Gearfetting fan it earste boek
Rienk Bockema sloech yn de maitiid fan it jier 1365 de doar fan stins Rodenboarch te Snits mei in fûle klap ticht. Hy hie spul mei syn âlden, Bocke Doedinga en Reynke Donia. Haadling Doedinga wie yn de eagen fan de fyftjinjierrige jonge fierste slop foar tsjerke en boargers oer. En de gefoelens fan Reynke Donia foar har soan wiene hiel oars as men fan in mem ferwachtsje mocht.
Dyselde middei noch dat Rienk de doar efter him tichtsloech, taaste er oan de igge fan de Hookslinke in famke oan, Lipkje fan Goaiïngasweagen. Sa begûn foar de soan fan Bocke Doedinga en Reynke Donia in jierrenlang sykjen nei pleatsferfangers fan syn ferlerne âlden.
In heit-figuer fûn Rienk earst yn de rûge Walle Galama, de bolle fan Aldegea, dy't him behelle yn striid, plondering en moarderijen. Doe't de troep fan Galama ferslein waard troch de Juwinga's fan Boalsert, kaam Rienk op in state yn Goaiïngea. Dêr kaam er ta rêst troch de sterke persoanlikheid fan heareboer Fekke Sickinga, dy't letter syn skoanheit wurde soe. Hy troude mei Bot Sickinga, in houlik dat troch de âlden fan beide kanten al regele wie.
Op 'e brulloft hearde Rienk Bockema fan syn eardere fijân Juw Juwinga fan Boalsert, dat Edward III, kening fan Ingelân, in krústocht tsjin de Turken yn it sin hie. It aventoer lake Rienk oan en yn de maitiid fan it jier 1370 sette er op Starum ta om de mooglikheden fan de oertocht te ferkennen. Skipper Gosse Doedes wie ree om him mei syn kogge oan te sluten by de Ingelske float. Op dyselde reis nei Starum kaam Rienk yn it ferfallen Sint Odulfuskleaster telâne. Dêr waard er befestige yn syn gefoelens foar de Leave Frouwe Marije, dy't er tagelyk beskôge as in hillige