| |
| |
| |
9 De tredde dochter
Fenetië sakke stadichoan fuort efter de dize fan de iere moarntiid. De tsjerketuorren stieken heech út boppe de flakte fan de lagune. It Dogenpaleis, dêr't de magistraat syn macht útoefene oer stêd en fiere oarden, blonk yn de strielen fan de opgeande sinne. Mar dy macht hie folle grutter west as yn it jier 1387. Sûnt 1261 wie de stêd fjouwer kear yn oarloch rekke mei har grutste konkurrint, Genua. Hoewol't Fenetië alle kearen triomfearjend út 'e striid kommen wie, hiene de oarloggen safolle ferge dat de stêd as in ferwûne ridder binnen de eigen festing op krêften komme moast. Fan dy gelegenheid makken de fijannen gebrûk en feroveren guon gebieten yn de bûtenwrâld: Hongarije foel as in earn op Dalmatië oan en ek de stêden Ferona en Padua roerden har.
Mar hoewol't de stêd ferswakke wie, noch altyd bloeide de hannels- en pylgerfeart. Fenetiaanske skippers en keaplju setten koers nei plakken dêr't se it measte oan hannel en pylgers fertsjinje koene. De skipper-gids stjoerde syn galei mei sin nei havenstêden dêr't de ynwenners him tankber in part taskikten fan it jild dat se de pylgers út 'e ponge kloppen. En as se de kust fan Palestina berikt hiene, fierde de skipper-gids syn fromme lading tsjin in rynske fergoeding nei de hillige plakken.
Rienk Bockema hie him deljûn op in bank op it efterkastiel en hong mei de rêch tsjin de ferskânsing. De sinne skroeide de lêste dize fuort en liet de kleuren fan see en kust fel opljochtsje.
De Snitser ridder draaide it gesicht nei de eftersteven en seach by de stjoerman lâns nei de skomstreken dy't de galei tekene op it wetter yn de Golf fan Fenetië. Doe't er dy streken fierder folge, krige er de steiger yn it each, in fyn streekje op it grutte skilderij fan de Skepper.
| |
| |
Fan dy steiger, tichtby it Dogenpaleis, wiene se ôffearn. Yn dy buert stie ek de herberch foar pylgers, dêr't se de lêste dagen oernachte hiene. De Fenetiaanske skippers wiene al gau troch de doar stapt om de romten op har galeien te ferhieren. Jakob helle syn ponge foar it ljocht en woe ha, syn beide soannen soene it bêste plak taskikt krije. Oer himsels prate er net, mar Ygo wegere in hut yn it efterkastiel, as har rêder en reisgenoat ek net in gaadlik plak oan board krige. Rienk hie it allinnich oer de hynders hân, dy't er mei ha woe nei it Hillige Lân, wat de skipper mei klam wegere. In pylger op in hynder yn Jeruzalim, dêr't de Hear sels op in ezel riden hie, wie itselde as flokken yn tsjerke. Nee, hy hie in oar útstel: in goekunde fan him kocht tsjin in geunstige priis de deamoarde hynders fan pylgers op en as se weromkamen yn Fenetië, koed er tsjin in like geunstige priis wer farske, tige libbene bistkes leverje.
Se hiene foar de hynders en ezels in joadefoai krigen, sa't Jakob mei selsspot sei. Hoewol't er oan syn ezels hechte wie en de skipper gjin beswier meitsje koe, woed er se net mei ha. De Almachtige hie de ezels no ien kear net skepen foar de see, oars hiene se wol roeiblêden oan de poaten hân.
Doe't de stêd efter de kym weiwurden wie, kaam Rienk oerein. Hy rûn in eintsje nei foaren oant er út it skaad fan it wite doek kaam, dat oer it efterkastiel spand wie. It felle sinneljocht, dat him rjocht yn de eagen skynde, makke de omkanten fan skip, mêsten, seilen en minsken donker. Hy rûn fierder oer it middendek, slingere tusken oare pylgers troch, oant er by de grutte mêst kaam mei it mânske trijehoekige seil, dat troch de swakke wyn amper bolle. Oan wjerskanten fan him wrotten de roeiers mei bleate, swittende boppeliven de riemen troch it wetter. It swiere, ientoanige lûd fan de boatsman swypke de manlju op.
Doe't er dêr sa stie, kaam him de kogge fan de Starumer Gosse Doedes foar eagen. Dat skip, rûner en breder as de galei, hie gjin
| |
| |
roeiers, mar waard inkeld opdreaun troch de wyn. It koe him fan syn earste seereis nei Rhodos net heuge dat it rjochthoekige raseil ea slop hongen hie.
‘En krekt no lit de wyn it sitte,’ grommele Rienk.
It wie grif in ûngeunstich foarteken dat de reis nei it Hillige Lân sa begûn. Wêrom hold de Skepper, dy't de wyn stjoere koe wêr't Er mar woe, fan 'e moarn de siken yn? Wie it in straf? Koartseftich speurde er yn syn eigen siel om de ferburgen sûnde bleat te lizzen. Hy ûntdekte syn oplôgjende driften, fuortkommend út 'e felle haat tsjin de Joaden. Hie syn hynder yn Speyer net in man ûnder de hoeven fertrape, nei't er sels mei de skerpe tastutsen hie? Mar hy woe allinnich mar de fijannen fan Kristus út 'e stêd ferjeie, hold er himsels foar.
Ynienen fernaam er in hân op it skouder en doe't er him omdraaide, seach er yn it glimkjende antlit fan Jakob.
‘Sa nei it sin?’ frege de âldman.
Rienk loek oan de skouders en bromde binnenmûlsk wat oer de wyn.
‘Wachtsje mar,’ sei Jakob, ‘de Skepper begjint kalm oan, mar as de Geast ien kear oer it wetter begjint te sweven...’
Hy makke de sin net ôf, mar wiisde nei it seil, dêr't in sêft koeltsje fet op krige. Rienk syn mûle foel iepen. Hoe faak wie it, sûnt de Joad yn har midden ferkearde, al net foarkommen dat de himel op syn wurd yn aksje kaam? Ynienen wist Rienk ek wêrom't de Skepper stadichoan syn eigen tinken begûn te behearskjen. It kaam troch Jakob, dy't faak mei ien inkele sin Syn grutte wurken ferkundige. Doe't er wer tocht oan de straffende gerjochtichheid fanwegen in mooglike sûnder oan board, wist er dat it Jakob net wêze koe, om't de Skepper krekt mei in geunstich teken achtsloech op syn wurden. En hoewol't de man it kristendom ynruile hie foar in leauwen sûnder Kristus en de Hillige Frouwe, fielde Rienk gjin ôfkear mear foar him.
‘Sjoch,’ sei Jakob, ‘Ygo hat it ek nei 't sin.’
| |
| |
De feint fan Rienk hie it plak ynnommen fan ien fan de jongere roeiers, dy't mei de hân op it gat hastich nei foaren drafke. Efter de foarsteven stie in koarte rige te wachtsjen foar de iepening dêr't it minsklike ôffal troch yn see falle koe. De roeier sleat efteroan, mar kaam yn beweging doe't de boatsman, tusken syn ientoanich roppen yn, him flokkend nei foaren raasde. Dêr waard er wei efter de skonken fan de wachtsjenden.
‘Sy hawwe him foar de oanmeunstering folgerten,’ sei Jakob, ‘hy is der grif minder oan ta as Ygo.’
De jonge siet mei noch in roeier oan ien riem, loek dy krêftich troch it wetter, wylst de spieren op 'e bleate earms bollen. It foel Rienk op dat syn feint, nettsjinsteande de swiere reis troch de bergen, der folle sûner útseach as op it trajekt tusken Snits en Speyer. Wie dat faaks in gefolch fan de ynfloed fan Jakob? Hokker krêften hie de Joad dy't hy, Rienk, miste?
Nei't de roeier syn fracht yn 'e see falle litten hie, kaam de boatsman op him ôf en joech him sa'n dúst dat er mei in gjalp fan it middendek op 'e roeibank tûmele. Hastich naam er it wurk fan syn ferfanger wer oer.
Doe't Ygo mei in beswitte lea by harren kaam, wie it earste wat Rienk Bockema him ûntfalle liet: ‘In skyldfeint fan in ridder ferleget him net ta de roeiriem.’
Efkes wie it stil, doe sei Jakob: ‘Mar in pylger wurdt ferhege troch it wurk dat er docht.’
Ynienen gong it ientoanige lûd fan de boatsman oer yn in befel. De riemen foelen stil en waarden ynhelle. Rienk seach omheech. Boppe har sûze de wyn troch de touwen.
De dagen fan de earste wike joegen de rêst sa't dy yn de ûneinichheid wêze moast. Oerdei wie de himel boppe de see strakblau en nachts dine de wjerskyn fan de moanne op 'e lege weagen. Dy rêst wie nei de swiere reis troch de bergen in woldied foar lichem en siele.
| |
| |
Rienk Bockema sonk yn de sliep nei de boaiem fan syn geast en wie ôfsletten fan alle lûden op it skip. As er al ris wekker waard en oer it middendek nei foaren skarrele om boppe it gat syn lêst falle te litten, hearde er mei ôfgriis nei it nachtlike leven fan de pylgers, dy't it dwaan moasten mei in sliepplak yn de neare romte ûnder it dek. Der waard oanienwei snoarke, kreund, ôfblaasd, skolden en flokt. Wylst er dan wer nei syn sliepplak yn it kastiel sette, kamen der gefoelens by him op dy't er daliks wer ûnderdrukte. Wêrom soed er in Joad tankber wêze? Mar op 't lêst moast er tajaan dat der yn syn libben gjinien west hie dy't him safolle joech as Jakob. Der sweefde wat troch him hinne wat er net uterje woe, foaral net tsjin in âlde Joad, dy't syn heit wêze koe. Dat gefoel waard noch fersterke, as moarns by it opgean fan de sinne de dolfmen mei linige sprongen de galei foarby skeaten. Of as jûns de earste stjerren oan it firmamint kamen en it skaad fan de seilen oer de troch de moanne opljochtsjende see glied. Dan sei Jakob de teksten op út it Boek, sa't er it earbiedich neamde, teksten oer de Skepper, dy't op 'e fjirde dei de sinne, moanne en stjerren yn oansjen rôp. En in dei letter de seedieren swimme liet. It fernuvere Rienk dat de âldman al dy teksten út 'e holle koe en doe't er dêrnei frege, krige er as antwurd dat alle Joadske jonges yn de sjoel opbrocht waarden mei it Boek. Dat wie it ljocht op 'e reis troch it libben. Hy wie no dwaande mei it lêste trajekt fan dy reis en dêrom liet er, troch de wurden út it Boek op te sizzen, it ljocht oer de see skine.
Rienk seach dat Ygo alle kearen mei iepen mûle nei Jakob harke en as dy swei, him fragen stelde en de antwurden as farske molke opdronk. It begûn him te stekken dat de skyldknaap faker oan de side fan de Joad te finen wie as fan de ridder sels. En doe't er dêr op in jûn in noartske opmerking oer makke, sei de jonge neat werom en mijde him yn de dagen dy't folgen.
De galei sakke by de kusten fan Dalmatië del, bûgde om de Pelo- | |
| |
ponnesos en hold op Kreta oan. Op dat eilân soene se, sa hie de skipper ornearre, proviand ynslaan. Mar doe't de pylgers op in moarntiid de bergen as in hoannekaam boppe de see útstekken seagen en inoar fan klearebare blidens op it skouder sloegen, as lei dêr it Hillige Lân foar harren, waard de loft yn it suden sa blau as laai. It duorre net langer as de tiid dy't de seelju nedich hiene om de seilen te striken, doe briek de stoarm los.
De boatsman raasde boppe it bearen fan wyn en weagen út en swypke de roeiers op om de galei op koers te hâlden. Mar it wie om 'e nocht, it skip slingere sa dat de riemen amper hâldfêst krigen yn it wylde wetter. De súdwesterstoarm klom oer de bergen fan Kreta, foel dêrefter op 'e see oan en fierde de galei wat langer wat fierder by it eilân wei. Wylst de roeiers oan bakboard troch-wrotten om de kop nei de wyn te stjoeren en in oar part fan it skipsfolk in lytser seil hise, leine pylgers langút op it dek en lieten koarjend en kreunend fan ellinde de batsen seewetter oer har hinne komme.
Underyn it kastiel, dêr't de minste beweging wie, leine Jakob en Ygo op 'e flier en spuiden út in noch lege mage inkeld slym. Rienk stie breedút yn de iepening en steunde mei beide hannen tsjin it hout. Hy seach spotsk del op syn beide reisgenoaten en sei suver triomfantlik: ‘Kinst wol sjen dat jim de see net wend binne. Hoe soest it no sa tsjin de Turk opnimme moatte?’
Doe seach er dat de hân fan de âlde Joad nei Ygo rikte en de jonge by it skouder pakte.
Syn stim klonk heas, doe't er sei: ‘De Almachtige hat ek Jona út 'e djipte fan de see omheech komme litten, myn soan, wês net bang.’
Rienk draaide him mei in hoart om. It stiek him dat se gjin andert joegen op syn fraach, beide itselde fielden en sels yn har ellinde noch ien wiene. Hy klom nei boppen en bejoech him ûnder de trije roergongers. Oerenlang treau syn sterk lichem tsjin it helm-hout en focht er mei om de galei boppe de weagen te hâlden. Sta- | |
| |
dichoan saksearre de stoarm en krigen de roergongers it skip wer yn betwang.
Rienk liet it helmhout los. Earst no fernaam er de druk op it ûnderliif en wylst de skipper him út tankberens foar syn help op it skouder kloppe, liet er it wetter rinne. De waarmte streamde him net allinnich by de skonken del, mar weage ek troch him hinne. Foar de twadde kear belibbe er op deselde see syn triomf: fyftjin jier nei de seeslach tsjin de Turken hied er de iennige pylger west dy't fochten en wûn hie, diskear fan de stoarm.
Om't de dekken glêd wiene fan minsklik ôffal, liet de skipper se skjin spiele en ferbea de ôfmêde pylgers noch langer harren behoefte op it plak te dwaan dêr't se leine. Se moasten, om sykten gjin kâns te jaan har ferswakke lea oan te taasten, de wiete brot útspiele en droegje litte yn de sinne. De pylgers kreunden, mar om't se it Hillige Lân, dat foar har yn it geweld fan de stoarm út it sicht rekke wie, perfoarst berikke woene, loeken se de klean út. It libben oan board kaam stadich wer op gong. De pylgers ieten in mûlfol fan harren slonken foarrie en al gau stie der wer in rige foar it gat nêst de foarsteven. Diskear wie it in rige fan neakene pylgers, dy't it wetter fan de noch altyd rûge see oer har hinne krigen.
It wie foar Rienk in frjemde ûnderfining, doe't hy mei de prykjende strielen fan de sinne op it fel, oer it middendek nei foaren sette. Hoewol't er wist dat der in pear froulju ûnder it folk wiene, dy't har yn de pylgerklean amper ûnderskieden hiene, waarden syn eagen op dit stuit oanlutsen troch hiel oare foarmen as de neakene manljusliven. Wis, se hold mei beide hannen krampeftich in tinne doek fêst, mar de linen fan it lichem tekenen har dúdliker ôf as yn de sedige pylgerdracht. Doe't se yn de hoksen gong, waard se wei efter de rige, mar kaam nei in amerijke wer oerein en drafke skrillich by de wachtsjende rige lâns.
Rienk Bockema koe de eagen net yn betwang hâlde, se folgen har
| |
| |
en besochten troch it doek hinne te boarjen. De bylden dy't er seach, rôpen driften op dy't er as boetfeardige pylger al moannenlang bedobbe holden hie. Doe't er har loslitte moast en sels boppe it gat stie, koed er net mear pisje.
Noch dyselde dei betrape Rienk Bockema syn beide reisgenoaten op 'e nij op de ienheid fan de heit-soan ferhâlding. Mei ûntsach harke de jongfeint nei it fierdere ferrin fan it Jona-ferhaal: syn reis nei it ferdoarne, heidenske Ninevé om dêr it oardiel fan God te bringen, de bekearing fan har ynwenners en de lilkens fan Jona dat de Almachtige de stêd net fan de ierdboaiem fage.
‘Binne de ynwenners fan Ninevé dan Joaden wurden?’ frege Ygo.
De âldman skodholle en antwurde dat ek de net-Joaden, kristenen en moslims, de Almachtige earen, elke godstsjinst die dat op syn eigen wize. En dat de stêd dêr't se no hinne gongen, Jeruzalim, ienris it plak wurde soe dêr't alle folken hinne reizgen.
‘Mar Jeruzalim is no fan de Turken,’ sei Ygo, ‘wêrom soene josels dêr it oardiel fan God net bringe?’
Jakob sei glimkjend dat men de Turken net sjen mocht as heidenen dy't fan God noch gebod wisten en dat se boppedat Joaden en kristenen yn har fermidden dulden.
Doe koe Rienk him net langer stilhâlde en mei in stim, heas fan opwining, rôp er: ‘En do, snotjonge, litsto dyn hear yn de steek, dy't foar de Leave Frouwe en de hillige tsjerke striden hat tsjin de Turkske hûnen?’
Ygo liet de holle sakje en bleau sa ûnbeweechlik sitten.
Jakob kaam oerein en wylst er de ronfelige hân by Rienk op it skouder lei, sei er: ‘Wês net lilk, myn soan, lykas Jona lilk wie, om't de Almachtige it folk fan Ninevé yn it heil beloek. Yn de steek litte, seist? Wis net! Wy sille mei ús trijen nei Jeruzalim gean om mei eigen eagen te sjen hoe't de Skepper fan himel en ierde de folken byinoar bringt.’
| |
| |
Rienk skuorde him los en klom rimpen nei it efterkastiel. Ut 'e djipte wei skeaten flarden fan bylden omheech, dy't yn syn holle trochinoar kringelen: syn dochters Hisse en Hylck dy't him de rêch takeard hiene, de reis mei Ygo nei Noardwâlde dy't him dêr ta soan wurden wie en dy't er tagelyk yn fertrouwen nommen hie. De driften, dy't him al fan syn fyftjinde jier ôf stjoerden, hied er doe bleatjûn. En hoewol't Ygo Jongema de âlde Joad noch mar in pear moanne koe, makken dy syn wurden mear yndruk as it libbensferhaal dat hysels ferteld hie.
Wylst er dêr wiidskonkich op it efterkastiel stie, kaam it yn him op dat er lykme allinnich wie: sawol syn beide dochters as syn oannommen soan hied er ferlern.
Mar doe't de kust fan Rhodos yn sicht kaam, waard er wer striid-feardich en op 'e nij begûnen de driften op te spyljen. Gjin Turk of Joad soe him keare om te feroverjen wêr't er nei moannen fan boete rjocht op hie.
De havenherberch gûnze fan lûden mei dêrboppe-út geregeld úthalen fan fleur en laitsjen. Nei de fûleindige stoarm hie in tal pylgers de ferlieding net wjerstean kinnen om as earste de taap op te sykjen, dêr't se mei kannen wyn de behâlden oertocht fierden. Strak soene se fierder rinne, troch de strjitten fan Rhodos-stêd oant se útkamen by ien fan de tsjerken om dêr de knibbels te bûgen, tagelyk as tank foar har behâld en om op te bychtsjen wat se ûnderweis misdien hiene.
Rienk Bockema hie it plak opsocht dêr't er earder mei Sierk Ekinga sitten hie, yn de fierste hoeke mei it sicht op 'e hiele taap. Hy wie sûnder de pylgermantel fan board gongen om it ferline as krúsfeartstrider op 'e nij te belibjen.
In noch jong famke, dat him de bestelde kanne wyn brocht, glimke him ta. Se like folle jonger as it frommes dêr't er it hjir earst mei oanlein hie. Mar dochs... of miskien krekt dêrom klaaiden syn eagen har út oant se troch de taap rûn, mei deselde tinne doek
| |
| |
om har hinne as de frou yn de rige foarop de galei. Hy die syn bêst om har dat lêste kleed ek noch ôf te nimmen, mar doe't dat net slagge, waard er ûnwis. Dêrnei liet er de kannen wyn flugger komme as goed foar him wie.
Hy hearde amper it swetsen fan de oaren, it waarden aloan sterkere ferhalen as wiene se nei de djipte fan de see sonken en dêrnei libben op 'e kust fan Rhodos oanspield.
Rhodos, it hie him in skok fan werkenning jûn, doe't er de bergen seach, de brúngiele plakken fan it toarre lân tusken de donker-griene bosken. De stêd op 'e noardpunt mei de tuorren en poarten, dy't boppe de mânske muorren útstieken. En it ûnbidige paleis fan de grutmaster fan de Johanniter ridders, dat foar freon en fijân de macht fan de master sels útstrielje moast.
Hjir wie Rienk syn opgong begûn, de striid tsjin de Turken, syn heldedied en letter yn Windsor Castle de ridderslach. En wylst him dy hichtepunten út syn ferline troch de holle spilen, dizenich fanwegen de kannen wyn dy't er al dronken hie, waard er mankelyk. Hy wie hjir op Rhodos net langer as strider tsjin de Turk, mar as ienfâldige pylger tusken safolle oar folk, dêr't gjinien acht op sloech. Wat hied er noch oerholden yn syn libben? Reynke Donia sloech mei har beppesizzers yn Rodenboarch foar master op. Ygo Jongema loek nei de Joad Jakob mei syn betsjoenende ferhalen. En ûnder de pylgers hie de Snitser ridder gjin inkele freon makke. Hy fernaam dat it swit him op 'e foarholle kobbe en dwile fuort nei it fiere ferline.
Reynke Donia raamde in bôge fan de muorre en jage him de stins út. Hy fielde de fernedering oant yn it djipst fan syn manlikens. De agresje jage him op en wylst er troch de Hookslinke sylde en seach dat de einen pearen, kolke it bloed him troch it ûnderliif Diskear soe it oars! Hy lei oan en rekke: in reebok sakke nei trije sprongen troch de poaten en bleau foar dea lizzen. Doe seach er it famke op him takommen, sûnder eangst, de rjochterhân iepen nei him ta, noegjend om syn manlikens te toanen.
| |
| |
It famke stie by syn taffeltsje, dat spoekeftich ferljochte waard troch in flakkerjende kears. Se hie de hân iepen nei foaren en wachte. Hy tilde de holle op, mompele dat er har diskear net fersûpe soe. Syn eagen sochten dy fan har en wylst er it smelle gesicht ôftaaste, werkende er trekken út it ferline.
‘Lipkje?’ mompele er.
Noch altyd stie se mei de rjochterhân iepen foar him en tikke der ûngeduldich mei de wiisfinger fan de lofter op.
‘Jawis,’ sei er, ‘it sil no oars, it kin net sûnder fergoeding.’
Hy helle de ponge foar it ljocht en sei: ‘Taast mar ta...’
Sels stiek er de hân nei foaren om de iepening yn har jûpe op te sykjen. Se skrille tebek, joech in gjalp en wie ynienen fuort.
‘It soe oars en no sa!’ rôp er grimmitich.
Hy kaam oerein en wankele út 'e hoeke wei. De lege tafels en banken sweefden troch de taap, sleaten him yn dat er gjin stap mear sette koe.
En doe stie se ynienen foar him, Rosine, it frommes mei it swarte hier en de donkere eagen dy't like útdaagjend fûnkelen as de earste kear doe't er hjir tahold. Wie se jaloersk dat er it oanlein hie mei it famke en woe se sels syn gleone dolk nochris yn har sêfte skeef fiele?
‘Ek goed,’ mompele er, ‘it komt hjoed dochs allegearre oars.’
Doe't er de hannen nei har útstiek, krige er in feninige klap yn it gesicht. It lêste wat er hearde, wie it famke, dat mei in heech gûlend lûd om har mem rôp.
|
|