| |
| |
| |
Diel 3
Oktober 1387 oant maaie 1391
| |
| |
13 De moardner
De nije stinshal op 'e earste ferdjipping fan de Rodenboarger toer fielde op 'e fyftjinde oktober, de dei nei de thúskomst fan Rienk Bockema, kâld oan. De grauwe wolken boppe Snits joegen de romte, dy't al sûnt de tredde febrewaris net mear bewenne wie, in noch tryster oansjen. It feale ljoeht, dat troch de rûnbôgige finsters foel, skaaide by de muorren lâns, dy't op guon plakken glinsteren fan it focht. Sels de kleuren fan it grutte skyld mei de ôfbylding fan Sint Joris en de draak fleuren de hal net op.
Rienk Bockema draaide him mei in hoart om. It wie oktober 1387. Wêrom seach er op it ferline werom? De krúsfeart nei Rhodos lei al mear as fyftjin jier efter him en de pylgerreis nei Jeruzalim wie ek foarby. Hy rûn nei ien fan de finsters, lei de earmtakken op 'e stiennen en seach út oer it westlike part fan Snits. Troch it tsjokke glês wiene de foarmen fan strjitten, huzen en tuorren dizenich as fan in stêd yn ferfal. Wie dit no syn foarlân yn de kommende tiid?
Justerjûn hied er de yntocht belibbe as in wiere thúskomst. Boargers, geastlikheid en folk hiene him, fan de Easterpoarte nei Rodenboarch, op har waarme gefoelens nei de troan droegen. Yn syn eigen stêd soed er sûnder de lêst fan it ferline, dy't fan him ôfhommen wie yn Jeruzalim, as in kening regearje. En as de tiid fan syn folgjende hillige opdracht kommen wie, krige er berjocht út it Sint Nikolaas Konvint fan Aldskoat, dat er foar de tredde kear de wrâld yn koe.
Grutsk hied er yn de lette jûn oan de húshâlding fan Rodenboarch ferhelle fan de lange en swiere pylgerreis, de waarme leafde fan Marije yn Jeruzalim en de yntochtsfeesten op 'e weromreis. Hisse en Hylck harken mei iepen mûle, sels op it antlit fan Reynke Donia lei de glâns fan in ynmoedige oandacht.
| |
| |
Mar dochs... yn dizze skiere moarntiid waarden de kleuren fan juster mongen mei it grau fan wat er noch net rjocht beneame koe. Hie it te krijen mei it lege plak op bêd, dat er opfolle mei syn tinken oan it libben en de dea fan Bot? Dêrom wied er ommers troch pastoar Jehannes op reis stjoerd.
Ynienen skeat him de stjerrende pylger Born Luckens yn it sin, dy't op Rhodos syn libbensferhaal ferteld hie: hoe't er de ikker fan Hilleban Nappens, syn frou, sawat alle nachten om 'e nocht besiedde oant se nei de safolste ûnfoldroegen frucht yn in see fan bloed stoar.
Ynienen wist Rienk wêrom't de kleuren fan syn yntocht in dei letter al ferskiere wiene. Born Luckens koe yn frede stjerre, om't yn syn libbensboek de nammen fan him en syn frou ferbûn wiene mei it Kristusbern. Mar hoe koe hy, Rienk Bockema, sels nei syn pylgerreis, der wis fan wêze dat Bot út it deaderyk nei de troan fan God optein wie? Net ien kear wie it yn Jeruzalim by him opkommen dat syn eigen libben miskien ferbûn wie mei de skandlikste dea dy't men mar betinke koe, dat Bot har tekoart dien hie. Hy skodholle ferheftich. Se hie grif in ûngemak hân of oars moast se fermoarde wêze. Doe draaide er him fan it finster ôf en rûn streekrjocht op 'e grutte kiste ôf, dy't Wamme Alderts nei de ferbou fan Rodenboarch foar him timmere hie. Dat er ynienen wist wêr't er it libbensboek fan Born Luckens jierrenlyn opburgen hie, beskôge er as in geunstich teken. Hy tilde it swiere lid op, taaste tusken de klean en helle de rôle perkamint foar it ljocht. Sûnder nei de tekening te sjen, stiek er dy as in relikwy ûnder syn tunyk. By de doar sette er de stim út en rôp om syn beide dochters.
Se sieten tegearre yn de hearekeamer, de heit op 'e stoel mei de hege rêchleuning, Hisse oan syn rjochterhân. De âldste dochter wie yn in goed healjier fan in foech faam útgroeid ta in jonge frou. It ljochte hier, dat opstutsen siet ûnder in wite doek, joech it
| |
| |
smelle gesicht in folwoeksen útstrieling. De foarmen ûnder de donkerblauwe jûpe kamen dúdlik nei foaren, no't se mei rjochte rêch, sûnder dat dy de leuning rekke, yn de grutte stoel siet. De hannen leine op 'e râne fan de tafel, wylst de fingers meiinoar boarten. Se hie de eagen delslein yn ôfwachting fan wat nei syn rau roppen komme soe.
Ynienen foel it him op dat se op itselde plak siet dat Reynke Donia him wiisd hie foar it ferhoar fanwegen syn omgong mei Wike Lolles, mear as tweintich jier lyn. Mar sa soe it net!
‘Witst ek wêr't Hylck is?’ frege er freonlik.
‘Doe't heit rôp, ha 'k earst nei de stâl west,’ sei se, ‘mar dêr wie se net.’
Heit, hie se sein. De tagedienens fan de foarige dei klonk noch altyd troch yn har stim.
‘Is se faak ris op 'en paad?’
‘Hylck hat de rook fan it fjild nedich.’
Se sei it glimkjend as woe se har suster yn beskerming nimme tsjin syn mooglike ferwiten.
‘En do?’
‘Ik fiel my thús op Rodenboarch.’
‘Hoe is it hjir gongen?’
Se draaide it gesicht nei him ta en sei wifeljend: ‘Dy fraach hie 'k eins net fan heit ferwachte...’
Har antwurd stiek him, mar de freonlike eagen bêden syn opkommende lilkens del. Boppedat wie se sa earlik om syn eigen hâlden en dragen út it ferline oan te tsjutten. As haadling soed er de stân fan saken yn stêd en omkriten earst mei skepens en froedskip trochnommen ha, net mei in jonge frou.
‘Ha ik myn âldste dochter de ferantwurdlikens net yn hannen jûn?’ frege er.
Har antlit ûntspande en wylst se nei him ta bûgde, begûn se te fertellen. It hie boeren en boargers yn de simmermoannen sa meiwierre dat de oanfier nei de stêd en de leverânsje fan alderhanne
| |
| |
ambachtlike produkten fier boppe de ferwachtings útkamen. De smid moast de skealjen fan de waach sels twa kear meitsje fanwegen it mannichfâldige brûken. Wamme Alderts krige safolle fraach dat it boatebedriuw útwreide wie mei trije manlju en twa learjonges. De jiermerk loek fan hein en fier folk oan en in preker, dy't op dy dei tafallich yn de stêd wie, woe ha dat Snits troch de pylgerreis fan de ridder-haadling de bysûndere seine fan de Almachtige fertsjinne.
Hy knikte, om't er út 'e wurden fan Hisse opmakke dat troch syn hillich ûndernimmen de stêd yn de takomst noch mear yn de bloei reitsje soe. It wie in teken dat de ûnferwachte dea fan Bot gjin aaklike gefolgen hie, net foar har eigen siel, mar ek net foar syn takomstich heil.
‘Hearst noch wol ris wat oer jim mem?’ frege er ûntwikend.
Hy seach dat se wifele.
‘No net mear...’
‘En foarhinne?’
‘Mem hie gjin fijannen, waard der sein.’
Gjin fijannen, sei se...
‘Hat se... foar't it barde mei dy praat?’
Se liet de holle sakje, de smelle hannen glieden ûnder de tafel as woe se op dit stuit it leafst hielendal weiwurde.
‘Se hat dus mei dy praat,’ sei er.
Hisse knikte of wie it mear in stadige beweging fan de holle, noch fierder foaroer? Fan it Kante Plein ôf krongen lûden de stilte fan de hearekeamer yn: it triptraapjen fan in hynder en dêrboppe-út de laits fan in famke.
‘Dat sil Hylck wêze,’ flústere Hisse.
Hy fielde meilijen mei har, mar tagelyk skreaude syn eigen ûnwissens om in antwurd.
‘Wolst it net sizze?’ frege er, wylst er de hân nei har skouder brocht. It heugde him net, wannear't er foar it lêst sa'n gebeart nei ien fan syn dochters ta makke hie, mar diskear fernaam er dat
| |
| |
de waarmte fan Hisse har lichem yn him oerfloeide en syn djipste wêzen rekke, mear noch as by de begroeting fan justerjûn. Wylst er nei har ta bûgde, seach er dat se gûlde, lûdleas en sûnder ien inkele beweging, lykas de Leave Frouwe yn de Hillige Grêftsjerke.
Ynienen wist er wat er dwaan moast Net it boek fan de libbenen ûnder de tunyk weihelje, sa't er earst fan doel wie. It soe har noch mear yn betizing bringe.
Hy gong oerein, rûn nei de pylgerútrêsting, dy't er op in kiste útstald hie, en helle it krûkje foar it ljocht. Nei't er it op 'e tafel set hie, rekke er syn dochter op 'e nij oan en sei: ‘Sjoch Hisse, dit krûkje ha 'k meinommen út Jeruzalim.’
Wylst se de holle optilde, loek er hoeden in tippe fan de wite doek út 'e iepening en ferfette: ‘Hjirmei binne de triennen fan de Hillige Frouwe opheind. Se gûlde fan fertriet om it lijen fan minsken, mar har leafde feroaret alles yn lok...’
Hy wist net sa gau hoe't er syn ekstaze yn de Marije-kapel ferbine moast mei it meilijen dat er hie mei syn dochter en taastend om wurden, prate er fierder: ‘Omdatsto no ek gûlst, Hisse, likest op Marije, want do hast fertriet om... wat bard is... of net?’
Se stoarre mei grutte, fan triennen glinsterjende eagen nei it krûkje, dêr't de tippe fan de doek no by del hong.
‘Ja,’ flústere se, ‘om wat bard is...’
‘Ast it net sizze wolst,’ sei er, ‘hoecht it net.’
Doe draaide se it gesicht nei him ta en sei: ‘Mem hat ek faak gûld.’
Diskear liet se de holle net sakje, mar seach him oan mei har donkerblauwe eagen, dy't liken op te ljochtsjen no't se har utere hie. En yn dy glâns werkende er in glim fan it mystearje dêr't er earder yn opnommen wie.
‘It is sa,’ mompele er, ‘mar it wurdt oars, hiel oars!’
Hy kaam rimpen oerein, skode de stoel efterút, pakte it krûkje fan de tafel en sette it wer teplak.
| |
| |
‘Kom,’ sei er, ‘ik sil in slach de stêd troch.’
By de efterdoar kaam er Hylck tsjin mei yn elke hân in hazze. Hy joech har in klap op it skouder en bearde dat er yn Snits en omkriten gjin jongfaam koe dy't sa tûk wie as syn eigen dochter.
Op 'e midden fan it Kante Plein liet Rienk Bockema it hynder ho hâlde. In slach de stêd troch, hied er sein, mar hokker rjochting soed er kieze om in ein te meitsjen oan syn ûnwissens? Doe't er seach dat foarbygongers stean bleauwen en tusken de finsterlûken gesichten foar it ljocht kamen as waard der wat fan him ferwachte, stiek er de hân omheech en sei: ‘Ik ha fernommen dat it troch myn pylgerreis in jier fan frede en wolfeart west hat en no freegje ik jim, wiis my de wei nei it bedriuw dat it meast yn de bloei rekke is.’
It bleau efkes stil, doe waard út 'e slachterij wei roppen: ‘Oars soe ik mysels neame, mar ik wit net oft soks ek gefolgen hat foar de lêsten dy't jo oplizze.’
Der waard lake en Rienk lake mei.
‘Dêr kinst wol op rekkenje, Rinke Simens, mar sa te sjen oan dyn lege winkel, is it op 't heden earmoed by jim.’
‘As ik jo wie, soe 'k mar ris nei ús weinmakker ta,’ sei Rinke.
‘Bouwe Durks kin de kowehûden sa gau ek net oanslepe!’ waard der roppen.
‘Wamme Alderts mei der ek wêze, it is in baas fan in fint.’
Der waarden noch mear nammen neamd, mar Rienk sloech der gjin acht mear op, kearde it hynder en sei laitsjend: ‘Ik hear it al, it liket de kommende tiid mar goed foar Rodenboarch.’
Wylst er it Achterom ynried, dat útkaam by de eastlike wetterpiip, fielde er him suver ferromme. It petear op it Kante Plein hie him goed dien. Se hiene laitsjend oer hegere lêsten redendield, folslein oars as yn it ferline, foar't er op krústocht en pylgerreis gong. It wurdt oars, hied er tsjin Hisse sein en sjoch, it wie al oars.
| |
| |
Hy hearde it lûd fan seagjen en it klopjen fan hammers en seach oan de ein fan de grêft de nije útbou fan de wurkpleats fan Wamme. Twa manlju timmeren planken tsjin in ramt fan balken, wylst in jonge in nije foarrie hout oansleepte. Under it reiden tek lei Wamme sels op 'e knibbels tusken seachsel en spuonnen en bûgde in planke om de spanten fan in boat. Doe't er de ruter gewaar waard, liet er de planke los en kaam oerein.
‘Master-bouwer, baas oer in mannichte folk,’ sei Rienk, ‘it koe minder.’
Wamme knikte. ‘Ik mei net kleie,’ sei er, ‘mar it is fansels net allinnich myn fertsjinste.’
‘Soa?’
‘As Rodenboarch net noed stien hie foar stêd en omkriten en mysels net belutsen hie by de bou fan de stinstoer, dan hie it der hjir hiel oars útsjoen. Boppedat hat de heit baas-dochters.’
Hoewol't Wamme fersomme hie de pylgerreis te neamen as oarsaak fan syn bloeiend bedriuw, beskôge er dat net as in oantaasting fan syn gesach as haadling; foar de earste kear fielde er him yn syn bloedeigen bern eare.
‘Ik bin op 'e hichte,’ sei er, ‘jim binne noch tegearre?’
Der loek in skaad oer it gesicht fan de boatebouwer.
‘Ik sil wol altyd frjemden yn it wurk ha,’ sei er.
‘Yn alle gefallen hasto op bêd noch ien nêst dy...’
Hy wist sels net oft it in treast wie of in utering fan syn eigen langstme nei in firou lykas Lipkje, miskien Lipkje sels wol.
‘Dat it sa ferrinne moast,’ hearde er Wamme sizzen.
‘Wat bedoelst?’ frege er.
‘De ûnferwachte dea... en it tafal dat ik der op dyselde middei noch lâns fearn bin.’
It klopjen fan de hammers wie opholden. De manlju skaaiden sabeare drok mei planken om, de holle skean, op 'en iepenst om it ferfolch fan it petear op te heinen. Doe't Wamme opseach, begûn it hammerjen wer.
| |
| |
Rienk bûgde by de hals fan it hynder lâns nei foaren en sei sêfter as earst: ‘Dêr kaam ik hjir krekt foar, Wamme, wat hast sjoen?’
‘Neat,’ sei er like sêft.
‘Se hat yn de reiden lein, mei de holle ûnder wetter... dat moat dy dochs opfallen wêze...’
‘Ik foer yn de Frjentsjerterfeart, doe't jim op it Noardeast rieden,’ sei er, ‘dat ha 'k sjoen, oars net.’
Om't er suver flústerjend prate, klonk syn lûd heas en moast er in pear kear kielskraabje.
‘Spitich,’ sei Rienk, ‘ik hie hope datst my de moardner neame koest.’
‘Moardner...,’ flústere Wamme, ‘is se...’
Fierder kaam er net. Rienk klakte mei de tonge en stjoerde it hynder op 'e Easterpoarte ta. Foar de earste kear hied er foar wis oanjûn dat Bot fermoarde wie. Wylst er dat yn him omgean liet, kaam it by him op dat der gjin wei werom wie. Hjoed noch soe syn útspraak as diggelfjoer troch de stêd rinne. Moard of gjin moard, hy moast in moardner fine.
Bûten de poarte sette er it hynder oan en dravend gong it by it wetter lâns, de kant fan it Noardeast út. De wyn boldere him yn de earen en oerstimde syn swiere prakkesaasjes. Hy davere by de Noarderpoarte lâns en folge de rin fan de Frjentsjerterfeart. Doe't it wetter ûnder de hoeven opspatte, hold er yn. Tagelyk seach er yn de fierte, tusken de reiden troch, it beweech fan jongfolk. Hy stapte fan it hynder en fierde it oan de leie mei oant er einen opfleanen seach, daliks folge troch trije pylken. Wylst in jerke nei ûnderen tûmele, klonken opteine stimmen en it plûnzjen fan stokken. Op in flot fan beamstammen boomden trije jonges nei it plak dêr't de jerke delkommen wie.
‘Hee!’ rôp er.
Se seagen op.
‘Hawwe jim gjin baas?’
Se draaiden it gesicht ôf en begûnen hurder te bomen oant se by
| |
| |
de oare wâl kamen. Dêr sprongen se fan it flot en draafden it fjild yn.
‘Ombongelders binne it, dy groeie op foar galge en rêd!’
Rienk draaide him mei in hoart om. In tritich foet efter him stapte Sjoerd Jongema fan it hynder. Syn grauwe mantel glied oer de hynsterêch en wappere efkes op 'e wyn. It lange grize hier, dat him foar de eagen hong, striek er mei in rimpen gebeart fansiden. Rienk wie sa ferstuivere dat er de man in telmannich oanstoarre. ‘Ik hearde hjoed dat jo wer op Rodenboarch binne...’
Rienk knikte koart. As dit de oanhef wie om him ta ferantwurding te roppen, dan soed er de hierboer fan Abwert foar wêze.
‘Dyn soan hat ûnderweis foar in oare baas keazen,’ sei er, ‘in Joad.’
‘In Joad noch wol!’ bearde Sjoerd Jongema.
Hy like alhiel net ûnder de yndruk en ferfette: ‘It is krekt in floatige hûn dy't efter elkenien oanrint, sels in Joad mijt er dus net.’
Rienk snúfde. Hoewol't it him tafoel dat de boer it goed opnaam, fielde er tagelyk ferachting foar de heit dy't sa oer syn bloedeigen soan tocht. Of wie it jaloerskens fanwegen it lege plak yn syn eigen libben?
‘Ik kin my net foarstelle datst hjir om in praatsje komst,’ sei er, ‘hiest in boadskip?’
Sjoerd Jongema liet de holle justjes sakje as wied er him ynienen bewust fan syn tsjinstberens.
‘Ik wie ûnderweis foar it ynfoarderjen fan de lêsten en doe seach ik jo riden, mar it fjild liket my gjin gaadlik plak ta om de ponge ôf te dragen,’ sei er, ‘as jo myn gast wêze wolle?’
In amerij letter rieden se nêstinoar op Abwert oan.
Se sieten foarinoar oer, op deselde ikehouten stuollen as de deis dat de haadling fan Snits Sjoerd Jongema ta hierboer makke hie. It ljocht dat troch it smelle rút op it súdwesten foel, striek oer in pear nije flierplanken. It hout om it finster like ek nij.
| |
| |
‘Do hast it fan 't jier drok hân,’ sei Rienk.
‘Ik ha net stilsitten,’ wie it beskie, ‘men moat ek in hierd spul goed ûnderhâlde.’
Wylst er de krûk fan de tafel pakte en de beide kannen fol skomjend bier geat, fertelde er fan syn krewearjen fan moarns ier oant jûns let: de ûngetiid mei karrenfol hea, de westlike muorre dy't yn de rin fan de jierren te lijen hân hie fan waar en wyn en dêr't nije stikken yn kommen wiene en dan noch de swiere gong by de boeren lâns om de lêsten foar syn hear yn te foarderjen.
‘Mar it ferset de sinnen, as men frou en soan ferlern hat,’ einige er. Hy naam in pear swolgen en sette de kanne mei in tryst gesicht wer op 'e tafel.
‘Dêr kinne jo ek oer meiprate... en dan sa...’
Hy skodholle en stoarre yn de iepening fan de kanne as seach er yn it skom it ferline werom. Yn de stilte dy't in amerij tusken de beide manlju hong, klonk it kriezen fan miuwen, dy't fan de kant fan de Frjentsjerterfeart oanfleanen kamen. Rienk draaide it gesicht wer nei de boer en frege: ‘Wat woest dêrmei sizze?’
Sjoerd Jongema seach nei it rút, knipere mei de eagen en kielskrabe.
‘Allinnich dit,’ sei er, ‘ik stie foar dat finster, doe't Bot Sickinga by de feart fan it hynder stapte...’
Hy swei as foel it him swier om fierder te praten. Rienk, dy't fernaam dat syn hert begûn op te spyljen, ferburch it gesicht efter de kanne en sei sa kalm mooglik: ‘Dat ha 'k sels hjoed ek dien.’
De boer gong op deselde toan fierder, as hied er it lêste net ferstien: ‘Ynienen wie se fuort, efter de reiden weiwurden... in amerij letter seach ik de boatebouwer farren, de kant fan Turns út.’
Rienk liet de kanne op 'e tafel sakje en bleau as ferstive sitten. Allinnich syn lippen beweegden en hy hearde himsels freegjen:
‘Woest dêrmei sizze dat Wamme Alderts...’
‘Allinnich wat hjir oer de tafel gongen is,’ kaam it fan de oare kant.
| |
| |
Rienk besocht de krioeljende tinzen en gefoelens, dy't Sjoerd Jongema oproppen hie, yn betwang te krijen. Hy fielde ferromming, om't syn hope noch dizze selde dei útkommen wie. Bot wie fermoarde. Mar hoewol't in begjin fan grime yn him opwâle, kaam tagelyk de twivel boppe. Koe men Wamme Alderts, de man dy't rûnom yn Snits achte waard om syn persoan en bedriuw, ta de galge feroardielje? It folk fan Snits en Goaiïngasweagen soe syn misdied yn de kiif sette en tsjin syn hear yn opstân komme.
‘Myn frou is fermoarde,’ sei er, ‘mar fanwegen de goede namme fan de boatebouwer sil ik foarearst de galge net oprjochtsje litte.’ De boer knikte.
‘Ik begryp it,’ sei er, ‘mar hawwe jo my yn it begjin fan de jierren santich net yn tsjinst nommen?’
‘Wat bedoelst dêrmei?’
‘As ik der no ris mei rêd...’
Rienk gong oerein en rûn op 'e doar ta. Hy hearde dat Sjoerd Jongema efter him oan kaam.
‘Jo jild,’ sei er.
De ponge dy't er tarikt krige, wie swier.
‘Tanke,’ sei er, ‘do rêdst der de kommende tiid ek wol mei.’
Doe't Rienk Bockema weromried nei Snits, hearde er fan de kant fan de Frjentsjerterfeart in alderheislikst roppen en razen. Hy hold it hynder yn en liet de eagen by de reiden lâns glide. By in gloppe wrakselen de trije jonge jagers. De grutste trape ien fan syn maten yn it wetter, liet him doe op 'e oare falle en treau dy syn holle nei ûnderen.
‘Toe mar!’ mompele Rienk, wylst er de learzens yn de flanken stjitte.
It hynder stiek de earen omheech en fjouwere op 'e feart ta. Op itselde stuit kaam de fjochtersbaas oerein en sette it op in draven, de kant fan de Noarderpoarte út.
‘Dat rêdst net, jonkje!’ grommele Rienk.
| |
| |
Hy draaide de holle oer it skouder en seach dat de beide oaren oerein klatteren.
‘Dy rêde har wol,’ sei er.
Noch foar de poarte griep er de grutste yn it nekfel.
|
|