| |
| |
| |
Diel 5
Maitiid 1406 oant febrewaris 1436
| |
| |
| |
17 Lûden op Abwert
Agge voorsz. creech int jaer duisent vier hondert ende drie by Hisse, zyn wyff, een zoon, ghenoempt Bocke Harincxma.
De state op Abwert seach der noch krekt sa út as yn de tiid doe't Sjoerd Jongema dêr syn lêste jierren sliet. It wie ien fan de grutste pleatsen yn de omkriten, mei twa romten dêr't, yn tsjinstelling mei de boereklintsjes, in muorre tusken siet. It foarste diel wie it wenstee, it efterste de stâl. Oan de noardwestkant fan dit gebou, op 'e hichte fan de efterste romte, stiene twa hokken, earder brûkt as hynstestâl en opslachplak foar wein en ark. De state wie boud mei deselde soarte fan stien dêr't ek Rodenboarch fan oplutsen wie. Beide ferriisden yn itselde jier, de stins om de stêd te behearskjen, de state as teken dat de eigner yn in bysûndere ferhâlding stie mei de haadling fan Snits.
Yn it skiere ferline, oan de ein fan de trettjinde ieu, waard grute dat tusken beide gebouwen twa paden rûnen. It iene sloech op 'e iepen ferbining tusken de haadling en de heareboer; it wiene ôfspraken oer de ferdieling fan de sizzenskip oer stêd en lân, in ferbûn dat de macht fan beide noch grutter makke. It oare paad lei yn it tsjuster, it wie de geheime ferbining tusken de frou fan de haadling en de kreaze soan fan de heareboer.
Rienk Bockema wie net allinnich troch de bloedbân mei dat ferline ferbûn, mar ek yn syn wêzen kaam it ta utering: de driuw nei macht hied er meikrigen fan syn âlde pake, fan syn oerbeppe wie it ferbeane fjoer op him oerslein, de driften dy't in útwei sochten bûten it houlikslibben om.
De lêste tsien jier wie de âlde state teistere troch de oanfallen fan waar en wyn. It reinwetter hie yn de rin fan de tiid oan de westkant fan de terp de grûn útsliten en de muorre ûndermine. It reidtek boppe de stâl wie ynsakke en it soe net lang mear duorje of der foelen gatten yn.
| |
| |
De foarste romte mei de ikehouten stuollen en de beide bedsteeën, wie sels by sinneskynwaar fertsjustere, om't de lûken it glês ferfongen dat der mei in súdwesterstoarm útwaaid wie.
Dy twadde maart fan it jier 1406 wie de earste dei dat in súdlik koeltsje it skrouske waar fan febrewaris ferdreau. Tusken de terp en de Frjentsjerterfeart ljochten de djerreblommen yn it feale, sompige lân fel op. In pear betide ljippen saaiden del, sieten in skoft mei de kop yn de fearren en begûnen doe om te skarreljen.
Rienk Bockema joech him yn de betide middei del op in bankje, dat er yn de lijte fan de stâldoar sleept hie. De woldiedige waarmte fan de sinne kroep him troch de lea, dy't stiif wurden wiene fan de lange, wiete winter en him by elke beweging pinigen.
Yn de fierte skittere de sinne op 'e dakken fan tsjerke, kapel en stanzen. Op it plak dêr't earder Rodenboarch boppe de palissade út riisde, wie no in leechte. It wie in al jierren skrinend teken dat er syn macht as hearsker oer stêd en lân ferlern hie.
De eachlidden waarden him swier en de holle knikte foaroer. Hy wie no sawat seisenfyftich en fielde him wurch en tenein. It ferfal fan de state en fan syn eigen libben gongen lykop en it soe gjin jierren mear duorje of beide sakken nei de bedelte; wat oerbleau, wiene in púnheap op Abwert en in lyk yn de donkere grûn fan it Johanniter kleaster.
Rienk skrille op doe't er it triptraapjen fan hoeven hearde. Hy knipere mei de eagen en seach yn it felle sinneljocht it silhûet fan in frommes op in hynder. Earst doe't in bernestim ‘pake’ rôp, wist er dat it Hisse wie dy't op 'e pleats tariden kaam. Nei't er wend wie oan it ljocht, waard er it jonkje gewaar, dat foar syn mem siet en him loswrotte út har earms. Se liet har soantsje fan it hynder sakje, mar bleau sels sitten.
‘Pake,’ rôp er, ‘ik kom by pake op 'e terp!’
| |
| |
It feintsje kroep ûnder syn earm troch en treau it ljochte, krollige kopke stiif tsjin him oan.
‘Jawis,’ sei er fleurich, draaide doe it gesicht nei Hisse en ferfette spotsk: ‘Soa, mocht Bocke hjoed nei Abwert.’
‘Bocke hat net fan frjemd,’ stikele se werom, ‘thús rûn er blau oan fan drift, net te hâlden sa wyld.’
‘Asto mar net de kueren fan dyn beppe Reynke oerkrigen hast, dan komt it wol goed.’
Hy drukte Bocke stiif tsjin him oan as woed er him beskermje tsjin oanfallen dy't er sels as bern trochstien hie.
Ut 'e eachhoeken wei seach er dat Hisse muorre en dak meunstere en stadich skodholle.
‘As it sa bliuwt, is it hjir foar Bocke net langer fertroud,’ mompele se.
‘Wêrom soe it hjir sa net bliuwe?’ frege er skamper. ‘Sa lang asto fynst dat it foar dyn heit wol fertroud is, hoechst net oer dyn soan yn te sitten!’
Hy kniep de lippen stiif opinoar en knikte in pear kear. Doe't se it hynder kearde, frege se wannear't se Bocke wer ophelje soe.
‘Ik rêd dermei,’ sei er.
Hoewol't Hisse mei rjochte rêch de kant fan Snits út ried, joech it him in djippe foldwaning dat se foar it earst sûnt syn weromkommen út ballingskip de ferliezer wie.
Yn de ôfrûne jierren hie de âldste dochter slach op slach wûn. Nei't se har by de reboelje yn 1399 tsjin Rodenboarch keard hie, droegen de Snitsers har op hannen. Wylst de neiste famylje as ballingen yn in frjemd lân ferkearde, kroep Hisse op 'e lije side fan de Harinxma's út Heech, sloech om mei Agge, de âldste fan de seis bern, en liet har geregeld mei him yn Snits sjen. De rougalm fan de Johanniter kapelklok by de begraffenis fan har beppe Reynke Donia wie noch mar amper ferstoarn of de klokken fan de Martinus struiden op 'e brulloftsdei fan de bep- | |
| |
pesizzer fleurige lûden oer de stêd. It wie yn dyselde wike dat it stedsbestjoer bekend makke dat de nije ieu frege om in nij bewâld: de Almachtige hie it sa bestjoerd dat it paad fan Hisse útkaam yn Heech, by Agge Harinxma, har man en de nije haadling fan Snits. Hoewoll't sa de bân mei it ferline troch de dochter bewarre bleau, wie de macht fan de heit foargoed foarby.
‘Pake, sjoch ris!’
Under de swiermoedige prakkesaasjes oer dy nederlagen hie Bocke him fan it bankje glide litten. Hy lei op 'e knibbels en steapele fan de stikkene stiennen út 'e boufallige state in muorke op.
‘Ik meitsje in stins, pake.’
‘Tsjonge,’ sei er bewûnderjend.
‘Us mem seit dat de âlde stikken is.’
‘Soa...’
‘Giet pake syn hûs ek stikken?’
‘Grif, mar dan is pake al hiel âld.’
Bocke kaam oerein en wylst er mei in grimmitige beweging de muorre omtrape, ferlear er it lykwicht. Hy foel oer de stiennen hinne, beseach syn skaafde rjochterhân en slikke de pine fuort. ‘Sa,’ sei er, ‘no meitsje ik in nijenien foar pake.’
Wylst it jonkje op 'e nij útein sette, begûn syn eigen pine wer te skrinen: Bocke kroep al oer de flier, doe't er foar it earst troch de doar fan de Harinxmastins yn de Merkstrjitte stapte. De gefoelens dy't Reynke Donia foar har soan hân hie en de ferachting dy't er sels fielde foar syn eigen dochter, woed er net op syn pakesizzer oerbringe. It langstme nei it jonkje wûn it úteinlik, mar dy earste stap hie foar him de safolste nederlaach west.
No't er it dwaan en litten fan syn pakesizzer beskôge, feroare dy nederlaach yn in oerwinning. Hy seach himsels werom yn Bocke: de grimmitigens dêr't er de stiennen mei omtrape en de hurdens by it slikjen fan de wûne. In waarm gefoel streamde
| |
| |
troch him hinne, doe't er betocht dat er fuortlibje soe yn dizze pakesizzer.
‘Pake, sille wy nei it hynder?’
It flaaikjende lûd fan Bocke striek folslein mei de glimk dy't er útstriele.
‘Jawis,’ sei er, ‘wy geane nei de stâl ta.’
De maitiidssinne en de waarme gefoelens foar it jonkje hiene syn stivens foar in part weinommen.
‘Ik mei net allinnich by it hynder.’
‘Fan wa net?’
Hy flokte binnenmûlsk, doe't er de holle yn it healtsjuster fan de stâl tsjin in balke stjitte.
‘Fan mem net.’
‘Soa.’
Hy lei it hynder it bit yn de bek, joech Bocke de leie en sei dat er Swarte mar bûten bringe moast. Sels gong er mei it seal oer it skouder by de iepen doar stean. Der wie eflkes in wifeling, mar doe't er knikte, begûnen de eagen fan it jonkje te skitterjen en fol fertrouwen fierde er it hynder mei nei it hiem. Wylst it bist him de kop tastiek, streake er hoeden mei it hantsje oer de hals.
‘Hy is echt swart, pake.’
‘Fynst Swarte wol in moaie namme?’
Bocke knikte in pear kear heftich en begûn wer te streakjen.
‘Doe't pake noch jong wie, ried er ek op in hynder dat Swarte hiet.’
Faaks hied er mei dyselde namme it ferline fêsthâlde wollen: it fjouwerjen yn syn jonge jierren, dat it stof yn de simmer en it slyk winterdeis withoe heech stode. Mar no sûge op suterige dagen syn eigen trêd suver fêst yn de weake ierde en koed er him amper losskuorre.
‘Hynders binne net gefaarlik, no pake?’
‘Wa seit dat?’
| |
| |
‘Mem.’
Hy bûn it seal op 'e hynsterêch, tilde Bocke derop en sei dat er him goed fêsthâlde moast oan de moanjes.
Sels pakte er de leie en begûn te rinnen. Wylst er nei syn grutske pakesizzer seach, ferskode it byld nei it ferline, doe't er fan de krúsfeart tsjin de Turken weromkaam en by Abwert lâns ried: Sjoerd Jongema tilde de lytse Ygo op it hynder en liet him om de pleats hinne ride.
Noch nea hied er him sa mei de foarige bewenner fan Abwert ferbûn field as no, mar tagelyk betocht er wat der fan him wurden wie. Lykme allinnich wied er oerbleaun, widner, ferlitten troch syn soan en in lyts moanne nei Reynke Donia ferstoarn. Se fûnen syn lyk yn dweiltrochwiete klean op it sompige lân flakby de terp. It boerefolk yn de omkriten hie op dyselde dei immen alderheislikst âljen heard.
Wat wied er fan himsels wurden? Nest de rom dy't er wûn hie yn de striid tsjin Turken en Litouwers, woech de skuld fan syn rûch libben en wrede dieden noch altyd swier. Hoefolle minsken hied er al net fan him ferfrjemde? Earst Bot, syn frou, dêrnei syn beide dochters en op 't lêst Mauritius, dy't leaver Magister Alvinus yn de Latynske skoalle holp as dat er him de les lêze liet troch in noartske pleechheit. Boppedat wie de eardere haadling in bûtensteander wurden foar de befolking fan Snits, dy't him ferballe en de macht ûntnommen hie, sa't hysels Sjoerd Jongema fernedere hie troch him de sizzenskip oer Abwert ôf te nimmen.
No wied er allinnich oerbleaun, op deselde hege terp as earder Sjoerd Jongema. Lykas de hierboer glied er nei de bedelte fan de dea, de sompen dêr't er úteinlik, miskien moarn al, yn weisakje soe.
‘Nee!’ hearde er himsels roppen.
Troch syn lûd en de grimmitige beweging dy't er makke, as
| |
| |
woed er de benearing fan him ôfskodzje, skrille it hynder mei in wylde beweging op.
‘Pake!’
It hert sloech him yn de kiel, doe't er seach dat Bocke út it seal glied en oan de oare kant fan Swarte op 'e grûn telâne kaam. Hy hoarte oan de leie dat er frij paad krige en skuorde it feintsje oerein. Mei ien haal fan de mouwe fage er de modder fan it gesicht en naam tagelyk de triennen mei.
‘Net gûle,’ bromde er, ‘of wolst gjin ridder wurde?’
Bocke knikte en stammere mei ynholden snokken: ‘It hynder en ik tochten... pake wie lilk.’
‘Hoe soe ik no lilk op dy wêze?’
Hy naam it jonkje fan de grûn en swaaide it troch de loft oant er wer op Swarte siet. Doe klom er sels op it hynder, stjitte it yn de flanken en rôp: ‘Drave do!’
Mei yn de lofterhân de leie en de rjochterearm stiif om Bocke hinne fjouwere er foar it earst sûnt jierren oer it paad fan Abwert nei Snits. De jonge ruter draaide him it gesicht ta en geide it út. Mei de takomst deun foar him en it ferline yn de efterfolging gong it op 'e Noarderpoarte ta. Hy wist dat it him ynhelje soe, as syn libben op deselde wei bleau as earder. Hoe faak hied er de lêste jierren de wurden fan syn âld-learmaster, de bline muonts Martinus, net yn him omgean litten: ‘De tiid komt, myn soan, datst hjir net fier wei yn myn geast fierder libje silst, út leafde bouwend oan de hillige tsjerke.’ Hoewol't dy útspraak stadichoan foarm foar him krige, wied er de nije wei noch net ynslein.
Doe't er op 'e weromreis wer troch de poarte ried, stieken de eagen fan de Snitsers him noch as pylken yn de rêch. Ferskûle yn it healtsjuster fan winkels en wurkpleatsen hiene se de bôgen fan haat en eangst spand, haat fanwegen it ferline en eangst om wat se noch fan him ferwachtsje koene. En lykas er sels de
| |
| |
frjemde geit oan de igge fan de Hookslinke rekke hie, waard er no, as wied er in frjemdling, ek oansketten. Doe hie it lykwols nea syn bedoeling west ien fan de geiten út Goaiïngasweagen te reitsjen, wylst de Snitsers wol wisten op wa't sy de pylken rjochten.
Hy seach noch ien kear oer it skouder. Foar de brêge waard er Lipkje gewaar, dy't har hieltyd bûgde om de lossittende drek út 'e spoaren te heljen, de hân omheech stiek en him âljend de modder efternei smiet. De dwylsinnige frou wie de iennige dy't iepentlik jacht op him makke.
Hisse hie him ferwitend oansjoen, doe't se de droege modder fan Bocke syn klean fage. Efkes striek se mei de fingers oer de bûle op 'e foarholle en woe doe har gelyk ha: dy boufal op Abwert soe it jonkje syn dea nochris wurde, mar hjoed hie de lêste kear west, dat swarde se by alle hilligen yn de himel. It jonkje stampfuotte en skreaude dat er wer mei pake nei de terp woe. Doe't de mem him geweken nimme soe, lôge syn drift noch heger op.
En op 'e nij seach er yn Bocke syn eigen libben werom, doe't er tsjin Reynke Donia opstie. Mar diskear botsten tsjinstelde gefoelens. Wis, hy wie der grutsk op dat syn pakesizzer nei him skaaide, mar wat moast der fan him wurde, no't al yn syn jonge libben de drift foar master opsloech? Wie it de satan net dy't it fjoer fan de driften oanstiek? As it sa troch gong, soe de jonge opgroeie as skyldfeint fan Lúsjefer, syn brea ite en drank drinke en úteinlik, sêd en dronken fan it kwea, meisleept wurde nei de flammen fan de hel.
Rienk riboske. De wyn wie nei it westen draaid en fierde laaiblauwe wolken mei, dy't oan de rânen sa no en dan opljochten fan de sinne. As Bocke wer op Abwert kaam, soed er him net allinnich heech op it hynder sette, mar ek de spoaren sjen litte dy't Lúsjefer op ierde efterliet. Sa hie muonts Martinus it ommers ek oer it krewearjen fan de satan hân, doe't er wiisde op 'e
| |
| |
beide swarte klysters dy't in duvelske striid útfochten. Foar it earst sûnt jierren fielde er him yn de geast ferbûn mei syn Johanniter learmaster, dy't sein hie dat er letter tichtby it kleaster libje soe, út leafde bouwend oan de hillige tsjerke. Wie dy tiid no kommen?
De dagen dêrnei helle er faak ris it hynder fan stâl en doarme troch it opbloeiende gea. Doe't er op in middei weromkaam, waard er in swarte skym gewaar, dy't om de pleats hinne strúnde. De eange ferskining wifele by it bankje, beweegde doe nei de doar en bleau yn de iepening stean.
Wylst in kâlde rille oer de rêch rûn, frege Rienk him ôf oft hjoed syn tiid kommen wie. Hy fielde him ynsletten tusken de fijânskip fan Snits en it ferfal fan Abwert, dat no útrinne soe op dea en hel. It duorre mar in amerijke, want doe't de skym him omdraaide, wie der gjin deadsholle ûnder de mantelkape, mar in gesicht. Oan de hâlding fan de keardel koed er sjen dat er like ferheard en eangstich wêze moast as hysels west hie.
It âlde fjoer lôge op: misdie soe straft wurde, as moast syn eigen hân de slaggen tabringe. Hy helle de dolk foar it ljocht en stjitte it hynder yn de flanken. Noch foar't de dief fan ruten spile, hie Swarte de earen al plat op 'e kop en daveren de hoeven oer it paad. By de earste klinten fan Turns bûgde Rienk nei foaren en griep de swerver by it skouder.
‘Wat hast stellen, skobbejak?’ raasde er.
De man skodholle heftich en ferburch it gesicht yn de kape.
‘Draai dy om, goare heiden, oars krigest de dolk yn de nekke!’
Hy stiek de punt troch in tear en snie mei ien haal de stof stikken. Stadich draaide de mantel, wylst de kape op it skouder glied. Ferwezen stoarre Rienk yn it gesicht dat him jierren lyn like fertroud west hie as dat fan syn eigen bern.
‘Ygo,’ flústere er.
| |
| |
Se sieten foarinoar oer op 'e ikehouten stuollen, sa't de haadling en de hierboer sawat tweintich jier lyn ek sitten hiene. Hoewol't Rienk Bockema inkeld noch sizzenskip hie oer Abwert en it lân yn de fiere omkriten fan de terp, hied er de rêch like rjocht as yn de tiid dat Sjoerd Jongema it belestingjild foar him ynfoardere. Ygo siet weidûkt yn de mantel, de holle justjes bûgd, en roerde de hompe bôle en de beker bier amper oan. It gesicht wie foller wurden, de eagen leine lang sa djip net weisonken yn de kassen en it hier wie boppe-op 'e krún weiskeard. Mei de feroaring fan it uterlik like ek de fellens út syn libben fuortebbe. De soan fan Sjoerd Jongema hie skodholle, doe't Rienk hawwe woe, hy soe op Abwert oernachtsje, om't de poarten fan Snits daliks ticht gongen. Syn nijsgjirrigens nei it ferhaal efter de feroaring brocht him derta de ynstimming fan Ygo ôf te twingen en sa wie de eardere skyldfeint en ûnheilsprofeet syn gast wurden.
‘Sa te sjen hâldst net mear yn de bosken fan Gaasterlân ta,’ begûn Rienk.
Hy skodholle.
‘Wêr dan?’
‘Oeral.’
‘Sels op Abwert, ha 'k begrepen...’
Ygo seach him skrutel oan en sei sêft: ‘In minske komt wolris werom op it plak dêr't er it earste ljocht sjoen hat en syn âlden de eagen foargoed ticht diene.’
‘Wie jim heit siik foar't er fjouwer jier lyn stoar?’
Hy seach dat Ygo de eagen delsloech, wylst er sei: ‘Us heit wie skjin tenein fan wat er allegearre meimakke hie. Hy droech it ferline as in swiere lêst mei en ik...’
Doe't de rauwe skreau fan in krie troch de lûken krong, hold er him stil.
‘No't iksels âlder wurd, kin ik my dat yntinke,’ mompele Rienk.
| |
| |
‘Heit hie it wolris oer in kleaster,’ ferfette Ygo.
Tusken harren hong ynienen de spanning fan de ferwachting as soe dat iene wurd it hiele libben feroarje kinne, sels de siele rêde út 'e kloeren fan Lúsjefer. Rienk bûgde nei foaren en sei suver flústerjend: ‘Sjoerd Jongema en ik hawwe faak ris yn tsjok waar west, mar no sjoch ik yn dat wy oan elkoar besibbe wiene. Want jim heit sette dy as jonkje op in hynder, wylst ik myn pakesizzer it hynsteriden lear. En fier foar't de Snitsers Rodenboarch delhellen, hie ik Sjoerd Jongema Abwert al ôfnornmen. Uteinlik kamen wy beide allinnich yn it libben te stean. Al ier waarden wy efterfolge troch de dea, Ygo...’
Doe't er ek de soan yn de geastlike besibbens opnommen hie, fertroude er him ta: ‘Faak ha 'k de lêste tiid tocht oan it eigen ferline dat my efterfolget. It sil my grif ynhelje, as ik net... Jim heit hie it oer in kleaster. Us libbens rûnen lykop, wêrom soene ús tinzen ek net oerienkomme?’
Ygo stoarre him oan mei eagen dêr't de flam fan de kears alhiel yn wjerspegele.
‘Sis op, wêrom soe ik hjir op Abwert gjin nij kleaster bouwe litte? Wie it net in foarteken dat myn pakesizzer lêstendeis fan âlde stiennen in muorke steapele?’
Doe't Ygo net antwurde, gong er fierder: ‘Mar nea sille de Johanniters en de muontsen fan Sint Antonius it belibje dat myn kleaster ûnder har sizzenskip komt. As it net oars kin, sil it kleaster op Abwert it earste wêze fan in nije oarder. Dat swar ik by de Hillige Frouwe, alle muontsen dy't myn libben stjoerd ha en de kluzener fan Harich, dy't de ûndergong fan Rodenboarch foarsjoen hat.’
Rienk bûgde wer oer de tafel en frege: ‘Sis op, watfoar fisioen hast no foar eagen, Ygo Jongema?’
Syn gast kaam oerein en rûn nei it finster. Dêr treau er de lûken in eintsje faninoar. Mei't de kier wider waard, kroep it ljocht fan de moanne breed oer de flier.
| |
| |
‘De wolken binne wer fuortset,’ sei er, ‘it wurdt in kleare nacht.’
‘Ik frege dy watst yn de takomst sjochst,’ hold Rienk oan.
‘By in kleare nacht is der ljocht oan de himel.’
Stadich draaide Ygo him om. It moanneljocht tekene syn omkanten skerp yn de iepening tusken de lûken, mar it gesicht bleau tsjuster. Doe begûn er te praten, mei in lûd rêstich en klear as in klok dy't it folk opropt foar de mis: ‘Winterdeis ferbliuw ik yn in kleaster om yn de stilte fan de sel te harkjen nei it lûd dat de Almachtige yn myn inerlik trilje lit. En as it maitiid wurdt, brek ik út 'e sel wei om yn de woestyn fan dizze wrâld dy trilling om te setten yn wurden. De lêste jierren ha 'k Gods stilte opheind yn it kleaster fan de Regulieren te Windesheim. Wolno, de lûden fan de bou klinke al troch en it is sa wis as dizze kleare nacht dat de regel fan Augustinus troch de jierren hinne yn it nije kleaster jilde sil.’
Rienk knikte inkeld, om't er op dat stuit gjin wurden hie.
Hoewol't Rienk Bockema syn gast trije kear oanbean hie om yn it twadde bedstee te sliepen, joech Ygo him del efter de muorre by it hynder. Doe't de gasthear de oare moarns yn de stâl kaam, wie it sliepplak al ferlitten.
| |
| |
| |
18 It ljocht
Int jaer ons Heeren duisent vier hondert ende ses, des anderen Soenendachs nae Paesschen, dat was doe den 25en dach Aprilis, hielden die Reguliers huer capittele int clooster te Windesum, ende aldaer is heer Rienick mede gereist totten capittele, offererende ende presenterende daer den capittele een plaetze in zyn landt toe Ysbrechtum, daer sy eenen clooster in zyn landt ... fundieren.
Ende int jaer voorsz., den seuenden dach Junij, begonne heer Rienick Bockema dat eerste huis te timmeren toe Abordt ... op zyn eygen erwe ende gueden. Des nachts daer nae, dat heer Rienick dat eerste huis hadde aengelecht, worde gesien, dat wt die selue plaetse, daer nw het clooster staet, scheen een groot licht, dat opsteech an den hemel.
Tusken de Isel yn it westen en de wylde oarde fan Sallân yn it easten lei it kleaster Windesheim. Op 17 oktober 1387 wie it ynwijd en krigen de earste muontsen de pij om de skouders. Foar dy tiid wie der al hiel wat wurk ferset troch de bruorren út Dimter, dy't sûnt 1380 yn strange frommens meiinoar libben, lykwols sûnder de ferplichtings fan in kleasteroarder. Yn it earstoan wie it hûs fan pryster Florens Radewijns grut genôch foar de inkele manlju dy't dêr wennen, mar letter ferhuzen fjouwer prysters, acht klerken en in tal lekebruorren nei it gruttere Florenshûs yn deselde stêd. Sy hiene al har besittings yn dizze religieuze mienskip ynbrocht en dielden mei ynmoed it bestean, sa as de earste kristenen te Jeruzalem ek libbe hiene.
Doe't guon geastliken hearden fan it mienskiplike libben yn Dimter, oardielen se dat soks net koe: it hûs wie net oansletten by in besteande kleasteroarder en foel dus bûten it godlike patroan.
| |
| |
It wie om dy reden dat Florens Radewijns besleat om te Windesheim in kleaster te stiftsjen, dêr't deselde devoasje jilde soe as yn syn eigen hûs. It moast foar de fromme manlju fan Dimter in taflecht wêze, as it gefaar fan ferfolging drige.
De bruorren foeren mei jild en ark oer de Isel nei it bouplak. Dêr groeven se gatten foar it fûnemint, mitseien muorren en leine laaien op it dak. En nei't op dy santjinde oktober de tsjerke ynwijd wie, sieten yn dyselde nacht guon fan harren yn muontsepij op 'e hurde, houten banken en songen mei yn it koar. De oaren foeren werom nei Dimter, dêr't se it libben fan sjongen, bidden, skriuwen en hanwurk wer opfetten.
Sân jier letter kamen fjouwer priors yn de kapittelseal te Windesheïm byinoar en besleaten dat yn har kleasters de regels fan Augustinus jilde soene. Sa wie it fûnemint, dat de bruorren fan Dimter oan de Isel lein hiene, útboud ta in kleasteroarder, de kongregaasje fan Windesheim.
Doe't op 'e tweintichste april 1406, fjirtjin dagen nei peaske, Rienk Bockema fan Abwert him oan de poarte melde mei de meidieling dat er by Snits in kleaster bouwe woe, sei de muonts glimkjend: ‘Dat soe dan it alfde wêze.’
Hoewol't it him grutte foldwaning joech dat er de reis fan Abwert nei Windesheim allinnich folbrocht hie, wie Rienk bliid dat er dy deis opnommen waard yn de rêst fan it kleaster. Hy iet swijend mei de muontsen yn it refter, koe fan wurgens de brune beane amper op 'e leppel hâlde en liet de wurden fan de foarlêzer oan him foarbygean. Ut 'e eachhoeken wei seach er nei de bleke, ynfallen gesichten mei om de lippen in mylde glimk, utering fan de inerlike fûnken fan it godlike. Dit soe syn foarlân wêze, betocht er. En wylst er de lêste beane opleppele, fochten yn him twa tsjinstelde gefoelens: tsjinsin fanwegen it lijen dat er op 'e gesichten lies en langstme nei de godlike fûnk.
Doe't deselde muonts dy't de poarte iepene hie, him nei de sel
| |
| |
brocht, frege er oft moarnier de prior te sprekken wie. De man lei de finger op 'e lippen, skodholle en flústere dat de gast achtslaan moast op 'e klop op 'e doar oant er wend wie oan de tiden fan it mienskiplike.
‘De oeren fan sliep binne flechtich as it skaad,’ heakke er deroan ta.
Rienk liet him op 'e brits falle en seach by it lêste deiljocht, dat noch ferswakke waard troch it griene glês fan it rútsje, inkeld in keal krús op 'e muorre. Brits en krús wiene it iennige hout yn de sel; sels in kruk ûntbriek.
Mei gjin wurd hie Ygo Jongema de jûns fan de twadde maart rept oer it libben yn it Windesheimer kleaster. Nei't er syn fisioen oer de bou op Abwert ûnder wurden brocht hie, folge in lang swijen, dat Rienk úteinlik ferbriek mei de fraach wêrom't er sels net yn it kleaster bleaun wie.
It antwurd kaam mei in omwei. It ferhaal dat er fertelde, gong oer Grutte Geart, de skrandere soan fan in rike keapman út Dimter, dy't yn Parys studearre hie. Hoewol't er nei de stúdzje opklimme koe ta hege tsjerklike amten, keas er foar in earmoedich libben dat alhiel wijd wie oan God. Hy reizge fan stêd nei stêd en ferkundige yn tsjerken en op pleinen it evangeelje fan Kristus. Om't syn libbenswize striek mei syn wurden, rekke it folk djip ûnder de yndruk, want dizze wierheid sparre magistraat noch geastlikheid.
‘Wat woest dêrmei sizze?’ hie Rienk frege.
‘Ha ik ek net omswalke om de wierheid te finen?’ wie de wjerfraach.
Ygo hie Jeruzalem neamd, de tocht mei de Joad Jakob troch it Hillige Lân en de weromreis nei de bosken fan Harich.
‘En ha ik dêrnei de wierheid foar de haadling soms ferswijd?’
Rienk hearde it him noch freegjen en om't de foarsizzing fan de kluzener yn 1399 útkommen wie, de ûndergong fan syn eigen
| |
| |
stins, wist er dat de wierheid yndied yn Rodenboarch en de strjitten fan Snits klonken hie.
Wer begûn Ygo oer Grutte Geart. Hy soe grif ûnder Gods iepen himel stoarn wêze, as de geastlikheid net it near lein hie op syn preekjen. Doe kaam er dêr't er wêze woe en syn lêste fraach wie it antwurd op wat Rienk him earst frege hie: ‘Soe ik dan no al, dei út dei yn, as in kleasterling libje moatte?’
Wylst Rienk de tekken oer him hinne loek, betocht er dat Grutte Geart en Ygo Jongema yn de takomst syn foarbyld wêze soene: as grûnlizzer fan in nij kleaster hied er de frijheid om ek bûten de muorren foar de wierheid te libjen.
Noch betize yn de sliep hearde er in oanhâldend klopjen op 'e doar en om't it noch neare nacht wie, wankele er taastend nei de kant dêr't it lûd weikaam. Efter it ljocht fan in kears waard er itselde muontsegesicht gewaar, dat him taknikte en flústere dat it no tiid wie foar it mienskiplike, de metten. Hy krige in pij oer de skouders en rûn mei yn de rige skimen, dy't beweegde nei in ljochte iepening oan de ein fan de gong. It wie de doar fan de kapel, dêr't er yn sûgd waard troch in stream dy't elk ferset briek. Weidûkt yn de pij siet er heukerjend yn de koarbank. Nêst him waard flústere, hy moast de songen teksten yn him opnimme, dat er nei ferrin fan tiid meidwaan koe. Yn de stiltes tusken it sjongen namen de muontsen him mei yn har wenstige bewegings: stean, knibbelje en wer sitte.
Doe't er weromkaam yn syn sel, liet er him op 'e brits falle, dûbel brutsen, de ôfrûne dagen fan de swiere reis en dizze nacht fan it wekjen yn de kapel. Op 'e nij waard er by tsjuster út 'e sliep helle, no foar de lauden. De dei dy't folge, kaam er yn it ritme fan prym, terts, sekst, noon, fesper en kompleten, inkeld ûnderbrutsen troch it ferbliuw yn de sel en it miel yn it refter.
Fjouwer nachten en trije dagen hold er it fol oant er de sneons útbriek, it hynder fan stâl helle en nei it westen ried, dêr't de
| |
| |
Isel streamde. Hy azeme de lucht fan dizze kleare maitiidsdei mei lange halen yn en stjitte de benearing fan de sel út syn wurge lichem. Efter him lei it kleaster, dêr't moarn, sa't de muonts him tabetroud hie, de leden fan it generaal kapittel syn fersyk oanhearre soene. Mar foar de kop fan it hynder wankte de fierte, de rivier mei in djipladen kogge, dy't healwyn nei it noarden sylde. Yn syn ferbylding naam it skip him mei oer seeen dy't er earder befearn hie oant er yn it suden útkaam by Rhodos en yn it noarden by Dantzig. Op 'e nij belibbe er de oerwinnings fan dy tiid en de rom dy't him taparte wie troch kening en greve.
Hy wie no flakby de Isel en ried oer in leech dykje mei de stream fan de rivier mei. Sa no en dan helle er in stik ôffal yn, dat as in deade fisk tusken wetter en wyn weage. En wer kamen de bylden út it ferline werom: de geiten yn de beek, doe't er op pylgerreis wie; it deade bist yn de Weichsel, op harren krústocht nei Litouwen; en it lyk fan Bot oan de igge fan de Frjentsjerterfeart. De dea fan syn frou fierde him nei Jeruzalem, dêr't er boete die foar de skuld dy't er yn syn libben oploege hie: de oantaasting fan froulju yn lichem en siel. Hoewol't de triennen fan de Leave Frouwe yn de Hillige Grêftsjerke syn eigen siel skjinwosken, fersmoarge er yn de jierren dêrnei syn libben op 'e nij mei minskebloed: dat fan de hoer Lize fan Lübeck en de slachterssoan Sierd Rinkes, dy't er beide yn see smiet; fan al dy gûlende memmen en bern yn de boarch Gaarde dy't er omkocht mei it swurd; en fan pleechsoan Jeppe, dy't er earst sparre, mar letter fanwegen de oantaasting fan syn eigen macht oan de galge brocht. En as de Snitsers him net manmachtich ferdreaun hiene, soed er nei alle gedachten noch mear slachtoffers makke ha.
Ynienen hold er it hynder yn. Foar him lei Swolle, de stêd as teken fan in libben dat opriist. Hjoed wied er dat paad wer ynslein. Woed er noch ien kear syn macht jilde litte troch fan
| |
| |
Abwert in boarch te meitsjen dy't it gea noard fan Snits behearske? Hy hie it jild en de grûn derfoar. Sels de hoeke greide oan de Frjentsjerterfeart, it stik lân dat fanwegen syn foarnimmen in striidpunt wurde soe tusken him en de Johanniters, moast er yn hannen krije. Koe it net yn goedens, dan...
Rienk skrille op fan rauwe lûden. In frou stroffele âljend ta de poarte út, efternei sitten troch it geweld fan it rjocht. Sy waard útmakke foar hoer fan de dea, dy't har sykte oerbringe woe op de ynwenners fan de stêd. It rinnende lyk kaam rjocht op him ôf, de hannen foarútstutsen as frege se om syn help. Nei't er de dea in telmannich yn de eagen sjoen hie, taaste er yn de ponge, helle der in pear munten út en smiet dy har ta. Doe kearde er it hynder. De kogge, dy't er earder ynhelle hie, sylde him foarby, fierder it noarden yn. Sels ried er de oare kant út, werom nei it kleaster.
Dy sneins, op de 25ste april, sieten de leden fan it generaal kapittel fan de kongregaasje fan Windesheim yn de trije banken fan de kapittelseal. It wiene de priors fan de tsien kleasters dy't har oansletten hiene by de nije oarder. De rie fan fjouwer, mei Jehannes fan Heusden, de prior fan Windesheim, as foarnaamste, seach rjocht yn it gesicht fan de man dy't middenyn de seal stie. It wie Rienk Bockema fan Abwert. Yn de stilte, dy't nei syn fraach folge, taaste er mei de eagen de gesichten fan de tsien ôf. Se stiene earnstich, gjin teken fan ynstimming te sjen.
‘Dus jo woene in kleaster stiftsje?’ frege Jehannes fan Heusden.
‘Ja,’ sei er mei in koarte knik.
‘Abwert by Snits, seine jo, is it wol in gaadlik plak sa tusken see en mar?’
‘De Isel liket my gefaarliker as de Frjentsjerterfeart, boppedat komt it kleaster op in terp te stean.’
‘Op in hichte, jawis,’ sei de prior mei it earste bewyske fan in
| |
| |
glimk, ‘boppe de gaos fan dizze ierde en tichter by de himelske oarder as stêd en lân.’
Guon fan de njoggen bûgden de holle, dy't stadich wer omheech kaam, as yn in lange ynstimmende knik.
‘In kleaster moat der komme en bliuwe,’ ferfette de prior, wer like earnstich as earst.
‘Dêr rêd iksels mei.’
‘Meastal kin it langstme nei de hichte fan de godlike oarder wol sprekken lije, mar ûntbrekt it jildlike fûnemint. By jo is it lykwols oarsom, ha 'k begrepen.’
Fan trije kanten fielde Rienk de hifkjende eagen.
‘Oarsom?’ frege er ferheard.
‘Jo ferlet om yn de wrâld te ferkearen wie grutter as it langstme nei de moeting mei de godlike fûnken,’ wie it andert.
Wer gongen de hollen op en del.
‘Yn de wrâld kinst ek foar de wierheid libje, lykas Ygo Jongema dien hat...’
Syn stim sakke fuort en hy moast kielskraabje om it lêste wat er sizze woe, noch ta te heakjen:
‘... en Grutte Geart, ha 'k heard.’
‘Grutte Geart, seine jo. Jawis, lit dat jo foarbyld wêze. Hy wie tefreden mei in lyts plakje yn syn eigen hûs, wylst de susters yn mienskip yn de oare romten libben, lykas de bruorren fan Dimter yn it Florenshûs. Nei't it preekjen him ferbean wie, bleau er op syn plak, hoewol't earder Gods himel syn dak wie. En doe't yn de simmer fan 1384 yn Dimter de pest útbriek, wied er dêr't er wêze moast. Hy brocht in besite oan ien fan syn folgelingen, treaste him yn it lijen en waard sels oantaast troch de swarte dea. Al nei in pear dagen stoar er, 44 jier âld.’
Rienk riboske, om't de wurden fan de prior de bylden fan de foarige dei wer oprôpen: wie it ynfallen gesicht fan de frou, dy't útmakke waard foar hoer fan de dea, ek net tekene mei de donkere plakken fan de pest?
| |
| |
‘Jo hawwe in langer libben hân as Grutte Geart,’ ferfette de prior, ‘mar dat fan de ridder fan Snits waard behearske troch striid, sa't jo oan de portier ferteld ha. Wylst Grutte Geart mei treastende wurden syn neisten salve, dripte it bloed fan jo swurd. En noch altyd kinne jo de rêst net fine, want de muorren fan it kleaster benearje jo al nei in pear dagen. Dêrom...’
Hy liet de eagen by de banken lâns glide en om't de hollen knikten, gong er fierder: ‘... is it net mooglik dat jo de stifter fan in kleaster wurde.’
Rienk stoarre ferwezen foar him út. De lêste wurden kamen mei sa'n geweld op him del dat it wie as loek de dei al nei de jûn.
‘Wat moat ik dan?’ klonk syn eigen fertwivele stim as út 'e fierte. ‘De dea sil my ynhelje... ik wol boete dwaan... yn it kleaster...’
Yn de loft sweefden in skoft lang donkere plakken, de swarte dea, de wjukken fan Lúsjefer, oant de neare nacht foar Rienk Bockema ynienen foel.
Hoe lang oft er op 'e brits lein hie, wist er net, mar it wie wer dei wurden. It krús oan de muorre lei de griene glâns fan it rút oer. Stadich riisde er boppe de dize fan de lêste dreamflarden út.
‘Hillige Marije,’ mompele er, ‘hat Jo Soan nei it lijen oan it krús ek net ferkeard yn de djipte fan de dea? Ik bin wer wekker wurden, mar wat moat ik no dwaan?’
Ynienen seach er de kruk nêst it bêd, dy't dêr delset wie as taffeltsje foar de hompe bôle en de beker wetter. Hy spielde de útdroege mûle en swolge dêrnei de beker leech. Stadich begûn er fan de bôle te kôgjen.
Doe't er fuotstappen hearde, liet er him fan de brits glide en foar't de doar iepen kreake, lei er al op 'e knibbels foar it krús, de hannen gear, de holle bûgd. Yn de lange stilte dy't folge, frege er him ôf wêr't de muonts keard wie. Hy draaide it gesicht
| |
| |
justjes fansiden en waard him gewaar yn de doariepening, yn earbiedige ôfwachting fan de ein fan it gebed. Doe't Rienk oerein kaam, mompele de muonts: ‘Haw tank foar dit wûnder, Kristus ús Hear, in fûnk fan Jo hillich leafdefjoer hat it hert fan ús broer ûntstutsen.’
De sân dagen en nachten dy't folgen, joech de broer fan Abwert him alhiel oer oan de regels fan it kleaster. Mei't er opnommen waard yn de weagen fan sang en stilte, de hichte fan it godlike en de delte fan de devoasje, ebbe de eangst foar de dea stadichoan fuort. Wie dit it libben op ierde dat sûnder brek oerrûn yn de himelske freugde?
Op deselde dei dat er him ôffrege wêrom't er dy oergong hjir, yn dit kleaster, net meimeitsje soe, waard er yn de kapittelseal roppen. Prior Jehannes fan Heusden siet diskear allinnich yn de bank, op itselde plak as in goed wike lyn. Rienk stie mei bûgde holle foar him, ek op itselde stee.
‘Broer fan Abwert,’ klonk it, ‘om't jo troch de leafde fan ús Hear de rêst fûn ha binnen de muorren fan dit kleaster, sille twa leden fan de kongregaasje takom jier de hichte by Snits fisitearje om dêrnei ferslach út te bringen oft it plak wol gaadlik is foar in kleaster. Tusken 1387, it jier dat it kleaster fan Windesheim boud is, en 1407 lizze trije kear tsien jier. Trije... yn de namme fan de Heit, de Soan en de Hillige Geast sille de tsien priors fan de kongregaasje op it jierlikse kapittel in beslút nimme oer de bou fan in kleaster op Abwert.’
Wylst Jehannes fan Heusden spriek, beweegde Rienk de holle, tagelyk ferheard en earbiedich, wifeljend en ynstimmend. Yn de stilte dy't folge, wie it as feroaren de wurden fan de prior yn in gloede dêr't er sels middenyn stie. Syn bestean ljochte op tusken it ferline, de maitiid fan 1387 doe't oan it libben fan Bot in ein kaam en syn pylgerreis nei Jeruzalem begûn, en de takomst fan 1407. It wie in wûnder dat dêrtusken krekt tritich jier
| |
| |
leine. No wied er der wis fan dat it kleaster op Abwert der kaam en troch it bysûndere getal foar altyd ferbûn wêze soe mei Windesheim.
Rienk sykhelle djip en liet de eagen by de finsters lâns glide, dy't opljochten fan de sinne.
‘As it kleaster der is, sil ik wer boete dwaan,’ sei er, ‘lykas yn Jeruzalem.’
‘Gean dan yn frede werom nei Abwert,’ galme de kapittelseal, ‘en bou fierder oan in libben dat wijd is oan God.’
Yn it langst fan de dagen, twa moanne nei't de wurden fan prior Jehannes fan Heusden troch de kapittelseal fan it kleaster fan Windesheim galme hiene, streamde it folk nei de terp fan Abwert. Want yn de betide moarn hie in wûnderlike tiding klonken troch stêd en doarp en mannichien achte it nachtlike wûnder wichtiger as it wurk fan dy dei.
Op 'e terp kamen de njoggen boadskippers byinoar, twa boeren en trije froulju út Turns, twa fammen fan Ysbrechtum, in boerinne út Skearnegoutum en de wachter fan de Noarderpoarte dy't de foarige jûns tsjinst hân hie. It wûnder waard noch grutter doe't se faninoar hearden dat it ljocht fan ferskillende kanten en op deselde tiid te sjen west hie.
‘De sinne wie al in oere ûnder, doe't boppe Abwert de himel ljocht waard as by dei,’ woene de fiif Turnzers ha.
‘Wy koene net sjen oft it boppe de Frjentsjerterfeart of de terp wie,’ sei ien fan de fammen út Ysbrechtum.
Doe't se fernamen dat guon manlju fanwegen dat frouljuspraat ferachtlik snúfden, sloegen se de eagen del en waarden wei tusken it folk.
‘Ik soe mar net spotte mei dit godlike teken,’ rôp de grouwe boerinne fan Skearnegoutum, ‘jim moatte witte dat ús kij tagelyk mei it ljocht begûnen te balten!’
In pear kear klonk út it folk wei de namme fan de Hillige Frou- | |
| |
we, tagelyk as tsjinwicht tsjin de spotters en befestiging fan it hillige barren.
‘De bynten fan it nije gebou ljochten op as skynde de sinne, sels Turns koest fan de poarte ôf lizzen sjen,’ woe de iennige Snitser boadskipper ha, ‘as ik my net fersin, ha 'k jim ek noch stean sjoen.’
De poartewachter wiisde nei de Turnzers, dy't knikten om't by dit godswûnder alles mooglik wie.
Tusken de gloednije kezinen fan de grutte doar stie Rienk Bockema mei in glimk om de mûle. In pear kear hied er de eagen by it byntwurk lâns nei de loft glide litten, mar op dizze oere fan de dei ferljochte allinnich de sinne de himel. Hy moast it wûnder fan hearren sizzen ha.
Doe't Rienk yn de fleur fan de bloeimoanne wer op 'e terp kommen wie, hied er it beslút dat yn 1407 falle soe, oerwoekerje litten troch syn eigen plannen. Hy waard inkeld dreaun troch de wurden fan prior Jehannes fan Heusden dat er bouwe moast oan it libben dat noch foar him lei. En wat koed er better dwaan as dy bou ek yn hout en stien foarm jaan?
Yn de doarpen om de terp hinne hied er syn plan as de wierheid ferkundige en elk dy't timmerje koe, oproppen om him te helpen by it ferwêzentlikjen fan syn godlike opdracht. De hokken wiene yn ien dei ôfbrutsen en op it frijkommen plak ferriisden de bynten fan it earste gebou. In pear oeren nei't de lêste hammerslach klonken hie, befestige de Almachtige sels it wurk fan syn hannen mei it wûnderlike ljocht oan de nachtlike himel.
Ynienen klonk in rauwe gjalp boppe it leven fan it folk út. De hollen draaiden nei it suden, dêr't yn de bedelte in frou stie mei it grize hier wyld om it bonkige gesicht. Se hie yn elke hân in ding dat op in hierrige stôk like. Doe't se de earms tagelyk omheech stiek, glieden de mouwen fan har jupe nei ûnderen en waarden reade streken op it ljochte fel sichtber.
| |
| |
‘Lipkje,’ gûnze it oer de terp.
‘Se sit ûnder it bloed.’
‘Geitebloed...’
De widdo fan Wamme Alderts stie ûnferweechlik yn it leech, mei noch altyd de hannen omheech, earms dy't langer liken troch de bluodderige poaten, de holle nei de himel keard as wachte se op in teken.
Doe begûn se mei in heas lûd te roppen: ‘Leau se net dy't sizze dat it ljocht fannacht fan boppen kaam, út 'e himel wei. Want sy hawwe it skynsel earst sjoen doe't it oan de tsjustere loft stie. Harkje nei my, oerrinders fan Snits en flaaikers fan bûten. Hoe lang is it lyn dat jim Rodenboarch delhelle ha? En no steane jim wer by de bynten fan in nij gebou, it kleaster dat Rienk Bockema ferrize lit. Mar tink net dat it ljocht fan fannacht in godlik teken west hat, as soe de himel ynstimme mei de bou. Harkje nei myn boadskip, want ik ha fan it noardlike bolwurk ôf it begjin fan it skynsel sjoen. It kaam net út 'e hichte wei, mar as in skym út 'e djipte fan de Frjentsjerterfeart, dêr't yn it ferline de dea tasloech. It wie op deselde dei doe't myn Wamme dêr lâns foer, ûnskuldich oan dat freeslike barren, mar dochs... fan dy oere ôf hat de dea ek him efterfolge en úteinlik sloech er ta yn it iiskâlde wetter fan de grêft.’
Wylst har oerslaand lûd de deadske stilte op 'e terp skuorde, liet se de earms sakje en brûkte de poaten om op te steunen. Rienk Bockema leunde tsjin de doarpost, sykhelle djip en mompele, se soe de deaden de rêst gunne dy't har nei safolle jierren takaam. Mar út 'e lichte wei begûn it roppen op 'e nij: ‘It skynsel út 'e djipte sweefde as de skym fan Lúsjefer nei de terp. Foar't it wei waard yn de nacht ljochte it, rjocht boppe Abwert, noch ien kear op, read as bloed.’
Wer stiek se de lange earms omheech om har heimsinnige wurden mei it bluodderige teken te ferdúdlikjen: ‘De poaten fan de bok sizze ús dat de bou op Abwert net bestjoerd wurdt fan bop- | |
| |
pen, mar fuortkomt út 'e kweade ynjouwings fan Lúsjefer.’ Op 'e nij klonk út it folk de namme fan de Hillige Frouwe, diskear as tsjinwicht tsjin de duvel.
Mar Lipkje âle dêroerhinne: ‘Kin de oantaasting fan it libben fan ûnskuldige minsken it fûnemint fan in kleaster wêze, Rienk Bockema?’
De wurden kamen op him del as hammerslaggen, foar elke frou dy't er tenei west hie ien klap, de earste en tagelyk de hurdste wie foar de oantaasting fan Lipkje sels. Wylst de eagen fan it folk op him skroeiden, fage er him it swit fan de foarholle. Hy moast wat sizze, foar't de knettergekke frou fierder raasde. Foar him seach er ynienen it meagere wiif dat út 'e poarte fan Swolle jage waard, it bonkige gesicht mei donkere plakken tekene troch de dea.
‘Oantaasting fan it libben?’ rôp er. ‘Hawwe jim it bloed op har hannen sjoen? Wêrom soe se oars nei de terp kommen wêze as om mei har sykte ús libben oan te taasten?’
Hy seach dat syn wurden fertuten diene. Mannichien kearde it gesicht, dêr't wearze en eangst op te lêzen wiene, ôf.
‘Doe't ik lêstendeis by Swolle wie,’ gong Rienk fierder, ‘jagen se in wiif mei pestplakken ûnder de eagen de poarte út. Wêrom soene wy dat mins dêr dan stean litte?’
Hy wiisde nei Lipkje, dy't noch altyd de earms omheech hie as soe se sa wer begjinne mei har ûnheilstiding.
‘Se komt Snits net wer yn!’ rôp de poartewachter.
Mar it bleau by dy wurden, want oan beide kanten, op en ûnderoan de terp, liken de bewegings ferstive.
‘Hie se it net oer de skym fan Lúsjefer?’ besocht Rienk it op 'e nij. ‘Doe't ik weromkaam fan de pylgerreis, ha 'k yn in Dútske stêd sjoen wat se diene mei in heks dy't it oanlei mei de duvel.’
‘Se hat satan yn har!’ waard der roppen.
‘Hoe doart se op dit plak te kommen?’
‘Krekt no't hjir it ljocht skynd hat.’
| |
| |
‘Se moat dêrwei!’
De poartewachter pakte in nije balke fan de grûn, stiek dy driigjend omheech en begûn earst te rinnen doe't Lipkje de earms sakje liet.
‘Yn de namme fan Kristus!’ klonk it oer de terp.
Nei dy oprop, teken dat it krús it winne soe fan de bokkepoaten fan Lúsjefer, draafde in wylde kliber efter de flechtsjende frou oan. Doe't se weiwurden wie yn it skaad fan it Johanniter kleaster, gong it folk yn ploechjes werom nei it wurk fan dy dei.
De oare moarns fûnen muontsen fan datselde kleaster, dy't mei hynder-en-wein op 'en paad wiene nei it haailân, it lyk fan Lipkje fan Goaiïngasweagen tusken wâl en wetter fan in slinke.
| |
| |
| |
19 It kleaster Thabor
Die stede, daer dit looster nw staet, hiete te vooren Abordt, daer heer Rienick een stinse met andere huisen hadde staen; maer den bisschop, die dit clooster eerst consacreerde ende wyede, die hiete dat clooster Thabor, nemende den letter T achter van dat woort, ende sette die voor ant woort. Daer nae, int jaer ons Heeren duisent vier hondert ende thien, heeft heer Rienick die werelt alheel verlaeten, ende is selues toe Thabor in zyn clooster gegaen, ende is aldaer professyt. Ende hoewel dat hy gheen priester worde, om dat hy veel bloedt hadde helpen storten in stryden, ofte anders als een rechters, hy ginck nochtans, gelyck die Reguliers, in priesters habyt. Hy leeffde in dit clooster, int geestelick habyt, ses ende twintich jaer, ende storff zeer oldt van jaeren, int jaer ons Heeren duisent vier hondert ses ende dartich, den XXIXen Februarij.
Yn de rin fan twa jier ferriisde op 'e terp Abwert in kleaster dat net ûnderdie foar dat fan de Johanniters. It meast opfallend wie de kapel mei de dakruter, dêr't de klok yn hong. Sudlik dêrfan lei it gebou dêr't de muontsen har ferbliuw hiene. Oan de oare kant fan de terp liken de fiif wurkpleatsen en stâlen weidûkt foar de âlde beamwâl. Dêr tuskenyn, op it noarden, stie de poarte mei de smelle doar, teken dat de brede wei fan de wrâld hjir ophold. Oan wjerskanten fan dy trochgong hiene se op mânshichte in muorre mei sjitgatten mitsele. Op dat plak wie de grêft, dy't om it hiele kleaster hinne rûn, op 'en breedst as waard hjir de oanfal fan Lúsjefer syn legermacht ferwachte. In barte, dy't by gefaar sa ynhelle wurde koe, wie de iennige tagong nei de poarte.
Wylst prior Alardus de takomstige muontsen oanfitere by de lêste tariedings foar de plechtige ynwijing, klom Rienk Bocke- | |
| |
ma by de ljedder op nei de souder, lei de earms op 'e stiennen ûnder it healrûne finster en seach út oer fjild en stêd. It leafst wied er op it hynder troch de Noarderpoarte riden om noch ien kear it ferline werom te heljen: it gefoel dat er hân hie doe't er fan syn reizen weromkaam, de eare dy't him takaam en it langstme nei in nije útdaging. Mar hy moast it diskear dwaan mei it útsicht op in stêd dy't ree wie om de biskop fan Utert, Frederik fan Blankenheim, in feestlike trochtocht te bieden. Op it bolwurk tusken de beide poarten wapperen lange findels en as er de eagen op skerp sette, waard er hjir en dêr kleurige kleden foar de gevels gewaar. It die him goed dat de eare foar de biskop ek op him, stifter fan it nije kleaster, ôfstrielje soe. Mar dochs, it hie noch moaier west as er by de eastlike wetterpiip yn in boat stapt wie om de Hookslinke op te farren, de biskop yn de mjitte.
Rienk lei de hân boppe de eagen en digere nei it súdeasten, dêr't it puollegebiet lei te blinken ûnder in simmerske loft. Hoe oars soe it wêze om by de moeting mei de heechste geastlike sels de holle te bûgen as om de holle fan it famke fan Goaiïngasweagen yn de sompige grûn te triuwen. Hy besocht it byld dat by him opkaam, út te wiskjen, mar it slagge net. Lipkje wie dea, ferstoarn oan de kant fan it paad. Tusken de kleare himel en de tsjustere djipte. Sa wie it begûn doe't se om har geit socht, sa wie it ek einige. Kristus of Lúsjefer...
Noch nea hie it him sa klear foar eagen stien dat hy en Lipkje net allinnich troch syn misse die ferbûn wiene, mar benammen troch de striid dy't Kristus en Lúsjefer fierden om harren siel. Dy fan har wie swart fan dwylsinnigens en syn eigen kleefde noch altyd it bloed fan slachtoffers oan, miskien ek wol drippen fan Lipkje. Hie hysels it folk net oproppen om har as in wyld dier te ferjeien, noch slimmer, hy hie har útmakke foar in heks, dy't de fjoerdea fertsjinne.
Hy fage it swit, dat him op 'e foarholle kobbe, ôf en mompele
| |
| |
dat er net fergees in kleaster boud hie. Mar daliks hellen de freeslike bylden fan Lipkje syn eigen takomst wer yn, want hoewol't hysels it lêste part fan syn libben yn it eigen kleaster foar syn sûnden boetsje woe, hie sy de bou op Abwert as it wurk fan de duvel tsjutten. Bedoelde se dat syn skuld sa grut wie dat it stiftsjen fan in kleaster gjin pas joech en flokte mei de himel?
Rienk treau de foarholle tsjin de izeren stilen fan it finster as woed er sa it fiere ferline út syn tinken ferdriuwe, mar daliks kaam dêr it sizzen fan Alardus foar yn it plak, hurde wurden dy't koartlyn yn de priorkeamer klonken hiene: ‘Om't dyn libben fol wie fan geweld, broer Rienk, is it nedich datst nei de nijbou fan it kleaster earst ôfbrekst watst fan dyn jonge jierren ôf ta in boufal ferwurde litten hast. Earst dêrnei kinst bouwe oan in nij libben as muonts.’
Mei de rjochterhân glied Rienk oer it boarst, dêr't er it stekken fielde. Hy striek oer de klopjende kiel as woed er him befrije fan de klau fan de eangst. Mei de fingers taaste er oer de dobben dy't de stilen yn de foarholle efterlitten hiene. Wat soe der barre as er hjoed ûnferwachts stoar, hjir yn it poartegebou, tusken de ljochte himel en it tsjustere wetter fan de grêft? Kristus of Lúsjefer...
Op 'e nij besocht er de bylden fuort te triuwen mei te sizzen: ‘Jawis, prior Alardus, myn libben koe net altyd sprekken lije, mar sa wier as de biskop hjoed komt, sil er ek my as muonts wije.’
Hy lei de hân wer tsjin de foarholle en folge mei de eagen de rin fan it wetter, dat fan de Hookslinke nei it suden bûgde en útkaam by de Sudersee. Allinnich in pear lytsere boatsjes mei in lange wimpel yn de mêst dreauwen healwei de slinke; it skip fan de biskop koed er lykwols noch net gewaarwurde.
Tichterby, tusken de Noarderpoarte en it Johanniter kleaster, foel syn each op in man yn in donkere mantel, dy't er daliks
| |
| |
oan syn manier fan rinnen koe. En om't syn ferlet nei oanspraak grut wie, gong er nei ûnderen en rûn Mauritius yn de mjitte. De ynbannige Litouske jonge wie útgroeid ta in rizige man mei in smel antlit, dêr't de wiisheid fan libbensûnderfining en kennisse út spriek. Dêrom hie Magister Alvinus him ek frege om learaar te wurden oan de Latynske skoalle.
‘Mauritius, ik hie dy al earder ferwachte,’ begûn er.
‘De learlingen moasten taret wurde op 'e trochtocht fan de biskop en dêrom ha 'k se in les leard oer Mozes,’ joech er as beskie.
‘Oer Mozes?’
Se wiene healwei de stêd en de terp en it wie as hold Mauritius, doe't er fierder prate, de stap wat yn: ‘Der stiet beskreaun dat Mozes, dy't it folk Israel troch de woestyn fierde, de wet fan God op 'e berch Sinaï krige. Doe't it folk sawat by de Jordaan wie, moast Mozes fan de Almachtige de berch Nebo beklimme. Om't er sûndige hie, mocht er it lân fan belofte allinnich út 'e fierte sjen en dêrnei waard er opnommen yn de himel.’
‘Wat woest dêrmei sizze?’ frege Rienk.
‘Yn it foarste plak dat it libben in trochtocht is. Wat myn eigen libben oanbelanget út Lublin wei fia Grodno nei Snits, troch de woestyn hinne, oant it úteinlik tichter by it lân fan belofte komt, no't ik opnommen wurd yn it kleaster dêr foar ús. Mar ek tsjut it ferhaal op 'e trochtocht fan de biskop, dy't hjoed troch de grêft fan Snits fart, yn myn eagen de stêd fan striid, galge en reboelje, nei de terp dêr't nederigens, ienfêld en leafde it foar it sizzen krije.’
‘Bedoelst dat ik dêr net thús hear?’ biet Rienk him ta.
Mauritius rûn rêstich troch, skodholle stadich en sei freonlik: ‘Heit syn libben hat ek in tocht west, in lange tocht mei yn de lêste jierren stappen yn de rjochting fan de hichte fan Abwert.’
‘Jawis,’ sei er begearich, ‘ik wie al begûn mei de bou, foar't se fan Windesheim hjir kamen om te besjen oft it plak wol gaadlik
| |
| |
wie. Sis no sels, wie dat net ien fan dy stappen?’
Mauritius knikte.
‘Doe kamen se hjir foar de twadde kear en do hast se foarrekkene dat ik de fyftich goudstikken foar de bou wol op it kleed lizze koe en fierder alle jierren twa kear safolle om it kleaster yn stân te hâlden. Is it wier of net?’
‘Sa is it.’
‘En doe't der rûzje kaam tusken my en de Johanniters om it stik lân by de Frjentsjerterfeart, hat de biskop sels útspraak dien. Strak sil Frederik fan Blankenheim fan board stappe op it lân dat er Abwert taskikt hat. Soe dan de lêste stap net wêze dat ik yn myn eigen kleaster ynwijd wurd as muonts?’
Rienk, dy't de wurden as pylken op syn doel ôfsketten hie, rjochte tefreden de rêch. It koe net oars as it wie rekke. Yn spanning wachte er op 'e befestiging. Mar Mauritius draaide him swijend om en stie in amerij nei it Johanniter kleaster te sjen.
‘Mozes hat op twa bergen west,’ sei er einlings, ‘de berch fan de wet en dy fan it útsicht op it lân fan belofte. Sa binne bûten de poarten fan Snits ek twa hichten mei kleasters. Wat it kleaster fan de wet en it kleaster fan de belofte is, kin ik gjin antwurd op jaan. Mar wat ik wol wit, is dat it iene net sûnder it oare kin. Wa't nei de wet libbet, kriget sicht op it beloofde lân.’
It wie earst yn de moarntiid fan de oare deis dat út 'e sydbanken fan de folle kleasterkapel lege en hege manljusstimmen as twa rivieren gearrûnen yn in harmoanyske see. Ut Snits en de doarpen yn de omkriten wei wie it folk tastreamd om foar de twadde kear in glim fan Frederik fan Blankenheim op te heinen. Dy siet yn biskopstoai, mei in goudkleurige mantel om de skouders en op 'e holle in miter fan deselde kleur, op it poadium ûnder it krús fan Kristus.
Op syn tocht troch de grêft fan Snits hied er de rige folk op it
| |
| |
bolwurk mei in breed gebeart seinige, wylst jong en âld deemoedich de holle bûgde.
Yn it ferline hiene de Snitsers mei grutskens by harren eigen ridder-haadling opsjoen, doe't dy heech op it hynder yntocht hold; diskear seagen se fan de hege wâl mei earbied del op 'e biskop dy't ûnderweis wie nei de stifting fan dyselde Rienk Bockema. No't se der wis fan wiene dat de hege geastlike it kleaster ynwije soe, koe it net oars as it wie boud ta eare fan God en net as in nije boarch fan macht en geweld. Dêr hiene se earder bang foar west, mar by it foarbyfarren fan de skipper nêst God sonk har eangst fuort yn de draaikolken efter de biskoplike boat.
Wylst de biskop en de prior tegearre de mis opdroegen en yn it lichem en bloed fan Kristus de wei wiisden nei in libben tusken oerjefte en befrijing, tocht Rienk Bockema werom oan de wurden fan Mauritius, dy't yn deselde rige as hy siet, allinnich in foet heger en tichterby it alter.
Wat wie it kleaster fan de wet en wat fan de belofte? Hy hie as jonge by de Johanniters leard wat goed en kwea wie. De âlde muonts Martinus hold him allegeduerigen foar dat de smelle wei fierde nei de himelske hearlikheid fan God en de brede nei de helske ferskrikkings fan Lúsjefer. It byld fan de twa fjochtsjende swarte klysters, teken fan it duvelske, stie him nei mear as fjirtich jier noch altyd klear foar de geast. Mar as de wet by it Johanniter kleaster hearde, dan moast syn eigen kleaster sicht jaan op it lân fan belofte.
Rienk seach op doe't de koarsang weistoar en boppe it oanboazjende rûzjen fan stimmen út nammen klonken. Wylst it folk nei foaren krong en him lang makke om te sjen hoe't de takomstige muontsen har opstelden yn in heale rûnte foar it alter, bûnze it hert him yn de kiel. Hy hearde de namme fan Mauritius en kaam sels ek oerein. Mar yn de stilte dy't nei it neamen fan de lêste namme foel, fersloppen al syn spieren. As yn in di- | |
| |
ze waard er Mauritius gewaar, dy't by de prior stie en doe op him takaam. Hy fernaam in hân op it skouder en sakke werom op 'e bank.
Wylst de pijen foar it alter op 'e flier leine en it hillige wetter kapel en muontsen wijden, hearde er troch it fiere, galmjende lûd fan de biskop hinne de fertroude stim fan Mauritius, deunby syn ear: ‘Tegearre binne wy hjir juster kommen, as heit en soan, tegearre sille wy ek muonts wurde, heit.’
It klonk as in belofte dy't him weak makke en om te ferbergjen dat er oandien wie, liet er de knikkende holle sakje. By de lêste wurden fan Frederik fan Blankenheim, dat Abwert tenei Thabor hjitte soe, siet er noch altyd te knikken.
Twa jier letter, yn in rûzige hjerstnacht fan it jier 1410, stie Rienk Bockema rjochtop yn de sel fan it kleaster Thabor en harke er nei de tekens bûten en binnenyn him. De stoarm, dy't troch de keale tûken fan de beammen bearde en om de hoeken fan it kleaster gûlde, liet it reinwetter tsjin de lûken kletterje. It wiene de machten fan de wrâld, dy't foar de lêste kear de oanfal ynsetten. Rienk bûgde de holle en glimke om it ferskil mei de rêst dy't de lêste tiid oer him kommen wie. Moarn soed er, tegearre mei Mauritius, de geloftes fan hearrigens, earmoede en keinens ôflizze en dêrmei ôfstân dwaan fan in wrâld dêr't er sa lang macht oer útoefene hie. It fernuvere him dat de oergong sûnder striid ferrûn, want syn libben lang hied er yn gefjocht west mei de fijân en mei himsels. Sels as er op trochtocht oernachte yn in kleaster: Sint Odulfus by Stamm, de kleasters tusken Fryslân en Fenetië, it Fransiskaner kleaster te Jeruzalem, it Sint Nikolaas Konvint yn Aldskoat, Windesheim by Swolle. Hied er troch syn hâlden en dragen de fijân fan syn eigen djipste sels west?
Lykwols yn Thabor wie it as waard er opnommen yn in wrâld dêr't er frede hie mei himsels.
| |
| |
Sûnt Mauritius twa jier lyn keazen hie foar de wei fan de heit, wie dat gefoel hieltyd sterker wurden. Tegearre reizgen se nei Windesheim en nei't Mauritius foar him yn de pleit west hie by prior Jehannes fan Heusden, klaaide dy harren yn as muonts. En wer lei de soan de hân treastend by de heit op it skouder, want sels nei in proefjier yn it eigen kleaster, soe Rienk fanwegen syn ferline nea de prysterlike taken waarnimme meie.
Wer ûnderweis nei Snits wie syn ferearing foar Marije te praat kommen, de leafde foar de Hillige Frouwe, dy't him faak ris middenyn de selsstriid foar in amerij rêst joech. Se hie him ferwitend oansjoen, ferjûn, om help frege, treaste en om him gûld. Hy hie foar har op 'e knibbels lein, har rêde wollen en meinommen út Grodno wei. En doe't er tsjin Mauritius sei dat er har miste, woe dy ha, de Leave Frouwe soe fan it kleaster fan Sint Antonius oerbrocht wurde nei Thabor. Syn wollen makke er wier, want sûnt in jier stie it byld, dêr't Mauritius en Jeppe har yn Grodno efter ferskûle hiene, yn de kapel op 'e terp.
Doe't de namme fan Jeppe foel, op it paad tusken Aldskoat en De Jouwer, dêr't de beide Litouske jonges yn 1393, mei it byld fan Marije tusken harren yn, op 'e wein sitten hiene, wurken de wurden fan Mauritius op 'e nij as salve op syn ferwûne siele. Hy prate de skuld fan syn pleechbroer en -heit net goed, de balstjurrigens fan de iene en de wredens fan de oare. Mar om't er der altyd tuskenyn stien hie, tusken Joad en kristen, droech er it erfdiel fan beide mei en dêrmei ek in part fan de skuld. Hy hie Jeppe ferdigene en wie tagelyk de machthawwer fan Snits net ôffallen. En wylst Jeppe ûnder de wrede hannen fan syn pleechheit twongen waard om te knibbeljen foar it byld út Grodno, lei Mauritius frijwillich op 'e knibbels fanwegen syn skuld dat er it net ta in fersoening bringe koe.
De hiele nacht brocht Rienk wekjend yn de sel troch, inkeld ûnderbrutsen troch de metten en lauden. De iene oere lei er op 'e
| |
| |
knibbels foar it krûkje mei de triennedoek fan de Hillige Frouwe, dat er yn Jeruzalem fan de muonts Gottlieb krigen hie. It ferbylde foar him it himelske meilijen dat delkaam op 'e ierde en syn eigen libben draachlik makke hie. De oare oere stie er ûnferweechlik mei yn de hân it boek fan de libbenen, dat de stjerrende pylger út Norden him op Rhodos jûn hie. It wie foar him in teken wurden fan it ierdske libben dat opgong nei de himelske hearlikheid. Dêrmei seach er syn eigen libben yn it ljocht fan it beloofde lân.
Dat lân waard er de oare deis twa kear in skymke fan gewaar, earst doe't it moarnsljocht troch de finsters fan de kapel foel en Mauritius en hy nei de mis de geloften fan hearrigens, earmoede en keinens ôfleine. Wylst de muontsen de lofsang ynsetten en hy opseach nei it byld, wie it as striele it antlit fan de Leave Frouwe as de sinne.
It lân fan belofte ljochte ek letter yn de middei op, doe't er yn syn grauwe wurkerspij op 'e knibbels yn de modder lei om de lêste woartels op te dollen. Nei't er, sa stiif as in planke, oereinkommen wie, skoden de wolken útinoar en sette de sinne it kleaster yn in klear ljocht. It brocht him werom yn de tiid, doe't de galei mei pylgers by de kust fan it Hillige Lân lâns foer en boppe it berchte in brek yn de wolken kaam as gong de himel iepen.
‘Thabor,’ mompele er, ‘de berch Thabor...’
It wie likernôch tolve jier dêrnei, yn septimber 1422, doe't de swarte dea troch Fryslân ware, dat in brânhoutmeagere man op 'e poarte fan Thabor kloppe. Hy fertelde de portier dat er hjerstmis as lekebroer tagong frege yn ien fan de kleasters fan de kongregaasje fan Windesheim om it devoate libben fan de muontsen te dielen. Mar dit jier wied er earder, want de jierren as kluzener woegen him swier op 'e âlde lea en de tiid fan libjen waard hieltyd koarter om de lêste dingen te dwaan. Op 'e
| |
| |
fraach fan de muonts oft er wol wist dat de pest ek al twa slachtoffers yn it kleaster makke hie, antwurde er dat de dea him ek wol fine koe bûten de muorren fan Thabor.
Rienk Bockema seach Ygo Jongema foar it earst yn it refter dêr't er, swijend tusken de muontsen, yn syn beane siet om te plúzjen. Se hiene inoar net wer sjoen sûnt Ygo it fisioen fan de bou fan it nije kleaster op Abwert útsprutsen hie. Doe't de eagen fan de eardere skyldfeint dy fan de ridder moeten, rûn oer it gesicht in glim fan begryp, folge troch it skaad fan de wifeling. Hy like útlibbe as in kears dy't it lêste fet ferbrûkt en dêrnei dwêst.
Doe't nei in wike it plak fan de nije lekebroer yn kapel en refter leech bleau, seagen de muontsen inoar mei in tsjustere eachopslach oan. Guon jongere broers rûnen mei in hastiger stap by de doar fan de sikeseal lâns, bang dat dy iepengong en de dea de kloeren ek nei har útstekke soe.
Dyselde deis lei de prior nei de fesper, by it ferlitten fan de kapel, de hân op it skouder fan Rienk Bockema en flústere dat Ygo Jongema nei him frege hie en oft er ree wie om in minske yn need by te stean. Hoewol't er al earder de dea ûnder eagen sjoen hie, flime de fraach no as in swurd troch him hinne en fielde er nei safolle jierren de selsstriid wer opflamjen. Wat moast er dwaan? As er wegere, soed er de jonge en letter de man dêr't er mei ferbûn west hie op libben en dea, yn de steek litte en de frede ferlieze. Mar stimde er ta, dan soed er hjoed noch de dea yn de eagen sjen en nei alle gedachten tegearre mei Ygo de lêste reis meitsje.
‘Ik ha begrepen dat jim tegearre op pylgertocht west ha,’ hearde er.
‘Ja,’ sei er.
‘En dêrnei kaam de ferwidering.’
Hy knikte.
‘Faak komme de wegen oan de ein wer byinoar.’
| |
| |
Hy liet de eagen troch de lege kapel glide oant se útkamen by de Hillige Frouwe. Op har antlit lei deselde tragyk fan leafde en fertriet dy't him yn Jeruzalem en Grodno ek oandreaun hie. ‘Ik sil nei him ta,’ sei er.
Ygo Jongema lei mei de holle efteroer en sykhelle swier. Underoan de smelle hals skimeren bulten, dy't mei de bewegings fan de smûgjende kiel yn it ljocht fan de kears fan kleur feroaren, fan readeftich griis oer donkerblau nei swart. Nei't it skaad fan Rienk oer him hinne fallen wie, draaide er de holle justjes fansiden. De glimk om de mûle ferloek, doe't er krampeftich begûn te hoastjen. It duorre in amerij foar't er mei in heas lûd sei: ‘Kom net te ticht by my, broer fan Thabor.’
It wie de earste kear dat er him mei broer oanspriek. Hy tilde de rjochterhân yn in ôfwarrend gebeart op. Rienk skode de kruk nei de muorre en gong sitten.
‘Sa is it goed,’ sei Ygo, ‘de lêste dingen moatte no sein wurde.’
Hy kielskrabe mei de eagen ticht, wylst de pine him oer it gesicht loek.
‘Moatst dy net tefolle ynspanne,’ sei Rienk, ‘do hast rêst nedich.’
‘Dy komt earst as alles sein is.’
Dêrnei begûn Ygo Jongema te praten, earst hastich, suver hymjend, faak ûnderbrutsen troch in skerp hoastjen, yn de rin fan it ferhaal rêstiger en oan de ein deawurch, mar mei in glimk om de mûle. Mei de alderearste sin loek er in bôge oer syn lijen, fan doe't er noch skyldfeint wie oant de swarte dea dy't er sûnt koart yn de eagen seach: ‘Al sûnt it ferstjerren fan Bot Sickinga ha 'k gjin rêst mear hân. En doe't wy op pylgerreis deade geiten yn de rivier driuwen seagen, kaam har byld werom. Mar tagelyk seach ik ús heit derby, sa't ik him sjoen hie op dy middei fan de tredde febrewaris. Dat wie doe't ik it hynder nei Abwert brocht
| |
| |
hie en dêrnei nei de Frjentsjerterfeart rûn, dêr't ik him mei in oar hynder omskarreljen seach. Hy waard kjel, stammere dat er my dêr net hawwe woe, mar ik hie it lyk al sjoen. Doe sei er dat de frou fan Rienk Bockema ferdronken wie. Ik moast de haadling warskôgje, hysels soe help freegje by de muontsen...’
Ygo syn lûd wie weisakke en wylst er begûn te hoastjen, striek er mei de hân oer it boarst as ferdronk er yn syn eigen slym. Doe't er wer op azem kommen wie, sei Rienk: ‘Dus jim heit wie derby en hat...’
Ygo ûnderbriek him as woed er sels opbychtsje wat him al in libben lang efterefolge: ‘Ik seach ús heit by de beek as yn in fisioen en de twivel dy't djip yn my woartel sketten hie, groeide út ta in freeslik fermoeden... heit wie de moardner. Dat ferskriklike geheim ha 'k de hiele pylgerreis meidroegen, wylst de man fan it slachtoffer deunby wie. Dêrom kaam de Joad Jakob foar my as in ingel út 'e himel...’
Yn de lange stilte dy't folge, krongen de lûden fan bûten troch: kwêkjende einen yn de kleastergrêft, folge troch in skreauwende krie en it balten fan in fiere ko. Rienk stoarre nei it finster boppe-yn de muorre, dêr't de lûden nei weromkeatsten, hingjen bleauwen en bylden oprôpen fan Frjentsjerterfeart en Hookslinke, hynder en geit, Bot Sickinga en in jong famke, dat útgroeide ta in frou, dy't troch de boatebouwer meifierd waard nei in hûs by de eastlike wetterpiip. It dûbele fertriet dat er fielde, woech er ôf yn de skealjes, dy't inoar suver yn lykwicht holden.
‘Dus Wamme Alderts is ûnskuldich,’ sei er sêft.
Ygo knikte.
‘It kaam ús heit oan de iene kant goed út dat Wamme op dyselde middei mei in gloednije boat troch de Frjentsjerterfeart foer. Hy hoegde allinnich mar it fermoeden fan skuld te befestigjen troch de boatebouwer fertocht te meitsjen. Wêr koe men de feart ommers better sjen as fan de terp fan Abwert ôf? Mar
| |
| |
doe't ús heit Wamme op in kâlde winterdei troch de doar fan Rodenboarch stappen seach, miende er dat alles omdraaid waard: Wamme hie him by de feart sjoen en soe syn ferhaal by de rjochter fan Snits dwaan...’
Ygo smûgde mei skokken en taaste nei de beker, dy't op 'e flier stie. Doe't Rienk him helpe woe, skodholle er. Hy makke de fingers wiet, striek dy oer de droege lippen en stiek se dêrnei yn de mûle as woed er romte meitsje yn it slym. Wer kamen der bylden by Rienk boppe: hy stie yn de hearekeamer fan Rodenboarch, brocht de lippen nei it finster en azeme in gat yn de blommen, dêr't er Sjoerd Jongema yn gewaar waard, dy't hastich nei de slachterij rûn.
‘It is better sa,’ sei Ygo, nei't er de fingers út 'e mûle helle hie. Foar't er syn ferhaal ferfetsje koe, frege Rienk: ‘Is jim heit doe nei de slachter gongen om de twadde moard ta te rieden?’
‘Ja, mar...’
‘Dat ha 'k sjoen, mar do wiest der net by.’
Ygo seach him freegjend oan.
‘Hat Sjoerd Jongema dy alles ferteld?’
‘De lêste kear dat ik by heit op Abwert wie, sei er dat de tiid aloan koarter waard om de lêste dingen te sizzen. Doe hat er opbychte dat der wraak yn it spul wie, jaloerske wraak op 'e ridder fan Snits, dy't him alles ôfnommen hie. Earst de ienriedigens tusken man en frou, om't syn Makke op har siikbêd de kant fan de haadling keas, doe Abwert sels en letter helle er syn soan nei Rodenboarch om skyldfeint te wurden. In heit dy't syn soan ferlear oan in heit dy't gjin soan hie. It wie foar him slimmer as it ferlies troch de dea. Dêrom fielde er it letter as in ferromming dat ik yn it Hillige Lân bleaun wie, miskien wol foargoed, weiwurden yn de drek fan it Joadendom of as lyk ûnder de toarre grûn, sa't er sei. Mar foar de tiid hied er al, út wraak foar syn eigen ferlies, Bot Sickinga foargoed fan de haadling ôfnommen.’
| |
| |
Ygo die syn eagen ticht, wylst it boarst, as ûnrêstich wetter oan leger wâl, op en del gong.
‘Sil ik letter weromkomme foar de alderlêste dingen?’ frege Rienk.
Ygo skodholle.
‘Us heit hat my yn ien en deselde oere ek alles ferteld,’ sei er en mei swakker lûd ferfette er: ‘De twadde soan fan de slachter, Sierd Rinkes, gong op dy kâlde dei mei ús heit nei Abwert te bargeslachtsjen. It fleis moast Sierd nei it roppige steechjesfolk bringe. Lamme Wisses en Simme Gerrits hawwe as tsjinprestaasje Wamme Alderts de hals útsnien en ûnder it iis treaun. De slachterssoan en pastoar Jehannes krigen in ponge jild, de iene om de mûle ticht te hâlden, de oare om in Latynske skoalle te iepenjen. It wie in part fan it jild dat heit yn de rin fan de jierren fan de belesting efterholden hie.’
Yn de stilte dy't foel, frege Rienk: ‘En as Wamme op Rodenboarch Sjoerd Jongema no al beskuldige hie fan de moard... wêrom...’
Hy seach dat de sike syn pupillen efter de lidden wei waarden en inkeld de lege eagen him oanstoarren.
‘Ygo,’ sei er hastich, ‘sil ik de prior helje?’
De eagen waarden wer fol en tagelyk kaam de stim werom: ‘Allinnich wy tegearre, gjinien oars.’
In amerij letter gong er fierder: ‘Ik hie dyselde fraach en it antwurd fan heit wie: Wamme syn wurd tsjin dat fan my... wa soe winne... wûn Wamme al, dan hie myn wraak al west... boppedat soe in twadde moard de haadling ôfliede fan de earste...’ Rienk knikte.
‘Jou dy no mar del,’ sei er.
Mar mei de krêft dy't de swarte dea noch net oantaast hie, kaam Ygo heal oerein, wylst er steunde op de lofterearm.
‘Broer fan Thabor, doch de mantel ûnder myn holle, sûnder my oan te reitsjen,’ flústere er.
| |
| |
Rienk skode de ferware dracht teplak, mar gong net werom nei syn kruk.
‘Dizze mantel ha 'k in heal libben lang boete yn dien, foar heit... de kleastersel winterdeis wie net genôch... yn de iensumens fan de bosk koe ik Lúsjefer moetsje... dêr ha 'k mei him fochten op libben en dea... ik wûn tusken de beammen... mar de lêste stap nei de ridder fan Snits koe ik net sette... tusken him en my stie de duvel... op Rodenboarch foar't de reboelje útbriek... op Abwert foar't de kleasterbou begûn... hy hold my tsjin... mar no is er fuort...’
Ygo die de eagen ticht en glimke.
Rienk seach nei it gesicht dat, hoewol't tekene mei de grauwe streken fan de pest, opljochte út it inerlik wei. It moast de rêst wêze dy't einlings oer him kommen wie. Wat er meimakke hie, wie yn lykwicht rekke mei't er de lêste stap sette nei in man, haadling en ûnderdrukker, dêr't er mei ferbûn wie en dy't him ôfstjitte, earst heit en letter feint fan de duvel. Ygo wie hinne en wer weage tusken syn eigen heit en him, tusken de moardner en de oantaaster, de ferliezer en de sabeare winner, dy't letter sels ferliezer waard. Lykas Mauritius tusken Jeppe en him yn stien hie, de reboeljemakker en de wrede rjochter, dy't letter troch syn eigen folk rjochte waard.
Op 'e nij seach Rienk Bockema de skealjes fan syn libben foar him, mei oan de iene kant syn skuld en oan de oare de boete, de bou fan Thabor en syn ferbliuw yn it kleaster. It swit briek him út, doe't er gewaar waard dat de skealje mei de skuld trochsloech en syn boete justjes te licht wie. Mar wat moast er dan noch mear dwaan as wat er al dien hie? Op it stuit dat de selsstriid wer drige op te lôgjen, seach er tusken de skealjes, krekt yn de midden, de deadsholle fan Ygo, dêr't de wûnderlike glâns fan de frede op lei. Doe pakte er de rjochterhân, deselde dy't oardieljend nei him wiisd hie foar't de reboelje yn Snits útbriek, en dy't no slop, as los fan de romp, by de brits del hong.
| |
| |
‘Ygo, myn soan,’ flústere er, ‘wat moat ik dwaan?’
It antwurd ljochte yn de rin fan de nacht op, nei't de prior west hie foar de hillige salving en wylst hysels oan de side fan de stjerrende bleau. It wie de kar dy't er makke om tegearre de wei oan it lêst ta te gean. Syn ferskuorde siel wie ien wurden en ien mei de meiminske.
De swarte dea liet Rienk Bockema fierder gean en yn de tiid dy't him noch jûn waard, libbe er yn it lykwicht tusken ôfsûndering en mienskip. Yn de ôfsûndering ferdjippe er him yn de boeken en skreau er oan syn eigen ferhaal, de rispinge fan syn libben; en yn de mienskip parte er troch syn hâlden en dragen de fruchten dêrfan út oan syn meibruorren.
Nei fjirtjin jier rûn syn libben stadichoan nei de bedelte. Mar de Almachtige joech him noch ien ekstra dei, de dei dat er op 'e berch tild waard en as geastlike ridder syn ferstoarne neisten, yn it ljocht tusken de himel en Thabor, lâns kommen seach: Doede Bockinga en Reynke Donia; Bot en Fekke Sickinga; Hisse en Hylck; Boate Kammen en Juw Juwinga; Lipkje en Wamme; broer Martinus en pastoar Jehannes; Jeppe en Mauritius en oan de ein fan de rige Ygo Jongema. Hy stoar op de 29ste febrewaris 1436, doe't er 86 jier wie.
| |
| |
| |
Persoanen
Rienk Bockema |
- haadling en ridder fan Snits |
Bocke Doedinga |
- heit fan Rienk Bockema |
Reynke Donia |
- mem fan Rienk Bockinga |
Bot Sickinga |
- frou fan Rienk Bockema en dochter |
|
fan Fekke Sickinga |
Fekke Sickinga |
- heit fan Bot Sickinga en heareboer |
|
yn Goaiïngea |
Lamkje Roorda |
- mem fan Bot Sickinga |
Hisse |
- âldste dochter fan Rienk Bockinga |
|
en Bot Sickinga |
Hylck |
- jongste dochter fan Rienk Bockinga |
|
en Bot Sickinga |
Agge Harinxma |
- man fan Hisse, haadling fan Snits |
Bocke |
- soantsjer fan Agge en Hisse |
|
|
Boate Kammen |
- tsjinner fan Rienk Bockema |
Aylof de Gruyter |
- foaroanman yn Snits en bewenner |
|
fan de Gruytersmastins |
Sjoerd Jongema |
- boer op Abwert |
Makke Wiggers |
- frou fan Sjoerd Jongema |
Ygo Jongema |
- soan fan Sjoerd Jongema en Makke |
|
Wiggers |
Wamme Alderts |
- boatebouwer |
Lipkje fan Goaiïngasweagen |
- frou fan Wamme Alderts |
Bouwe Durks |
- learmakker |
Wike Lolles |
- frou fan Bouwe Durks |
Durk Bouwes |
- soan fan Bouwe en Wike |
|
|
Raymond de Berenger |
- grutmaster fan de Johanniter Oarder op Rhodos |
| |
| |
Wybrandus fan Loaiïngea |
- abt fan it Joh. kleaster fan Snits |
Martinus |
- muonts yn it Johanniter kleaster |
Jehannes |
- pastoar yn Snits |
Alardus |
- prior fan it kleaster Thabor |
|
|
Magister Alvinus |
- rektor fan de Latynske skoalle |
|
|
Walle Galama |
- haadling fan Aldegea |
Juw Juwinga |
- haadling fan Boalsert |
|
|
Gosse Doedes |
- skipper te Starum |
|
|
Edward III |
- kening fan Ingelân |
Richard II |
- soan en opfolger fan Edward III |
Alice Perrers |
- ealfrouwe en twadde freondinne fan Edward III |
Sierk Ekinga |
- opsichter fan Edward III |
|
|
Rosine |
- betsjinster yn de havenherberch op Rhodos |
Born Luckens |
- pylger op Rhodos |
Hilleban Nappens |
- frou fan Born Luckens |
|
|
Friedrich of Jakob |
- in Joad út Speyer, pylger nei Jeruzalem |
|
|
Gottlieb |
- muonts yn it Fransiskaner kleaster te Jeruzalem |
Andreas |
- muonts yn it Sint Nikolaas Konvint te Aldskoat |
Simeon |
- muonts yn it Sint Odulfuskleaster te Starum |
Albrecht Goldap |
- ridder-muonts fan de Dútske Oarder |
| |
| |
Rudolf Ostrand |
- ridder-muonts fan de Dútske Oarder |
Grutte Geart |
- foaroanman fan de Devoasje |
Florens Radewijns |
- stifter fan it kleaster Windesheim by |
|
Swolle |
Jehannes fan Heusden |
- prior fan it kleaster Windesheim |
Frederik fan Blankenheim |
- biskop fan Utert |
|
|
Willem fan Gelre |
- hartoch fan Gelre |
Albrecht fan Beieren |
- greve fan Hollân |
Wenceslaus |
- kening fan Bohemen |
Witold |
- gruthartoch fan Litouwen |
|
|
Boeke Libbes |
- kastlein fan ‘De folle baarch’ |
Dukke |
- de hoer fan Snits |
Lize |
- tsjinster yn in herberch te Lübeck |
|
|
Rinke Simens |
- slachter yn Snits |
Sierd Rinkes |
- twadde soan fan Rinke Simens |
Binne Koops |
- tredde soan fan de weinmakker yn |
|
Snits |
Lamme Wisses |
- soan fan it steechjesfolk |
Simme Gerrits |
- soan fan it steechjesfolk |
|
|
Jeppe |
- knaap út Litouwen |
Mauritius |
- knaap út Litouwen |
|
|