| |
| |
| |
Diel 4
April 1370 oant septimber 1372
| |
| |
13 De oerstek
De kogge fan Gosse Doedes sylde op 1 april 1370 mei in stive eastewyn, dy't dwers yn it grutte raseil foel, de Sudersee op. It skip hong oer nei bakboard, mar de weagen bleauwen noch wol trije foet ûnder de râne. De planken fan de boarden, dy't oernade oanbrocht wiene, rûnen nei foar- en eftersteven justjes omheech en joegen de kogge in rûn foarkommen. De hege boech kearde it opspattend wetter, dat fracht en bemanning bleauwen by dizze koelte droech.
Op it ferhege dek tsjin de eftersteven stie Djurre Meines fan Himmelum mei de rêch tsjin it helmhout en alle kearen as der in pûster ynfoel en de kogge út 'e koers drige te reitsjen, sette er him skrep om by te stjoeren.
Rienk Bockema hong mei de earms op it stjoerboard en digere nei it súdeasten, dêr't de dakken en tuorren boppe de wâlen fan Starum stadichoan lytser waarden. Ut 'e flecht kriezende miuwen, dy't efter de kogge oan fleagen, dûkte sa no en dan ien nei ûnderen en snipte in fisk út 'e weagen wei.
Rienk fielde him noch altyd as in miuw tusken lân en wetter sweven. It jonge libben yn de skurte fan Bot en syn âlde, sike heit lieten him noch net los. Bot wenne wer by har âlden yn Goaiïngea, tusken de wyldernis efter de Grienedyk en it klaailân fan Westergoa. Sy hie har úteinlik by syn beslút dellein en him gjin inkeld ferwyt mear makke. Fan heit, dy't by it ôfskie mei in tekken om de skouders by de hurd yn de hearekeamer siet, hied er ek gjin kwea wurd krigen. Heit lei de earm om him hinne, glimke en sei: ‘Myn jonge, striid de goede striid foar de hillige tsjerke, mar as it heal kin, sparje it libben fan ûnskuldigen, want sy hawwe lijen en dea net fertsjinne.’
Sels Reynke Donia hie de deis dat er ôfreizge, har feninige tonge
| |
| |
yn betwang holden. De winsk dat er sûn yn Snits weromkomme mocht, wie mear as er fan har ferwachte hie.
It Sint Odulfuskleaster skode tichterby en stie dêr, tusken de púnheappen, as in beaken yn see. Mei de wyn oer it lân like it heech út te stekken boppe it flakke wetter foar de kust.
Rienk helle him it byld wer foar de geast, it earnstige antlit, it mankelike glimke om de lippen en it útstekkende rjochterboarst sa't er yn it flakkerjende kearsljocht waarnommen hie.
‘Hillige Marije,’ bea er yn himsels, ‘Frouwe tusken see en lân, wa kin my better begripe as jo? Lit de leafde beide kanten útstreame, nei de soan yn de skurte fan Bot en nei my, dy't as strider foar de hillige tsjerke beskerming nedich hat...’
‘Is de haadling fan Snits no al ûnwennich?’ hearde er ynienen nêst him.
Gosse Doedes lei laitsjend de earms op 'e râne en kwitste in striel flibe bûtenboard.
‘Ik hjit hjir Rienk Bockema,’ sei er nitelich.
‘Ek goed fansels,’ bromde de skipper guodlik, ‘mar ik woe dermei sizze, Rienk, alle kearen as de kogge útfart en der binne lju by dy't foar it earst meisile, dan digerje se net oer de see, mar nei it lân, lykas dêre...’
Hy wiisde nei de jongkeardels, dy't alle sân op 'e hichte fan de mêst stiene, elkoar wiisden op tsjerketuorren en bekfjochten oer de plakken dy't derby hearden.
‘As men heit wurdt fan in soan, leit it oars,’ sei Rienk beret.
‘In soan noch wol!’ bearde de skipper. ‘Hat it wiif de beweging fan it sturtsje field?’
Se begûnen beide te laitsjen en wylst Gosse Doedes him freonskiplik in pear kear op it skouder sloech, sei er: ‘As it begjin fan in reis geunstich is, kinne wy meastal ek rekkenje op in goede ôfrin. En wat wolst no noch mear... it waar kin net better, dat wy binne oer in dei of fjouwer op 'e Theems, losse de meinommen fracht yn Londen, farre dan troch nei de Turken en ast wer- | |
| |
omkomst, krûpt der in soan oer de flier... wy moatte earst mar ien ha, tinkt my!’
‘Dan fan my!’ sei Rienk.
‘Ek goed fansels,’ lake de skipper.
Hy draaide it gesicht nei de eftersteven en wiisde nei in seil dat krekt út 'e haven fan Starum skode.
‘As ik my net fersin, is dat Klaas Minnes,’ sei Gosse Doedes, ‘dan hat dyn freon Juw it dochs noch rêden.’
Rienk knikte, it die him goed dat er net allinnich út Fryslân op krústocht gong.
Se sieten mei har njoggenen efter de mêst, de stiennen bekers yn de hân, en spielden de mûle mei swolgen soere wyn. Wylst de drank fierder sakke, wie it har oan te sjen dat by elk in noflike waarmte troch de lea loek.
Rienk Bockema liet de eagen by de rûnte lâns glide. Se wiene allegearre jonger as hy, grif net âlder as achttjin, mar it wie sa klear as de dei dat Djurre Meines de bêsten derút socht hie. Se wiene breed yn de skouders, hiene hannen as slaaien fan it bodzjen op it lân en gongen, sa te sjen, foar de duvel net oan de kant, lit stean foar de Turken. Hy koe allinnich de foarnammen en werhelle dy, doe't er nochris yngeat.
‘En Sjobbe, ik wit net asto noch wol ien ha moatst, de drank rint dy no de eagen al út.’
‘As it moat, sûp ik de hiele krûk leech!’ bearde Sjobbe mei in holle as fjoer.
Der klonk in húnjend laitsjen en it oerdwealske roppen oerstimde de lûden fan see en wyn. Underwilens geat Rienk Bockema troch: Aant... Jarich... Popke... Minne... Wiger.’
It leven bedarre wat.
‘En Eilt, al ûnwennich fan memke?’
Eilt knipere mei de eagen, skodholle en stammere: ‘Ast no... fregest nei de fammen... Rienk Bockema... dêr koesto by Walle
| |
| |
Galama oars ek oer meiprate...’
De wurden fan Eilt brieken de tsjustere djipten yn de jongkeardels, dêr't de drank al in tagong makke hie, hielendal iepen. Se laken, rôpen dat se it froulike fleis no al misten en grut ferlet hiene fan de sêfte boarsten, dêr't se de gleone holle tusken lizze koene.
‘Net earder as yn Londen, freonen!’ rôp Gosse Doedes. ‘Mar as ik it no foar it sizzen ha, komt de stoppe op 'e krûk en lizze jim de hollen mar in skoft op 'e hurde planken fan de kogge.’
Rienk Bockema knikte, sleat de krûk ôf en skode dy by it oare proviand ûnder in grut seilkleed.
‘En slaan jim my no oer?’ rôp Djurre Meines, dy't noch altyd mei de rêch tsjin it helmhout stie. Hy stiek de beker nei foaren, mar op dat stuit foel ûnferwachts in twirre yn it seil, dy't de kogge kreakje liet en út 'e koers treau.
‘Hast ek al tefolle hân, sjoch ik,’ gniisde Gosse Doedes, ‘jou my it roer mar, maat, dan kinsto ek in pear oeren ûnder seil.’
In amerij letter klonk troch it brûzjen fan de weagen hinne it ûnregelmjittige snoarkjen fan de acht jongfeinten. Rienk Bockema hie har de rêch takeard en hong wer mei beide earms op 'e stjoerboardsrâne. De kust wie weiwurden efter in leechhingjende dize. Oeral wie no de grutte see, dy't de kogge mei ûneinigens omsleat. Hoewol't er wist dat efter de kym wer lân lizze moast dat him strak de romte jaan soe om it aventoer op te sykjen, kaam op dit stuit it farrende houten eilân like benearjend op him oer as de stins yn Snits, op 'e dei doe't Reynke Donia him mei de bôge ôfseamje soe. Hy frege him ôf hoe't it kaam dat it begjin fan de reis, dêr't er salang nei útsjoen hie, sa ôffoel. Wie it de soere wyn dy't syn stimming fergalle? As it moast, koed er allinnich wol in heale krûk efteroer slaan, mar no wie it by de tredde beker al mis. Hy seach oer it skouder nei de snoarkjende sûpers en wist ynienen wat him dwers siet. Net dat Eilt oer fammen begûn wie te bearen, soks rôp de drank op yn in rûnte fan allinnich jong- | |
| |
feinten. Mar hoe wie it mooglik dat sa'n stammerjende sokses it oandoarst om oan it begjin fan de hillige krústocht syn ferline mei fammen derby te heljen? Dy snotnoas wie amper tolve, doe't hysels as skyldfeint oan de side fan Walle Galama op jacht gong. Fan de bolle hied er leard hoe't er syn proai dellizze moast, nei't er sels Lipkje fan Goaiïngasweagen oansketten hie.
Hy seach op doe't in flecht miuwen kriezend efter in kobbe oanfleach, dy't in grouwe fisk yn de snaffel hie. Yn de kogge stûke it snoarkjen, guon draaiden har kreunend op 'e oare side en in telmannich letter sonken se wer wei yn in djippe sliep.
Yn de fierte liet de kobbe de fisk falle en daliks dûkten de oare miuwen nei de weagen om de proai oer te nimmen. Hie hysels syn proai ek net loslitten, doe't Marije mei har leafde by him, út 'e djipte wei, wat oprôp? Of soed er sels ek wer nei de weagen dûke om syn ferlerne bút te bemachtigjen? Dêrom wie it drankpraat fan dy Eilt him op it sear kommen, op it plak dêr't Marije, Lipkje, de fammen fan Noardwâlde en syn wiif Bot inoar metten. Hy wist dat er noch altyd net loskommen wie fan it ferline en dat er, nettsjinsteande de hillichheid fan de ûndernimming, syn driften op 'e lange reis amper yn betwang hâlde koe.
Doe't er skean efter de kogge in swarte ielgoes swimmen seach, flústere er: ‘Marije, hâld my út 'e kloeren fan Lúsjefer, ik bin ek mar in minske.’
Hy draaide him om en socht yn de lijte fan de fracht nei in plak dêr't er him rêstich deljaan koe. Gosse Doedes meneuvele laitsjend dat hy wol wekje soe oer skip en bemanning. Rienk draaide it gesicht nei de jongfeinten en biet him op 'e ûnderlippe. Hie it de skipper net west dy't de stoppe op 'e krûk ha woe? Wis, Gosse Doedes hie it foar it sizzen as it om de kogge gong, mar hysels wie de baas oer it stel sûplappen dat dêr lei te dreamen oer de hoeren fan Londen.
It duorre noch lang foar't er yn in ûnrêstige sliep foel.
| |
| |
Nei fjouwer dagen en nachten kaam de Ingelske kust yn sicht. Foar de boech fan de kogge lei de brede mûning fan de Theems mei oan wjerskanten wâlen dy't amper noch te sjen wiene. Doe't se fierder de rivier op sylden, wiisde Gosse Doedes op 'e noardlike kant de toer fan Southend oan en op 'e súdwâl it silhûet fan Sheerness.
‘Ik woe earst mar ris oant Gravesend ta farre,’ sei er, ‘dêr kinne wy de fracht ek wol losse.’
Rienk Bockema knikte en liet de eagen by de ploech jongfeinten lâns glide, dy't oan stjoerboard oer it wetter digeren, wylst se mei ynholden lûd praten. Hy gnyske en stelde mei foldwaning fêst dat er syn doel berikt hie.
Yn de moarntiid fan de twadde dei wie de loft út it súdwesten wei tichtset en helle de wyn oan. De kogge wie te fier út 'e kust om nei de lijte fan in gloppe of haven te silen en dêr foar anker te gean. Al gau swypke de hurde wyn de weagen op en alle hannen wiene nedich om it skip op koers te hâlden. Doe't tsjin de jûn de wyn nei it noarden draaide en stadichoan lizzen gong, leine de measte keardels mei it yl yn de hannen en in lege mage foar de mêst. Wyn en see hiene har lytsman makke, sa tocht Rienk, en dêrom soed er fierder gjin lêst mear fan harren ha. Hysels fûn dat er de oanfal fan de see ôfslein hie en beskôge it as in oerwinning dat er gjin spoar fan wurgens fernaam. It wie al skimerich doe't de stimmen foar de mêst lûder waarden. Gosse Doedes woe ha, de lege magen soene wol wer opspylje en no sieten se meiinoar oan it miel. De skipper sels hie ek wol sin oan in hompe bôle. Doe't Rienk Bockema foar de mêst kaam, seach er dat de krûk yn de midden stie en dat se de bôle mei drank fuortspielden. Se gniisden him ta, stieken de bekers omheech en Eilt rôp dat de bemanning nei sa'n drege dei wol ien fertsjinne hie. Foar de twadde kear taasten de wurden fan de stammerjende sûplap syn gesach oan en breinroer helle Rienk Bockema it swurd foar it ljocht en
| |
| |
sette it him op 'e kiel. De jongfeint liet him efteroer sakje oant er op 'e rêch lei en mei útpûljende eagen, dêr't deadseangst út spriek, smeke er om genede. Op dat stuit seach Rienk himsels lizzen, nêst Swarte, mei it wapen fan Juw Juwinga op 'e kiel.
Hy helle it swurd nei him ta en beweegde it driigjend nei de oaren. Se stoareagen him swijend oan, wylst Djurre Meines de stoppe op 'e krûk die en skuldbewust mompele dat it tenei oars soe. Sûnt dy oere wist er dat er mei harren in leger Turken treast wie.
In pear myl foar Gravesend waard it drokker op 'e Theems. Alderhanne skippen, grut en lyts, fracht- en fiskersboaten, foeren de kogge yn de mjitte. De measte wiene ûnder seil, guon kamen foarút mei de riemen.
‘Se komme wer út alle gatten wei,’ lake Gosse Doedes.
‘Binne der ek krúsfarders by?’ frege Rienk.
‘Nei de winter is it altyd sa drok,’ antwurde de skipper, ‘der moat wer wat fertsjinne wurde.’
Doe wiisde er nei in helling oan de súdkant fan de rivier. Foar de wâl leine wol seis, san grutte skippen. Op 'e helling sels waard spikere oan twa nije koggen mei foar- en efterkastiel.
‘Sa te sjen binne wy op 'e tiid,’ sei Gosse Doedes, ‘wy hâlde bakboard oan!’
De boech fan de kogge draaide stadich nei de súdwâl. Daliks wie te fernimmen dat de spanning oan board tanaam. Guon fan de bemanning setten nei de mêst ta en klommen by de touljedder op om it seil op te binen; de oaren stiene yn in ploechje te praten en meneuveljen. Rienk sels fielde him ferromme. De beide lêste dagen hied er him faak ôffrege oft de Ingelske float al net lang útfearn wie of noch slimmer, oft de krústocht wol trochgean soe.
‘Wy ha der goed oan dien om op 1 april út te farren,’ sei er.
‘Even wachtsje,’ sei de skipper, ‘wy sille it sa witte, bydraaie en fêstlizze mar!’
| |
| |
Djurre Meines goaide de luts fan it tou om in peal en lei in pear slaggen om de bolder. Doe't de kogge tsjin de kreakjende houtwâl stil kaam te lizzen, begûn Gosse Doedes tsjin de manlju dy't op 'e skippen oan it wurk wiene, te roppen. It foel Rienk op dat de skipper wurden brûkte dêr't er de betsjutting fan riede moast. Ien fan de manlju knikte en frege ek wat. Gosse Doedes antwurde dat it wol de bedoeling wie. It waard efkes stil, doe seagen de Ingelsen inoar oan, skodhollen en begûnen te gnizen.
‘Wêrom ha se sa'n wille?’ frege Rienk.
‘Ik soe it net witte, moatst harsels mar freegje,’ sei de skipper.
‘Se tinke dat Friezen it op sa'n kogge net lang úthâlde kinne,’ klonk it efter har.
Se draaiden har tagelyk om en seagen yn it laitsjende gesicht fan in man yn in donkerblauwe wollen mantel, oan mouwen en seam ôfset mei ljochtbrún bûnt.
‘Myn namme is Sierk Ekinga,’ ferfette er, ‘Fries fan berte, sûnt 1362 yn tsjinst fan kening Edward III, de lêste tiid as opsichter by de opbou fan de Ingelske float en oer in pear wiken, lykas jim, as krúsfarder... ik bin bliid dat ik wer ris mei lânslju prate kin.’
Rienk stoarre, ferstuivere om dizze ûnferwachte moeting, nei de Fryske opsichter, dy't grif sa'n tsien jier âlder wêze moast as hysels. Foar't er wat sizze koe, naam Gosse Doedes it wurd: ‘Haadling Rienk Bockema fan Snits hat Gosse Doedes, skipper fan dizze kogge, frege op 1 april út te farren om him en syn striders te bringen nei plakken dêr't se de hillige tsjerke tsjin de Turken beskermje sille.’
‘Moai sein foar in Fries,’ bearde Sierk Ekinga.
Doe draaide er it gesicht fan de boech nei de eftersteven, skodholle en ferfette: ‘Mar as opsichter fan de Ingelske kening kin ik spitigernôch gjin tastimming jaan om de lange reis mei de kogge fan skipper Gosse Doedes te ûndernimmen.’
De eagen fan Rienk waarden noch grutter. It like as sloech Sierk Ekinga mei ien slach syn grutte dream midstwa: de striid foar de
| |
| |
hillige tsjerke, wat tagelyk de beskerming fan Marije betsjutte.
Hoe koed er no foar de Leave Frouwe opkomme yn in stêd as Snits, dêr't haadling, geastlike en boarger har al ieuwenlang op hannen droegen? Mar yn it easten waard se bedrige en dêr soed er foar har fjochtsje, as it moast oan bliedens ta.
De fersleinens nei de wurden fan de opsichter gong oer yn grime en hy fielde dat it bloed syn striidberens opswypke.
‘Hoe kin in Fries sa prate tsjin lânslju?’ frege er nitelich.
‘Sa mei ik it hearre,’ sei Sierk Ekinga glimkjend.
‘Wat mankearret der oan myn kogge?’ snúfde Gosse Doedes.
‘Trije wike lyn lei er noch op 'e helling en ha wy nije planken yn de boarden set.’
De opsichter bûgde him, striek mei de hân oer it hout en knikte.
‘Sa geef as de krytkust fan Súd-Ingelân,’ sei er glimkjend, ‘der komt gjin trien troch de planken, mar as ik freegje mei, hoe wolle jim by stoarmwaar sels droech bliuwe?’
‘Friezen binne faker mei stoarmwaar de Noardsee oerstutsen, lykwols net as opsichter mei bûnt oan de klean,’ sei de skipper spotsk.
Sierk Ekinga sloech de eagen del en liet se oer de mantel glide.
‘Lit ús derfoar soargje dat de Ingelsen de Friezen net wer útlaitsje. As jim bemanning de hannen út 'e mouwen stekt en foar en efter in kastiel op 'e kogge bout, soargje ik foar ark en hout. De reis is te lang om nacht en dei, mei stoarmwaar en by gleone sinne, yn in iepen boat te ferkearen. Wy Friezen sille de lânslju fan de kening ris sjen litte wat wy kinne!’
Hy draaide him om en rôp wat tsjin de hellingbaas. Dy knikte en daliks joech er it boadskip fan de keninklike opsichter troch oan de arbeiders.
Dyselde jûn noch lei de kogge fan Gosse Doedes op 'e helling.
Wylst by Gravesend it slaan fan hammers fier oer lân en wetter klonk, draafden twa ruters by de rivier lâns. Se wiene op wei nei
| |
| |
Windsor, it kastiel fan kening Edward III, eastlik fan Londen. Rienk Bockema ried op in brune hynst nêst de skimmel fan Sierk Ekinga. Dy koe yn elke boarch terjochte foar ien of mear hynders, want oeral wie bekend dat de betûfte Ingelske Fries in keninklike opdracht útfierde: it seeweardich meitsjen fan de float dy't útfarre soe foar in krústocht tsjin de Turken.
Rienk seach noch ien kear efterom. Op 'e kogge wiene Djurre Meines en syn maten drok dwaande mei it timmerjen fan it efterkastiel. Foar de wâl lei de kogge fan Klaas Minnes, de skipper dy't in lytse wike letter mei Juw Juwinga en syn striders oankommen wie yn Gravesend. Se hiene allegeduerigen te krijen hân mei tsjinslach en moasten op 't lêst útwike nei de haven fan Veere. Juw wie mei it rûge waar op 'e Noardsee troffen troch in blok út 'e mêst en lei no siik yn de herberch fan Gravesend.
Hoewol't Rienk syn eardere tsjinstanner en letter liedsman by it bêd moed ynsprutsen hie, joech it him foldwaning dat de rollen no omdraaid wiene. Juw Juwinga, dy't him yn de striid it swurd op 'e kiel set hie en op 'e brulloft yn Snits de oanset joech foar de grutte reis, wie him de lêste tiid folge: nei Starum ta en doe oer de Noardsee nei Ingelân. En no lei de Boalserter haadling sels plat en seach mei koartsige, suver bange eagen op nei de soan fan Bocke Doedinga, dy't er by Ysbrechtum noch in jonkje neamd hie. Hy frege, wannear't de float Marre soe en oft er dan wol mei koe? Rienk hie oan de skouders lutsen, want hy wist it sels ek net. It soe noch wol even duorje, want Sierk Ekinga hie him noch net útlitten oer de dei fan ôffarren.
Wylst de hynders, op it plak dêr't it paad in bocht makke, mei de koppen ticht byinoar kamen, frege Rienk: ‘Makket de kening meikoarten bekend wannear't wy útfarre?’
Sierk Ekinga draaide it gesicht nei him ta en lake: ‘Lôget it hillige fjoer no al op?’
‘As dat net sa wie, hie 'k better yn Snits bliuwe kind,’ sei er nei wierheid.
| |
| |
Hy tocht oan Marije en yn syn ferbylding fielde er de waarmte fan har lea en leafde, dy't foar him ien en itselde wiene.
‘Wy kinne moedige striders as dy goed brûke,’ sei Sierk, ‘mar om op dyn fraach werom te kommen, ik sil moarn de kening ferslach dwaan dat de float oer in wike seeweardich is, ek de beide koggen út Starum. Ik ferwachtsje dat wy nei it feest fan Sint Joris útfarre sille, as it grutte toernoai west hat.’
‘Sint Joris?’ frege Rienk.
‘Dat is de patroanhillige fan de kening of leaver fan de Oarder fan de Blauwe Hoasbân, dy't Edward III stichte hat. De feestdei fan Sint Joris wurdt op 23 april holden en...’
Sierk Ekinga hold it hynder yn en wiisde nei in ploechje manlju, dy't foar in herberch mei gleone koppen stiene te roppen en te razen tsjin in man yn kreaze klean. It seach der nei út dat se de hollen al folle faker foar de drank yn de nekke lein hiene as op dizze oere fan de dei ferantwurde wie.
‘Trochride!’ sei Sierk. ‘Se hawwe it net op hege hearen stean, foaral net as se in pear op ha.’
Wylst se by de herberch lâns daveren en de boeren yn in stofwolk efterlieten, hearden se har razen en flokken.
‘Noch in pear jier en dan ha de eigners fan de grûn neat mear yn te bringen,’ sei Sierk skodholjend.
‘Neat mear yn te bringen?’ frege Rienk ferheard.
Hy seach oer it skouder. De boeren krongen mei swaaiende fûsten op nei de lânhearre, dy't no mei de rêch tsjin de muorre stie. ‘Ik tink dat it dy kant op giet,’ sei Sierk. ‘Sûnt de pest, dy't hjir yn de jierren fyftich raar húsholden hat, en de oarloch mei Frankryk is it tal manlju yn Ingelân hurd efterút gongen.’
Hy wachte efkes en ferfette Mtsjend: ‘Net allinnich de froulju komme dêrtroch oan de krapperein, mar de grûn ek. Der binne te min hannen om it lân te bewurkjen en sa kin it mansfolk leanen easkje dy't fier útgeane boppe it wenstige. De measten fersûpe it jild yn de herberch en wegerje fierder te wurkjen, salang't se gjin
| |
| |
leansferheging krigen ha, mar hawar...’
‘Dêr soene wy yn Snits oars mei ôfweve,’ grommele Rienk.
Hy wûn him op oer de ûnferskilligens yn de toan fan de opsichter. Wat moast der fan komme, as it gewoane folk it foar it sizzen krige en sa de ynstelde oarder fersteurde? Hie muonts Martinus fan it Johanniter kleaster him net leard dat de Skepper eallju, geastlikheid en boeren op ierde in fêst plak taskikt hie? Hy, Rienk Bockema, soe nea talitte dat Wamme Alderts en syn maten it letter tsjin him yn de kant setten. By it earste teken fan ferset liet er op de galge oprjochtsje en dyselde deis noch soe it lyk fan de opperteur oan it tou hingje as ôfskrik fan hiel it folk fan Snits. Hy skrille op út syn tinzen fan in traap tsjin de skonk.
‘Bist dôf?’ rôp Sierk.
Hy wiisde nei de stêd, dy't efter in beamwâl wei, foar it ljocht kaam.
‘Dat is oars wat as Snits!’ rôp er laitsjend. ‘Tink der mar om dat it folk fan Londen net mei dy ôfweeft. It moat neat fan bûtenlanners ha dy't alles better witte.’
Se rieden efterinoar oer in brede dyk, oan de súdkant fan de Theems, dy't sulverich skittere ûnder de sakjende sinne. Op wetter en wâl wie it folk noch drok oan it wurk. Sjouwerlju tôgen sekken en kisten yn en út 'e skippen, karren rattelen oer de dyk en hompten troch kûlen. In fuorman fjurre in âlde kêde oan en flokte it bist út, doe't de karre kreakjend stykjen bleau yn in djip spoar.
Rienk Bockema draaide de holle allegeduerigen fan de iene nei de oare kant, safolle wie der te sjen. Winkels, wurkpleatsen, pakhuzen, herbergen, stinzen, de strjitten stiene der fol fan en alles like folle grutter as yn Snits. Oeral riisden stiennen tuorren op, de measte heger as de trije tuorren fan de Snitser Martinustsjerke.
‘Se bouwe hjir heech,’ sei er.
‘Wat machtiger de hear, wat heger de toer,’ sei Sierk.
| |
| |
Rienk glimke, want de wurden fan de opsichter rôpen wekker wat al jierren yn him slûmere. Londen joech oan hoe't er letter syn macht yn Snits oan it folk sjen litte moast. No wist er hoe heech as de toer fan Rodenboarch wurde soe.
Oan de eastkant fan Londen, op it plak dêr't de rivier in bocht nei it noarden makke, liet Sierk it hynder ho hâlde. Hy wiisde nei in kastiel mei fjouwer tuorren en sei: ‘Hjir is ús nachtferbliuw.’
‘Dat koe wol minder,’ bearde Rienk, ‘net folle Friezen kinne sizze dat se oan de râne fan Londen sa skoander wenje.’
Sierk skodholle laitsjend.
‘De moat dy earst fertelle wat ik salang mooglik útsteld ha,’ sei er geheimsinnich.
Hy wachte, seach om him hinne as wied er bang dat ien him ôfharkje soe en gong doe fierder: ‘Hjir wennet John Harrington, lid fan de Oarder fan de Hoasbân en gesant fan de Ingelske kening, mar om't er meastal yn it bûtenlân is, fielt syn frou Mary Thetford har faak allinnich. Dêrom en om't ik hielendal wei fan har bin, kom ik wolris in nacht op besite...’
‘Soa,’ gnyske Rienk, ‘de Fries wit hoe't er it Ingelske wyld reitsje moat.’
De driften, dy't er salang al bedimme hie, begûnen te smeulen.
‘Do sjitst justjes njonken de wierheid,’ sei Sierk smeulsk, ‘yn Ingelân kin in hear him behearskje, wannear't er wurk makket fan in oar syn frou.’
‘En do silst my wiismeitsje datst har mei gjin lid oanrekkest!’ rôp Rienk.
‘In hântút en op bêd hân yn hân... se neame it hjir de hoaske leafde, berutsen fjoer dat miskien ienris oplôget. Mar yn de tuskentiid gean ik wol foar Mary Thetford troch it fjoer.’
‘Froulju ha leaver in fjurrige man.’
Sierk sloech gjin acht op dy wurden en prate ûnfersteurber troch: ‘As wy tsjin de Turken stride, ha ik Mary Thetford foar eagen en as it moat, sil ik foar har stjerre, dat is echte leafde, Rienk
| |
| |
Bockema, mar hawar, ik ha as Fries ek leare moatten hoe mei froulju om te gean.’
De toan dy't de opsichter yn de lêste wurden lei, rôp argewaasje by Rienk op en doe't Sierk Ekinga útstelde om nei it kastiel ta te riden, dêr't ek wol plak wie foar in ekstra gast, grommele Rienk dat er net ûnder itselde dak sliepe woe as de twa tamme dowen yn de hoaske leafde.’
‘Ik sykje wol in herberch op, dan treffe wy inoar moarn wer,’ sei er.
Hy hoarte oan de leie en ried de stêd wer yn.
De sinne sakke stadich efter it kastiel fan John Harrington en sette it yn in reade gloede. Doe't Rienk Bockema by de bocht fan de rivier de holle nijsgjirrich oer it skouder draaide, moasten syn eagen in telmannich oan dat ljocht wenne. Hy seach noch krekt de tsjustere skym fan hynder en ruter oer de brêge riden.
‘Hoe is it mooglik, hân yn hân mei Mary op bêd, as siet der gjin oar lid oan it lichem,’ mompele er.
Mary... Marije... it flitste him as de wjerljocht troch de holle. Hie hysels ek net yn him omgean litten dat er foar de Leave Frouwe fjochtsje woe, as it moast oant de dea derop folge? Bedoelde Sierk Ekinga dat mei hoaske leafde? Mar mei Marije wie it hiel oars, sy rekke him mei har mankelike glimk om de lippen yn lea en siel tagelyk. Gjin frou op ierde hie him oant no ta mei sa'n leafde troffen as de mem fan Kristus. Hy helle se ien foar ien foar de geast: Lipkje fan Goaiïngasweagen, de fammen fan Noardwâlde, Bot mei har meager stal... Wike Lolles... Wike? Yn de stâl, doe't er mei har allinnich wie en de moard oan har opbychte, hied er gjin inkele oanstriid hân om har benei te kommen. Op dat stuit like se foar him in hillige, dy't him befrije koe út 'e kloeren fan Lúsjefer. Mar yn de lette jûn nei it brulloftsfeest, doe't er dronken op it hynder hong, wie se mei Wamme Alderts op strjitte en wa wit, hiene se yn dy nacht de driften opinoar útlibbe.
| |
| |
It wynde him op en hy fernaam syn eigen ferlet. Doe't er foar him it úthingboerd fan in herberch gewaar waard, stapte er fan it hynder en treau de doar iepen. Yn de skimer fan de jachtweide foel in baan ljocht oan in lange tafel ta.
‘Is der in gaadlik plak foar myn hynder?’ frege er, wylst er de leie nei foaren rikte.
In breed stâl gong oerein, rûn op him ta, knikte freonlik en knipte mei de fingers. Ut in tsjustere hoeke kaam in foech jonge foar it ljocht, dy't de holle bûgde en de leie fan him oernaam. De grouwe kastlein naam him mei nei in lytsere tafel tusken finster en doar, meneuvele mei de hannen om de mûle hinne, lei de holle op it rjochterskouder en die de eagen ticht. Rienk knikte en sei dat it wol de bedoeling wie.
Nei't syn eagen wend wiene oan de skimerige romte, waard er by de lange tafel twa froulju tusken in ploech drok pratende manlju gewaar.
Doe't Rienk Bockema nei in goed oere mei it mes yn in stik dampend fleis fike, gong ien fan de twa froulju oerein en stiek oer nei syn tafel. It ljocht fan de flakkerjende kearsen dûnse oer de donkerreade jûpe, dy't by de hals iepen hong. Dêrboppe glimke mei strieljende eagen en folle lippen in gesicht dat frege om syn selskip. Rienk gluorke ûnder de wynbrauwen wei nei har steil stal en wiisde nei it plak nêst him.
Doe't se siet, rûn har sjongend lûd him as lij wetter yn de earen en daliks fielde er him thús by har. Wylst er trochkôge, pakte se de krûk bier en geat glimkjend syn beker fol. Ut 'e eachhoeken wei seach er dat it ljochte fel by de hals fan de jûpe der justjes útpûle.
Sy prate, hy knikte en hoewol't de betsjutting fan fierwei it measte him ûntgong, begriepen se inoar. Hoe faak er knikt hie, alle kearen wannear't se him de krûk foarhold, wist er net en koe him ek neat skele. Op 't lêst soe se him it sliepplak wize en hy strof- | |
| |
fele efter har oan by de kreakjende treppen op.
Op it bêd boppe de jachtweide foel er dy nacht mei de hiele lea op har dynjende lichem.
|
|