| |
| |
| |
12 De yntocht
... ende quam weder opten veerthienden dach Octobris.
It wie trije moanne letter, doe't Rienk Bockema op 'e doar fan it Sint Nikolaas Konvint te Aldskoat kloppe. Stoarmtwirren skuorden oan syn dweiltrochwiete mantel en sloegen de reindrippen kletterjend tsjin it hout. Hy fielde de kjeld oant op it fel en riboske. Efter him skodde it hynder de drippen fan de lea.
Rienk koe it rûzjen fan de weagen yn de Tsjonger hearre, de rivier dy't er krektlyn oerstutsen wie. Hoewol't in boer, sa't er sei, it ûndjipste plak oanwiisd hie, wie it hynder oan de flanken ta yn it wylde wetter sakke. It skeelde net folle as de stream hie harren meisleept.
It lûkje yn de doar gong iepen. Oer it smelle antlit fan in non beweegde de flakkerjende flam fan in kears, dy't se nêst har kape hold. It fernuvere Rienk dat er yn de eagen fan in frou seach, eagen dy't yn it kearsljocht skitteren en, sa't it op him oerkaam, waarmte útstrielen.
Mar in telmannich letter naam se him hifkjend op en sei: ‘Jo binne by de ferkearde doar, oan de oare kant is de ôfdieling foar muontsen.’
Hy wie efkes ferstuivere, mar liet him net fuortstjoere.
‘Ik bin oan op it fel ta wiet,’ sei er.
‘Se hawwe dêr wol droege klean,’ woe se ha, mar har stim klonk minder wis as earst.
‘In pylger dy't stjerrende kâld is, wurdt hjir wegere?’ frege er hoastjend.
Se skodholle, sei dat se yn it konvint ek siken fersoargen, sawol froulju as manlju, mar dat der wolris swalkers oankloppen mei net altyd like suvere bedoelings. Doe skode se de skoattels foar de doar wei, sei dat se wol mei it hynder rêde soene en liet him
| |
| |
deryn, tagelyk mei in fûle twirre. Ynienen wie it roettsjuster. No't de tichte doar it bearen fan de stoarm bûten sleat, koed er har sykheljen hearre. Hy fernaam dat syn eigen bestjurre bloed wer begûn te streamen. Hy en in frou... Foar it lêst hied er yn de omkriten fan Heidelberch de waarmte fan in sierlik frouwelichem field. Mar twa deireizen letter seach er yn it ferwrongen gesicht fan in wiif dat it mei de duvel oanlein hie. Froulju dy't sa ferskillend wêze koene...
‘Kom mar efter my oan,’ sei se, ‘wy binne sa wer yn it ljocht.’ Hy hearde har sandalen skufeljen en wie teloarsteld dat de ferljochte gong efter de binnendoar de tsjustere betsjoening ferbriek. Se brocht him nei in sel, stiek in kears oan en sei dat se droege klean helje soe.
No't er allinnich wie, fernaam er dat de kjeld him wer oer de lea kroep. Huverjend strûpte er de wiete brot út oant er stokneaken midden yn de sel stie. Doe pakte er de kearsestander en fernaam op slach dat in ynwindige macht dêr't er him troch liede liet, de kearsflam by syn lea lâns stjoerde. Hy fielde net allinnich in kromke waarmte op it fel, mar mear noch de hjitte yn it ûnderlichem. Underweis hied er mar inkeldris de gelegenheid hân om syn gleonens op froulju út te strieljen. It mocht dochs gjin sûnde hjitte dat hy, wannear't de foarname meipylgers fol freugde ynhelle waarden yn har eigen stêd, it feest fan de leafde meifierde? Hiene de froulju yn de berûzing fan de nacht sels net frege om de wûndere krêft fan ien dy't yn leafde ferbûn west hie mei de Hillige Frouwe?
Doe't er oan har tocht, kaam de twivel boppe en hy frege him ôf oft dy wûndere krêft deselde wie as de ekstaze yn de Hillige Grêftsjerke, Foar't er it antwurd fûn hie, hearde er fuotstappen yn de gong. Wat soed er dwaan, as de non hjir daliks foar him stie?
De doar gong iepen en in earm mei klean kaam foar it ljocht. Wylst er derop ta rûn, bûnze it hert him yn de kiel.
‘Droege klean foar jo,’ hearde er.
| |
| |
Hy taaste dernei, rekke har earm oan en hold de smelle hân in telmannich fêst. De klean foelen op 'e stiennen flier. Nei de klap fan de doar, stie er mei lege hannen.
Op slach wie syn gleonens bekuolle. Hy strûpte it grize himd oer de triljende lea en sloech dêrnei de pij om de skouders. Om waarm te wurden en syn nederlaach fan him ôf te skodzjen, trêde er troch de sel. Ynienen stroffele er oer de wiete brot op 'e flier. Doe't er de swiere pylgermantel oppakte, rûgele der in krûkje út. Hy koe it, foar't it yn diggels op 'e stiennen foel, noch krekt opheine. Ferwezen stoarre er dernei en preuvele dat de Hillige Frouwe him troch de triennedoek behoede hie foar de sûnde fan it fleis. Wie de doek yn it krukje net folle mear wurdich as it fermogen dat er de Fransiskaner muonts yn Jeruzalim derfoar betelle hie?
‘Hillige Frouwe, haw tank dat Jo Gottlieb ynjûn ha om my dat krûkje as relikwy mei te jaan. Troch it mystearje fan de leafde ha 'k jûn ûnderdak krigen en kin ik my no rêstich deljaan, sûnder de skuld fan in oantaasting... de non...’
Syn gebed stûke, doe't de doar iepen gong en in ronfelich nonne-gesicht boppe in kears om de hoeke kaam. It moast de abdisse wêze.
‘Ik bring jo nei de muontsen,’ sei se, ‘sy binne net minder gastfrij as wy.’
Se wiisde nei syn wiete brot en hiet him dy mei te nimmen. Doe't er wifele, meneuvele se rimpen dat er meikomme moast. Hy pakte de klean op en folge har troch de gongen. Dat er as in snotjonge meifierd waard, kaam op him oer as in fernedering. Hy seach him wer efter broer Martinus oanrinnen, dy kear doe't er as fyftjinjierrige foar straf in nacht yn it Johanniter kleaster bliuwe moast. En dan dit lêste jier, hy hie der skjin syn nocht fan! Yn elk kleaster dêr't er op syn pylgerreis oernachte hie, wiene it de muontsen dy't him it paad wiisden. It waard heech tiid dat er syn
| |
| |
eigen paad wer gong en sels it heft yn 'e hannen hie. Moarn soed er wer yn Snits wêze, mar net ûnferwachts...
‘Ik bin Rienk Bockema,’ sei er, ‘ridder fan Snits, en ha op pylgerreis west nei Jeruzalim.’
De abdisse knikte swijend en skufele mei deselde gong troch.
‘Se moatte yn Snits al witte dat ik deroan kom,’ woed er ha.
De non bleau foar in swiere doar stean en kloppe derop. Daliks kreake dy iepen. ‘Ridder Rienk Bockema,’ sei se, ‘op trochreis fan Jeruzalim nei Snits.’
In skoft letter siet Rienk boppe in skaal mei beannen en snoek-bears. Hy iet hastich, om't syn mage skreaude om in streksum miel. Ut en troch naam er in swolch bier. Hy hie der sels om frege, net allinnich dat er op 'e weromreis wend rekke wie oan oerfloedich drinken, mar mear noch fanwegen de breinsâlte smaak.
‘As ik dit sa oansjoch, hasto fan Jeruzalim ôf grif neat te iten hân, myn soan,’ sei de muonts, ‘ik bin benijd nei dyn ferhaal. Wy krije hjir op 't lêst net alle dagen besite fan in Jeruzalim-pylger.’
Se sieten tegearre yn in hoeke fan it refter, om't it miel al earder troch de oare muontsen behimmele wie. Syn begelieder en fersoarger, dy't him by de swiere doar tusken it muontse- en nonne-gebou opheind hie en himsels dêr foarstelde as broer Andreas, hie gjin wurd smoarch makke oer syn twongen ferhuzing. Of soene yn dit dûbelkleaster de driften fan it lichem faker opspylje? Muontsen en nonnen hiene op 't lêst ek meikrigen wat elk minske eigen wie.
Doe't er de skaal skjin leech hie, lei er de leppel del en krôke.
‘Sa mei 'k it hearre,’ sei Andreas, ‘it hat dy goed smakke.’
De muonts seach him benijd oan yn de ferwachting dat no it pylgerferhaal komme soe as fergoeding foar it oerfloedige miel. Mar Rienk fielde dat de lea him befoelen fan it waarme iten nei de lange, kâlde dei.
| |
| |
‘Witte jo ien dy't sa gau mooglik myn komst yn Snits oankundigje kin?’ frege er.
Andreas knikte glimkjend en sei: ‘Mar sa maklik komsto net fan my ôf. Wat hast meinommen fan de pylgerreis?’
Wylst er him by de mouwe pakte, heakke er ta: ‘Foar de siele, fansels. In pylger giet ommers nei hillige plakken om syn siele te suverjen en iepen te setten foar in nije opdracht yn it libben. Sa hawwe ús foargongers fan de Dútske Oarder ek altyd iepen stien foar de oprop fan Kristus om it heidendom te bestriden en...’
Rienk fearre op. De wurden fan Andreas hiene syn wurgens yn ien kear fuortspield en hy frege rimpen: ‘Watfoar oprop hat de Dútske Oarder krigen?’
De muonts meneuvele dat er geduld dwaan moast en sei dat er earst nei it pylgerferhaal harkje woe.
Doe helle Rienk it krûkje foar it ljocht, fertelde fan de doek mei de triennen fan de Hillige Frouwe, dy't him oantrunen om foar har op te kommen. Dat wie syn opdracht: oeral wêr't sy troch de heidenen bedrige waard, moast er har beskermje.
En yn syn gleone iver fermong er it fiere ferline mei syn pylgerreis fan dit jier; syn beskerming fan de Leave Frouwe yn it Starumer Sint Odulfuskleaster mei it mystearje fan Marije yn de Hillige Grêftsjerke; syn striid tsjin de Turken by Rhodos mei de opdracht dy't er fan Gottlieb krigen hie om de heidenen te bekearen ta it leauwen yn it krús fan Kristus.
‘Der komme wat langer wat mear ôffalligen!’ rôp er oan de ein fan syn ferhaal.
It wiene deselde wurden dy't Gottlieb op 'e lêste dei fan syn ferbliuw yn it Fransiskaner kleaster sprutsen hie en dy't him yn it ûnthâld gravearre stiene.
‘Dêr kinsto oer meiprate, myn soan,’ sei Andreas.
It trune Rienk om fierder te fertellen, fan de Joaden op 'e hinnereis, dy't de boarnen fan de kristenen fergiftige hiene; fan de heks dy't op it stedsplein fan... de namme fan de stêd wied er ferget- | |
| |
ten, ferbaarnd wie, om't se har iepensteld hie foar de ûnhuere driften fan de duvel. Doe kaam him yn it sin wat Gottlieb fan in Litouske pylger heard hie en wylst er mei de fûst op 'e tafel sloech, rôp er: ‘Sels de gruthartoch fan Litouwen is wer heiden wurden en bûcht de knibbels foar de duvel!’
Andreas knikte en sei: ‘Soks is gau de wrâld oer, myn soan. Fan Jeruzalim oant Aldskoat. Der komme yndied fijemde berjochten út it easten. Om't ús kleaster ta de Oarder fan de Dútske Ridders heart, binne wy hjir goed op 'e hichte fan de ûntwikkelings dêre. Se sizze dat Poalen en Litouwen yn it foarige jier ien machtige kristlike naasje wurden binne, mar dat gruthartoch Witold yn werklikheid hear en master yn Litouwen is.’
‘Dat moat oars!’ spatte Rienk op.
De muonts bêde him del en sei: ‘Dyn tiid komt noch wol, Rienk Bockema. Moarnier stjoer ik in boadskipper nei Snits om dyn komst oan te kundigjen.’
Hy gong oerein, sei dat er Rienk nei de sei bringe soe en wiisde doe nei de relikwy.
‘Om't dyn siele suver is, kinst dy fannacht rêstich deljaan, myn soan, ferjit it krûkje net...’
Under in kleare oktoberhimel ried Rienk Bockema nei it westen. It wie Andreas slagge om him noch ien dei langer yn it Sint Nikolaas Konvint te hâlden. It waar en de pylger wiene beide noch te bluisterich, sa't er justermoarn sein hie. Want noch altyd gûlde de hurde wyn om it kleaster hinne. En de twirren yn de pylger sels, oanboaze troch de opdracht dy't er krigen hie, moasten earst belúnje. As it safier wie, sei de muonts him ta, soed er in boadskipper nei Snits stjoere om de ridder op te roppen ta de striid.
No't er it dochs oer in boadskipper hie. Doe't it earste ljocht fan de dei trochbriek, wie in jonge muonts op it hynder sprongen om troch it stoarmige waar nei Snits te riden. Hy soe net earder as yn de middei de stêd berikke. Woe de ridder dan dyselde jûn noch
| |
| |
syn yntocht hâlde? Dat koed er de Snitsers net oandwaan, wie Andreas fan betinken. Sy moasten de tiid ha om te wennen oan de komst fan harren hear, dy't nei alle gedachten as earste Snitser de hilligens fan Jeruzalim sjoen hie.
De twadde nacht fan syn ferbliuw yn it kleaster wie de wyn lizzen gongen. Om't er net sliepe koe, hied er sjoen hoe't de moanne troch de wolken briek, wat er útlei as in geunstich teken foar de dei fan syn thúskomst.
Boppe Rienk fleagen guozzen lûd snetterjend fan har sliepplakken nei it leechlân. It die him tinken oan de pylgers dy't yn in lange rige oer it flakke lân en troch de bergen tein wiene. Hoewol't guon deireizen swier west hiene fanwegen it hjerstige waar, wie de weromreis ôfwikseljend, suver feestlik, troch it selskip fan eallju en rike keaplju. De stêden hellen de eigen Jeruzalim-gongers swaaiend, jûchheiend en mei muzyk yn en de oare pylgers, dy't noch fierder moasten, fierden it feest mei. Yn Heidelberch wie op it merkplein in poadium timmere, dêr't alderhanne hilligen de lof fan de pylgers besongen. Op datselde plak wie Rienk Bockema it sierlike frommes tsjin it liif rûn, oan wa't er yn de herberch, yn in gearmjoksel fan Frysk en har lânstaal, syn fromme ferhalen ferteld hie. Mei iepen mûle hie se nei him harke en dêrnei die se, op 'e boppeferdjipping fan de herberch, har ûnderste lippen iepen om syn wûndere krêft ta te litten.
Doe't Rienk Bockema yn de betide middei De Jouwer foarby wie, seach er de marren en puollen foar him blinken. In pear seilen ljochten fel op yn de sinne. Se wiene mar lyts ferlike by de lapen doek dy't de galeien gong joegen. Foaral de galei dy't him werom fearn hie fan Jaffa nei Fenetië, wie ien fan de grutste en fluchste yn it Middellânske Seegebiet. De priis, dy't dêr ek neffens wie, hie fan gefolgen dat it skip allinnich foarname pylgers oan board krige. En hoewol't Rienk grou jild betelle hie foar syn ôflaat en relikwy, mocht dizze oertocht, troch de goederjouskens fan de
| |
| |
Joad Jakob op 'e hinnereis, him wol barre.
Hy hie Jakob en Ygo net wer sjoen. Doe't er allinnich yn Jeruzalim omdoarme, miste er harren oanspraak, mar troch it selskip op 'e weromreis wiene se út syn tinken sliten.
Hy seach út 'e eachhoeken wei nei it paad nêst him. Wie de ûnrêst dy't him bekroep in teken dat er syn skyldfeint dochs miste? Net dat de jonge in protte sizze soe, want op 'e hinnereis hied er ek al ynbannich west; letter loek er wat langer wat mear nei Jakob ta as beskôge er de Joad as syn twadde heit. Twadde heit... hied er sels foar Ygo ek net in heit wêze wollen? En sjoch, no kaam er werom sûnder syn pleechsoan. Wat moast er tsjin Sjoerd Jongema sizze, as dy frege wêr't Ygo keard wie? Mar wêrom soed er ferantwurding ôflizze oan de hierboer fan Abwert, dy't syn bloedeigen soan ferballe hie?
Wylst Rienk dat yn him omgean liet, begûnen de lege plakken yn syn libben op 'e nij te skrinen: it gemis fan in eigen soan út 'e skurte fan Bot, dy't goed oardeljier lyn ûnder heimsinnige omstannichheden ferdronken wie. Hie Ygo, dy't er fertroude as wie it syn eigen soan, wat te krijen hân mei de dea fan Bot? Wie de jonge dêrom yn it Hillige Lân efterbleaun? Wis en wrachtich, net hy hie Ygo yn de steek litten, mar oarsom: de skyldfeint wie syn ridder ûntrou wurden.
Rienk stjitte it hynder yn de flanken en daliks gong it op 'en fjouwerjen. Al gau kaam it silhûet fan Snits boppe de kym. It ljocht fan de sinne, dy't al wer yn it delgean wie, striek oer de stêd en like de tuorren noch fierder boppe de flakte út te tillen. Tusken de Martinustsjerke en de kapel op it Noardeast, ljochte Rodenboarch in telmannich fel op, as paadwizer foar syn bewenner. Dat wie ek it hûs dêr't syn beide dochters grutwurden wiene. Ut dy stins wei hiene hja sawat in jierlang stêd en omkriten bestjoerd. Moast er as heit net grutsk wêze op sokke fammen? Of... en doe ynienen bekuolle Reynke Donia, syn bloedeigen mem, de opkommende
| |
| |
waarme gefoelens foar Hisse en Hylck. Hie sy miskien de macht op Rodenboarch salang oan har lutsen?
Foar him skoden de bylden fan goed tweintich jier lyn foarby: hoe't sy de bôge fan de muorre raamde, him dermei ôfseamje soe, hoe't hy har it wapen ôfhaam, de stins ûntflechte en úteinlik belâne tusken de sompen by de Hookslinke.
Rienk draaide de holle nei rjochts en koe yn de fierte it tsjerkje fan Goaiïngasweagen boppe it fealgiel fan de reiden ûnderskiede. ‘Lipkje... Hillige Marije,’ mompele er.
Doe't Rienk by de eastlike wâl kaam, begûnen de klokken te lieden. It fernuvere him, want om distiid, no't de oktobersinne noch twa hanbree boppe de kym stie, wie soks net gebrûklik. Troch de Easterpoarte seach er in staasje kommen. It wiene manlju yn donkere mantels en pijen, dy't him yn de mjitte rûnen. Hy seach de leden fan it stedsbestjoer, muontsen út it Johanniter kleaster en pastoar Jehannes. De lêste kaam mei in krús yn de hannen op him ôf, nei't de foaroansteande boargers en geastliken har oan wjerskanten fan it paad opsteld hiene.
Rienk wie ferbjustere oer wat er foar him seach. Hy hie al mannich yntocht meimakke, mar nea in wolkom bûten de poarte. Of rûnen se him yn de mjitte mei in jammerdearlike tiding? Wie der faaks wat mei syn beide dochters? Hy besocht it antwurd op it gesicht fan pastoar Jehannes te lêzen, mar dat liet him yn it ûnwisse.
‘Wy tochten twa pylgers wolkom te hjitten. Wêr is Ygo, myn soan?’
De fraach kaam folslein ûnferwachts. Hoewol't er ûnderweis ôfweefd hie mei de ferantwurding oan Sjoerd Jongema, ferge de Snitser mienskip him no op in antwurd.
‘Myn skyldfeint hat in oare hear útsocht,’ sei er, ‘ik ha de pylgerreis allinnich folbrocht.’
It wie sa, betocht er mei foldwaning, want hie Ygo net foar de
| |
| |
Joad Jakob keazen? Yn de beide rigen begûn it te rûzjen, tagelyk reaksjes fan ôfkarring en ynstimming. Hy wist dat de lêste foar him bedoeld wiene en fleurich rôp er: ‘Binne jim allinnich útrûn om my ta ferantwurding te roppen?’
De pastoar skodholle en frege fyntsjes oft it wenst wie dat in pylger, foar de Almachtige en syn skepsels oer, op it hynder sitten bleau.
‘Kom mei skerpe en palster op my ta, Rienk Bockema!’ hiet er.
Doe't de pylger, mei de skerpe yn de iene en de palster yn de oare hân foar de geastlike stie, klonk it lûd: ‘De skerpe hat dy op 'e lange reis stipe jûn, myn soan. En de palster dêrst op 'e hinnereis dyn sûnden yn meisleeptest, hast lege by it krús fan Kristus. Mocht dyn lichem hjoed troffen wurde troch de dea, dan is it wis dat dyn siele opnommen wurdt yn de mienskip fan de hilligen. Mar as de Almachtige de jierren fan dyn libben fermannichfâldiget, brûk dan de palster om de goede wurken yn op te bergjen en de skerpe om dyn âlde lea stipe te jaan.’
Hy stiek de hannen nei foaren en rekke mei it krús de pylgerstêf en de reistas oan. Doe knikte er Rienk ta en sei: ‘Ridder fan Snits, do hast mei eigen eagen de stêd sjoen dêr't kening David en Kristus yntocht holden hawwe. Ryd no Snits yn en bestjoer de stêd as de grutte kening fan Israel.’
De klokken begûnen wer te lieden, doe't Rienk Bockema oer de poartebrêge ried. Foar it hynder út rûn pastoar Jehannes mei it krús yn beide hannen. Hy wiisde ridder en staasje de wei troch de stêd: út 'e poarte wei de Boarchstrjitte yn, dan de Antoniusstrjitte, it Nauwe Noard en de Merkstrjitte.
Op 'e muorren fan huzen hongen kleurige kleden as teken fan wolkom. Dêrfoar stie it folk, hjir swijend út djip ûntsach foar in pylger dy't it grêf fan Kristus sjoen hie, dêr útlitten, yn religieuze ekstaze.
Rienk liet de eagen oer de gesichten glide, mar koe troch de ski- | |
| |
mer dy't de stêd ynsloep, net folle mear sjen. Troch it ljocht fan toartsen, dy't hjir en dêr oanstutsen waarden, feroaren de lju yn ingeleftige wêzens, dy't har hear optilden en sweve lieten tusken himel en ierde. It wie itselde gefoel dat er hân hie foar it Marijebyld yn de Hillige Grêftsjerke, in gefoel fan suver lok. En noch altyd letten de klokken.
Doe't er oan de ein fan de Luifstege Rodenboarch yn fakkelljocht oprizen seach en de skimen fan Hisse en Hylck gewaar waard, kaam er werom nei de ierde. Hy liet him fan it hynder sakje en rûn mei de holle foardel, noch dwyl fan de yntocht, wankeljend fierder. Hy fielde earms om him hinne, de waarme lea fan twa fammen, syn dochters.
‘Heit,’ hearde er.
Nei't se him wer loslitten hiene, fernaam er in taastende hân op it skouder. In beevjende stim, dy't er amper noch koe, sei: ‘Rienk, myn soan...’
Einlings wied er thús.
|
|