| |
| |
| |
Diel 1
Septimber 1372 oant febrewaris 1387
| |
| |
1 It bern
Op dy stille, dizige septimbermoarn fan it jier 1372 wie de wrâld fan Noardwâlde noch mar lyts. De sinne wifele boppe de leechhingjende wolken en wannear't it molkerige skynsel al efkes trochbriek, ljochte yn de fierte it wetter fan de Fluezen in telmannich op.
De donkergriene blêden oan wylgen en elzen, dy't yn tropkes yn 'e sleatswâl groeiden, krigen hjir en dêr al hjerstkleuren en hongen ûnferweechlik har ûndergong ôf te wachtsjen.
Yn de greiden, efter de klinten en heabergen, rûnen noch kij en skiep, in teken dat de neisimmer yn Fryslân droech west hie. In boer stie yn de berm te meanen en om't it gers net mear hea wurde woe, swile er it byinoar foar it lytsfee.
Rienk Bockema stiek de hân omheech en sei de tiid fan de dei. De boer seach skrutel by it hynder op, mompele in groet werom en swile troch.
‘Is Walle Galama net fan doel syn stins wer op te bouwen?’ frege Rienk.
De bewegings fan de boer stûken en wantrouwich draaide er him om.
‘Kunde?’ frege er.
‘Ik ha wolris mei him praat,’ sei Rienk hoeden.
‘Dat is dan al in setsje lyn,’ woe de boer ha, ‘de duvels yn de hel boartsje al oardel jier mei syn roetswarte siel.’
Hy makke in krús en frege mompeljend oft Marije syn eigen siel foar it kwea bewarje woe.’
‘Hoe is er dan stoarn?’ frege Rienk fernuvere.
‘Se sizze dat er him deasûpt hat, mar oaren wolle ha dat in frou de geile baarch, wylst er mei syn dronken lea op har lei, de strôte tichtknypt hat.’
| |
| |
De boer pakte de seine wer op, rûn nei it steande gers en begûn op 'e nij te meanen as wied er mei de fijemdling op it hynder útpraat. By Rienk kaam ek gjin wurd mear oer de lippen. Hy sykhelle in pear kear djip om him fan it aaklike gefoel fan in tichtknypte kiel te befrijen. Mei de fingers taaste er by de hals lâns, dêr't nei it feest op Windsor Castle earst in reade skram sitten hie. Hy fernaam allinnich noch in droech rouke, dat er der daliks ôfklaude. Oant no ta woed er ha dat de frou, dêr't er mei de nacht yn gongen wie, him de neilen yn de hals set hie om har hetsich begearen te befredigjen. Mar wêrom soe hysels ek net it risiko rinne kinne om it libben by it útwierjen fan syn driften te ferliezen? As dy hoer yn de Londenske herberch him de ponge ûntstelle koe sûnder dat er it fernaam, wie se ek by steat om har kloeren om syn strôte te slaan.
De boer stiek de stôk fan de seine yn de grûn, draaide de holle justjes en frege mei in wantrouwige eachopslach: ‘Komme jo hjir om it spul troch it gat te sjen?’
Rienk skodholle en andere: ‘Jim sille nei Walle Galama wol gjin ferlet ha fan in nije haadling.’
‘Dêr wurdt it earme, bodzjende folk net om frege,’ skampere de man, ‘se wolle ha dat in omkesizzer de stins wer opbouwe sil en as jo my freegje, begjint it útrûpeljen dan op 'e nij. Wat de hearen yn har rykdom en gleone geilens tekoart komme, moatte de earmen jaan.’
Syn eagen skeaten fjoer, alle skrutelens wie fuort. As in ridder stie er mei rjochte rêch nêst de seine, ien fan syn wichtichste wapens yn de striid om it bestean.
‘Wy ha Walle Galama ferslein,’ sei er as hie hiel Noardwâlde de ferkrêfte frou bystien by it smoaren fan de Aldegeaster haadling en hy ferfette like fel: ‘Wat ik jo wik, sa sil it op 'en doer elkenien fergean dy't ús it brea út 'e mûle stelt en ús froulju tenei komt!’
Hy seach Rienk hifkjend oan en frege: ‘As ik my net fersin, bin- | |
| |
ne jo ek mear as in sljochtweihinne boer.’
‘Ik ha yn tsjinst fan de Ingelske kening fochten tsjin de Turken om ús hillige tsjerke te beskermjen,’ sei Rienk, ‘dêrom hat de kening my ta ridder slein.’
De boer skuorde grutte eagen, sloech in krús en stammere: ‘Leave Frouwe... bewarje myn siel, no't ik myn stim útset ha tsjin in ridder dy't foar Jo en jo Soan fochten hat.’
Rienk glimke en stelde de bange man, dy't oer de hiele lea beve, gerêst: ‘Dat koest ommers net witte, bêste freon, mar nim fan my oan dat ús hillige tsjerke wekket oer it libben fan ridder en boer en dat gjin macht de oarder dy't troch de Alderheechste ynsteld is, fersteure kin.’
De man knikte en bûgde tagelyk.
‘Dan is it goed,’ sei Rienk.
Hy tipte mei de nije ridderspoaren de flanken fan it hynder en ried mei in rom gemoed fuort. Hoewol't it de sinne noch altyd net slagge om folslein troch te brekken, like de wrâld nei it petear mei de boer folle ljochter. Net allinnich om't syn nije steat as ridder sa'n yndruk makke hie, mar foaral fanwegen de ferbining dy't in ienfâldige boer lei mei de Leave Frouwe, dêr't hy, Rienk, foar fochten hie. Dy ljochte wrâld, dêr't er yn ferkearde, ferdreau de dea fan Walle Galama en syn eigen tsjuster tinken en fielen nei de fierste hoeke fan syn siel. En yn dat ljocht kamen de bylden fan de ôfrûne tiid werom: de heldedied by Rhodos, de ridderslach op Windsor Castle, de flotte weromreis mei de kogge fan Gosse Doedes en de tefreden gesichten fan de jongkeardels by it golle ôfskie, doe't syn folle hân út 'e ponge kaam.
Wylst Rienk Bockema de bylden fan de lytse wrâld tusken Noardwâlde en Snits op it netflues geregeld ôfwiksele mei dy fan syn gloarjedagen tusken Rhodos en Windsor Castle, fleach de tiid foarby. Hy wie al troch De Jutryp, op it plak fan de ôfslach nei Drylts, foar't er it yn de gaten hie. En krekt op dy trijesprong, as
| |
| |
moast it sa wêze, briek it ljocht fan de sinne dy deis foargoed troch. De kontoeren fan Snits riisden op út 'e dize wei: de trije mânske tuorren fan de Martinustsjerke, fierderop dy fan Antonius en de Johanniters, leger en ranker. Sûnder erch glied syn eaehopslach nei it dak fan Rodenboarch, dat troch de sinnestân op dat stuit blonk as in spegel. Hy wist net wat er derfan tinke moast. Wie it in teken út 'e himel dat er dêr fan hjoed ôf oan syn macht útoefenje soe?
Hy hold it hynder justjes yn en doe't it bist stapfoets fierder gong, hoarte er oan de leie, rôp dat it in boerebok wie en dat Swarte folle better nei syn oanwizings harke. Hoe lang oft er dêr sa stien hie, efkes foarby de trijesprong, wist er net. Mar oer it dak fan Rodenboarch wie it skaad skood, as in swart kleed oer in deadskiste. Doe wist er dat Bocke Doedinga, haadling fan Snits en syn bloedeigen heit, dy't by it ôfskie mei in donkere tekken om de meagere lea by de hurd yn de hearekeamer sitten hie, net mear libbe. ‘Myn jonge,’ hearde er him wer sizzen, ‘striid de goede striid foar de hillige tsjerke, mar as it heal kin, sparje it libben fan ûnskuldigen, want sy hawwe lijen en dea net fertsjinne.’ ‘Dat ha ik dien, heit,’ sei er yn himsels.
Doe draaide er it hynder, ried werom nei de trijesprong en sloech it paad yn nei Drylts. No't er net daliks nei Rodenboarch tasette, soed er ek it folk fan Snits mije, dat noch net wist fan syn heldedied en ridderskip en de argewaasje oer de lêste belesting grif noch net fergetten wie.
Ynienen fielde er him allinnich en spiet it him dat er yn Starum net wachte hie op Juw Juwinga.
De kogge fan Klaas Minnes wie op de Noardsee, lykas op 'e hinnereis, fier efterbleaun. It hie op 'e nij in oerwinning foar Rienk west. En Juw wie de ferliezer, yn alles: by de oanfal fan de Turkske float, op 'e weromreis doe't Rienk de held wie en op Windsor Castle fanwegen syn ridderskip. Mar wat joech it op dit stuit, no't er lykme allinnich troch syn eigen gea ried en it net oan- | |
| |
doarst om it stee op te sykjen dêr't er hikke en tein wie? Syn opteinens fan in pear oeren lyn skode it skaad fan de dea oer, de dea dy't him fan 'e moarn al eangst oanjage hie en dy't er no besocht te ûntwiken troch mei in bôge om Snits hinne te riden.
‘Wêr bliuwst, Juw?’
‘Efter dy, Rienk’
‘Kinst net meikomme?’
‘It komt wol.’
‘Wat bedoelst... wat komt wol?’
‘Oars net as de takomst.’
‘En wat moat ik dêr dan fan ferwachtsje?’
‘Wat hiest ferwachte foardatst op krúsfeart gongst?’
‘Striid, oerwinning... en rom.’
‘Is it útkommen?’
‘Mear as...’
‘No dan!’
‘Wat no dan?’
It bleau efkes stil. Rienk fernaam oan de wyn, dy't him by it gesicht lâns striek en yn de earen sûze, dat er it hynder sûnder erch ta fjouwerjen oanset hie. Drylts lei al efter him en de bosk fan Ysbrechtum kaam hurd tichterby.
‘Wat ferwachtest no dan fan de takomst?’ hearde er Juw freegjen.
‘Sis it my. Wat moat ik ferwachtsje?’
‘Freonksip miskien?’
‘Ja hear, wy binne der wer. Ysbrechtum, mar doest my de swurdpunt fan 'e kiel hellest, hast my dochs net út freonskip sparre?’
‘Is der dan gjin freonskip út fuortkommen?’
Rienk joech gjin antwurd, seach skrillich om him hinne as ferwachte er fan de kant fan Boalsert it bolderjende lûd fan hynstehoeven, sa't er dat sân jier lyn heard hie. Mar bosk en greiden leine fredich te wachtsjen op it geweldleaze ôfstjerren fan it libben.
| |
| |
‘Mar it wurdt winter, Juw, en ik haatsje dy tiid!’
‘Wêrom?’
‘It libben giet derút’
‘Dat witst wol better!’
‘It duorret in healjier, foar't it wer better wurdt.’
‘As it libben woartele is, bliuwt it ek yn kâlde tsjustere tiden.’
‘Kinst my noch mear fertelle.’
‘Soest ris om dy hinne sjen moatte.’
Rienk wie de bosk fan Ysbrechtum foarby en fjouwere op 'e barte oer de Frjentsjerterfeart ta. Wat moast er sjen? Oan wjerskanten fan it klaaiïge paad wiene de measte greiden noch grien, mar op plakken loek de fealens fan de hjerst al oer it fjild. De reiden oan de iggen fan de feart hiene ek it djippe grien fan de simmer ferlern en skimere it brún trochhinne.
‘Wat ik sjoch, binne de foarboaden fan de ûndergong,’ sei er.
Hy hold it hynder yn foar de barte en doe't er deroerhinne ried, koed er troch it leven fan de hoeven op it hout Juw net ferstean. Mar it ferlet wie der ek net mear. Foar him riisde de terp Abwert op mei de famyljepleats fan Sjoerd Jongema. En tagelyk rôpen de bylden út it ferline gefoelens fan djippe ferachting op foar de heareboer dy't him by de Noarderpoarte fernedere hie. Hie Sjoerd Jongema him doe net oansjoen foar in ûndogense snotjonge, dy't ûnder de hoede fan in soldaat syn straf yn de mjitte gong? De grutske boer ferkearde graach yn de rûnten fan de hegerein, libbe fier boppe syn stân, ek al om't Bocke Doedinga him de hân boppe de holle hold. Mar doe't it begûn te knipen fanwegen de krúsfeartbelesting, moast er ien fan syn hynders ferkeapje. Faaks wenne er net mear op Abwert, mar wied er ferfallen ta earmoed en ferkearde er no ûnder it tsjinstfolk fan de iene of oare haadling, miskien wol fan heit. Heit... it tinken oan him as in libbene, joech de soan wer nije hope. En doe seach er ynienen in jonkje, dat tusken de geiten boarte, op in kiste klom en besocht mei de lytse skonk op 'e rêch fan ien fan de bisten te kommen. Daliks
| |
| |
loek Rienk oan de leie en liet it hynder stilhâlde efter in espeltsje wylgen. Hy gluorke tusken de tûken troch, seach hoe't de geit by de kiste troch de knibbels sakke en it jonkje as de wjerljocht syn plak as ruter ynnaam. De geit skrille net op, liet it gewurde en friet troch as wied er net oars wend. It jonkje kniep syn fûstkes fêst yn it nekhier en geide it út.
Dat tafriel taaste Rienk yn it moed, rjochte him tagelyk op it ferline en de takomst. Hy seach himsels yn it lytse mantsje, hoe't er mei syn eigen geit efter de stins boarte. Nea wie it him slagge om it bist langer as in pear tellen yn betwang te hâlden. Mar it jonkje foar de pleats bleau as in ridder sa fêst sitten. Tagelyk seach Rienk hjoed foar it earst, sa klear as by sinneljocht, wat er de hiele dei yn de dize litten hie: syn eigen soantsje, dat no sawat twa jier wêze moast. Dat wie de takomst, it jonge libben dat woartele wie yn syn eigen bestean en útgroeie soe, dwerstroch de kâlde tsjustere tiid hinne.
‘Bedoelst dat, Juw?’ frege er.
De fraach kaam gjin antwurd op en dêr hied er frede mei. Want de waarme gefoelens foar it boartsjende jonkje waarden noch oertroffen troch de gloede fan syn eigen takomst. In better andert koed er net krije.
Rienk hoarte oan de leie en wylst it hynder de ruter wer yn it iepen fjild brocht, mei it folle útsicht op 'e pleats, skeat him de namme yn it sin dy't Bot foar syn ôfreizgjen neamd hie.
Hy stiek de hân omheech en rôp: ‘Ygo, goed dien, myn jonge!’
It jonkje seach op, ferlear it lykwicht en tûmele fan de geit. Rienk hold it gesicht fansiden, benijd nei wat Ygo dwaan soe. Wylst er wer nei de kiste boksele, kaam efter de pleats de heit mei in swart hynder foar it ljocht Doe't Sjoerd Jongema by syn soantsje wie, tilde er it op, en sette it op it hynder. En op 'e nij geide Ygo it út fan wille.
Doe't de tsjerketoer fan Goaiïngea foar it ljocht kaam, efter de
| |
| |
huzen fan Skearnegoutum wei, sloech Rienk Bockema it hynder mei de flakke hân op 'e hals.
‘Drave, do luie loebes!’ rôp er nitelich.
It bist davere no oer de dyk, wylst de poaten de rânen fan de weinspoaren losmakken en omheech smieten. In boer dy't yn de greide it meande gers byinoar swile, kaam út bûgde hâlding oerein en skodholle. Mar Rienk stiek as yn triomf de hân omheech: de Turk wie ferslein, de held fan Rhodos en ridder fan Snits soe daliks syn soan en opfolger sjen. Juw hie gelyk, it libben dat woartele wie, soe sels tsjustere en kâlde tiden trochstean.
Syn eagen taasten de beamwâl fan Goaiïngea ôf en bleauwen by in stiennen gebou hingjen, op it plak dêr't earder de houten state fan Fekke Sickinga stien hie. Rienk liet de lucht fluitsjend tusken de tosken fuortglide en mompele glimkjend: ‘Skoanheit buorket yndie foarút.’
En ynienen skeat him it sizzen fan de heareboer yn it sin, dy kear doe't se tegearre oan de oare kant fan de Grienedyk rieden. Hy woe it ûnlân bedykje, hieltyd mear grûn taheakje oan syn besittings en dêrmei syn macht útwreidzje. Hied er net sein dat er soks die foar syn dochter Bot en syn takomstige skoansoan, dy't letter de macht útoefenje soe oer Snits en fiere omkriten?
Rienk kaam út bûgde hâlding oerein en siet mei rjochte rêch, as in kening, yn it seal. It bloed kolke him fan klearebare grutskens en opteinens troch de ieren. Syn takomst wie strieljend as de sinne, dy't op dizze middei yn de betide hjerst de waarmte rynsk oer it gea geat.
Syn each foel op 'e keppel hynders, mear as de trije fan doe, dy't yn de finne efter it hok rûnen. En ynienen seach er tusken de swarte koppen de reade jûpe fan in jonge frou mei in bern op 'e earm. It hert begûn him wyld te slaan. Hoewol't it him oanjage om nei frou en soan ta, loek er de leie strak en stapfoets gong it fierder. By it hok stapte er ôf. Bot seach op en wifele. Wylst er it hynder fêstbûn, hearde er in gjalp, hastige fuotstappen en doe stie
| |
| |
se dêr, de mûle heal iepen, de earms nei him útstutsen.
‘Rienk,’ sei se triljend, ‘einlings, ik tocht datst dea wiest.’
Efkes snie it troch him hinne... dea, sei se..., mar doe sleat er har yn 'e earms en mompele heas: ‘Bot, wêr hast him litten?’
‘Wa?’ frege se.
‘De jonge.’
Se makke har los en seach him skrutel oan, wylst har mûlhoeken trillen. Stadich draaide se har om en rûn by it hok lâns nei de hynders, dêr't it bern as in jong fôltsje tusken dribbele. Hy folge har. Se tilde harren bern op en lei de earm beskermjend om it rêchje.
‘It is in famke,’ sei se, ‘se hjit Hisse.’
|
|