| |
| |
| |
14 Yn de stringen
Oan de efterkant fan de stinstoer, tsjin de binnenmuorre, rûn in stiennen treppen dy't boppe útkaam by in swiere doar. Efter dy doar wie de houten omgong, dy't nei alle fjouwer wynstreken ta útsjoch bea oer stêd en gea. Wa't op dy hichte oer de planken flier rûn, krige it gefoel dat er de frijheid mei de fûgels dielde en hearske oer it folk dat fier ûnder him libbe.
Dyselde treppen fierde ek nei de bedelte, nei in selde doar mei izeren skoattels. Dêrefter wie in romte, foar it grutste part ûnder de grûn, mei inkeld in keatting oan de muorre en in laach fochtich strie yn ien fan de hoeken. Troch in smelle skreef, dy't oan de foarkant krekt ûnder de souder siet, foel in feal ljocht dat amper de hoeken berikte. Wa't yn dit hûnehok kaam, wie syn frijheid kwyt en suchte ûnder de swiere lêst fan in ûnwisse takomst.
Rienk Bockema gong by de treppen del, mei yn de iene hân in bôge en yn de oare in pylk. Hy stampte mei de learzens oer de stiennen, yn de hope dat it lûd de jonge syn moed weak meitsje soe.
By de Noarderpoarte hied er de hurdkop, om't er gjin wurd út him krije koe, ôflevere oan de wacht en sein dat er ien fan syn tsjinners stjoere soe om him nei Rodenboarch te bringen. Underweis nei de stins betocht er mei in glimk om de lippen dat Boate Kammen, dy't no al langer as tweintich jier Rodenboarch trou tsjinne, ien fan syn alderearste taken werhelje moast, mar no yn omkearde rjochting. Hy seach himsels wer as fyftjinjierrige ûnder de hoede fan Boate rinnen, op wei nei it Johanniter kleaster, dêr't er de straf foar syn balstjurrigens yn in muontsesel ûndergien hie. Rienk skode de skoattels foar de doar wei en loek him safier iepen dat syn stal de romte tusken stien en hout opfolle. De jonge siet rûngear op it strie, de earms om de oplutsen knibbels, it
| |
| |
smelle gesicht mei de donkere eachholten nei him takeard. Tusken harren hong deselde spanning as yn it iepen fjild foar de Noarderpoarte.
‘Soest net oereinkomme, skobbejak!’ hiet er batsk.
It strie rissele en stadich skode it smelle jongeslichem by de muorre lâns omheech.
‘Hoe hjitst?’
It bleau stil. Rienk die in stap nei foaren en loek de doar mei in dreun efter him ticht. ‘Dyn namme!’ gromme er.
Der kaam gjin lûd. Doe lei de haadling in pylk op 'e bôge, brocht dy foar it rjochtereach en beweegde it wapen stadich by de muorren lâns oant de pylkpunt stilhold op it strie foar de jonge syn learzens.
‘In ein rekkest yn de loft,’ sei er.
De pylkpunt kaam justjes heger.
‘Dyn namme,’ sei er.
‘Durk...’
‘Wêrom hast dyn maten sawat fersûpt?’
‘Ik hie fjouwer sketten en sy elk ien. Sy woene my twa ûntstelle.’
‘It jonkje kin de einen dus wol reitsje,’ sei Rienk glimkjend.
Hy liet de bôge sakje, helle in hompe brea ûnder syn mantel wei, rûn nei de skreef, rikte omheech en wrotte de hompe yn de iepening.
‘Hast honger?’ frege er.
Durk knikte.
‘Mei de rêch tsjin de doar!’ hiet er.
Doe't de jonge teplak stie, seach er himsels op it hiem fan Walle Galama. Yn de fierte stie Swarte, syn hynder, mei in jerke op 'e rêch. As er it oprêde om dy derôf te sjitten, hied er syn plak fertsjinne.
Wylst er Durk pylk-en-bôge tarikte, sei er: ‘Oanlizze en reitsje!’ Hy seach dat de jonge it wapen foar it rjochtereach brocht, sûnder te triljen rjochte en losliet.
| |
| |
De hompe spatte yn de skreef útinoar.
‘Do hast hjoed dyn brea fertsjinne,’ sei er, wylst er noch in twadde hompe foar it ljocht helle en dy Durk tarikte.
‘Fan wa bisto ien?’
De jonge, dy't al oan it kôgjen wie, slokte en sei: ‘Fan Bouwe Durks.’
It wie efkes stil, doe mompele Rienk glimkjend: ‘Soa, fan Bouwe Durks seist... en fan Wike Lolles fansels.’
It ljocht fan de toarts dûnse oer strjitte en gevels, doe't Boate Kammen de soan fan de learmakker by de terp opbrocht. Dêrefter ried de haadling fan Snits. Noch ien kear woed er Durk Bouwes hifkje, wannear't dy by tsjuster troch de ferlitten strjitten fan Snits rûn. Troch de stilte hinne krongen de lûden fan de jûn, tichtby en driigjend: it gnoarjen fan bargen, de skreau fan in krie en it blaffen fan in hûn. Mar net ien kear skrille de jonge op, sels net by it stegerjen fan it hynder, nei't in kat foar syn poaten lâns sketten wie, efter in grouwe rôt oan. Wol seach er sa út en troch oer it skouder as frege er him ôf wannear't de hear fan Snits wer op 'e stins tasette soe.
Op it Martinusplein, tusken twa stekken, dêr't oerdei de kowehûden hongen te droegjen, liet Rienk Bockema hohâlde. Hy wiisde nei de donkere omkanten fan de tsjerke, dy't mei de trije tuorren heech boppe harren útriisde en sei lûd: ‘Sa ticht by it godshûs en dan sa'n misse die!’
Mar Durk Bouwes joech gjin krimp.
Rienk sprong fan it hynder, rikte Boate de leie ta en sei dat er sels it paad wol weromfine koe. Hy lei de fingers om de nekke fan de jonge en treau him nei de doar. Doe earst fernaam er in lichte huver. Wylst Durk oankloppe, die Rienk in stap fansiden. Nei in amerij gong de doar iepen, in streek kearsljocht flakkere oer de jonge hinne. De donkere skym dêrefter kaam yn beweging, griep skellend ta, skuorde de letkommer troch de iepening en soe de
| |
| |
doar wer tichtdwaan. Op datselde stuit kaam de haadling út it tsjuster wei en sei: ‘De soan hie earder thús west, as ik him net ûnder de stins opsletten hie. Soe it skikke as wy efkes om de tafel gongen?’
‘Hear... Bockema,’ stammere Bouwe Durks, ‘kom fierder... wy hawwe it jûnsmiel krekt behimmele... sille wy yn it sydkeammerke?’
‘It soe net ferkeard wêze as de mem der ek by wie, boppedat mei ik net ferwachtsje dat yn it keammerke op dit stuit fjoer baarnt.’
Se rûnen efterinoar troch de smelle gong, de jonge as in finzene tusken harren yn. Wylst Rienk de rook fan bret spek opsnúfde, sei er dat men sels rûke koe dat de Snitsers in goed jier hân hiene, mar Bouwe Durks joech gjin beskie. Hy die de doar fan de binnenhurd iepen en rôp dat it foar de bern bedtiid wie. Der klonken lûden fan tsjinaksel, mar dy ferstommen doe't de haadling deryn stapte. It die him goed dat it flardeguod skrutel by him lâns slûpte. Se klommen efterinoar by de ljedder op, nei de ynstek dêr't de sliepplakken wiene.
Doe stiene se mei har fjouweren yn de binnenhurd, de beide manlju by de doar, Wike Lolles as in donkere skym foar it fjoer en de jonge tusken harren yn. Bouwe Durks sleepte de iennige stoel nei it haad fan de tafel en makke in noegjend gebeart. Wylst Rienk him deljoech, rûn de learmakker nei Durk en treau him nei de oare ein fan de tafel. Sels gong er nêst Wike stean. Doe waard it stil as wie it foar de útspraak fan in deafonnis.
‘Jimme soan kin goed mei pylk-en-bôge omgean,’ begûn Rienk, ‘sels yn it hûnegat rekket er syn doel.’
De holle fan Durk kaam hoopfol omheech.
‘It soe better wêze dat er mei learwurk om gong,’ mompele Bouwe en doe lûder: ‘Jo binne hjir net fergees, hear Bockema, wat hat er útfretten?’
‘As ik der net west hie, soed er moarn noch oan de galge hongen ha,’ sei Rienk mei útset lûd.
| |
| |
Yn de stilte dy't folge, klonk it knetterjen fan in houtblok yn it fjoer, daliks dêrnei it kreakjen fan de souderplanken.
‘Deljaan dêrboppe!’ rôp de heit. ‘As ik no noch ien hear, giet dy yn de tonne mei loaisoer.’
‘Och Leave Marije, bewarje ús,’ flústere de mem.
Doe kearde Bouwe him nei syn soan en systere: ‘Sis op, wat hast dien?’
Diskear sloech Durk de eagen net del, mar seach syn heit fol ferachting oan en hold de lippen stiif opinoar.
‘Soest him net,’ hime Bouwe, ‘sa giet it no altyd, der is gjin lân mei him te besilen.’
Mei in dreun kaam de fûst fan Rienk op 'e tafel del.
‘Jim heit freget dy wat!’
De jonge skrille op, sykhelle in pear kear djip en hoartend, fertelde doe hastich dat er ien fan syn maten yn de Frjentsjerterfeart skopt hie en de oare mei de kop ûnder wetter treaun, mar...
‘Doe seach er my,’ ûnderbriek Rienk him, ‘dat hat syn gelok west.’
‘Leave Frouwe, ferjou it him,’ snokke Wike.
Se draaide it gesicht nei it haad fan de tafel en troch har triennen hinne ljochte efkes it ferline op, in glim fan dy jûn yn de stâl, doe't hysels oan har it ferhaal ferteld hie oer syn eigen misse die yn it ûnlân fan Goaiïngasweagen. Mar tagelyk smeke har hiele wêzen om takomst foar har jonge.
Rienk kielskrabe en sei suver fleurich: ‘Do hast sa njonkelytsen foar genôch neiteam soarge, Bouwe Durks, der sit grif wol in gaadlike opfolger tusken.’
‘Dat soe de âldste wurde,’ sei de learmakker.
‘Do kinst neat mei him wurde, ha 'k begrepen.’
‘Sa is 't.’
‘Sa't ik sei, hy kin goed mei pylk-en-bôge omgean. Ik sil mei him rêde!’
In amerij bleauwen de wurden, dy't gjin tsjinspraak talieten, yn
| |
| |
de binnenhurd sweven, doe rôp Wike: ‘Leave Frouwe, haw tank foar de útspraak fan de rjochter fan Snits, dy't ús soan op it goede paad bringe sil.’
Doe't Rienk Bockema yn it neare tsjuster troch de Merkstrjitte rûn, stelde er tefreden fêst dat er Bouwe Durks en Wike Lolles troch harren âldste foar altyd oan him bûn hie.
Noch yn dyselde wike stie Rienk Bockema nêst Fekke Sickinga, syn skoanheit, yn de lijte fan de súdeastlike muorre fan de state. De fraach dy't him de lêste dagen troch de holle tyske, hie him, nettsjinsteande de skrutelens dy't er fielde, nei Goaiïngea dreaun. Nea wie der in ferkeard wurd fallen oer de dea fan har dochter, mar dochs hied er efter it fertriet altyd in stil ferwyt preaun.
‘Ik bin bliid dat ik dy sûn werom sjoch,’ sei de heareboer, ‘mar kinne wy net better yn 'e hûs fierder prate?’
Hoewol't de sinne skynde, leunde er rûngear tsjin de muorre. It wie him oan te sjen dat it lêste jier swier west hie. De tearen yn it antlit leine djipper en it hier, dat oer de kraach fan syn mantel hong, wie griis wurden.
‘Ik wol noch efkes it hear oersjen,’ sei Rienk. Hy liet de eagen oer it gea glide, de kant fan de Grienedyk út, dêr't it ûnlân efter lei. It griene fan de simmer gong al oer yn it feale fan de hjerst. Doe draaide er him om nei it reiden tek fan de state, dat alhiel ferware like. ‘Al plannen foar in nij tek?’ frege er.
Fekke Sickinga loek oan de skouders.
‘Der falle noch gjin gatten yn.’
Rienk wiisde nei it easten.
‘Noch wolris tocht oan it oanmeitsjen fan nij lân?’
De boer seach him glimkjend oan en antwurde: ‘Wiest net santjin, doe't ik dy fan myn plannen fertelde? Do sietst doe yn de nederklits en ik ha my de mûle droech praat om dy út 'e bedelte te heljen. Mar kom, wy sille ris sjen oft Lamkje wat te drinken hat.’
| |
| |
Wylst Rienk Bockema ferhelle fan syn reis en de kiel sa út en troch smarde mei in swolch bier, sieten syn skoanâlden glimkjend en deemoedich te harkjen as salve de pylger mei syn wurden de djippe wûnen dy't it fertriet slein hie.
‘It hat swier west, mar de muoite wol wurdich,’ wie de ein fan it ferhaal.
It bleau efkes stil, doe sei Fekke Sickinga: ‘It is sa goed, myn soan, do hast mei dizze reis mear foar Bot dien as by har libben.’ It wie in útspraak dy't de skuld fan syn ferline yn ien kear útwiske.
‘Hillige Marije, mei de siel fan ús dochter troch wat har man foar har dien hat, behâlden wêze,’ bea Lamkje Roorda.
‘Dat is sa,’ sei Rienk, ‘want wy kinne der wis fan wêze dat Bot harsels net tekoart dien hat.’
Se seagen him ferheard oan.
‘In oar hat de hân oan har slein...’
Om't de beide âlden gjin wurd útbringe koene, fertelde er wat er de deis nei syn thúskomst heard hie. Fekke Sickinga skodholle en sei sêft: ‘Rienk Bockema, hoewol'tsto de macht en de plicht hast om te oardieljen oer wa't skuldich is, meist dy op dit stuit net besûndigje oan in libben dat noch net skuldich befûn is. Us dochter en Wamme Alderts binne troch ien pear eagen tegearre sjoen, mar dy eagen hawwe de misdie net opmurken. Boppedat klage Bot de lêste wiken foar har dea oer pine op it boarst. Is it net folle oannimliker dat net in minske, mar de dea sels har ûnferwachts oer it mêd kommen is?’
‘Mar hoe....’
Fekke Sickinga liet him net útprate en ferfette: ‘Witst noch dat wy it tegearre hân hawwe oer it lykwicht tusken God en minske? Wolno, soesto it lykwicht datst op dyn pylgerreis fûn hast, yn Snits wer fersteure?’
‘Ik sil Wamme Alderts earst gewurde litte,’ sei er, ‘men moat mei it jongfolk begjinne om de oarder te hanthavenjen.’
| |
| |
De heareboer glimke en sei: ‘As ik it goed ha, seachst it gea niis net allinnich oer fanwegen de hjerstkleuren. Wat binne de plannen?’
‘Ik soe de soan fan de learmakker en syn maten op dizze state oan it wurk ha wolle,’ sei er.
Doe't de wyn yn it nije jier nei it easten draaide, it wetter fan de sompen bûten de Grienedyk befrear en it iis sa tsjok wie dat it de minsken drage koe, hobbelen fiif jongfeinten mei hynder-en-karre fan de state fan Goaiïngea nei de reidfjilden. It wiene Durk Bouwes, dy't de leie hie, en noch fjouwer knapen dy't it geregeld yn de kant set hiene tsjin de oarder fan âlden en stêd: Sierd Rinkes, twadde soan fan de slachter, Binne Koops, de tredde fan de weinmakker en twa jonges fan it steechjesfolk, Lamme Wisses en Simme Gerrits. Se sieten efterstefoaren, weidûkt yn de kraach, en ribosken fanwegen de oergong fan de waarme stâl nei de flymjende kjeld fan it iepen fjild. Yn de lijte fan de reiden sloegen se it skerpe seintsje sa feninich troch de stâlen dat se it swit op 'e lea fielden. Sa stiene se dêr oeren oanien te skarren oant der genôch reid lei om de karre fol te loegjen.
It wie net allinnich de driuw om waarm te bliuwen dy't de jonges oansette ta bealgjen, mar ek de komst fan de Snitser haadling, dy't alle dagen ien kear op it hynder oer de Grienedyk ried om it wurk te skôgjen. Se wiene bang fan him, om't er by it begjin fan harren ferbliuw op Sickingastate oanjûn hie dat der mar ien wei nei de takomst wie, de wei nei Rodenboarch as tsjinstfeint of as finzene. Sy mochten sels kieze. Doe't Rienk fernaam dat nei ferrin fan in wike har eangst mongen wie mei in begjin fan ûnferskilligens, dy't útrinne koe op ferset, joech er harren in nij foarútsjoch. Noch trije dagen soene se reidskarre, dan krigen se oar wurk.
Hy hie it goed besjoen, it waar sloech om en it iis wie nei in heale wike al net mear fertroud. Durk Bouwes en syn maten klommen
| |
| |
by de state omheech, skuorden it âlde tek los en leine it nije reid dûbeltsjok op 'e spanten.
Yn de maitiid wiisde de hear fan Snits de fiif knapen de swakke steeën yn de Grienedyk oan en sei dat se dy mei grûn opheegje moasten. Doe't Lamme Wisses frege wêr't se dy weihelje moasten, joeeh er harren in skeppe yn de hân, stampte op it gers en boldere dat de Almachtige de ierde net om 'e nocht skepen hie. Dêrmei wisten de jonges dat se net allinnich rekken hâlde moasten mei de grime fan har ierdske hear, mar ek noch yn de gaten holden waarden troch it Haad fan it himelske ryk.
It bodzjen fan de jonges yn de grûn rôp by Rienk bylden op fan syn eigen skreppen op 'e boaiem fan de nije grêft om de Galamastins hinne, doe't er like âld wie as sy no. It grûnwurk, dat him sterk makke hie, soe de fiif Snitsers ek tariede op in libben dat se treast wiene. En om har oan te fiterjen, rôp er dat se it letter op Rodenboarch nei it sin ha soene en sa wis as de Grienedyk fersterke waard, gongen se mei him op aventoer, de wrâld yn.
Op in dei waard Rienk Bockema bûten de Noarderpoarte tsjinholden troch pastoar Jehannes fan de Martinustsjerke. Mei syn freonlike brune eagen seach er op nei de haadling, stiek de hannen yn in seinigjend gebeart nei foaren en sei dat de Almachtige de goede wurken fan syn skepsels mei in glimk oanskôge. Wêr't God by de skepping sa gau net om tocht hie, waard no troch fiif jonge Snitsers foltôge, it opheegjen fan de dyk om de gaos fan it wetter te kearen. Sa waard de oarder yn Snits en kontreien, dy't in ôfspegeling wêze moast fan de himelske oarder, op twa manieren werklikheid: de haadling hie in ein makke oan de ûnrêst en it ferset fan de jongerein, fuortkommend út harren driften, en it jongfolk sels wurke fierder oan Gods skepping om sa de gaos te behearskjen.
Oan no ta hie it lûd fan de pastoar fleurich klonken, suver sjong- | |
| |
sum as in lofsang, tagelyk foar de ierdske machthawwer en de Almachtige yn de himel. Mar doe't er wer begûn te praten, wie syn stim folle leger en syn wurden kamen stadiger as moast er derom sykje: ‘De haadling fan Snits liket op in swart hynder dy't, as de hillige tsjerke him yn de stringen hâldt, syn taak trou folbringt. Mar hoe faak is it net foarkommen dat, by in losse leie, syn fjurrige driften him parten spilen en dat er op 'e rin rekke? Ik wit net watst útheefd hiest, doe't jim tegearre, do en Wike Lolles, foar myn Marije-skildering yn de Martinustsjerke stiene. Miskien hasto as jongfeint dyn driften ek net behearskje kinnen... Mar wol wit ik datst Ygo Jongema oan bliedens ta ôfseame hast en datst dyn frou allinnich noch mar brûktest foar dyn eigen aventoeren...’
Wylst it hert Rienk yn de kiel kloppe, draaide pastoar Jehannes de holle as socht er it plak by de Frjentsjerterfeart dêr't Ygo it lyk fan Bot fûn hie. Mar it die bliken dat syn skôgjende eachopslach in hiel oar doel hie.
‘En nei syn pylgerreis daveret de haadling fan Snits as in swart hynder oer de Grienedyk. Hy lit fiif knapen de hiele dei yn de grûn omwrotte, wurk dêr't sterke folwoeksen manlju de hannen fol oan ha. Hy brekt har de lea en lit har út 'e blierren bliede. Hoewol't se middenmank Gods prachtige skepping wurkje, hawwe se gjin each foar de hoannebiters yn de loft en de hazzen en reeën yn it fjild.’
Wer liet er de eagen oer de greide glide, dêr't in ljurk út omheech skeat en jubeljend begûn te sjongen.
‘As it my noch heucht, ha 'k jim doe yn de Martinustsjerke ferteld fan Fransiscus, dy't troch de natoer hinne de Skepper sels seach. Sis my, Rienk Bockema, hoe't dy fiif jonge bodders, mei in dize foar de eagen fan it skreppen, de natoer noch sjen kinne en sa God fine?’
Hy wiisde nei in krie, dy't delstriek yn it gers en mei heftige bewegings begûn te pikken.
| |
| |
‘Nea sille dyn jongfeinten as in ljurk Gods lof sjonge, mar úteinlik falle sy werom yn in libben fan liddichheid, it libben fan in krie dy't kadavers fret. Wat bist eins mei har fan doel?’
De fraach kaam ûnferwachts, like hommels as de preek dy't him yn it hert taast hie. Hy fielde him rekke, om't de stringen wer stiif lutsen wiene en him syn frijheid ûntnamen. Mar tagelyk kaam it by him op dat er der net bûten koe fanwegen de tsjustere ôfgrûn fan dea en hel, dêr't er in pear kear by lâns gongen wie.
‘As se sterk genôch binne, sille se mei my de striid oangean tsjin de heidenen yn it easten,’ sei er, ‘dy opdracht ha ik yn Jeruzalim fan de Hillige Frouwe krigen.’
‘Soa,’ sei de pastoar, ‘dus wer op aventoer nei in fier lân.’
En wylst er nei it westen wiisde, gong er fierder: ‘Faaks leit dyn opdracht, as ridder fan Snits, tichterby hûs, de kant fan de Sudersee út. Der binne berjochten dat de Hollanners oerstekke wolle. Soest ris yn it Johanniter kleaster freegje moatte nei muonts Simeon fan Sint Odulfus, dy kin dy mear fertelle.’
Hy winske de haadling goedei en sette op 'e poarte ta.
|
|