| |
| |
| |
15 Read as bloed
Broer Simeon wie in Benediktiner muonts fan goed sechtich mei eagen dy't nei syn eigen siel ta keard liken. Se leine ferskûle efter tsjokke wynbrauwen en teisters, wiene lyts en donker en beweegden amper. Syn stal, lang en smel, wie bûgd as loeken tagelyk de himel en de ierde oan syn wêzen.
Rienk Bockema siet foar broer Simeon oer, yn deselde sel dêr't er syn straf yn 1365 ûndergien hie. De muonts, dy't yn de bibleteek boppe in tsjokke foliant sitten hie te lêzen, woe ha se soene har weromlûke nei de stilte fan syn kleastersel.
Doe't de stilte Rienk te lang duorre, sei er: ‘Ik bin hjirhinne stjoerd troch pastoar Jehannes.’
‘En wat bringt josels by my?’ frege de muonts.
‘Sint Odulfus...’
‘Sint Odulfus, ja...’
De muonts tilde de holle justjes op, taaste mei de eagen it gesicht fan syn gast ôf en sei: ‘Dat tocht ik al... hat jo krústocht yn tsjinst fan de Ingelske kening fertuten dien?’
‘Myn krústocht. Hœ witte jo dat ik op krústocht west ha?’ frege Rienk ferheard.
‘As it my goed heucht, wiene jo it dy't yn dy stoarmige nacht ús Leave Frouwe yn feilichheid bringe woe.’
Rienk seach him ferwezen oan, knikte in pear kear en rôp doe: ‘Dan wiene jo dus... ien fan dy muontsen... yn dyselde nacht, ja... ik hear noch hoe't de stoarm oer de kapel raasde en it wetter tsjin de súdmuorre sloech... stiet it byld der noch?’
Broer Simeon stiek beide hannen foar it gesicht as woed er him ôfskermje tsjin de stream fan wurden.
‘Hat jo krústocht fertuten dien?’ sei er wer, suver flústerjend.
‘Wy hawwe de Turkske heidenen op see ferslein en...’
| |
| |
‘... en sa de hillige tsjerke beskerme,’ folle de muonts oan, ‘dan wit ik genôch. Wat woene jo fan my witte?’
‘Dat ha 'k al frege,’ sei er.
Hy gong oerein, rûn nei de doar, draaide de holle oer it skouder en grommele dat er him yn dit kleaster net wer de les lêze liet, sels net troch in muonts fan Sint Odulfus.
Broer Simeon skodholle en sei glimkjend: ‘Fansels net, hear Bockema, jo binne frij om dizze sel sûnder myn les te ferlitten, mar om't wy beide ferbûn binne mei de Leave Frouwe, sille jo weromkomme, dêr bin ik wis fan.’
Hy strûpte de rjochtermouwe fan de pij omheech en stiek de earm nei foaren. Tusken pols en earmtakke wie in lange groede, ûnderoan breed en blau-eftich, nei boppen ta útrinnend yn twa smellere, readige streken, de lofter heger as de rjochter.
‘Ik bin tekene,’ sei er, ‘werkenne jo de oarsprong?’
Rienk loek oan de skouders.
‘Kom tichterby, myn freon, en sjoch nochris goed.’
It wie as sloech ynienen de wjerljocht troch de sel, in frjemd skynsel dat in telmannich boppe de earm fan de muonts hong, in glim fan werkenning.
‘It... byld,’ stammere er.
‘Ha 'k it net sein dat wy troch de Frouwe ferbûn binne?’ hearde er de muonts sizzen.
It ferhaal dat doe folge, fierde him mei en it wie as waard it ferline, fiif jier foar syn berte, syn eigen werklikheid, in dream fol fan belofte en tagelyk benearjend.
‘It barde yn it lêst fan septimber, yn it jier 1345. Hoewol't ik amper fiif moanne as novise yn it Sint Odulfuskleaster ferkearde, like it swiere libben fan wurk en gebed in ivichheid. Ik wie tige ûnwennich fan de frijheid fan myn jongesjierren en socht yn de kapel alle kearen wer it antlit fan de Leave Frouwe, de mem fan it Bern, en stadichoan naam se my ek oan as har soan. Se glimke
| |
| |
fol begryp, as ik yn de neare nacht, noch deawurch fan de wurkdei, op 'e hurde kapelbank knikkeboljend siet te sjongen. En wannear't ik troch in stomp fan de buorman wekker skrok en de triennen my, fan fertriet en grime tagelyk, yn de eagen kamen, treaste se my en bede myn lilkens del. Troch har is myn siele tekene mei in leafde, grutter as dy fan in mem.
Op dy neisimmerdei yn septimber bin ik ek yn it fleis tekene, mar dat wist ik earst nei't op 'e earm in groede kommen wie. Yn de moarntiid, krekt foar myn deistich wurk yn de kleastertún, waard ik oan de kym in float koggen gewaar. As in flecht miuwen, dy't leech oer it wetter skeaten, holden se op it kleaster oan. Hoewol't de abt grútsjen heard hie fan in mooglike oanfal fan de Hollanners ûnder lieding fan greve Willem IV, wie it net yn him opkommen dat it kleaster gefaar rûn. Om't ik fierwei de jongste wie en it hurdste drave koe, stjoerde er my der op út om yn Starum help te heljen. Mar op it stuit dat ik troch de stedspoarte kaam en âle dat Sint Odulfus oanfallen waard, riisden yn it easten wolken reek op. In âlde fisker fertelde dat de Hollanners by it Reaklif oan lân kommen wiene en dat Laaksum al baarnde. Hy gnyske, kwitste fol ferachting in striel flibe op 'e grûn en grommele dat de Starumer fiskers dyselde nacht al nei it noarden set wiene om de Friezen te warskôgjen. De Hollanners soene bliedend de see yn jage wurde, foarsei er.
Dy hiele dei swalke ik troch de stêd en smeke it folk om Sint Odulfus fan de ûndergong te rêden, mar myn wurden waarden inkeld opheind troch froulju, bem en de âlderein. Hieltyd wer kaam my it byld fan de Leave Frouwe foar eagen, dy't my smeekjend oanseach as moast de soan har rêde.
Yn de lette middei dreauwen striidbere manlju de oerbleaune Hollanners werom nei de Sudersee en setten doe nei it noarden ta, de kant út fan it kleaster. It bloed jage my nei de holle en de machtleazens, dy't my oerenlang behearske hie, sloech om yn ekstaze. Ik sleat my oan by de dravende en skreauwende kliber,
| |
| |
fûn ûnderweis in dolk en waard meifierd troch bline driften fan haat tsjin de fijân, dy't myn Mem bedrige.
Doe't ik gewaar waard dat it de Hollanners noch altyd net slagge wie om yn it kleaster te kommen, swypke dat myn striidberens noch mear op. Swaaiend mei de dolk joech ik my alhiel yn it gefjocht oant twa slaggen op 'e rjochterearm my ferlammen.
Hoe lang oft ik út 'e tiid west ha, wit ik net, mar by it wekker wurden wie it like stil as yn de sliep. Ik lei op 'e brits yn myn eigen sel, hie in tsjok ferbân om de rjochterearm, dêr't de pine trochhinne begûn te skuorren. Nei in skoftke kaam de abt, dy't in amerij swijend nei my seach, doe skodholle en sei dat in tsjinstfeint fan God it fjochtsjen oerlitte moast oan haadlingen en boeren. Om't ik my as in wyld yn de striid jûn hie, mocht ik net langer ûnder eagen komme fan de Leave Frouwe, dêr't de Friezen de oerwinning oan te tankjen hiene. Nei't it ferbân fan de earm koe, soe ik út Sint Odulfus ferballe wurde.
Mar doe't ien fan de bruorren nei in wike de lape oprôle en de earm bleat kaam te lizzen, skrille er tebek. In amerij letter stiene de kleasterlingen op ôfstân yn in heale rûnte om my hinne en stoarren mei iepen mûle nei de tichte wûne, dy't by it genêzen de foarm oannommen hie fan it byld yn de kapel. Fan dy dei ôf feroare myn libben. Net allinnich wie ik no sichtber tekene, mar ek yn myn siel liet de Hillige Frouwe bylden ûntstean, foaral nachts as ik lei te sliepen. By it wekker wurden wiene se der noch en yn de stilte fan de meditaasje waard de betsjutting my iepenbierre. Meastal lei dy yn de takomst, in foarsizzing fan in wichtich barren. Sa wist ik dat yn de maitiid fan 1370 in takomstich haadling yn Sint Odulfus komme soe. Hy socht om it iene of oare foarfal út it ferline it antlit fan Marije en bea har syn beskerming oan as in soarte fan boete. Trije dagen letter kloppe Rienk Bockema fan Snits op 'e kleasterdoar en yn dyselde nacht noch, wylst de stoarm om it kleaster bearde, sloech er de earmen om de Leave Frouwe hinne.’
| |
| |
Doe't broer Simeon swei, noch altyd ynkeard yn syn fisioenen út it ferline, begûn de lange stilte. Rienk doarst amper te sykheljen. Hy fielde tagelyk de spanning fan de geastlike besibbens tusken har beiden en de eangst om wat der noch komme soe. Hie de muonts noch mear fan syn ferline sjoen?
Einlings ferbriek er de stilte: ‘Stiet it byld noch yn de kapel?’
Broer Simeon tilde de holle op en sei fyntsjes glimkjend: ‘Dêr wie de fraach al wer, myn freon, mar ik wie noch net klear mei it ferhaal.’
Wylst it hert Rienk yn de kiel sloech, fierde de muonts him foar de twadde kear mei, no nei de takomst, syn takomst.
‘Alle kearen wist ik wannear't rampen Sint Odulfus treffe soene, mar hieltyd wer liet de Leave Frouwe ek bylden ûntstean fan in ljochtere takomst. Dochs koe ik mei dy bylden de measte bruorren der net fan weromhâlde har heil te sykjen op in oar plak, it kleaster yn Himmelum. Sa bleauwen wy mei ús fiven oer, trije muontsen, de Leave Frouwe en it Kristusbern. Wy wiene fan betinken dat Marije, dy't al ieuwenlang Sint Odulfus troch alle gefaren hinne holpen hie en yn de grutte slach fan 1345 oan de kant fan de Friezen stie, oant de ein yn it kleaster bliuwe moast.
Fjirtjin dagen lyn krige ik op 'e nij in fisioen. Fan de oare kant fan de see kamen wer skippen, diskear mei swarte seilen, in flecht rôffûgels dy't op Sint Odulfus tasetten. Se waarden meifierd troch in stoarm, dy't de weagen by de muorren fan de kapel opswypke. De fûgels strieken del yn de lijte fan it dak en wachten op har kâns. Doe't de stoarm gatten sloech, skeaten se ta en hoewol't de triennen de Leave Frouwe by it antlit delrûnen fan stil fertriet, skeinden se har.
De bylden wiene te grouwélich om oer te praten, dat ik hold se ferburgen as in geheim tusken ús beiden en stelde my yn de stilte fan de meditaasje iepen foar in nije iepenbiering. Dy kaam, want wylst ik mei de holle foaroer yn de koarbank siet, seach ik mysels
| |
| |
draven, lykas yn it jier 1345, no net nei Starum, mar mear de kant út fan de marren. Dêrnei kamen my beammen foar eagen, dy't ferskillende kearen útrûnen en wer keal waarden, ik wit net krekt mear hoe faak... de tiid moat my sa hastich meisleept ha, dat ik it net beneikomme koe en foaroer fallen bin. De beide oare muontsen ha my tusken harren yn út 'e kapel brocht.
Allinnich de iepenbiering fan de dravende novise dy't iksels wie, joech my hâldfêst, mar dat wie genôch. Sa bin ik hjir yn it Johanniter kleaster kommen om te praten mei de haadling fan Snits dy't, lykas iksels, yn leafde en trou ferbûn is mei de Frouwe.’
Yn de koarte stilte draaide broer Simeon stadich, as waard er wekker út in dream, it gesicht nei Rienk Bockema en sei: ‘Dus, myn freon, it byld is noch altyd yn it Sint Odulfuskleaster.’
‘Mar se ha it skeind,’ systere Rienk grimmitich.
De bylden fan werklikheid en fisioenen wiene yn syn geast yninoar oerrûn, hiene har fermongen mei syn eigen ferline: de besite oan it Sint Odulfuskleaster, doe't er de gûlende Marije beskermje woe tsjin it geweld fan de see, mar ek de jacht op it famke fan Goaiïngasweagen, dy't er sels mei geweld oermastere en skeind hie.
‘Dat is noch net bard,’ sei broer Simeon, ‘dêrom bin ik hjir, want safier mei it nea komme.’
Hy gong oerein, draaide it gesicht nei de skreef yn de muorre en seach nei it lytse streekje loft mei de ôfwikseling fan himelsblau en maitiidswolken.
‘Yn de hjerst wurdt it blau foargoed wei efter in fijannige loft,’ sei er mimerjend, ‘mar ljochte maitiidswolken skowe der beskermjend foar en in amerij letter litte se it wer frij, dat it yn hilligens strielje kin.’
Doe kearde er him mei in hoart om, stiek de earm nei foaren en flústere: ‘Do bist sa'n maitiidswolk, Rienk Bockema, ferjit net dat wy beiden mei de Leave Frouwe ferbûn binne.’
| |
| |
Dy wurden, hoewol sêft útsprutsen, wiene sa twingend, dat Rienk oereinsprong en rôp dat er alles foar Marije oer hie, sels syn libben. As it moast, soed er fan 't maitiid noch Sint Odulfus fersterkje, der in festing fan meitsje mei wachtposten en soldaten.
Broer Simeon skodholle en sei: ‘De beammen yn myn fisioen binne noch jierrenlang yn blêd rekke, mar hoe faak? Fiif of tsien jier? Kaam greve Willem IV net krekt foar de midden fan de ieu? Wy libje no nei it jier 1400 ta. Sil de eintiid net komme mei oarloggen en geroften fan oarloggen? Wês dan klear, Rienk Bockema, om de Leave Frouwe te beskermjen tsjin har skeiners...’
De lêste wurden sei er mei útset lûd, om't de kapelklok begûn te lieden.
‘Kom,’ sei er, ‘it is wer tiid foar gebed.’
Rienk Bockema neamde har syn liiftroep, de fiif knapen dy't er fan de strjitte helle hie. It wie in wurd dat it ferline en de takomst krekt werjoech: in ûngeregelde troep, dy't in bedriging foarme hie foar de oarder yn Snits, wie troch syn yngripen en de kalme wiisheid fan Fekke Sickinga feroare yn in hechte ploech jonge tsjinners, sterk as hynders; boppedat soe dizze troep syn liifwacht wurde, de kearn fan syn leger, dat er de kommende jierren opbouwe woe om de striid oan te gean.
Mar safier wie it noch lang net, want yn de lette maitiid stiene se oan de seine en meanden de iene hoeke greide nei de oare. Nei't de sinne it gers ferkleure hie en it hea droech yn streken lei, bolderen se mei hynder-en-karre oer it hobbelige fjild, stieken it hea op en loegen it sa heech dat ien hynder de karre amper lûke koe. De oare deis krigen se fan Fekke Sickinga tastimming foar in ekstra hynder, mar noch foar't se yn it haailân wiene, spanden se it út en fjouweren om bar op 'e Grienedyk ta.
Rienk Bockema hold se net tsjin, seach it glimkjend oan, want nei de warskôgjende wurden fan pastoar Jehannes hied er de leie justjes fiere litten. Mar wat de geastlike ferwachte hie, dat de
| |
| |
knapen each krije soene foar de natoer en God lof songen foar syn skepping, kaam net út. Earder lieten se it each falle op 'e jongfammen fan de boerespultsjes yn de omkriten. Doe't Rienk seach dat se mei geile meneuvels utering joegen oan de opkommende driften, kamen de bylden fan syn eigen hetsige tiid by Walle Galama by him boppe. Dy besibbens fan gefoelens fersterke oan de iene kant de bân tusken him en de liiftroep, mar tagelyk wist er dat er syn heftige driften nea wer sa uterje koe as yn it ferline.
Geregeld kaam it foar dat er yn it fjild ferskynde mei learen festen. Dy smiet er har ta, tagelyk mei in pear blokjes hout. Se beken it lear oer de beswitte lea, stieken de blokjes op 'e punten fan de heafoarken en stelden har op, klear foar de striid. Op in teken fan har hear, dy't heech op it hynder sitten bleau, stoarmen se as wylde bollen opinoar ôf, sloegen en warden ôf oant ien tastekke koe en it lear rekke. Dan wiisde Rienk mei in koart gebeart de winner oan en sei ta dat tusken simmer en hjerst de beleanning komme soe.
Doe't de stilte fan de neisimmer oer fjild en poel lei en de reiden fan ûnderen ôf begûnen te ferkleurjen, liet Rienk syn liiftroep pylk-en-bôgen meitsje, ferdielde dêrnei de hynders fan Rodenboarch ûnder de fiif knapen en rôp, se moasten har bewize sûnder seal en leie. Dêrnei wiisde er nei it suden en sei, se soene diskear de oare kant fan Snits ferkenne, safier as se komme koene. Se joegen in opteine gjalp, draafden fuort, de earms om de glêde hynstehals, it gesicht by de earen en stjoerden, fertroulik pratend en mei koarte hoarten, de hynders de kant út fan Ysbrechtum. Rienk folge stadiger en frege him glimkjend ôf hoe lang oft se it hompende fjouwerjen op 'e keale rêch folhâlde soene. Ut en troch seagen se efterom, ûnwis oer de bedoeling fan har hear. Tusken Drylts en De Hommerts stiene se yn in ploechje byinoar, wylst se de hynders by de moanjes holden.
| |
| |
‘It nocht der no al ôf?’ frege er.
Se skodhollen tagelyk.
‘Wy fregen ús ôf wêr't wy hinne geane,’ sei Durk Bouwes.
‘Safier as wy komme,’ sei er koart, ‘of hawwe jim no de kont al iepen?’
Se antwurden mei in linige sprong en drafken fierder, diskear mei in rjochtere rêch en de fingers om de moanjes. Geregeld lieten se de eagen oer it fjild glide, wiisden elkoar op in hoannebiter, griepen nei de bôge as in hazze oer it paad wiske en digeren yn de fierte, dêr't de bosk fan Harich boppe de kym skimere, it foar harren ûnbekende gebiet. En alle kearen as se de holle oer it skouder draaiden, geniete Rienk fan de tanimmende spanning dêr't se yn ferkearden.
De sinne wie al oer it heechste punt hinne, doe't se yn Noardwâlde kamen, de streek by de Fluezen lâns mei de nearzige boerespultsjes, dy't yn de rin fan de jierren noch fierder yn it fean weisakke wiene.
In karre mei gers, lutsen troch twa jonges, ried de ruterploech kreakjend yn de mjitte. De knapen, dy't skrillich opseagen, besochten mei alle geweld nei de sydkant te stjoeren, mar de karre bleau stykjen yn it djippe spoar. Se rôpen nei efteren dat Sijke hurder triuwe moast. Wylst de heechreade holle fan de jongfaam boppe it gers útkaam, wiene de earste hynders al nêst de karre.
‘Moatte wy helpe?’ waard der roppen.
‘In tút foar trije triuwen!’
‘Triuwen fan ûnderen, silst bedoele...’
Wylst de wurden fierder ferlera gongen yn in bolderjend laitsjen en oerdwealsk roppen, bûgde Durk Bouwes foaroer as soed er in hanfol gers pakke en taaste yn in trochgeande beweging nei de boarsten fan it fanke. Se skrille tebek en dûkte ûnder de karre.
Rienk hie it tafriel út 'e fierte wei oansjoen, wifeljend tusken tajaan oan de felheid fan it jonge libben dêr foar him en yngripen om de warleaze boerefaam te beskermjen. Doe't er gewaar waard
| |
| |
dat Lamme Wisses, ien fan it steechjesfolk, de hannen ek net fan har ôfhâlde koe, joech er it hynder de spoaren. De liiftroep kearde by de karre wei en woe trochride, mar Rienk wie earder, griep Lamme Wisses by de kraach en grommele: ‘Fiif tsjin ien, maat, soks moast ik eartiids allinnich oprêde. Under de karre en pak har!’
Lamme stoarre him ferwezen oan.
‘Pak har, sis ik dy of hast de kul no al op 'e hynsterêch fersliten?’
Der klonk ynholden laitsjen, mar doe't Rienk him omdraaide, stoar it lûd daliks wer fuort.
‘Triuwe!’ hiet er.
Se lieten har fan de hynders glide en wylst Sijke skrutel foar it ljocht kaam en fuortdraafde, setten se de rêch tsjin de karre, treauwen him út it djippe spoar wei en rûnen mei oan it hiem fan it pleatske ta.
Doe't se wer by de hynders wiene, frege Sierd Rinkes, de soan fan de slachter, oft der ek in hompe bôle by hear Bockema yn de sealtassen siet.
‘As it iene syn gerak net krije kin, komt it oare fanwegen,’ gnyske er, ‘wolle de hongerlappers hjoed noch wat yn de mage krije, dan moatte se pylk-en-bôge brûke.’
Hy wiisde nei de poel, dêr't er sels as fyftjinjierrige in ein oansketten hie. ‘Dêr moat wyld sitte...’
Healwei de middei rieden se fierder, Rienk Bockema en Durk Bouwes foarop. De soan fan de learmakker wie de iennige dy't no ek yn it seal siet en in leie yn 'e hannen hie. It wie de beleanning foar it út 'e loft sjitten fan in jerke, dy't sûnt de teloarstellende jacht oan ien poat oan syn gurle bongele. De bút hie te min west foar de ratteljende magen fan de liiftroep en dêrom drafken se swijend en mei pynlike lea tusken it wetter yn it westen en de bosk yn it easten.
| |
| |
Rienk wie mear as tefreden. Hy hie de troep sa yn de besnijing dat gjinien doarst te freegjen wannear't se keare soene of wêr't se hinne gongen. De strjithûnen, dy't earder nei elkenien grommen, hied er mei hurde hân derûnder krigen en hy koe no alles mei har wurde. Se soene him yn de striid folgje, him ôfskermje tsjin it swurd fan de fijân en, as it moast, har libben opofferje.
Ut 'e eachhoeken wei seach er nei Durk Bouwes, dy't mei rjochte rêch en it kin nei foaren yn it nije seal siet. Hoewol't de jonge noch altyd smel eage, wiene de linige lea krêftich wurden as fan in folwoeksene. It jonge lichem moast brûzje fan ynholden driften, dy't fan 'e middei by de boerefaam nei bûten sipele wiene. Wat soed er mei har dien ha, as se tegearre yn de sompen fan Goaiïngasweagen west hiene? Hy spegele himsels oan de bylden dy't er fan de twa jonge minsken foar eagen helle en dêrmei feroare syn eigen die út it fiere ferline yn in ûnskuldich barren. De driften, dy't elke jonge opswypken, hiene syn lichem en dat fan Lipkje byinoar brocht sûnder de bedoeling har op te jeien en te deadzjen. Opjeie en deadzje, dat koe Durk Bouwes likegoed as hysels, miskien noch wol better... Hie de jonge fan 'e middei net in jerke nei ûnderen helle by de poel, dêr't hysels as fyftjinjierrige inkeld in einfûgel oansketten hie?
Wylst er dat allegearre betocht, kamen gefoelens by him boppe dy't er lang kwyt west hie. Dizze jonge koe faaks de leechte yn syn libben opfolje, it gemis fan in eigen soan. Seach er himsels mei syn driften, syn langstme nei jacht en striid net werom yn de soan fan de learmakker? Soan fan de learmakker... it soe wat, Bouwe Durks en Durk Bouwes haten elkoar. Nei Ygo Jongema, dy't yn it Hillige Lân by him fuortrûn wie, hied er op 'e nij in soan wûn.
Oan de rjochterkant fan it paad skimere tusken de beammen troch in stiennen gebou, op itselde plak dêr't de stins fan Walle Galama stien hie. Wat er nei syn krúsfeart fan it Noardwâlder boerke heard hie, wie dus sa: it skaai fan de Galama's hearske op
| |
| |
'e nij tusken de Fluezen en de bosken fan Harich.
‘Dêr bin ik in man wurden,’ sei er, wylst er nei de stins wiisde, ‘bodzje, jeie, fjochtsje..., begrypste soan? Krekt as jim op 'e Sickingastate... en sa út en troch nei in jongfaam taaste...’
Durk seach him mei strieljende eagen oan en firege oft se dêr wêze moasten.
‘Nee,’ sei er, ‘kom op, foar't it tsjuster is, moatte wy in oar dak boppe de holle ha.’
Hy joech it hynder de spoaren en fjouwere fuort. Efter him hearde er it roffeljen fan de oare hynstehoeven.
De oerde nei it Sint Odulfuskleaster wie smeller wurden en op guon plakken sa troch de see oanfretten dat der amper twa hynders nêstinoar oerhinne koene. De gebouwen, dy't donker ôfstieken tsjin de jûnsloft, liken op púnheappen yn in see fan bloed. Yn de fierte hold in fiskersboat op 'e haven fan Starum oan.
Wylst Rienk de klopper op 'e skurve doar falle liet, hearde er efter him it dompe mompeljen fan de liiftroep. Hy draaide him om en frege oft se har fannacht ûnder de bleate himel deljaan woene. Se skodhollen en Sierd Rinkes sei dimmen dat alles him wol goed wie, as se mar te iten krigen.
It lûkje yn de doar draaide iepen en oer it âlde muontsegesicht, dat yn it fjouwerkant foar it ljocht kaam, glied it skaad fan de ûntsetting. Hy kearde him rimpen om en troch de holle romte klonk syn stammerjend roppen: ‘Broer Simeon... se binne der no al... Leave Frouwe... hoe kinne wy jo hilligens behoedzje foar skeinen?’
Rienk brocht syn gesicht foar de iepening en rôp, it wie goed folk, dat in plak socht foar de nacht. In amerij letter kreake de doar iepen. Broer Simeon bleau yn syn noegjend gebeart stykjen, doe't er de liiftroep seach.
‘Rienk Bockema,’ sei er hertlik, ‘fansels ha wy in plak foar de nacht, mar de kleasterfoarrie is beheind, om't wy mar mei ús trij- | |
| |
en binne. Moarn soe 'k nei Starum om oan te foljen. As de hear fan Snits sels beannen of earten by him hat, dan sille wy fjoer meitsje.’
Rienk wiisde nei de jerke oan de gurle fan Durk Bouwes en sei:
‘In ein, mear net. It is net oars, wy sille ek fannacht noch fêstje ta eare fan de Hillige Frouwe.’
Simeon skodholle glimkjend.
‘Men wint gjin jongfolk foar it wiere leauwen mei in lege mage,’ sei er.
Hy stiek de hân ûnder de pij, dêr't it efkes rattele, en helle him wer foar it ljocht mei in tal munten.
‘De poarten fan Starum binne ticht,’ sei er, ‘mar as jim oanklopje by in boerespultsje hjir yn de buert, sille se dêr it jild net wegerje, dat jim komme grif mei in folle mage werom.’
Nei't er Durk Bouwes de munten oanrikt hie, kearde de liiftroep de hynders en sette drafkjend wer op 'e fêstewâl ta.
Nei it ienfâldige miel rûn Rienk Bockema efter broer Simeon oan. It flakkerjende ljocht fan de kears makke dûnsjende skaden op 'e muorren.
De muonts bleau stean en wiisde dernei: ‘Witst noch dat ik it fan 't maitiid hie oer in tsjustere hjerstloft, dêr't it blau fan de ivichheid alhiel efter wei waard? Hoe soene de Hollanners no hjoed mei dit skoandere waar kommen wêze? Gjin wolk oan de loft. Hast sjoen hoe moai oft de sinne fan 'e jûn ûndergong?’
‘Read as bloed,’ sei Rienk sêft.
‘Ja, read as bloed,’ werhelle broer Simeon.
Hy rûn fierder, die de doar fan de kapel iepen, makke in noegjend gebeart en flústere: ‘Rin op it wûnder fan it ljocht ta, dat nacht en dei baarnt, nettsjinsteande de wyn dy't troch de naden waait.’ Rienk seach de flam fan de kears by de súdlike muorre tichterby kommen, doe glieden syn eagen by de pylder omheech oant er de Leave Frouwe yn de eagen seach. Hy foel op 'e knibbels en
| |
| |
mompele, it soe nea safier komme dat der gatten yn it dak foelen en it lichem fan de Leave Frouwe skeind waard. Want sy hie al gûld, yn Jeruzalim, net om harsels, mar om syn lijen fanwegen de skuld dy't der net mear wie. It hie gjin swiere skuld west, om't er yn syn oannommen soan de driften fan it lichem weromkommen seach...
‘Haw tank, Leave Frouwe, foar dizze soan dy't op my liket,’ bea er.
De tiid loste op yn de ivichheid fan de glimk om har lippen en doe't er in hân op it skouder fernaam, wist er net hoe lang oft er dêr op 'e knibbels lein hie. Hy kaam kâld en stiif oerein en hearde broer Simeon flústerjen: ‘Read as bloed, mar safier sil it net komme, Rienk Bockema, in maitiidswolk sil beskermjend foar it blau skowe... Wit dat wy troch de Leave Frouwe ferbûn binne.’
|
|