| |
| |
| |
8 De oanlieding
It jier 1365 wie foar Noardwâlde en omkriten foarbygliden sûnder de wredens fan soldatefolk en natoerrampen. Troch it moaie waar yn it begjin fan de simmer wie it gers ta de grûn útsketten, it hea droech ynhelle en de kerl fan hjouwer en nôt tsjin de boskrânen fan Gaasterlân ta ripe frueht útset. Nei in droege rite wiene de tongerbuien oerkommen mei fûleinige stjalprein. De toarstige grûn hie it wetter opsûge en wie op 'e nij grien wurden, dat de boeren koene foar de twadde kear dat jier meane. En om't de foarrieden grut wiene en de soldatebinden net by de doarren lâns kamen, hie it folk om de Fluezen hinne gjin honger en duorre de winter koarter as oars.
Mei't syn langstme nei aventoer net befredige waard, sleepte foar Rienk Bockema de winter fan de iene yn de oare dei. Foaral de earste beide moannen fan 1366 duorren lang.
Nei't er de einfûgel fan de rêch fan Swarte sketten hie, wiene foar him de dagen fol fan in ûnbehearskbere driuw om sjen te litten wat er koe. Hy klattere mei reid op it tek, lei it oer it gat en bûn it sa fêst dat gjin skuorwyn der wer fet op krije soe. Mei de manlju stie er yn de dridze fan de grêft en skepte him de blierren yn de hannen. En yn de lette hjerst setten se mei hynder-en-weinen nei Gaasterlân ta en kapten dêr beammen foar hout yn de hurd en in palissade om it hiem. Sa fersterken se yn it lêste fearnsjier fan 1365 it stee fan Walle Galama en makken der in foech festing fan. It joech yn it earstoan de spanning dat meikoarten it aventoer begjinne soe, mar nei ferrin fan in pear wike ebbe dy fuort en kaam de ferfeling. Dochs soed er net werom wolle nei Rodenboarch. Hy fielde him opnommen yn de ploech fan folwoeksen manlju, sliepte yn deselde romte as hja, op 'e earste ferdjipping fan de stins, en harke jûns by it fjoer fan de hurd nei de sterke
| |
| |
ferhalen ûnder it iten fan woarst en skinke en it drinken fan brún bier. Boppedat hied er fan Walle Galama de lieding krigen oer de opslûpen jonges, dy't sûnt de slagge proef mei de jerke, by him opseagen. Hy learde harren wat er sels opstutsen hie fan de âlde fisker en oefene mei stokken, as sabeare swurden, gefjochten op libben en dea.
Einlings sloech it waar om. De wyn draaide nei it súdwesten en fierde waarmere lucht oan. It iis yn de sleatten, gefolch fan in pear kâlde nachten yn maart, kaam wetter op en briek troch de oanheljende wyn al gau yn skossen.
Op in rûzige neimiddei kamen de manlju fan Galama byinoar yn de stinshal op 'e earste ferdjipping. Se joegen har del op lange, rûge banken oan wjerskanten fan in brede planke op skammels.
Rienk Bockema siet op 'e knibbels yn in hoeke fan de hal en snie mei syn skerp mes stripen lear út kowehûd foar in bredere riem, dêr't syn wapens oan hingje koene. Hy wie twivelriedich wat er dwaan moast, bliuwe of him ôfjaan, om't allinnich de striidbere manlju oan it berie meidiene.
Mei in fûle klap op it hout makke Walle Galama, dy't oan it haad fan de tafel siet, in ein oan it rauwe hinne en wer roppen fan it omsittend laach. Hy liet de eagen by de manlju lâns glide en frege: ‘Wêrom sit Rienk Bockema hjir net?’
De manlju seagen him ferheard oan en draaiden doe de eagen nei de hoeke fan de hal. Rienk kaam oerein, noch mei it mes yn de hannen, en skufele nei de bank dy't it tichtsteby wie. Se skoden foar him op, mar doe't er sitten gean woe, sei Walle Galama:
‘Dêr net!’
Hy wiisde nei it plak rjochts fan him.
‘Fannacht is Rienk Bockema myn rjochterhân,’ sei er, ‘en as er it goed docht, bliuwt dat sa!’
De hease wurden bleauwen efkes yn de stilte fan de seal hingjen, doe kamen se op Rienk del, earst as it galmjen fan feestklokken,
| |
| |
mar stadichoan waarden se swierder as wiene it de klokken sels. Hjir hied er altyd al nei útsjoen, in haadling dy't him omheech stiek, boppe de oaren út, en oan syn rjochterhân foar de troep útride liet. Mar wat soe him fannacht te wachtsjen stean? En as it ris ferkeard ôfrûn. It bloed jage him nei de holle. Hy fielde it slaan by de sliepen. No moast it him net swart foar de eagen wurde, lykas dy earste dei, oars soene se op 'e nij de spot mei him driuwe. Doe't er de holle optilde, seach er Walle Galama foar it smelle finster stean, de earmtakken op 'e stiennen, de rûge kop yn de gloppe.
‘It is der krekt waar foar,’ sei er, ‘berûn en rûzich.’
Doe draaide er him om en prate fierder oer it reemeitsjen foar in nachtlike tocht, de ferkenning fan in stins en as it sa útkaam in ûnferwachte oanfal. Troch de nije taak dy't him swier op 'e skouders woech, gong it measte by Rienk lâns. Hy hearde allinnich noch dat de hynders by it skimerjen klear stean moasten.
Swarte, tocht er, se soene it tegearre rêde.
It lûd fan de likernôch hûndert hoeven waard dôve troch it rûzjen fan de wyn. Under de jeiende wolken rûnen de hynders stapfoets, twa by twa, as swarte skimen yn in roettsjustere nacht. Hjir en dêr ljochte in finster op, dat as paadwizer tsjinne nei de fierte, dêr't de bosken fan Gaasterlân wêze moasten.
Rienk Bockema ried mei rjochte rêch op Swarte, in pear foet efter Walle Galama. Geregeld moast er de fjurrige hynst efkes ynhâlde, om't er bang wie syn nije posysje troch oermoedigens daliks wer te ferliezen. Sa út en troch seach er fansiden nei de swijende oanfierder as ferwachte er daliks in befel. Mar der kaam gjin wurd, sels gjin teken fan begryp foar de spanning dêr't de nije skyldfeint yn ferkearde. Hy seach in telmannich oer it skouder. Donkere skimen gongen op en del, ûnregelmjittich as dynjend wetter by stoarmwaar. Gefoelens fan grutskens en driging fochten yn him om it foarste plak. Mar hysels hie yn alle gefallen wol
| |
| |
it foarste plak, nêst de hear fan Aldegea, Noardwâlde, miskien wol fan it hiele gebiet súd fan de Fluezen. Hied er dat net altyd al wollen? Hjir hied er fan dreamd, as keaplju, boadskippers of muzikanten út it suden wei yn Snits kamen en op Rodenboarch fertelden fan de kening fan Frankryk of Ingelân, dy't yn in kastiel wenne mei wol fjouwer tuorren. Oan it haad fan hûnderten ridders ried er troch de fjilden, by boskrânen en rivieren lâns oant de striid op it slachfjild losbaarnde. En as de triomfearjende ridders, beladen mei rike bút, troch it eigen folk ynhelle waarden, fierden se feest. Song de muzikant op sokke feesten net oer de sabeare striid op hynders foar de nijsgjirrige eagen fan jonkfrouwen? Wat in oerwinning om de oar fan it hynder te stjitten en sa de eare te winnen fan dy iene dêr't er fereale op wie.
Ynienen moast er oan Wike tinke, dy't op dy jûn it nije learwurk foar de hynders brocht hie. Hy wie allinnich mei har yn de stâl en fielde de waarmte fan it tichtby-wêzen, mar mei gjin finger hied er har oanroerd. It moast itselde gefoel wêze as dat fan de ridder dy't de oerwinning behelle foar de eagen fan de jonkfrou dy't er fereare.
Doe kaam út 'e nacht it byld fan de wyldernis, it lizzende famke dêr't er syn eigen hjitte en skokkende lea op útlibbe hie. Hy die de eagen ticht en besocht sa it byld te ferbaljen. Swarte, dy't syn ûnrêst fernaam, stiek de kop omheech en wrinzge sêft. Walle Galama draaide de holle fansiden en grommele sûnder wurden. Foar harren riisden de noch keale beammen fan de boskrâne op mei de huzen en klinten fan Harich. Hjir en dêr foel in streek feal ljocht tusken de lûken troch.
‘Swarte, kalm, neat oan de hân,’ flústere Rienk boppe de earen fan de hynst.
It rûzjen fan de wyn troch de beammen oerstimde no sawat alle lûden fan de rige ruters. Allinnich kreake sa no en dan in deade tûke ûnder in hoef.
Ynienen werkende Rienk it klintsje fan Boate syn mem, dat wei- | |
| |
sakke like ûnder de druk fan de nacht. De lûken sieten ticht; it libben, as dat der teminsten noch wie, hie him weromlutsen efter de boufallige muorren. Hie de âlde frou it net hân oer it skeel tusken Walle Galama en hear Agge? Der soe reboelje komme en Boate mocht bliid wêze dat er net mear mei yn de striid hoegde. Dat wie it! Hoewol't Walle Galama de namme fan hear Agge net yn de mûle nommen hie, like it derop dat se op 'en paad wiene nei dy syn stins. En hy, Rienk Bockema, ried as rjochterhân nêst deselde man dêr't Boate sa benaud foar wie.
Ynienen sette Walle Galama it hynder oan.
‘Hast de eagen ticht?’ gromme er.
Rienk skokte omheech, begriep it net, mar doarst neat te sizzen.
‘Der draafde ien fuort, hiest al lang in pylk op 'e bôge ha moatten of witst net wat dyn taak is?’
De wurden strimen him yn it gesicht en de pine fan syn falen skrynde noch lang nei.
Nei't se in skoft by de boskrâne lâns riden wiene, stapten se ôf. Walle Galama bûn it hynder oan de beam en joech Rienk in teken dat er it ek dwaan moast. Hy sei tsjin de manlju dat se hjir wachtsje moasten. As it koe, soe de Snitser har wol ophelje.
Doe wonk er en Rienk folge him oer it iepen fjild nei in tsjustere hichte, rjocht foar harren.
Mei bûnzjend hert en stjittende siken rûn er nêst de man dy't him ûnachtsumens ferwiten hie. De bôge hied er yn de iene hân, de oare lei op 'e pylkkoker, dy't oan syn riem hong. Hy frege him ôf wat dy hege skym yn de fierte wie en wat fan him ferwachte waard.
Stadichoan feroare de hichte yn in rjochthoekich gebou mei lege beammen deromhinne. In stinstoer stiek der as mânske wachter boppe-út. Gjin glim fan ljocht krong nei bûten.
Galama gniisde snuvend: ‘It moat ûnferwachts kinne, dat swyn fan in Agge sil grutte eagen skuorre.’
| |
| |
It wie foar de earste kear dat er de namme útspriek, mei in ferachting, flymjend as in swurd.
Se wiene no deunby, foar harren glom in swarte wetterspegel, dêrefter wiene de skerpe punten fan in palissade. Boppe harren moast de loft brutsen wêze, want lânskip en legersteed ljochten ynienen op. Walle Galama syn machtich stâl kaam út bûgde hâlding oerein en doe klonk in grouwélige flok.
‘Hy ferwachte my dus en hat syn maatregels nommen!’
Breedút stie er dêr, de hannen yn de side, in telmannich yn bestân. Rienk seach fan syn hear nei de stins, net wittend wat er dwaan moast. Ynienen streamde it ljocht fan de moanne folop oer de stinsmuorre. Tagelyk wie der in beweging. Der klonk in sûzjend lûd, folge troch in dompige plof deun nêst Walle Galama. In pylk stie skean yn de grûn.
Rienk liet him op 'e knibbels falle, hie al in pylk foar it rjochtereach, lei oan op it plak dêr't de bewegende skym wie en skeat. De tsjustere skreef yn de stinstoer rekke leech.
‘Do hiest de eagen no iepen,’ sei Walle Galama, ‘kom wy geane nei ús folk ta.’
It foel Rienk op dat er ús sei.
De manlju, dy't har ûnder de beammen weromlutsen hiene foar it moanneljocht, seagen benijd op. Rienk bûgde oer de kop fan Swarte om mar neat te missen fan de wurden dy't daliks gewach meitsje soene fan syn tûke sjitten.
‘It wurdt earst neat,’ sei Walle Galama.
It bleau in telmannich stil, doe boaze fan alle kanten lûden fan teloarstelling en ferset oan.
‘En wêrom dan net?’ waard roppen.
‘Dat swyn fan in Agge hat in grêft grave litten en boppedat sille by in oanfal de punten fan de palissade de terms út jim liif rame.’
‘Ik swar dat wy fannacht de boel noch plat krije!’ klonk it heftich.
| |
| |
Rienk hearde Walle Galama snuven, wylst dy nei it swurd griep en driigjend sei: ‘Wa woe fannacht noch plat? No sis op!’
Yn de stilte klonk de skreau fan in fûgel yn deadsneed.
‘Meie wy dan ús gong gean?’
It moanneljocht wjerkeatste fan it swurd, doe't Walle Galama it weromstiek yn de skeef.
‘Allinnich it folk fan Agge,’ sei er.
Der waard roppen en lake. Mei de platte hân kletsten se de hynders op 'e hûd, dat dy stegeren wrinzgjend en fjouweren doe fuort. Walle Galama siet ûnbeweechlik op it hynder, it kin justjes omheech.
‘Giest net mei?’ frege er.
Rienk wifele. No't er allinnich efterbleaun wie by de haadling fan Aldegea, dy't sûnder striid de slach fannacht ferlern hie, fielde er him ûnwis wurden. Wêrom hie Walle Galama neat sein oer wat foarfallen wie by de stins? Krekt doe't er it antwurd op 'e lippen hie, hearde er nêst him, folle freonliker as earst: ‘Dan sille wy ek mar.’
Hy klakte mei de tonge en stapfoets rieden se ûnder de beammen wei. Wylst de stammen oan de rjochterhân by har lâns skoden, frege er: ‘Bist wolris bedondere?’
De fraach kaam sa ûnferwachts dat Rienk stammerjend ûntwiek:
‘Ik leau... ik wit net wat...’
‘Bisto te fertrouwen?’
Hy knikte heftich.
‘Ast my bedonderest, giest deroan, begrepen?’
Wer knikte er en doe, wylst it boartsjen fan moanneljocht en tûken bewegende skaden oer it strakke gesicht loek, begûn de stoefe Galama te praten, sa't er it noch nea fan him heard hie. Syn lûd klonk leech en flak, mar tagelyk fertroud: ‘It is gjin gewoane fijânskip tusken my en dat swyn fan in Agge. Myn haat foar him sit djip, sa djip dat ik ienris syn âlde kop fan de romp houwe sil. Want nea kin ien in man mear reitsje as mei in frou. En as dy frou
| |
| |
ek noch de moaiste yn de omkriten is, dan... begrypste?’
Yn de stilte dy't foel, socht Rienk om in passend antwurd en taastend begûn er: ‘Ik tink dat...’
‘Begrypst der gjin donder fan. Dy frou wie syn dochter, syn bloedeigen dochter. Hoe't it mooglik is dat in gnoarjende bear by in sûch sa'n moaie faam oanset hat, mei ús leave Hear witte, mar ik wie der bliid mei. Geregeld jage ik yn de buert fan de stins op reeën en alle kearen, as ik mei de bút op hûs ta sette, waard ik har gesicht gewaar yn in skreef fan de muorre. It wie foar my it teken dat se my folge. It bloed jage my troch de lea, alle kearen as ik har seach en ik hie my foarnommen om har nei Aldegea te heljen. Dochs twivele ik, want soe in stinshear syn dochter jaan oan in boeresoan, waans âlden efterinoar weitard wiene en dy't no it spul allinnich fuortsette moast? Mar ik wie frij boer mei eigen lan en wurke dei en nacht. Mei wat ik fertsjinne, hierde ik folk om oansjen en macht te winnen en al rillegau wie ik de belangrykste man yn Aldegea en omkriten.’
Hy hold it hynder in telmannich yn en wiisde. Yn de fierte, eastlik fan Harich, lôge in reade gloede boppe de beammen út.
‘Fjoer,’ gnyske er, ‘mar ik hie it leaver earne oars sjoen.’
Wylst er him omdraaide yn it seal, wist Rienk wat er bedoelde. Doe liet er de leie wer los en ferfette syn ferhaal: ‘Dat âld swyn hat syn dochter oan Goslik Juwinga fan Boalsert jûn, hoewol't ik der noch altyd wis fan bin dat har hiele lea om Walle Galama skreaude. Sûnt dy tiid binne froulju foar my rôversguod. Ik pak wat ik krije kin en stek ta.’
Rienk seach dat er it gesicht nei him ta draaide en him hifke.
‘Hasto al ris ien pakt?’
De fraach ketste him troch de holle, rôp it byld fan syn skokkende lea op, dat er mei in hastige ûntkenning daliks wer besocht tebedobjen.
‘Ast wolst, kin it fannacht noch,’ gniisde Walle Galama, ‘wy traapje in doar yn, krûpe by in wiif ûnder de fodden en stekke ta.
| |
| |
Krekt as mei in dolk, yn ien kear yn de bealch en dan trochdrukke oant it hiele limmet deryn sit.’
Hy lake no folút, wylst er yn it seal op en del wipte. Rienk fielde dat it hert him begûn te bûnzjen. Hy striek mei de hân oer de wiete foarholle. Miskien rekke er it byld fan de wyldernis wol kwyt, as er die wat de bolle fan Aldegea útstelde.
Doe't de huzen fan Harich skean foar harren tusken de beammen yn it moanneljocht skimeren, krige er it noch benauder. Hjir, flakby de klinte fan Boate syn mem, koene se net fan it hynder stappe. Wat soe der fan har wurde, as Walle Galama de ferkearde doar yntrape?
Hy fearre op, doe't er boppe de eastlike kym it earste ljocht seach.
‘It wurdt al dei,’ sei er optein, ‘wy kinne it better yn it tsjuster dwaan.’
Walle Galama seach him spotsk oan, begûn doe te laitsjen, sa bolderjend dat in ploechje krieën skrassend út 'e beammen fleach.
‘Soks kin it deiljocht net ferneare, no jonkje? Tinkst dochs net dat de pastoar fan Harich fan 'e moarn in kuierke makket en de noas dertusken stekt, wol? Mar hawar, do learst it fansels, teminsten ast dy de bek hâldst oer fannacht, want oars krigest sels in echte dolk yn de bealch.’
Hy hoarte oan de leie, sloech it hynder op 'e flank en dêr fjouwere it hinne, it keale fjild oer, de kant fan de Fluezen út. Rienk sette Swarte ek oan, bûgde safier mooglik foaroer, dine mei op it fjouwerjen en seach dat de romte tusken him en Walle Galama stadichoan lytser waard. It joech him in gefoel fan oerwinning, fan macht, itselde gefoel as fannacht, doe't er de pylk yn de skreef fan de muorre skeat.
‘Toe mar, Swarte,’ fjurre er de hynst oan.
Doe't er nêst Walle Galama wie, hold er yn. Hy seach dat se net fier mear fan de Fluezen ôf wiene en rjocht op in smeulend
| |
| |
klintsje tarieden. De reek wyndere oer de langte fan in feart, de kant fan de mar út. Dêrtrochhinne skimere in boat.
‘Se soene allinnich it folk fan it swyn te pakken nimme,’ gromme Walle Galama skodholjend.
Hy hold it hynder yn en wiisde nei it ferkoalle lichem op 'e drompel fan de doar.
‘De kluzener sil nea wer fiskje,’ sei er.
|
|