| |
| |
| |
4 De soan
Oer Snits en omkriten glied de tiid op it ritme fan de seizoenen foarby. Yn de maitiid, as de greidefûgels op 'e sudewyn oanfleagen, kaam de gong deryn, briek it libben út 'e lange winter wei en streamde oer strjitten en paden. Sadree't it iis út sleatten en puollen wie, setten de boeren de efterdoar iepen en bonkerakken fan kij draafden oerémis it hiem oer, mei swypkjende sturt en slingerjende kop oant se de earste nearzige gerspôlen fûn hiene. Mei de smiten keallen kamen de molke, bûter en tsiis. Dan hisen de boeren it seil om yn de stêd de hannel wer op gong te bringen en op deselde dei kochten se mei in part fan it fertsjinne jild by ien fan de ambachtslju in nij stik ark om dêr de skrale grûn mei te bewurkjen.
As de sinne heger klom en de waarmte fan de simmer it bloed tin makke, jachte it libben troch mei wrotten en wramen. It wie ek de tiid dat de stêd mei wyk- en jiermerk keaplju, prekers, swalkers en bidlers fan fierren oanloek. Hoewol't de dagen lang wiene, like de simmertiid koart en foar't it folk der erch yn hie, kleure de hjerst de blêden. Hastich brochten de boeren de lêste rispinge ûnder it tek, slachten in baarch en setten it fleis yn it sâlt, dat se fan de Sweachsters kocht hiene.
Nei de hjerststoarmen, dy't it wetter opswypken en it faak oer de flier fan de huzings brochten, bestjurre it libben yn de stille tiid, de winter mei reinige riten of flymjende kjeld. Dan siet de famylje heukerjend om de hurd en dreau se mei op it stadige ritme fan de koarte dagen.
De jierren glieden ek foarby en wat faker oft Rienk Bockema in jierwikseling op Rodenboarch meimakke, wat mear oft er him bewust waard fan de ynfloed dy't de seizoenen op syn stimming hiene. It earste jier nei syn thúskomst út Ingelân like er betsjoend
| |
| |
troch de nijens fan de macht dy't er fan de iene op 'e oare dei útoefenje koe. Al nei in wike hied er Wamme Alderts opdracht jûn om yn de maitiid fan 1373 it houtwurk foar de útbou fan Rodenboarch te leverjen. Twa moanne letter makke er Sjoerd Jongema lytsman en wied er eigner fan de pleats op Abwert en boppedat fan de boat dy't Wamme boud hie, om't de boer dy net betelje koe.
De maitiid kaam en it iis wie noch mar krekt út 'e sleatten as it bloed waard him te waarm om binnen de muorren fan Rodenboarch en de grêften fan Snits te ferkearen. It wie no acht jier lyn dat er foar it lêst troch de Hookslinke syld hie en de driuw nei nij aventoer swypke him op. Bûten de eastlike wetterpiip hise er gysten it seil, wylst Wamme en Lipkje glimkjend taseagen, beide grutsk op it wurk fan har hannen, hy op 'e boat, sy op it seil. Hie se him net ferteld dat se eartiids foar har eigen folk mannich seil fan âlde sâltsekken naaid hie? Mar dit wie fan nij doek, suver like swier as dat fan in kogge.
Wylst er mei bôge en pylken fuortfoer, taaste er mei de eagen har stal ôf. It hie neat mear fan it skrale liif dat er delsmiten hie mids de sompen fan Goaiïngasweagen. De foarmen fan heupen en boarsten, dy't foller wurden wiene, makken syn begearte wekker. Mar de boat fan Wamme fierde him mei, hieltyd fierder by har wei, nei it plak dêr't er har foar it earst sjoen hie.
Hy swalke mei de bôge yn de oanslach troch it ûnlân, rekke in jerke dy't nei it pearjen as in wylden om it eintsje swom en trille fan spanning doe't de brune rêch fan in ree tusken de reiden skimere. It bist siigde del en nei't er it noch waarme liif om de nekke hongen hie en it farske bloed him by de hals delrûn, raasde er syn triomf út.
Datselde gefoel fan triomf wie der, doe't it om Rodenboarch hinne optilde fan it wurkfolk. Karren mei stiennen hobbelen kreunend oer bulten en troch kûlen, gravers makken gatten foar de
| |
| |
fûneminten, Wamme timmere it byntwurk en mitselers bouden de tsjokke muorren op oant de fjouwerkante toer fier boppe de huzen fan Snits útstiek. Rienk seach it paleis fan grutmaster Raymond de Berenger fan Rhodos foar him, Windsor Castle fan kening Edward III en riisde yn syn ferbylding nei deselde hichten fan rykdom en macht. Snits, dat troch de bou-opdrachten fan de ridder-haadling kloppe as in hert, loek fan fierren folk nei merk en herberch en rekke noch mear yn bloei. Wie it in wûnder dat de Snitsers har eigen kening op hannen droegen en fier de hichte yn stieken?
Doe't de útbou fan Rodenboarch klear wie, waard Reynke Donia de efterkeamer tawiisd. Se joech har del, soer glimkjend, sûnder in wurd of die fan ferset, en fermakke har mei har beppesizzer Hisse.
Yn de lette maitiid ried Rienk Bockema nei Abwert. Mei it swit op 'e foarholle stie Sjoerd Jongema yn de greide te meanen, seach op, knikte him koart ta en rûn swijend mei nei de pleats. Dêr skode er de skoattels los fan de kiste, helle in ponge foar it ljocht en lange it belestingjild, dat er krektlyn by de boeren noardlik fan Snits ynfoardere hie, oer oan syn hear.
‘It moat der wêze,’ sei er.
Fierder kaam him gjin wurd oer de lippen. Allinnich Makke Wiggers en Ygo seine Rienk freonlik de tiid fan de dei. Hy tilde it jonkje boppe de holle en sette it dêrnei op it seal. Wylst er Swarte in rûntsje meitsje liet, rôp er: ‘Ast grut bist, krigest fan my in hynder, Ygo!’
In amerij letter sette er de spoaren yn de flanken en fjouwerjend gong it op 'e Noarderpoarte ta. In pear krieën, dy't de bluodderige terms út in deade hazze hoarten, fleagen kjel op. Gjin swarte fûgel of deade hazze koene Rienk Bockema syn moed oantaaste. Mei de sinne heech oan de loft wied er it libben en Lúsjefer treast.
| |
| |
By't simmer koene de wâlen fan Snits him ek net keare. Hy swalke op Swarte om de stêd hinne, liet de eagen oer de dakken glide en seach hoe't allinnich de godshuzen heger opklommen as syn eigen stins. It koe fansels net oars, want nea soe de Almachtige in minsketoer op ierde talitte dy't yn de wolken stiek. Hie broer Martinus him net leard dat God it folk fan Babel ferjage, om't se de himel bestoarmen? Nee, hy soe de himel yn wearde litte en de godshuzen beskermje tsjin fijannen, sa't er dat dien hie op 'e krúsfeart tsjin de Turken. En ynienen krige er langstme nei de striid mei fjouwerjende hynders, swaaiende swurden dêr't it sinneljocht op wjerkeatste en lôgjend fjoer boppe it reidtek fan in boerespul yn it nachtlike tsjuster. It foarútsicht op aventoer jage him op, mar foar't er Swarte de spoaren joech, seach er noch ien kear nei de stins, de loft dêrboppe, blau as it kleed fan de Hillige Frouwe en hy bea: ‘Haw tank foar de soan dy't yn de skurte fan Bot groeit en meikoarten him opponearje sil as takomstich hear fan Snits. Mei syn lûd fier klinke, lykas it Wurd fan de Soan dy't jo op 'e wrâld brocht ha.’
Doe hied er syn plicht as heit dien en ried er nei Ysbrechtum om op 'e nij de striid te belibjen, mar diskear net as foech jonge mei de nederlaach foar eagen, mar as in ridder dy't Juw Juwinga fan it hynder stjitte en it swurd op 'e kiel sette. Syn ferbylding wie lykwols yn striid mei de rêst dy't op dizze wynstille simmerdei oer de omkriten lei. En wer fjurre er it hynder oan, no de kant fan Boalsert út, dêr't er hope syn eardere fijân, Juw Juwinga, dy't op 'e brulloft syn freon wurden wie, te moetsjen.
Underweis seach er in protte folk, keaplju mei swiere marsen op 'e rêch, muzikanten dy't trommen en fluiten by har hiene, fierder manke en bline bidlers mei in houten nappe yn de hân. Se draaiden him smeekjend de holle eagen ta, âlen har ellinde út en fregen in jefte om't moarnier de Boalserter jiermerk begûn. Hy trape har kant út en jage noch hurder op 'e stêd oan, optein oer it foarútsicht dat er einlings wer wat belibje soe. Foar de poarte moast er
| |
| |
ynhâlde en hoeden skarrele er tusken it folk troch. Der waard rom paad makke foar de skout en twa fan syn helpers, dy't driigjend mei de lange lâns foar it skouder oer de strjitte marsjearden. In bidler waard wei yn de skimer fan in gloppe.
Rienk Bockema stapte by de earste herberch ôf en hiet de hynstefeint om Swarte, dy't glom fan it swit, daliks wetter en hjouwer te jaan. Sels besocht er de droege lippen mei de tonge, dy't him as in lape lear yn de mûle lei, wiet te meitsjen, mar hy preau allinnich mar stof.
Yn de healtsjustere jachtweide, dêr't it rûze fan de stimmen, rôp er mei in swier lûd om in kanne bier. Der foel in stilte, hollen draaiden en yn de ferware gesichten glom it wyt fan de eagen.
‘In folle krûk bier, as der plak foar my is!’ rôp er nei de kastlein. Se skoden op, tusken de swiere swittende liven ûntstie in lege romte, dêr't er linich yn krong.
Doe't de kastlein mei de krûk efter him kaam, hiet er alle kannen op tafel fol te jitten. De manlju seagen swijend en mei glimmende eagen ta hoe't it skom oer de râne kroep. Hysels pakte syn eigen kanne beet en stiek dy omheech.
‘Boalsert skommet no al,’ sei er, ‘mar it giet om it bier!’
Hy lei de holle yn de nekke en dronk syn slimste toarst mei lange swolgen fuort. Se folgen syn foarbyld en klapten de lege kannen werom op 'e tafel. It praat kaam stadichoan wer op gong, mar wie minder rûzich as by syn kommen. Fertrouden se him net? Hy bestelde in nije krûk en diskear geat er sels de kannen fol oant it bier oer de tafel streamde.
‘Boalsert sil oerrinne fan bier!’ rôp er.
‘Sa is it,’ klonk it.
‘En fan froulju,’ balte in lange fint, ‘as ik it net tocht hie... Dêr hast geile Beits.’ Hy wiisde nei in dikke frou, dy't breedút yn de doariepening stie. Se tilde har jûpe fier boppe de knibbels en makke in draaiende beweging dat boarsten en billen skodden. De manlju âlen it út en klapten mei de platte hannen op 'e tafel.
| |
| |
‘Kom hjir, skat, dan krigest in kanne bier.’
De swittende liven skoden noch tichter byinoar om foar it grouwe wiif plak te meitsjen. Hannen taasten oer de kwabbige lea om har sabeare op 'e bank te helpen. Har kraaiend lûd klonk heech boppe de rauwe manljusstimmen út.
De lange fint pakte syn kanne en brocht dy nei har mûle.
‘Boalsert rint jûn oer fan bier!’ rôp er en wylst er him omdraaide en wiisde, flaaike er: ‘Us golle gast sil it net by twa krûken litte, as er strak Beits bestekke mei!’
‘De tredde!’ bolderen de manlju.
Hy liet it gewurde, gluorke swijend nei de hoer en wearzge. Se die him mei har grou lichem tinken oan Bot, dy't ek útdijd wie en dêr't foar him rook noch smaak mear oan siet. Wylst er oanienwei swijend dronk, kaam it byld boppe fan in bloeiende frou, in soarte fan Marije, mei in himelske útstrieling dy't him yn syn djipste wêzen rekke. Se stie glimkjend op 'e wâl en wie grutsk op it wurk fan har hannen. En foar it earst yn syn libben hied er de himel ferbûn mei de ierde. Marije mei Lipkje.
Hy fernaam dat se him in boppenatuerlike krêft joech as moast er foar har stride, har eare ferdigenje. Hy liet de eagen by de gleone koppen lâns glide, de foarhollen wiet fan it swit, it skom op 'e lippen, en stadichoan feroare er syn drinkmaten yn tsjinstanners. Syn rûzige tinzen sochten koartseftich nei in oanlieding om de oanfal yn te setten en wylst er it lêste bier opsloarpe, skeat him wat yn it sin. Hy klapte de kanne op 'e tafel en skreaude: ‘Skieringers tsjin Fetkeapers!’
It praat ebbe fuort en alle gesichten draaiden syn kant út, ferheard oer de ûnferwachte útrop.
De boarsten fan Beits glieden oer de tafelrâne en glimkjend frege se: ‘Wat bedoelst, leave?’
‘Wa is hjir Fetkeaper en wa Skieringer?’ frege er driigjend.
Doe't er de fraach steld hie, koene syn oansangere harsens net mear betinke hoe't er dermei oan moast. Wat wied er sels, Skie- | |
| |
ringer of Fetkeaper? Tsjin wa moast er it swurd lûke?
Se loeken oan de skouders en seagen him spotsk oan.
‘Wat kin ús dat skele!’ hearde er.
‘Tinkst dochs net dat wy ús spanne litte foar de karre fan in haadling!’
‘Wy wolle net dea!’
Hy wie ferbjustere. It like derop dat de Boalserters him, noch foar't er tastekke koe, syn wapen út 'e hannen sloegen. Slimmer noch, se kamen yn opstân tsjin de haadling, sa as de Ingelske boeren har foar de muorren fan Windsor Castle tsjin Edward III en syn eallju ferset hiene.
‘Marije, bewarje ús foar sa'n dea!’ âle de man nêst him.
‘Beits is ús libben,’ klonk it oan de oare kant fan de tafel.
It praat om him hinne feroare op slach, sakke wer ôf, oer de boarsten fan Beits hinne nei har ûnderein en ynienen lei ien fan de manlju de hannen tsjininoar, stiek se út nei de hoer en rôp: ‘Hillige Beits, seinige ûnder de frouwen, harkje fannacht nei it klopjen fan myn stôk en iepenje dyn skurte dat er deryn glydt as de pastoar syn tonge yn de wyntsjelk.’
De wurden kamen op him ôf, stadich weagjend as in kloft fûgels yn de loft, mar doe't de betsjutting ta him trochkrong, troffen se him as pylken. Dy fint wie de Leave Frouwe tenei kommen, it himelske byld dat er al jierren foar eagen hie, en taaste mei syn geile wurden it ideaalbyld fan de ierdske frou oan.
Rienk Bockema sprong oerein, klapte mei de knibbels tsjin it taffelsblêd, dat krûk en kannen derôf skoden en kletterjend op 'e flier telâne kamen. Doe't er yn de frije romte stie, loek er it swurd en swaaide mei in read flues foar eagen om him hinne. Hy hearde gjalpen, seach earms en skonken, de skimen fan flechtsjende manlju, en krekt doe't er syn oerwinning útraze woe, fernaam er in droan tsjin de holle. It reade flues fertsjustere en ynienen waard it stil.
| |
| |
Doe't it wer ljocht om him hinne waard, fielde er in fûl bonken as hied er in bongel yn de holle. Hy knipere mei de eagen en stadichoan kaam er yn de werklikheid werom: in muorre mei ien finster, dêrûnder in kiste dêr't de foarkant fan bewurke wie, oan wjerskanten fan him in gerdyn opbûn mei in koarde, dêrtusken in bêd, foarnamer noch as wat er wend wie. Hy die de eagen wer ticht, om't de bongel yn de holle hurder begûn te slaan, en stadichoan sakke er fuort yn in wrâld fan fjouwerjende hynders, swaaiende swurden en lôgjend fjoer. Hy ferlear it lykwicht, foel yn de djipte en seach boppe him it gesicht fan syn fijân dy't him it swurd op 'e kiel sakje liet. Doe't er rôp om de help fan Marije, seinige ûnder de frouwen, hongen de boarsten fan geile Beits boppe him. Sy hise de jûpe heger as de nâle, âle om de flymjende bertefleagen dy't har troffen, en sprate de skonken. Ynienen floepte it bern derút, in skreauwend misbaksel, dat him as in stien op 'e holle foel. Diskear brocht de droan him werom yn de werklikheid. Hy seach tusken de eachteisters troch in stal dat oer him hinne bûgde.
‘Bist wekker, Rienk?’
Efkes kaam in byld út 'e dream boppe, de fijân mei it swurd... Hy begûn te hymjen, fernaam dat it swit him op 'e foarholle kobbe, net fanwegen it byld, mar om de ferbining tusken dream en werklikheid. It wie Juw Juwinga dy't oer him hinne bûgde.
‘Do bist hjir feilich, Rienk.’
Syn lûd, dat like kalm klonk as foarhinne, bêde de eangst fan Rienk justjes del. Dat er dreamd hie oer it swurd fan Juw op it stuit dat dy by him wie, hoegde net it wurk fan Lúsjefer te wêzen. Marije koe it him likegoed ynstutsen ha as tarieding op wat komme soe. Hie broer Martinus net ferteld oer de dreamen fan Joazef, dat er letter kening wurde soe? Wêrom soe hy, Rienk Bockema, gjin dream krije kinne oer syn eigen keningskip? Mar hied er eins wol dreamd oer de macht dy't er útoefenje soe?
‘Wat is der bard?’ frege er.
| |
| |
‘Do hast de Boalserters foar Turken oansjoen,’ sei Juw glimkjend.
‘Sy hawwe de Hillige Frouwe tenei west, dêrom!’ spatte er op.
Doe't Juw him ferheard oanseach, ferfette er: ‘Soesto it swurd net lutsen ha, as goare sûplappen in geile hoer op it plak fan Marije sette?’
‘Hiest sels de kanne ek net faker as ien kear oan de mûle hân?’ frege Juw hoeden.
‘It wurdt tiid dat ik op Snits taset,’ sei er beret, ‘lit Boalsert hjoed mar yn it bier fersûpe.’
Hy kaam oerein, fernaam dat de holle him fûler begûn te bonken, mar sette troch. Juw wiisde him de klean oan en gong sels op 'e kiste sitten. Troch it finster efter him foel it readeftige ljocht fan de ûndergeande sinne.
‘De jiermerk hat al west, Rienk,’ sei Juw, ‘dat wie juster. Doe't ik hearde dat de skout en syn rakkers in Snitser hearskip, dy't yn “De fette baarch” mei in swurd om him hinne swaaide, ynrekkene hiene, waard ik nijsgjirrich. Myn fermoeden kaam út en ik wie bliid dat ik nei de slach tsjin de Turken wat werom dwaan koe. Twa dagen hasto fan de wrâld west, troch it bier en de klap dy't ien fan de sûplappen dy ferkocht hat. Ik bin bliid datst wer safier bist om nei hûs ta. Mar se hawwe de poarte krekt tichtdien, by it lemieren sil ik dy beselskipje oan de wâlen fan Snits ta, mar kom, do moatst earst wat ite.’
Yn de iere moarn rieden de beide haadlingen nei it easten, dêr't de sinne boppe de kym útriisde en stadichoan de kleur fan de dei oannaam. Ut en troch wikselen se in pear wurden oer waar, hazzen en fûgelguod, mar fierder diene se der it swijen ta.
By it Johanniter kleaster holden se stil. Se seagen inoar oan en Rienk frege: ‘Wie dit in die fan freonskip?’
‘Dat ik mei dy opriden bin?’
‘En datst my út 'e kloeren fan de skout helle hast.’
| |
| |
Juw loek tearen yn de foarholle, seach nei de loft en frege: ‘Wie it freonskip fan dy doe'tsto my út 'e kloeren fan de Turk befrijd hast?’
‘Miskien, mar it gong my ek om de striid, dêrfoar wiene wy ommers op Rhodos.’
‘En ik bin yn Boalsert om derfoar te soargjen dat dêr de oarder hanthavene wurdt, hast it troch? Minsken hannelje net inkeld út freonskip, Rienk. Der is altyd wol in oare reden dy't meispilet. Bygelyks de striid foar de hillige tsjerke, de eare dy't dêrmei te beheljen is en de útbou fan macht. It is fansels dyn goed rjocht om te hanneljen op grûn fan dy reden en ik soe sa wer mei dy útfarre om te striden foar Kristus, Marije en de tsjerke. Mar ik ha ek ûnderfûn dat in stêd bloeit, as der rêst en oarder is. Juster wiene der keaplju yn Boalsert dy't fertelden dat de ûnrêst ûnder Ingelske boeren tanimt. Edward III rekket wat langer wat mear yn it laberet. It skynt dat Alice Perrers de troch drank betize kening stjoert wêr't se him hawwe wol.’
‘Dat soe my nea oerkomme!’ spatte Rienk op.
Hy seach har stal wer foar him, hoe't se him it wapenskyld fan Sint Joris en de Leave Frouwe ûntnadere hie. Nea soed er gewurde litte dat Bot of hokker frou dan ek oer syn libben hearske. En wat de ûnrêst ûnder it folk oanbelange, de earste de bêste dy't it tsjin him yn de kant sette, kaam oan de galge.
‘Wie it Beits net dy't dy yn de herberch in droan ferkocht hat?’ murk Juw fyntsjes op en daliks ferfette er: ‘Mar wat ik eins sizze wol, Rienk, bedimje dyn ûnrêst oant de tsjerke ús wer ropt om har te beskermjen. Genietsje yn de tuskentiid fan de rêst yn eigen hushâlding en stêd...’
It wie de earste kear dy moarns dat Rienk lake.
‘Do silst it net leauwe wolle,’ sei er, ‘mar de kommende jierren wol ik myn soan opgroeien sjen en letter giet er mei ús op krústocht.’
Hy joech Juw in klap op it skouder, sette de spoaren yn de flan- | |
| |
ken fan Swarte en fjouwere fuort.
‘Noch betanke foar de goede rie!’ rôp er.
Juw rôp him wat efternei, mar hy wie al te fier om it te ferstean. Doe't er troch de Noarderpoarte de stêd yn ried, waard er de ferhearde gesichten fan de Snitsers gewaar. Se stiene te mûskopjen en guon seagen him skodholjend efternei. Wie dit de ûnrêst dêr't Juw it oer hân hie? Mar wat wie der dan by syn ôfwêzichheid bard?
Oan it begjin fan de Merkstrjitte koed er syn nijsgjirrigens net langer de baas. Hy kearde en ried nei it ploechje folk yn it Nauwe Noard.
‘Wat hawwe jim?’ frege er.
‘Wy neat, mar jo wol,’ sei ien.
‘Ik?’ frege er.
‘De frouwe is befallen.’
‘Sa gau al, wat is it?’
‘Wer in dochter.’
Yn de simmer fan it jier 1385 makke Rienk Bockema syn belofte oan Ygo wier. De soan fan Sjoerd Jongema waard nei Rodenboarch helle as hynstefeint, krige sels ek in hynder en gong faak ris mei Rienk op 'en paad.
It wie yn septimber dat se tegearre nei it suden setten. Rienk seach sa út en troch nei de jonge, dy't no fyftjin jier wie en suver as in folwoeksen ruter op it hynder siet. Hoewol't er wist dat it nea syn eigen wurde soe, hied er in bân mei him krigen dy't sterker wie as dy fan ridder en skyldfeint. Kaam it om't er sels inkeld twa dochters hie? Hisse, de âldste en like âld as Ygo, hie in protte meikrigen fan it fredeleavjende karakter fan har pake Bocke en waard dêrmei de pop fan Reynke Donia. Tegearre sieten se faak oeren oanien yn de efterkeamer oer it naaiwurk bûgd, dêr't Reynke har, nei de machtsoername op Rodenboarch, op talein
| |
| |
hie. Hylck, dy't yn 1373 berne wie, op itselde stuit dat Rienk yn Boalsert in pear dagen út 'e tiid op bêd lei, hie it bloed fan de Sickinga's yn har en sloech faak om by har pake en beppe yn Goaiïngea. Se gong mei de feinten nei it haailân, siet boppe-op 'e wein en loege it hea op. Se hie in apart gefoel foar dieren, dy't se mei har eagen en wurden stjoere koe.
It foel Rienk ynienen op dat Ygo stilder wie as oars. De jonge seach meastentiids rjocht foar him út, hoewol't er yn dizze omkriten noch nea west hie. Se wiene krekt Wâldsein foarby. Lofts blikkere it wetter fan de Sleattemermar, yn de fierte stiek de bosk fan Harich boppe de kimen út.
‘Wolst werom?’ frege er ynienen.
Ygo skrille op, draaide him mei ferheardens yn de eagen it gesicht ta en frege: ‘Werom? Wêrhinne?’
‘Wer op Snits oan fansels of bist ûnwennich fan Abwert?’
Wylst er de fraach stelde, kaam him dy earste moarn by Walle Galama yn it sin, doe't grutte learzens him wekker skopten en rûge koppen boppe him hongen. In grouwe keardel pakte him by it boarst en raasde dat er it goarste wurk dwaan moast, om't it kreaze jonkje grif net wend wie oan smoarge hannen. Op dy moarn, no tweintich jier lyn, hied er langstme hân nei de feiligens fan de stins yn Snits.
Ygo skodholle heftich, mar de trystens op it iepen jongesgesicht ferrette dat syn fraach doel troffen hie; wie it net de ûnwennigens fan it bertehûs, dan noch rôp Abwert by de soan fan Sjoerd Jongema seare gefoelens op. Hie de dea fan Makke Wiggers, dy't in pear jier lyn stadich nei de ein sukkele wie, ynfloed op it moed fan syn hynstefeint?
‘Mist jim mem?’ frege er plan-út.
Wer skodholle Ygo.
‘Dêr rekkest oan wend,’ sei er.
It koe fansels ek dat de jonge, dy't troch it lijen fan Makke Wiggers salang mei de dea ûnder itselde tek libbe hie, bang wurden
| |
| |
wie. Hoe faak jage it byld fan de deadsfijân himsels net op; as in hazze waard er dan efternei sitten troch in ûnsichtbere jager, foaral as de nachten langer waarden en de kjeld syn bloed bestjurre. Mar in fraach oer de dea doarst er net te stellen.
‘Wat is der dan?’ frege er kribbich.
Syn ûngeduld briek de jonge iepen.
‘It is ús heit,’ sei er.
‘Jim heit?’
Hy seach dat de jongfeint wifele.
‘Mist hy Makke Wiggers?’ moedige er oan.
Ygo loek oan de skouders en sei: ‘Ik tink net dat heit it goed fynt dat ik op Rodenboarch bin.’
De wurden, yn ien sike útsprutsen as in ôftwongen bekentenis, troffen Rienk op it seare plak en, grimmitiger as er tsjin de jonge ha woe, fjurre er syn argewaasje ôf: ‘Jim heit? Hy mei bliid wêze dat er mei myn goedfmen noch op Abwert wennet! Hoe soed er himsels rêde moatte, as ik him fan de pleats ôf jei? In bidler, dat wurdt er, in sike hûn dy't se fan plak nei plak opjeie. Neat mear soed er op 'e wrâld ha...’
Hy swei ynienen, doe't er út 'e eachhoeken wei de bûgde holle fan Ygo seach. De stappen fan de hynders klonken ynienen lûder. In kloft protters spatte tsjotterjend op út in beamwâl by in boerespultsje, feroare yn in grize wolk en waard wei boppe de dizenige kym yn it súdwesten, dêr't Noardwâlde lei. It byld bleau in telmannich foar him hingjen en yn de inkele fûgels dy't de kloft net folge wiene, seach er Sjoerd Jongema en syn soan.
‘Jim heit is allinnich oerbleaun,’ ferbriek er it swijen, ‘bedoelst dat?’
Ygo tilde de holle op, fernuvere oer de feroaring yn syn lûd, dat ynienen folle freonliker wie. Hy wachte noch efkes as fertroude er it net, mar doe't Rienk him taglimke, sei er: ‘As ik thús bin, swijt heit my dea en kin ik gjin goed dwaan. Ferline wike hat er my taraasd dat er gjin ferlet mear fan my hie en dat ik wol op Roden- | |
| |
boarch bliuwe koe, hy soe himsels wol rêde...’
‘No dan,’ sei Rienk, ‘wêr sitst dan noch oer yn?’
Der kaam in sêfte, tagelyk tryste útdrukking yn de eagen fan Ygo en wifeljend sei er: ‘Hy hat my it hynsteriden leard en... tegearre hawwe wy it fjild yn west, op jacht... efter hazzen en einen oan... it bliuwt úteinlik myn heit...’
Foar de twadde kear jagen de wurden fan de hynstefeint syn hear it bloed nei de holle, mar diskear koed er him bedimje. Wie it om't de jonge djip yn him oanroerd hie wat sûnt de teloarstelling oer de berte fan Hylck fersloppe wie... de bân tusken heit en bern? Wis, hy wie gjin boal foar syn beide dochters, mar gong wol swijend oan har foarby, liet de bemuoienis mei Hisse en Hylck oer oan de mem, de pake en de beide beppes. Hoewol't de wierheid dy't Ygo him krekt foarholden hie, skrynde, saksearre syn lilkens en hy naam him foar dat de winter fan 1385 op 1386 oars wurde soe as alle oare winters foarhinne. Mar wat moast er mei Ygo oan?
De bosk fan Harich riisde foar har op. Hy seach himsels riden nêst it lange, brede stal fan Walle Galama, dêr't er by opsjoen hie as by in heit dy't mei him it aventoer yn de mjitte gong. Soe Ygo...
‘Ygo,’ sei er, ‘do hast gelyk, it bliuwt dyn heit, mar wat wolst sels... ik bedoel... Sjoerd Jongema mei op Abwert bliuwe en sil neat brek wêze, dêr soargje ik wol foar, mar do...’
Ygo stoarre him mei iepen mûle oan, moast de spanning yn syn sizzen en freegjen oanfield ha; boppedat wie it frjemd dat in folwoeksene, de haadling fan Snits noch wol, oan in jonge fan fyftjin sa'n fraach stelde, him de kar liet. Fan frijwilligens hie in moanne lyn, doe't er him hjitten hie syn hynstefeint te wurden, gjin sprake west. No stjoerde er, yn hoedener wurden, oan op in hiel oare ferhâlding tusken him en Ygo?
‘Ik soe graach op Rodenboarch bliuwe,’ sei de jonge.
‘Ik hie net oars ferwachte!’ rôp er. ‘Kom op!’
| |
| |
Hy joech it hynder de spoaren, bûgde foaroer en seach skean efter him it laitsjende gesicht fan Ygo. Wylst de moude ûnder de hyn- stehoeven opstode, roffelen him hieltyd wer fiif wurden troch de holle: in soan en twa dochters! Op ien en deselde dei wie Ygo syn soan wurden en hie de jonge derfoar soarge dat er neier ta Hisse en Hylck kommen wie.
By de boskrâne holden se yn en wylst it stapfoets fierder gong, krige Rienk Bockema oanstriid om syn nijwûne soan yn fertrouwen te nimmen. Hy bûgde nei him ta en ferhelle fan dy nacht dat er as jonge fan fyftjin nêst Walle Galama oan it haad fan in hûndert man riden hie, op itselde plak dêr't se no wiene.
‘Sjoch,’ sei er en hy wiisde tusken de beamstammen troch nei in rjochthoekich gebou, dêr't in mânske toer boppe-út stiek, ‘dat is de Agge-stins, dêr't wy midden yn de nacht tegearre hinne sloepen om te ferkennen hoe't ús leger de oanfal ynsette soe.’
En hy fertelde fan de pylk dy't deun nêst Walle Galama yn de grûn spatten wie, fan syn eigen skot dat doel troffen hie en fan de teloarstelling om't de oanfal net trochgean koe.
‘Kom,’ sei er, ‘dan moat ik dy noch wat fertelle.’
Se lieten de hynders keare en rieden wer by de boskrâne lâns.
‘It wie op dit plak dat Walle Galama my yn fertrouwen naam,’ sei er, ‘hy fertelde my oer de frou dy't er net krije koe en oer fammen en froulju dy't er nommen hie, begrypste?’
Ygo knikte stadich, suver wat ferlegen.
‘Ik wie doe fyftjin en fielde wat er bedoelde, begrypste?’
Wer knikte Ygo, diskear heftiger en syn hiele hâlding, iepen as it lânskip lofts fan har, wie in antwurd op 'e fertroulike fragen fan syn hear.
‘Wa't jong is, giet op jacht en sjit syn bút, Ygo, dat kin net misse en...’
Hy wachte en seach dat de jonge mei in nijsgjirrige eachopslach glimke.
‘Soms krigest spyt,’ ferfette er, ‘dan giest te bycht by ús Leave
| |
| |
Frouwe, begrypste?’
‘Ja,’ sei Ygo.
‘Mar ast Marije op hannen draachst... ien kear ha ik har droegen yn it Sint Odulfuskleaster by Stamm, har byld, dat bedrige waard troch de see... dan sil se grif begripe dat jongfeinten har eigen ferlet ha, dat faak net wachtsje kin op it houliksbêd... dêrom ha 'k op jacht west yn it ûnlân fan Goaiïngasweagen en yn de greiden fan Noardwâlde...’
Hy wiisde nei it westen, dêr't fan de hichte fan Harich ôf it wetter fan de Fluezen dúdlik te sjen wie, in lange lizzende frou, ûnder ljochte wolken en midsmank gers en reiden. Doe lei er de hân op it skouder fan Ygo, fertroulik, as in fraach om begryp. Noch nea wied er yn it opbychtsjen fan syn jeugdsûnde, sûnt de bycht oan Wike Lolles en de Leave Frouwe, safier gongen.
‘Ik begryp it,’ sei de jonge.
Doe joech er Ygo út klearebare blidens in dúst en wylst se nêstinoar de kant fan Snits út fjouweren, rôp er: ‘Takom simmer geane wy tegearre op aventoer, soan!’
|
|