| |
| |
| |
17 Ridder
... dat hy daer om zynen vromicheyt worde ridder geslaegen.
Dêr't de Theems mei in skerpe bocht by de Chiltern Hills wei nei it suden streamde, lei Windsor Castle, in massyf blok stien ûnder de nachtlike himel. It ljocht fan de moanne, dy't út en troch efter de jeiende wolken weikaam, striek by de rûne tuorren lâns, lei it skaad heimsinnich tusken de kantelen en skampte oer it wetter fan de brede grêft. Yn de tsjusterste riten fan de nacht klom de wyn by de muorren op, gûlde in telmannich as in wyld bist en sprong oan de oare kant fan it kastiel wer yn de bedelte. Dêr foel er, in pear hûndert foet fierder, op 'e tinten oan dy't it folk fan kening Edward III de deis tefoaren opboud hie om it toernoaifjild hinne. Hy liet it lichte doek klapperje as koggeseilen by stoarmwaar, oant it op plakken skuorde en as útraffele flaggen oan de peallen wappere.
Yn Windsor Castle hearske yn de measte romten de djipte fan de sliep. Op 'e earste ferdjipping, oars it plak fan de wacht, lei yn alle hoeken en hernen it tsjinstfolk fan de ridders, dy't by gelegenheid fan it weromkommen fan de krúsfardersfloat nei de keninklike residinsje oproppen wiene. De ridders sels hiene har in ferdjipping heger deljûn, yn de grutte seal, dêr't se dreamden fan it rûnetafelfeest mei Edward III as de legindaryske kening Arthur. De keninklike famylje hie it sliepferbliuw op 'e heechste ferdjipping, tusken ierde en himel, skean boppe de kapel fan Sint Joris, dy't op Windsor Castle as in hillige fereare waard.
Fierder wiene alle oare romten fan it kastiel as eareplakken ynrjochte foar de oanfierders fan de krúsfarders, dy't ein augustus oan wâl stapt wiene by Gravesend.
| |
| |
Rienk Bockema skrille wekker troch de wyn dy't oan in losse planke fan de skuttersgong rattele. Hy skeat oerein en, fertiisd yn de foarfallen út it ferline, wist er in amerij net wêr't er tahold. Bylden fan it Johanniter hospitaal op Rhodos kamen boppe, ôfwiksele mei dy fan de nearzige koaien yn it efterkastiel fan de kogge. Lykas bûten de wyn foar master opsloech, jage de stoarm ek geregeld troch him hinne, benammen nachts as yn dreamen of sliepeleaze oeren it ferline syn geast yn beslach naam.
Doe't er nêst him it regelmjittige sykheljen fan Sierk Ekinga hearde en Juw Juwinga yn de fierste hoeke begûn te snoarkjen, waard er rêstiger, mar dochs slagge it him net de sliep wer te krijen en foar de safolste kear levere er him oer oan syn eigen legindaryske ferhaal.
Doe't er yn it hospitaal op Rhodos lei, itselde dêr't Born Luckens foar syn dea him it boek fan de libbenen tarikt hie, wie it Sierk Ekinga dy't him as earste yn grutte halen de slach tsjin de Turken ferhelle. It wie it ferhaal dat de midden hold tusken domdrystens en heldemoed.
Fansels hie it moedich fan Rienk west om freonen yn need te helpen, lykwols as admiraal Thomas Ridley ek mar in healoere letter de rest fan de float útstjoerd hie, dan roeiden se no as slaaf op in Turkske galei. It wie lykwols de fraach, sa heakke Sierk deroan ta, oft de kromswurden harren libben sparre hiene.
Yn de oars sa nochteren útspraken fan de skippers Gosse Meines en Klaas Minnes klonk by it siikbêd fan Rienk wurdearring troch foar de kordatens en striidberens fan de jonge Snitser held. De kogge fan Gosse Meines hie mei in droanende klap de foarste galei weromdreaun en de Turken yn betizing brocht. As de botsing der net kommen wie, hiene se de kogge fan Klaas Minnes intere en taheakke oan de eigen float.
Mar, sa laken de skippers, troch de died fan Rienk wiene se der sels better fan wurden: net allinnich fergoede grutmaster Ray- | |
| |
mond de Berenger de skea oan de koggen, mar ferskillende ûnderdielen waarden ek fernijd as beleanning foar de heldemoed. Heldemoed wie it wurd dat troch Rhodos-stêd gûnze, doe't alle skippen wer feilich yn de haven leine. It is wier, sa sei admiraal Thomas Ridley letter, dat sûnder help fan de rest fan de Ingelske float de held der net mear west hie, mar in held, ek al is er yn de striid omkommen, bliuwt in held.
Rienk skokte deroer, doe't Juw Juwinga yn syn sliep kreunde. Sa wied er ek faak wekker skrille yn it hospitaal, as de siken en ferwûnen it nachts útstinden fan pine. Hy treau himsels oerein en gong mei de rêch tsjin de muorre sitten. Juw prate yn 'e sliep lûdop, mar Rienk koe inkeld opheine dat er it oer freonen hie. It wie it wurd dat ek in belangrike rol spile yn it petear dat er mei Juw yn it hospitaal hân hie. De útspraken fan de Boalserter taasten Rienk it djipst yn it moed fan allegearre, net op datselde stuit, mar nei't se besonken wiene.
‘Sûnder dy hie ik der net mear west.’
‘Wat hiesto dan yn myn plak dien?’
‘Ha 'k dy net by Ysbrechtum it swurd op 'e kiel set?’
‘Doe wiene wy fijannen... en letter, by Rhodos, wiest teminsten gjin Turk.’
‘Hast dêrom foar my fochten?’
‘Ik striid yn it foarste plak foar de Leave Frouwe.’
‘En dus tsjin de Turken...’
‘Ja, fijannen moatte om de saak fan it krús bestriden wurde.’
‘Of moatte freonen beskerme wurde fanwegen de freonskip?’
‘Net yn it foarste plak.’
‘Do bist earlik, Rienk, en ik wurdearje dyn striidberens foar de goede saak. Mar do hast my wat oars leard, sûnder dat it dyn bedoeling wie. Tenei is foar my de beskerming fan freonen like wichtich as de striid tsjin fijannen, begrypste?’
Hoewol't Rienk him de tiid dêrnei foaral meislepe liet troch de
| |
| |
rom fan syn heldedied, sonken de wurden fan Juw stadichoan yn him del en ferankeren yn de djipte fan syn geast.
Bûten bearde de wyn wer tusken de kantelen troch en liet de planke fan de skuttersgong op 'e nij rattelje. Yn de rêstiger rite dy't folge, hearde Rienk it skarreljen fan libben guod oer de flier en it gnauwen fan tosken yn hout. Sels in keninklik kastiel wie net frij fan mûzen en rotten.
Wat hiene se ûnderinoar de Turken faak ferlike mei bisten: heidenske hûnen, smoarge bargen en goare rotten. Mar sûnt de slach by Rhodos hiene se amper mear in fijanlike galei sjoen. Al nei in fearnsjier wie Rienk, mei in djippe groede yn it rjochterskouder, wer oan board stapt en sylden se geregeld mei de hiele float út om de Turk op te sykjen en op 'e nij te treffen. Sels foeren se yn de maitiid fan 1371, in jier nei't se by Gravesend fan wâl stutsen wiene, nei it eilân Cyprus, mar dêr kamen de rôtten ek net út 'e hoalen. Hoewol't se no tichtby it Hillige Lân wiene, dêr't Jezus Kristus en syn mem Marije har fuotstappen set hiene, foeren se net fierder. Raymond de Berenger hie admiraal Thomas Ridley mei klam ôfret om dêr oan wâl te gean. Wat in krúsleger fan tûzenen en nochris tûzenen net oprêde koe, soe de bemanning fan in lyts fyftich skippen hielendal net klear krije.
Letter hearden se op Rhodos dat Moerad, de oanfierder fan de Osmanen, mei in allemachtich grut leger oerstutsen wie nei de Balkan om dêr tsjin de Serven en Hongaren te striden. Wa't de slach wûn hie, wie noch net bekend op 'e dei dat de Ingelske float foar de thúsreis út 'e haven fan Rhodos sylde. Mar de grutmaster fan de Johanniters wie fan betinken, de Osmanen hiene foargoed it striidtoaniel ferlein nei Europa. Dêr wie it kristendom no yn grut gefaar, dat de Ingelsen koene, mei tank foar de bewiisde tsjinsten, mar better wer koers sette nei it heitelân.
De seereis hie lang, ferfeelsum en dreech west, mar alle kearen dat de wyn oanboaze ta in foech stoarm, wiene se yn de gelegen- | |
| |
heid om in gloppe of haven op te sykjen. De kogge fan Gosse Doedes sylde, yn opdracht fan Thomas Ridley, de hiele reis yn de buert fan de admiraalshulk, net allinnich as earbetoan oan it heldeskip, mar ek om't Sierk Ekinga, de keninklike opsichter, each hie foar it lykwicht tusken waar, see en float. Sa hied er de skippen feilich oer de seeën loadst. Trije wike lyn wie de befolking fan Londen útrûn om de krúsfarders ûnder lûd jûchheiroppen yn te heljen.
‘Sliept it better mei de rêch tsjin de muorre?’
Foar de tredde kear dy nacht skrille Rienk op, diskear fan it lûd fan Sierk Ekinga. In streek moanneljocht foel krekt oer syn gesicht, dat nei him takeard wie. Wa wit hoe lang oft er sa al lei te sjen, wylst Rienk syn ferhaal belibbe.
‘Ferrek om myn part,’ sei er.
‘Dêr woe 'k noch efkes mei wachtsje oant it feest west hat,’ flústere Sierk.
‘En dan?’ frege Rienk.
‘It libben foldocht my noch skoan.’
‘As ik dy wie, soe 'k mar mei ús werom nei Fryslân farre.’
Doe't it yn de hoeke fan Juw Juwinga op 'e nij ûnrêstich waard, foel it praat stil. Mar Juw draaide him om en snoarke fierder.
‘Koest der wol sin oan ha, sels Juw waard wekker fan dyn opteine wurden,’ spytgnyske Sierk.
‘Wêr't ik sin oan ha, is om fan Rodenboarch de machtichste stins fan Fryslân te meitsjen. Ik ha genôch foarbylden sjoen: it paleis fan de grutmaster, de boargen om Londen hinne en dan net te ferjitten dit kastiel. It sil de kommende jierren heve, Sierk Ekinga, sa wier as Rienk Bockema libbet.’
‘En dan mei ik dyn opsichter wurde?’
‘Do hast ferstân fan alles wat mei de bou te krijen hat, as it no om skippen of stinzen giet. Wy soargje der tegearre foar dat der mear kastielen yn de stêd komme, de útbou fan Rodenboarch ta
| |
| |
in soarte fan Windsor Castle en in nije boarch oan de Merkstrjitte foar dysels. Oer trije jier ha wy Snits grut makke as in soarte fan Rhodos-stêd, mei in nije ridderoarder op it Súdeast.’
‘De Oarder fan de Snitser Reade Hoasbân?’
‘Do hast der de gek mei,’ snúfde Rienk.
‘Bêste freon,’ sei Sierk, ‘ast de earen goed iepen hân hiest, koest yn myn wurden selsspot beharkje. Ik ha op ús reis sa iepen as in boek foar dy west en sels de reade hoasbân fan myn freondinne Mary Thetford op it aljemint brocht. De tiid fan de hoaske leafde is lykwols oer, sûnt har man it oanlein hat mei de iene of oare lady yn it hege noarden. Ut it each út it hert, begrypste? Hoe soe ik no mei dy nei Fryslân farre kinne en sa Mary Thetford út each en hert ferlieze? Myn takomst leit yn Ingelân, Rienk, en as ik dy in goede rie jaan mei, bliuw hjir dan ek. Admiraal Thomas Ridley hat dyn heldedied oan de kening ferhelle en sadwaande is de namme fan Rienk Bockema op Windsor Castle festige. Twa Friezen, do en ik, dy't op 'en doer yn de rûnte fan de kening opnommen wurde, kin it moaier?’
It bleau efkes stil, doe sei Rienk: ‘Ik ha ûndertusken in soan krigen.’
‘Wannear't er wat grutter is, litst him oerkomme.’
‘En Bot, myn frou, dan?’
‘Ast om har joust, dy ek fansels... en oars kin de held fan Rhodos oan elke finger wol in Ingelske ealfrou krije. Do bist jong, sterk, moedich en dus oantreklik foar froulju, Rienk.’
It earste feale deiljocht foel troch it rûnbôgige finster, rjochtsboppe har. Se draaiden tagelyk de holle, doe't de losse planke fan de skuttersgong wer rattele.
Rienk gong oerein en rûn nei it finster. De wolken liken skimen dy't inoar opjagen: de jager de ree, de jonge it famke, de kristen de Turk. De bylden skeaten as pylken by him lâns.
Hy fernaam in stjit fan it skouder fan Sierk, dy't nêst him stie en wiisde: ‘De wyn hat de tinten as in wyld bist ferskuord, sjochst
| |
| |
wol? Mei dizze stoarm fiere wy hjoed feest yn haven en gloppe, Rienk! Drank en froulju foar de greep. As ik dy wie, soe ik net werom wolle nei Snits. No, wat doehst?’
Rienk loek oan de skouders en draaide him om.
Fjouwer oeren letter, healwei de moarn, wie de kapel dy't Edward III bouwe litten hie ta eare fan Sint Joris, grôtfol folk. De kening en syn gefolch sieten yn de rjochter koarbank mei yn it hout keunstich útsniene tafrielen fan apostels en hilligen. Yn de oare koarbank, lofts fan it alter, mei snijwurk oer it libben fan Jezus Kristus, songen de geastliken fan Windsor Castle it preludium op 'e mis.
Foar dizze gelegenheid wiene foar it alter rigen losse banken delset, ornearre foar de foarnaamste gasten, de ridders fan lân en float. Oan wjerskanten, op in ferheging, as seagen se nei in toernoai, sieten de ealfrouwen. Efteryn de kapel stiene de skyldfeinten en it oare tsjinstfolk yn ploechjes har teloarstelling te ferbiten, om't besletten wie ta ôfstel fan it toernoai fanwegen de stoarm dy't oer Windsor Castle raasde.
Rienk Bockema siet op 'e earste rige, fjouwer plakken fan admiraal Thomas Ridley en nêst Sierk Ekinga. Dy hie mei in knypeach opmurken dat se no al by de rûnte fan de kening hearden en dat er Snits nea weromsjen soe.
Wylst de geastliken mei ynmoed songen ta eare fan de Almachtige, dy't mei syn Geast de Hillige Faam oerskade hie, en ta eare fan it Bern, dat út har skurte kommen wie om de kristenen te rêden fan de ivige ûndergong, liet Rienk de eagen troch it koar doarmje. Efter it alter riisden de bylden op dy't ien fan de ferneamdste Ingelske skilders op 'e retabel oanbrocht hie. Op it middelstik hong Kristus tusken de twa misdiedigers oan it krús; de kening, de kroan op 'e holle, knibbele mei de hoeders op it lofter paniel foar de Leave Frouwe en it Kristusbern. It langst seach Rienk nei it rjochter paniel, dêr't Sint Joris op ôfbylde wie; hy
| |
| |
siet heech op it hynder en befocht mei syn lâns de fjurrige draak, dy't Marije, yn in blau kleed, bedrige. It like fierhinne op it wapenskyld dat it admiraalskip goed twa jier lang sierd hie en dat by Rienk, sa faak as er it seach, in gefoel oprôp fan leechte as hiene se him de Leave Frouwe ûntstellen.
Ynienen stie de kanunnik efter it alter en wylst syn monotoane sjongen troch de kapel weage, ôfwiksele troch de galm fan it koar, tocht Rienk werom oan dy snein yn de Martinustsjerke, sân jier lyn, doe't er him yn de skimer fan in nis weromlutsen hie en mei bûnzjend hert wachte op Wike Lolles. Sy soe him nei Marije bringe, oan wa't se earder syn skuld opbychte hie fanwegen de oantaasting. Wat in ferskil mei de dei fan hjoed, no't er yn de keninklike kapel op 'e foarste rige siet. Hjir hoegde gjinien him nei Marije te bringen, want de Leave Frouwe rôp himsels nei foaren as earbetoan foar syn heldedied.
Sûnder erch glied syn eachopslach nei de rjochter koarbank, dêr't de keninklike famylje de mis deemoedich folge, de hollen justjes bûgd, de hannen gear. It ynfallen antlit fan de kening wie amper te sjen, safier hong de grize holle foaroer. Wat in ferskil mei de jonge Edward III, sa't er dy kennen leard hie út 'e ferhalen fan Sierk. Dy kening hie Ingelân grutmakke en mei syn float de hearskippij op 'e seeën ferovere. Doe't de âldman fan de dame nêst him in dúst krige en daliks opskrille, wie it dúdlik dat er sitten hie te sliepen. Efkes rûze it lûd fan it folk troch de kapel as in ûndogens koeltsje dat opstekt nei in lange blakstilte.
‘Wa is dy frou?’ frege Rienk.
‘Alice Perrers, yn de leafde de opfolchster fan de Frouwe fan Salisbury,’ wie it beskie, ‘sy hat him alhiel yn 'e macht.’
‘Yn 'e macht?’ frege er, fernuvere oer de opmerking dat de kening fan Ingelân net mear baas wie oer syn eigen dwaan en litten. Hy koe him net foarstelle dat hysels letter, as hearsker fan Snits en omkriten, it heft út hannen jaan soe en dat noch wol oan in frou. Reynke Donia, Lipkje fan Goaiïngasweagen, Wike Lolles,
| |
| |
Bot Sickinga... wis, doe't er yn de knipe siet fanwegen de sabeare moard yn de sompen, east fan de Grienedyk, hied er lytsman west en syn heil socht by Wike en Marije, mar doe hie it libben him noch net foarme. No, sân jier letter, wist er hoe't er mei froulju omgean moast om har yn de macht te krijen, net mei omwegen fan hoaske leafde, mar rjocht op it doel ôf. Hie God sels de man net ta hearsker steld oer hiel de skepping, dus ek oer de frou?
Earst doe kaam it him yn it sin dat er gjin antwurd krigen hie op syn fraach. Hy seach fansiden nei Sierk, dy't nei him ta bûgde, skodholle en frege oft er de miste sliep fan de ôfrûne nacht oan it ynheljen wie.
‘Ik kin der net by dat de kening him deljout ûnder in frou,’ sei er. ‘Guon froulju binne glûpsker as slangen, mar dat woest niis net fan my hearre.’
It rûzjen fan de stimmen efter har ebbe fuort. Sierk bûgde noch fierder nei Rienk ta en flústere:
‘Boppedat hiest gjin each foar wat yn it koar barde.’
Sierk wiisde nei it alter. De eagen fan Rienk waarden grut en mei iepen mûle stoarre er nei twa koarknapen, dy't it wapenskyld fan it admiraalskip fêstholden. Doe't de kanunnik yn de folkstaal begûn te praten, spande er him op 'en uterst yn om syn wurden te folgjen. Hy fong op dat Sint Joris mei syn lâns op 'e draak ta fjouwere, dy't de Leave Frouwe bedrige. En om't de bedriging fan alle tiden wie, ek oan it begjin fan de jierren santich, gongen ridders nei fiere oarden om de heidenske draak te bestriden. Hie de kening, mei God syn libben noch lange jierren sparje, de eagen net nei de takomst rjochte, doe't er de opdracht joech om dit wapenskyld, nei it foarbyld fan it rjochter paniel boppe it alter, meitsje te litten en op it admiraalsskip oan te bringen? De draak wie ferslein! It wapenskyld soe oant yn de fiere takomst it symboal bliuwe fan de striid fan alle Sint Jorissen dy't de macht fan it kwea oerwûn hiene. De kening soe hjir yn de rin fan de dei op weromkomme.
| |
| |
Rienk syn eachopslach glied nei de rjochter koarbank. De grize holle fan Edward III kaam omheech en knikte. Tagelyk draaide Aliee Perrers it gesicht, ferwrongen fan lilkens, nei de kening en flústere him wat yn it ear. It wie dúdlik dat de wurden him swier op 'e lea foelen, want hy dûkte noch fierder yninoar.
‘Wêrom is se lilk?’ frege Rienk oan Sierk.
‘De kening hat syn freondinne nei alle gedachten bûten it wapenskyld holden en boppedat soe de jaloerskens har wol ris pleagje kinne. Hat har namme fan 'e moara yn de kapel fan Sint Joris klonken?’
‘Allinnich flústerjend, troch dy,’ sei Rienk.
‘Sels al hat se it gehoar fan in hiemhûn, Frysk kin se net ferstean,’ sei Sierk glimkjend en hy heakke deroan ta: ‘It wurdt hjoed noch in spannende dei, ek sûnder toernoai.’
It rûzjen yn de kapel helle oan. Nêst harren kamen de ridders oerein. De mis wie oer, it feest koe begjinne.
Yn de grutte seal op 'e twadde ferdjipping siet de gloarje fan Ingelân, de fjirtich ridders fan de Oarder fan de Blauwe Hoasbân yn in rûnte om de kening hinne, dêrefter hiene de oare gasten har deljûn. De tafels, meast planken op skammels fanwegen de mannichte folk, bûgden troch fan de hearlikste gerjochten: kowe-, skieppe- en hynstefleis, fierder alderhanne wyld, sa as knyn, hazze, ree, ein, goes en fazant; bakte bôle mei pastei, ferskillende soarten tsiis en fruchten net genôch! Geregeld follen de tsjinstfammen de krûken oan mei wyn en bier; paazjes brochten de ealfrouwen likeuren, dy't swiet oer de tonge glieden, de holle licht makken en in oerdwealske wille oprôpen.
Doe't de liven spand stiene, de gesichten read útsloegen, it krôkjen boppe it roppen en laitsjen opklonk, kamen de fammen om it oerskot fan de tafels te heljen. En wylst se dêrmei dwaande wiene, taasten de geile hannen fan mannich ridder ûnder de rokken om sa fan it iene willewurk yn it oare te gliden.
| |
| |
Hoewol't de eagen glânzen fan de drank en de mûlen skean loeken fan ôfwaaid praat, waard fan ferskillende kanten roppen om folle krûken. It moast nei sa'n feestmiel feestlik bliuwe, benammen om't de kening daliks gear soe oer de heldedieden fan alle Sint Jorissen yn de seal.
Hjir en dêr klonk de namme fan de hillige drakebestrider as teken dat der ferlet wie fan in nij hichtepunt, mar it lûd wie noch te swak tusken it rûzemuozjen fan al it oare leven. Rienk Bockema, dy't net swak byspile hie mei buffeljen, sûpen en geile meneuvels, foel by de no lege tafel efkes yn de lijte. Hy liet de eagen nei foaren glide, dêr't de kening mei in heechreade kleur, dy't sels troch syn griis hier hinne skimere, like op te stean ta in nij libben. It plak nêst him wie leech, want Alice Perrers, in grien glês likeur yn de rjochterhân, ferhege de feestfreugde mei har dûbele tonge yn de rûnte fan oare ealfrouwen.
Ynienen stie de kanunnik, dy't mei oansitten hie, skean efter de kening. Hy bûgde nei foaren en flústere him mei in strak gesicht wat yn it ear. It wie dúdlik dat de geastlike de seremoanje, dy't fan 'e moarn yn de kapel begûn wie, fuortsette woe yn de feestseal om sa de wyldsin yn de stringen te krijen.
‘It sil heve,’ sei Sierk, dy't oanrinnen kaam en nêst Rienk sitten gong.
It foel op dat syn hâlden en dragen oars wie as sa gewoanwei, ûnrêstich, suver senuweftich. Rienk smiet it op de ynfloed fan de wyn.
De kening knikte, lei de hannen op 'e tafel en kaam mei muoite oerein. De kanunnik holp him, wylst er de opstap makke nei de ferheging, dêr't de keninklike troan stie. Unwis rûn er derhinne en liet him daliks op it plús sakje.
It leven yn de seal ebbe fuort, hjir en dêr waard mei in klap in beker of krûk op 'e tafel set, doe wiene alle eagen rjochte op 'e troan.
‘De man dy't oproppen wurdt, mei gjin teken jaan fan swakte,’
| |
| |
flústere Sierk, ‘hy is net allinnich de fijân treast, mar ek de drank.’
Wer fernaam Rienk de ûnrêst yn syn lûd.
De kanunnik stie nêst de troan as bewekker fan in oarderlik ferrin fan de kommende seremoanje. It wie net dúdlik oft hy it teken jûn hie of de kening sels, mar ynienen kaam in skyldfeint mei in swurd foar it ljocht, dat er de kening oerlange. Dy kielskrabe en sei mei in heas lûd, somtiden stammerjend: ‘Fjirtich Ingelske ridders, dy't ta de Oarder fan de Blauwe Hoasbân hearre, hawwe har spoaren yn de rin fan de tiid wol fertsjinne. Sy foarmje om my hinne de binnenste rûnte, lykas de ridderrûnte fan myn foargonger, de legindaryske kening Arthur. Mar der binne yn ús heitelân folle mear ridders, moedige manlju dy't útfarre nei fiere oarden om dêr te striden tsjin... foar...’
De kanunnik bûgde fansiden, wylst er de lippen beweegde.
‘Om dêr te striden foar Jezus Kristus, de Leave Frouwe en de hillige tsjerke,’ sei de kening.
Hy swei en skodholle as hied er argewaasje fan it goed bedoelde ynstekken fan de kanunnik, dy't de reade trie fan syn ferhaal ûnderbrutsen hie. Yn de stilte klonk it gibeljen fan de ealfrouwen en ynienen sei Alice Perrers lûd en dúdlik, mei in ûndertoan fan spotske wille: ‘De kening bedoelde te sizzen dat ek de moedige ridders fan it twadde plan kâns ha om talitten te wurden ta de Blauwe Hoasbân, teminsten as de dea de âlde garde úttinnet.’
Dy wurden sloegen yn as de wjerljocht en in bolderjend laitsjen folge. Foaroan stieken de blauwe ridders de hjitte gesichten byinoar, mar se doarsten gjin lûd te jaan tsjin de maehtichste frou fan Ingelân.
‘Ik begryp net dat se dy slang gewurde litte,’ grommele Rienk.
‘In ridder moat sels it gif fan slangen ferneare,’ sei Sierk, ‘dus... lit neat blike fan dyn gefoelens, Rienk!’
Wer foel it Rienk op dat de stim fan de Ingelske Fries, dy't stoarmen en hege seeën mei in kalm moed trochstien hie, ûnwis wie en
| |
| |
dêrom frege er: ‘Is der soms wat?’
Sierk skodholle en meneuvele dat de seremoanje fierder gong. It like der yndie op dat de kening de trie wer te pakken hie, want hy kaam oerein mei yn de rjochterhân it swurd, dat er brûkte as tredde skonk, en hy ferfette: ‘Sels bûtenlanners strieden mei op 'e Ingelske float. Ik ha my fertelle litten dat ien fan harren him troch syn moed ûnderskieden hat. Dêrom hjit ik de Fries Rienk Bockema nei foaren te kommen...’
Ferwezen gappe Rienk nei de man foar de troan, dy't nettsjinsteande it útlibbe stal, foar him wer de glâns fan foarhinne krige: in machtich foarst, oanfierder tsjin de Frânsen en hearsker oer de seeën. Hy fielde in stjit yn de side en hearde: ‘Dit is dyn kâns, Rienk... no, nei de kening en op 'e knibbels! En tink derom wat ik dy sein ha...’
As yn in dream rûn Rienk nei foaren, net wittend hoe't er him tusken it folk troch beweegde, blyn foar de gesichten en dôf foar de lûden. Doe stie er rjocht foar de kening oer en om't er in kop útstiek boppe it grize hier, skeat him de twingende rie fan Sierk yn it sin: ‘...op 'e knibbels!’
Hy knibbele en bûgde de holle. De wurden fan de kening weagen as in balstjurrige see oer him hinne. Hy hearde syn namme wer, fernaam it swurd op it rjochterskouder en heinde op dat er ta ridder slein waard.
In hân waard him tastutsen, doe swurd en ridderspoaren. Wylst de kening him wer deljoech op it plús, stie Rienk dêr mei de hannen fol en tagelyk betize yn de spanning fan it grutte barren dat west hie en noch in ferfolch krige. Foar him skimeren de kleuren fan it wapenskyld mei Sint Joris, de draak en Marije. En wer rûzen wurden by him lâns dy't sprieken fan de bysûndere ferhâlding tusken Sint Joris en de Leave Frouwe en it rjocht fan in moedich kristen op 'e ôfbylding fan de heldestriid.
It wapenskyld kaam tichterby en wylst Rienk dy werklikheid ferbûn mei de betsjutting fan de wurden dy't er opheind hie, klonk
| |
| |
in skrille skreau troch de seal, folge troch nidige úthalen: hoe't it mooglik wie dat in hillich skyld, dat it Ingelske admiraalsskip sierd hie, as in ôftanke planke oan in bûtenlanner skonken waard. It stal fan Alice Perrers skode tusken de nije ridder en it wapenskyld yn as woe se de hilligen beskermje tsjin de bûtenlânske draak. Rienk hie it gefoel as ferdronk er yn de see fan bylden, lûden en yn syn eigen lôgjende grime. Wylst it him swart foar eagen waard, besocht er de rjochterhân, mei it swurd, omheech te tillen om hâldfêst te sykjen. It slagge net, want ien treau syn earm nei ûnderen en fierde him mei.
Se rûnen tegearre by de stiennen draaitreppen op dy't troch de súdlike toer rûn en nei de muorre mei kantelen en de skuttersgong fierde. Noch altyd gûlde de wyn by de hoeken en rûnten fan de boarch lâns, as it lûd fan in keppel hongerige wolven dy't daliks de oanfal ynsette soe.
By elke ûnwisse stap fan Rienk pakte Sierk, dy't efter rûn, syn freon by de klean en treau him fierder omheech.
‘Kom op, Fryske koartkop, nei boppen, dan kin de hurde wyn dyn gleone drift bekuolje. As ik der net west hie, siest no ûnder yn de tsjerker.’
De wurden fan Sierk gongen ferlern yn de stoarm fan gefoelens dy't yn it binnenst fan Rienk raasde. Se klommen nei grutske hichten fanwegen syn nij ridderskip en stoarten in tel letter yn de bedelte, om't Alice Perrers, dy feninige slang, him it wapenskyld fan Sint Joris ûntholden hie. Boppedat wie se tusken him en de Leave Frouwe yn sprongen as soe hysels de draak wêze yn plak fan har beskermer.
‘Wy binne der,’ hearde er Sierk sizzen.
Doe't dy de swiere houten doar iepen die, sloech in fûle twirre harren yn it gesicht.
‘Dit is better as de stank fan de tsjerker,’ sei er, ‘kom op, derút!’ Rienk rûn hymjend efter him oan, as in hûn efter de jager. De
| |
| |
wyn, dy't nei de reinige rite útgongen wie nei it noardwesten, raasde by syn gleone holle lâns en kuolle tagelyk syn hjit moed. Doe't se yn de lijte fan in kanteel stiene, frege Sierk: ‘Wie it heffen fan it swurd de tank foar it ridder wurden? Ik hie dy noch sa warskôge!’
‘Wisto dan dat ik ridder wurde soe?’
‘Admiraal Thomas Ridley en ik hawwe dy by de kening foardroegen.’
‘Moat ik wer op 'e knibbels falle, no om te betankjen?’
‘Dat freget gjinien fan dy, Rienk Bockema, mar immen dy't it swurd brûkt tsjin de machtichste frou fan Ingelân, bongelet mei gauwens as swarte ridder oan de galge. It wie mar goed dat ik dy krekt op tiid by de earm pakte.’
‘Soa, sa hast it dus besjoen mei dyn wetterige drankeagen,’ snúfde Rienk, ‘ik soe op dat stuit it swurd troch it slangefel stekke, tochtst... mar doe net, Sierk Ekinga, want ik koe it amper op 'e fuotten hâlde. Lykwols, do hast gelyk, as ik no de kâns krige...’
Hy fielde de gleone grime wer opstekken, pakte Sierk by it skouder en systere: ‘Soesto dy sa troch in frou misledigje litte?’
‘Soesto dan dyn libben ferlieze wolle troch sa'n frou?’ frege Sierk werom en hy ferfette: ‘Guon froulju kinst net wjerstean, Rienk, se hawwe no ienkear de macht oant se troch har hâlden en dragen yn de bedelte falle, mar dat kin jierren, suver in minskelibben lang duorje. In Fryske hjitkop moat leare om syn tiid ôf te wachtsjen, freon. Stil ris...’
De lêste wurden wiene omdôch, want Rienk joech gjin inkeld lûd en de stoarm bearde troch.
Fan de kant fan it toernoaifjild kamen rauwe lûden oanwaaien, dy't net fan it ridderfolk wêze koene. Sierk en Rienk rûnen nei de skuttersgong en seagen troch in fjouwerkante iepening in keppel boeren dy't mei stokken, planken en flarden tintdoek swaaiden.
‘Se hawwe de stoarm holpen mei ôfbrekken,’ sei Sierk glimkjend.
| |
| |
‘Wêrom soene se dat dwaan?’ frege Rienk fernuvere.
‘Miskien is dit it begjin fan Alice Perrers har fal. Witst noch dat wy foar it útfarren fan de float, goed twa jier lyn, in ploech lilke boeren foar in herberch sjoen ha?’
Rienk knikte.
‘Doe setten se it yn de kant tsjin de lânhearre, no komme se al nei de boarch fan de kening en op 'en doer sille se mei in ungeregeld leger troch de poarten fan Londen daverje om de macht te gripen, tink om myn wurden.’
Under roppen en razen, dat op 'e twirren oanweage, kamen de boeren mei har foarútstutsen houten wapens tichterby, wylst de stikken tintdoek as findels yn 'e wyn wapperen. Rienk wist net wat er derfan tinke moast. As de mooglike opstân fan dit balstjurrige folk liede soe ta de fal fan de slang, soed er him derby oanslute. Mar tagelyk liet er yn him omgean wat er sein hie oer de boeren foar de herberch dy't de lânhearre bedrigen. Sy fersteurden de godlike oarder yn de maatskippij en fertsjinnen oars net as de galge.
Ynienen klonk it triptraapjen fan hynders oer in houten batting. It folk bleau stean en liet houtwurk en findels sakje. Wol tritich ruters fjouweren mei foarútstutsen lâns of swurd op 'e boeren ta, dy't in telmannich wifelen en dêrnei alle kanten útstoden om it wiffe libben te rêden.
Doe't it folk útinoar rekke wie, de ruters de hynders kearden en weromrieden nei de boarch, leine der seis donkere protsjes ferspraat oer it wiete fjild.
‘Manlju dy't fan 'e jûn net wer thúskomme,’ sei Sierk wizend. Yn it noardwesten kleure de loft tusken de jeiende wolken read. ‘It koe net oars,’ andere Rienk, ‘de kening mocht soks net oer de kant gean litte.’
‘Dan moatte wy no mar nei de kening ta,’ glimke Sierk, ‘do meist as nije ridder net op it feest ûntbrekke.’
| |
| |
It ridderfeest wie as de oanheljende wyn, kalm yn it begjin, mei bekers en glêzen dy't stadich leech rekken, gefoelich sjongende trûbadoers en harkjende of sêft pratende ridders en ealfrouwen. Yn de rin fan de jûn feroaren wyn, bier en likeuren flugger fan plak, besochten de sjongers mei snaren en stim boppe it roppen en razen út te kommen oant it feest útrûn op in orgy fan drank, lûden en geile meneuvels.
Hoe faak hie Rienk Bockema syn beker net folgetten om hieltyd mar wer mei in lange swolch antwurd te jaan op it lok dat oaren him tadronken, oant er troch froulju meifierd waard nei in mei toartsen ferljochte romte. Hoewol't de drank syn tinken útskeakele hie, fertelde syn gefoel him dat er neaken rekke en mei syn ridderswurd de sêfte skie fan in frouwelichem opsykje moast. Wylst de stoarmige driften troch him hinne raasden, koed er net betinke oft er syn nij ridderskip mei in ealfrou of in tsjinstfaam fierde.
In lyts wike letter hold de kogge fan Gosse Doedes op it Sint Odulfuskleaster oan, dat as in beaken opriisde boppe de weagen fan de Sudersee. It dak fan de kapel wjerkeatste it ljocht fan de septimbersinne, teken fan in wûndere krêft dy't noch altyd fan it âlde, ferfallen kleaster like út te gean. En tusken dy krêft en it moed fan de Snitser ridder op it efterkastiel fan de kogge kaam op 'e nij in ferbining.
‘Leave Marije, seinige ûnder de frouwen,’ mompele Rienk, ‘haw tank foar Jo leafde, op Rhodos en hjir... ik bin sawat wer thús.’
|
|