‘Sa,’ sei er, ‘no bist op 'e hichte.’
Rienk draaide him om en rûn fuort.
‘Wat sil dat?’ frege Boate.
‘Wy binne der noch net,’ sei Rienk, ‘wêrom woest net fjochtsje?’
‘Hoe witst dat?’
Boate wie der ynienen wer, no rûn er skean foar, as woed er him opkeare.
‘Omdatst útnaaid bist.’
‘Wat tinkst dat ik dea woe?’
‘Do wiest dus bang.’
‘Soesto dan net bang wêze?’
Rienk skodholle.
‘Ik gean folle leaver nei de stins fan Walle Galama as nei dat dompige kleaster hjir op 'e terp.’
It klonk hurd en striidber, in oankundiging fan wat er wiermeitsje soe, in flecht nei in takomst dy't er sels keazen hie. Hy sette de stap deryn, by de terp del. Boate rûn mei en gappe him ûnderwilens oan.
‘Ast net helpst,’ sei Rienk, ‘kinst strak op Rodenboarch fertelle datst my ûnderweis kwyt rekke bist.’
Boate hie de hân by it swurd, mar wifele doe't Rienk frege: ‘Of woest my hjir soms deastekke?’
‘Wat moat ik dan foar dy dwaan?’
‘Do bringst my daliks nei it kleaster, dêrnei giest werom nei Rodenboarch en fertelst datst it oprêden hast. It kin net misse datst dêrmei it fertrouwen fan ús heit winst. Oer in moanne fregest oftst op it hynder nei dyn sike mem meist en...’
‘Miskien is ús mem dan wol wat opknapt.’
‘In soan dy't syn sike mem net iens sjen wol,’ gnyske Rienk sabeare ferwitend, ‘...ik soe har mar gau opsykje en dan nimst my mei nei Walle Galama.’
‘Tinkst dochs net dat ik...’