| |
| |
| |
10 De berch Thabor
Wat dreau de pylger om sa'n lange reis te meitsjen, klomjend yn de kjeld fan de iere moarn, swittend yn de gleonens fan de middeissinne en, wannear't de skimer oer de ierde loek, hastich sykjend om in sliepplak foar de nacht. Wat beweegde dy pylger?
It wie it mystearje fan de pastoar. Nei't dy yn it bychthok de sûnde oanheard hie en syn fromme earen op 'en iepenst nei de himel kearde om te harkjen nei it boadskip fan skuld en boete, draaide er it gesicht nei it easten en sei sêft mar dúdlik de namme fan Jeruzalim. Dat mystearje tusken himel en ierde, tusken Kristus en de pastoar, tusken de Hillige Frouwe en de sûnder sette de pylger oan en dreau him nei it easten.
Mar hoewol't it mystearje sweefde tusken himel en ierde, bleau de pylger tichtby de grûn. It lichem wie him like swier as foarhinne, somtiden opswypke troch feile driften, wylst er yn de siel it ferline meitôge. En om't de reis lang en swier wie en it mystearje bang like foar de gaos fan de see en boppe it lân hingjen bleau, sakke de pylger fuort yn de djipte fan syn eigen tsjustere wrâld.
Dat alles wie Rienk Bockema gewaarwurden yn de Marije-tsjerke op Rhodos, de tsjerke dêr't er as krusfarder, op syn earste reis, ek west hie. De Leave Frouwe mei it Kristusbern op 'e earm hie him op deselde wize oansjoen as earst, glimkjend, fol leafde. Sûnder minsklik lûd kamen har wurden op him ta, as in koeltsje dat him yn de earen sûze. Se flústere him yn dat er in pylger yn need wie, geduldich werheljend wat er sa gau net fetsje koe, oant har boadskip like klear wie as it ljocht dat troch it middelste finster foel. Hy doarst dêr net nei te sjen en hold de eagen strak rjochte op it gesicht fan de Hillige Frouwe.
En op 'e nij hearde er har lûd. Wat er yn de skimer fan de haven-herberch sjoen hie yn it gesicht fan it famke, kaam ynienen yn it
| |
| |
folle ljocht: út syn gleone driften en de iepen skoat fan Rosine wie hja fuortkommen, in huorrebern, syn tredde dochter.
Hy bûgde de waarme holle oant er de koele stiennen fielde en betanke Marije dat syn driften it famke net rekke hiene. Troch Rosine hie de Leave Frouwe him derfan wjerholden om syn eigen dochter oan te taasten.
Doe't er ta rêst kommen wie, glieden syn eagen nei de kleure finsters oant se útkamen by it middelste. Dêr siet God de Heit op 'e troan mei it blau fan de ivichheid om him hinne, wylst Er it boek fan de libbenen yn de hân hie. It boek fan de libbenen... En ynienen wie him Born Luckens yn it sin kommen, de deasike pylger dy't him de rôle perkamint tarikt hie en doe stoarn wie. No spiet it Rienk dat er it keunstwurk fan de man út Norden net meinommen hie op syn eigen pylgerreis. It soe him beskermje kinne tsjin de ferliedings dêr't er sels op dit hillich ûndernimmen foar bleat stie.
Rienk kearde it gesicht wer nei it finster, dêr't de Almachtige troane, de eagen rjochte op it boek fan de libbenen, dêr't de nammen fan de deaden yn stiene. Sy kamen mei blide gesichten út it deaderyk fan see en lân. Mar dêrnêst, ûnder Gods lofterfoet heinde Lúsjefer mei syn trawanten de ferdomden op, waans nammen ûntbrieken yn it boek.
Hy waard wer ûnrêstich, skode in eintsje efterút en doe't er mei de eagen by de Leave Frouwe weromkaam, hie se it Bern tusken him en de hel yn skood. Hy lei it út as in teken dat er op 'e nij in kâns krige, diskear de kâns om te libjen as in suvere pylger yn it mystearje tusken ierde en himel. Wylst er dat yn him omgean liet, koed er net sa gau betinke hoe't er dat ha moast. Smeekjend seach er op nei Marije, mar it bleau no stil.
Hy gong oerein, draaide him wifeljend om en rûn troch it skip werom nei it westportaal. En wat syn eagen earst net sjoen hiene, yn de haast om sa gau mooglik by de Hillige Frouwe te kommen, waard er no gewaar: de fjirtjin staasjes fan de lijenswei fan Kris- | |
| |
tus, skildere op 'e muorren efter de pylders. Ien foar ien naam er de bylden fan de lêste reis fan de Hear yn him op, de swiere gong troch de strjitten fan Jeruzalim, mei de krúsbalke op 'e rêch. En oan de ein fan de staasje wist er hoe't it lêste trajekt fan syn eigen reis wêze moast. As soan fan Marije, safolle ieuwen letter, soed er as pylger syn eigen krús drage, de swiere lêst fan it libben: syn ûnferfolle langstme nei in soan, de dea fan syn frou, it gemis fan syn beide dochters en de skieding fan syn tredde dochter. Dat soe de boete wêze foar alles wat er oaren oandien hie.
De wyn dreau de galei mei faasje oer de see, alle dagen en nachten wer oan. De pylgers seagen it as in teken út 'e himel dat de reis oan it doel beäntwurde: har libben soe wer suver wurde as de hillige wyn yn de tsjelk op it alter. De skipper woe ha, it wie syn eigen kundigens dy't oan no ta te min beleanne wie. En de Joad Jakob beskôge it as de rop fan de Almachtige, dy't him weromhelle nei it lân fan belofte, dêr't er stjerre soe.
Mar Rienk Bockema sloech amper acht op dy lûden. Oerdei siet er yn de baarnende sinne op in plak foar it efterkastiel en nachts joech er him del ûnder de bleate himel mei de pylgermantel stiif om him hinne. Yn it earstoan kamen Jakob en Ygo geregeld by him en besocht de Joad in petear op gong te bringen.
‘Myn soan,’ sei er op in kear, ‘doe't jim op in hynder rieden, ha ik in ezel keazen om my te dragen. Want, sa tocht ik, dat dier heart by it lân dêr't wy hinne reizgje. Ezels droegen ús foarfaars nei it plak dêr't se wêze moasten en ferfierden boppedat harren fracht. En wie it de Moäbyt Bileäm net dy't op syn ezel nei myn folk ried om it te ferflokken? It bist wegere ynienen om noch in stap te fersetten, hoewol't Bileäm him mei syn stôk ôfseame. Want op it paad seach it trouwe dier in ferskining, dêr't syn baas blyn foar wie, in ingel mei in swurd. Fertel my, wat soe der bard wêze, as it bist trochrûn wie.’
Jakob wachte efkes en doe't er gjin andert krige, ferfette er:
| |
| |
‘Hokker oar dier sjocht in ingel op syn paad? In hynder? Wis net, dat bist hat allinnich mar each foar syn eigen krêft. Ezel en hynder, ienfâld en macht. Dat ha ik dy foarlibbe, myn soan, en no't wy sawat yn it lân fan belofte binne, hasto myn lessen begrepen en it efterkastiel ynruile foar de iepen loft, sa't myn foarfaar Jakob libbe doe't er flechte foar syn broer Ezau. Mar sjoch, it ferhaal giet fierder, want doe't Jakob mei syn húshâlding en keppels fee weromreizge nei Kanaän, wied er ryk en oernachte er mei syn froulju, soannen en syn iene dochter yn tinten. Kom, myn soan, de Almachtige sil it ús net sûnde hjitte as wy ús beskermje tsjin waar en wyn.’
Doe't Rienk dat hearde, kearde er him fan harren ôf en mompele dat er boete dwaan woe fanwegen syn eigen ferstoarne frou en syn trije dochters.
‘Trije?’ hearde er Ygo freegjen.
Mar syn hear joech gjin beskie.
De hiele fierdere reis libbe Rienk Bockema op himsels, as in kluzener dy't wach wie op elk teken út 'e himel. Hy krige it iten en drinken fan Jakob en kaam allinnich yn beweging as er nei it gat nêst de foarsteven moast.
Earst doe't de galei ticht ûnder de kust kaam fan Palestina en de skipper begûn te wizen en te roppen, fearre er op. De pylgers krongen op nei it kastiel, stapten oer him hinne en stiene as in muorre foar him. Foar de earste kear sûnt Rhodos fernaam er dat de driften wer begûnen op te spyljen. Mei de hân taaste er nei de gurle en as Jakob op dat stuit gjin romte foar him makke hie, wie de dolk foar it ljocht kommen.
‘Wy faire no by it lân fan belofte lâns,’ sei de âlde Joad.
De skipper stie ûndertusken drok meneuveljend op it kastiel en joech yn in grienmank fan talen, dy't er yn de rin fan de jierren opdien hie, tekst en útlis.
Rienk Bockema folge syn hân, dy't nei in stêd wiisde mei, boppe
| |
| |
de wite blokjes fan huzen út, rûne, ranke tuorren.
‘Dat is Akko,’ sei de skipper, ‘de stêd dy't ús kristen-bruorren, de krúsfarders, it langst tsjin de Turken ferdigene ha. Stadichoan binne de tsjerketuorren ferfongen troch de minarets dy't jim dêr boppe de huzen útstekken sjogge.’
En wylst it folk mei glimmende eagen en iepen mûle nei him harke, wiisde er nei it heuvelige lânskip yn de fierte, dat nei it easten ta oprûn. Om't boppe it lân bewolking hong, koene se de top fan in berch mei de namme Thabor net sjen, fertelde er. Dat wie de berch dy't de Hear geregeld beklommen hie om te bidden. Dêr gong de himel iepen en waard de Soan troch syn Heit bemoedige om yn Jeruzalim it krús te dragen.
De pylgers suchten, guon wiene oandien en ien mompele, yn de stilte dy't foel, dat de skipper har mei hasten nei de Hillige Stêd bringe moast om dan dêr de lijenswei fan Kristus te folgjen.
Wylst de galei fierder foer, skode de kust foarby en yn dy beweging kamen hieltyd wer oare linen en flakken fan it lânskip foar it ljocht: tsjin de skeante fan in heuvel in nôtfjild, it wetter fan in streamke dat troch de flakte kronkele en tusken de hichten de lytse fjouwerkanten fan wite wenten.
It moast Nazareth wêze, tocht de skipper, de stêd dêr't Jezus jong west hie, mar sûnder de sûnde fan de balstjurrigens fan de jongerein. En yn dyselde omkriten lei Kana, it plak fan it bruiloftsfeest, dêr't de Hear fan wetter wyn makke. Nee, se koene dêr net hinne, want de measte pylgers wiene nei it Hillige Lân kommen om te boetsjen foar har sûnden en net om feest te fleren. Boppedat wie de priis dy't se foar syn lieding betellen, lang net tarikkend om sa'n omwei te meitsjen. Dêrom soed er harren streek-rjocht nei Jeruzalim bringe, de stêd fan lijen en krús.
Doe rôp er: ‘Dat wie it dan, bêste pylgers! En no ha 'k sin oan in kanne wyn, want de kiel is my sa droech as âld lear. Mar om't ik fan seewetter gjin wyn meitsje kin, moat der in krûk út Rhodos oansprutsen wurde!’
| |
| |
Doe't ien fan de skipslju him in amerij letter in kanne wyn oanrikte, hiene de pylgers har wer oer it dek ferspraat. Allinnich Rienk Bockema stie noch op itselde plak en digere nei it lânskip skean efter de galei. Hoewol't de eagen him sear diene, besocht er de plakken fêst te hâlden: Thabor, Nazareth en Kana. Op 't lêst seach er yn it noardeasten allinnich noch de dizenige flakken en linen fan de heuvels. En krekt doe't er him wer deljaan soe, kaam ynienen as in teken út 'e himel in brek yn de bewolking en setten de strielen fan de sinne de heechste berch yn in klear ljocht. It moast de Thabor wêze.
Yn Jaffa hearske de drokte fan hannel en pylgers. Yn de haven leine skippen út ferskate wynstreken, guon yn in úthoeke yn 'e rêst, wachtsjend op pylgers op 'e weromreis, de measte oan de drokke kade mei it beweech fan skippers, roeiers en hannelslju. It wurkfolk jage ezels op mei oan wjerskanten krûken en learen sekken, dy't de manlju yn it rom fan de galeien sakje lieten.
Oan it begjin fan de strjitte, in eintsje fierder as it grutte fjouwerkante gebou dêr't de pylgers it bewiis fan ynklearring helje moasten, tilde it ek op fan de ezels. Se stiene fêstbûn oan ringen yn de muorre, de kop tichtby de grûn, de stuit sa út en troch opswypkjend om de miggen te ferjeien.
De skipper wie drok yn petear mei de baas, kloppe him op 't lêst laitsjend op it skouder, helle syn ponge foar it ljocht en betelle. Doe draaide er him om en rôp dat de pylgers it diskear bysûnder troffen, want se hoegden net rinnende nei Jeruzalim ta. De baas wie ree om foar in gaadlik pryske syn ezels te ferhieren, in pryske dat de skipper-gids ûnderweis wol fan de pylgers barre soe. Fansels hied er dizze wundere gong fan saken net foarsjen kinnen en glimkjend heakke er deroan ta dat er ús Leave Hear net wie, want oars soed er de ezels yn Fenetië wol by de priis yn rekkene ha.
De pylgers, fol langstme om sa gau mooglik Jeruzalim te berikken, wiene him tankber, hongen de reistassen op 'e ezels en
| |
| |
klommen der doe sels op. Yn in lange rige, mei foarop de skipper-gids, slingeren se troch de smelle strjitten fan Jaffa. Oan de râne fan de stêd fierde it paad oer it flakke lân nei de skiere hichten, dêr't de Hillige Stêd efter lizze moast.
De ezel fan Rienk Bockema, dy't hielendal oan de ein fan de rige rûn, folge it spoar fan syn lotgenoaten as sleepte de gewoante him mei. By in terebint, dy't op it plak stie dêr't de paden út it noarden en it suden byinoar kamen, hold er it dier yn. It skaad fan de blêden die woldiedich oan nei de benaude strjitten yn Jaffa en it felle sinneljocht boppe de flakte.
Hy seach efter de tsjokke stam wei de oaren fierder riden, ek Jakob en Ygo, dy't al gau wei waarden yn de weagjende staasje.
Doe't se fan 'e moarn it gebou, mei harren ynklearringsbewiis yn de reistas, ferlitten hiene en Jakob him fertroulik by de earm naam yn de ferwachting dat er no syn ôfsûndering opjaan soe, hied er sein dat er yn it Hillige Lân syn eigen wegen sykje woe. No wie it dan safier en hy hope ynmoedich dat se him mei rêst litte soene.
Hy digere nei it noarden, seach allinnich mar heuvels, dy't leger wiene as de berch Thabor. It hie him rekke doe't de skipper fertelde oer de iepen himel boppe de berch. Itselde wie him oerkommen, doe't de Joad Jakob ferhelle oer in ljedder út 'e hichte wei. Mar noch nea mocht er sels in teken út 'e himel krije, ek net yn syn moetingen mei de Hillige Frouwe. Hy wie bûn oan de ierde, lei plat yn de sompen fan Goaiïngasweagen doe't er Lipkje oantaast hie, foel op 'e rêch yn de modder foar't er it swurd fan Juw Juwinga op 'e kiel krige en ferlege him ta de driften fan it lichem. Dat duorre salang oant syn libben, miskien meikoarten al, útrûn op 'e drek fan de ferrotting en syn siel yn it fjoer fan Lúsjefer ivich baarne soe. Hoewol't it sels yn it skaad fan de terebint noch waarm wie, riboske er.
Hy klom wer op 'e ezel en joech it bist in tik yn de flanken. No't
| |
| |
it net mear yn de gong fan syn soartgenoaten meinommen waard, like it tsjin elke stap op te sjen. Earst fernaam Rienk it net, om't er it brekken fan de wolken boppe Thabor as yn in fisioen op 'e nij belibbe. It sinneljocht, dat ûnferwachts oer de berch hinne striele, moast in teken west ha dat him oprôp om te kommen. Dêr soe syn libben in kear nimme: it lijen feroare yn lok. Hy soe as soan fan David ta kening roppen wurde en in frou as de Hillige Marije oan syn side krije. Kening fan Snits...
Hy kaam werom yn de werklikheid, doe't de ezel stil stie. It âlde bist, feal fan de lange dagen dy't it yn de sinne trochbrocht hie, liet de kop hingje as wied er al teplak.
‘Wy binne der noch lang net, maat,’ mompele Rienk, wylst er mei de hakken yn de flanken stjitte. It dier fersette ien fan de efterpoaten, mar dêr bleau it by.
‘Wol deale, dit ha 'k mei myn hynders noch nea belibbe. Wat soesto?’
Doe't er mei syn skerpe begûn te huffen, tilde de ezel de kop op en stjitte in kleiend lûd út. It skrille Rienk op en wylst er nei it stoffige paad stoarre, dêr't gjin libben wêzen te sjen wie, liet er him hastich fan it seal glide.
‘Wat sjochst dêr?’ flústere er.
Om't er gjin antwurd krige, glieden syn eagen nei it strakke blau boppe him, op syk nei in ljedder, mar dy koed er net gewaarwurde.
‘Wêrom hâlde de ingels my no tsjin?’ frege er him wanhopich ôf.
Hoewol't it stil bleau, wist er dat Thabor, de berch fan de iepen himel, ûnberikber wie en dat syn lijen duorje soe. Mar hoe lang noch? Soed er it mystearje tusken himel en ierde yn Jeruzalim fine?
Nei twa dagen en twa nachten stie Rienk Bockema as in úthongere, sike swalker, sûnder ezel, foar de stêd Jeruzalim.
|
|