| |
| |
| |
9 De oanfal
Fan Himmelum oant Ealahuzen, fan Koudum oant Riis, oeral kamen se wei, de wrottende boeren en it rûge, roppige folk, dat in grut part fan it jier gjin oanslach hie. Se wiene op 'en paad nei de stins fan de bolle fan Aldegea. De boeren twong er fanwegen de oanspraak dy't er makke op 'e frucht fan harren grim, mar tagelyk sei er elkenien in part fan de bút ta dy't se nei de oerwinning meitôgje soene. Wat hiene se ek te ferliezen nei sa'n misjier. De kerlen yn de ieren ferskimmelen troch wiete riten en de greide soppe fan it hege wetter. Binden soldatefolk strûpten geregeld doarpen en buorskippen, ferkrêften froulju en jonge fammen en stieken manlju del dy't besochten it ûnheil te kearen. Nachts koene se oan it spoar fan de brannen sjen, hokker rûte de rôvjende en moardzjende binden namen. Wie it in wûnder dat it folk yn wanhoop rekke en him fêstklamme oan de belofte fan Walle Galama? Gleone wraak op 'e fijân en rike bút om de winter troch te kommen.
Doe't de earste ploechjes manlju op dy rêstige dei yn it lêst fan augustus 1366 op Aldegea tasetten, stapte Rienk Bockema op it hynder foar in sabeare jacht. Mei de bôge oer it skouder en de pylkkoker oan de brede riem, dy't er sels út kowehûd snien hie, ried er earst de kant fan Ealahuzen út. It wie noch yn de moarntiid en foar't de sinne op it heechst wie, soed er de paden nei it noarden ta ferkenne. Dêrnei kaam it gefaarlikste part fan de ûndernimming, by de boskrâne lâns nei it suden ta, dêr't de stins fan hear Agge stie. Om by de fijân gjin erchtinken wekker te roppen, hie Walle Galama him allinnich op ferkenning stjoerd. En as er al yn de knipe kaam, hied er in hynst ûnder him dy't hurder drave koe as de measte hynders. Boppedat droech er ûnder de jas in tsjoklearen himd, dat him beskermje moast tsjin ûnferhoedske
| |
| |
oanfallen. In swurd, ferburgen ûnder de klean, wie derfoar as se him al tenei kamen.
De kant fan de Fluezen út, oan de ein fan in feart, wie in donker plak yn it grien. Waar en wyn hiene yn in healjier it stee fan de kluzener fan Noardwâlde suver útwiske. Takom jier soe it gers ek troch de swarte resten hinne komme.
It hie Rienk fan 't maitiid djip yn it moed taast, doe't it ferkuolle lyk fan de fisker dêr samar op 'e drompel fan syn klintsje lei. Walle Galama hie de manlju derop oansprutsen, mar doe't dy ferklearren dat de kluzener gjin partij tusken Galama en dat swyn fan in Agge kieze woe, wie foar him de saak ôfdien. Net kieze foar ús, wie kieze foar de oar en dêrmei waard de fisker ta fijân. Rienk pakte in pylk út 'e koker, lei dy op 'e bôge en skeat. Hy lake lûdop doe't er likernôch it plak trof dêr't de fisker delsiigd wie. Al lang hied er ôfskie nommen fan alles wat him oan de kluzener bûn: syn fromme praat oer de Skepper dy't er faak moete op de Fluezen en de rie om mei in goede frou te libjen. Wat deale, hy hoegde noch lang gjin frou nêst him, sûnt er sa no en dan die wat Walle Galama him dy nacht by Harich oanret hie: pakke en tastekke oant it hiele limmet deryn siet. Alle kearen wer wie it in striid om te krijen wat er ha woe, de wielderige bút, it folslein útlibjen fan syn driften, de oerwinning op 'e eangst dy't er nei it foarfal yn de wyldernis fan Goaiïngasweagen salang hân hie. Hy gnyske, doe't er tinke moast oan it sizzen fan de fisker dat er net by de hurd sitten bliuwe moast. De romte fan de wrâld, dat wie syn doel, dêr koed er belibje wat it bestean de muoite wurdich makke.
‘Hast gelyk, âlde!’ rôp er.
Doe sette er it hynder oan, dat mei faasje fuort fjouwere.
It foel op dat der mear folk op 'en paad wie as oars. Tusken Noardwâlde en Wâldsein, dêr't troch it sinnige waar fan de lêste
| |
| |
dagen de puozzen opdroege wiene, kaam er trije kear in ruter tsjin. Wêrom soed er eins fierder ride? Sûnt syn reis mei Boate Kammen wist er krekt wêr't se lâns moasten. En yn de omkriten fan Snits, fan De Hommerts oant Boazum en fan Twellegea oant Boalsert, hied er al sa faak yn it fjild omdoarme dat er de paden wol dreame koe. Foarby De Jutryp soene se oer de dyk nei Drylts ta en sa fierder op Boalsert oan. En dêr soed er nêst Walle Galama stride om de skeinde eare fan de haadling fan Aldegea te wreken. Mar earst moasten se it swyn fan in Agge libben út syn festing helje en oan hannen en fuotten bûn meifiere nei syn dochter. En as de Juwinga's dan net omlyk woene, soene se de âldman foar har eagen ombringe.
Rienk Bockema loek oan de leie en it hynder draaide in heale slach. Om't de ruter foar him stadich ried, hold er yn. Faaks wie it in boadskipper út Boalsert, dy't op 'en paad wie nei de stins fan de fijân. It koe gjin kwea ôm earst ôf te wachtsjen oft de man ek by de boskrâne lâns ried, dan wie it wis dat er de stins as bestimming hie. Mar soed er it oandoare om de breedskouderige boadskipper yn te heljen en as ferfolch op in ynliedend praatsje nei syn doel te fernimmen? Hy wie noch mar sechtjin, hie inkeld in pylk ôfsketten nei de skreef yn de stinsmuorre en it swurd oars net brûkt as om te oefenjen en om boeren te bedriigjen dy't wegeren oan Walle Galama's easken te foldwaan. As it oankaam op in fjochtsjen, soed er de striid om Gaasterlân en Boalsert, dêr't er sa nei útseach, wol ferjitte kinne.
Mei in hoart draaide Rienk de holle oer it skouder. Hy hie gjin achtslein op it lûd út 'e fierte wei en no't it ploechje ruters him yn de rêch seach, koed er net mear in oare kant op sûnder har erchtinken wekker te roppen. Hy soe wachtsje oant se him ynhelle hiene en dan troch de bosk fierder ride.
Se wiene no deunby. Hy hearde tusken it fjouwerjen troch it hymjen en snuven fan de hynders. Wêrom kamen se rjocht op him ôf en wieken net út? Wat wiene se fan doel? Sûnder erch glied syn
| |
| |
hân nei it plak fan it swurd ûnder de klean as woed er wis wêze dat it dêr noch hong. Doe fielde er in klap op it skouder en seach er yn in laitsjend gesicht.
‘Hea, frjemd folk, hear Juwinga stjoert ek elkenien mar nei âlde Agge ta!’ rôp in wide mûle mei rûnom read stoppelhier. ‘Wêr komst wei, maat?’
It skeat as de wjerljocht troch Rienk hinne dat er no op syn iepenst wêze moast en ûnferskillich sei er: ‘Wat kin it hear Agge skele, wêr't wy weikomme? As er syn stins mar oerein hâldt.’
Efkes wie it stil, doe seagen se elkoar oan en bolderen it út.
‘Oerein hâlde, seit er, hy kin him yn it bedstee by in jong wiif sels net iens mear oerein krije!’
It wie de reade wer, mar de oare trije kamen ek op dree en sloegen goare taal út. Se soene, as se Walle Galama syn kop derôf hakke hiene, de wiven fan it suden op 'e rêch lizze en har eigen stins leech sjitte. Mei bûnzjend hert harke Rienk har oan, mar al gau die bliken dat se him beskôgen as ien fan harren en foarby Harich balte er al like rûch en goar mei.
Doe't oan de ein fan de bosk de stins fan hear Agge tusken de stammen troch skimere en de ruter foar harren efter de palissade wei waard, frege er him ôf hoe't er it ha moast. Yn de eagen fan syn nije maten hearde er by it folk fan Juwinga en soed er aansen mei har de stins ynride. Mar as er dêr ien kear wie, moast er it spul fierder meispylje, koed er gjin ferslach útbringe oan Walle Galama en soe dy him letter geweken nimme, teminsten as er de kommende striid al oerlibbe.
‘Ik moat earst út 'e broek, oars rêd ik it net!’
It wie in gjalp dy't folslein oansleat by it rauwe roppen fan syn sabeare maten en mei fernuvering stelde er fêst dat er him yn in koart skoftke sa maklik by harren oanpast hie. It wie rekke, want se besleine it daliks mei de gek.
‘Do rêdst it ek net, want der is hjir gjin wiif te bekennen!’ âle de reade.
| |
| |
Under it skatterjen dat folge, stjoerde Rienk de hynst nei de bosk en rôp: ‘As it folk fan dy goare Galama my it swurd net yn 'e kont stekt, bin ik aansen sa yn de stins.’
Hy liet him fan Swarte glide en fierde de hynst djipper de bosk yn. Mei it gesicht nei de stins ta gong er, sûnder dat er de broek sakje liet, yn de hoksen sitten. De fjouwer ruters seagen net mear op of om, mar draafden streekrjocht op it bouwurk oan, dat se meikoarten ferdigenje moasten tsjin de fijân dy't se ûnderweis ynhelle hiene. Hy gnyske om it spul dat er niis sa handich spile hie.
Doe't er wer op it hynder siet, skrille er op 'e nij op fan ruterfolk. Hy bleau in skoft tusken de stammen stean en stelde fêst dat de ferdigening fan de Aggestins aloan sterker waard. It makke him ûnwis oer de ôfrin fan de striid, mar dêr stie foaroer dat hysels in belangryk berjocht oan Walle Galama oerbringe koe. De sinne wie al oer it heechste punt hinne, doe't er mei in omwei wer op Aldegea ta ried.
It wie yn de betide moarn fan de earste septimber 1366, doe't in lange kliber troch Noardwâlde nei it noarden tasette. Foarop rieden de fêste ruters fan Walle Galama, folge troch de boeren en it weismiten folk út 'e kontreien fan de Fluezen. Se hiene messen en dolken oan de riem, seinen en heafoarken oer it skouder en seagen út nei de dei dat se wraak nimme koene foar wat harren oandien wie. Mar noch mear longeren se nei de bút dy't de bolle fan Aldegea har ûnthjitten hie en nei in jongfrommes, dat se as libbene beleanning foar de oerwinning frij brûke mochten om harren driften op út te wierjen. Wie it dêrom dat se yn it earstoan de gong der sa yn hiene? Der foel sels gjin inkeld gat yn de lange staasje. Efter it fuotfolk loeken hynders tsien swiere weinen mei proviand, ljedders, balken en planken. Alhiel efteroan rieden fjouwer ruters om de stadigen oan te trunen en berjochten mei faasje nei foaren te bringen.
| |
| |
Rienk Bockema ried foaroan, nêst Walle Galama, dy't op it hynder siet as wied er op swinejacht. It fernuvere him net dat de oanfierder sa ûntspannen eage. Hoewol't it boadskip dat er meinommen hie út Gaasterlân, earst ynslein wie as in pylk ûnder de gurle, duorre de betizing by Galama net lang. Hy gromme dat it dan mar oars moast en boldere in amerij letter fan it laitsjen. Fansels moast it oars! As se it âlde swyn net pakke koene, soene se de jonge sûch fan in Tetsje út Boalsert helje, dy meifiere nei de Aggestins en foar de eagen fan de heit de dolk op 'e hals sette. Hy koe syn dochter dan earst libben yn de earmen slute, as er Walle Galama de Aggestins yn hannen joech.
Rienk seach oer it skouder. Oer de dynjende hollen fan ruters en fuotfolk skimeren hiel yn de fierte de bosken fan Gaasterlân. Dêr moast ek de fersterke stins lizze, dy't se sûnder stjit of slach yn besit krije soene. Seach er by de boskrâne wat bewegen?
It like as hie Walle Galama ret wêr't er oer tocht: ‘Wy binne hjir oer in lytse wike wer. As it grutste part fan Juwinga's folk by Agge húshâldt, ha wy de stins yn Boalsert oaremoarn al yn hannen. Us folk moat fannacht noch in belegeringstoer yninoar slaan, dan kinne wy moarn al de earste oanfal ûndernimme. Mar miskien is Juwinga wol sa benaud foar ús dat er syn Tetsje kwyt wol sûnder in belegering.’
Hy lake lûdop, bûgde nei Rienk en sei folle sêfter: ‘En tink mar net dat wy Tetsje oan Agge jouwe sûnder dat se earst in pear kear ûnder de bolle west hat.’
Hy gnyske soer.
‘Dêr sjoch ik al jierren nei út, jonkje, de dûbele wraak, earst op har en dan op 'e âlde hear. Ik jou har foar in skoftke myn dolk en hy jout my syn stins. Kin it moaier? Sis no sels...’
‘Ik tink it net,’ sei Rienk, dy't net wist wat er mear sizze moast. Hy hie in djippe bewûndering krigen foar de rûge boer, dy't it slagge wie baas te spyljen oer in smite folk en meikoarten de macht útoefene oer sawat de hiele Súdwesthoeke. Hy wie der
| |
| |
grutsk op dat er net allinnich syn skyldfeint wêze mocht, mar dat Walle Galama him ek, al hoe jong as er noch wie, yn fertrouwen naam. Tagelyk makke it him bang. Hy fielde de swiere druk fan it rûge libben en de fûle striid, dy't in man fan goed fjirtieh, in haadling noch wol, him op 'e skouders lei. As er no ris net foldwaan koe oan syn ferwachtings? In pylk dy't er net oankommen seach, in ûnferwachte oanfal fan efteren...
Wer draaide er him om yn it seal en digere yn de fierte, mar diskear wie de ruter dy't er de earste kear by de boskrâne sjoen hie, der net mear.
‘Wat is deroan?’ frege Walle Galama, ynienen noartsk.
‘Ik seach niis in ruter...’
‘It binne hjir allegearre ruters.’
‘By de boskrâne.’
‘Agge sil nijsgjirrich wêze.’
It klonk ûnferskillich, mar hâlden en dragen fan de haadling feroare op slach. Hy sette it hynder oan en joech in gjalp dat se de gong deryn hâlde moasten.
It leger fan Walle Galama drafke, boksele en rôle fierder. Der waard net folle mear sein. It gebiet dêr't se trochhinne teagen, swei ek oan alle kanten. Folk op it lân, dat út 'e fierte wei de wapene kliber yn de gaten krige, spile fan ruten en waard wei etter de muorren fan boerespultsjes en klinten.
Op 'e midden fan de dei begûn de sinne te stekken en smoarge, ferware hannen fagen it swit fan de foarholle. De manlju setten de krûken oan de mûle en klokten it donkere bier, dat se fan Walle Galama meikrigen hiene, troch de kiel. It holp mar efkes. Stadichoan stiek yn de aloan langer wurdende rige it protteljen op as in oanheljende wyn troch de beammen.
Rienk Bockema hie in pear kear skrutel oer it skouder kipe, mar doarst neat te sizzen tsjin de bolle fan Aldegea, dy't stoef foar him útseach. Wie it de ruter by de boskrâne dy't syn stimming
| |
| |
ynienen feroare hie? Of woed er, foar't it tsjuster ynfoel, foar de wâlen fan Boalsert wêze en gong it him net hurd genôch?
Doe't se it paad nei Drylts ta ynsloegen, skode in streek bewolking foar de sinne en stiek der in koeltsje op. Mar noch altyd klonk efter harren it suchtsjen en stinnen om in plak dêr't se in skoftke de wurge lea lins jaan koene.
Rienk draaide it gesicht geregeld nei rjochts, dêr't de tuorren fan Snits boppe de dakken en wâlen útstieken. Hy koe rjochts fan de Martinustsjerke it dak fan Rodenboarch sjen. It makke him ûnrêstich as waard oan him lutsen troch twa tsjinstelde krêften. Foar gjin san hynders hied er werom wollen nei it ientoanige libben yn de stêd, teminsten út 'e fierte wei besjoen, mar no't er der tichteby wie, kaam de twivel boppe. Wie Walle Galama wol de man dêr't er him foar hold: moedich, foar gjin gat te fangen, rûch en rjocht foar de raap? Of wie it in bolle, de iene kear te fertrouwen, mar in amerij letter sinnich en ûnberekkenber?
Noch altyd siet er steil op it hynder en seach er op noch om, hoewol't de ûntefreden lûden wer oanboazen. Ynienen draaide er de holle oer it skouder en raasde: ‘Bek hâlde, by dy bosk dêre kinne jim de luie bealch syn gerak jaan!’
It wie op slach stil. Allinnich de weintsjillen pipen en kreaken troch, sa't it hearde folle lûder as earst.
It soldatefolk fan Walle Galama lei ferspraat ûnder de beammen fan de Ysbrechtumer bosk. Guon snoarken mei iepen mûle, oaren stoareagen nei de loft dy't tusken de blêden troch skimere. Hoewol't de sinne alhiel efter de hege bewolking weiwurden wie, broeide de waarmte wiet op it fel. In pear simmerske dagen hiene al tefolle west; sa't it no like, soe it minne waar fan 1366 wraak nimme.
Rienk Bockema ried oer it sânige paad by de huzen fan Ysbrechtum lâns. Hoewol't it noch folop dei wie, like it doarp alhiel útstoarn. Sa no en dan waard er yn de kieren fan doarren en lûken
| |
| |
in gesicht gewaar mei grutte eagen, dy't tagelyk nijsgjirrigens en eangst ferretten. Soene se him hjir noch kenne as soan fan de Snitser haadling? Of wied er sa feroare, dat se yn him in folwoeksen soldaat seagen, ien fan de oanfierders fan de rûge troep út it suden wei? Mei it kin justjes omheech beweegde er de holle stadich fan de iene nei de oare kant, benijd nei de yndruk dy't er makke. De deadske stilte yn it doarp en de eangst op 'e gesichten efter lûken en yn gloppen joegen him in djippe foldwaning. Sy seagen by him op, net om't er de soan fan Bocke Doedinga wie, mar fanwegen syn moed yn de kommende striid.
Hy sette Swarte oan, dat it stof waaide yn grutte wolken omheech. Doe't er de lêste huzen foarby wie, koed er yn de fierte it Johanniter kleaster lizzen sjen, op in hichte bûten de Noarderpoarte, heal ferskûle efter de beammen. De tsjerketoer stiek as in warskôgjende finger boppe it grien út. It triomfgefoel, dat er saniis yn it doarp hie, sakke fuort. Hy seach it byld fan Marije wer foar him, it blauwe kleed, de glimkjende eagen yn it smelle antlit. Hy hie yn de kleastertsjerke net bychte. Wêrom soed er dat ek dwaan? Syn libben lei noch foar him, fol mei aventoer, striid en driften dy't om befrediging skreauden.
‘Marije, seinige ûnder de jonge frouwen, sy ha ûnder my lein en ik ha tastutsen,’ gnyske er yn himsels, ‘ik jou it earlik ta, mar ik ha gjinien deastutsen.’
Hy skodholle, doe't ynienen it wiete gesicht op in sompe by Goaiïngasweagen boppe de kop fan Swarte sweefde. Daliks stjitte er mei de learzens de hynst yn de flanken. Hy moast it byld, dat him ûnwis makke en syn moed fermoarde, sa gau mooglik kwyt reitsje.
Swarte fjouwere nei de houten barte oer de Frjentsjerterfeart, dy't breed troch de greiden bochte. Foar him, op 'e terp Abwert, lei de pleats dêr't Sjoerd Jongema foar master opsloech. Soed er derhinne om mei syn útrissing fan oanfierder him de eagen út te stekken? Sa koed er syn gram helje foar dy middei, doe't de boer
| |
| |
him by de Noarderpoarte oan de kant reagje soe.
Foar de barte hold er Swarte yn. It soe ferkeard gean, as de hynst der mei barstend geweld oerhinne dreunde. Yn de stilte dy't nei it fjouwerjen folge, waaiden oare lûden oan. It bolderjen fan in tongerbui dy't út it súdeasten wei opsetten kaam, mar ek fan de kant fan Boalsert wie der leven. Hy draaide it gesicht oer it skouder en siet doe as ferstive yn it seal. Ut it westen wei kaam yn in stofwolk in leger soldatefolk, ruters en fuotfolk, op Ysbrechtum ta. It soe net lang mear duorje as de foarsten wiene by de boskrâne.
Wylst it bloed Rienk Bockema nei de holle fleach, kearde er de hynst, skopte him yn de flanken en jage nei syn meistriders, dy't noch fan neat wisten.
Doe't er by de huzen lâns gisele, griep er nei it swurd en begûn alderheislikst te razen. Tusken de stammen seach er it beweech fan hynders en soldaten, flitsende swurden en boere-ark yn de oanslach om de fijân te kearen.
Te let, skeat it troch him hinne, hy hie as skyldfeint nêst Walle Galama fjochtsje moatten, him beskermje tsjin it leger fan Juwin-ga, dy't it net oankomme litten hie op in belegering fan syn stins. Der loek him in read flues foar de eagen, fan eangst om syn plichtsfersom, mar tagelyk fan in flamjende haat foar de fijân dy't tsjin alles yn de oanfal ynset hie. Foaroerbûgd, mei de holle tsjin de hals fan Swarte, de leie yn de lofterhân, it swurd yn de rjochter, stoarme er op 'e kliber ôf. Wylst Swarte stegere, houde er wyld om him hinne. Hy seach dat it fuotfolk tebekskrille en it paad foar him frijmakke. No koed er trochdrave, nei de Snitser kant ta, dêr't er oansluting fine moast by de ruters fan Walle Galama. Oeral om him hinne wie beweech en leven, mar hy fernaam it amper. Doe't er op it plak kaam dêr't har weinen noch stiene, seach er gjin striidmaat mear, mar wol oare ruters, dy't op him ôfstoarmen mei it swurd yn de oanslach. Yn in skym werkende er ien fan de gesichten, it reade burd om in skreauwende mûle. En ynienen wist er dat syn dream fan dy dei ynhelle wie
| |
| |
troch de wrede werklikheid. Ut it suden wei wiene se op ôfstân folge, de ruters út 'e Agge-stins, en hiene de wei werom ûnmooglik makke. En sa wie it leger fan Walle Galama oan alle kanten ynsletten.
Rienk Bockema kearde en op 'e nij besocht er him troch it fuotfolk fan Juwinga hinne te slaan om by de eigen oanfierder te kommen. Skean efter him wrinzge in hynder en tagelyk flime de pine him troch it rjochterskouder. Om't alle krêft him út 'e earm streamde, moast er it swurd loslitte.
‘Swarte... hjirwei... drave,’ flústere er.
De hynst harke en wiek út nei rjochts, nei it gea dêr't er dy middeis earder west hie. Mar fier kaam er net. Tusken bosk en huzen waard er ynhelle. En doe't in hân de leie pakte, stie er stegerjend stil en glied de skyldfeint fan Walle Galama út it seal.
‘Wêr komst wei?’ hearde er roppen.
Boppe him seach er de punt fan it swurd, dêrefter in jong gesicht mei flamjende eagen.
‘Fan Snits,’ sei er.
De eagen fan de oar waarden lyts.
‘De Juwinga's ha gjin meilijen mei ligers, sels net mei jonkjes lykas do, kom op, de wierheid. Bist ien fan de bolle fan Aldegea?’
‘Ja... mar ik kom fan Snits...’
Hy stoarre yn deadsneed nei it swurd, dat him no op 'e kiel sakke. Boppe him ljochte it en in pear tellen letter rattele de tonger. In amerij seach er gesichten, fan it famke, jongfammen, Marije...
‘Ik wol noch net dea,’ stammere er, ‘wier, ik kom út Snits, Bocke Doedinga is myn heit.’
Hy fielde in traap yn de side en hearde: ‘Opdonderje dan en lit ik dy net wer yn de buert fan de bolle sjen. Want tink net dat Juw Juwinga dy dan wer sparret!’
Hoe't de soan fan Bocke Doedinga rinnend, ûnder in himel fol
| |
| |
fjoer, libben op 'e terp kaam, hat er nea neifertelle kinnen. In Johanniter muonts fûn him dyselde jûns noch, doe't er yn betizing omdoarme yn de kleastertún.
|
|