| |
| |
| |
3 Skuld
Dêr't de binnengrêft, dy't súd fan Rodenboarch lâns rûn, útkaam by it wetterpoartsje, de trochgong nei de Hookslinke, stie in nij houten hûs mei dernêst, deun oan it wetter, in reiden tek op peallen. Yn de grêft foar it hûs dreau in tsjokke ikestam, fêstlein mei in tou, dat nei in peal op 'e wâl rûn. Rjochts ûnder it ôfdak leine ljochte balken en planken, dy't de rook fan krekt seage hout útwazemen. Rûnom wie dé grûn wyt fan it seagemoal. De bouwer en syn helper, noch mar in foech jonge, sleepten de langste balke nei de oare kant fan de wurkpleats en skoden him op fjouwer lytse beamstamkes. De kylbalke, it begjin fan de boat, wie lein.
Rienk Bockema stie yn de skimer fan in gloppe, oan de oare kant fan de grêft, en skôge it tafriel oer. It wie dus sa! Wat de hearen fan it stedsbestjoer him op 'e earste gearkomste yn de hearekeamer meidield hiene oer de feroarings fan de lêste tiid, seach er hjir in foarbyld fan. Nei de delgong yn de jierren fyftich, doe't yn Europa rûnom de pest húsholden hie, wreide Snits him no wer út. It joech wurk oan mear en mear ambachtslju as gefolch fan in tanimmende hannel tusken boeren en keaplju. De nije haadling, dy't yn in opkommende tiid oan de macht kaam, wist dat er dêrmei syn grutte plannen makliker ferwêzentlikje koe. Mar wat er oan de oare kant fan de grêft begluorke, rôp ek in ûnbestimd gefoel by him op. Wie it jaloerskens op in learjonge, dy't him jierren lyn foar spot set hie en dy't hjoed de dei foar master spile? Bouwe Durks yn it lear en Wamme Alderts yn it hout. De tiid yn Snits wie sûnder de krúsfarder fierder gongen en hy moast avensearje om him wer yn te heljen. Hy koe fansels no al de stap deryn sette en Wamme Alderts syn ferhaal fertelle litte. Dan krige er daliks ek in yndruk fan syn ynkomsten en koed er de ôf te dragen belesting navenant rûze.
| |
| |
Krekt doe't er risselwaasje makke om út it healtsjuster fan de stege te stappen, seach er dat in jonge frou mei yn elke hân in bierkanne, it hûs út kaam. Se rûn hoeden de kant út nei de wurkpleats, wylst in twirre it lange ljochte hier in telmannich opwappere. Op dat stuit waarden de eagen fan Rienk grut, de mûle foel him iepen en ferwezen stoarre er nei de trije skimen ûnder it ôfdak. Wamme Alderts en de jonge hiene har deljûn op 'e kylbalke, leine de holle yn de nekke en setten tagelyk de kanne oan de mûle. De frou stie derby, in tsjustere skym efter planken en balken, allinnich it hier ljochte op. It wie itselde hier as boppe de reiden oan de iggen fan de Hookslinke.
Hoefolle wiene der yn Snits net mei ljocht hier? De hiele fierdere dei tyske Rienk dermei om en liet de frouljuskoppen mei deselde lange tûfen oan him foarbyglide. Lykwols net ien kear werkende er yn de oproppen bylden de frou op 'e helling fan Wamme Alderts.
Dyselde jûns, nei't se it miel behimmele hiene, knibbele er foar it earst op 'e flier fan de efterkeamer nêst syn dochterke en aaide har oer it ljochte hier. Hy wist, it wie syn ûnwissens dat er op dit stuit hâldfêst socht yn de rûnte fan de eigen húshâlding. Nei jierren stiek de eangst wer op foar de moeting mei it ferline, dêr't er fan miende dat it foargoed efter him lei. Hoewol't er no sels rjochter fan Snits wurden wie en oardielje koe oer libben en dea, siet er deroer yn dat it oardiel dat nea útsprutsen wie, him op in kear ynhelje soe.
Hy pakte de houten bal, dêr't Hisse mei boarte, en rôle dy fuort It famke geide it út en kroep derefteroan.
‘Pak him mar,’ sei er.
Hisse besocht de bal op te tillen, mar doe't se yn de gaten krige dat har hantsjes dêr noch te lyts foar wiene, draaide se har om, treau de bal syn kant wer út en sei: ‘Heity bal.’
De bal kaam werom, it skeat as in skym troch him hinne, it waard
| |
| |
in byld: in famke mei ljocht hier, syn eigen dochterke, joech werom wat er sels fuortrôle hie. Soe dat syn foarlân wurde? Hieltyd mar wer syn ferline tarôle krije? Hy liet de bal fierder rôlje, skodholle en kaam oerein.
It gesicht fan Bot, dy't it tafriel glimkjend oansjoen hie, foel in skaad oer en hoeden sei se: ‘Hisse boartet faak ris mei de bal, teminsten as se ien hat dy't mei har rôlet...’
Hy joech him del op 'e grutte stoel by de hurd en seach temûk nei syn frou, dy't Hisse oppakte en har begûn út te klaaien. Hoewol't Reynke Donia al in tal kearen ferwitend sein hie dat sok wurk yn de rûnten fan de foarnamen troch in tsjinstfaam dien waard, stie Bot derop dat ek sy, as it sa útkaam, Hisse har gerak jaan woe.
Hy seach hoe handich it har ôfgong en krige it fermoeden dat sysels fan de berte ôf alle dagen werom har dochterke fersoarge hie, miskien wol om it gemis fan de heit goed te meitsjen. Tagelyk foel him de kante lea op, sa't se dêr boppe de tafel bûgd stie: de brede skouders en grouwe earms, dy't derfan tsjûgen dat se it wurk op 'e pleats fan har heit ek net mijd hie, en de boarsten dy't yn dy hâlding as tsjokke, ripe apels swier hongen. Wat in ferskil mei it meagere stal fan foarhinne en mei it fine figuer fan de frou dy't er fan 'e middei op 'e helling sjoen hie.
Bot moast yn de gaten ha dat er mei oare dingen dwaande wie, want sêft sei se tsjin Hisse: ‘Heit sil miskien moarn wol wer mei dy boartsje, leave, no bringt mem dy op bedsje.’
Se tilde Hisse op en skode har efter it fuottenein fan har eigen bêd yn it smelle bedstee, dêr't er sels as jonkje ek yn lein hie. Doe't se weromkaam, gong se oan de oare kant fan de hurd sitten en sei glimkjend: ‘It die my goed datst niis mei har boartest.’
Hy joech gjin beskie, seach har hifkjend oan en frege doe: ‘Is Wamme Alderts troud?’
Se knikte en sei: ‘In healjier lyn al wer, as ik it goed ha... De tiid giet simmerdeis ek sa hurd.’
It bleau in amerij stil, út it bedstee klonk it jeuzeljen fan Hisse.
| |
| |
‘Se leit te sjongen,’ flústere Bot.
‘Kenst har?’ frege er.
Bot seach him fernuvere oan. De spanning trille him troch de lea. Wêrom wie se oer it jeuzeljen fan Hisse begûn en hie se it ferhaal net ôfmakke? Hoe hiet dat jonge wiif fan Wamme Alderts en wêr kaam se wei? Swei Bot om't se wist fan syn ferskriklike die yn it ûnlân fan Goaiïngasweagen?
‘Kenst har net?’
Se hie de argewaasje yn syn lûd fernommen en sei glimkjend: ‘Fansels ha 'k it ferhaal heard, want it rôp fierder as Goaiïngea. Se is in dochter fan ien fan de sâltgravers út Goaiïngasweagen, kaam faak ris yn Snits, om't se merakels farre kin. Dat moat Wamme Alderts ek opfallen wêze...’
‘Wat foel Wamme Alderts op?’ frege er hastich.
Se gong fierder as hie se de fraach net heard: ‘Wamme seach hoe't sâltgravers en boeren yn har gammele boaten nei Snits foeren en hie goed yn de rekken dat se yn de opgeande tiid mear jild om hannen krigen. Dat hy woe boatebouwer wurde, mar tagelyk begûn it ferhaal tusken him en... hoe hjit se hast ek wer... Lipkje.’
‘Watfoar ferhaal?’
‘Hy wie net allinnich sljocht op har, mar krige mei sa'n frou ek de kâns om oan syn takomst te bouwen. Want de Sweachsters waarden syn klanten en holpen it jonge pear oan in nij hûs op ien fan de gaadlikste plakken fan Snits, tusken stedsgrêft en bûtenwetter’
‘En fierder?’ frege er.
‘Dat wie it hiele ferhaal,’ sei se.
Hy suchte en draaide de holle nei it bedstee.
‘Hisse sliept,’ sei er.
Doe gong er oerein en wylst er op Bot tarûn, seach er har strieljende eagen.
‘Do bist no wol wiis mei ús dochter, hen?’ frege se.
Hy antwurde net, spande de lea, tilde har út 'e stoel en sette doe
| |
| |
mei it wielderige lichem nei it bêd. Dêr makke er de jûpe los en loek har it himd oer de holle. Wylst er himsels útklaaide, kaam syn blanke wapen foar it ljocht, rjocht as in swurd. Linich sloech er de skonk oer har hinne as klom er op in hynsterêch. Doe gong er de striid oan en stiek ta.
‘Rienk, einlings,’ flústere se, wylst se ûnder him skokte.
Hy fielde de krêft fan har earms en skonken en focht werom.
‘It moat in soan wurde,’ hime er.
In lyts wike letter siet Wamme Alderts yn syn donkere mantel, teken fan masterlike weardichheid, yn de hearekeamer fan Rodenboarch, op 'e stoel deunby de doar. Rienk Bockema stiek, op 'e hege sit oan it haad fan de tafel, boppe alles út en seach op him del. Tusken harren yn hong de spanning fan it ferline, de spot fan de learling foar de lettere haadling en de oantaasting fan it famke, dat no de frou fan de boatebouwer wie.
Rienk wist dat er stappen sette moast om de tiid dy't er yn Snits mist hie, yn te heljen om sa it ferline yn te ruiljen foar de takomst. Mei foldwaning stelde er fêst dat de foarnamens fan de hearekeamer Wamme Alderts ûntwapene. Skrutel liet dy de eagen troch de romte doarmje, tyspele mei de yltige fingers oer de râne fan de tafel en kielskrabe as oanset foar it petear. Mar it bleau by in sucht.
‘Ik ha dy komme litten om wat te bepraten,’ sei Rienk, ‘mar do fertsjinnest earst in folle beker.’
Hy pakte de bierkanne fan de tafel en glimke fyntsjes.
‘Wy kinne ússels wol rêde, dêr ha wy gjin froulju by nedich, wat do?’
Wylst Wamme mei in soere lûdleaze laits skodholle, geat Rienk de bekers fol. Doe tilde er syn eigen omheech en sei: ‘In man dy't tagelyk mei in ambacht en in kreaze frou út ein set, laket it lok ta. De dronk is foar dy!’
Hy wachte oant Wamme de beker oan de mûle sette, naam doe sels in lange swolch en fage him it skom fan de lippen. Ut 'e
| |
| |
eachhoeken wei seach er nei syn gast, mar dy hie noch altyd gjin praat yn it sin. Doe sykhelle er djip en gong yn de oanfal.
‘Ik ken har net,’ sei er.
Wamme skodholle en mompele: ‘Gjin wûnder, Lipkje komt net út Snits’
Rienk fûn daliks de wurden dy't him mei syn gast ferbûnen: ‘Wy sykje de froulju fan bûten, maat, dy binne sa taai as de wylgen en sa sterk as ikehout.’
Hy wachte efkes, doe bûgde er oer de tafel en sei fertroulik: ‘It is by my in dochter wurden, Wamme, noch gjin opfolger as soan, mar hasto al in bern by Lipkje oanset?’
Hy hie goed sketten, want gesicht en hâlding fan Wamme ûntspanden. Hy sette de beker del, lei de earmtakke op 'e tafel en sei súntsjes: ‘Dat falt my oant no ta ek wat ôf, Lipkje kin mar min op gong komme.’
Rienk suchte ferromme, mar hy mocht op dit stuit gjin utering jaan oan wat er fielde. Syn oanfal hie fertuten dien: hoewol't Lipkje miskien wol ferteld hie dat se by de Hookslinke oantaast wie, hied er no wissichheid dat syn namme as dieder by gjinien bekend wie, behalven by Wike. No't er de earste slach wûn hie, moast er Wamme oan him bine, dat er foar altyd oan syn kant stie. Hy soe de boatebouwer foargoed ôfhinklik meitsje fan de macht fan Rodenboarch.
‘Wannear kinst hout foar Rodenboarch leverje?’ frege er.
Wamme seach fernuvere op.
‘Ik wol de stins útwreidzje en hie oan dy tocht foar it houtwurk.’
‘Wy hawwe de boat fan Sjoerd Jongema noch ûnder hannen,’ sei Wamme.
De namme bleau in telmannich boppe de tafel hingjen, krong doe troch yn de holle fan Rienk, weage wyld as de see en sloech tinzen los.
‘Soa, Sjoerd Jongema fan Abwert,’ sei er, ‘hat er it ek oer jild hân?’
| |
| |
‘Dat kaam wol ynoarder...’
Wer bûgde Rienk oer de tafel, lei fertroulik de hân op 'e mouwe fan Wamme en sei stadich en mei klam: ‘Wy meitsje in ôfspraak, freon. Ast de boat klear hast, litst de jildsaken oan my oer en dan meisto oan de útbou fan Rodenboarch begjinne. Binne wy it dêroer iens?’
Wamme knikte.
Doe geat Rienk foar de twadde kear yn en diskear wie de dronk foar harren beide.
It wie op in rûzige dei yn it lêst fan novimber dat Rienk Bockema op Swarte de Noarderpoarte útried. Krekt foar't er wie op it plak dêr't it paad him splitste, nei it noardeasten omheech rûn op it Johanniter kleaster ta en nei it noardwesten de kant fan Ysbrechtum út bûgde, begûn de klok te lieden. It wie tusken de sekst en de noon, in tiid dat muontsen yn de gewoane gong fan de dagen net oproppen waarden foar de tsjinst oan de Alderheechste.
Rienk hold it hynder yn en liet de eagen by de muorre lâns glide, dêr't kapel, haad- en bygebouwen boppe-út stieken. De keale beamtûken besiden de kleastertún, dêr't er in pear moanne lyn noch mei broer Martinus west hie, beweegden wyld op 'e twirren. In keppel roeken fleach tsierend op en saaide op 'e wyn by de kapel lâns nei it súdeasten, de kant fan de sompen út.
In kâlde rille rûn Rienk oer de rêch en hoewol't er net krekt wist wêrom't de klok lette, flústere syn moed him yn dat yn dizze oarde net fergees de lûden fan ûnheil klonken.
Op itselde stuit dat er Swarte oansette soe om de wei nei it noardwesten te folgjen mei it doel syn plicht as strange, mar rjochtfeardige rjochter te dwaan, kaam in muonts út 'e kleasterpoarte. Hy hie de pij heech opbûn, dat syn skonken frij wiene om mei grutte, hastige stappen it paad nei Snits ôf te lizzen. Rienk stie yn bestân, mar syn nijsgjirrigens wûn it fan it bange foargefoel en doe't de muonts deunby wie, him skrutel út 'e eachhoeken wei
| |
| |
oanseach en trochrinne soe, sei er: ‘Efkes wachtsje, freon!’
Hy hie de jonge muonts, nei alle gedachten noch in novise, nea earder sjoen en de kleasterling joech ek gjin inkeld teken fan werkenning.
‘Dat kin net,’ mompele er, ‘der is haast by, sei de kommandeur.’ Doe't Rienk oan de leie skuorde, draaide Swarte dwers op it paad en kearde de muonts sa op.
It wie in rimpene beweging, oandreaun troch syn opfleanende grime. Soe Wybrandus fan Loaiïngea, de kommandeur fan it Johanniter kleaster, de riddere haadling fan Snits in wichtich boadskip ûnthâlde? Hy dy't yn it paleis op Rhodos mei Raymond de Berenger, grutmaster fan alle Johanniters, om ien en deselde tafel sitten hie?
‘Fertel op, wêrom dy haast?’ sei er noartsk, wylst er de rjochterhân nei it swurd brocht.
De eagen fan de jonge skeaten bang hinne en wer, mar doe't er seach dat er gjin kant út koe, stammere er: ‘Ik moat de geastliken yn Snits it boadskip oerbringe dat broer Martinus stoarn is.’
Yn de stilte dy't folge, rûze de wyn troch. Nettsjinsteande de bewegings om har hinne, like de wrâld ynienen ferstive troch it boadskip fan de dea. It duorre in amerij, foar't in houtdo de ban ferbriek, mar it like in ivichheid. Rienk folge mei de eagen de fûgel, dy't oerfleach, op it kleaster ta weage en yn ien fan de beammen delsaaide. Doe draaide er de holle rimpen nei de muonts en frege: ‘Wannear is er stoarn?’
‘In healoere lyn.’
Rienk hoarte oan de leie en doe't Swarte wer rjocht op it paad stie, joech de haadling de jonge in teken dat er trochrinne koe. Sels sloech er it noardwesten yn, seach noch ien kear nei de beammen efter de kleastermuorre, mar koe de do net mear gewaar wurde. Doe draaide er it gesicht nei foaren en taasten de eagen de kym ôf oant er syn bestimming fan dy middei fûn hie, de hichte fan Abwert. Mar syn tinzen waarden weromlutsen nei it
| |
| |
kleaster, nei dy lêste kear dat er mei broer Martinus praat hie. Klear klonken wer de wurden fan de âlde bline muonts, no út 'e djipte fan syn siele, dêr't er se as in kostber besit opslein hie: ‘...de tiid komt datst tichtby dit kleaster yn myn geast fierder libje silst, bouwend oan ús hillige tsjerke.’
Wêr soed er fierder libje moatte yn syn geast? Snits wie it tichtsteby, mar dêr wenne er no al. Mar wêr dan? Hy koe him net foarstelle dat in ridder him deljaan koe yn ien of oar nearzich doarp of buorskip. En dan noch wol yn de geast fan de âlde muonts. Wat bedoelde er dêr eins mei? De katedraal fan kennis, dy't er as learling ferachte hie? Mar dochs... Wêrom hied er niis achtslein op 'e roeken en de houtdo? Broer Martinus hie him leard dat alles yn de natuer ferwiisde nei it grutte gehiel en úteinlik nei God. Hie it rûzige hjerstwaar de komst fan de dea oankundige, dy't mei geweld trochkrong yn it kleaster om de sterke siel los te meitsjen fan it swakke lichem? De roeken, helpers fan Lúsjefer, hiene longerjend mar fergees wachte: de siel fan broer Martinus wie ljocht as de dei en liet him allinnich troch de do nei de blauwe himel meifiere.
Rienk seach omheech nei de finsters dy't tusken de jeiende wolken opljochten en mei ûntsach kaam er ta it besef fan de djippe wiisheid dy't opslein wie yn de katedraal fan kennis. No earst, nei de dea fan syn learmaster, sette er de doar yn it tsier en troch it ljocht fan de wiisheid waard er suver ferbline. Bedoelde broer Martinus dat dit syn foarlân wie yn plak fan de gebietsútwreiding dy't er him foarsteld hie? Mar hoe koe de muonts ferwachtsje dat er Rodenboarch opjoech? Hy wie rjochter fan Snits en omkriten en it folk rekkene derop dat er it rjocht yn dizze oarde hanthavene. Hy moast Sjoerd Jongema, dy't misbrûk makke hie fan de goedens fan Bocke Doedinga, teplak wize. Nei't fan 'e moarn de rintmaster him fernijde dat de heareboer fan Abwert jierrenlang efter wie mei it beteljen fan belesting, hie er daliks klear west mei syn oardiel: Sjoerd Jongema moast fan de pleats, hjoed noch...
| |
| |
Op dat stuit skode de sinne yn in ljochtblau finster, skeaten de strielen by it donkerblau fan in bui lâns nei ûnderen en setten de pleats op Abwert yn in fel ljocht. Nei wat er fan 'e middei allegearre meimakke hie, taaste it tafriel him djip yn it moed. Wie dit net in teken út 'e himel dat de terp in bysûndere bestimming hie? Mar doe't de sinne nei in amerij wer wei waard, hied er sa gau net betinke kinnen hoe't de takomst fan Abwert wurde soe. De bui kaam driigjend op him ôf en sloech mei grouwe drippen ta.
Rienk sette Swarte oan om sa gau mooglik ûnder it reidtek fan Abwert te skûljen. Hy seach hoe't lytse Ygo mei de geit oer it hiem draafde en efter it bist oan troch de syddoar gong.
Ynienen frege er him ôf wat rjocht wie. As er hjoed Sjoerd Jongema fan de pleats jage, wie ek it jonkje feroardiele ta it swalkersbestean. It jonkje... syn jonkje... Doe't er fan de krúsfeart thúskaam, hied er sjoen dat Ygo sa grutsk as in ruter op 'e geit ried. En soe hy as rjochter sa'n bern it lok ûntnimme meie? Dat koe nea de bedoeling fan broer Martinus west ha...
Oer it wetter fan de wyk, dy't fan de Frjentsjerterfeart nei Abwert rûn, jagen swarte twirren. Troch it griis fan de drippen seach er ynienen de nije boat lizzen, dy't Wamme Alderts foar Sjoerd Jongema boud hie. Wamme moast syn jild ha, dat hied er tasein. En ynienen wist er wat him te dwaan stie.
Se sieten op swiere ikehouten stuollen, elk oan in kant fan de tafel, en sweien. Beide seagen se nei it bedstee, dêr't Ygo foar stie, wylst de sike Makke Wiggers it jonkje oer it hier aaide.
‘Hy hat it net op frjemden stean,’ sei Sjoerd.
‘Hy hat my faker sjoen,’ sei Rienk, ‘doe't ik him lêsten wat tarôp, foel er fan de geit, dat is er grif noch net fergetten.’
It waard wer stil. De heareboer tyske ûngeduldich mei de skuon oer de stiennen flier. Oan alles wie te fernimmen dat de stilte him beneare.
‘Jo heit wie in goed man,’ sei er.
| |
| |
‘Te goed foar Snits en benammen foar Sjoerd Jongema,’ antwurde Rienk.
De heareboer seach fernuvere op. Ut it bedstee wei klonk in kleiend oanroppen fan Marije as seach Makke Wiggers de swiere bui earder oankommen as har grutske man.
‘Ik rêd der allinnich mei,’ snaude dy har ta en wylst er him omdraaide nei Rienk, sei er op fertroulike toan: ‘Sûnt de berte fan Ygo hat se gjin sûne oere mear hân.’
‘Dochs hawwe jo net te kleien oer it sûne ferstân fan jo frou,’ murk Rienk fyntsjes op, ‘se hat earder troch wêr't ik foar kom as de boer sels.’
Oer it gesicht fan Sjoerd Jongema glied it skaad fan de nederlaach dy't him tabrocht wie, mar daliks besocht er it oer in oare boech en glimkjend kroep er yn de rol fan lytsman: ‘Is it in wûnder dat troch sykte en soarch it spul yn de delgong komt en dat men amper mear in nije boat keapje kin?’
‘Dat giet dan dûbel op,’ sei Rienk, ‘efterstallich belestingjild en skulden fanwegen in te grutte oankeap. As de rintmaster it goed berekkene hat, soe men mei de skuld fan Abwert in hiele float koggen keapje kinne om op krúsfeart te gean.’
‘Hillige Marije, bewarje de lytse jonge, dat er net oan de biddelsek rekket,’ krimmenearre Makke Wiggers. Doe't Ygo begûn te gûlen, loek se it jonkje yn it bedstee en kroep it oan.
Hoewol't it tafriel fan mem en soantsje Rienk yn it moed taaste, koed er gjin kromke meilijen opbringe foar de man en heit, dy't strak foar him út siet te sjen. Om syn boadskip ôf te meitsjen, bûgde er oer de tafel en biet him flústerjend ta: ‘Wamme Alderts hat my frege om hjoed te foarderjen wat him takomt.’
Oan de oare kant fan de tafel bleau it stil. Ut it bedstee wei kaam it hege lûd fan de jonge: ‘Net fuort, mem, Ygo wol by de geit bliuwe.’
Rienk draaide him om en sei freonlik: ‘Do meist by de geit bliuwe, myn jonge.’
| |
| |
Doe't er wer rjocht foar de heareboer oer siet, grommele er: ‘Mar dat is net dyn fertsjinste, Sjoerd Jongema. Dêr meist aansen Makke Wiggers en dyn soan foar betankje. Mar foar't it safier is, moatst earst dyn skulden foldwaan.’
‘Mar... mar... hjoed noch?’ stammere de boer.
‘No daliks! Mei pleats, lân, kij en hynders, hast it troch?’
Sjoerd skodholle ferwezen.
‘Fan no ôf heart Abwert ta oan Rodenboarch, Sjoerd Jongema bliuwt boer yn tsjinst fan de hear fan Snits en draacht trou ôf wat er skuldich is. Mar dêrmei is de tsjinst noch net folslein. Troch de goedens fan Bocke Doedinga is in protte efterstallich wurk foar de rintmaster ûntstien. Dêrom sille de skulden yn de omkriten noardlik fan Snits ynfoardere wurde troch de boer fan Abwert.’
‘Leave Marije, haw tank foar wat jo de hear fan Snits ynstutsen ha,’ jubele Makke Wiggers.
Troch it smelle rút op it súdwesten foel it lêste ljocht fan de ûndergeande sinne, dat readeftich as in bloedstreek trochrûn oer flier en tafel. It donkere gesicht mei de kâlde eagen en strakke mûle fan Sjoerd Jongema bleau lykwols yn de skimer fan de keamer.
|
|