| |
| |
| |
7 Flechtlingen
Oer de heuvels fan Saarlân dreauwen grauwe wolken oan en it waar waard like driigjend as it libben yn de rûzige stêden oan de Ryn. It duorre net lang of de wyn stiek op en striemjende rein-drippen teisteren grûn, huzen en bisten. It wetter fan de rivier stie troch it sêfte waar fan de lêste wiken heech. It streamde skomjend by de kant lâns, lei beamwoartels bleat, skuorde stammen los en fierde dy hompend en draaiend mei nei it noarden ta.
It boerefolk hie him weromlutsen yn de sigerige klinten en wachte heukerjend op bettere tiden. Ut guon dakken kaam reek, dy't troch de hurde wyn daliks delslein waard en sa de oarde noch tryster makke.
Oerenlang sieten de beide Snitser pylgers foaroerbûgd oer de nekke fan it hynder en skommelen mei op 'e swiere gong oer de drekpaden. It kâlde wetter krong troch de tsjokke mantels hinne en makke har klomsk. As Ygo hoaste, seach Rienk Bockema út 'e eachhoeken wei nei it smelle gesicht. Hied er yn it kleaster net opheind dat bloed it foarteken wie fan de iene of oare slimme sykte? Mar it kin fan de jonge kleure net read, inkeld syn wangen gloeiden en de weisakke eagen stiene him koartsich yn de holle.
‘Ast wolst, sykje wy in herberch op,’ sei er.
Ygo skodholle en woe ha, se soene trochride nei it folgjende kleaster. Mar doe't de skimer, betider as oars, oer de eastlike hichten kroep en yn de delling fan de Ryn sakke, hiene se noch altyd gjin ûnderkommen foar de nacht fûn. Op 't lêst kamen se by in streekje huzen en seagen oan ien fan de gevels in úthing-boerd op 'e wyntwirren skommeljen. Se stapten ôf, fierden de hynders mei nei de sydkant ûnder in ôfdak en bûnen de wurge dieren fêst oan de izeren ringen. Se wiene net de iennige gasten, want der stie noch in hynder, in skimmel, dy't ûnrêstich waard en
| |
| |
wrinzge. Ygo striek de hynst oer de triljende hals en spriek him kalmearjend ta; daliks liet it bist de kop sakje as joech er him del ûnder in betroubere baas.
‘Kom,’ sei Rienk tsjin syn feint, ‘do trillest, wy sykje de lijte op.’
Se tilden de reiskisten en -tassen fan it seal, heakken de pylgerstêf los en rûnen foaroerbûgd nei de foarkant fan de herberch. Doe't se troch de doar kamen, twirre de reek fan in fjoer dat yn de taap baarnde, har yn it gesicht. Ygo begûn wer te hoastjen, djip en lang, oant er op 't lêst mei in lange, piipjende haal wer op azem kaam. De kastlein, dy't him mei in bûging in beker tarikte, wiisde nei it fjoer en sei, se koene dêr de klean droegje. Doe rôp er oer it skouder dat der nije gasten wiene en dat Heinrich de hynders fersoargje moast. Wylst in meagere jonge, net âlder as in jier of tolve, út it tsjuster wei opdûkte en de taap ferliet, stie de kastlein al by it fjoer en rierde yn in grutte panne, dy't dêrboppe hong.
De beide pylgers loeken de swiere, drippende mantels út en hongen dy op heakken oan de sydkant fan de hurd. Doe stieken se de knoffelige hannen nei foaren as woene se dêrmei de woldiedige waarmte foar al har stive lea opheine. De rûne holle fan de kastlein, gleon fan it fjoer en de ynspanning, glimke har ta en mompele wat. Doe't er seach dat syn nije gasten him net ferstiene, me- neuvele er nei de fierste en donkerste hoeke fan de taap, bûgde nei Rienk oer en flústere dat syn oare gast, hoewol't er de taal fan it gea spriek, noch amper in wurd sein hie.
Oan in houten planke op skammels siet in swarte skym, weidûkt ûnder in kape. Sa te sjen wie it in muonts dy't op trochreis wie en lykas de beide pylgers net sa gau in kleaster foar de nacht berikke kind hie. De reistassen, dy't op 'e flier leine, brûkte er as fuotbank.
‘Wy komme hielendal út it noarden en prate de taal fan de Friezen,’ sei Rienk.
| |
| |
De kastlein knikte en sei ûnnoazel dat se nei sa'n lange reis wol sin oan in streksum miel hawwe soene. En oft se noch in amerijke geduld hiene, want it sop moast mei sok waar sa hjit mooglik optsjinne wurde.
Se joegen har del oan wjerskanten fan in lange tafel, dy't yn de midden fan de taap stie. Ygo sette de earmtakken op it blêd en liet de fjoerreade holle op 'e hannen sakje.
‘Knapst al wat op?’ frege Rienk.
‘It is hjir allinnich wat waarm,’ sei er en daliks, wylst syn lûd oergong yn in flústerjen, ferfette er: ‘Dy man yn de hoeke fearre op doe't myn hear sei dat wy út it noarden kamen.’
‘Ik kin my net foarstelle dat er nei ús eigen Johanniter kleaster reizget,’ gnyske Rienk, ‘mar wy kinne it him fansels freegje.’
De kastlein skode ûndertusken in houten planke mei in pear hompen grouwe bôle foar harren en sei dat it sop der daliks oankaam. Ut 'e fierste hoeke wei hearden se op datselde stuit stommeljende lûden. De reizger mei de kape riisde oerein, pakte de tassen fan de flier en sjoude dy nei de midden fan de taap. By de lange tafel makke er in bûging en frege oft er derby sitte mocht, want meiinoar oan it miel soe grif it genot ferheegje. Nei't Rienk syn fraach mei in noegjend gebeart beändere hie, skode er de tassen ûnder de tafel en joech him nêst Ygo del. De knibbels stieken ek diskear in tomme boppe it blêd út. Doe't er fernaam dat Rienk syn eagen dêrhinne glieden, sei er ferûntskuldigjend: ‘Fan reizgjen wurde de skonken my wurch en dan is in fuotbank wol noflik... en...’
Hy swei doe't de kastlein in blêd mei trije dampende nappen op 'e tafel sette en frege oft er syn miel hjir hawwe woe. De man knikte skrillich, pakte de leppel en rierde dêrmei yn it tsjokke focht om. Nei't de kastlein him weromlutsen hie, gong er fierder: ‘En boppedat is de kape in goede beskerming foar myn gefoelige earen...’
Rienk seach dat er it loftereach efkes stiif tichtkniep, in flymjende
| |
| |
pine? om syn eigen wurden te befestigen. De man lei de leppel del, skode de nap fansiden, naam in hompe bôle fan de planke, briek der in stik ôf en begûn stadich te kôgjen. Wylst bûgde er oer nei Ygo.
‘Hjit sop is net goed foar seare earen, mar helpt wol foar de kjeld,’ mompele er, ‘meist myn nap ek wol ha.’
Ygo skodholle en sei dat er oan ien genôch hie. Doe kearde de tafelgenoat him nei Rienk en frege oft se yn it plak dêr't se weikamen, de machtige fûst fan keizer Wenceslaus ek fielden.
‘Yn Snits binne wy ús eigen baas,’ sei Rienk, ‘boppedat ha 'k noch nea fan him heard.’
‘Eigen baas,’ flústere de man bewûnderjend en yn ien sike, mar no mei in leech en tryst lûd, ferfette er: ‘Wy hawwe hjir neat mear te sizzen, sels net oer ús eigendommen. Sil ik jim ris wat fertelle? Yn Speyer, myn berte- en wenplak, ha 'k al jierrenlang de helper west fan hearen, boargers, hannels- en ambachtslju. Se hâlde by my de hân op, sette mei in folle ponge op hûs ta en ferrykje har mei myn jild. Mar wat is it lean foar my, de golle helper? Ik mei dochs freegje dat se har skulden ôflosse en my in lyts bedrach oan rinte foar it deistige brea jouwe? Mar...’
Hy seach skrillich om him hinne, bûgde noch fierder oer de tafel en systere: ‘Dy smycht fan in Wenceslaus hat my berôve fan ynkomsten, want hoe kin ik noch langer yn myn libbensûnderhâld foarsjen, no't er mei de Dútske stêden ôfakkoarte hat dat har ynwenners de skulden foarearst net hoege ôf te lossen... en jim kinne fan tinken wol ha dat ik nei de rinte fluitsje kin.’
Hy sykhelle djip om op azem te kommen, liet de lucht mei in heech lûd tusken de tosken ûntsnappe, skodholle en sei: ‘De ûnrêst doarmet troch de stêden en as ik net op reis gongen wie, hiene se my it lytse bytsje wat ik noch ha, grif ek ûntstellen.’
De kastlein kaam as in skym út it tsjuster wei mei in krûk bier yn de iene en trije kannen yn de oare hân en frege oft de hearen de bôle ek fuortspiele woene.
| |
| |
‘Set mar del,’ sei Rienk, dy't it lêste soere sop út 'e nap opleppele, ‘de krûk is foar myn rekken.’
Hy fielde meilijen mei de ynwenner fan Speyer, dy't net allinnich syn jild kwyt wie, mar ek hûs en hear ferlitten hie en as flechtling yn waar en wyn omdoarme. Wylst er him in folle kanne taskikte, frege er wat syn úteinlike bestimming wie.
De man glimke, loek oan de skouders en sei: ‘As ik it goed ha, binne jim fromme pylgers út it noarden wei... út Fryslân, sa heinde ik niis op... Hat it folk yn jim kontreien faaks ferlet fan in earlike jildsjitter?’
Rienk tocht oan de krapte dy't boeren en boargers nei de lange winters altyd pleage, liet yn him omgean dat as it folk yn dy tiid fan it jier mear jild omhannen hie, soks ek fan ynfloed wie op 'e belesting dy't er ynfoarderje koe en knikte. De man wie optein, betanke him wiidweidich foar de goede rie, dronk syn kanne leech en sei: ‘Ik jou my no del, dan kin ik moarn betiid de reis nei it noarden ûndernimme. Dat de sliep ek myn hear en syn feint nije krêften jaan mei foar de hillige reis.’
Hy pakte syn tassen, tôge se by in smelle ljedder op en waard wei boppe in swart gat yn de souder.
De hiele nacht eaze de rein oer it reiden tek boppe de souder, dêr't de trije gasten op in laach strie en ûnder in skurve tinne tekken leine. It snoarkjen fan de man út Speyer en it dwyljen fan Ygo klonken mei yn it bearen fan de stoarm, dy't it úthingboerd oan de gevel en de losse muorreplanken rattelje liet. Deunby de holle fan Rienk, dy't op 'e rêch en mei de eagen wiid iepen lei, begûn it te drippen. Hy ferskikte de reistas, dy't er as kessen brûkte, draaide de wurge lea op 'e side en besocht him ôf te sluten fan de benearjende lûden fan de nacht. Mar al gau heinde er in nij lûd op, want oan it fuottenein rissele it strie en hy wist dat it ûngedierte, nei alle gedachten in rôt, him noch langer út 'e sliep hâlde soe. Doe't er dy kant út trape, hearde er piipjen en fuort
| |
| |
dêrnei trippele it bist oer de planken flier yn de rjochting fan de snoarkjende slieper.
Op 'e nij mealden de foarfallen fan de ôfrûne dagen Rienk Bockema troch de holle om. Der hearske ûnrêst yn de Dútske stêden, hie de man sein. It moast der optille fan lju dy't de strjitten ûnfeilich makken, sa't rotten ek oeral omstrune om ferdjer te bringen en fuort te slepen wat fan harren gading is. Se hiene de geiten de strôte iepen raamd en nei de rivier sleept, it jild ûntnommen fan in helper yn need en him de stêd útjage. De grutste rôt moast Wenceslaus wêze, de keizer, dy't in ienfâldige boarger syn bestean ûntnaam.
It snoarkjen stûke efkes en op dat stuit klonk wer it lûd fan de rôt, dy't op ien fan de reistassen gnaude. Doe't Ygo yn syn sliep in gjalp joech, foelen alle oare lûden op 'e souder in amerij fuort. De wyn hie him deljûn en it reinde net mear. Foar in telmannich sipele in feal ljocht troch in skreef yn it tek. De wolken moasten brutsen wêze en gunden de moanne efkes de romte. En yn dat ljocht seach de pylger himsels, heech op it hynder, wylst er mei syn swurd de rotten opjage nei de rivier, dêr't it kolkjende wetter har meisleepte. Doe foel er yn in djippe, dreamleaze sliep.
It wie de oare moarns al lang ljocht, doe't Rienk Bockema mei in skok wekker waard. Troch deselde skreef foelen no de strielen fan de sinne, dêr't it opdwarrele stof út it strie yn dûnse. It plak fan de man út Speyer wie leech. Oan de mannichte fan stof te sjen moast er krekt ôfset wêze. Under klonken rauwe gjalpen, it lûd fan lju dy't spul hiene en inoar de hûd fol skolden.
Rienk treau him mei beide hannen in eintsje oerein en seach dat Ygo mei de mûle iepen op 'e rêch lei te hymjen. Doe't de sike jonge de beweging nêst him fernaam, besocht er te glimkjen, mar de glêzige eagen foelen wer ticht.
‘Dat myn hear it net earder heard hat,’ flústere er, ‘se binne al in skoft oan de gong.’
| |
| |
Rienk kroep nei de ljedder en stiek de holle boppe it gat. Under him stiene de kastlein en de jildsjitter út Speyer en makken inoar út foar wêzens dy't út Gods hân fallen wiene en no libben ûnder de macht fan de duvel: misbaksels mei bokkepoaten en in rottesturt, katte-eagen en hoarnen en op 't lêst foar de satan sels. Doe krige de kastlein syn nocht, rôp dat Heinrich de doar iepen dwaan moast en ramaaide syn gast nei bûten.
‘Smoarge, deune Joad, ast it hert hast om noch ien stap yn myn herberch te setten, snij ik dy as in geit de hals troch!’ raasde er.
Breedút, mei de hannen yn de side, gong er yn de doariepening stean, krekt salang oant it lûd fan de hynstehoeven weistoarn wie. Doe draaide er him om, rûn nei de útdôve hurd en helle in reistas foar it ljocht. Nei't er de jiske derôf skodde hie, kaam de tas op 'e tafel.
Doe't Rienk dat seach, koed er him net langer stilhâlde.
‘Is dy tas net fan jo gast?’ frege er.
De kastlein seach nei boppen en skodholle.
‘No net mear,’ sei er, ‘mar miskien kin ik jo wat wizer meitsje by de moarnsbrogge.’
Hy pakte in hiele bôle, fike der in stik ôf, geat doe in kanne fol mei skomjend bier en makke in noegjend gebeart. Rienk liet him by de ljedder delsakje, gong foar de kastlein oer sitten en spielde mei grutte swolgen de soerige smaak fan de nacht fuort.
‘Wêr bliuwt jo feint?’ frege de kastlein.
‘Dy is te siik om op fuotten te wêzen,’ andere Rienk.
‘No bin ik der wis fan,’ sei de kastlein, ‘dat ek noch...’
Hy skodholle lang en stadich, wylst de grouwe nekke in pear kear kreake.
‘Ik fertroude it juster daliks al net,’ begûn er wer, ‘in stellen skimmel ûnder it gat, in pear folle reistassen, dy't er as fuotbank brûkte, en dan der útpykje wolle sûnder te beteljen. Mar ik hie foar de tiid al mei him ôfrekkene...’
De kastlein gnyske, stiek de hân yn de tas en helle der in wyt
| |
| |
kleed út, dat mei blomfigueren borduerd wie.
‘Hie 'kit net tocht?’
Nei de folgende taast hied er in tal jildstikken op 'e hân.
‘Stellen fan syn meiboargers...’
By de tredde haal kaam in sulveren skaal foar it ljocht.
‘Dy brûke de Joaden dus op har ferflokte sabbat om stoffen te mingen en dêrmei de kristenen te fergiftigjen,’ grommele er grimmitich.
Rienk stoarre him mei iepen mûle oan.
‘It wie dus... echt in Joad dy't... dy't...,’ stammere er.
‘Wat oars? Allinnich Joaden liene jild út tsjin woekerrinte. Dat is ús as fromme boargers troch de hillige tsjerke ommers ferbean.’
Hy liet de jildstikken fan de iene yn de oare hân glide, loek djippe tearen yn de foarholle en sei: ‘Jo feint is net om 'e nocht sa siik. Wêrom oars socht dy gifminger justerjûn daliks jim selskip op, doe't it oan it miel ta wie? Syn eigen nap mei sop liet er stean en woed er jo feint ta ha. Wa wit wat er der stikem ynstruid hie...’
‘Ygo hat dy nap net oanroerd,’ brocht Rienk der hoeden tsjinyn. De kastlein skodholle meilydsum en sei: ‘Ik hear wol dat yn de kontreien dêr't jim weikomme, net in protte Joaden wenje, oars hiene jo witte moatten dat se by steat binne om sels mei har stjonkende azem it bier yn de kanne te fergiftigjen... As ik it goed ha, siet jo feint nêst dy gifblazer te drinken...’
Rienk fernaam dat it swit him op 'e foarholle kobbele en wylst er it mei in flugge haal fuortfage, riisde er oerein. Twa tsjinstridige gefoelens dreaune him tagelyk ta aksje: de haat tsjin de Joad, dy't om wraak skreaude en it meilijen mei Ygo, dy't him yn de rin fan de tiid ta soan wurden wie. En om't beide gefoelens like sterk wiene, bleau er as ferstive op itselde plak stean. Hy seach de kastlein op him ta rinnen, fernaam in hân op 'e rêch en liet him meitroane nei de hurd. De man pakte in koperen pôt en in mes fan de planke, stiek de noas yn de pôt, snúfde en knikte.
‘Der komme wol faker lju by my dy't ferkearde stoffen yn it
| |
| |
bloed ha,’ sei er, ‘ik kin jo feint ek helpe... in ierlitting en in heilsume waarme drank sille him wer op 'e fuotten helpe.’
Hy bûgde him, helle in koaltsje smeulend fjoer út in têst, skode dat mei de tange ûnder it branhout yn de hurd en blaasde. Doe't de earste flamkes opflakkeren, kaam er mei in fjoerreade holle oerein, hong de koperen pôt oan de heak en sei glimkjend: ‘Oer de fergoeding wurde wy it wol iens.’
Trije dagen letter rieden Rienk Bockema en Ygo Jongema ûnder in skiere sinne, dy't troch de molkerige bewolking troch skimere, nei it suden. De wyn wie nei it easten krompen en fierde oer de bergen, súd fan Heidelberch, soele lucht mei. It waar wie sûnt harren komst yn de herberch alhiel omslein. Yn de greiden, tsjin de skeante fan de westlike heuvels, frieten bonkerakken fan kij har te barsten om de skea fan de winter yn te heljen. Boeren, froulju en bern wrotten op 'e ikkers mei as gefolch dat de grûn, skjin fan stiennen en donker fan deugdsumens, iepen kaam te lizzen om it sied op te heinen.
Ut en troch glied de eachopslach fan Rienk nei Ygo, dy't nei de oerenlange reis de skouders justjes hingje liet. It antlit fan de jonge wie troch de hege koarts ynfallen en de eagen leine djip yn de kassen. Mar nettsjinsteande syn ferswakke lea, hied er him nei in pear dagen by de ljedder delsakje litten en sein dat se om him wol fierder koene. De kastlein stjitte in pear opteine gjalpen út. Hied er it net sein? In ierlitting en syn heilsume drank koene it gif fan de Joaden útskeakelje. Troch syn hertstochtlik gebed en in deugdsum libben wie de drank yn de koperen pôt feroare yn it bloed fan Jezus Kristus, dat de Joaden fergetten hiene, mar dat ta genêzing wie fan kristenen. Dêrom hie de kastlein earst it gifbloed út 'e ieren fan de deasike jongfeint helle en ferfongen troch it bloed fan Gods eigen Soan. Hoe grut de fergoeding foar syn heilsum wurk wêze moast? Reizgen se net nei it plak dêr't Jezus Kristus oan it krús slein en begroeven wie? Wolno, as der al ris in bloed- | |
| |
plakje oan syn skjinne siel sitte mocht, dan frege er oan de beide pylgers om foar him by it Hillige Grêf te bidden en sa mooglik in ôflaat te keapjen. Doe bûgde er oer nei Rienk, lei de hân tsjin de mûle en sei gnyskjend dat syn Joadske gast de skea al dûbel en dwers fergoede hie. En as de beide noarderlingen meikoarten al yn de gelegenheid wiene om de flechtsjende gifmingers fan har reistassen te ferlossen, dan soene se dêrmei goed wurk dwaan. Ommers sokke swiere tassen makken foar de bedoarne Joaden it reizgjen der net makliker op.
Oft it flechtsjende Joaden wiene of hannelslju dy't nei it noarden teagen, koene se oan de bûtenkant net sjen. Mar wol koene se út 'e tanimmende drokte op it sânige paad opmeitsje dat se yn de buert fan in stêd kamen. It wiene meast manlju op hynders, mei oan wjerskanten sealkisten en -tassen, mar soms skommele in karre, lutsen troch oksen, harren yn de mjitte.
‘Wa giet no tsjin de jûn noch op reis?’ sei Ygo ynienen.
Hy wiisde nei in rychje minsken, de man foarop, dêrefter de frou mei in kloft sangerjende bern.
‘Allinnich Joaden,’ sei Rienk koart.
Hy hearde de rie fan de kastlein om de gifmingers te ferlossen fan har fracht, seach de dreambylden fan in fergiftige Frjentsjerterfeart en fielde gefoelens fan haat opkommen. Dit wie no it folk dat mei útsûgerij en fergiftiging dea en ferdjer ûnder de kristenen siedde. Wa wit wiene der earder al Joaden trochkrongen yn de omkriten fan Snits en hiene se Bot fermoarde.
‘Wy krije oar waar,’ sei Ygo, ‘it begjint te bolderjen.’
De sinne, dy't yn it westen nei de kaam fan de bergen sakke, skynde readeftich tsjin in donkere loft oan, dy't driigjend út it easten opsetten kaam.
Tusken twa heuvels troch krigen de beide pylgers ûnferwachts útsicht op 'e flakte oan wjerskanten fan de Ryn. Foar harren,
| |
| |
tichtby de rivier, lei in stêd mei in muorre, dêr't tsjerken en tuorren boppe-út riisden. De wei dy't nei de stêd late, wie leech. Se holden de hynders efkes yn en seagen elkoar freegjend oan.
‘Gjin kop te sjen,’ sei Rienk.
‘Soe de poarte al sletten wêze?’ frege Ygo.
Rienk lei de hân boppe de eagen en digere nei de stêd.
‘Der rinne wachten op 'e muorre,’ sei er, ‘wy moatte op ús iepenst wêze.’
Ut 'e stêd wei rôlen ynienen de lûden fan klokken oer de flakte, guon leech en driigjend, oare hastiger en heger dertuskentroch. It wie in gaos fan gjalpen, sa't dy ek opklonken by striid of reboelje. Mar tagelyk rôp de stêd bylden op, bylden fan harren ôfreis, doe't se mei de lûden fan de Snitser klokken yn de rêch nei it suden tasetten. Ut en troch hiene se efterom sjoen. De tuorren fan de Martinustsjerke, dêr't foar harren in mis opdroegen wie, koene se it langst sjen, mar op 't lêst ferfloeiden dy ek yn de skiere loft. Pastoar Jehannes hie de mei izer besleine pylgerstêven en de learen reistassen seinige en dêrnei syn stim útset: ‘Nim no de skerpe en de palster oan en kear jim antlit nei de reliken fan de apostels, dat der ferjouwing is foar de bedreaune sûnden en dat jimme foar it takomstige libben opnommen wurde yn de mienskip fan de hilligen. Mei de skerpe jim ûndersteune op 'e lange reis lykas de stêf de skieppehoeder fan tsjinst is. Mar beskôgje de skerpe boppedat as in hillich wapen, itselde wapen dat de jonge David ek brûkt hat om de keppel te beskermjen tsjin liuw en bear.’
Doe hie de pastoar harren, tagelyk mei stêf en reistas, in oanbefellingsbrief tarikt, dêr't se har as pylger mei bekend meitsje koene.
Yn it easten, efter de stêd, ljochte it en in amerij letter rôle de tonger oan oer de bergen.
‘Wy moatte beskûl sykje,’ sei Rienk.
Se setten de hynders oan, mar dy rûnen net hurder as stapfoets. Wiene se wurch fan de lange deireis of skrillen se werom foar de
| |
| |
driging dy't se yn de mjitte gongen? Noch altyd dreunde ien swiere klok oer de lege flakte. Mar doe't der reek boppe de stêd kringele, boazen de lûden wer oan.
Se kamen by in tichte poarte en seagen de wantrouwige gesichten fan de wachten boppe har. Dy hiene de lâns yn de rjochterhân, ree om elke fijannige beweging ôf te straffen.
‘Wy binne pylgers en sykje in ûnderkommen foar de nacht!’ rôp Rienk.
Op 'e muorre stiene de wachten noch altyd as bylden.
Rienk liet it hynder draaie en sei tsjin Ygo: ‘Wiis nei it krús op myn rêch.’
De jonge kaam nei foaren, makke in krústeken en wiisde. Op 'e muorre waard oerlein, der ûntstie beweging en in skoftke letter kreake it lege poartedoarke iepen. In soldaat mei de lâns yn de oanslach kaam stadich op har ôf.
‘Sels in Joad kin sizze dat er in pylger is,’ grommele er, ‘wêr binne de brieven?’
‘Lit se sjen,’ sei Rienk koart.
Ygo liet him fan it hynder glide, die in taast yn ien fan de reistassen en helle de beide brieven derút. Hy rikte se de wacht ta, dy't se sûnder te lêzen hastich beseach en in stap fansiden die. It wie it teken dat de pylgers de hynders troch de poartedoar liede koene.
De stêd wie fol mei driigjend leven. Troch it bûnzjen en kleppen fan de klokken hinne klonken helproppen, rauwe skreauwen en hege, gûlende eangstgjalpen. De driging waard noch fersterke troch de oanboazjende tonger, dy't hieltyd flugger folge op it felle ljochtsjen.
‘Wol myn hear nei in herberch of in kleaster?’ frege Ygo.
Hy hie de hynders, dy't ûnrêstich waarden fan it oanhâldende leven, by de leie en striek se oer de triljende hals.
‘Wy sille earst nei de tastân hjir fernimme,’ sei Rienk.
| |
| |
Hy sprong linich yn it seal, klakte mei de tonge en fierde it hynder stapfoets by de huzen lâns.
Wêrom soene se in herberch of kleaster opsykje, foar't er syn nijsgjirrigens befredige hie? Boppedat wiene se dizze stêd net ynriden om allinnich mar te oernachtsjen. Hy wie der no wis fan dat de lju dy't se ûnderweis sjoen hiene, flechtsjende Joaden wiene. It spiet him dat er de rie fan de kastlein net opfolge hie om dy gifmingers fan har swiere fracht te ferlossen. Sa hied er de dea fan Bot en de sykte fan syn feint yn ien kear ferjilde kinnen. Mar faaks tsjutte de reboelje yn de stêd op 'e wraak fan de ynwenners en koene se har dêr daliks by oanslute. Einlings soed er, nei de krústocht tsjin de Turken fan fyftjin jier lyn, wer in rjochtfeardige striid oangean, diskear tsjin fijannen dy't it bloed fan Marije har Soan fergetten hiene.
Hy skrille op út syn prakkesaasjes, doe't er Ygo sizzen hearde dat de lûken fan huzen en winkels oeral sletten wiene. Behalven it beweech fan in inkele skym, dy't weidûkte yn de skimer fan in gloppe, liken de strjitten yn dit part fan de stêd útstoarn.
‘Hjir wenje de lefferts, dy't de striid net oandoare en efter de lûken weikrûpe,’ grommele er.
Doe't it leven oanboaze, heakke er de skerpe los en liet dy nêst de kop sakje. Hie pastoar Jehannes net sein dat David de striid mei dit hillige wapen oangong tsjin de liuw en de bear? Wolno, Joaden wiene wylde bisten, dy't it libben fan de kristenen bedrige.
Oan de tsjerketuorren te sjen moasten se flakby de midden fan de stêd wêze. Fierderop, oan de eastlike kant, kringele noch altyd reek omheech, teken fan in brân dy't net oplôgje koe. Waard dêr de fûleindige striid levere tsjin begjinnend fjoer, dat by steat wie om hiele strjitten oan jiske te lizzen?
De strjitte waard breder en rûn út op in plein. De slang, dy't nei ûnderen flitste, sette donkere ploechjes dravende skimen en hjir en dêr in minske, lizzend op 'e grûn, yn in fel ljocht Ut in gloppe wei waard ûnder lûd jûchhei noch immen oansleept.
| |
| |
Dat gesicht jage it bloed fan Rienk op. It plein feroare yn in lânskip mei in keppel skiep. Yn de strjitten, stegen en gloppen dy't op it plein útkamen, loerden de wylde bisten dy't besolden wurde moasten. De gaos fan leven waard in rop om beskerming. En hysels wie de jonge David dy't mei de stêf op it driigjende gefaar ôf gong.
Hy sette it hynder oan en davere fjouwerjend om it plein hinne, wylst er by elke strjitte en steech de Joaden útdage om út harren stjonkende hoalen te kommen. Tichtby de tsjerketoer waard er in skym gewaar, dy't ynienen út it tsjuster opdûkte. De swarte djipte fan syn wêzen, in draaikolk fan ferlies, fertriet, berou, striidberens en wraak, rjochte him op dy iene minske, dy't mei beide earms yn ôfwar foar him stie. Hy liet de skerpe sakje en stjitte ta. Mei in skrille gjalp, as fan in bist yn deadsneed, foel de skym efteroer en waard wei ûnder de hoeven fan it hynder.
Doe't Rienk Bockema wer by Ygo kaam, seach er dat it folk nei harren opkrong. Hy ferwachte dat it him betankje soe foar de beskerming tsjin de bisten dy't er weromkrongen hie nei har hoalen. Earst nei't Ygo roppen hie dat se hjirwei moasten en hy, de beskermer, de swaaiende fûsten en wapens fan it folk gewaar waard, wist er dat sysels, lykas de Joaden, it slachtoffer wurde soene fan in fûleindige grime.
Se kearden tagelyk de hynders en jagen troch deselde strjitte as op 'e hinnereis, efterfolge troch in skreauwende kliber.
‘Wy komme aansen foar in tichte poarte!’ rôp Ygo.
Rienk joech gjin beskie, mar wist dat syn feint gelyk hie. Diskear soene de wachten har der net wer trochlitte. Wylst it himelfjoer de stêd ferljochte, socht er in útwei om út it sicht fan it folk te kommen. Dêr't de strjitte in flauwe bocht makke, seach er ynienen it swarte gat fan in stege.
‘Hjiryn!’ rôp er.
Hy sprong fan it hynder en late de trije bisten en Ygo in eintsje it tsjuster fan de stege yn. Op dat stuit begûn it te reinen, it wetter
| |
| |
rûze mei grouwe drippen oer de dakken, eaze by de houten huzen del en streamde fuort oer de modderige grûn.
‘De himel beskermet ús krekt op 'e tiid efter in gerdyn fan reinwetter,’ sei Rienk rêstich.
De earste kliber folk draafde oan it begjin fan de stege roppend en razend foarby.
‘Miskien komme se aansen... fan de oare kant,’ flústere Ygo.
Hy treau de jasmouwe foar de mûle om it opkommende hoastjen te smoaren.
‘Mei dit waar bliuwe se net bûten,’ sei Rienk, ‘boppedat...’
Hy makke de sin net ôf, want yn it houten sket nêst har kreake in doar iepen en wylst in hân wonk, sei in stim dat God oproppen hie om flechtlingen in feilich ûnderkommen te bieden.
|
|