde dan net foar de bewenner fan Abwert jilde?’
Doe't er oerein soe, stiek de boer de hân op as woed er him tsjinhâlde.
‘As ik jo riede mei,’ sei er, ‘fansels komt it de rjochter fan Snits ta om te straffen, mar soms is it better dat de Almachtige dat wurk docht.’
Hy skôge de loft, skodholle en mompele: ‘Yn it súdeasten wurdt it swurk al fet, sa te sjen krije wy swier waar.’
Rienk Bockema waard op 'e weromreis oanlutsen troch it wetter, dêrom ried er sa ticht mooglik by de reiden lâns. Dêrefter spegele de Frjentsjerterfeart de ljochte skieppewolkjes oan de loft, foarboaden fan oar waar.
Hy huvere doe't er yn ien dêrfan in gesicht seach mei oan wjerskanten lange tûfen hier. Ynienen wie it him sa klear as it spegeljende wetter wêrom't de boatebouwer de moard begon- | |
| |
gen hie. Lipkje moast him ferteld ha dat de wylde soan fan Bocke Doedinga har yn de sompen by Goaiïingasweagen tenei west hie. Men koe fan tinken wol ha dat har man de wraak letter útlibbe op Bot, de frou fan de oantaaster. Grif wie der ek noch jaloerskens yn it spul, om't de Ingelske kening him ta ridder slein hie.
‘Dus Lipkje hat dochs witten wa't op har lein hat,’ mompele er.
Hy waard der net oars fan, wist dat er har yn de macht hie, soe alle moannen swijend foar har oer sitte oant se sa gek waard as in heks. Jawis, sa'n duvelsk wiif hied er ek sjoen op 'e weromreis fan syn pylgerfeart. It fjoer fan de brânsteapel taaste har lea oan, oant der neat mear fan oer wie.
Ynienen hold Rienk yn. By de barte, dy't tusken Ysbrechtum en Abwert oer de feart lei, klonk it plûnzjen fan wetter, mongen mei jongesstimmen, dêr't ien him bekend fan foarkaam. Om't er it jongfolk net sjen koe, stapte er fan it hynder, stiek de dolk yn de grûn, bûn dêr de leie oan en sloep tichterby. It wie sa. Tusken de reiden troch skimere it donkere hier fan Jeppe, dy't as in hûn tusken syn maten swom. Op 'e barte leine de steapeltsjes klean.
‘Wetter foar de gleone koppen!’ hearde er roppen.
Se ketsten mei de hannen oer de feart en sloegen inoar de drippen yn it gesicht.
‘Genôch wetter om te sûpen!’
Tagelyk dûkten se en kamen prûstend wer boppe.
‘En om te fersûpen!’
Wyld sloegen se om har hinne en treauwen inoar ûnder.
‘Om te dopen, wachtsje!’ hearde er Jeppe yn syn bryk Frysk balten.
De jonge swom by de ploech wei, nei de oare wâl.
Dope? It wurd fierde Rienk nei it koar fan de Sint Martinus- | |
| |
tsjerke, dêr't pastoar Jehannes en syn beide nijwûne soannen by it doopfet stiene. Om't der by minskewitten noch nea in bern yn Snits doopt wie âlder as in wike, en hielendal gjin heidenske jonges fan tolve, hie de geastlike soarch oer de ôfrin. Wis, troch de Latynske skoalle wie it hâlden en dragen fan de Snitser jongerein der net minder op wurden, mar de Litouske knapen wisten fan God noch gebod. Dêrom woed er de rûnte om it doopfet hinne lyts hâlde, allinnich it folk fan Rodenboarch soe it hillige barren bywenje.
Doe't it safier wie, liet Mauritius him op 'e knibbels sakje en om't Jeppe stean bleau, krige de jongste it werter as earste op 'e foarholle. Dêrnei meneuvele de pastoar nei Jeppe, mar dy begûn te praten.
Letter waard ferteld dat er it hie oer de Skelfsee en de Jordaan, mar op it stuit sels liken de wurden op flokken. Hastich hie pastoar Jehannes him op 'e knibbels treaun, de iene hân hold him yn betwang, de oare taaste yn it doopfet en brocht in sliert wetter nei de foarholle.
Jeppe klattere poerneaken op 'e kant. Wylst de jonge tusken wâl en barte draafde, liet Rienk him noch fierder efter de reiden sakje. Yn syn hert fochten twa tsjinstelde gefoelens: wearze fan al wat neaken wie, in wearze dy't de geastlikheid yndruid hie; en grutskens op 'e lea fan syn soan, geef en glânzjend yn it molkerige ljocht fan de neimiddei. Dat lêste gefoel ferlear, om't it Jeppe wie dy't dêr op 'e barte stie en net Mauritius. De jonge bûgde oer syn klean en helle der wat út. Doe stiek er in houten bal yn de hichte, rôp dat elkenien nei him sjen moast en wachte. ‘Ik bin Mozes,’ rôp er, ‘en slaan it wetter stikken.’
Hy swaaide de earms mei krêft nei foaren en raasde: ‘Ik doop dizze bal, sa't iksels ek doopt bin.’
De bal kletste yn it wetter en kaam yn in rein fan drippen wer boppe. Wylst de maten om it hurdst der hinne swommen, pakte
| |
| |
Jeppe syn pyk, brocht dy omheech en begûn te pisjen.
Rienk stoarre dernei, wylst it bloed fan de grime tsjinholden waard troch de fernuvering om Jeppe syn geslacht, dat der oars útseach as dat fan himsels. De ikel lei bleat en stiek as in bretale kop nei foaren.
Samar siet de ridder fan Snits yn it seal, ferline jier it hege plak yn de striid, no om syn gesach jilde te litten. Samar wied er op 'e barte en wylst Jeppe yninoar dûkte, strime de útein fan de leie him oer de lea, hieltyd fûler oant de jonge kjirmjend, mei beide earms beskermjend boppe de holle, op 'e knibbels lei.
‘Oanklaaie!’ biet er him ta.
Nei't Jeppe hoeden de klean oer de reade strimen strûpt hie, wiisde er him it plak deun foar de foarpoaten fan it hynder.
‘Drave, oars wurdst fertrape!’
Hy liet it bist stegerje. Wylst Jeppe út ein sette, seach Rienk Bockema oer it skouder. De maten stiene skrutel tusken de reiden.
Doe't it yn de fierte begûn te bolderjen, rûn de haadling fan Snits by de treppen fan de toer del nei it hûnegat ûnder de grûn. Mauritius, dy't út meilijen krekt salang yn de pleit west hie dat er mei mocht, folge him mei yn de iene hân in krûk wetter en yn de oare in hompe bôle. It koe fansels gjin kwea, fûn Rienk, want as de duvelske spotter al fan doel wie om te swijen, soe de oare miskien wat loslitte. Hy fernaam dat de grime, dy't ôfsakke wie troch it meilijen fan Mauritius, by elke stap nei de bedelte wer oplôge.
Tagelyk mei it fuortskowen fan de skoattels klonk de tonger. It hie der in protte fan dat de bui al foar de poarten fan Snits hong.
Rienk bleau breed yn de doariepening stean. Troch de skreef foel in twivelich skynsel, dat like te flechtsjen foar de opkommende tongerbui en útkaam by Jeppe. Hy lei langút op 'e búk
| |
| |
mei de earms ûnder de foarholle as hied er sa de noflikste hâlding fûn.
‘Oerein!’ hiet Rienk.
De knaap beweegde net. Mei twa grutte stappen wied er by him, sloech de hannen om de smelle skouders en sette Jeppe yn de hoeke, dêr't er kjirmjend tusken twa muorren hingjen bleau.
‘Broek nei ûnderen!’ biet er him ta.
Jeppe syn earms bleauwen slop.
‘Broek del!’ rôp er.
‘Heit... wêrom...?’ doarst Mauritius te freegjen.
‘Hy sjocht der ûnder de klean oars út as do en ik,’ sei er wat freonliker.
‘Lit Jeppe mar, heit, ik sil wol.’
‘Dy ha 'k neat frege!’
Driigjend rûn er op 'e hoeke ta, de rjochterhân by de dolk. Foar't Jeppe him op it strie sakje litte koe, hied er de knaap wer by it skouder en sette him rjocht oerein. Doe't er fernaam dat de jonge nei de broek taaste, liet er him los en die in pear stappen tebek. Yn in felle flits ljochte it ûnderliif fan Jeppe op. De pyk mei de frjemde kop hong no slop as in ferriedlike duvel dy't sa opspylje koe.
‘Fertel op, hoe komt it datst troch de duvel tekene bist?’ frege Rienk.
Jeppe hold de lippen stiif opinoar. Yn de spanning tusken de eangst foar it wurk fan Lúsjefer en syn eigen ferantwurdlikens rûn er mei de dolk dwers foar it liif op 'e jonge ta.
‘Ast de bek net iepen dochst, fykje ik him derôf.’
Efter him begûn Mauritius te stammerjen: ‘Nee heit... wy...’
‘Stil, do! It moat út syn eigen mûle komme.’
Hy brocht de dolk justjes heger om sa ta te slaan.
‘Nee!’ raasde Jeppe. ‘Ik bin in Joad.’
Hy bûgde jammerjend nei syn broek, loek dy omheech en sakke werom op it strie.
| |
| |
Wylst de muorren oanienwei opljochten en de tonger knetterjend oer de stins rôle, wie it as rjochte de Almachtige syn grime op Rodenboarch. Wie it de straf foar wat syn bewenner út Litouwen wei meinommen hie? Hy hie in joadske dogeneat, dy't spotte mei de hillige doop, ûnderdak ferliend.
‘Leave Frouwe, wat moat ik dwaan?’ mompele er.
Ynienen seach er de beide knapen foar him, wylst se har ferskûlen efter it Marijebyld yn de kapel fan Gaarde. Hie de Hillige Frouwe harren doe net beskerme?
‘Moat ik him ek beskermje of sil ik dy skurve hûn op dit plak noch deastekke?’ frege er.
Efter him hearde er Mauritius flústerjen: ‘Nee heit, net dwaan, ik bin ek in Joad.’
‘Wat?’ rôp er.
Hy draaide him mei in hoart om en trape de jongste de krûk út 'e hân. Doe't de diggels op 'e stiennen flier leine, kaam him in oar krûkje yn it sin. Dat hied er op 'e hinnereis nei it Hillige Lân yn stikken slein mei syn skerpe, nei't harren reismaat Jakob ferteld hie dat er in soan fan Israel wie. Hie de man it doe ek net hân oer syn geslacht, dat op joadske wize tekene wie troch de besnijenis? Dan wiene dizze beide knapen dus ek besnien.
Hy skopte in diggel tsjin de muorre en betocht dat de stikken krûk in teken wêze koe fan wat er mei de Litouske knapen dwaan moast.
‘Wy moatte yn frede fierder,’ hearde er Jakob sizzen.
‘Hillige Frouwe,’ bea er wer, ‘as jo Rodenboarch beskermje tsjin it fjoer fan de himel, wit ik wat my te dwaan stiet.’
Dyselde jûn fertelde Mauritius dat er yn Lublin yn Poalen berne wie as Mozes. Mar om't de befolking de Joaden seach as fijannen, hied er, om net op te fallen, de namme Mauritius krigen. Doe't se hearden dat gruthartoch Witold de Joaden goed behannele, wiene se mei in protte oaren nei Grodno ferhuze. Un- | |
| |
derweis waard er freon mei Jeppe, waans joadske namme Jakob wie.
Doe't de tongerbui, dy't lang tusken de puollen en marren hingjen bleau, einlings oerdreaun wie, mocht Mauritius syn broer út it hûnegat helje.
| |
| |
| |
10 Festeljûn
Tusken de wente fan Magister Alvinus en de westlike grêft wie oardeljier lyn de earste Latynske skoalle fan Snits boud. De bydrage fan de tsjerke en de twa folle pongen fan Rienk Bockema wiene net tarikkend om muorren fan stien op te lûken, wat pastoar Jehannes, fanwegen it oansjen fan syn geastlike skepping, wol yn de holle hie. Dêrom spriek er it stedsbestjoer oan en brûkte de bloei fan de lêste jierren as reden foar de riken om ek in taast yn de ponge te dwaan. Foar de froedskip hie dat de oanlieding west om ynfloed op te easkjen yn ûnderwiissaken. De boargersoannen moasten net allinnich Latynske teksten út 'e holle leare, mar de tiid frege ek les yn it omgean mei getallen om letter by it hanneljen de winst te berekkenjen. It wie in fûle striid wurden tusken tsjerke en stêd, dy't derop útrûn dat de learlingen les krigen binnen stiennen muorren en wol yn Latyn, logika, sang èn rekkenjen.
Yn dy skiere febrewarismoanne fan it jier 1396 ried Rienk Bockema alle dagen út ferfeling in rûntsje troch de stêd. It noch deade lânskip bûten de poarten wjerhold him derfan it fjild yn te fjouwerjen. Wat hie it foar doel om mei syn pylken in ein te meitsjen oan it libben fan it meagere wyld, wat de winter sels net slagge wie?
Hoe faak hied er yn de lange nachten al net wraksele mei de dea. Geregeld liet de klok fan de Martinus de swiere deadsgalm oer de stêd droane en waard de swarte bier, folge troch in like donkere staasje, nei de tsjerke droegen. Alle kearen wer fernaam er de kjeld troch de spieren lûken en fierder nei de bonken ta, dy't er as in keal skelet foar him seach. Dan joech er him yn syn tinken huverjend oer oan de eigen dea, want ienris soe ek syn oere komme. Dat gefoel waard noch fersterke troch de kâlde, tsjustere romte ûnder de ierde, it hûnegat, dêr't er syn
| |
| |
âldste soan faak ris yn opslute moast.
Der kamen wat langer wat mear klachten fan ambachtslju dat Jeppe de learjonges fan it wurk hold en harren mei in gebeart dúdlik makke dat se him wat skuldich wiene: in hompe bôle, in stik hout dêr't er sels in bal fan meitsje koe of in stripe lear foar in riem. Se doarsten him neat te wegerjen, om't de knaap troch syn krêft, linigens en handichheid elkenien de baas wie.
Op it strie yn it kasjot seach er swijend op nei de hân mei de swipe, dy't him daliks oer de lea strymje soe. Hy hime mei op it klappen fan it lear, mar der kaam him fierder gjin lûd oer de lippen.
Rienk fielde dat tusken him en de âldste in kleau ûntstie, dy't yn de rin fan de tiid opfolle waard mei haat. De jonge swei him dea en it koe net oars as hy wachte mei ûngeduld op 'e dei dat oaren de kâlde hannen fan de haadling gear dwaan soene. Wol deale, der soe yn Snits gjin Joad foar master opslaan!
Hy betocht, wylst er sa fan de Noarderpoarte by de westlike grêft lâns ried, dat er de iennige yn Snits wie dy't wist fan dat Joad-wêzen. De maten hiene Jeppe syn lid inkeld bewûndere fanwegen foarm en grutte, mar wisten fan gjin besnijenis. En Jeppe sels hie oanfield dat er mar better oer syn joadske ôfkomst swije koe.
Rienk hold yn, doe't út 'e skoalle wei it swiere lûd fan Magister Alvinus klonk, in fraach, dêr't er it antwurd net fan ferstean koe. Hy stapte ôf, bûn it hynder oan in beam en sette op ien fan de trije ruten ta. It glês wie lykwols te skier om te ûnderskieden wat him oan de oare kant ôfspile. Wol koed er in jongesstim hearre dy't him bekend yn de earen klonk. Beret rûn er op 'e doar ta. Wa soe de haadling fan Snits, dy't in grut part fan de skoalle betelle hie, behinderje om te skôgjen hokker wiisheden syn beide soannen opdiene?
Hy bleau yn de doariepening stean, heinde fan Jeppe op dat Abraham yn it lân fan belofte kaam en de lieder fan in machtich
| |
| |
folk waard. Ynienen wie it stil. In tolve knapen, dy't mei de rêch nei him ta op trije lange banken sieten, draaiden har tagelyk om. Se seagen him oan, fernuvere en skrutel, as wiene se bang dat de ûnferwachte besite fan de haadling útdraaie soe op in straf dêr't se sels de oanlieding wol fan wisten. Magister Alvinus, dy't heech op 'e lessener troane, frege ûnfersteurber fierder: ‘En wat wie dy belofte, Jeppe Rienks?’
Jeppe Rienks, sei er. Dy namme trof de heit yn it djipst fan syn wêzen, lei in ferbining mei it ferline, as wie de jonge berne út syn eigen sied, en loek de line troch nei de takomst, as soed er him opfolgje as haadling fan Snits.
‘Jeppe Rienks?’ klonk it wer.
Mar der kaam gjin andert.
‘Wit syn broer it?’ frege de master.
‘Ut Abraham syn sied soe in grut folk groeie, sa grut as de stjerren oan de himel,’ sei Mauritius.
Magister Alvinus knikte, bûgde nei it boek foar him op 'e lessener en spriek mei in swier en ientoanich lûd in Latynske sin út, daliks werhelle troch it mearstimmige koar fan de learlingen. Sa gong it fierder oant de hiele tekst oer de belofte oan Abraham twa kear klonken hie. Doe seach er de klasse yn de rûnte oant elk de holle bûgd hie, lei de hannen op 'e lessener en bea oft de Almachtige de belofte oan Abraham ek oer Snits komme litte woe. Dat de befolking fan de stêd ûnder it rjochtfeardige bewâld fan it skaai fan de Bockema's machtich yn tal wurde mocht, as de stjerren oan de himel.
Foar de twadde kear taasten de wurden fan de rektor Rienk yn it moed. Hy fielde him befestige yn syn stribjen nei macht, mar tagelyk frege er him ôf oft hysels of it skaai dat nei him kaam, de útgroei fan de stêd meimeitsje soe. Magister Alvinus naam syn swarte hoed fan de lessener, sette dy op en rûn op him ta.
‘De learlingen moatte romte krije om nei bûten ta,’ sei er freonlik, ‘as jo ferlet ha fan in petear, dan noegje ik jo deryn.’
| |
| |
Se stiene oan wjerskanten fan ien fan de finsters, dêr't de molkerige middeissinne trochhinne krong en ljochte streken lei oer it donkere hout fan banken en flier.
‘Dochs noch wat fleur nei al dy skiere dagen,’ sei Magister Alvinus, wylst er de hoed ôfsette en dy wifeljend op 'e lessener lei.
‘As jo wolle, kinne wy sitten gean.’
Hy wiisde nei ien fan de banken, net nei de lessener. It wie sa klear as it opljochtsjende glês dat de rektor syn troan net ôfstean soe, sels net oan de ridder fan Snits. Yn dit domein hie hy de macht. Hy wenne net yn in stins, mar yn de katedraal fan kennisse, dêr't broer Martinus, Rienk syn âld-learmaster, it faak oer hân hie.
‘Jo beide soannen witte mear fan de logika as de oaren,’ begûn er.
‘Wie dat wat ik niis heard ha oer Abraham?’ frege er.
De rektor knikte.
‘In machtich folk, heinde ik op, wat hat dy Abraham eins as lieder út 'e wei set?’
‘It wie in sêftmoedich man, gjin strider mei it swurd. Doe't syn frou Sara stoar, hied er sels gjin hoekje grûn om har te begraven. Mar wat ik sizze woe, Jeppe en Mauritius moatte ûnderwiis hân ha yn in deeglik kleaster, oars soe ik net witte wêr't se al dy kennisse wei ha.’
No't de rektor foar de twadde kear weromkaam op de kennisse fan de beide Litouske jonges, kaam him it ferhaal fan de Joad Jakob yn it sin, nei't se har by de rivier de Piave deljûn hiene om te iten. Hy wie noch mar in jonkje, doe't syn heit him nei skoalle stjoerde. Dêr hied er it lêzen leard en de ferhalen heard fan it folk dêr't er fan ôfstamde. Jeppe en Mauritius moasten ek nei sa'n skoalle west ha... hoe neamde Jakob dy ek al wer?
‘Of ha jo in oare ferklearring foar harren kennisse?’ frege Magister Alvinus.
| |
| |
‘Se wennen yn in lân fan heidenen,’ grommele Rienk, ‘dêrom binne wy de striid oangien mei dy baarch fan in Witold, dy't yn hiel Litouwen foar master opsloech. Kristenen it lân útjeie en Joaden deryn helje...’
Hy briek de sin ôf, wist ynienen dat er op 'e grins stie fan it geheime gebiet fan syn soannen. As er dêroerhinne gong, lei it foar alle Snitsers iepen. Miskien gongen se de striid mei dy frjemde, joadske wrâld wol oan. En om't hy de Litouske knapen yn de stêd helle hie en harren gebiet as heit beskerme, soene se him meislepe nei de nederlaach.
Rienk gong oerein en sei dat it tiid waard om fuort. Magister Alvinus knikte en tegearre rûnen se nei de doar.
‘Wat ik noch freegje woe,’ sei er, ‘falt it jo ek op dat Jeppe geregeld strimen op 'e hannen hat?’
Rienk draaide de rektor it gesicht ta, makke fan syn eagen spjaltsjes en antwurde noartsk: ‘In soan dy't net om sizzen jout en opstiet tsjin syn heit, hat de swipe nedich.’
‘Jawis,’ andere Magister Alvinus glimkjend, ‘wa't syn soan leafhat, kastijt him, mar wa't syn soan kastijt om him lyts te hâlden, sil him ferlieze, hear Bockema. Jeppe is skrander, stekt fier boppe syn maten yn kennisse en moed út, kin útgroeie ta biskop of oanfierder fan in rôversbinde. It lêste sil it gefal wêze, as er gjin befestiging kriget fan syn kinnen.’
Rienk wie te ferbjustere om te anderjen.
‘Ik ha grútsjen heard,’ ferfette de rektor, ‘dat de jongerein yn it hellinghok in skipswein bout foar festeljûn. As ik jo riede mei, jou Jeppe de romte om mei te dwaan. Hy kin better foar seerôver spylje as letter ien wurde.’
‘Dêr rêd ik sels mei,’ bromde Rienk.
‘Fansels,’ sei Magister Alvinus, ‘jo binne de heit.’ Hy die de doar iepen en mei waard it kriezende lûd fan miuwen sterker. De fûgels fochten yn de grêft fûleinich om in deade fisk.
| |
| |
Rienk Bockema ried by de grêft lâns oant foarby de lêste wente en stjoerde doe it hynder by de tsjerketerp op. Hy wifele tusken de noard- en súdkant, mar keas foar it suden, dêr't it lêste ljocht fan de sinne yn de fmsters blonk. Ynienen seach er it bûgde stal fan Lipkje efter it koar weikommen, de kape fan de swarte mantel djip oer de foarholle. Hoe lang wie it lyn dat er foar it lêst by har yn de hellingwente west hie? Nei it petear mei Sjoerd Jongema op dy waarme junydei mijde er har safolle mooglik. Doe tocht er dat er har folslein yn de macht hie fanwegen de moard fan Wamme Alderts op Bot, mar al gau wie it sa as makke de eigen misdie, yn syn jonge jierren oan har begongen, him machtleas. Hie sy him miskien yn de macht en wied er bang fan har? Wol deale, dat wie de omkearde wrâld, sa soe it net!
Krekt foar't Lipkje it paadsje ynslûpe soe nei de lytse wente fan pastoar Jehannes, dy't yn deselde tiid as de Latynske skoalle nêst de sakristy boud wie, stjoerde er it hynder tusken har en har doel yn. Se seach mei skrille eagen by him op, mar nei't se bekommen wie fan de skrik, frege se spotsk wa't eins rjochter wie yn Snits. De fraach kaam sa ûnferwachts dat Rienk har in pear tellen ferbjustere oanstoarre. Doe't er fielde dat se, skerper as in swurd, syn posysje oantaast hie, snaude er: ‘Gjinien oars as ik, mar wat woest dêrmei sizze?’
Noch altyd sloech se de eagen net del, knikte in pear kear en sei inkeld: ‘Jawis, dat is sa.’
‘Wat bedoelst dêrmei?’ rôp er grimmitich.
‘Dat se net begripe kin datst al in hiel skoft net by har west hast, myn soan,’ klonk in rêstige manljusstim, ‘dêrom komt se faak ris by my lâns, wat do, Lipkje?’
Pastoar Jehannes rûn glimkjend út 'e doariepening en gong nêst har stean.
‘De rjochter fan Snits lit boppedat ta dat yn it hellinghok ferkearde dingen barre,’ sei se.
| |
| |
‘Lipkje is bang dat it net goed komt mei de skipswein, dy't de jongerein foar it karnaval optúcht,’ folle de pastoar oan.
‘Wa seit dat it wol goed komt?’ frege Rienk.
Hy liet de eagen fan de iene nei de oare glide en seach dat har strak gesicht ûntspande, in teken fan tankberens foar syn begryp.
‘Fansels moatte wy dat ôfwachtsje,’ sei pastoar Jehannes, ‘mar it is net de earste kear dat de Snitser jonges in skipswein ride litte en boppedat ha wy oer it algemien net te kleien sûnt de Latynske skoalle der kommen is. No't se in pear jier oan de leie fan Magister Alvinus rûn ha, kin it wol lije dat se foar ien dei de frijheid priuwe en yn in omkearde wrâld libje.’
Lipkje lei de holle yn de nekke as seach se in teken oan de himel, stiek de wiisfinger omheech en rôp heas: ‘Tink om myn sizzen, wy sille it noch meimeitsje dat de reboelje yn Snits losbrekt.’
Pastoar Jehannes lei de earm om har skouders en fierde har mei nei de iepen doar. Yn de fierte kriezen noch altyd de miuwen.
It like as streamde al wat libbe op dy rûzige febrewarismiddei, de dei foar't de festeltiid begûn, nei it hert fan Snits. It hert sûge it bloed oan, pompte it binnen de eigen grinzen yn de rûnte, hieltyd flugger oant de spanning oprûn nei in hichtepunt. It folk kaam út it tsjuster fan de winter wei en socht taastend nei it plak dêr't it ljocht begûn. En krekt op 'e grins tusken tsjuster en ljocht, krige it libben wer faasje, gisele de wrâld yn de rûnte oant er op 'e kop stie.
De measten streamden ta om har oan dy wrâld te fergapjen en op ôfstân de spot te slaan mei wat se seagen. It wiene de taskôgers, dy't al nei in goed oere de waarmte fan de herbergen opsochten en oant de lette jûn it bloed tin makken mei bier en drank.
| |
| |
Rienk Bockema wie ien fan har. Hisse en Hylck hiene by de moarnsbrogge op him ynpraat: alle jierren wied er derby en no soe de heit it earste echte karnaval fan syn âldste soan misse?
Boppedat moast er him wat mear ûnder it folk bejaan, net heech op it hynder, mar der tuskenyn, dan wist er wat ûnder de minsken libbe.
Sels Reynke Donia kaam mei har trilderich lûd fanwegen: ‘Jim heit hat sels ek jong west en de muontsen faak foar gek set.’
Doe't er seach dat Jesse fyntsjes glimke, koed er him amper behearskje. Hy liet him lykwols meinimme troch de fraach fan Mauritius, dy't wol faker tusken de heit en syn broer yn sprong: ‘Ik soe ek wol mei wolle.’
Rienk Bockema stie op 'e stoepe fan it stedhûs, tusken de leden fan de froedskip, in pear foet heger as Mauritius en it gewoane folk. Ut 'e finsters fan winkels en wenten oan de oare kant fan de Merkstrjitte hongen de bewenners, beskerme tsjin de stive wyn, mar dochs mei útsicht nei trije siden.
Stadichoan kaam it leven opsetten, de lûden fan trommen, hoarnen, fluiten en snaren waaiden fan alle kanten oan en botsten yn de Merkstrjitte opinoar, hurd en falsk. Doe kamen de karnavalfierders sels, út strjitten, gloppen en stegen. It waard ien lange rige, dy't oan wjerskanten fan de strjitte by de taskôgers lâns beweegde: rinnende striders mei biezems en stokken as wapens; in frettende hear op in poepdoaze op tsjiltsjes, lutsen troch twa as nonnen ferklaaide manlju; in dikke muonts as ruter op in tûne, wylst er in spear mei oan de ein in bargekop foar him úthold; in hear yn in swarte mantel mei in tafel op 'e holle, dêr't rotsjende fisk op lei. En wylst de healwize staasje mei bûnt ferklaaide lju roppend, trommeljend, blazend, fluitsjend, tokkeljend en kreakjend foarby slingere en skommele, kaam ynienen de skipswein by de terp delrôljen. It rûne boatsje op fjouwer tsjillen wie ôfladen mei jongfolk, guon ferklaaid as pias,
| |
| |
oaren yn lange donkere mantels, ien mei in helm op 'e holle en in swurd yn de hân. Boppe-yn de mêst wie in roekenêst, dêrûnder hong in raseil en wappere in lange wimpel. Doe't de wein útrôle wie, loeken fjouwer as muontsen ferklaaide jonges it skip fierder oer de midden fan de strjitte.
Ynienen briek it feest op it skip los. In minstreel sloech wyld op 'e snaren, wylst de piassen en hearen har oerjoegen oan in skrokkerich fretten en sûpen, dêrnei sabeare koarren en op 'e nij begûnen.
Rienk Bockema liet de eagen oer de gesichten glide, mar fûn it donkere foarkommen fan Jeppe net. Doe seach er nei boppen en waard op 'e wimpel letters gewaar dy't troch de wyn wei waarden en wer foar it ljocht kamen.
Hy draaide him om en frege: ‘Kinne jim lêze wat dêr stiet?’
Aylof de Gruyter, keapman yn bierkrûden, skodholle laitsjend en rôp dat er in protte yn syn libben meimakke hie, mar sa'n fertoaning stiek boppe alles út. Rienk stapte by de stoepe del, tikke Mauritius op it skouder en wiisde nei de wimpel. De jonge wist daliks wat er bedoelde en sei skrutel: ‘Dêr stiet Sodom en Snits.’
Sodom en... De namme skokte him troch de holle, rôp Gomorra op en dy beide brochten him de ûndergong fan de ferdoarne stêden wer yn it sin, it ferhaal dat de Dútske muonts ûnderweis nei Grodno ferteld hie. Doe gong it om de ferlitten doarpen, like heidensk as Sodom en Gomorra. Mar no hiene se Gomorra ferfongen troch de stêd dêr't hy rjochter fan wie, as soe Snits like sûndich wêze en meikoarten fan de ierdboaiem weifage wurde. Hie Lipkje lêstendeis net sein dat der reboelje komme soe?
‘Wa hat dy gekkeboel dêr betocht?’ snaude er Mauritius ta.
‘It ferhaal oer Sodom en Gomorra is op skoalle by logika behannele,’ sei de jonge skrutel.
‘En dyn broer hat tink ik....’
| |
| |
Ynienen klonk út it roekenêst in domp lûd. Dêr stie Jeppe as in grouwe geastlike yn in swarte pij, de holle yn de nekke, in hoarn oan de mûle. Hy begûn te blazen, lang en driigjend, it wie in leven as in oardiel. Doe't er ophold, helle er in sek foar it ljocht, stiek de hân deryn en begûn sait út te struien.
Aylof de Gruyter stie wer efter Rienk en sei laitsjend: ‘Sodde en Snits. Wis en wrachtich, it is allegearre sodde om Snits hinne en de Sweachsters helje it sâlt derút. As ik my net fersin, hat de âldste fan jo aardich wat ynslein en struit it ryklik oer de hollen hinne.’
Rienk sykhelle snuvend, skodholle en hearde himsels sizzen dat er de oerkommeling mei de swipe út it roekenêst slaan soe en him dêrnei it sâlt yn de wûnen wriuwe.
‘Dat komt ferkeard oer, hear Bockema,’ sei de keapman rêstich, ‘as de machthawwer in ein makket oan de wille fan it folk, set soks fêst yn it ûnthâld en úteinlik komt der allinnich mar lijen fan. Lit de Snitsers har ien kear yn it jier útlibje. It is better dat ús eigen folk de stêd op 'e kop set as de Hollanners...’
Rienk, dy't mei tanimmende argewaasje it tafriel fan de skipswein en de spotske reaksjes fan de taskôgers folge hie, draaide it gesicht by de lêste wurden rimpen nei Aylof de Gruyter.
‘Wat hawwe de Hollanners hjirmei te krijen?’ frege er.
‘As ik jo riede mei,’ sei de keapman hoeden, ‘wy kinne de saken better beprate by in glês wyn.’
Bocke Libbes, kastlein fan ‘De folle baarch’, wiisde syn foarname gasten mei in bûging nei de tafel by it fjoer. De ropperige lûden fan it lytse ploechje âldere manlju, dat oan de oare kant fan de hurd siet, foel in amerij fuort. It praat kaam wer op gong, doe't se fernamen dat de beide hearen net foar har kommen wiene, mar foar de krûk wyn, dy't de kastlein mei twa glêzen op 'e tafel sette.
| |
| |
‘Koe Sodom besjen lije, hearen?’ frege dy.
‘Wat witsto fan Sodom?’ grommele Rienk.
‘Ik ha efkes om de hoeke sjoen, doe't de skipswein by de terp delried,’ antwurde Bocke Libbes, ‘it is in merakel wat dy jongelju makke hawwe.’
Rienk seach him noartsk oan en meneuvele dat er oer en tefolle wie. De kastlein bûgde wer en skarrele nei de oare tafel.
‘Sodom?’ frege Aylof de Gruyter.
‘In ferhaal fan in stêd dêr't gjin hûs fan oerein bleaun is,’ sei Rienk hastich en wylst er nei foaren bûgde, frege er: ‘Mar wat is der mei de Hollanners?’
De keapman krige grutte eagen en gong flústerjend fierder: ‘No't ik deroer neitink, hat it in betsjutting, in betsjutting foar de takomst. De skipswein en de Hollanners...’
Hy fage him mei de mouwe it swit fan de foarholle en dronk syn glês wyn as wie it wetter. Rienk syn hannen skeaten nei foaren en pakten him by de skouders.
‘Sis op,’ systere er, ‘wat hat dy ferrekte skipswein mei de Hollanners te krijen?’
Aylof de Gruyter sykhelle djip en sei: ‘Under ús gjin geweld, hear Bockema, soks komt by it folk ferkeard oer.’
Hy wiisde mei de tomme nei de oare kant fan de hurd, dêr't alle eagen op har rjochte wiene en wachte krekt salang dat it praat wer oanboaze. Doe bûgde er fier oer de tafel en die flústerjend syn ferhaal. Hy hie de foarige simmer fan in keapman út Hollân heard dat de âlde greve Albrecht fan Beieren op wraak út wie op de Friezen, dy't fyftich jier lyn syn foargonger, Willem IV, yn de slach by Warns ombrocht hiene. It wie in skande dat syn biente noch altyd yn Fryske ierde lei, nei alle gedachten yn ien fan de kleasters yn Westergoa. In wike lyn, folle earder as oare jierren, hie deselde keapman wer yn de stêd west, net allinnich om oer bierkrûden te praten, mar ek mei in warskôging. Albrecht fan Beieren hie syn gesanten útstjoerd nei Henegouwen,
| |
| |
Beieren, Frankryk en sels nei Ingelân mei de oprop oan alle moedige ridders om him yn de striid tsjin de Friezen te folgjen. Fierder moasten de Hollânske stêden koggen leverje om it grutte leger nei de Fryske kust te farren.
‘Lit se mar komme, ik mei se rau,’ grommele Rienk.
Hy naam de lege krûk op en liet dy mei in klap wer delkomme. It ferhaal fan Aylof de Gruyter hie syn troch de winter bestjurre bloed wer tin makke. It kolke him troch de lea, spielde syn argewaasje fan dizze dei fuort en makke romte foar bylden fan striid en rom. Dit wie syn kâns om foargoed de macht yn Fryslân yn hannen te krijen.
Doe't Bocke Libbes de krûk fan de tafel naam en frege oft er noch ien bringe moast, sei de haadling fleurich: ‘Twa, ien foar my en foar de bierkeapman ek ien. Of hast leaver bier, Aylof?’ De keapman skodholle. Nei't de kastlein fanwegen de tastream fan nije gasten hastich fuortset wie, sei er: ‘Ik bewarje miskien myn bier wol foar de greve fan Hollân, hear Bockema.’
‘Wat bedoelst dêrmei?’
‘Fan 't jier noch sil in leger troch ús gea komme, sa grut as Fryslân noch nea sjoen hat. Doarpen tusken Stamm en Snits sille yn fjoer en flam stean, de poarten en it suterich eintsje bolwurk fan ús eigen stêd kinne de fijân net keare, ús stinzen wurde delhelle en ús bloed sil troch de bargen opslobbere wurde. It is sa wis as Sodom fan de ierde fuortfage is, sa't jo niis seine, dat Snits ek net oerein bliuwe sil.’
Daliks nei't Bocke Libbes folle krûken brocht hie, begûn Rienk te drinken. Twa streamen yn him kolken opinoar ta: syn striidberens en de eangst foar ûndergong en dea. En op it stuit dat se botsten, snaude er: ‘En wat woest dan, de greve dronken boarne mei bier?’
Hoewol't de taap rûze fan lûde stimmen, bûgde Aylof de Gruyter nei him ta as wied er bang dat oaren syn sizzen hearre soene:
‘Wat soe it wol net opleverje foar de ridder fan Snits, as er de
| |
| |
kant fan Albrecht fan Beieren keas? De greve sels is al fier oer de santich, noch in pear jier en hy leit de holle foargoed del. Foar dy tiid wol er hjir syn saken regele ha. Wat leit dan mear foar de hân om in trouwe Fries oan te stellen as steedhâlder fan hiel Fryslân?’
Op 'e nij fernaam Rienk dat it bloed hurder begûn te streamen. De ridder-haadling fan Snits soe kening wurde, sa't David kening west hie oer it Hillige Lân. Wiene dat net de wurden fan pastoar Jehannes, lang lyn, doe't de geastlike sei dat er it feest fan it libben fiere moast. Hoe dan ek, hy soe kening fan Fryslân wurde, oft er no tsjin of foar Albrecht fan Beieren wie.
‘Wat tinkt jo derfan?’ frege Aylof de Gruyter.
‘Ik sil deroer neitinke,’ sei er, ‘mar jûn fiere wy al fêst feest, it feest fan it libben!’
Wer bonkte er mei de lege krûk op it hout.
Yn de rin fan de jûn waard it bloed Rienk Bockema sa tin dat it him troch de ieren gisele, syn holle licht makke en de taap begûn te draaien. Hy seach lju skommeljend troch de doar kommen, hearde dat se nijs hiene oer de skipswein. Dy wie yn it begjin fan de jûn foar de doar fan geile Dukke riden. Dêr hie it jongfolk op pannen en tsjettels trommele, beanstrie yn de brân stutsen en goar praat útkreame. Dukke hie it folksgerjocht ôfkocht mei huorrejild en drank.
Dêrnei hie de jongerein de wein by de terp oplutsen om pastoar Jehannes en syn freondintsje Lipkje fan 't bêd te trommeljen, mar dêr waarden se tsjinholden troch de skout en syn helpers. Dy hiene, sa't roppen waard, gauwer op it hillige plak fan de leafde west as by de sûndige huorrekast fan Dukke. De taap klapte, lake en tilde op fan it goare praat en om't Rienk de nammen fan Dukke en Lipkje gefoelsmjittich ferbûn mei syn wearze út it ferline, die er mei.
It wie al tsjin middennacht, doe't er tusken twa fan it steechjes- | |
| |
folk yn, troch de strjitten fan Snits lavearre. Hy heinde stikken fan sinnen op oer dy hoer fan in Lipkje, dy't se straft hiene troch Wamme Alderts as in baarch de hals út te snijen. En dêr wie de ridder fan Snits it folslein mei iens.
|
|