| |
| |
| |
7 De proef
De pleats fan Walle Galama, dy't yn in bocht fan de Aldegeasterfeart stie, wie folle grutter as de boereklinten oan de oare kant fan de dyk. Oan it blanke hout en it ljochte reid koene jo sjen dat der koartlyn noch in stik efter boud wie. Op 'e skieding tusken âld en nij riisde de stiennen toer tsien foet boppe it tek út. It wie in wûnder fan manlike potinsje, hurdens en macht yn in flak lânskip mei inkeld materiaal dat net bestân wie tsjin de krêften fan de natoer. Dêr tsjûge it gat yn it âlde tek fan, dat de skuorwinen fan swiere tongerbuien, dy't de lêste wiken geregeld by de Fluezen lâns loeken, deryn slein hiene.
Der leine op it hiem bulten grûn, útgroeven foar it oanlizzen fan in grêft om pleats en stins hinne. Noch alle dagen stiene de feinten fan Walle Galama oan de knibbels ta yn de dridze om in ferbining te meitsjen nei de Aldegeasterfeart. It wie swier wurk, dêr't de bolle fan Aldegea, sa't se har baas ûnderinoar neamden, de aldersterkste manlju foar ynsette. Se beskôgen it as in eare om foar him de blierren yn de hannen te skreppen en se wisten, de beleanning soe ryklik wêze. Kamen se alle kearen nei in rôftocht net mei in protte bút werom?
Rienk Bockema siet dy moarns ek al betiid ûnder de kij, de holle tsjin it waarme swart-bûnte liif, de rêch justjes bûgd en tusken de knibbels in houten amer. Sa no en dan ûnderbriek er it ritme fan syn bewegende fingers fanwegen de krampige pine yn de polzen. Hy wie wurch, deawurch. It wiene gelokkich de lêste oeren dy't er yn 'e hannen hie. De keppel kij groeide mar oan. Geregeld kamen der in pear by, meastâl nei't de manlju yn de neare nacht efkes by de doarren lâns west hiene, sa't se sels seine.
Nei't Rienk op dy simmerjûn, middenmank wjerljocht, tonger en skuorwinen, op 'e doar fan Galama's stee bûnze hie, wie it him
| |
| |
swart foar de eagen wurden. Hy hie allinnich noch mar stimmen heard en hannen fernommen. Doe wied er weisakke yn it tsjuster fan in dreamleaze bewusteleazens. Se stiene de oare moarns om him hinne, nei't er rûch wekker skopt wie. Hy lei op 'e hurde grûn, nêst in bult hea. Manlju mei ferware koppen en in pear jonges fan in jier of tolve seagen spotsk op him del, ferkochten rauwe grappen oer syn foarname foarkommen en hunen oft er wol wist dat de wjerljocht him yn de plasse slein wie en dat er dêrom it goarste wurk dwaan moast.
Rienk Bockema hearde oan de swiere stap fan de learen learzens Walle Galama oankommen. Flugger beweegden syn fingers om de oeren oant der gjin molke mear útkaam. No moast de bolle efter him wêze. Hy draaide de holle stadich om. Dêr stie er, mei de skonken wiidút, de hannen op 'e rêch, de rûne holle mei it rûge burd as in donkere wolk boppe him.
‘Bist klear?’ frege er.
‘Ja.’
Hy ferwachte, lykas oare moarntiden nei it melken, dat Walle Galama him meinimme soe om it goarste wurk oan te wizen. Mar yn plak dêrfan, frege er foar it earst sûnt syn kommen yn Aldegea, wêr't er weikaam.
‘Ut Snits,’ sei er wifeljend.
De groeden op it gesicht ferloeken ta in spotsk glimke.
‘Ik wit dat Bocke Doedinga net faak by de doarren lâns giet om it folk derûnder te hâlden,’ gnyske er, ‘in jonge snotnoas dy't op sa'n moai hynder út Snits komt, is grif famylje fan him.’
Rienk biet him op 'e ûnderlippe en sei neat.
‘Do bist syn soan,’ snúfde Galama, ‘of net soms?’
‘Ja,’ sei er.
‘It falt my neat ôf dat de soan fan Doedinga it hjir salang úthâldt.’
Hy draaide him om en wiisde nei it gat yn it tek.
| |
| |
‘Dat moat ticht! Do farst mei de boat nei de Fluezen en hellest it âlde reid op, dat dêr fan ferline winter ôf noch lizze moat.’
It klonk as spriek de haadling fan Aldegea him, nei wiken fan stoef en driigjend swijen, frij. Hy mocht nei de frijheid fan de mar, dêr't er rom sykhelje koe, even bekomme fan de swiere gong troch de dei. Mar hy liet neat fernimme fan syn freugde oer dy befrijing.
‘Ik sil earst de molke oerjitte,’ sei er.
De rjochter lears fan Galama rekke de amer en de grûn kleure wyt.
‘Dat gat moat ticht,’ sei er, ‘tink derom jonkje, myn wurd is wet!’
Tagelyk helle er in bôge efter de rêch wei en raasde: ‘Heine!’
Rienk plôke him út 'e loft en koe ek noch de koker mei pylken, dy't derefteroan kaam, gripe.
‘Sa moat it!’ tongere it him yn de earen. ‘Ik ferwachtsje datst mei in pear einen werom komst.’
Doe draaide Walle Galama him om, skopte in ko dy't him yn it paad stie, tsjin de poaten en waard wei yn de stins.
Rienk Bockema boomke de smelle boat troch it wetter dat de Aldegeasterfeart mei de Fluezen ferbûn. Sa no en dan stûke it, rekke it flak fêst yn snilen en pompeblêden, dy't har op guon plakken ferspraat hiene oer de folle breedte fan de feart. Dan moast er him skrep sette, de hiele lea dertsjinoan, dat de boom bûgde.
Hoewol't de sinne noch lang net op 'en felst skynde, leine de klean him wiet op 'e rêch. Mar dit wie hiel oars as it swiere wurk om hûs en hear hinne. Alle wurgens wie fan him ôfgliden. Hy libbe wer, nei't se him wikenlang deaswijd hiene! Hoe faak hied er op it punt stien om de moed op te jaan, der stikem út te naaien. Mar wêr moast er hinne? Op Rodenboarch fielde er him ek faak allinnich. En yn de strjitten fan Snits waard er skoudere, om't er
| |
| |
libbe tusken de stins en it kleaster, de macht en de kennis. De lêste ferachte er, de earste koed er noch net berikke. Efkes kaam de twivel by him boppe. Walle Galama wist hoe't Bocke Doedinga wie, gjin haadling dy't him jilde liet, gjin man fan it swurd, mar ien fan it wurd, weak as de geile oeren fan in ko.
Rienk kwitste mei ferachting in striel flibe yn it wetter. Hy hate kij, no't er de lêste wiken al safolle molken hie; hy hate syn heit ek, dêr't yn Aldegea al spotsk praat oer wie. Mar hysels soe oars, Walle Galama koe op him rekkenje as se by de doarren lâns gongen.
Efter in flauwe bocht lei ynienen it ronfelige wetter fan de mar, donkerblau mei hjir en dêr it grien fan sompen reid. De wide flakte foar de boech fan de boat loek oan, fanwegen de frije romte, mar tagelyk wie dêr de benearing fan it allinnich-wêzen yn in ûnberekkenbere natoer.
Rienk treau noch ienkear út alle macht, doe raamde er de boom út 'e dridze, stiek him omheech en joech in gjalp. It wie in skreau dêr't er alle opkroppe gefoelens fan de lêste tiid yn utere. In pear einen spatten lûd kwêkjend út 'e reidseam en lieten in baan fan sulveren drippen reine. Einen! Hy moast in pear einen sjitte, hie Walle Galama sein. Tagelyk kamen de bylden fan de einen yn de Hookslinke by him boppe, folge troch de weagjende reiden fan de wyldernis, de geiterêch en it famke. En op 'e nij joech er in gjalp, diskear om syn gefoelens gjin kâns te jaan him te oermasterjen en him de frijheid fan dizze oere te ûntnimmen.
Hommels skrille er op fan it beweech fan de reiden. In holle mei lang griis hier skode deroerhinne, de boech fan in oare boat kaam om de hoeke. Doe seach er yn de donkere eagen fan in âlde fisker. Dy hie yn de iene hân in boom en yn de oare in ielkoer fan wylgetûken.
‘In foech jonge noch mar,’ mompele er skodholjend. ‘Ha se dy wat oandien, baaske, datst sa raast?’
Rienk wist net wat er sizze moast en bleau swijend stean, wylst
| |
| |
de boat stadich trochdreau. De fisker sette de foet op 'e râne en sei: ‘Efkes wachtsje, ik frege dy wat.’
‘Ik wie bliid dat ik nei de mar koe,’ sei Rienk, de fraach ûntwikend.
‘De bolle fan Aldegea hat dy te pakken, ik sjoch it oan de boat.’
De fisker kwitste in striel flibe tusken de brune tosken troch, de lêste dy't er noch yn de mûle hie, en grommele: ‘Ik soe mar oppasse, feintsje, dat er dy net de dea ynjaget, do bist noch te jong om troch in pylk of it swurd te stjerren.’
Hy liet de boom en ielkoer op 'e boaiem sakje en gong op 'e râne sitten, wylst er mei ien hân de oare boat fêsthold. Hy meneuvele dat ek Rienk him deljaan moast. Doe prate er fierder, oanienwei, as hied er dagenlang neat sein: ‘Sa't ik sei, de dea soe jonge minsken net op 'e lea springe moatte. En no tinkst fansels, wêrom hat er dy âlde fisker dan noch net pakt? Dy libbet mar trochen kin alle dagen mei syn boat op it wetter omskarrelje. Witst hoe't dat komt?’
Hy wachte efkes, swaaide mei bûgde earm as woed er de hiele mar omfiemje en joech doe sels it antwurd: ‘Om't de dea hjir net sa faak komt en de duvel ek net.’
Hy begûn te laitsjen dat de tosken kamen hielendal bleat.
‘Dat hiest net tocht, no? Menear pastoar nammers ek net. Dy wol ha dat de duvel op iensume plakken omskarrelet om swalker en kluzener ûnferwachts te oerfallen. Dat die er ommers mei ús Leave Hear ek. Mar dat wie yn de woestyn en wy binne hjir op de Fluezen. Se neame my de kluzener fan Noardwâlde, mar noch nea is dizze kluzener de duvel tsjinkommen en de dea kin my hjir oant no ta ek net fine. Witst wa't ik hjir wolris tsjin kom?’
Wer wachte er, wylst er om him hinne seach as soe der ien kommendeweis wêze. Syn eagen bleauwen op Rienk hingjen. Dy loek justjes oan de skouders.
‘De Skepper sels, jonge. Op sa'n kostlike dei as hjoed soe Hy hjir ek wêze moatte, mar miskien hasto Him mei dyn gjalp op- | |
| |
keard. As ik hjir sa oer de mar boomkje, hear ik Him yn it rûzjen fan wetter en reiden. Hy kuieret mei my op as wiene wy tegeaire yn it paradys, mar...’
Hy wifele en syn stim wie ynienen tryster, doe't er sei: ‘Eva ha 'k nea oan myn side hân. As ik dy wie, jongfeint, soe ik in goede frou sykje om mei te libjen, asto wer thús bist. Mar bliuw net by de hurd sitten, gean derop út, sykje de romte op, want dêr belibbest wat it bestean de muoite wurdich makket.’
Hy rikte nei de ielkoer en die de hân deryn. It lytse wytfiskje dat er derút helle, stiek er yn de mûle en slokte it yn ien kear troch.
‘Miskien is it mar goed dat ik Eva net kend ha,’ sei er laitsjend.
‘Kinst better in fiskje ite as datst yn in apel bytst, want de duvel en de dea komme op apels ôf en net op fisk. Dêrom ha 'k se hjir noch nea sjoen. Wolst ek in fiskje?’
Syn hân rikte wer nei de koer, mar doe't er seach dat Rienk derfan griisde, skodholle er.
‘Dan sels mar witte.’
Ynienen foel it each fan de fisker op 'e bôge, dy't op 'e boaiem fan de boat lei. Hy frege oft er him efkes yn de hân ha mocht, meneuvele der wat mei om, loek in pylk út 'e koker en fertelde dat er sa no en dan ek wol in ein of in hazze snipte. Doe stapte er oer yn de boat fan Rienk en lei út, hoe't lichem en each fan de jager har it bêst ferhâlde koene mei de stân fan bôge en pylk. Ynienen waard er stil en draaide him hoeden om. Mei de bôge yn de oanslach kaam er oerein en makke in systerjend lûd. Trije einen spatten út 'e reidseam en op itselde stuit sûze der al in pylk fuort, dy't daliks doel trof. In jerke tûmele nei ûnderen, spatte op it wetter del, draaide swimmend in rûntsje en liet doe de kop hingje.
‘Sa moat it,’ sei er.
In oere letter leine der yn de boat fan Rienk trije einen en in hazze. Sels hied er der twa fan sketten.
Mei in bult giel reid boppe-op syn bút skode Rienk Bockema
| |
| |
werom troch de feart. Om't de boat djipper lei, bleau er faker stykjen en moast er noch mear krêft sette as op 'e hinnereis.
Nei in oere skreppen kaam er hymjend oan foar de stinswâl. Walle Galama wiisde inkeld nei it reid as teken dat er it losse moast. Doe't de bút sichtber waard, ljochten syn donkere eagen efkes op. Hy sette de stim út en rôp dat it heve soe. Rûge koppen kamen boppe de grêftswâl út; de gravers mei farsk slyk op klean en learzens klatteren omheech, smieten de skeppen del en fagen har it swit fan de foarholle. Fan de oare kant kamen de jonges oandraven, soannen fan Galama's manlju, dy't geregeld op it hiem omstrúnden en sa linkendewei fertroud rekken mei it rûge libben op 'e stins.
Rienk seach se oankommen, in ûngeregelde troep dy't mar ien doel hie, de nije! Se bleauwen op ôfstân stean, gluorken swijend fan him nei Walle Galama en wachten ôf. Deselde benearjende spanning as doe't se dy moarns om him hinne stiene, loek alle spieren yn him strak. Hy seach út 'e eachhoeken wei de einen en hazze noch op 'e boaiem fan de boat lizzen. Wêrom moast er mei einen weromkomme? Wat wiene se mei him fan doel? Se koene net sizze dat er gjin jager wie. Hjoed hied er sjen litten dat er wat koe. Dat wie it ferskil mei de dei doe't er hjir oankaam. Hy krige wat mear moed en seach Galama freegjend oan. Dy sei neat, mar stoareage nei de skuordoar. Doe't dy iepen draaide en Harke, de hynstefeint, mei Swarte foar it ljocht kaam, gong der in skok troch Rienk hinne. It wie de earste kear dat er it hynder wer seach. Hals en rêch glânzen yn de sinne. Harke hie goed foar him soarge.
Ynienen stie de bedoeling fan it hiele tafriel him klear foar eagen.
Hy moast op it eigen hynder ride en sjen litte wat er sa al koe. No, dan soene se grutte eagen opskuorre!
De rjochterhân fan Walle Galama wiisde Harke wêr't er it hynder ha woe, nêst de stins, op likernôch tritich stappen. Yn it foarbykommen draaide Swarte efkes de kop en wrinzge. It trille yn
| |
| |
Rienk troch en fersterke syn fertrouwen yn de goede ôfrin. Swarte hie him noch nea yn de steek litten en soe dat ek net dwaan foar de eagen fan Galama's folk. As se dit tegearre rêden, hearde er derby en krige er ek syn hynder werom. Op 'e nij seach er nei Walle Galama.
‘In ein pakke en nei Harke bringe,’ sei dy.
It befel kaam frjemd op him oer, mar daliks besocht er de opdracht yn it eigen patroan op te nimmen. Fansels moast er, ridend op Swarte, de ein by de iene of oare ôfleverje. Hy pakte in jerke by de poaten, rûn by de rige swijende taskôgers lâns en joech de fûgel oan Harke.
‘Hast in moaie hynst meibrocht,’ flústere dy.
Hy knikte en draaide him om.
‘No de pylk-en-bôge,’ hiet Galama.
Soed er wer op jacht moatte, no mei Swarte? Mar wêrom stie it folk hjir dan? Doe't er yn de boat stapte, seach er dat Harke de ein op 'e rêch fan Swarte lei. As yn in flits ljochte it foar him op, it ferskriklike byld, dat him ferlamme en mislik makke.
‘Pylk-en-bôge!’ hearde er, as kaam it lûd út 'e fierte oanwaaien. Hy wankele út 'e boat en seach strak foar him út.
‘Oanlizze en de ein reitsje!’
It wie as trille him de hiele lea. Hy besocht de tinzen, dy't him troch de holle tûmelen, yn de stringen te krijen. Hy koe fansels mei sin it doel misse, mar dan hied er hjir de langste tiid west en moast er werom nei Snits. Hy seach de geit yn de wyldernis fan Goaiïngasweagen mei in pylk yn de rêch. Dy wie rekke, mar as er Swarte rekke, hied er mis sketten en ferlear er syn lêste hâldfêst. Hâldfêst? De fisker! Dy hie him krekt leard hoe't er pylk-en-bôge yn 'e hannen hâlde moast.
‘Wurdt it de soan fan Bocke Doedinga wer swart foar de eagen? Of wurdt it him diskear wiet yn de broek?’
In bolderjend laitsjen skuorde him troch de earen. Bocke Doedinga. Foar de twadde kear brûkte de bolle fan Aldegea dy namme
| |
| |
as spotslach foar him. It makke him poerlilk en sûnder noch te triljen lei er de pylk op 'e bôge. Doe die er ien each ticht en wylst er yn in swarte wrâld rûnom allinnich noch mar de heldere kleuren fan de jerke seach, liet er los. De rêch fan Swarte rekke leech.
|
|