| |
| |
| |
5 De lege skoat
Daer nae, int jaer ons Heeren duisent drie hondert ses ende tachtich, storff Bott, zyn wyff.
De hjerst foel fan de iene op 'e oare dei mei stoarm en stjalprein oan op 'e súdwestlike wâl fan Snits, jage deroerhinne, gûlde troch stegen en gloppen en bearde oeren lang om Rodenboarch. Nei in lange reinige rite romme de wyn nei it noardwesten en fierde fan see ôf oanienwei swiere buien mei, dy't de strjitten feroaren yn dreksleatten. It folk, weidûkt ûnder in kape, dy't oan de eagen ta oer de foarholle hong, baggere nei wurkpleats of merk en longere, noch mar krekt op 'en paad, al nei it fjoer om de skrouske lea te waarmjen en de wiete klean te droegjen.
Hoewol't der yn de hearekeamer fan Rodenboarch geregeld gearkomsten wiene mei de leden fan stedsbestjoer, boargers en boeren, liken foar Rienk Bockema de dagen leech en wie syn geast like rûzich as it waar. Hy doarme troch stins en stâlen, wylst de saken fan stêd en húshâlding him troch de holle tysken. It stiek him dat de rintmaster minder jild oer de tafel skode as foarhinne, mar tagelyk wist er de oarsaak: de lêste simmers hied er him amper sjen litten by ambachtsman of boer en soks koe nea goed komme. Wie it sizzen net dat eigen eagen de ko fet makken? As it folk yn de gaten krige dat er it net sa krekt naam, soe it útrinne op in botte wegering om noch langer it belestingjild op te bringen mei úteinlik in roerige reboelje.
Ynienen moast er tinke oan syn ferbliuw op Windsor Castle, doe't opstannige boeren de tinten fan it toernoaifjild ôfbrutsen hiene en mei de ûnderdielen as wapens yn in wylde kliber nei de poarte stoarmen. Se wiene troch de ruters fan de kening útinoar slein en hy, de krekt riddere Fries, opklommen nei de heechste
| |
| |
stân, hie foldien west dat de oarder yn de maatskippij sa hanthavene waard. Mar hie syn freon Sierk Ekinga net gelyk krigen mei syn sizzen dat it ienris safier komme soe dat opstannige boeren troch de poarte fan Londen daveren om de macht te gripen? Goed fjouwer jier lyn, yn juny 1381, stiene se mei hûnderten en nochris hûnderten foar de grêft, nei't se opswypke wiene troch in pryster. Hy wist nei al dy jierren noch altyd syn namme, John Ball hiet er, want sels de keaplju dy't mei dizze tiding yn Snits kamen, sprieken der skande fan dat in geastlike, tsjinstfeint fan God, tsjin alle godlike wetten yn gong. Hy seach broer Jehannes al, dy't sûnt koart de nije pastoar fan de Sint Martinustsjerke wurden wie, oan it haad fan de Snitsers opmarsjearen nei Rodenboarch. Wol deale, sa lang as hy hear fan Snits wie, soene geastlikheid, boargers en boeren gjin kâns krije om yn opstân te kommen!
Mar yn Londen wie de opklapbrêge dellitten, sa hiene de keaplju ferhelle, en de boeren wisken troch de strjitten, easken ferleging fan de belestings, ôfskaffing fan de hearetsjinsten en úteinlik de frijheid om te libjen sa't sysels woene. Wylst kening Richard II, soan en opfolger fan Edward III, mei de lieders ûnderhannele, foel in kliber boeren de Tower oan, fermoarde mannich ridder en sette de doarren fan de kasjotten iepen.
Rienk Bockema koe it yn de stins net langer úthâlde. Noch nea hie de reboelje yn it fiere Londen him sa ticht op 'e hûd sitten. Yn syn ferbylding hearde er it opstannige roppen en razen fan de Snitsers, it ramen tsjin de foardoar, it kreakjen fan hout en de deadsgjalpen út 'e stinshal.
Doe't er de efterdoar iepenskuorde, sloech in kâlde twirre him yn it gesicht. It fielde woldiedich oan ferlike by it tinkbyldige, fûl- eindige geweld fan de Snitsers. Mei grutte stappen sette er nei de stâl om by de hynders ta rêst te kommen. Mar it tafriel dat er dêr seach, makke foar de twadde kear it erchtinken yn him wekker. Ygo en Hylck stiene oan wjerskanten fan in hynst en rosten mei in boarstel oer de flanken.
| |
| |
‘Wat dochsto hjir?’ frege er oan Hylck.
‘Se woe my graach helpe,’ kaam Ygo fanwegen.
‘By pake-en-dy mei ik it ek dwaan,’ sei se.
De rjochterearm fan de heit wiisde nei de doar. ‘Derút!’ sei er inkeld. Nei't it famke de stâl ferlitten hie en wylst Ygo wer oer de hynsteflank roste, pandere Rienk Bockema fan hynder nei hynder. Dat it fanke har heil socht yn de stâl fernuvere him net, dêr fûn se de waarmte dy't se yn de romten fan Rodenboarch miste. Reynke Donia hie allinnich mar each foar Hisse en Bot ûntflechte har eigen stins om oerdei it selskip fan freondinnen yn oare stins-hallen op te sykjen. Mar wat him wol stiek, wie dat Hylck tegearre mei Ygo op 'e hynders omroste.
Nei't se op dy moaie septimberdei weromkommen wiene yn Snits, hied er by Bouwe Durks en Wike Lolles twa learen gurlen mei in sulveren gasp kocht. Doe't er dy nei it jûnsmiel sels om de mul fan de fammen lei, skrillen se troch it ûnferwachte gebeart tebek en seagen him mei grutte eagen oan. Wis, se wiene der bliid mei, wa krige as jongfaam in gurle mei sulverwurk? Mar de hân dy't it joech en dy't har al jierrenlang net oer hier of wang streake hie, fertrouden se net. Lykas foarhinne mijden se him, skoden oan tafel nêst de mem of beppe, beänderen op ôfstân syn fragen en soene himsels nea wat freegje. Wat er op dy dei yn septimber, doe't Ygo mei achting oer syn heit spriek, ferwachte hie, wie net útkommen. Hy hie syn dochters net weromkrigen. Krekt oarsom, Hisse wie noch faker by har beppe en Hylck socht oanspraak by de hynstefeint sels. Of wie it yn de stâl net by wurden bleaun? Mei in hoart draaide er him om nei Ygo.
‘Hast har oanrekke?’ stjitte er fûl út.
De beweging fan de boarstel stûke op 'e hynsterêch. Ygo stoarre him mei grutte eagen oan.
‘Har oanrekke?’ frege er flústerjend.
‘Wêr soest in gaadliker plak fine om ien oan te taasten as hjir yn de stâl?’ rôp er.
| |
| |
Ygo skodholle heftich.
‘Nearne dochs!’
Hy raamde in leie mei bit fan in heak en kaam driigjend op 'e ferbjustere jonge ôf.
‘Wat ik dy by Harich yn fertrouwen ferteld ha, kinst dwaan by elk wiif datst tsjinkomst, mar fan myn dochter bliuwst ôf, begrepen?’
Foar't Ygo flechtsje koe, hied er him by it boarst. De jonge wie ferstuivere en liet gewurde dat er him it bit tusken de tosken treau en de leie om hannen en skonken bûn.
‘In jonge hynst moat de swipe fiele!’
Hy liet de eagen troch de stâl glide, mar doe't er gjin swipe fine koe, pakte er in oare leie. Ynienen seach er dat it kin fan de jonge read kleure; it bloed rûn as in streamke út 'e rjochter mûlhoeke wei en dripte op twa plakken fan it kin.
Doe pakte Rienk Bockema syn dolk út 'e skie en nei't er de deadseangst yn de eagen fan de jonge sjoen hie, snie er op trije plakken de leie troch.
Wylst de kâlde rille him oer de rêch rûn, lei er de oare deis op 'e knibbels yn it bychthokje oan de noardkant fan de Martinustsjerke. Hy fielde him dizze hjerst ferlern as op in stoarmige see en klamme him fêst oan it sakremint fan de bycht.
Foar him oer hong yn it fjouwerkant fan de iepening it gesicht fan pastoar Jehannes , earder learling fan broer Martinus en skilder fan de kleurige ôfbyldings op 'e tsjerkemuorren. It smelle antlit fan foarhinne wie útdijd troch it goede libben dat de geastlike no al in tal jierren yn de mienskip fan de Snitser hegerein preaun hie. Mar de brune eagen wiene deselde bleaun, twinkeljend fan nocht oan minskebern en Gods goede jeften.
‘Rienk Bockema, myn soan,’ sei er heal freegjend, nei't er it gerdyntsje fansiden skood hie en de stander mei de baarnende kears tusken harren yn sette.
| |
| |
‘Hjir bin ik,’ sei er sêft, ‘om... myn sûnden op te bychtsjen.’
‘Hoe lang is it lyn dat jim tegearre foar myn skildering fan de Leave Frouwe stiene, om't jim wat útheefd hiene?’
Hy hoegde net te rekkenjen, wist daliks dat er doe fyftjin wie, mar dochs foel der in stilte. Wike Lolles en hy hiene wat útheefd, sei de pastoar, mear net en ferromme stelde er fêst dat syn jeugdsûnde noch altyd as in tsjuster geheim bewuolle lei yn de herten fan twa froulju: Marije en Wike sels.
‘Wa't noch sa jong is,’ ferfette de geastlike sûnder langer op it antwurd te wachtsjen, ‘wurdt troch God en de hilligen beskerme, dat er gjin swiere sûnden op him laadt, mar no, myn soan, libbest middenmank de sûzjende pylken fan Lúsjefer. Wêr hat er dy rekke?’
‘Ik ha Ygo, myn hynstefeint, bliede litten sûnder dat ik mysels yn de macht hie.’
It wie der yn ien kear út, as in sucht dy't ferlichting joech fan de swiere lêst dy't er sûnt juster meitôge. Benijd taaste er mei de eagen it antlit fan de pastoar ôf, mar dat like net feroare sûnt it gerdyntsje iepen gongen wie.
‘Dus dochs,’ sei er inkeld.
‘Wat dochs?’ frege er.
‘Wa't himsels net mear yn de macht hat, is rekke troch ien fan de pylken fan Lúsjefer. Mar de duvel is der net ynienen, lykas in stoarm dy't ûnferwachts losbrekt en oer de stêd raast. It is as mei de hjerst dy't de simmerglâns ferkleuret, as in dize oer it fjild lûkt, oergiet yn reinige riten mei hurde wyn en útrint op kâlde buien mei heil en wiete snie. Hoe lang hat it duorre, foar't de bui by dy opsetten kaam en datst Ygo bliede lietst? Nee, do hoechst de fraach net te beänderjen, Rienk Bockema. Yn de maitiid begjint foar dy it libben, simmers bist gleon fan striidberens en hjerstmis wurdt it moed dy swier en sakkest fuort yn it slyk fan dyn eigen ellinde. Wit dat swiermoedigens it skerpste wapen fan de duvel is, in pylk dy't djip yn it fleis kringt, it hert rekket, it
| |
| |
bloed fergiftiget, datst gjin stjoer mear oer de bannen hast en it libben fan oaren oantaast.’
De holle fan de geastlike sakke foaroer, it fel fan syn rûne plasse glom yn it kearsljocht as de folle moanne dy't ynienen efter roetswarte wolken weikomt. Bûten bearde de wyn om de tsjerke-muorren, skreauden krieën en âlen bargen, nei alle gedachten om it iene of oare stik ôffal dat op strjitte telâne kaam. Of wie it om in bidler dy't yn de slach rekke mei syn dierlike konkurrinten?
Mei ûntsette eagen stoarre Rienk nei de holle foar him, it ljocht yn it tsjustere fjouwerkant en mei heas lûd frege er: ‘Wat moat ik dwaan om foar myn sûnden te boetsjen?’
Stadich kaam de holle fan de pastoar wer omheech en op it plak fan de moanne glinsteren twa stjerren, de eagen dy't sels by it útsprekken fan Lúsjefer syn namme net fertsjustere wiene. En as hied er de fraach fan de haadling net ferstien, sa ferfette er mei in glimk om de lippen: ‘Hat God him fersind mei't er it jier fjouwer seizoenen jûn hat, foar dy sa't it skynt twa tefolle, de hjerst en de winter. Dat soe de eare fan de Skepper fan himel en ierde tenei komme! Want hat Hy de minske de hjerst net jûn om te genietsjen fan de frucht fan syn hannen? En is de winter net de tiid fan ynkear: de reis út 'e klomske bûtenwrâld nei de waarmte fan de eigen siele? Wit dat de siele it plak fan de stâl is, dêr't Marije alle jierren wer it Bern op 'e wrâld bringt. Mar wa't swiermoedich syn libben troch hjerst en winter slepe lit, set de doar iepen foar Lúsjefer en skansearret it Bern.’
Foar de twadde kear fierde de pastoar de bychtling mei nei de djipte en noch banger as earst rôp er: ‘Mar wat moat ik dan dwaan?’
Doe bûgde pastoar Jehannes nei foaren en wylst syn antlit striele yn it ljocht fan de kears, sei er: ‘Hat earder in haadling yn Snits sa'n macht hân as Rienk Bockema, ridder fan God op ierde, beskermer fan Marije en de hillige tsjerke? It Wurd wiist ús yn kening David dyn betsjutting oan, myn soan. Lykas de jonge
| |
| |
hoeder Goliat dellei, fersloechsto de Turk... kening en ridder-haadling, Jeruzalim en Snits, it keninklik paleis en stins Rodenboarch... wolno, Rienk Bockema, fier it feest fan it libben lykas kening David die en de sûnden binne dy ferjûn.’
‘Feest... fan it libben?’ frege er stammerjend.
De knikkende holle fan de pastoar wie no deunby.
‘Genietsje yn de hjerst fan de frucht fan dyn hannen, sa't ik saniis sein ha en fier feest, myn soan.’
‘En Ygo?’ frege er wifeljend.
‘Dy fiert it mei.’
Se wiene der allegearre, de leden fan it stedsbestjoer, Aylof de Gruyter en syn eale frouwe fan de Gruytersmastins, de rike eigners fan oare stinzen en huzingen, pastoar Jehannes mei syn kapelaans, de gildemasters, Bot, Hisse, Hylck en Reynke Donia, Wamme Alderts en Lipkje fan Goaiïngasweagen, Bouwe Durks en Wike Lolles. Mar ek in delegaasje fan it sljochtweihinne folk, út alle strjitten twa, mei soarch útkeazen fanwegen iver en har hâlden en dragen yn tsjerke en mienskip. Pastoar Jehannes hie der op oanstien dat ek lju út 'e ienkeamerklinten de romte ris krije soene om fan it libben te genietsjen, boppedat soe in feest foar heech en leech de mienskipssin yn de stêd fersterkje. En om't de libbensgenieter, dy't tagelyk hoeder en bychtheit wie, in natuerlik gesach útstriele, fertrouden de Snitsers him en koene se har fine yn syn regeling. Boppedat wie it in oantrún om, mei it each op in folgjend feest, it seedlike gehalte fan it folk te ferheegjen, om't ek dan de kar falle soe op de froedste lju fan elke strjitte.
De nije stinshal wie rûnom fersierd mei kleurich borduerde kleden, foar it grutste part it wurk fan Reynke Donia en har beppe-sizzer Hisse. Boppe de swiere ikehouten stoel, in troan allyk sa't dy yn de midden foar de eastlike muorre op in ferheging stie, hong in skyld tusken alderhanne wapens. It wie wol twa kear sa
| |
| |
grut as dat fan Windsor Castle en dêrtroch bylke de ôfbylding yn dizze lytsere hal as in muorreskildering. Dat kaam ek mei troch de styl fan de makker, pastoar Jehannes, dy't nei't er it ferhaal fan Sint Joris en de draak oanheard hie, in lytse feroaring yn it gehiel oanbrocht: Sint Joris wie fan it hynder stapt en foel mei foarútstutsen lâns de draak oan. It wapenskyld fan Rienk Bockema krige sa in dûbele betsjutting, woed er ha: fersloech ek David net in draak, yn de persoan fan Goliat, om sa it folk Israël te rêden?
Rienk Bockema siet as in kening op 'e troan en liet de eagen troch de stinshal glide. It ljocht fan toartsen, dy't yn de fjouwer hoeken baarnden, flakkere op 'e gleone gesichten boppe bierkannen en wynglêzen, wylst it tsjinstfolk skalen mei dampend fleis op 'e tafels skode. Hy snúfde de rook fan it gebraden mei in pear lange halen op en tocht werom oan de ôfrûne wike dat er mei Ygo yn de omkriten fan Snits op jacht west hie. It resultaat dêr-fan wie dat op dit feest de skalen dampten fan it waarme fleis fan hazze, ein, fazant en ree. Elke pylk dy't doel trof, hie it wurd fan pastoar Jehannes befestige dat it wurk fan syn hannen net allinnich ta geniet wêze soe fan himsels, mar ek fan de mienskip dêr't er hear oer wie. Syn swiermoedigens wie stadichoan op 'e hjerstwyn ferwaaid, lykas yn de spanning fan de jacht de erchtinkendheid fan Ygo wei waard. Mei gjin wurd hied er nei de bycht it wrede foarfal yn de stâl oanroerd, want it feest, sels de tarieding dêrop, soe de ûntstiene ferwidering tusken him en Ygo ûngedien meitsje.
Rienk waard syn hynstefeint as yn in dize gewaar oan de oare kant fan de hal tusken it steechjesfolk. Kaam it troch de fleisdampen, de reek fan de toartsen of de wyn dat er it net sa skerp mear seach? Wylst er it glês fan de tafel naam en it yn ien kear leech dronk, hearde er boppe it rûzemuozjen fan stimmen it lûd fan snaren út 'e rjochterhoeke by it finster. It ynstrumint waard bespile troch in reizgjende muzikant, dy't him Filippus neamde en
| |
| |
sa't er sei oan de hôven fan keningen de machtigen fan de ierde fermakke hie. Hy wie tafallich op 'e hichte rekke fan it feest yn Snits en hokker minstreel soe dan net spylje wolle foar in ridder dy't yn tsjinst fan kening Edward III de Turken bestriden hie? It ferhaal fan Filippus, dat de haadling fan Snits op 'e selde hichte as fan keningen brocht, spriek oan en de doarren fan Rodenboarch waarden foar him iepenset. Mar doe't Rienk seach dat it ynsetten fan de muzyk foar de gasten it teken wie om it mes yn it gebraden te stekken, fielde er him yn syn eare oantaast. Wol deale, net in minstreel, mar hysels soe it spul liede dat jûn opfierd waard, lykas kening Edward III op Windsor Castle mei de Ridders fan de Blauwe Hoasbân syn feesten fierd hie. Dat ridderlike spul mei ûnthjitten en hoaske leafde - en sûnder erch glied syn eachopslach nei de frou fan de boatebouwer - soe Snits hjoed wis en wrachtich foar it earst meimeitsje.
Mei in fûle slach liet er de fûst op 'e tafel delkomme dat wynglêzen en skalen rattelen. De muzyk swei, stimmen ferstommen, messen bleauwen yn it fleis stykjen en gesichten mei skrille eagen skokten syn kant út. Hy seach it glimkjend oan, út 'e hichte wei, kaam oerein en sei: ‘Sa sil it net, oanfalle op it fleis as roppige bargen op it ôffal fan de strjitte. Wolle de Snitsers meidwaan yn de wrâld, dan moatte wy in foarbyld nimme oan de ridders fan it keninklike hôf. En wa soe jim dat better foardwaan kinne as de ridder dy't sa'n feest meimakke hat?’
Hy wachte in amerij oant immen efter út 'e stinshal sei dat allinnich harren eigen hear it foarbyld jaan koe.
‘Sa is it!’ rôp er, mar syn wurden waarden oerstimd troch de byfal fan de gasten, in heftige ûntlading nei de spanning dy't er mei syn ûnferwachte útfal oproppen hie. It jûchhei tilde Rienk Bockema boppe himsels út, it wie in weach dy't him tusken himel en ierde brocht, tichtby de hearlikheid dêr't de Leave Frouwe tahold, foar wa't er tsjin de Turken striden hie. Yn it flonkerjende ljocht fan dy himelske hearlikheid seach er as yn in wjerljochtflits syn
| |
| |
foarlân en mei in krêftich ûnthjit befestige er syn foarnimmen: ‘By de leafde fan de Hillige Frouwe dy't ik beskerme ha, en it fleis fan de fazant dy't ik sketten ha, swar ik dat Rienk Bockema yn de maitiid wer op krúsfeart giet...’
Hy wifele, om't er sa hurd net wat betinke koe wat syn foarnimmen fan tweintich jier lyn oertrof, mar ynienen waard syn geast ferljochte troch de glimk op it antlit fan pastoar Jehannes en mei útset lûd ferfette er: ‘Net nei Rhodos, want dêr kinne de Johanniters der sels wol mei rêde, mar nei de stêd fan kening David, Je- ruzalim, om dêr de Turken it Snitser swurd yn it heidenske hert te stjitten. Snits en Jeruzalim, Rodenboarch en it keninklik paleis, Rienk Bockema en David... Sa sil it en net oars, want as it oars komt yn Snits, as in Turk in Snitser fermoardet... by de Frouwe en de fazant swar ik dat yn Snits en omkriten oant de maitiid fan 1386 gjinien fermoarde wurdt en oan de galge hingje sil.’
In telmannich hong yn de stinshal in deadske stilte, de gasten wiene as betsjoend, de flam fan de toartsen wie rêstiger wurden en it fleis dampte net mear. Mar doe lôge it fjoer fan de besieling, dat de gasthear oanstutsen hie, heech op. Der waard jûchheid, lake en gûld. Doe't ien fan it steechjesfolk raasde dat er mei woe nei Jeruzalim, skeat de earm fan de haadling nei foaren, de hân wiisde nei it plak dêr't er syn hynstefeint wist en yn de stilte dy't folge, rôp er: ‘Ygo, myn trouwe tsjinstfeint, giet mei en as wy weromkomme, slaan ik him ta ridder!’
It folk draaide him om nei Ygo, dy't mei syn hâlding gjin rie wist en ferlegen de holle sakje liet. Mar op 'e nij droane de hal fan ekstatyske gjalpen fanwegen it foarútsicht dat de stêd mei twa krúsfeartridders in wêzentlike bydrage skonk oan God en syn tsjerke. De betsjoening wie sa sterk dat gjinien wyn, bier en fleis tusken it swijen fan de muzyk en it jûchhei foar Ygo oanroerd hie.
Op datselde stuit ferbriek Rienk sels de ban en nei't er syn beker folgetten hie, stiek er dy yn de hichte, rôp dat drank it bêste mid- | |
| |
del wie om waarm te wurden, dat dêrmei ek it ôfkuolle fleis wer hjit waard en dronk de wyn as kâlde molke. Tagelyk sette Filippus yn en de gasten, roppich fan it lange wachtsjen, foelen as rôffûgels op it wyld oan. De messen fiken der hompen ôf en holpen de skeamele tosken en kiezzen om it fleis yn lytsere parten hastich troch de kiel te krijen. Gong dat net fluch genôch, dan spielden wyn of bier de kôgjende mûlen fierder leech. En ûndertusken rûn Filippus by de tafels lâns, spyljend en sjongend yn in taal dy't nimmen benei komme koe, mar dy't syn namme as wrâldfer-neamde minstreel foargoed yn Snits festige.
Rienk Bockema seach dat alles mei foldwaning oan, wylst er oanienwei it wynglês nei de mûle brocht, it fleis lykwols amper oanroerde. Foar altyd hied er mei dit feest de Snitsers foar him wûn, se soene takom maitiid by de heffing fan de krusfeartbelesting weromtinke oan syn hillich ûnthjit en it in eare achtsje by te dragen oan de striid foar de Hillige Frouwe. Hy draaide him om nei it wapenskyld en seach himsels as Sint Joris - of wied er leaver David? - op 'e draak ynstekken, it grouwélige bist dat Marije bedrige. Diskear helle er de Leave Frouwe yn syn ferbylding út 'e himelske hearlikheid en ferbûn har, lykas yn de herberch fan Boalsert, mei Lipkje. Doe wist er noch wisser as earder op 'e jûn wêr't syn leafde, ferheven boppe elke drift fan it lichem, nei útgean soe. Hy liet de eagen, prykjend fan de toartsen en dizenich troch de drank, by de tafels lâns doarmje en seach dat de measte gasten oereinkommen wiene, trochinoar rûnen, krioelen as eamelders yn in nêst. Wie it tafallich dat, wylst syn eagen ûnderweis wiene nei syn geheime leafde, it grouwe lichem fan Bot him ynienen opfoel, tichtby Wamme Alderts, de boatebouwer? Se hiene de hollen deun byinoar, meneuvelen en dinen mei op 'e muzyk fan Filippus. Wol deale, wêr hiene se it oer? Wêrom wie Bot it lêste jier sa faak op oare plakken as op Rodenboarch sels te finen en hokker plakken wiene dat? As se neat oars om hannen hie, soe hy derfoar soargje dat har dagen fol rekken. Hied er Sjoerd Jon- | |
| |
gema net straft mei wurk? Bot soe takom jier foar him ek belesting ophelje, diskear it krúsfeartjild, bûten de stêd fansels, fier út 'e buert fan Wamme Alderts. Tefreden oer dat beslút socht er fierder oant er har fûn hie, net fier fan him ôf, middenmank it steechjesfolk. Tagelyk waard er de minstreel gewaar, dy't spyljend en sjongend om de kloft hinne beweegde. Hy skerpe him op en woe, nei it hichtepunt fan syn hillich ûnthjit, ta op 'e klimaks fan de jûn: de utering fan syn hoaske leafde. Ynienen heinde er, boppe it rûzemuozjen fan de stinshal, flarden fan Filippus syn liet op, diskear yn de lânstaal: ‘De man dy't roppich wurdt oerdeis, stekt nachts syn knyft yn frouljusfleis...’
Wylst der in lûd jûchhei opklonk, beweegde de minstreel slang-eftich tusken it folk troch oant er by Lipkje fan Goaiïngasweagen kaam. Doe't Rienk Bockema seach dat se wei waard efter syn lea, feroare de man mei it ynstrumint foar syn eagen yn in draak. Hy draaide him mei in hoart om, raamde in lâns fan de muorre en wankele fan de ferheging. Doe bleau er stean. De stinshal feroare yn in kogge, dy't op 'e wylde see op 'e fijân ta slingere. Mar de draak seach er net mear.
De hjerst sette lang troch mei rûzige riten, oanhâldende stjalprein en in ôfwikseling fan swiere buien en in skier sintsje efter raffelige wynfearren. Hoewol't de strjitten en stegen op 'e leechste plakken geregeld ûnder wetter stiene, koe soks Rienk Bockema, heech op it hynder, net deare. Hy ried alle dagen troch de stêd, makke in slach om it noardeast, fan poarte nei poarte, en dreau op 'e achting fan de boargers, dy't noch wikenlang oer syn feest praten. Hy heinde mei in brede glimk har wurdearring op oer syn hillich ûnthjit, wylst se yn ien sike heech opjoegen fan it rynske miel mei wyn en bier. Mar mei gjin wurd repten se oer de oantaasting fan Lipkje fan Goaiïngasweagen troch de minstreel. Noch hearde er de wurden fan it liet oer syn roppich wêzen nei frouljusfleis, seach klear foar him hoe't se weisakke ûnder syn
| |
| |
lea, dy't slangeftich oer har hinne skokte. Mar doe't gjinien der skande fan spriek, en sels Wamme Alderts him net beklage oer de oantaasting fan syn frou, begûn er te twiveljen en frege hoeden oan Bot hoe't it feest ôfrûn wie. Se glimke doe't se sei dat de minstreel it folk yn in lange rige efter him oan út 'e hal fierd hie, de strjitte op ûnder it ljocht fan toartsen oant úteinlik elkenien syn eigen doar fûn hie.
‘En ik dan?’ frege er.
‘In ridder bliuwt efter om syn stins tsjin in mooglike fijân te ferdigenjen,’ sei se fyntsjes, ‘dat heart no ien kear by it spul.’
In pear dagen foar krysttiid draaide de wyn fan it westen troch it noarden nei it easten. Hy fierde kjeld mei út oarden dêr't tagelyk berjochten weikamen dat it âlde heidendom de krêbe en it krús wer oerwoekeren. It krystfeest mei de hillige glâns fan stjerren en ingels boppe de stâl waard yn de lannen fan de Slaven troch it lôgjende fjoer fan de heidenen fertard. Mar Rienk Bockema sloech amper acht op sokke tidings, om't syn foarlân yn it súdeasten lei, yn Jeruzalim, de stêd fan David en wa wit, yn Bethlehem dêr't Marije de Soan fan God te wrâld brocht hie.
Mei de krystdagen skufele it folk oer de hurde, glêde strjitte nei de Martinustsjerke. Wylst pastoar Jehannes de hillige mis opdroech, siet Rienk yn de hearebank, weidûkt yn in tsjokke swarte mantel, seach in amerij fol oeijefte nei Lipkje fan Goaiïngasweagen en loek har mei nei de djipte fan syn siel, de stâl dêr't hy Joazef en sy Marije wie. Hy ûndersteunde har, wylst se gûlend stinde ûnder it flymjen fan de bertefleagen, wie grutsk op it bern dat sûnder tuskenkomst fan syn sûndige driften it libbensljocht seach, harren eigen soan dy't de wrâld rêde soe. Dat wie syn ynkear, út 'e klomske romte fan de Martinustsjerke wei, dêr't de azem fan it folk feroare yn lytse wolkjes, nei de waarmte fan syn eigen siele, sa't pastoar Jehannes him ûnder de bycht yndruid hie. It wie in ynkear, mongen mei syn weromkommend langstme nei
| |
| |
in bloedeigen soan, dy't er net mear by syn eigen frou oansette koe. Sûnt de berte fan Hylck hied er jierrenlang syn sied struid sûnder dat it útsprute woe, oant er fan har grouwe lea begûn te wearzgjen.
Hy seach út 'e eachhoeken wei nei Bot, dy't mei rjochte rêch nêst him siet, mar ûndertusken de holle allegeduerigen draaide om mar neat te missen fan it beweech tusken de pylders fan it skip. Sochten har eagen Wamme Alderts, Bouwe Durks of faaks manlju, jonger as hjasels? Joech se har oer oan de sûnden fan it fleis, om't hysels it sêfte djippe gat mei gjin lid mear oanroerde? Mar de tsjerke hie ommers ferbean om te begearen sûnder de mooglikheid dat it sied útsprute soe? Dêrom moast er syn driften op Rodenboarch yn de stringen hâlde en draaide hy har op bêd it gat ta.
Foar de twadde kear fûn er Lipkje tusken it folk, dat tichter nei it alter skufele as socht it de waarmte fan de baarnende kearsen. Foar't syn begearen kâns krige op te spyljen, glied syn each-opslach nei de súdlike muorre, dêr't de Hillige Frouwe yn in blau kleed op in hege troan siet, middenmank ingels yn wite klean. Foar dyselde skildering hiene hy en Wike Lolles stien, nei't Ma- rije al wist dat er it famke fan Goaiïngasweagen oantaast hie. Doe lei Rienk Bockema de fingers fan beide hannen tsjininoar en hy bea mei ynmoed en sûnder lûd: ‘Leave Frouwe, wat Wamme Alderts net slagge is, in bern oansette by syn frou, is my ferbean. Mar mei it barre dat troch it wûnder fan de ûnbesmette ûntfangst hjoed de dei noch ien kear in nij libben groeit, in soan, de soan fan my en Lipkje fan Goaiïngasweagen, om't ik har oantaast ha.’
Trije wiken sette de froast troch, sa fûleindich dat it jongfolk skarrele in pear bonken fan de ôfrûne slacht byinoar, boarre der gatten yn, stiek der in learen fiter trochhinne en bûn se ûnder. Mei in skerpe stôk as ôfset glieden se oer de stedsgrêften en wa't wat betûfter wie, sette troch nei de Frjentsjerterfeart.
| |
| |
Yn de twadde wike fan jannewaris 1386 draaide de wyn en brocht út it súdwesten teiwaar mei. Earst kletste it reinwetter dagenlang op 'e hurde ierde, dêrnei briek in stoarm it iis fan mar en puollen en rinkelen de omkriten fan Snits fan de weagjende skossen. De lêste wike fan jannewaris wie mei sudewyn en sinne maitiidseftich en de ierde, noch weak fan wetter, joech de rook op fan in djip langstme nei befruchting. De wylgen wiene wyt fan útsettende katsjes en oan de elzen bongelen de slierten as symboal fan manlike potinsje op 'e wyn.
Rienk Bockema snúfde de betide maitiid op en kearde him mei syn hiele wêzen nei de bûtenwrâld. De driften, dy't er salang al bedimme hie en dy't mei de krystdagen ûnder it blauwe kleed fan de ûnbesmette ûntfangst weiwurden wiene, spilen no heech op.
Yn de jûn fan Marije-Ljochtmis op 2 febrewaris sleat er him oan by it folk dat nei de mis mei toartsen om it hôf fan de Martinus- tsjerke rûn. Hoewol't er yn de jierren dêrfoar allinnich de tsjinst yn de kapel fan it Johanniter kleaster bywenne as earbetoan oan de geasten fan syn foarfaars, waard er fan 't jier oanlutsen troch de rituelen fan it gewoane folk. Mei de kape fan syn mantel oer de eagen, dat gjinien him werkende, pandere er mei yn de swijende optocht fan swaaiende toartsen om de geasten fan de deaden geunstich te stimmen en de demoanen te ferjeien. Wiene de foarige geslachten net de woartels dêr't it nije libben op útsprute moast? Dêrom rûnen se mei, de manlju dy't longeren nei in opfolger en de froulju dy't ûnfruchtber wiene of de iene nei de oare miskream krigen.
Rienk hie se rinnen sjoen tusken de oare froulju, koe se der yn it flakkerjende ljocht al fan fierren út, Lipkje fan Goaiïngasweagen, net om't er har gesicht seach, mar fanwegen it rjochte stal. Hoewol't er troch har suver hillige útstrieling oanlutsen waard, wist er dat it ritueel him noch net tastie om yn har buert te kommen. Lipkje en Marije, it ferskil wie dat de Hillige Frouwe in bern, Gods Soan, te wrâld brocht hie, ûnsuver wurden wie troch it
| |
| |
bloed dat by de berte floeid hie, mar no op dizze dei, Marije-Ljochtmis, iepen tearde foar in nije frucht. De skoat fan Lipkje lykwols hie noch nea frucht droegen.
De optocht sloech it Nauwe Noard yn, bûgde foar de Noarder-poarte ôf nei de wâl, dêr't wylgeboskjes groeiden, en hold dêr stil. Doe't Rienk seach dat de manlju tûken ôfsniene, helle hy de dolk ek foar it ljocht en fike in twiich ôf.
Hie by de omgong fan it hôf de stilte foar in hillige spanning soarge, no gûnze in folle ierdsker trilling troch de rigen: it gibeljen fan de froulju, dy't begûnen te rinnen, útdaagjend wer stean bleauwen en fierder drafken; it roppen en balten fan de manlu yn in wylde efterfolging, wylst it ljocht fan de toartsen as de see op en del weage: ‘Wêr is Makke?’
‘Se sil de wylch fiele!’
‘Myn tûke yn Saapke har skreef!’
Se strieken mei de wylgetwigen de froulju oer de lea, aaiden se oer de boarsten, stieken de tûken tusken de skonken en draafden al swypkjend efter in oar ploechje oan.
Rienk Bockema draafde mei en doe't er yn de buert fan Lipkje kaam, saaide er syn toarts yn de grêft, loek de kape djipper oer it loftereach en rjochte it oare op har flechtsjend stal. It makke him wyld, mar diskear wiene syn driften net mongen mei de grimmitigens oer de mislearre jacht yn it ûnlân fan Goaiïngasweagen.
Werom yn it Nauwe Noard, waard se opkeard foar de doar fan de herberch, dêr't de foarsten troch krongen. Hy stiek de hân nei har út, treau de tûke nei foaren yn in wanhopich besykjen har lea te berikken, mar it slagge net. Se dûkte en waard wei efter de doar.
Syn argewaasje oer de mislearre, troch it ritueel hillige oantaasting fan Lipkje fan Goaiïngasweagen, reagearre er ôf op Bot. Hoewol't se al jierren de misfiering yn de Johanniter kapel net bywenne hie, ferwiet er har no dat se syn foarâlden, de woartels fan nije geslachten, deaswei en dat dêrtroch in bloedeigen soan
| |
| |
net ta libben kaam. Se harke him swijend oan, it kin omheech, it gesicht fan him ôfkeard as stie se fier boppe syn roppen en razen. It wie de earste kear op Rodenboarch dat in frou, syn eigen noch wol, de holle ûnder syn strymjende wurden net bûgde. It makke him poer en om't er op 'e jûn fan Marije-Ljochtmis gjin swurd droegen hie, raamde er syn bôge fan de muorre en kaam dêrmei op har ôf. Se bleau stean en frege oft er fan doel wie om syn ûnthjit te brekken. Hy stoarre har freegjend oan en liet de earm sakje.
‘Watfoar ûnthjit?’ grommele er.
‘Foar de maitiid fan 1386 soe der yn Snits en omkriten net ien fermoarde wurde,’ sei se.
Se hie him ûntwapene, lykas hysels as fyftjinjierrige jonge Reynke Donia ûntwapene hie, mar it ferskil wie dat dizze frou it mei it wurd ôf koe. Koartseftich socht er in lykweardich wapen om syn macht jilde te litten en doe't him syn foarnimmen op it hjerstfeest yn it sin kaam, systere er: ‘Moarn al silst op 'en paad om noard fan Snits de krúsfeartbelesting yn te sammeljen!’
Se knikte en de glimk yn har eagen fernijde him dat syn reis nei Jeruzalim har oanstie.
Yn de betide middei fan de tredde febrewaris ried Rienk Bockema tagelyk mei Ygo troch de Noarderpoarte. De hynstefeint fierde noch in hynder oan de leie mei, dat er nei syn heit bringe soe, om't de âlde hynst fan Sjoerd Jongema de winter op Abwert net oerlibbe hie. De haadling-ridder wie sels fan doel om nei de omkriten fan Noardwâlde te riden om jongkeardels foar de krústocht te winnen, mar woe tagelyk in glim opheine fan Bot, dy't al yn de rin fan de moarn foar de har opdroegen taak ôfset wie.
Yn de Frjentsjerterfeart seagen se Wamme Alderts roeien, dy't rôp dat er in nije boat ôfleverje soe by in boer oan de oare kant fan Turns.
| |
| |
Om't Rienk yn gjin fjilden of wegen in skym fan in frou seach, hiet er Ygo om de eagen goed iepen te hâlden en sloech doe it paad nei it suden yn. Hy wie noch net iens yn Wâldsein, doe't syn hynstefeint him fjouwerjend ynhelle en mei grutte eangstige eagen stammere dat se de frouwe fûn hiene, ferdronken yn de Frjentsjerterfeart.
|
|