| |
| |
| |
16 De klap
Tusken Rhodos en de kust fan it fêstelân wie de see net breder as de ôfstân tusken Rodenboarch en de ferinnewearre stins fan Walle Galama. Efter de flakke kuststreek begûn it lân stadichoan omheech te rinnen, teken fan oansjen fan mannich Turksk sultan dy't dêr syn macht útoefene, oant de heechste toppen yn ljochte wolken wei waarden. Noch fierderop begûn it Anatoalysk berchplato, dêr't in goed ieu lyn in swalkjende stam him deljûn hie en ûnder lieding fan kriichshaftige lieders útgroeid wie ta in folk dat sels it grutte Byzantynske keizerryk, mei Konstantinopel as haadstêd, bedrige.
Hie Allah dit Osmaanske folk net in teken jûn dat it de kristenen yn in hillige oarloch mei bôge en swurd bestride moast? Dat wie yn de nacht fan 2 maart 1354, nei't de Osmanen de smelle Dardanellen oerstutsen wiene en dêr op Europeeske grûn in fort feroveren. Dy nacht skodde de ierde en de muorren fan Gallipoli, in sterk Byzantynsk bolwurk yn de buert, stoarten yn. Wylst de ynwenners ûnder in driigjende himel fol fjoer, tonger en swiere reinbuien de stêd ûntflechten, saaiden de Osmanen as sprinkhoannen op Gallipoli del. De hillige oarloch wie foargoed begûn en soe yn 1523 ek liede ta de fal fan it Johanniter bolwurk op Rhodos.
De koggen fan Gosse Doedes en Klaas Minnes út Starum foeren mei trije oare skippen fan de Ingelske float tusken Rhodos en de fijanlike kusten. De blauwe moarnsloft, yn it easten noch mongen mei it ljocht fan de sinne, skildere de see yn deselde frisse kleur. In súdeastlik koeltsje, dat noch mar krekt opstutsen wie, brocht beweging yn de swiere skippen en feroare de fiif yn in sierlike flecht miuwen.
Rienk Bockema stie oan stjoerboard, op 'e hichte fan de mêst, en hoewol't er it blau fan loft en wetter seach en de wyn op it ge- | |
| |
sicht fielde, wied er al lang net mear ûnder de yndruk fan Gods skeppingswurk om Rhodos hinne. Al te faak hied er inkeld de seelucht ynazeme, sûnder ek mar de striid te rûken, lit stean te priuwen.
Admiraal Thomas Ridley hie yn oerlis mei grutmaster Raymond de Berenger bepaald, se soene de oanfal net yn de haven ôfwachtsje, mar Moerad, de Osmaanske lieder, yn de mjitte farre. Net allinnich bleau it bloed sa better yn beweging, mar de Turk soe ek witte dat Rhodos sûnt de komst fan de Ingelske float de see behearske. Dêrom wiene yn it begjin sawat alle skippen útfearn, in machtige flecht rôffûgels, klear om de klauwen yn it goare heidenske fleis te setten, it iepen te riten en it te fuorjen oan de meunsters fan de see.
De striders hiene op dy earste ekspedysje klear stien, yn folle wapenrêsting, de bôge by de foet, de pylken oan de gurle, de hân op it swurd. Doe't de see tusken de eilannen en de kust leech bleau en de sinne heger klom, waard de opjefte te swier en bleau allinnich de stjoerman wach. De ekspedysjes dêrnei waarden lytser en lytser oant Thomas Ridley fiif skippen genôch achte.
‘De see jout him altyd wer oars oan, fynst net?’
Hy fernaam in hân op it skouder en wist dat it dy fan Sierk Ekinga wie. Sûnder op te sjen sei er: ‘Nee, dat fyn ik net... wetter, wetter en nochris wetter... hoe faak oft wy hjir ek sile, der feroaret neat, hielendal neat!’
‘Do ferfeelst dy...’
‘Wy hiene likegoed yn Fryslân bliuwe kind.’
It praat foel nei dy pear sinnen stil. Se stiene nêstinoar, de earms op it board, de holle boppe it foarbyweagjende wetter. Yn de fierte joech in wite streek de skieding oan tusken de see en ien fan de eilantsjes, dat as in donkere fiskefin boppe it wetter útstiek.
‘Wat is der allegearre al net feroare sûnt wy út Ingelân fearn binne...,’ besocht Sierk op 'e nij.
| |
| |
‘O ja?’ frege er. ‘Bedoelst miskien it eigen folk dat oerboerd falt en ferdrinkt?’
‘Elke deade feroaret it libben,’ sei Sierk.
Rienk begûn te spytgnyskjen en draaide him om nei it foarkastiel, dêr't de jonge striders lui efteroer hongen, de dobbelstiennen yn de iene hân, wylst de oare de droege kielen geregeld spielde mei reade wyn fan Rhodos.
‘In grutte feroaring, sa te sjen, as de Turk opsetten komt, lizze se foar anker.’
Sierk skodholle.
‘Dat koe dy wolris tafalle, Rienk Bockema, want sûnt de dea fan Djurre Meines, God hawwe syn siel, hat der ûnderinoar gjin striid mear west. Se witte wa't de baas is, rinne trou wacht, sette it skip nei har hân en binne ûnderwilens al like betûft yn it seemansfak as de skipper sels. En wêrom soene se net fan de wyn priuwe meie, no't wy dy fergees krije kinne? Do spuist der dochs ek net yn?’
Rienk joech gjin beskie, fernaam ta syn argewaasje dat troch it drankpraat fan Sierk syn mûle folrûn en kwitste in striel flibe by it board lâns. Tagelyk begûn Born Luckens him troch de holle om te tyskjen, de man út Norden dy't him by it útblazen fan de lêste siken it boek fan de libbenen tarikt hie. Hy moast tajaan dat de dea fan Born syn libben hjir feroare hie. Troch him wied er yn de Marije-tsjerke kommen mei it boek fan de libbenen op it hert. En wat yn moarmer, glês en op perkamint ferbylde wie, hie de eangst foar de dea fan him ôfnommen. Want soe God syn namme net yn it boek fan de libbenen optekenje, as er yn de striid omkaam?
Hy draaide it gesicht stadich nei Sierk en frege folle freonliker as earst: ‘Feroaret elke deade it libben?’
‘Ik wist dat it dy net loslitte soe,’ sei Sierk, ‘do kinst it ek sa sizze: ien dy't stjert, jout in nije kâns oan ien dy't libbet, sels as syn eigen heit it slachtoffer is. Faaks hellet de skiednis fan de jonge
| |
| |
Edward III dy wat út 'e tryste ferfeling dêrst op 't heden yn ferkearst. Kom, lit ús nei it efterkastiel gean.’
Skipper Gosse Doedes siet mei de rêch tsjin it helmhout en wie bliid dat er oanspraak krige.
‘Ik ha der ris oer neitocht, mar it wie fansels lang net ferkeard om op 'e weromreis it skip fol te laden mei wynkrûken,’ lake er, ‘dan litte wy se yn Londen de sinne fan it suden priuwe en wa wit, kinne wy Edward syn âld hert der ek wer wat mei opfleurje.’ ‘My tinkt dat de kening fleuriger wurdt fan tûzen deade Turken,’ spytgnyske Rienk.
‘Lit my no mar oer de kening gear,’ sei Sierk.
Hy joech him del mei de rêch tsjin de ferskânsing en begûn syn ferhaal: ‘De dea slacht meastal nachts ta, teminsten as de minske dêr de hân yn hat Dat wie ek sa op dy 21ste septimber yn it jier 1327, doe't Edward noch mar in jonge fan in jier of fjirtjin wie. Yn dyselde nacht hold de keninklike famylje ta op it kastiel yn it stedsje Berkeley, yn it súdwesten fan Ingelân. Kening Edward II en syn frou Isabella wiene grif net tagelyk op bêd gongen, it is sels de fraach oft se inoar dy jûns wol oankrûpt hiene, want Isabella hie it al lang oanlein mei har oanbidder Mortimer.’
‘Leafde sûnder it bleate swurd,’ gnyske Rienk.
‘Men kin yndied twivel útsprekke oft Mortimer him oant safier holden hie oan de hoaske leafde,’ sei Sierk, ‘mar yn alle gefallen makken se dy nacht it paad frij foar djippere ferkennings ûnder de gurle. In alderheislikst âljen skrille mannich ynwenner fan Berkeley op út 'e sliep fan de ûnskuldigen en doe't de oare moarns bekend makke waard dat kening Edward II op in natuerlike wize oan de ein fan syn libben kommen wie, wisten de ynwenners dat it in leagen wie en dat harren earen tsjûge west hiene fan in grouwélige moard.’
‘In moard út leafde,’ woe de skipper ha.
Rienk skodholle ferheftich.
| |
| |
‘De kening hie him nachts al lang deljûn by de lege helte fan it keninklike bêd,’ sei er, ‘of makke er sels ek geregeld de hoasbân fan de ien of oare ealfrouwe los?’
‘Dat is my net bekend,’ sei Sierk, ‘mar it wol my net oan dat it in moard út leafde wie, want it wie Isabella en Mortimer te dwaan om jild en macht. Doe't de kening dea wie, krigen sy har kâns: frije tagong ta de steatsmiddels en it op 'e lije side kommen fan Frankryk, it bertelân fan Isabella. De iene syn dea... witst wol, Rienk?’
‘Soe it net de skiednis fan de jonge Edward III wurde?’ frege dy en sûnder op it antwurd te wachtsjen ferfette er: ‘En do fertelst oer in pear moardners dy't beleanne wurde fanwegen de moard op 'e kening.’
Hy spriek de wurden út mei in fûleindigens dy't fuortkaam út 'e bylden dy't er foar him seach: Reynke Donia dy't syn heit ombracht om mei de iene of oare oanbidder de macht yn Snits út te oefenjen...
‘Do hast gelyk,’ sei Sierk, ‘de fjirtjinjierrige Edward waard foar de foarm kroane ta kening fan Ingelân, mar it folk tocht der justjes oars oer en festige al syn hope op 'e jonge troanopfolger. Edward III wist dat de dea fan syn heit him twa kânsen joech. Yn it foarste plak om dy te wreken en sa te foldwaan oan de ferwachtings fan it folk, dat Isabella en Mortimer hate. Yn it twadde plak wie de dea fan de heit, hoe grouwélich ek, de kâns foar de soan om in kening te wurden dy't fier útstiek boppe syn foarfaars, om't er noch in hiel lang libben foar him hie.’
‘En hoe naam er wraak?’ frege Gosse Doedes.
‘Hy stjoerde soldaten op Mortimer of en liet him yn de Tower opslute; yn novimber fan datselde jier krige er it deafonnis.’
‘En syn mem?’ frege Rienk.
‘Dy liet er finzen sette op in kastiel yn Norfolk.’
Wat fierder Sierk Ekinga it ferhaal nei de ûntknoping fierde, wat mear bylden en gefoelens it by Rienk oprôp. Wied er sels ek net
| |
| |
likernôch sa âld as Edward, doe't er yn tsjok waar rekke mei Reynke Donia, syn mem, dy't him mei de bôge ôfseamje soe? As er op dy middei weromseach, hie sy it west dy't him nei de sompen fan Goaiïngasweagen dreau om dêr Lipkje te fermoardzjen. En dêrmei wie syn hiele wêzen yn ûnstjoer rekke, hinne en wer slingere tusken it deaderyk fan Lúsjefer en de ûneinige leafde fan Marije. De moard, dêr't er nei ferrin fan tiid fan te witten kaam dat it gjin moard wie, hie him úteinlik yn de earms fierd fan de Leave Frouwe. Sy hie foar him de dea omfoarme ta libben en soe dat yn de takomst wer dwaan. Krekt as Edward III krige er de kâns om fier út te stekken boppe syn foarfaars en syn namme as strider tsjin de Turken en hearsker fan Snits en omkriten te festigjen.
‘In skip mei pylgers,’ sei Gosse Doedes ynienen.
Hy wiisde nei de westlike kym, dêr't in donker streekje de ientoanigens fan de see ferbriek. By de ekspedysjes fan de lêste wiken kamen se geregeld Fenetiaanske galeiskippen tsjin, dy't mei in grut tal pylgers nei Jeruzalem foeren. Faak leine se in pear dagen yn de haven fan Rhodos om foar it lêste part fan de reis nije foarrie yn te nimmen, meastâl krûken wyn.
‘Hy fart ticht ûnder de kust,’ brocht Sierk nei foaren.
It wie dúdlik te sjen dat it in grut skip wie mei trije mêsten; oan de middelste en langste bolle in donkerblau, fjouwerkant seil. Oan de beide oare hong in lytser trijehoekich túch. It wetter by it board ljochte allegeduerigen op fan de roeiriemen dy't regelmjittich yn de see plûnzen.
‘Frjemd dat se sa hastich binne,’ sei Rienk, ‘mei trije seilen kinne se oars goed foarútkomme.’
‘It is net de iennige!’
Hoewol't Sierk net lûder prate as oars, spriek út 'e wize fan sizzen ferûntrêsting troch. Hy skodholle en lei de rjochterhân boppe de eagen. Rienk en Gosse Doedes digeren ek oer it wetter. Se sea- | |
| |
gen de lange skippen as in flecht donkere ielguozzen efter in eilân weikommen en rjocht op har ta sjitten.
‘De Turk?’ frege Gosse Doedes.
Sierk knikte mei in strak gesicht.
‘Dus einlings,’ sei Rienk optein.
‘Einlings ja, no't wy sûnt in pear wiken mei ús float de gânske see behearskje...’
Syn toan hie wat spotsk krigen. Hy wiisde nei de oare koggen en de inkele hulk, dy't tichter by de kust sylden en mei klapperjende seilen fan koers feroaren.
‘Wat dogge dy?’ frege Rienk.
‘Dy binne ferstannich en sette wer op Rhodos ta, teminsten as se it rêde...’
Doe draaide er him om nei Gosse Doedes en rôp: ‘Sa gau mooglik oer de oare boech, skipper!’
It klonk as in befel.
‘Gjin sprake fan!’ rôp Rienk. ‘Wy hâlde dizze koers oan!’
‘Tsien tsjin ien, Rienk Bockema!’ systere Sierk.
‘Dit is ús kâns, Sierk Ekinga!’
Hy seach dat de jongfeinten oan stjoerboard nei de galeiskippen stiene ta gapjen en raasde: ‘Pylken op 'e bôge, sûplappen, en gau wat!’
Syn wurden gongen ferlern yn it klapperjen fan it seil en doe't er him omdraaide, seach er dat Gosse Doedes en Sierk Ekinga tegearre tsjin it helmhout hongen om de kogge troch de wyn te krijen.
Der kaam him in read flues foar de eagen en mei in tonge dy't him as droech lear tsjin it ferwulft plakte, drige er: ‘Lit my it swurd net tsjin eigen minsken hoege te brûken, Sierk Ekinga!’
De kogge draaide troch en foel fol oer bakboard. Gosse Doedes seach strak foar him út as meat er de milen dy't har noch skaten fan de feilige haven fan Rhodos, dat as in donkere rêch boppe de eastlike kym lei. Sierk liet it helmhout los en postuere him wiid- | |
| |
skonkich op it efterkastiel, rjocht foar Rienk oer en grommele: ‘Ast it swurd brûkst tsjin eigen folk, sil it him tsjin dysels keare, freon. Thomas Ridley stelt dyn domdryste heldhaftigens grif net op priis en sil, ast al libben út 'e striid komst, de grutmaster freegje oft er in plakje foar dy hat yn de tsjerker ûnder syn paleis.’
Hy draaide de holle oer it skouder en liet Rienk efkes allinnich mei syn lôgjende lilkens. Dy fielde him fernedere, oantaast yn syn rjochten as oanfierder, finzen nommen as ien dy't it eigen folk ferret hie en no, lykas Isabella en Mortimer, boetsje moast yn de djipte fan in tsjustere tsjerker. Dochs draaide hy him ek om.
Skean efter de kogge fan Gosse Doedes sylden de fjouwer oare skippen as in bewegende wâl tusken harren en de Turkske galeien, dy't stadichoan tichterby kroepen.
‘Wy kinne better de wapenrêsting oandwaan,’ sei Sierk, ‘ek sûnder in domdryste oanfal ûntkomme wy net oan de Turkske pylken.’
Doe't se wer op it dek wiene, Sierk yn folle wapenrêsting, Rienk en syn jonge meistriders allinnich mei it maliënkolder om de lea, jagen de foarste fijanlike galeiskippen as machtige fûgels mei brede wjukken efter de proai oan. Mei strakke gesichten stiene se klear, de grutte hânbôge oan de foet, de koker stiiffol pylken. Sierk Ekinga woe ha, se soene de Turk mei in rein fan deadlike pylken op ôfstân hâlde, sa't de Ingelske ridders yn de slach by Sluis de Frânsen stik foar stik dellein hiene. It wiene wurden dy't de lilkens fan Rienk omfoarmen ta in ûngeduldige striidlust. Hy koe syn eagen net ôfhâlde fan de galeien mei de donkerblauwe seilen, dêr't oer de hiele langte in giele skyl fan de moanne op oanbrocht wie. Dat teken befestige wat djip yn syn wêzen oer de Turk ferankere lei: de tsjustere nacht dy't ferljochte waard troch in glûperige moanne en dy't it ljochtsjende krús fan Kristus bedrige; it kromme dat it rjochte ferbûge woe om dêrnei sûnder
| |
| |
wjerstân yn de fjoerpoel fan Lúsjefer te rôljen. As yn ekstaze seach er yn de mêsten en ra's fan de koggen it krús fan Kristus, dêr't er foar fjochtsje woe oant de ein ta, de oerwinning foar Marije of it offer fan syn libben.
Doe't dan ek boppe it board fan de galeien it stiel fan de Turken foar it ljocht kaam en de pylken oer de weagen skeaten, pakte er de bôge op, helle in pylk út 'e koker en lei oan.
Tusken him en de fijân foeren de eigen skippen en hoewol't er wist dat er gjin inkeld doel reitsje soe, skuorde er út alle macht it koard nei it rjochterskouder en liet los. De pylk makke in wide bôge en waard skean wei yn it wetter.
‘Wy binne noch te fier,’ sei Sierk, dy't nêst him stie.
‘De kogge fan Klaas Minnes wurdt oanfallen!’ rôp er.
Twa galeien wiene op skoatsôfstân kommen fan de eigen skippen yn de efterhoede en de Turken stiene al klear om de ynterheakken as rôffûgelklauwen yn it hout te slaan.
‘En wat soe Thomas Ridley no sizze?’ frege Rienk feninich.
‘Trochfarre en dy heidenske hûnen it kristenbloed fan de eigen freonen samar opslikje litte? As wy dat dogge, sil ús admiraal grif oan Raymond de Berenger freegje oft der foar ús noch plak ûnder it paleis is.’
Sierk seach him skril oan en foar it earst sûnt harren moeting by Gravesend, spriek út syn hâlding de ûnwissens fan de eangst.
‘De hiele tastân is oars wurden,’ mompele er.
‘Dan is it no ek tiid wurden foar in oare koers!’ rôp Rienk.
Hy klom by it efterkastiel op en meneuvele nei de skipper dat it roer om moast. Dy stoareage him in telmannich oan en draaide doe it gesicht nei it eilân, dêr't de gebouwen fan de stêd as beakens yn de middeissinne leine te blinken.
‘De haven leit efter de stêd, mar se moatte ús grif al sjoen ha,’ sei er hoopfol.
‘Oer de oare boech, skipper!’ sei Rienk twingend.
Hy sprong linich oer it helmhout, sette him skrep en treau de kog- | |
| |
ge mei troch de wyn. Spytgnyskjend seach er yn de bedelte nei Sierk, dy't finzen like yn it swiere harnas en allinnich noch mei de helm boppe it board útstiek. De jongfeinten stiene ek mei strakke gesichten oan de kant fan it striidtoaniel en dûkten fuort foar de earste pylken dy't oer har hinne sûzen.
‘Sjitte, sûplappen!’ raasde Rienk. ‘Wy rêde it net mei dobbeljen en reade wyn allinnich!’
Efterinoar lei er de pylken op 'e bôge, helle de koarde nei him ta en socht mei it each syn bút as siet er yn de wyldernis fan Goaiingasweagen efter de reeën oan. Doe't de koers him net oanstie, naam er it roer fan Gosse Doedes oer en stjoerde de kogge tichter nei it striidtoaniel. Op dat stuit seach er, as troch in read flues, de boech fan de foarste galei by it efterkastiel fan de kogge dêr't Juw Juwinga en syn striders har op warden. It soe net lang mear duorje of de Turkske hûnen koene oerspringe en soene mei harren kromswurden it kristenbloed floeie litte.
Rienk feroare op 'e nij de koers en wylst de wyn rjocht fan efteren ynfoel en it seil bolle, skampte de kogge by it skip fan Klaas Minnes lâns en boarre de boech him mei in klap en in alderheislikst kreakjen yn it board fan de galei. Troch de ferheftige beweging wie Rienk tsjin de ferskânsing slingere. Hoewol't er efkes út 'e striid wie, fielde er de djippe foldwaning fan de klap dy't er de Turk tabrocht hie. Doe't er de holle wer boppe de ferskânsing útstiek, seach er ûnder him dat twa Turken Juw Juwinga oanfoelen. Hy skuorde it swurd bleat, sprong yn de djipte, op 'e oare kogge, en sloech as in wyld om him hinne oant de pine him troch it skouder flime en er stadich yn de djipte weisonk.
|
|